Chapter 2 of 2 · 2856 words · ~14 min read

Part 2

Yn in „Telegraaf”-artikel, dat hjoed iepenbier makke wirdt, en dêr ’t ik moai wiidweidich twa fen ’e wichtichste wierhedens yn bisprek, hwertroch ús biweging hjar ûnderskaet fen hwet âldere ljue wolle, haw ik Hollân bylein, det ik gjin siele mear hie. Eren hat de folksgeast fen Hollân wiswier Germaensk west, en wie er nei bisibbe oan it wêzen fen it Ingelske en Fryske folts, lyk as men maklik ynsjocht, as men de suvere en krêftige poëzije lêst fen Vondel, as men Potgieter syn steatlik-weagjende en breed útwirke folsinnen yn yen neiklinken heart, en yen fornoeget om de klearens, de suverens en de sterkens fen Perk syn gnapste sonnetten. Mar ieuwen en ieuwen hat Hollân, dat nei ’t it Suden gjin bolwirk hie, troch de sé skaet wier fen Ingelân en aloan heibel hie mei Fryslân, dat syn rjochten socht to fordigenjen, bleat lein for de ynfloeden út it Suden, for de Romaenske biskaving fen Frankryk like goed as for syn oerhearskjende legers. Salang men oer soks yn Hollân in klear bigryp hie en wist, hok for gefaren it lân en de folkssiele bidrigen, mocht it neat gjin kwea; mar do ’t yn ’e achttjinde ieu de Frânske biskavinge kaem to stean op sok in hichte, det hast hiel de wrâld hjar mei ljeafde bisocht oer to nimmen, wylst Hollân syn krêften forlern hie en ôflibbe fierderkroaske, en do ’t om 1880 hinne de Hollânske geast yn syn utering wer bliken jown hie fen syn ûnbitsjuttendste eigenskippen, wylst de kinst fen Frankryk wer bloeide en gloreare, as hast nea to foaren, forlear Hollân swietsjeswei de weardearringe for himsels en waerd it foreale op hwet der yn it Súd sa feestlik noege. En sa bande Hollân mei wearze en forspijing syn eigen siele út, dy siele, dy ’t yn ’e tiid fen lok en fen bloei ienris hâlden wier for it heechste, dat him op ús wrâld ûntjoech, sûnder dennoch—en dit is krekt it fortretlike—it wêzen fen Frankryk, dêr ’t it nea net hwet bigriep, ho ’t it him der ek oan forgappe, to biërvjen. Yn Hollân syn kinst, syn skriftekennisse binammen, sjocht men dat nuvere klear, as men by de kinst fen Vondel en Huygens en Hooft en Luyken ris hâldt de oerfloed fen ûngeve en dekadinte poëzije, dy ’t der jinsen ûntstie wol tsjin de miening fen ’e tachtigers yn, mar dochs as gefolch fen hjar yn wêzen net ûnsuver streevjen. Dêrom is it, myn frjeonen, det ik de tachtiger biweging, dy ’t hjir langlêsten op sok in minne en ûnsedelike menear birabbe waerd fen Jan fen ’e Gaestmar, wol biskôgje as in lok fen de kinst, mar teffens as in ûnk for de Hollânske geast, dy ’t dochs al sa fen frjemde ynfloeden oantaest waerd; dêrom is it, det men mei wissichheit oankommen sjên kin, det Hollân mei gauwens _ef_ alhielendal Romaensk wêze scil fen siele, sa ’t it for de Germaenske kulturen ôfdien hat, _ef_ tobekfalle scil yn ’e bitizing fen ’e Middelieuwen, lyk as ek Dútsklân dat scil, sa ’t it ôfdien hat for hiel de wrâld. Wy hoopje for Hollân, dat wy neat gjin lêst en fortriet, mar in heap moais en swiids tawinskje as it us alteast mei rêst lit, sûnder mis it earste; mar ho ’t it ek rint, for elts dy ’t sjên wol, en syn earen tichtstoppet by de jankerij fen somlike oerstjûre minsken en by it getsjânsel fen somlike efterlike, howol goedmienende ljue, stiet dit ûnwrigber fêst: _de geast fen Hollân is dea._

Mar stiet Hollân dos op dit stuit bûten de eigentlike kulturen en hjarren striid, en is it ek tige to bitwiveljen, eft syn folksgeast wol ea it meast wezentlike fen ’e Romaenske siele, dos net it getwinkel en geflûnker en jamk de oanstellerij, mar de tsjustere earnst en it hertstochtlike fielen oernimt, mei greate wille is it, det ik nou in wirdmannich siz oer de fryske folkssiele, dy ’t hjar sels gelyk bleau, dizze tweintich ieuwen lang. Wis wier, Fryslân hat syn siele rêdden, de suvere en kleare, dy ’t ynbânnich is en krêftich, en it fryske folk hat him stadich en earnstich ûntjown, lyk it ûnthiet yn ’e dizige Middelieuwen, do ’t it in ein makke oan ’e liifeigenskip, foardat yn oare kontreijen de geast fen it folk dêrfor ryp wier; de soannen fen Fryslân, dat de moarntiid yn ’e mjitte strevet, hja kinne, lyk as hja gean oer de forwielige greiden en it hea optiemje ta de reakken, ef de bûgende ieren sichtsje en de goudene rispinge garje, ef lyk as hja gean nei de skoallen fen Ljouwert en studearje, faken fier bûten de grinzen fen de fryske kontreijen, hja kinne skoan út tsjin it jongfolk, dat de dreamer op Skylge oanskôge. En it warbere folk fen Fryslân, dat fen gjin rêsten wit en de striid forearet, om ’t syn krêften in útwyk siikje, dit folk, dat hatet hwet tsjuster is en ûnwier en ûngeef, mar dat ynlik hâldt fen syn rêstige marren, syn rûkende wâlden en syn fruchtbere klaei, dit folk, dat syn wei giet en docht hwet laet nei it goede, dat trochset en gjin hegere ljue nei hjarren goedkarring bifreget, dit folk, dat frij wêze wol en frij wêze scil—och siker! it folk fen Fryslân, myn frjeonen, it glimkjende en steatlike, it winnende en aloan fierder stridende, it biwarre wol kostlike klear syn krêftige siele, en soun scil it bliuwe salang it bistiet.

De minsken fen Fryslân hja easkje for hjar persoanlikheit in almeast folsleine frijdom en hja binne dy tabitroud; hja sjogge yn organisaesje jamk in needsaek, mar biskôgje hjarren forienings jimmer as middel en nea net as doel, sa ’t hja fruchtber binne sûnder to twingen; hja kenne hjar eigen krêften, mar forlieze de grinzen fen hjar kinnen net út it each; hja hawwe forheftigen ôfkear fen soldaterij en haetsje it hearskjen fen ûnbitrousume jonkers—de ljue fen Fryslân, hja libje wiswier net in Teutoansk, mar in Anglo-Skandinavysk biskavingslibben.

En nou, frjeonen Mienskipsleden: as men de Jeropeeske kulturen, lyk as ik dy niis krektsa opneamde, ris biskôget, en binammen neigiet de forhâldings fen ’e ûnderskate foltsen, dy ’t ien en itselde biskavingslibben libje, den is der ien nuver forskeel, dat al foartdalik yens oandacht opeasket; hwent wylst de foltsen fen ’e Slavyske kultuer (Ruslân-Serbië), de naesjes fen ’e Romaenske (b.g. Frankryk-Itaelje) en sels dy fen ’e Teutoanske (Dútsklân-Eastenryk) mei eltsoar stean yn in ing forbân, ûntbrekt twisken Ingelân en Skandinavie net allinnich de steatkindige, mar hwet wichtiger is, ek eltse ynlike geastlike oanslúting. En as men nou den tinkt om de lizzing fen ’e fryske kontreijen, tinkt om hwet wy biskôgje as lân-mei-fryske-siele: de sélânnen fen Starum oant Cuxhaven en de eilânnen fen Skylge oant Sylt—jinsen yn it West Ingelân en heech yn it Noard Skandinavië—mar wûnder! Jim’ antlit klearret op, en ik fiel it, Jim’ bliuwe my by, hwent ik foun de wirden, dy ’t it djûrst binne oan ús herte.

Net wier, wy hawwe ús wol faken binijd ôffrege, hwet it Albiwâld dochs wol fen doel wier, do ’t it Fryslân skoep, it lân, dêr ’t in flok op like to rêsten, sa ’t it al mar mear forlear fen ’e biwende groun, sa ’t it net ienris rounom yn steat wier syn erflike tael to biwarjen; en sims yn feale hjerstige dagen, as de dizen sa súntsjes wynderje koenen, en der in wûnder en wiet rûzjen wier yn ’e keale krunen fen it mistreastige beamte hawwe wy, oan hwa de moedleazens net frjemd is, wol twivelje doaren oan ’e bistimming fen ús lân en ús folk. Mar nou scil it wol altyd simmer wêze yn ús herte, de weeldrige tiid, dat de frucht him sa stadich ûntjowt, dy ’t yn ’e hjerst de minsken fornoeget; hwent hok in hate ús diel ek wirdt by minsken, dy ’t delknibbelje for de eigen hilligens en yn wierheit dochs to min binne as dweilstik for ús foetten, ho ’t men ús ek bistokelje scil mei de feninichste rabberij en de ûnredsumste kwealaster, wy scille ek fierder ûndernimme, hwet ús hân fynt to dwaen, mei bliid bitrouwen en rêstige moed: hwent Hy, dy de ljeafde wol en ta hwaens eare wy it suver liet sjonge oer de ienriedigens fen broerren út it selde hûs, Hy freget fen ús, dat wy byelkoar bringe hwet byelkoar heart, om ’t it ien is fen fielen en ien fen siele. Net wier, ienris scil men sjên dat Fryslân yn ’e wrâld net in ûnnut wier, ienris scil men, as it geastelik libben fen Ingelân en Skandinavië bistiet as in ek ynwindich krêftige ierheit, mei nocht sjên nei dit lân mei syn warber folk en syn fruchtbere mieden; hwent mei ús kinst en ús streevjen bouwe wy ienris de brêgge twisken Skandinavië en Ingelân.

In geweldich ûndernimmen, myn frjeonen, sûnder mis. En do ’t dizze dream it earst forriisde for de eagen fen ’e dreamer op Skylge, en hy tocht om de lytsgeastige heibel yn ’e skriftekennisse fen syn eigen lân, en om de persoanlikheden fen Keats en Shelley, en de ûntsachlike tinkkrêft fen Ibsen en Björnson, de helten út it Noard, do kaem der in waes for syn dreamende eagen en twiveljend frege er by him selme: Scil it wol ea sa wêze? Mar de sinne lake, det hiel it strân der blik’kre yn syn ljocht, en de wyn wier sa soun en sa fris, en de weagen dy rûzen sa klear; en it wier him, as toeve der nêst him de geast fen Rupert Brooke, de laitsjende jonge dichter fen Ingelân dy ’t fier fen syn heitelân stoar op Lemnos, op reis nei de Dardanellen, hy fen hwa ’t syn frjeonen tochten det Balder wer kommen wier op ierde; en de dreamer op wite dúnkling fen Skylge, hy fielde dat en hy riisde omhegen en liet de suvere séwyn waeije troch syn hierren: Ave beata amicitia fraterna: wolsillige frjeonskip fen ’e broerren, wêz wolkom!

Mar like goed scille der jierren en jierren yet oan ús foartbytsjên, ear ’t sok in ideael forwezentlike is en wy blêdzje yn it earste nûmer fen it Noardsé-tiidskrift, dat de weardichste bydragen út ’e skriftekennisse fen Ingelân, Fryslân, Denemarken, Noarwegen en Sweden bringt oan de lieders fen it geastelik libben yn ’e ûnderskate lânnen. Achte mienskipsleden, ik stean der op oan, det men yens eigen brekken sjên scil en war dwaen yen to forbetterjen, dat men meistimme scil det de Jong-Friezen oan wirk fen wezentlike kinstwearde yet mar in bidroefd bytsje levere hawwe—howol mear as de Selskipsboekjes ea bifetten—en fûleindich kom ik der tsjin op, dat men, foardet de wrâld sjoen hat, hwet men kin, de mûle al yn beide hânnen nimt, as tocht men, dat men mei de bineaming ta lid fen dizze Mienskip nou ek foartdalik ta de ûnstjerliken bihearde. Hjir bin _ik_ praktysk, frjeonen, en hjir winskje ik de tastân to sjên, lyk as dy wezentlik is, sûnder eigen ynbylding ef geastelike heechmoed ef fromme forwachtings to biachtsjen; en hjir wol ik iepen útering jaen oan myn bitinken, sa ’t hiel Fryslân it mei gauwens fornimt, det de Jong-Friezen, hja meije den yn it ôfroune jier (1915) neat yn ’t ljocht jown hawwe, dat net fier boppe de middelmiette fen ús skriftekennisse útriisde, dat hja dochs oan wirk fen bliuwende weardij, dat foldocht oan de strangste kinst-easken, net mear levere hawwe is ien kritysk fragmint fen in mennich blêdkanten en trije goede fersen—as bigjin treflik, mar like goed: in bidroefd bytsje.

En nou is dat tige skoan to bigripen. Hwent 1915, myn frjeonen, wier for de measten fen uzes in swier en fortretlik jier, hweryn ús tinkbylden en ús bigjinsels woechsel, al mar woechsen sûnder det wy sels yn steat wiernen se to foarmjen nei ús eigen foarkar en wil; en wy witte it, mei hast alle geastelike forromming en ûntwikkeling giet it lyk as it devys fen Waldeck-Pyrmont leau ’k, dat sa treflik ûnder wirden bringt, arbor sub pondere crescit: de beam groeit tsjin it wicht yn, mar de groei is sa swier en sa pynlik. Amper foun men in wierheit, dy ’t men ljeaf kriget en dy ’t men yensels ûnthjit to fordigenjen, hwet der ek tsjin yn ’t spier komme mei, ef men fynt yn ’e redenaesje, dy ’t men brûkte, in lytse en maklik to forklearjen, mar ûntalitbere flater, dy ’t yen twingt wer hwet oars as wier en streksum to biskôgjen; en as men einlings en to’n lêsten in wierheit machtich wirden is, dy ’t hjar net foroarje lit, en dy ’t fêst stiet, ûnforwrigber, den komme de konsekwinsjes, dy ’t faken yensels tsjinsteane, mar dy ’t men nou ienris to oanfeardigjen hat, om ’t men oertsjûge is fen ’e wierheit fen yens grounslach, en om ’t men wit, dat men stean moat for hwet men wol en mient. Sa gyng it hiele jier 1915 for ús foarby, wylst somlike tsjinstânners, dy’t der bilang by hienen, aloan yet ynhakken op ’e bigjinsels, dy ’t men sels al tiden lyn to boppe kaem en dy ’t men yn it iepenbier weromnommen hie—mar aldergeloks, it jier leit nou efter ús, en de measten fen uzes, hja kamen ré mei hjar libbensbigjinsels en meije dy biskôgje as in suver gehiel, opboud, wis mei folle lijen en lêst, mar dochs ek yn in mennich treastlike en kleare skoften. En, myn frjeonen, nou ’t wy dos fêste witnis krige hawwe oer de kwesjes yn Frysk, nou ’t wy seagen de forleegjende en foartsterkjende ynfloeden, nou ’t wy de earste ûnrêstigens oerwounen en bitrouwende wachtsje op hwet komt, lit ús nou soarchsum en hoeden ûntwikkelje, hwet der yn ús wennet oan sêfts en krêchtichs, oan ljeafde en frjeonskip en kinst; litte wy net to gau foldien wêze, en ek yn ús sels aloan skifte en ûndersiikje en bifoarderje, oant wy ús sterkernôch fiele om in oanbigjin to meitsjen mei it wirk, hwerfor wy as Friezen to wrâld kamen: de brêggebou twisken Skandinavië en Ingelân.

lenris—yet sjoch ik de diken dêr ’t wy rounen en de mieden dêr ’t wy doarmen—hie ik in frjeon mei in hearliken oanliz om yn sêfte en wûndere kleuren wer to jaen, hwet syn bernlike eagen ljeaf hienen op dizze wrâld, dy ’t him sa wiid wier en wûnder. Mar hy, dy ’t de dreamen ljeave en de skoften, det er lizze koe mids de blommen fen ús waerme mieden, syn eagen wiid siikjend nei de bylden yn it einleaze blau fen ’e loft, hy, dy ’t de nuverste forhâldings winske en dêr sok in ynlike blidens om fiele koe, hy seach my glimkjend oan, as ik him noegjende spriek fen it libben fen in kinstner, en andere „Och, hwet scoe ’t… Al dat oefeningswirk, dat ré-meitsjen fen yens kinnen is sa forfeelsum, sa swier… En ik wol myn dreamen hâlde for my allinne”. En do’t ik aloan sok in biskie krige en neat opskeat, haw ik, dy’t in walch haw fen wirkleazens, my fen him ôfjown, rêstich en fêst-bisletten, hwent ik koe dat net langer oansjên, mar mei hwet weaks yn myn moed, hwent ik fielde, det dêr hwet moais en hwet ynliks forlern gyng. Myn frjeonen, dreamen is sa fyn en sa tear, mar ús, Friezen, dy ’t safolle yet hawwe to dwaen foeget wis net de einleaze dream, dy ’t ús lân de dieden ûntkeart; lit elts fen uzes dos, libjende yn de stiltme mei de ljeafde for syn lân, rêstich jaen hwerta it moed him twingt, sûnder ûnfordildich to wirden, as in inkelde kear syn wirk minder bliuwt as er winske: ik leau, den klinke der oer dizze ús sa minlike mieden yet folle suvere lieten en kleare en moedige wirden.

Achte Mienskipsleden, fergje my net ôf dat ik yetteris myn bitinken siz oer it nije Selskipswykblêd, dat men „Fryslân” doarst to neamen, as hie men ús kostlik lân yet net genôch hún oandien; mar lit elts neigean, ho ’t syn hâlding wêze scil, tinkend yn syn forstân, hwet der ienris bart, as wy ús krêftigernôch fiele om de striid oan to gean mei de brûzjende en skiedende weagen, dy ’t ús net mear bihinderje kinne as wy willich binne hjar to oerbôgjen mei ús glânzgjende brêgge fen ljocht.

Myn frjeonen, men wiisde ús jamk op ’e lytsens fen it gebiet fen ús tael, op it fyt, det forskate Friezen hjar sprake forlearen en oaren hjar kearden ta weismiten, en men foarsei fen de wente fen Fryslân, dat hja de langste tiid stien hie, en ringen ynsakke, forware en tomôge: it kin allegear bêst sa wêze. Mar frjeonen, dit wit ik wis, en litte folle fen myn lânsljue dizze wirden fornimme, fordet hja wer bitrouwen krije yn hjar sels en hjar âlde lân, dat hjar moedige dieden sa tige fen neden hat: dat de Krêft, Dy ’t ús folk laette troch de tsjusterens en it lijen fen tweintich faken sa swiere ieuwen, en Dy ’t ús jimmer oereinhold, ho ’t de weagen ek brûzen en de foltsen tsjin ús opstienen, det dizze Macht ús inkeld leare woe to bihirdzjen, en det Er wis-wier net de hân ôfnimme scil fen ús holle, ear ’t ús lân syn libbenstaek ta ’n útfier brocht.

Frjeonen, myn tank. Ik bin útpraet.