Chapter 1 of 2 · 3745 words · ~19 min read

Part 1

Priis 15 sinten

Striidskriffen fen De Jongfryske Mienskip

No. 1.

Fryslân en de wrâld.

Rede, sa likernôch hâlden op ’e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916,

fen D. Kalma

W. A. Eisma Cs. — Ljouwert — 1916.

_Achte Mienskipsleden!_

Do ’t Jim’ niis-krektsa hast allegear jim’ bitinken to witten dienen oer de frage, hok for wykblêd, „Sljucht en Rjucht” ef „Fryslân” de minste ûnsuvere ynfloeden ûndergiet, en oan hok for blêd it dos winskelik hâlden wirde moast as Jong-Fries mei to dwaen, en do ’t Jim praetten, lyk ik fen Jimme biwend bin, iepen en rounút, ek my gjin ôfkarring bisparjend, as Jim’ mienden, dat der reden for bistie, do haw ik dêrnei harke mei blide nocht, om ’t hwet Jim’ seinen, bliken joech fen earnstich oertinken en oertsjûgingsmoed. Ik winske dit oan it bigjin fen hwet ik to sizzen haw, efkes to forklearjen, om ’t ik it dochs nedich achte, in inkeld lid to binnen to bringen, dat er net bûten ’e oarder to gean hie, en om ’t ik soks in kearmennich sei yn moai forheftige wirden, as it my talike, dat der oars gjin acht genôch op slein wirde scoe.

Mar wier der dos blidens yn my, as ik harke nei Jim’ kleare tael en faken tocht to bifinen, det Jim’ wier-wier it bilang fen ’e jongfryske saek, dy ’t it fryske bilang by útstek is, foar eagen hâldden, ik scoe dochs tsjin myn sin prate moatte, as ik sei, dat Jimme wirden my alhielendal foldien hawwe en dat der neat yn wier, hwertroch ik myn fordildigens heal forlear. Hwent al binne de útkomsten, dêr ’t Jim’ oerliz Jim’ hinne laette, ek mines, en al binne Jim’ opfettings oer ’e persoanlike frijdom, dy ’t elts heart to biwarjen, gelikens as myn oertsjûgings yn dit stik, der giet mar neat fen ôf, dat wy op tige ûnderskate menearen ta dyselde útkomsten kamen; ja, sikerwier, op sok in ûngelikense wizânsje, frjeonen mienskipsleden, dat soks klear oantsjut heart to wirden, as wy yn kommende tiden, lyk as eren, witte scille, hwet wy krekt oan inoar hawwe.

Somliken fen Jimme binne sa ôfgryslike praktysk, dat ik der heal wé fen wird. Jim’ sjogge de tastân, lyk as dy op dit stuit is, nei myn sin hwet al to klear: in jonge en wis, tige warbere, mar faken wol hwet bjuster forheftige biweging, dy ’t bitrouwende giet hjar fryske wegen lâns, kastijt en útheuvelet, hwet in útfûtering fortsjinnet—en soks is der op ús fryske fjilden net in bytsje—en dy ’t sadwaende aerdich hwet fijânnen krige en tsjinaksel ûnderfoun. Dit scoe nou krekt neat wêze, en ús al in bidroefd bytsje bihinderje, as wy in eigen tiidskrift hienen, hweryn wy ús ynlikste oertsjûgings forkindigje en fordigenje koenen, sûnder to bûgen yn it biwâld fen ljue, dy ’t neat oer ús to sizzen hearden to hawwen, en hweryn wy Fryslân lokkich wisten to meitsjen mei de wirden en de lieten, lyk as dy ús ynjown wirde fen in wûndere en forearensweardige, mar geheimige Krêft; dôch mieri! soks liket to’n earsten in fromme winsk bliuwe to scillen, en sa waerden wy dos wol twongen, mei to dwaen oan ûneigen blêdden, hwerby jamk lûdbearende hânswoarsten en gearkomste-roppers, dy ’t wy minachtsje, it measte to sizzen hawwe. Dêrom wirde de minsken, dêr ’t ik niis krektsa op doelde hwet bûtenwenstige praktysk, en hja lizze oer yn hjar siikjend forstân en hja sizze: »Lit ús dochs dalik nimme, hwet der to krijen is. Binne der minsken, dy ’t ús net noaskje en ûnfortsjinne kamen to sitten dêr ’t hja net thús hearre, hwet need! sadré wy bûten hjar kinne, litte wy hjar de hakken sjên, en sa gau wy ús it krêftichst fiele, keile wy hjar ôf fen it plak, dat nea net hjarres wêze moatten hie.”

Achte mienskipsleden, fûleindich kom ik tsjin sok in redenaesje op. Ik kin it net goed krije, as, hwennear der in hjerststoarm oer de keale diken gûlt en de heil yen om ’e earen kletteret, en der rydt yen in feint efterop yn in smûke en sêft-fearjende wein op gummy-bânnen, as men den sok in fint flaeikjende freget, meiride to meijen, mei de stikume miening, om, sa gau men der kâns ta sjocht, de jongkeardel oer it spatboerd hinne to keilen, en sels sa it rytúch to hawwen for yen allinnich; ik kin soks sels net goed krije, as men fen to foaren al sjocht, det it yens eigen stellene wein is, hweryn dy feint sok in swé slacht. Ek komt der almeast fen sok in slûchslimmens net sa botte folle goeds.

Frjeonen, it wier myn miening net, dingen to sizzen dy ’t de ien as oar fen Jimmes stekke en faeks slim yn ’e wei binne—mar ik winskje Jim’ derop to wizen, det wy ús hâlding, al hinget der ek noch safolle fen ôf, net hawwe fêst to stellen nei it tafal fen it eagenblik, dat wy gjin rekkenskip hâlde meije mei persoanlik oansjên en persoanlike skea, det wy net hearre nei to gean, hwet ús moarn en oaremoarn wol de measte ynfloed tafoegje scil, mar det wy ús liede litte moatte, inkeld en allinnich, troch it ivige Ideael, dat yn ’e fiere fierte wol tige heech en wol wûnder glinsterjend, mar noegjende wachtet op ús, lytse ljuwe mei lytse krêften. Hwet ik sei yn „De Jongfryske Biweging’[1]—ien fen Jimmes neamde it ienris: ús evangeelje, hwet my wol haechlik yn ’e eare klonk,—it hat syn bitsjutting en syn krêft yet alhiel net forlern:

„Mar ûnwiten better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as der útfier jown waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean, dy ’t likefolle krêften jowt as yen de twivel binimt. Den hoecht men allinne mar op yens hoede to wêzen, om fen de stjerre forlaet, net mei to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer yette, warch delfalt, ear ’t men kaem, hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy yn ús Frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens, mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat?”

[1] De Jongfryske Biweging, fen D. KALMA, útjown to Dokkum by I. BERGSMA, jowt bysûnderheden oer wirk en wollen fen de Jong-Friezen.

Myn frjeonen, ik winskje noutiids net mear to praten oer it „uteringsfraechstik”, dêr ’t wy it dochs maklikernôch oer iens wirde scille, nei ’t it my taliket, mar ik bin fen doel in wird mennich to sizzen oer it keninklike ideael, dat wy aloan foar eagen hearre to hâlden, om, as wy der klearrichheit oer krigen, ho ’t det eigentlik krekt is, út dy ienriedigens ôf to lieden hok for hâlding it bêst oannommen wirdt tsjinoer in blêd as „Fryslân”. En ik forsiikje Jim’ minlik, myn wirden oan to hearren mei earnst en earlikens, lyk as ik harke nei hwet Jimme niis yn ’t formidden brochten, en ik stean der ynlik op oan, dat Jim’ dêrnei Jim’ oardiel foarmje scille sûnder persoanlike foarljeafde en foarkar to biachtsjen, mar allinnich tinkende om it wicht fen myn wirden en de hilligens fen ús fryske saek.

Nimmen, achte mienskipsleden, dy ’t it forrin neigiet fen ús tael„striid”, lyk as dy hjirre yn ’e lêste tiden fierd waerd, scil sizze kinne, dat it ús miskearret oan ljeafde for hwet Frysk is, en dat de saneamde lieders earm west hawwe oan idealen, hja mochten den forachtlik ef weeldrich, dof ef glânzgjend wêze. Mar dat der oan dizze idealen wol ris hwet hapere, dat der sims in nuver rookje oan wier en dat hja faken sels earmer oan ynhâld en skrielder fen bitsjutting wiernen as de oertinkings, dy ’t wenje yn it kopstik fen in moartsjende bigge—soks is ek wol eltsenien dúdlik, dy ’t him de eagen net fol sân struije lit fen alderleije, bûnt-tariste hânswoarsten. Myn frjeonen, gin it my, det ik in lyts en tige ûnfolslein oersjoch jow fen hwet somlike ljuwe foar hawwe mei it Frysk, somlike tige fatsoenlike ljuwe, achte mienskipsleden, dy ’t it safier brochten, det hja hjar brochje ite en hjar slok drinke kinne, hast krekt sa ’t de étiquette soks foarskriuwt, mar dy ’t like goed gjin grevel ôfwitte fen hwet in Fries fielt for syn saek, en dy ’t wend binne de âlde tael to misledigjen troch hjar to brûken as in delstapke, om ’e troane fen ’e Forneamdens to bikliuwen; ja wisse, frjeonen, gin my soks, hwent it scil jimme wêze as wiernen Jim’ mids in lûdroftige, âlderwetske doarpsmerke, lyk as Ostade dy wol skildere, hwerop it brune bier streamt en de dronkene boeren, earm yn earm, stoattelje oer de inge, feestelik-biwimpele strjitte, en troch de tsjokke walm, dy ’t driuwt út ’e kreammen fen it oaljebaksel.

Hok in droktme, bigammen, en hok in opskoer! Hwet mei der dochs wol to rêdden wêze, dat de wenten fen ’e earmen en de stinzen fen ’e greaten forlitten steane, towile der kloften fen fjildbiwenners gearstreame nei de grize tsjerke, der jinsen op dy grienjende hichte, dêr ’t great gewiuw is fen kleurige flaggen en gedroan fen geheimige oargelmuzyk? O frjemd’ling dou yn Jeruzalem! hear it ûnthjit fen ’e takomst en ús tynge, en fornoegje dy mei ús: jister, dollend yn ’e terp njonken ús doarp—de kipkarren stienen ré, en rôllen mar stadich fierder, swier fen ’e modder—do steaten de arbeiders op in geweldige kiste fen stiel, en groeven dy warber bleat, en teakelen him omhegen mei folle lijen en lêst; de grytman waerd roppen, dy ’t de kiste soarchsum iepenje liet fen syn stevichste smidden mei hjar krêftichst ark, en men foun in glinsterjende troane fen lottere goud en dêrop dit treastlik boadskip: „Jim’ fynders, set my yn ’t formidden fen Jim’ tsjerke en bûg del, en nim Jim’ hânnen gear, hwent der scil in nije hearsker op my forskine.’ En ik folge hjarren, dy ’t sa seinen, yn ’e tsjerke, en seach dêr de troane glânzgjend, en de ljuwe bûgden foardel, d’ eagen ticht, en hja wachten yn from bitrouwen; mar ik hâldde myn eagen iepen en seach dryst nei de tsjerkedoarren, hwent ik wist, de kening kaem yet lang net. En sjoch, dêr kaem in paljas út in hyngstespil, de narremûtse skeef op syn holle en hy stroffele oer syn eigen klean en swaeide hinne en wer nei de troane ta, mids it folk, dat from foardel seach en tocht: hy wier de kening. Mar do ’t er my gewaer waerd, en seach, dat ik wist hwa ’t er wier, doarst er net fierder gean, om ’t er soarch hie dat ik de ljue oanmoanje scoe wer sjênde to wirden; dos bleau er stean, en tocht myn swijen to keapjen mei hwet falske munten. Mar dit haw ik him to sizzen: dat ik nea net dildzje scil, dat in pijas mei in ûnnoazel glimke toevje scil op earnstich Fryslân syn troane, en dat, as er bisiket my stil to hâlden en de hân leit op myn mûle, dat ik him den in draei jaen scil om syn earen, dat syn holle efterstefoarst op ’e rêch komt to stean, sa ’t er teikene wêze scil yn ’e minskewrâld, sa lang hy hjir yet tahâlde mei.

Mar hwet woe sok in hânswoarst dochs yn ’e goedichheid op Fryslân syn troane? Biwûnderje hjir, myn frjeonen, in krêftich idiael fen in nuver soarte, hwent de stakker tocht wier-wier, dat dy troane nou krekt hwet wêze scoe for him, en … hy krekt hwet for dy troane.

En alwer is der lûd gebear en forheftich geraes yn ’e seale dêr jinsen yn in greate stêds-herberge, dêr ’t, nei ’t men lústerjend fornijt—hwent men doar der gjin lûd wird mear oer to kikken—in gearkomste hâlden wirdt fen in rountsje goe-ljue, dy ’t hjar der op foarstean litte de saek fen Fryslân krûdich to forsoargjen. Men koe it der mar net iens oer wirde, eft men „nidle” skriuwe scil mei _dl_ ef _ll_, mei in _i_ ef in _u_, en om to biwizen dat men der wis wol hwet fen ôfwit, keilt men eltsoar de inketpotten om ’e earen, smyt men de finsters yn mei skoandere kofjekopkes en slacht men de stoellen stikken op ’e tafels en op ’e flier, om eltsoar den mei de ôfbritsene poaten to liif to gean, en sa de oar to bringen ta in oare opfetting fen dit wichtich taelkindige frachstik. En oan ’t ein fen ’e seale stiet der in man to roppen en to bearen fen syn eigen treflikens en de minnens fen elts, dy der oars oer tinke doar as hy, wylst er soks bisiket ta to ljochtsjen troch de steapel itensboerden, dy ’t njonken him stiet, mei rynske hân to forsiedzjen oer ’e glânzgjende krunen fen syn achtbere tsjinstânners. Mar o fyt! der wraemt ien fen syn eigen frjeonen de tafel mei foarsje om, en de yet altyd gûlende redener trudelet yn ’e bidelte, wylst er yn syn fal in stik ôfskoert fen ’e kostbere fryske flagge, dy ’t boppe syn holle hong en dêr ’t er him oan bisocht fêst to hâlden.

Mar hwet miskearre ús earbere boppemaster den wol, om sa glânzgje to wollen as earste minister fen ’e circus-potentaet! Myn frjeonen, biwûnderje wy wer de krêft fen dit nuversoartich ideael, hwent de ropper wier sikerwier oertsjûge, dat hy de saek fen Fryslân tsjinje koe, en … de saek fen Fryslân him.

En strieljend, om ’t it midsimmer is, midsimmer, de waerme tiid fen glânzgjende weelde, laket de sinne oer de wite dunen fen Skylge, en dounsjende en streakjende en ljeavjende swevet om hjar ljochtens hinne de trintene wyn út it salte wiet. En de grienjende sé, twinkeljend en glinsterjend dêr ’t it suverste ljochtgoud gliidt oer syn rimpels, streamt oan mei lytse slanters fen skom, dy ’t maklik torane yn it wiet, en der is in ienlûdich en birêstend gerûs yn it nuvere riigjen fen syn rêstige weagen. En it raeijige gers fen de dunen risselet sa stil oer it wite geblikker fen it sân, dêr ’t it ljocht is en de waermte en de wyn. En op it heechst fen in dún, dêr ’t de measte sinne is en it brûzjen fen ’e ivige sé it klearst, dêr ’t omhegen it blau is fen in einleaze loft en it blau fen in einleaze sé omlegen, sit in jongfeint fen Fryslân, it lân, dêr ’t de wâlden nou sa geheimich rûzje, en dêr ’t de marren wyt binne fen seil, en dêr ’t it folts warber is, hwent it wiuwende, bûgende gers waerd al meand. En hy dreamt silveren dreamen oer syn soun en skrander en krigel folts, dat jinsen wer soarget, lyk it al ieuwen wend is yn ’e simmer noed to hawwen for de tiid, as de wollige wite flokken wer twirje om de wenten; en syn tinzen geane oer ’e ivige sé nei it West, dêr ’t it folts wennet, dat de wâlden bihearsket, it folts mei syn kleare eagen en syn skerp en suver antlit, dat folts, dat gjin hea mear ynhellet noch soarchleas net doarmet troch de wrâlden fen Skotlân, hwent it fjochtet for syn rjocht en syn bihâld; en weroan geane syn dreamen heech it Easten yn en hy sjocht de jongfeinten fen Sweden, lyk hja studearje yn it witnis-rike Upsala, it jongfolk fen ’e Noaren, sa ’t it klatteret oer it swarte berchtme en delskôget yn ’e rûzige fjorden, en hy sjocht de bloeijende en fruchtbere eilânnen fen Denemarken, it wirksume…

Frjeonen, ik leau, it is sikerwier de moeite wirch it ideael, dat der berne wirdt op ’e blikkerjende dunen fen Skylge ús oandacht to wijen, en to sjên, yn hofier wy forplichte binne en rjocht hawwe om to wirkjen for de forwezentliking dêrfen.

Achte mienskipsleden, somlike ljue dy ’t fen ’e wize rekke wiernen om ’t ik yn it bilang fen ’e mienskiplike taelstriid oanstie op in (geastelike) oansluting by Ingelân, hawwe my bilein, det ik op steatkindich gebiet tinkbylden hie, dy ’t waerden hja trochset, de goede en saneamde fruchtbere forhâlding twisken Hollân en Fryslân forsteure scoene; sels hat der ien, hwaens namme ik hjir yet net neame scil, my driigje doaren, det, as ik soks ea ûndernaem, hy dat foartdalik to witten dwaen scoe, dêr ’t men dêrfen op ’e hichte hearde to wêzen. Op sokke minne en ûnwize biskildigings kin ik allinnich anderje, dat ik sûnder mis idealen haw, lyk as hja miene, mar dat ik inkeld den bisiikje scil dizze to forwezentlikjen, as de tsjinwirdige forhâlding twisken de twa provinsjes dochs al tobritsen is troch in forkearde die, dy ’t fen Hollân útgiet; salang soks lykwol net bard is, scil der fen my neat ûndernommen wirde, noch scil ik der op oanstean eat to ûndernimmen, hwertroch de iendracht fen it Ryk earnstigen skea lije koe. Ik hâldde it winskelik, soks hjir mei klam to forklearjen, om ’t somlike net tige skrandere ljue efter de geastelike oansluting mei Ingelân, dy ’t ik fordigene yn „De Jongfryske Biweging” dochs wer steatkindige mienings socht hawwe, om my makliker bistokelje to kinnen; ik mei dos bitrouwe, det, sels as der in pro-Dútsker yn ús formidden wier, hy fen syn eigen oanstriid en meifieling gjin sin krije scil, partidigens en geheimige bidoeling to siikjen yn de ienfâldige wirden, dy ’t ik oer dit stik yn it formidden bringe wol.

Ek foar dizze oarloch, dy ’t ús leard hat oer in hopen dingen wer klearder bigryp to krijen, wier it ús skoan bikend, det der gjin praet wêze koe fen ien algemiene Jeropeeske biskavinge—mar, hwet der yn ús dagen woedet tichte by ús grinzen like goed as yn de ynlânnen fen Afrika, wier (it is bidroefd, dat men soks tajaen moat) nedich om de tige forskate kulturen fen Jerope ús yn hjar djipste bitsjutting sjên to litten. Alhowol ik der gjin witnis fen haw, dat de yndieling, dy ’t ik hjir mei in wirdmennich taljochtsje wol, earder makke waerd en earder fordigene, en hja dos by my alteast oarspronkelik is, scoe ik net tinke kinne, det hja yette nij is en noch ynfierd wirde moat, om ’t hja sa tige dúdlik liket, det eltsenien, ek hwa ’t fen ’e ûnderskate folkskarakters gjin stúdzje makke, hjar wol foartdalik ynsjocht, as er efkes oer dizze saek trochtinkt. Hwent hja binne mar tige út ’e fierte oan eltsoar bisibbe, de neikommende kulturen:

I. de Slavyske (Ruslân en de fierdere Slavyske lânnen), dy ’t faeks op hjar suverst teikene wirdt, troch hjar to neamen, „dy fen it tsjuster en fen de stjerren”, om ’t hja, dy ’t ûnder hjar ynfloed libje, èf folslein ûnûntwikkele binne, lyk as de greate birêstende en moreel-heechsteande, mar ûnwittende Slavyske massa, èf hjarren sok in djip en ynlik geastelik libben eigen makken, dat hja fortsjinje neamd to wirden ûnder de klearst en fynst-fielende geasten fen hiel Jerope: de wûndere Russyske skriftekennisse, de folsleine Serbyske muzyk.

II. de Latynske (de lânnen mei Romaenske folkssiele), dy fen de geheimige rêst yn ’e djipten en de uterlike twinkeling; dy ’t forhearliket it brûzjende en skomjende libjen, de ljochten fen Parys en de swiere wyn-tunen fen it weeldrige Súd, mar yn ’e inerlikste fieling de wûndere en ivige earnst bisteviget, dy ’t dochs aloan al sa krêftich wier yn it moed fen ’e Romaenske foltsen: de Renaissance yn Itaelje, hiel de skriftekennisse fen Itaelje en Frankryk, de Spaenske dounsen.

III. de Teutoanske (de lânnen mei Dútsk folkskarakter), dy de persoanlike frijdom krêftleas siket to meitsjen, en de organisaesje forearet as it iennichst-wiere, dy ’t ier-ryp is en dêrtroch grouwelich lijt oan selsoerskatting, dy ’t wol tinkt, mar ûnsuver fielt, dy ’t hjar lykwol it measte optwingt en dy ’t de 42-c.M. kanonnen útfynt, dy ’t ôfbrekt mar net opbout, en dy ’t yn safier hja net bifruchte waerd fen Slavyske ef Latynske ynfloeden, earm is oan ynderlike wearde: de efterlikens fen ’e Dútske skriftekennisse, de oanbidding fen ’e soldaterij om de soldaterij.

IV. de Anglo Skandinavyske (ik mien hjir de lânnen mei Noardske folksgeast), dy ’t de meast suvere harmonije biwûnderje lit twisken it himsels lang gelyk bliuwende, strange en hwet ôfwizende uterlik, en de wis-bisletten, troch-settende en soun-tinkende geast; dy ’t maklik hwet stiif oandocht, omdat it hjar miskearret oan de hertstochlike fieling, en dy dochs de measte dingen fen bliuwende weardij ta stân bringt, om ’t hja nuvere waerm is fen tinken en maklik ynsjocht ho ’t men it bêste to wirk giet; dy ’t opwoechsen is ûnder de foartsterkjende amme fen binammen de Noard-sé, dêrtroch biwarre in by útstek soune libbenskrêft en mei greate en úthâldende rêst tinkt oan ’e wichtichste libbens-riedlings: it kolonisearjen fen Ingelân, it stadige, mar winnende Ingelske trochsetten, de Skandinavyske skriftekennisse.

En al wit ik, achte mienskipsleden, nou tige skoan, dat it net op ús paed leit ús drok to meitsjen oer de sounens ef de sjochtme fen ’e hollânske folkssiele, en dat wy wol wichtiger dingen to dwaen hawwe as de hollânske kultuer mei krektens to bistudearjen, it scil ús dochs klearder ynsjoch jaen ek yn it wêzen fen ús fryske saek, as wy ris efkes tinke om it folts der jinsen oer ’e Súdersé. Ik leau, wy scille den maklik de forklearring fine, hwerom der binammen yn ’e lêste tiden wer sok in wearze yn ús woechen is tsjin alles, hwet it hollânske merkteiken hat, en hwerom it ús sa tige maklik falt en sels sa’n goed docht, de geastelike oansluting, hwermei wy eartiids oan Hollân fêst sieten, biret en rêstich to forbrekken. En dúdlik scil it ús wirde, hwerom wy Rinke Tolman, dy ’t mar tige wiis dien hat mei him net oan to slúten by ús Mienskip, foartdalik de eare-namme fen Jong-Fries ûntkearden, do ’t er it yn in „Fryslân”-artikeltsje bistie to sizzen, dat it him moeide, dat wy it Hollânsk biskôgen as fijân, datselde Hollânsk, myn frjeonen, dat it Frysk forkrong yn wide fryske gebieten en war die, ús tael út tsjerke en skoalle wei to bânnen nei heide-klinten en braekhokken.