Part 3
THORA. Untskildgje it net, ik seach dy nea sa great As dost dy wirden spriekst; dêr spriek in God Troch dyn bisiele mûle, al woune it my— Mar ’k bid dy, ûndersiikje en ken dyn hert, Ef ’t wierheit wier hwetst yn bisieling seist, Det ik dyn djipst bistean for ivich wit En ik erken hwet for my weilein is.
FRANS DUCO. Sa gau dos al ... wis, Thora, ’t is dyn rjucht, En astû ’t wolst, den scilst myn antwird ha— Faeks hie it earder foech jown detst it witst, Mar eltse dei dy’t nei de jountiid lûkt Docht freegjen det it ljocht yet toevje mei— Mar it is goed, neat scil ik twiivlich dwaen; Jim, lit my ienlik mei mysels, in skoft, Det ik myn libben skôgje mei sa’t is, En moed fyn ta in great en swier bislút Neidet myn plicht it seit en God it wol— Haw goed bitrou noch wêz net twiivlich mear. Ik wit in ljocht, dat as it deiljocht sinkt Yn ’t roungean fen de nacht my strieljen bliuwt; Bitrou en bid oan God, det hy ús hert Forklearje mei en ús ta wiisheit laet— Dû Jelmer, bliuw en diel myn striid mei my.
IV. FRANS DUCO, JELMER.
JELMER. Dyn wirden bin my eangst. Hwet wolstû dwaen? Dû scilst dochs hjar dy’t al dyn swiermoed naem, En út dyn slom dyn ûntrochgrounbre krêft Mei ljeafde’s ynlik jaen towekker rôp, Net gean litte yn de grizens fen de kym En wer fen nijs dyn wei yn iensmens gean? Sjuch ta det hwetstû wounst dy net ûntgiet Mei ’t gean fen ’t ljocht dat nou dyn siele oerskynt, Mar den dyn hert wer oan de nachttiid lit! Tink detst hjar nedich hast, lyk hja gjin dei Mear seinje kin det hja dyn lûd net heart En yn dyn each hjar libbenstreast net fynt, Tink oan hjar komste en ho’t hja ’t hûs forliet, Hjar âlden, sibben, gea, út noed for dy, En det hjar gean hjar jonge krêft tobriek En dy it heechste, ’t libben sels ûntstiel!
FRANS DUCO. Myn frjeon, ik striid. Ik smyt neat achtleas wei, It minst, hwet my de blanke libbenskroan’ Sêft foege hat yn ’t wynbitiisde hier, En nou sa great en djip blinkt yn myn siel’, Det, as dat giet, myn siikjend hert tobrekt— Mar ik haw plicht dy’t my ta’n offer twingt. Hastû net sjoen ho’t hja hjir stil forkwynt, In blom, yn hôven dijd fen simmer-ljocht, En mylde lústring fen in blider wyn, Mar net bihirde yn ’t brûzjen fen de stoarm, En tel ûntblêdde yn smerte en leed-forfal? En ’t mei net, misdied wier ’t oan hjar bigien, Scoe hja hjir wylgje nei in ljochtleas ein, Wylst hja Gods skientme hat yn ’t blide hert En yn hjar eagen stille wûnderglâns De keine ûnthjitting speeglet fen hjar bloei, Sa myld en ryk, dat elts hjar groetsje scil As ljochtgeast mids in wrâld fen leed en niid!
JELMER. Mar sjuchst den net, det neat hjar langjen is As dy to jaen hwet God yn hjar biskoep Oan skientme en ljocht en wijing fen ûnthjit? Witst net det hwet hjar eangjen, húvrjen docht, Net is de driging fen de stoarmge sé Noch d’ ienlikheit fen ’t bleke fiere strân, Mar det hja dy net nêst hjar striden fielt Mar earder tsjin hjar, nêst de sé hjar twang? Det hwet hjar weacht in dûnker eangjen is, Dat hja nêst dy en opnomd yn dyn hert, Wylst hja it libben wol yn skientme en lok En nêst dy troanje yn libben’s godlik feest, Earder hjar ljocht en blidens sinken sjucht En nêst dy dielt yn ’t driigjen fen de nacht?
FRANS DUCO. Hostû de wierheit fen myn siel forstiest! Dû nimst de swierens wei dy’t op my woech, Det ik dy sizze moast hwet heimnis wier, Forhoalen djip yn ’t swijen fen myn hert, Mar eltse stoune oerstrieljend mei syn gloed, Hiel ’t libben weevjend yn syn wis bifiem— Wêz sterk en wird net drôf: my is it bliid... Myn libben rint nei d’ ein. Hwet dagen yet, En ik moat gean. Myn hert docht my de dea. Ik wist it lang, mar yn myn twiivlich hert, Ear’t Thora kaem, hie ’k for myn libben noed, Hwent ik forstie, ik scoe sa earmtlik gean, As ierde’s hillichst jaen my fierbleaun wier... Hja kaem, ik haw de skientme yn ’t antlit sjoen, Diel hawn oan ierde’s ljocht en ljeafde’s bloei, Neat wier my mear to winskjen bleaun, neat twong My mear to fjuchtsjen fen myn ierdsk bistean, Dat neat mear hie, dêr’t ik nei langje mocht. Do doarst ik libje, libje, ien simmertiid, Al wist ik wol, ’t kaem my op dea to stean, En alles naem ik op yn ’t iepen hert, De weage-glâns, de rook fen sé en blomt, De heechtiidsglâns fen ’t simmerdeiljocht sels, En mear as dat, hwet twiske minsken is, Dyn frjeonskip yn hjar djipste en swiidste steat En Thora’s ljeafde yn hiel hjar skientme en trêft— En ’k wist aloan it neij’rjen fen de dea Nei’t ús de hjerst riisde oer it dúnjend djip, En ’t wier my goed: myn siele is sterk en ré It wûnderlân to sjen oan d’ oare ich sé, Dat rize scil út dit, as út it wiid In eilân, wyt fen timpels, wâld-bigroeid,— Dat bidet skielk, en ik kin tankber gean; Tankber for ’t ljocht dat my hjir laitsje mocht En tankberder for hwet ik skôgje scil.
JELMER. Ik húvrje fen hwetst seist. Dû meist net gean. Scilst ús hjir litte yn iensumheit en leed, Earm yn de neitins fen dyn great bistean, En langjend nei hwet nea mear rykdom wirdt? Frâns, Frâns, ho koest! hiest noed stien for dysels Faeks wierst ûntkomd en nêst ús libjen bleaun... Drystmoedich hast dy priis jown oan ’t fordjer, Wylst wy dy soun tocht hawwe en miend, dyn hert Socht sterk to libjen yn fornijde krêft— Hwerom dy sa to offrjen oan de dea!
FRANS DUCO. Ik offre net. My waerd to kiezen bean, Twisken in libben lang fen ierdske tiid, Mar lef fen lytse soargen, earm oan djip En godlik nocht, in feal en skier bistean, Ef koart, romroft mar ljocht fen lok en krêft. Ik keas it lêste en achtsje it my in winst. Hwet tinkt dy nou, moat Thora gean? ef sjen Ho’t heger krêft my oan hjar ljeafde ûntwynt, En mei my stjerre, oan myn bistean forboun, Ef frij wêze en hjar jaen nei minskne wrâld, Dêr’t hja nei egen ropping libje mei, Hja oan de wrâld mei al hjar langsten fêst?
JELMER. Mar as hja bleau salang’st hjar nedich hiest, En den hjar honk socht yn de wrâld, en dêr Yn ’t libben nije moed en blidens woun—
FRANS DUCO. Dat kin net Jelmer. Ljeafde stjert net wei Mei skieding fen de dea. Is ienris hja Djip opnomd yn de stiltmen fen de siel, Ta ’t ynlikst wêzen fen ús wêzen wijd, Den hat hja wâld yn ’t hert salang’t it slacht. De heechste sill’gens wirdt mar ienris bean; Elts oar lok liet, hie Thora ienris foun Dêr’t nou de langst bleau by in hope, in dream, Hjar letter ienlik mids de rykste bloei, En wylst hja stie foar libben’s yngongsdoar Yn rou en leed, in widdou yn hjar hert.
JELMER. ’t Is wier, sa is ’t. Mar den moat Thora gean. Better de skieding dy’t hja drage kin, Nou’t hjar de hjerst mei eangstme slacht en soarch, En ’t yn hjar ropt om feil’ger lok en ljocht, As skielk as hja, fêst oan dyn hert forboun Yet libjen bleau yn oantins fen hwet wier, Wylst hja net berne is for it krús fen ’t leed.
FRANS DUCO. Rop Thora hjir. Dit wier myn greatste striid. God hat my ljeafde jown, mar offrjen ek. ’t Is swier as sa it herte sill’gens woun Iensum de wei to gean nei d’ ein... Mar ’t moat.
JELMER. Ien bea yet, Frâns...
FRANS DUCO. Neam hwetstû winskje scoest.
JELMER. Lit _my_ den bliuwe meije ... oan d’ ein, oan ’t lêst.
FRANS DUCO. ’t Is goed, ik tankje dy. Rop Thora hjir. (_Jelmer giet_) Sa rint myn dei ta’n ein. Myn hert, haw moed! Ho earmer dû, ho heger himelgloed.
V. FRANS DUCO, THORA.
FRANS DUCO. Thora, dû woest de wierheit?
THORA. Wierheit wol ’k; Lit hwetstû seist, de stim wêze út dyn hert, En driuwt hja my út dyn bistean den wei, Den scil ik gean omdet dyn hert it wol.
FRANS DUCO. Bern, wier myn hert it heechste oardiel jown Oer hwet myn libben foarmet en tobrekt, Gjin wird ûntkaem my, dat dy twiivljen die Oer ’t ivich hâld fen hwet ús siel forboun; Mar God hat my in wei wiisd, fier en frjemd, Oars as myn hert’ it faek bijeart en wol, Mar dy’t ik gean moat oant de dea my ropt, Gean moat, al blet de soal, al brekt myn krêft. Fen minsk’ne bern bistû myn siele it neist; En sims, dizz’ simmertiid, in swijs’me joun, As fen de kym it bûnte deiljocht swoun, Mei tinte en gloede útstreamend oer it djip, En dû gyngst nêst my oer it ienlik strân Den bylde ik my, hwet west hie wier forstoarn En njunken dy sette ik nij libben yn... It is net bleaun. Ik mei mysels net jaen; Ik bin net mear fen d’ ierde. Ut fiere kym Komt mei it rûzjen fen it wiid in lûd, Dat my weromropt nei it fier ljocht lân Dat ik forliet for ierdske moeite en need; En ienlik wynt myn wei de romten troch, My inkeld wiisd nei ’t rizen fen dy stins, En wylst it lûd ropt út de tsjustre kym Sinkt d’ ierde my yn frjemde húvring wei...
THORA. Siz my den dit: hwerom is ’t my net gind Dy wei to gean? Hwerom wier my it paed Troch jountiid-stiltme en oer it rêstend dún Allinnich iepen, mar de striiddoar ta? Haw ik dy sein det ik gjin soargen woe Noch noed, noch leed, ef haw ik weegrich west Fen dyn frjemd langst, dat ik sa min forstie, To tôgjen hwet ik koe, en mear as dat?
FRANS DUCO. Thora, tink om de joun do’t fûl en wyld De westerstoarm geide oer it neaken strân Dêr’t ik de krêften rizen wist yn ’t djip, Dy’t, mear as minske yn ljocht en striid en macht, My hiem binne as hertsfrjeonen út it gea Dêr’t hiel myn aerd yn foarme waerd en wijd, En dystû do for ’t earste seachst, nêst my. Ik seach de wylde stoarm yn ’t branningskom, It rou swart swirk, fûl jachtsjend oer de loft, It sân dat stoude, it dún dat him bijoech— En dy dêrby, in simmermearke, in dream Fen ljocht, dat glinstrjend oer it marwiid rint En tear en fyn mank wetterlyljes rêst; Dy, mei de langst yn ’t hert nei skientme en lok, Dy, sels in blom út simmer’s rûzich hôf, En ik forstie, der wier in iivge striid Steld twiske dyn stil langst en ’t stoarmich wiid, En dyn krêft wier de lytste, en sinke scoest Lyk astû do foelst mei it ynstoart dún, In wytging fen dyn lot, dy hjir biskern— En siz it sels, wierst bang? Sloech net it hert Dy lûd fen eangst dostû dat woedzjen seachst, Naem it dyn tinken en dyn krêft net wei, Ef wier ’t dy goed det ienlik paed to gean Lykmoedich dêr’t it laette, eft lok ef dea Dy biidzje mocht fier oan it rizend ein?
THORA. Om ’t lyk eft ljeafde ef haet myn herte stjûrt Dêr’t ik it wiid sjuch yn syn skomjend langst En ’t macht’ger as myn machtleas winskjen wit, Om ’t lyk eft libben ropt ef dûnkre dea— For dy, om dy, astû ’t yn ljeafde wolst, Scil ’k elts paed gean en al myn eangst forslaen, As ’t mei yn blidens fen it strieljend ljocht, As ’t moat yn ’t woedzjen fen de winterstoarm.
FRANS DUCO. Thora, hear den myn bea. Unthâld it wol: Wier net dyn hert’ my hill’ger as mysels, Hie ’k dy net mear ljeaf as myn ljochtleas paed, Ik hie gjin krêft ta hwet ik freegje scil. Ik wol net detstû hjir fen rou forgiest: Sjuch, dû bist moai, God hat dy skientme jown, Dyn blide siel’ mei bloei en maitiid sierd, Sadetst Syn ljeafde hast yn ’t hoopjend hert, En dû de wrâld, lyk hja yn tsjuster leit En longret nei in blink fen blider ljocht, In wûnder bist fen siele-frede en dream, En langjen dochst nei keiner ljeafde en treast Lyk God de minskheit yn syn goedens biedt. Noch dû noch ik ha rjucht dyn ljocht bistean To drinzgjen mei it dizich skier fen ’t leed, Noch dû noch ik mei’ dyn forheld’re wei Tsjin Gods wil yn, bûge nei rou en dea: Hwent dyn plicht is to bloeijen lyk in roas Dy’t dreamt yn ’t skaed fen in oerstoarme beam, Dêr’t mennich treast fynt as hy moedleas bidt: In teiken Gods him op syn krúswei bean. Sa wol ik detstû bliuwst, en hill’ger yet: Forlit myn hûs dêr ’t leed al tichter komt, Gean nei de wrâld werom, ûnthâld myn bea, En hast my ljeaf lyk ik it djip, djip wit, Forstean den det myn ljeavjen fen dy wol Detst lokkich bist, detst giest yn skientme en ljocht, En hwetst my joechst út rykdom fen dyn hert Jowst oan de wrâld, dy’t longrje scil nei treast Lang nei’t de sé wer oer myn wegen sleat.
THORA. Oars winskest neat?
FRANS DUCO. Dit wier myn iene bea.
THORA. Farwol den, ik scil gean. Dyn bea is wet. Al hwet ik doch, hwer’t ek myn wei my fiert, Mei triennen earst, mar ienris mei triomf, Scil wijd wêze yn de hill’ging fen dyn wird, En oer myn hert scil mar ien winsk mear stean: To libjen sa allyk dyn ljeafde it bea, Myn plicht bistribjend lyk dyn wird it wiist, Ek nei in tiid det ik sa die, for dy, Dyn hill’gjend wird yet harkjend yn myn dea.
FRANS DUCO. God mei dy hoedzje en stypjend nêst dy gean! Hwa’t alles off’re en joech, hat ivich lean.
VI. FRANS DUCO, THORA, JELMER.
JELMER. My driuwt in wytging dy’t gjin útstel lijt. In fiskersfaem, dy’t ik yet nea hjir seach, Bidt det men daelk hjar foar de frijhear fiert, Dy’t hja in tynge bringt fen sa’n great wicht Det minske-libben der mei gearweve is.
FRANS DUCO. Sa lied hjar hjir. (_Jelmer giet_). Bliuw Thora en hear mei,— Faeks hearst yet mear as dy myn ealgjen sei.
VII. FRANS DUCO, THORA, JELMER, DE FISKERSFAEM.
DE FAEM. Hear gin det ik jo tsjuster boadskip bring. Myn heit, mei ’t boat fier swalkjend yn it east, Ear’t yet de stoarm grym opstiek oan de kym, Hat, boppe Skiermûntseach, tsien skippen sjoen, Utrist mei kriichsfolk en frjemd wapenreau, Dêr dúdlik biidzjend oant de jountiid kaem En ’t skyld fen ’t Aemlân oan de bûgde stjûn’, As gou it oanslach op ús machtleas lân; Hysels, de driging fen de stoarm foarsjend, Flechte nei hûs en kaem it woedzjen foar, Mar net de float dy’t er dêr doarmjen seach, Dy’t tinkt him, strânne mòàt, hjir Noard fen ús, Hwent út it Noard bliest fûl en wyld de stoarm Dy’t al hwet swalket tsjin ús strân tobrekt.
FRANS DUCO. Priizge de sé dy’t sa myn bounsnoat is! Hja ropt, hja striidt, hja lever’t groulik slach!
DE FAEM. Yet mear Hear, det ik wytgje moat, al neamt Myn mûle it twiivlich en yn noed en eangst: Ear’t yet de stoarm riisde út it siedend wiid En ’t swirk yet net de loft yn ’t roun oerdiek, Blonk heech yn ’t Noard de kym yn frjemd stil ljocht, Ien wiid bifiem fen gloede, silvrich wyt, En hill’ger as it each by deitiid sjucht: In glâns, as siichd út himels heechste seal Troch iepen poarte oer ’t riigjen fen it wiid— Nea sjoen noch wytge sûnt de stoarm’ge joun Do’t, roppen nei dat ljocht, jins heit forstoar.
FRANS DUCO. Weagen sjong op! Blies fûlder, greate wyn! Jim machtich lûd hat swiidste wytging yn! Ho rûz’t jim lok, ho kleit sa djip jim smert Greatmachtich langst fen mear as minsklik hert! De loft set gear, de nacht driuwt driigjend oan Mids lûde weage-psalm en wyngedroan, En wyld oer wolkens strûst de feale skym Fen dún ta kleijend dún, fen kym ta kym, Wyld slacht syn stoarmjen troch de ein’ge dei, It dúngers brekt, ek minskne krêft stjert wei— Blies lûd en sjong, gean geijend, júbljend, roun, Hwent dream forstjert en al hwet blonk forswoun, Yn skiere need leit skolperjend it rom— Mar, breid fen stoarm en strân fen krêft, ik kom, En ré is ’t hert de wyldste wei to gean: Hwet alles joech, dat hat in ivich lean!
(_Hy jowt him nei de doar, wyn en weagen tomjitte. Thora skriemt sêft_).
—Gerdyn—