Part 2
THORA. Mear myldens biedst, as ik fortsjinne hie. It stie my min, det ik myn sté fen dream, Fen hope en sang dizz’ jierren fier bleaun bin, Mar ik forgeat dochs net, al loek it sin My mear nei ’t selskipsgean yn minsk’ne wrâld. Sa lang al, det ik stried tsjin leed en soarch. Lyk eltsien moat, dy’t mank de minsken giet, En den tocht om jim wente yn ’t Noard, dy’t stiet As tsjûgnis fen de Ivichheit, omwaeid Fen koele wyn, omrûze fen ’t great wiet...
FRANS DUCO. De lêste kear, dostû hjir wierst, ha’k miend, De iensmens fen dit sé-gea die dy oan Mei eangst en húvring for de einleasheit, Dy’t eltse kant ús stil lyts lân omspielt...
THORA. De eangst fen hwa’t de ljeafde ûntwrakselje wol, Dy’t hy djip yn syn as siele d’ iiv’ge ken— (_Jelmer giet_) Mar hwa, dy’t ienris oan it dúnstrân stie, En seach yn ’t heimnis fen it great geweach, En him dêr wijd wit ta it iiv’ge ryk, En dy’t, weromkomd, oan de wrâld biwent? Him rûzet it, dêr’t hy de nachttiid rêst, En fier de sliep him fen de bedsté bliuwt Ut greate fierte ien frjemde sucht: _Untrou_, Salang’t hy fier is fen syn wijingsoard, En mids de minsken giet: Untrou, Untrou, Oant hy him iensum wit en hiel syn hert Weromwol nei it gean fen Gods wiid rom... En sa, Frâns Duco, haw ik ek ’t forstien.
FRANS DUCO. Dos hast ek dû hjar ljeaf. Sjuch, Thora, dêr! Dêr oer it strân, bleek spriedend efter ’t dún, De brânning klotsen yn de twiljocht-joun, Wytkrôljend, brûs-biskomme, wyld oerien, Den rêstend, den heech stiigrjend as yn stoarm... Hastû se sa yn dreamen sjoen en leed?
THORA. Hja bleau gelikens, ien. Wy komme en gean Net mear as snjitten brûs yn winterwyn, En dochs, hwet is ús leed by hjar fortriet? Frâns Duco, sims, as ’t yn my rôp om treast (Hwent minsken dwaen mankoar sa groulik leed) En smert myn diel waerd om de minskne wil, Den bylde ik my, hjar rûzliet song my ta, Hjar âld stil liet, swier fen ûnsizber leed En ’t wier, as rêstte ik snokkrjend oan hjar hert. En hjar great leed naem lytser soargen wei.
FRANS DUCO. En ik, dy tocht, detst lokkich wierst, det neat Dy steurde yn ’t strieljen fen dyn simmerdei, En omstû bliid wierst, yn myn hert de woun To djipper fielde yn myn ienselvich leed! Ik tocht, de wrâld bea flûnkring dy en nocht, De glânz’ge romer fen de blidens-wyn, De simmerkrânsen fen it jonkheitsnocht, Ik tocht ek, dû hiest ljeaf...
THORA. Dat wier forsin. In moaije dream, dy’t waen en ljeagen bliek, Mar dy’t my lang dêr finzen hold, yn hoop Det ien dei dochs myn dreamen wierheit waerd, Lyk sims in bern nocht hat oan blinkend gûd En ’t rykdom tinkt for ’t libben, skat en pracht, Oant rustich blik de teare hantsjes skoert; En do forstie ik yn myn leed yet mear, En tocht om ien dy’t mear wier as in dream...
FRANS DUCO. Thora, dû tochtst ... om my?
THORA. Ik tocht om dy, En do foel my in eangst, in swiere, yn ’t moed: In dream stie oer myn bêd en ’k seach dy siik En wraksljen tsjin de driging fen it ein... De moarns, do dreau my d’ eangst, ik wist gjin rie, Ik moast hjir hinne, ik hie gjin lins, gjin dûr, En ’t wier my efstû stoarst en myn skild wier ’t... Ik hie dyn eag’ne swijs’me bea forstien...
FRANS DUCO. Né Thora, né, nou net, noustû komst net, Nou gean ik mei dy mei, nou haw ik dy... Witst yet, lang lyn, do’t wy in hiele dei Hjir swalken, fier, hiel fier it eilân oer, Oant jountiid kaem en wjuk fen nacht it lân Wiid fieme yn stiltme fen syn roungeand skaed? Do wierstû bang en krietst, mar ik, ik naem Dyn hân en laette dy, dyn holle sêft Tsjin ’t skouder oan—ik fiel dyn goudhier noch— Oandet it stinsljocht ús yn d’ eagen foel, En ik dy lústre: dat, dat is ús thús... Sa Thora, lied dû my troch ’t libbenslân, En lear my dêr myn plicht nêst dy forstean; Ik hie dy ljeaf, en astû nêst my giest, Den skynt ek ús it hillich Noarderljocht...
THORA. Sjuchstû dy gloede yn ’t West? Yet ienris brekt De sinne yn glâns út ear’t hjar deiljocht swynt, Yn lôge stiet de kym, en gouden rein Spielt oer it weevjend triljend weage-gean, Heech útstoart út in grot fen read korael, Wiid útboud yn it silver fen de loft; In wjuk fen skaed mei rânnen fen ljocht goud Lûkt oer it wiet as driuwt in Cherub dêr, En ’t is as driuwt, mids lôgen fen read fjûr, Fier tsjin de kym oer ’t grienjen fen de sé In skip fen silver oer it rimpljend wiet...
FRANS DUCO. En wylst it ljocht yn gouden weving rint, Giet hein en fier ien let en djip gerûs De strânnen roun en sjongt de jountiids-bea, En ’t dúngers niigt syn lange raeijen sêft; Stil, mijen teiknet heech tsjin himel-blau De wite moanne it sikkel-roun bigjin, En bleke stjerren komme twiivlich út, Fornoege as hja de minske mymrjen sjen; En ’t folk yn ’t doarp, hwaens herte staed’ger slacht, En om him hinne in ivich wêzen wit, Sjongt yn de wijing fen ús ljeafde-joun, As wisten hja ús nij-woun lok, in liet:
(_bûtendoar klinkt in sjongen, klear en myld; Frans Duco en Thora harkje, foar it finster. Rixt fen Donia, Ds. Marléus, Jelmer en Welmoed komme, yn dimmen stiltme, de keamer yn as it sjongen weistjert_):
FRANS DUCO. Bring my myn mantel en myn frijhearsstêf. Ik woe nou nei myn folk gean, mei myn breid. Den, as hja witte, ik haw myn ropping woun En ek myn hert mei machtich slaen fen lok, Den gean wy nei it strân en sjugge it ljocht Fen moanne en stjerren riljen oer it wiid, Det dêr ús siel, dy’t mear as ierdskens socht De wijing wint fen ’t ivich Noarderljocht.
RIXT. Thora, haw seine—ik skriem en bin sa bliid...
WELMOED. (_tsjin Jelmer_): Nou komt ek ús for lok en ljeafde in tiid.
DS. MARLÉUS. ’t Is nuver frjemd. Der is hwet greats op ierd... In wei fen ljocht... dy’t yn gjin tsjerkboek stiet...
Ein fen de foarste útkomste.
TWADDE UTKOMSTE
I. WELMOED, THORA.
Selde plak as yn de foarste útkomste; rûzige hjerstjoun, bytiden binne de wynfleagen to hearren. De kearsen barne. Welmoed sit rêstich oan hjar borduerwirk. Thora, bleker wirden, yn mimer by de fjûrhutte.
THORA. Frjemd sa’t ik joun de sé wer rûzjen hear. Hja hat hwet driigjends yn. De wylde loft Driuwt jachtich en oerstjûr it jounljocht oer; Sims gûlt de wyn fûl stjittend om de stins, Mar sterker riist de grime sé syn lûd, Dy’t skier en rûzjend as it stoarm-wiid sels, Hiel dizze stiltme oerbrûzet en oerspielt En minsk’ne siel hjar lêste warkrêft nimt... Welmoed, hwet tinkt dy? stekt de stoarm wer op? Syn machtich lûd is dy mear hiem as my.
WELMOED. De loft, de wyn, it great liet fen de sé Dreauwen as weitsers om ús widzen gear, En wy forstean hjar driuw en longrjen wol. De stoarm nimt wer syn wâld, to nacht miskien Ef oars moarnier tsjin ’t stiigrjen fen de floed, Al nei’t de hear fen loft en wiid it wol. Sa seagen wy, jier nei gelikens jier, D’ ûnkearbre wintling fen de tiid fen nijs: De Maitiid mei hjar blomte en dream-ûnthjit, Den blinkend oer it gouden skyld fen ’t dún De simmer dy’t hjar swird fen strielen swaeit, Den wer de hjersttiid, brûzjend út it djip, Unlijich driuwend oer it rou swart swirk, Oan’t hiel it gea om winter-stiltme skriemt.
THORA. Sa rêstich astû ’t seist! Niis seach ik dy Stil glimkjen as oertochtst in mylde dream Bûgd oer dyn wirk, wylst om de stins de wyn De driging gûlde oer ’t rizen fen de stoarm! Krimpt dyn hert nea fen eangst en ûnrêst gear? My weacht en twingt de skymring fen de joun, As brekt yn ’t skiere djip in krêft him frij Dy’t him al hymjend nei de brânning jowt, En doarp en minsken sûgend nei him nimt.
WELMOED. Ien eangst hat driigjend oer myn maitiid stien: Dat wier earstû hjir wierst en Frâns syn hert En tinzen joech oan mismoed en frjemd leed, En nêst syn fiet it gean tocht fen de dea— Dat wier sa blyn, dêr bleau ik machtleas tsjin. Mar noustû kaemst en hy sa sterk en wis ’t Libben oerwoun mei ’t hearskjen fen syn wil, En eltse dei him sjucht yn ljocht en krêft, Nou’t einlings nei myn iens’me eangst om him Ik bliid oertinke mei myn lok dat bliuwt, Nou sjongt de stoarm oerwinnings-psalm, nou leit Hiel ’t libben iepen yn triomf en ljocht,— En sa moatstû, frjeondinne, it ek forstean.
THORA. Ik doch ’t, ik wol ’t, mar ’t is sa swier, sa bang— ’t Is det ik yn myn lok gjin frede fyn, En ivich fiel, der is hwet frjemds, hwet wylds, Dat al myn langst en swietste dream forhúnt, Ik kin ’t net neame en ’t bliuwt aloan my by, Ik wit net hwet it mient, mar ’t jowt my eangst.
WELMOED. Kom, siz my alles Thora. Faeks koe ik Dy riede en stypje yn hwet dy riedling is; Ik wol ’t sa jern, dû bist ek my sa ljeaf— De lêste tiid mirk ik aloan oan dy Der wier hwet dat dy pleage en eangstme brocht— En bleek wierst faeks dêrst eren laitsje koest— Dû hast dyn ljeafde dochs, dû witst dy ryk? En yn ’t bigjin wier al dyn ljeavjen nocht,— Dû, blide, lûkt ek dy de sénoed mei?
THORA. Dat is it, dû hast rjucht; my weacht it wiid En d’ eangst en niid dy’t ik dêr wenjen wit, En det der mear is as myn ljeafde-dream... ’t Is komd, dy jouns, do’t ik mei him de stoarm For ’t earst hjir woedzjen seach yn ’t krôljend wiet, En dêr’t ik stie de dúnkling him bijoech Det ik foaroer foel, en it swolgjend wiet My meifierd hie yn ’t wieljen fen syn macht, Hie net syn krêft my rêdden út dy need; Do’t ik wer bykaem seach ik yn syn each In wyld frjemd glânzgjen—’k hie it neat net sjoen— Dat barnde oan’t yn myn siel, en twingend, fier, Hearde ik syn lûd my lústrjen: „Wierstû bang?”
WELMOED. En do?
THORA. ’k _Wier_ bang, ik bin it yette—ik sei him neat, Ik húvre, eange en ik forstie hwerom. Ik hie myn dea yn ’t antlit sjoen, ik wist Hwet my hjir bide yn ’t gounzjen fen de stoarm, Ienris, in joun as my myn krêft bijowt: In fier griis grêf yn d’ ûndergroun fen ’t djip.
WELMOED. Thora, dû praetst sa frjemd... Bitink _syn_ krêft Hie dy dochs rêdden fen de dea, dy joun, Sa scil er jimmer hoedzjend nêst dy stean...
THORA. Sûnt wist ik det ik machtleas wier tsjin dit, En ûnfolslein ús ljeafde. Ik haw ’t forstien, Him bynt in greater macht, in heger geast, Dy’t ik forslein tocht fen ús ljeafde en trou, Mar nou wer long’rjend boppe ús ljeavjen riist. En hy _èn_ ik ha greater ljeafde yn ’t hert, Him ropt de Sé, my is to Libjen ’t meast.
WELMOED. Mar as dat wier is—’t heart my wûnder ta, My tinkt, der _kin_ neat boppe ljeafde gean— En dochs bynt ljeafde jim, en bliuwt hja sterk Ek dêr’t hja by hwet oars hjar minder wit, Den scil hja ienris weiwirde as in dream, Ef hwet jim skaet en sa jim lok forslacht Dat moat ta’n offer wijd oan ljeafde’s wâld.
THORA. Welmoed, der is mar ien wei oer for heil. Hy moat hjirwei. Myn ljeafde dy’t ik joech Sa great en ryk, mear as ik mûglik tocht, Is machtleas tsjin de tsjoenkrêft fen de sé; En wint er ek yn krêft en hill’ge moed, En hâldt myn ljeafde ek fen de dea him fier, To wylder riist dy frjemde ûnsizbre krêft Yn him omheech, en hwet myn ljeafde wint, ’t Wirdt wer fen nijs de weld’ge sé ta’n bút, D’ oerginst’ge dy’t my hatet, eang for my, Lyk as s’ ek my ta húv’ring twingt en eangst. Ik wit, ik praet oerstjûr, myn selskrêft swynt, Mar Welmoed, djip yn ’t hert forstean ik ’t klear, By al ús skynwinst wirdt de dea it lean For ljeafde en lok, as hjir it longrich wiid Stadich ús laitsjen mei syn lûd oerstimt; Iensum by stoarm en ’t gûlen fen de sé Swalket er jountiids oer it lykbleek strân En heart eft yn de fierte it lûd ek ropt Oer ’t hymjend gean fen weach en brânning-slach, En ik dy’t gean moat nêst him, dy’t mei him De driging skôgje moast fen striid en dea, Ik doar net mear sûnt dy forflokte nacht Det ik dêr foel yn dat ôfgryslik grêf.
WELMOED. ’t Is dy yet frjemd, de sé by hjerst to sjen As jouns de weagen stean to stiigrjen, wyld: Nea hiest hjar sjoen, as dêr’t hja dreamend laei Ef reauntsjend yn de glâns fen simmerwyn, Mar haw bitrou: is dy hjar grym biwend Den scilstû laitsje om hjar oerstjûr gedriich, En sterk dy witte yn ’t lûken fen hjar stoarm As ljeafde nêst dy bliuwt, en each en hert Allinken ek oan wylder tiid biwent...
THORA. Nea, nea—yn wyn en weagen klinkt hjar haet; Dwylsin is hwet hja sjongt en dead hjar skaed: Gjin soen bistiet twisken hjar wiid en my, Dy’t hjar forflok, en for hjar eangje, en lij.—
II. WELMOED, THORA, RIXT FEN DONIA, DS. MARLÉUS.
RIXT. (opkommend): Untskildging praet hwet ûnrjucht is net wei. Men hat ús húnd yn ’t djipste, ús rjucht forstaet, En hy dy’t him forgrypt oan oarljue goed, Ho heech er stiet, ef froed en dildich sjucht Det yn syn namme it Rjucht ûntkrêftge wirdt, Mei tasjen det God’s grym him fen syn troan Net delslacht yn de hel fen skande en hún!
DS. MARLÉUS. Dochs hat de keizer ’t heechste wâld op ierd’, En syn heech wird is al syn foltsen wet; Dêrby, geneed’ge frouwe, is him de macht— Hwa scoe bistean tsjin ’t stúnjen fen syn wrok, Wylst die men him yn hearsumheit in bea, Syn ear faeks iepenstie for ’t krêftich rjucht Dat grif jim kant yn dit swier pleit skewielt, En hy goedginstich ta jim heil bisleat.
RIXT. Genôch fen freegjen, bidd’lers bin wy net. Mei hiel myn krêft wol ’k oanstean by myn soan, Det hy de bea om rjucht lyk ik dy die, As frijhear net by ’t heechst biwâld fornijt, Dêr’t dochs ús freegjen húnd wirdt en bispot, Mar giet d’ únskamsmens fen de niid sa fier, Det men ús oantaest yn ús erflik lân, Men ljeaver as únweardich lef gekrûp De striid forkiest en God de útspraek lit.
DS. MARLÉUS. As frede-man klinkt my de kriichsrop wyld, Mar hâldt men soks de iene wei for ’t rjucht Sa scil wis ’t Aemlân trou wêze yn de striid, Ho’n bytke it ek formei mei wapentúch, As do’t it dijde yn jins woltierich wâld.
RIXT. Sa tocht ik ek. God jaen ús goed bislút! Hwêr is de frijhear, Thora?
THORA. Dêr’t de wyn Gûlt by it rizen fen it jounbleek dún, Deun dêr’t de dea út djippe hoalen gûlt, En fier fen hjar dy’t rjucht hat op syn hert.
RIXT. Bitink hy is in eilânsfoarst, hwaens hert Lúkt nei de widens dêr’t syn gea út riisd En hiel syn jonkheitstiid fen hill’ge is. Dit lân is him bitroud; ik wit syn wird Dat klinke scil as hy dit ûnrjucht heart, Wy fen ús rjucht ûntset, in oar hjir foarst, En ’t keizerswird ús tsjinpartij ta’n skyld!
WELMOED. Wy weidreaun fen ús honk? Dy tynge is hird. Fen ’t oard dêr’t ús bistean mei fêstgroeid is En dat Mem noede hat mei ljeafde en trou, Forballe en skaet út habsucht fen in frjemd? Nou fetsje ik det Mem frege om striid, as ’t rjucht Forkwâns’le wirdt for flaeikjen en kâld jild!
THORA. My bliuwt it frjemd. Striid for dit weardleas gea Dêr ’t libben is ien wraks’ljen tsjin de langst Fen ’t wide dat de minske oermast’rje wol, Oant him de krêft bijowt en hja him nimt As brêgeman yn ’t glinzgjen fen hjar hoal? Tink om de frijhear sels, ho’t hiel de tiid Ear’t ljeafde ek him to ljochtsjen kaem yn ’t hert, Ien driging wier fen noed en twiivlichheit, En siz eft goed is det men him hjir bynt! Ik swige as frjemd, joech ljeafde my gjin rjucht, To tsjûgjen sa’t myn herte it djip forstiet: Him is it heil as fen dit lân de tsjoen Net eltse dei syn siele yn finznis slacht, En dêr’t de lânnen lizze yn feilger fiem Hy, fier fen ’t lûd dat yn syn noegjen twingt, Yn fêster libben rêstme fynt en lok!
RIXT. Hy sels scil ’t oars forstean. Syn hiel bistean Is geargroeid mei it wêzen fen syn lân En dat fordiignjend striidt er for syn sels, Dat drôvje moat as men ’t de groun ûntkeart Syn ropping, al syn plicht, leit, Thora, hjir, Dêr’t hiel syn herte út berne en foarme waerd. En hwa’t syn leed en blidens partsje wol En him skewiele yn d’ iens’mens fen syn dei, Lyk dû it dochst as dielster fen syn hert, Moat hjir syn moed forbliidzje mei hjar jaen, Fen minsken ’t heechst, mar yn hjarsels forsteand Det der hwet is, dat troanet boppe hjar.
DS. MARLÉUS. Mei wiisheit sprekt de frouwe. Plicht giet foar. Dêr’t Gods lûd ropt wirdt minsk’ne stimme wei, Sa’t elts dy’t ljeafhat witte moat yn ’t hert, Det ljeafde nea de weardleaze ierdskens jildt, Mar ’t meast de geast, sa’t dy Gods ropping fielt.
WELMOED. Thora hat noed, nou’t yn de fierte it wiid Ropt as de driging fen in dûnk’re God, Mar spielt de Maitiid skielk hjar ljocht wer oan, En riigje weagen rimpeljend en klear Wylst oer it strân in iere moarnswyn sjongt, Den heart hja wis ho’t yn de sé hjar sang De Hear ek nou in hillich boadskip bringt En det ús rjucht op ’t Aem’lan Godsrjucht is!
THORA. Hâld sterk dyn hert! ’t Is d’ ingel fen it tsjoed Dy’t dêr yn ljocht-klaed oer de weagen giet! God is hjir net! Ik hear de djipten fol Fen grousum leed, fen gjalpen wyld en rou; It is de hel dy’t dêr to sieden leit, En ropt der ien, den is it Satan sels! Hjir is gjin ivich ljocht! Hjir is de dea. En hwa’t hjir toevet, sinkt yn nacht en wea!
III. WELMOED, THORA, RIXT FEN DONIA, DS. MARLÉUS, FRANS DUCO, JELMER.
FRANS DUCO. Hillich de krêft dy’t losbrekt oer myn sé! Mem, Mem hwet joun! Al grizer kringt de loft Syn driigjen wyld yn wolkensteapels gear, De weagen roppe en stiigrje nei de wyn, Ien wûnder feest fen swiere oerstjûre nocht; Griisskommich stoarmje s’ oan út tsjustre kym, Unlijich, wyld, as út de dea bifrijd, Yn great jûchhei priizgjend hjar macht’ge God, Dy’t hjar wer wekke út wêzenleaze dream Det se ûnbiteamme opstoarmje oant it swirk! Wy stienen op it dún en seagen ’t oan: It bleke ljocht, mind’rjend oan westerkym, ’t Wyld driuwen fen it swirk, it brânningwyt, Wy hearden hûndert lûden troch de loft, En oer it gûlen fen it spoekrich wiid— ’t Wier ljeafde en haet, eangstgâl en himelpsalm It kjirmjen fen de finz’nis, ’t lûd gerop Fen hwa’t oerwinne yn grymste en wyldste need, ’t Wier ûndergean en rizing, skiere dea— By God, opstânning ek! De sé stie op, Tobriek de bân fen hjar ûnmjitlik grêf, En riisde út rotshoal nei God’s troane omheech; Wy seagen hjar foldiedich, foarstlik, wyld— Jelmer, joun bin wy ta hjar ridders slein!
RIXT. Myn bern, forjow as ik dyn bliid sterk lok Brek mei ûngaedlik wird, dat wis krekt nou Dy djipper wounje scil yn ’t hert, meidetst De skientme fen dyn lân sa djip forstiest, Dat lân dat fiere hate ús herte ûntstriidt...
FRANS DUCO. Hwet mient Mem? Neam it frij, it let my net.
RIXT. De keizer, rjucht dwaend yn it pleit dat Zuhm By him tsjin ús oer ’t Aemlân oangien hat, Hat him ús lân forwiisd en ús ûntsein Yn ’t erflik rjucht op hwet ús eindom wier, En wy ha hjir gjin oar rjucht as in frjemd.
FRANS DUCO. Hy doar hwet oan! Ik mocht syn skatkist sjen Ho’t dy oan ynhâld woun hat mei dit rjucht, Op ho’n stik jild hear Zuhm soks kaem to stean! ’t Is drôf det hy syn earmtlik skyn-biwâld Det hjit fen keizerskip en slaefskip is, Ek yet bismodzet mei ûnweardich dwaen, In pop hwaens pronk fen mot en rust forgiet!
DS. MARLÉUS. Wêz dildich hear, al ried ik selsbitwang. By him birêst yn ’t each fen minsk’ne wrâld It heechst biwâld en him is d’ earbied ’t meast.
FRANS DUCO. Earwearde, ik knibb’lje net for keizerswird. Ik ken ien God, for hwaens heech rjucht ik niig En djip yn ’t hert trillet Syn biedwird nei Dat wiisheit, hearlikheit en ivich is, En ierdsk biwâld dat tsjin dy wierheit striidt, Lyk God dy skepen hat yn elts ierdsk hert, In pearel, ljochtsjend yn forgeande skulp, Is my ûnkrêftger as it dúngers sels En striid ik tsjin yn syn misdied’ge driuw.
THORA. By God, bitink, dyn warkrêft is sa lyts, Dû hast gjin hynstefolk, gjin wapenreau, Gjin boun fen feinten om dyn lieding gear, Gjin foetfolk dat as streamen komt en spielt Dy’t alles delslaen hwet hjar driigjen keart— Dû haste neat as bounsnoat as dysels!
FRANS DUCO. Ik haw de sé. Hja biedt in trêftich war! Hja spraet hjar goud’ne earmen noedzjend út, En hwet ús lân yn ’t hert bidriigje wol Wirdt dêryn gearre en ta de strânning wijd. Ik wit hjar ljeafde en det hjar hillge ginst Eltse ûre my oerbôget as in skyld, Ta lean for ’t boun dat ik mei hjar hert sleat!
THORA. Dû hast dyn libb’ne siel hjar dea forkoft; Dû bist dysels net mear! In wûndre krêft Trochrûzet dy en docht dy stean yn glâns, Dêrst eartiids sonkst yn grize twiivlichheit, Mar ’t is de libb’ne krêft net fen dyn hert! Hjàr siel sjongt yn dyn wird! En hwetstû droechst Yn ’t siikjend boarst oan rykdom fen dysels, Dat is toraend yn hjar ûnmjitlik wiid, En dû bist neat as hjar, hjar stjerlik bern!
FRANS DUCO. Ik bin ’t! Hjar bern dy’t hjir hjar boadskip bringt De lêste Camminga, de weage-prins! Hja is myn ryk, myn heitlân, myn forlangst; Myn herte is hiem de heimnis fen hjar blomt; Yn djipten weagjend mei hjar weage-gean, De glâns dy’t silvrich nêst hjar hoalen falt Dêr’t grien it wier syn wiete slingers wynt, En roazge skulp en dûnker bloedkorael Triljende wjerskyn mank de djipten spraet, En geasten troanje op perlemoeren sit! Dêr, dêr is ljeafde en wûnderdiedich nocht, Great, wyld en sterk as hjir gjin minske dreamt, En dêrút is myn siel riisd do’t hja teach Yn stjerlik omskot mank de minskebern, Dêr’t ik it wâld naem oer hjar ienlik strân, For ivich ien mei ’t rûzjen út hjar djip En neat as hjar great hearskjen ûnderdien, In libben ien mei hjarres, en dat bleat Oan hjar hert ljeafde fynt, en treast en nocht!
THORA. Unsill’ge dreamer, sjuch den my! Hwet ik?
FRANS DUCO. God dû ... ik tocht net mear ... hwet haw ik sein? Die ik dy leed?... Forjow my, ’t wier sa great, Ik seach hjar sa yn ’t witten fen hjar krêft, Al ’t oare sonk dêrby, waerd wei ... sels dû... Dat wier forkeard ... bitink, ik libbe aloan Hjir yn de skôging fen hjar wiid bifiem, En minsk’ne ljeafde ûntstjert myn tinken tel As ik my ien wit mei hjàr krêft, hjàr preal...