Part 1
Nachten en Dagen
fen D. Kalma
Ynhâld
I. II. III. IV.
Nachten en Dagen
_For Dr. J.B. Schepers._
I.
Myn frjeonen fen it Friezne folts, de stamme Dy’t groeit en bloeit en delsiicht jimmeroan Mei rike rom, hwaens wiid-forneamde namme Is lyk in roas, prieljend yn sinnemoarn, Towile ljacht yn loft, fen fjûr oerflamme, Twinkeljend riist, fen rouswart net bidoarn, It folts dat strange stoerens flink biwarre En nea syn machtge moed net skriljend sparre—
Nou harkje nei myn tael, dy’t tsjustre tinzen Omtovert yn in swide simmersein’, Forhellet fen in lokkich lot dat jinsen Troch Walhals wrâld ús wenten waerd talein, Frijmeitsjend tel fen ’t ûnwit, dat fêst finsen Hie ’t froede folts, troch twivel skriklik slein: Det heech wy hâlde hwet de goaden retten Ta lok for ’t lân, dat hage oan hjar herte.
Myn wirden, wêze as streakjende streamen Warber hjar winend troch it lege lân, Lûd-laitsjend tsjin de blomt-biboerde seamen Heech-krêftich strûzend nei it sin’ge strân— Wol wittend det hja nomle nammen neame, en Wêze as de krêft fen Fryske frjeonehân, Dy’t fieling wytget heech fen macht en trouwe Det út ús hert stil weislûpt doffe rouwe.
Dû den, Forseti, God by hwa de wetten Biwarre binne dy’t lân hâlde yn stân, Wittend troch ’t wird fen dy lang to biletten Det ûnksfloed bluistrich brûst oer ’t laeitsjend lân, O meitsje det myn machtleas wird oergetten Fen goud flûnkert as sêfte stjerrebrân Op winterjoune as ’t klearloftich ripet En moanne myld de kâlde wrâld bikipet.
O ho is dit, det mei skier skaed oerditsen Yn nearzge nacht de Friezen soargjend gean, Det wize witnis yn twivel tobritsen Kwynt, riedleas-stil de heechste haden stean, En moaije marren drôgje yn flues bilitsen En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwe-tean? Hwet is wol bard det leech delsloech de lânnen, Forrie? Forbrekken fen heech-hil’ge bânnen?
Allyk in blom, dy’t nei narjende nachten Einlings hjar prûze pronk út fâlden teart, Lykwol troch wylde wolkenkloftne klachten Hjar wifsin wachtsjen wer op waermte leart, Sa scille dos wiidút wâljende slachten Hwaens machtstream, teamleas, nearne en nea waerd keard, Forjitte moed to teanen op hjar fjilden, Dy’t faek al, warrich, warbre striders tilden?
Yn wite wéklean weinje wide mieden Wyls ’t lege loft trurich hjar triennen skriemt Oerstjelpe fen lijen om lytse dieden.— De griene groun wirdt modder-smoarch togriemd Allyk yn ’t skiere, skrouske skimerskieden In joune yn hjerst, mei leedwyt nea útfiemd. De lânnen swije yn lijen om hjar soannen Dy’t preauwen wrange drank út boasheitsboarnen.
Toskromfle stjert it blomt, dat boartlik bloeide Yn jonkheits minlik-mylde, fleurge tier. Sis, hwer is ’t djier, dat oars sa dwyldrok djoeide Biglânzge troch seinjende sinneswier? It libben wiis my, dat op grounen groeide Oerwiuwd fen nôt dat nige hein en fier Hwennear de wyn striek oer de swiere ieren, Ta nocht fen alle ljue, dy’t sjênde wieren.
Allyk natûre trúrt om ’t ljachtforskieden Ofskodzjend al hjar skat fen laits en lok, En ’t grize waes saeit oer de tierge mieden Mids einleas teamleas streamend reingeklok, Towile omhegens yn blinkend útblieden Weikwynt it lêste ljacht, suchtsjend yn flok, Sa ek dit lege lân, dat doelleas lôket Ho’t langjend ûnk syn libbensbeam biplôket.
Nou fielt it folts, det Frigga’s sêfte seine It wyld-oanwâljend kwea net keare koe. Net weef’t hja mear de wolkens, goud-ynleine, Wytgjend it lân det ’t yn hjar hoede stoe, Mar einleas reint en heilt it yn bisleine Lânsdouwen eft it ljacht net ljeavje woe Hwet hjir oan mylde moaijens súntsjes slomme, Allyk in boi, as drôve dreamen komme.
Ho is den dit, det mei skier skaed oerditsen Yn njoere nacht de Friezen soargjend gean, Hjar moaije marren drôgje yn flues bilitsen En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwetean? In wrede wrigge hat nei ’t folkshert stitsen, Jimmer scil ’t lân nou stean yn klachtenklean... Myn wirden wjokje sêft mei glâns omhegens, Forheljend fen hwet daette d’ âlde dregens.
Allyk in mar mei tins fen tank ûntweitsjend —Hwent myld streamt moarntiidssinne glêdde gloed Del op de weagen, dy loksil’gens smeitsjend Net mear de bounsnoat binne fen it tsjoed, Myld-widzjend eigen krêft sa klear bilaitsjend As wier nei ’t winewoeljen ’t ljachtfeest hjoed— Sa libbe lang it folts yn frjeonskipstrouwe, Towile it steunde op ’t goed, dat goaden jowe.
Allyk dy stil oerwyndre warbre weagen Njuentsjend weistreame yn widzeklang en sang Fen lústrjend leafreid,—hwêr’t se hinne teagen, Dat wit allinne sinne’ twinkel-twang— Sa waerden slachten dy’t ringen forfleagen Wei yn it blau, neiljuentsjend lang en lang, Mar ljeafde en rêst wier ’t libben: fier fendinne Bleau blynjend ûnk troch Frigga’s machtge minne.
Yn hûs wier ’t heit dy t ynsjochsklear en kliuwend Oan witnis jimmerwer syn oarders jowch, Fêst-rêstich neikomd en fen wearde bliuwend; Al ’t dwaen wier krêft en krektens, nea net rûch, Mar bûten yn it libben, steatlik driuwend As hwer’t op ’t skip de wyn de seilen sloech Dêr wierne wet noch strangens net fen neden, Hwent ûnbidoarn en suver wiern’ de seden.
Wier ’t net fen ’t folts de bernetiid, de gouden, Yet ûnbekliemd troch boasheits ûnkswier swart De dagen, do’t de Friezen fêst fortrouwden Det by in stoere stamme leed net bart? Hja gyngen op fjilden dy’t nea net rouwden, Dêr’t ninter stoun ’t forkearde fet op hat, Towile blommen bloeiden foar hjar fiet en It klearlûd fûgelt song syn golle lieten.
Do spoun ek Frigga wolkens, ryk oan rânnen Weve mei poarperrea en sêft goudgiel, Slingere wiid as lange ljeafde-bânnen Oer blinkend-blauwe sé, sadet oer hiel It stimmige lân en oer minlike strânnen Gerdinen wiuwden fen side en forwiel, Hwent hja hie núvre nocht oan blide ljuwe, Dy’t stoer en sterk as bern dochs bloeijend bliuwe.
Sa wier ’t alear.—Do kaem de god, dy’t jimmer Slij silligens siket yn wrange smert Fen alles hwet slomjend yn sêfte simmer De goaden nei leit oan ’t hillige hert. Hy is fen tierge fleur in wreed bidimmer Hwent neat him sa as libbens-lôge let; Glêd gliidt in glimke om syn mûle hinne Sûnder de blierens fen der Asen sinne.
Allyk de spin forsichtich riicht syn reagen Moarns silver-laitsjend mei hwet dauwe ynlein, Triennen dy ’t trúrwyt streamden út nachts eagen Yn taeije tried sa ljeaflik-troaikjend lein, Det miggen, ljeavjend dy wiuwende weagen Ringen sin-wif dêr woelich binn’ ynflein, Sa lôket Loki glimkjend ek, ho’t minsken Tel finzen binne yn ûnfoldwaenbre winsken.
Do’t dizze den yn ’t wide Walhal wenne, Wier hwet er die allinne skimp en spot. Do’t er lykwol yn skiere wrâld’ne herne Bûgend en dildzjend ’t wrede wroegerslot Meitôgje moast, stie sûnt hwet ea waerd berne Machtleas tsjin wrek fen dizze wylde God: Oer hiel de ierde brânden lytse dieden, De lânnen rekken ringen oan ’t forblieden.
Hwet wier de wyn, dy’t oer de wâlden waeide Oars as syn amme yn ’t tsjokke tsjuster blij, Towile er wirden oer de fjilden saeide Oanfiterjend ta dieden, njoer en nij? Hwent hwet sa flaeirich-sêft de minske omaeide, Dat brocht forrie en tsjoede tsjeaverij. Allyk fenynge wyn út sân’ge lânnen Dy’t laitsjend libben daet op fruchtbre strânnen.
Der goadne krune wier al griis en tsjûge Ho’t krêft wiek út hjar lyn’ge lidden wei, En ’t wier as rêst hjar rjeauntsjend-wiuwend noege. Wyls ’t einge waerd hjar lange libbensdei.— Hwennear de Nornen wytgjend sprieken, bûgde Odin syn holle djip en harke en swei.... Moedleas wier ’r wirden fen ’t ôfmêdzjend witten Det de foarsizzing kaem om ûnk t’ ûnthjitten.
Baldur, de simmerseine yn fjûr fortige Brocht oer Walhalla swiere triennenrein; Hy, blier en sêft allyk de simmersigen Mei jimmer glimkjen troch it libben tein, Wier útbloeid as de blom, dy’t reinswier niigde De hege holle as kaem it wêzensein, En drôfnis doarme en stoarme oer Walhal wylder, En swarte wolkenwrâld al soeler sylde er.
Mar yn hjar moed bleau myld de ljeafde ljachtsjen, Dy’t Frigga fêst oan frije foltsen boun. Warber scoe hja wêze tsjin ’t wiffe wachtsjen Sa lang hjar hân de fearrenwolkens spoun Yn foarse striid tsjin ’t nearsich-narjend nachtsjen Dat drinsje woe ’t ûnwiten-wiid wrâldsroun. Sa waerd it ûnk lang keard fen Fryslâns fjilden Dy’t, seineswier, de rykste tier yet tilden.
Mar einlings Loki woun. Hwent yn it herte Der Fryske stamme wier de habsucht komd Dy fen de wiidste grinzen net waerd bet en Nea jowch oan rêstige blidens de romt’. En yn it moed fen Frigga wâlle smerte, Skôgjend ho’t rou fortrape waerd hjar blomt; Hja wist, sa kaem de lang forwachte ûre Det Walhals wûnder foel, ’t ûnbûchsum-stoere.
Lykwol sa wier it troch de Nornen net bisletten Det Fryslân kwine scoe yn dize, sûnder rom. Allyk in swan, mei blankens swiid oergetten Drôgjend syn wei troch ’t stille wiet rounswom, Den wiid útslacht syn wjokken, as opsletten Hy sjocht syn liif yn tichte wetterkom, Sa stie de stamme ek op do’t eang hja seagen Ho’t lange leedzjeweagen nei hjar teagen.
Yn bloed-streamende striid waerd fjûrich fochten; Leech lei de loft oer lânnen, swier fen rein. Omdôchs hwennear de Friezen frede sochten, Hwent jimmerwer waerd oarloch hjar talein; Ho’t d’ âlden, heech fen wizens, soargjend tochten Oan Frigga’s nea net weeg’re, gouden sein, De goare mist bleau griizjend oer de lânnen, Net boarte mear Hjar laeits oan wolkenrânnen.
Sa kaem it wol, det mei skier skaed oerditsen Yn nearzge nacht de Friezen noedfol gean, Hjar moaije marren drôgje yn flues bilitsen En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwetean, Wyls ’t wize witnis, yn twivel tobritsen Kwynt, riedleas-stil de heechste haden stean, Hwent Loki wier ’t dy’t leech delsloech de lânnen En laitsjend oanstiek lôgjende oarlochsbrânnen.
II