Chapter 1 of 3 · 3959 words · ~20 min read

Part 1

NOARDERLJOCHT

HISTOARYSKE FORBYLDING YN TWA UTKOMSTEN, YN FERSEN

FEN D. KALMA

Persoanen:

FRANS DUCO FEN CAMMINGA, frijhear fen ’t Amelân. RIXT FEN DONIA, syn Mem. WELMOED, syn sister. JELMER WALTA, syn frjeon. THORA UNEMA. IDZERT MARLÉUS, ds. to Ballum. IN FISKERSFAEM.

It foarste bidriuw spilet op in grize simmer-neidei dy’t tsjin it ûndergean fen de sinne yetris oplôget yn gloede fen read en goud, yn in seal fen de frijhearlike stins to Ballum; it twadde in rûzige middei yn hjerst, itselde sté. Jier: 1680. Frâns Duco is twa-en-tweintich jier âld.

By de foarste opfiering (Jelsum 15–8–’20) wieren de rollen fordield lyk as neikomt: Frâns Duco: Hero Cammingha; Rixt fen Donia: jiff. A. v. d. Veen; Welmoed: jiff. P. Ratsma; Jelmer Walta: J. P. Wiersma; Thora Unema: jiff. A. de Langen; Ds. Idzert Marléus; C. Iest; in fiskersfaem: jiff. J. v. d. Laan.

FOARSTE UTKOMSTE

Seal yn de Ballumer stins, mânsk en foars; stil twivelich ljocht. Rjuchts efter in doar nei de hal; yn it lewant lofts in finster. Op ’e eftergroun Frâns Duco, yn tinzen; Jelmer Walta yn stúdzje oer in foliant, lofts fen him; rjuchts Welmoed, mei borduerwirk.

FRANS DUCO. Hwet is it stil ... sa stil hearde ik it nea... De wyn dy’t swijt, de dei dy’t skymrich driuwt, Hiel fier de sé dy’t yn de iivgens flijt, En stil, ien swijsum gean, de grize loft— ’t Is as torint, bifrijd fen egen grins, Elts libjend ding yn einleasheit fen ’t neat, En frjemd slacht yn ús hert de bloedklop troch, It iene libb’ne dat ús hjoed yet bleau, Sa hoar, sa sterk, en skielk dochs ek forstoarn...

JELMER. It docht dy goed, sa’n rêst, as liif en geast Krêft garje for de tiid fen stoarm dy’t komt.

FRANS DUCO. ’t Is net de stoarm dêr’t ik myn krêft for ris, Myn greate maet mei skom en brûs-gestou En fûgels gûlend yn de jacht’ge loft, Fynt yn de hjerst myn hege dúnsit leech... Né, sprek net tsjin... Net det ik mindrje yn krêft, (Alteast, ik fiel it net), mar det myn siel It heimnis fen de stiltme sa forstiet, Sa ien wirdt mei de grizens fen de dei Eft ik yn ien great ryk fen leed forsink, Dat, tinkt my, wytget my, myn tiid hat west...

WELMOED. (nei him ta): To, praet sa net, dû dochst ús sear mei soks, Scoest ús forlitte, ús ljeafste hope stoar, En ’t scil sa bliid wêze, astû better bist En neat ús nocht mear pynget mei syn soarch...

FRANS DUCO. Bliid... haw ik ea bliid west, al wier ik soun? Sûnt heit forstoar boun my it âld ûnthjit To wenjen mank ús stille sé-lânsdou, Jier efter jier by ’t rûzjen fen it wiid, In finzne heal, al wier myn finznis ljocht En kein en myld, fol sinne-laits en wyn, Al hie ’k myn lok yn ’t heimnis dat aloan Hjir roungiet oer ús loft en elts bitsjoent. Mar hwa’t de sé great ljeafhat yn syn hert, Dy hâldt hja fêst mei ’t noegjen yn hjar sang, Det eltse minskne-tins syn langst ûntdriuwt, En neat bliuwt as hjar gean, hjar great gerûs En hy, hjar brêgeman, syn sels ûntstjert, Ien wirdend mei hjar siele, oandet it liif Him fen it lûken nei hjar langst bijowt...

JELMER. Dochs haw ik heard fen oaren, steech en wyld, Sims jierren oan de sé om lean forboun, Dy’t strûsden troch de stoarmen, fjûr yn ’t bloed, ’t Boarst iepen nei de wyn, it antlit rou, Ef widzjend oer it tillend rimpljend wiet; Hjar libbe ljeafde yn ’t hert for stoarm en wyn, For drift’ge wolkens en de macht’ge sé, Mar ljeavjend wisten hja hjar masters ek, Sé-kenings, stoarms oerweldgjend mei hjar wil, En, sonken hja, yet jubel yn hjar hert.

FRANS DUCO. Hja hiene d’ ierde yn ’t hert. Sa’t sé en lân Mankoar omstreakje yn ivich ljeafde-nocht, Lânsdouwen bernjend yn hjar hijliks-bêd, Sa hat ek ’t ierde-bern syn sé-mem ljeaf, En slacht him ’t nocht djip yn syn stridend hert As hy him jowt yn ’t tsjinjen fen hjar macht. Mar ik, bern fen de sé....

WELMOED. Stil, neam dat net, Rop ’t spoek net op dat ús sa faek omstrúnt....

FRANS DUCO. In spoek? mar ’t is sa djip, sa skriklik wier— Elts wit det Mem, koart nei hjar hijliks-dei Do’t hja in hjerstjoun, iensum roun oer ’t strân, Seach ho’t de weagen, reauntsjend yn hjar leed, In sémans-lyk sêft tilden nei de ich, En—det hjar bern dy man syn eagen hie...

JELMER. Detstû oer sok ding net it swijen dochst!

FRANS DUCO. Hwerta? as it sa is? as eltse dei My djipper twingt to libjen sa’t ik bin? Bern fen de sé, ’t hat my in feest wol west Det ik mei hjar great gean ek riisde en sonk, Hjar amme troch my loek en koelens brocht Dêr’t oaren wrakslen mei hjar jonkheits-brân, En noch, noch is ’t my hearlikheit en pracht... Fier rûzet hja, ienselvich, jimmeroan, Gelikens nea en dochs for ivich ien, En weagen riigje oant yn ûneinichheit, Sims goud-oerwyndre ef moanne-silvrich ljocht, Sims stoer, koart slaend, sims stiigjend oant it swirk, ’t Sân stout, de kobben krite, it dún stiet keal... Mar hjir is ’t griis, sa dimmen en sa stil As nou dizz’ dei mêd nei de jountiid lûkt, Nea leed en nea djip nocht, nea rou noch sang, Mar ûren, skier-igael as jins’ne loft Dy’t giet en einleas giet, oant det de siel Meidriuwend oer hjar wei, en sûnder treast Yn ’t loftrom weiwirdt as in frjemde sucht...

WELMOED. Bist waersiik, Frâns! Ha wy ús hichten net Fol moai wyt blomte en blide wiksel-skyn, Us doarpen, smûk yn ’t grien fen leane en haech, Us jongfolk mei syn boartlikheit en nocht? Seachst Ballum niis? It doarp is fol fen fleur, De minsken laitsje en langje nei de joun As ’t merke-setsje fierd wirdt, bliid en frij, En elts him gol fornoeget, elts fiert feest!

FRANS DUCO. Ik sjuch de grize loft oer alles út, De hjerst dy’t komt en blomte nimt en fleur En ’t hôf wer keal skoert for de wintertiid, De tiid dy’t neat yn ’t wêzen lit, en giet...

WELMOED. Sims, Frâns, is ek dy loft fol gouden ljocht, Sels nachts, hiel inkeld ris... Den brekt it los Ien mingljen fen giel ljocht en silvren snie, Mei gouden bôgen bûgend nei it Noard, En pylken glânzgjend troch it tsjuster rom, Det hwa’t it seach, sels súvre wirdt en ljocht, En werkomd yn de minsk’ne wrâld, syn dei Fol sêfte skyn en blide skientme hâldt...

FRANS DUCO. It Noarderljocht? Dyn mearke, ’t is sa moai— Dat ienris sjen, en den in nij bistean Dêr’t al hwet heal is stjert en eltse stoun Yet ljocht is fen de glâns dy’t ivich bliuwt... Mar wist wol, Welmoed, hwet dat mearke mient, Hwet doomnij sei dost’ fregest, ef hwet Mem Us sein hie fen dat ljocht, ek wierheit wier? ’t Wier d’ ierde frjemd, ’t wier fier yn ’t himelryk, Hjir seagen wy it nea...

WELMOED. Dat wier net wier. Ik wit it nou, ’t bistiet yn ’t libben ek, En eltsenien oerskynt it ienris grif.

FRANS DUCO. Mar libb’nen net!

WELMOED. Mar libb’nen ek, sa great Det, hwa’t it sjoen hat, nea wer oars bigeart.

FRANS DUCO. Ho wistû dat?

WELMOED. Ik haw it foun, iksels.

FRANS DUCO. Bistiet it ek for my?

WELMOED. My tinkt, for elts.

II. FRANS DUCO, JELMER, WELMOED, RIXT FEN DONIA, DS. MARLÉUS.

RIXT. Sa dreame hja de skoandre dei ta’n ein. Earwearde, ’t is faek swier. Ik bin sa oars, My stiet de holle nea nei wif gedream En heech haw ik hwa’t docht.

FRANS DUCO. Mem, Mem! My tocht, Naem ien fen ús hwet fen jins wirk jo wei, Hy krige kibjen mear as priis en tank!

RIXT. Fensels, sa tinke jim. Sûnt heit forstoar Fierde ik fâdije en laette ik ’t wirk mei nocht, Mar noust’ mearjierrich bist, foroaret soks. Wirk fergje ik net fen dy: dat hat gjin hast Salang’t dyn sounens net sa is as ’t moat, Mar ’t folk, Frâns, hat syn rjucht datst earje koest— Gean mear mei hjar. Ik soargje wol for ’t wirk, For ’t lieden fen it lytse steatsbidriuw, Mar dû, wêz hjar hwet hiemer, hear èn frjeon: Dû witst, hja hawwe ljeafde en tank for dy.

DS. MARLÉUS. Sa is it, hear. Us oersten, seit de skrift, Hat God ús steld, det wy hjar hearsum bin, En ’t folk, from libjend, lyk myn sljuchtwei wird Hjar eltse Snein yn ’t skadich tsjerkje leart, Komt soks ek nei, en wijt jo ljeafde en trou En d’ eale frouwe earbied’nis en ûntsach. Nou wier myn boadskip dit: dêr’t joun it folk Yn earsum nocht it rispingsfeest oertinkt, En ’t gaedlik wier, det neat hjar nocht ûntbriek, Woe ik jo freegje: doch in gong mank ’t folk, En siz sa hjir en dêr in frjeonlik wird Fen blidens oer de ljeave sier fen ’t doarp, De kreammen, lytse flachjes, bûnt pompier,— Sa’t wend is fen de frijhear by sa’n tiid, Det men jo hildgje mei mei frjeonskips-blyk En jins genede yn dit ûnskildichs dielt.

FRANS DUCO. (nei Rixt): Mem, ljeaver net. It is net goed for my, Ik bin joun wirch en fiel myn tinzen mêd. Diel hûndert kroanen út for hjar fortier, En siz hjar mylde tynge en det ik skielk Mei doomnij elts fen hjar wol oandwaen scil. Hja bin my nei, mar yn hjar deistich dwaen My hiemer as de jouns fen fleur en sang.

RIXT. ’t Is goed, Frâns, ik scil gean. Mar ’t moeit my slim Detstû sa stadich betterst, ’t jowt my soarch: Skielk bliest de winter oer it skymrich lân, En yet bist like fier. Earwearde hear, Ik woe, hy joech him fen ús sékant ôf Nei ’t mylder Súd, en kaem net wer, oantdet Fornijde krêft him sterke yn syn bistean.

JELMER. Hy wit, ús hûs stiet for syn kommen ré En jerne naem ik skielk syn selskip mei.

DS. MARLÉUS. Bitink, hear, sounens is in jeft fen God En wiis docht hwa’t dy kroane yn eare hâldt.

FRANS DUCO. ’t Is net de loft, de wyn net dy’t hjir waeit Noch det it ljocht safolle yn wolkens giet, Mar mear, djip yn myn hert in einleas langst Nei hwet ik siikje moat en nea net fyn— ’t Is út mysels, djip, det myn wirgens riist, En sims, yn fieming fen it strieljend ljocht. Ef gear mei jimme yn stil en bliid petear, Is ’t as forsinkt yn dizich skier de gloed En wird iksels yn lege djipten wei, Bang siikjend nei in hâld en ’k fyn se net.... Hwet fiers, hwet eangstichs weacht as lead op my, Sims lûkt it as in wirlwyn om my ta, Unsjenber sûgend nei d’ ûneinichheit, En triljend fiel ik my de dea deunby....

RIXT. God, bern, is ’t sa? De eangst slacht yn my del!

FRANS DUCO. Jim moatte it witte en help my yn dy striid. Ik hâldde it for mysels en ’t wier net goed, Hwent my miskearret krêft for ienlikheit En ’t libben ebbet stadich fen my wei Ho sterk ik focht... Hwent libje, libje wol ’k Net út ienkennich stjerrens-eangst ef driuw Ta selsbihâld, mar om’t ik wit, fêst wit, Dêr libbet eat op ierde dat ik mis, Dat krêft jaen koe ta striid en great djip lok En sterker my oan ’t ierdsk bistean forboun, Ef my in ljocht bleau yn de lêste reis...

DS. MARLÉUS. Hy dy’t it Heil is, is de wei for elts Yn ’t libjen en yn ’t stjerren, d’ iene doar Dy’t ynlaet ta it ryk fen ljeafde en ljocht, En neat as Hy jowt treast en sterkte yn ’t leed.

FRANS DUCO. Ik ken him sûnt myn jonkheit, ’k hie him ljeaf— Mar dit, dit bleau, ho faek ik stried en bea; En lies ik fen syn leed en groulik ein, Den tocht my sims sa’n ein yet licht, om’t Hy Sels God, in godlik doel bistribje mocht, En troch it swirk in greate stjer him blonk. Mar myn stjer blonk yet nea, al stoarre en socht Ik jounen lang yn ’t twiivljen fen myn siel, En dy, dat doel, dy ropping, dat bistean Dat scoe my krêft jaen, sterkje ... dat, dat holp As alles sonk en ik mysels forlear...

RIXT. Dû hast in ropping, bern: oertink hwet bart Mei dit lyts lân, bilong’re fen in frjemd, En mei ús folk astû dyn sit forlietst En my ek naem de dea de diekrêft wei; Sjuch Ballum yn syn nocht, ef fen it dún Hiel ’t Aemlân iepen twisken sé en sé En tink det God dy dit ta’n ropping joech...

DS. MARLÉUS. De lânshear, fen Godsels oer minsken steld, Hat dûble plichten: tsjin it foltsen d’ ien, Det hy hjar laet yn Gods-frucht, as in heit, En d’ oar tsjin God, dy’t him ta lieding bea. In skeper oer de skiep dy’t weidzjend gean Dêr’t sims it wyld yet gûlt: mar hy hat noed En keart syn fé de grime driging ôf, Sa sjucht er ta det neat hjar wei misfalt, Krêft winnend út hjar woltier, en it hert Him fol fen sterke trou oan minske èn God.

FRANS DUCO. Jim hawwe rjucht, sa is ’t. Jim fytrjend wird Scil foar my stean as ik wer wirgens fiel. Hwet my myn krêft gint om to dwaen, dat scil ’k. Nou wier ik jerne allinne. Mem, hâld moed: Ik bin sims hwet swiersettich: ’t is my rom Det ik myn hert útstoarte mocht tsjin jo— Ik tink wol det wy ’t rêdde. Haw gjin noed, Wy scille ús bêst dwaen yn bitrou op God.

RIXT. Hy mei ús nei wêze yn ús soarch en dwaen, ’t Is goed detst my dit seist. Myn soargjen scil To greater wêze nou’t ik dit forstie. Joun, nei it feest, bring ik dy tynge en groet.

FRANS DUCO. Jow hwet ik neamde en doch myn bêste winsk. Earwearde, oant sjens,—jins plichtwird bliuwt my by. Dû bliuwst yet, Welmoed?

WELMOED. As ’t dy goed is, jern.

FRANS DUCO. Lit my de joun mei dyn kleare eagen sjen.

III. FRANS DUCO, WELMOED.

FRANS DUCO. Plichten, op myn ûnsterke skouders lein! Hja hawwe rjucht, God ferget rekkenskip, Mar hwet kin ik? hwaens frjeonlikst wird fen treast Yet wrang is fen myn egen wylde need, Hwaens hân dy’t wize moat, sels húvrjend taest Nei hâld, hwaens each dat sjen moat yn hwet komt Nearne de stjerre dy’t ús stjûrt, noch foun? Ik liede, hearskje, foargean? God, ik moat, Mar fierder as myn krêft rikt, kin ik net, En ’k joech sa jern hwet dat hjar streksum wier, Hwet mylde blidens, glâns oer ’t moeisum wirk Hwet sterke treast as hjar hwet ljeafs ûntstoar, Hwet greate ljeafde as ’t iensum klage yn hjar, Mar sels haw ik noch neat...

WELMOED. Dochs hastû mear As mannich dy’t syn deist’ge wegen giet Hwaens krêft bistiet yn stille ûnwittendheit Dat him it greatste, dat hwet bliuwt, ûntbrekt.

FRANS DUCO. Mar hwa kin sterk wêze en himsels forstean? Syn ûnkrêft witte en útjaen: ik bin sterk, In ljeagen-skyn fen krêft oer twiivlichheit? Is hy dy’t wit en syn ûnsterkens sjucht En ûnder ’t steatlik klaed de kanker wit Yn liif en mear yn geast, net earmer noch As hwa’t nea seach yn ’t djipste fen syn siel?

WELMOED. Dochs hastû mear. Ien sucht, ien fleach fen wyn En al de skynkrêft dy’t de minske klaeit Yn ’t wenstich bodzjen fen hjar drok bistean, Forstjert yn ’t neat en lit gjin frucht mear nei. Mar dyn hert hat hwet dûrjends yn: in langst Nei ’t wûnder greate datstû nou net witst Mar dat bistiet, de glâns fen ’t Noarderljocht, De libbensdoar dy’t iepen stiet for elts.

FRANS DUCO. Hwêr seachst it? wier it fier?

WELMOED. Wol hiel ticht by. Ik hie it nea net socht, it kaem fensels. Witstû fen do’t wy, bern yet, jountiids faek It bûnte ljocht, oranje en read en blau, Great prealjen seagen as in fjûrge grot, En wy den kleauwen op in heech sterk dún Eft ien lyts blinkje fen it wûnderlân, Dat fier dêr lizze moast yn poarpren kym, Yet speeglje mocht yn ús great iepen each? Dat ljocht, sa fier, sa ivich, sa folslein, Dat ik for stjerliken net mûglik tocht, Forriist sims ljocht en wijend út ússels, Hwent dat fier lân, dat fierder leit as ’t West, Is fen ús siele it iene, greate ljocht, En wy, yn deist’ge soarch en eangst bitiisd Det faek ús heech komôf ús sels ûntgiet, Bin bern dêrfen en drage it yn ús hert.

FRANS DUCO. Och Welmoed, ’t is sa earm, ús diel dêroan...

WELMOED. En den ús hope, ús dreamen, ús forlangst? Is ’t den sa leech yn ús? Tink om de tiid Detstû hjir jouns for mem en my, as ’t wirk Birêdden wier en alles sonk yn rêst, En neat ús harkjen steurde en neat dyn sang, Us songst by d’ âlde harpe, dystû founst, Fen hwetstû seachst yn ’t glinzgjen fen de sé, Dyn dreame-stins, ho’t hja forriisde yn ’t ljocht, Yn mingling fen it kymblau en it wiid, En ho’t der ien, ien greate troanje scoe Dystû net neamste al tochst aloan om Hjar?

FRANS DUCO. Mar ienlik bleau ik en de dreamstins sonk.

WELMOED. For ’t each fordwoun, mar oerbleaun yn dyn hert. Hwent hwet ús ienris wier ta skientme en nocht, Dat stjert nea wei, dat rêst in pearel lyk Djip op ’e boaijem fen ús siel, en ’t nimt Yn myldens oan, fen dea noch neat oerwoun. Skielk as in nij ljocht yn dyn siele falt, Den strielt it hûndertfâlde flûnkring út, En al hwet sonk nei twiljocht fen de groun Untwraksel’t him de dize en riist en bloeit...

FRANS DUCO. Mar den dat ljocht! As den myn langst, myn dream, Myn rykdom, wille, skientme, álles bleau, Hear, jaen my ljocht den, streamen ljocht, dat djip Yn ’t hert dat libbensljocht de dea forslacht!

WELMOED. Nou fielst it, wier? Dat is hwet dy ûntbriek. Dat wier de djipste, moaiste langst dy’t spriek.

IV. FRANS DUCO, WELMOED, JELMER.

JELMER. Welmoed, dû wirdst bifrege.

WELMOED. Ik? fen hwa?

JELMER. In faem dy’t, seit hja, krekt fen Fryslân kaem, En dy goed ken; my swei hja ho’t hja hiet.

FRANS DUCO. Ho nou, bisiik for dy?

WELMOED. Dat liket sa. My tinkt, ik ried it wol ... wy scille sjen. (_giet_).

FRANS DUCO. In frjemd hjir op ’e stins, dat bart net faek, Ik ljeavje it net ... mar ’t hat syn ljochtkant wol, Jim libje hjir sa ienlik, wrâld-ûntstoarn, En iensumheit hat faek swiersett’gens yn...

JELMER. Dû seist fen jim—en den dû sels?

FRANS DUCO. ’k Bin ’t wend. It is myn deist’ge steat, sa fier ik tink, Mei myn bistean is ’t ien. Mar jim ha mear, Mear blidens, minsk’ne tael en selskip brek, En hjir is neat as swijsumheit en dream... Sims, Jelmer, bin ’k binijd detstû dy’t oars Sa sterk yn ’t libben stiest, det eltse dei. Sa seistû faek, dy mei in wieling naem, Nou hjir dyn tiid sa stil en fier fordreamst, As hie ek dy de sé-sang tsjoend yn sliep, En stoarst it drok bistean mank minsken ôf!

JELMER. Myn nocht, myn krêft, myn willenswille is bleaun, En ’k wit my sterk, net minder as ik kaem, Mar hjir, sels hjir, deun oan de sé syn stream, Haw ik in doel, dat hâld jowt en skewielt, Sa goed as mids de droktme fen de stêd, Yn Frjentsjer’s akadeemje en ’t stúdzje-wirk.

FRANS DUCO. In doel, alwer! Mar den, hwet sikest hjir?

JELMER. Ik kaem hjir, meast om dy. Ik wist de pleach Fen iensumheit, dy’t op dyn libjen woech, En ’k wist, detstû net hiest hwetst nedich hiest. Ik tocht, faeks kin ik mei myn blider hert By ’t stil petear fen frjeonskip en forstean, Hwet ljocht bringe yn jim hûs, it greate sjen Det alles goed is, great en skientme en nocht. Dû witst, myn aerd is oars: de fleur, it ljocht, In loftich sin is yn ’e wrâld myn diel, Mar ’k wist net, det de sé syn great gerûs Us laitsjen maklik mei syn sang oerstreamt...

FRANS DUCO. Dochs bistû bleaun, al stried it tsjin dyn aerd; Dû bist in tige frjeon, net elts docht soks.

JELMER. Dû priizgest my genôch. Der wier hwet oars, Dat my hjir hold, yet sterker, swieter bân... Dû sjuchst forheard, mar sizze wol ’k it dochs, Hwent dû hast rjucht, as hear fen ’t hûs en frjeon, En dostû niis sa drôf en treastleas wierst En seist ho’t moed en libbenskrêft dy stoar, Do barnde it op myn tong, det ik, krekt hjir De saed fen ’t libben sterk to streamen foun, En det yn hwetstû tsjuster tochtst as dea, Krekt my de strieling berne fen de dei...

FRANS DUCO. Ek dû? Dû hast hjir foun? Hwêr libje ik dochs?

JELMER. Yn ’t grinslân twisken ierde en ljochter gea. Hjir Frâns, yn stiltme en ynkeard ta my sels Yn ’t wite skimer fen jim mânske stins, Dêr’t wyn en sé it herte stimme yn lok, Djip ynlik lok, hjir nêst dyn gean, flak nêst, Woun ik dat iene, mear as fleur en feest, De greate jefte fen dat machtich langst, Dat my dy bidden docht, detstû tonei Mear as in frjeon, in broer yn my sjen wolst.

FRANS DUCO. Hwet mienst? ik fetsje net...

JELMER. Ik ljeavje hjar Dy’t dy niis wytge fen dat wûnder-ljocht. Hja hat it foun, mei my. Siz goed for ús. Astû net fynst, den bliuw’ der twa nêst dy En diele wy dyn iensmens mei ús lok.

FRANS DUCO. O, Welmoed, Welmoed! dat de wei nei ’t ljocht? De wei, dy’t elts gean mocht, ek ik, de doar, De iene, nei it ryk fen bloei en krêft? Ho skoerst de woune yn ’t iensum hert, dat lang, Lang blette fen syn leed en swier genies, Wer iepen mei it wird fen dyn great lok! Ik dy wei gean? ik dy’t myn ljeafste treast Fier sinken seach efter de wrâld syn kym, Ho’t d’ iene dy’t ik ljeafhie my forliet, Myn bea nea heard, myn langjen nea forstien, En hjar swiet honk socht yn in oar syn earms? Ik iensum en forlitten, ’t wiid syn bern, Dy’t wyld fen striid seach ho’t myn ljocht, myn treast, Him joech yn oarwei en my langjend liet, Dy ljocht-doar is my ta, dat is foarby... Haw jim jim lok, wêz alles for mankoar, ’t Is my sa bliid ... en ’t docht my dochs sa sear... It âlde byld riist foar myn each, ien preal Fen libjend ljocht, ik sjuch de jountiid wer Do’t ik hjar seach for ’t lêst, ik hear hjar lûd, Ik wit hwet kinnen hie for my, for my, Hie net de sé, d’ oerginst’ge dy’t my loek Hjar kjel makke en fordreaun út dit stil lân, Det ik wer ienlik, ienlik, ienlik bleau... ’t Is wier, dat naem myn krêft, dat treau my del, Binaem my ropping, plicht, myn libbensnocht, Dat die det ik sûnt nea wer song: ik wist De ljochtdoar ivich for myn langjen ticht....

V. FRANS DUCO, JELMER, THORA UNEMA.

THORA. Frâns Duco, heil!

FRANS DUCO. God, Thora, dû!

THORA. Dû kenst My yet? Dat falt my mei: ’t wier sa lang lyn Sûnt ik it lêst hjir oer it séstrân gyng, En ’k eange faek, ik scoe it nea mear sjen... Mar frjeon, hwet bistû bleek! Hastû fortriet?

FRANS DUCO. Né, né... Men sei my niis in hiel great lok, Dat my yet frjemd wier ... en ... en nou komstû...

(_him bitwingend_)

Wêz wolkom, Thora, yn ús gea en stins Dêr’t de oantins oan dyn toevjen libjen bleau, Ek lang neidetst ús mûglik al forgeatst!