Part 2
Lyk op in dizige dei de wiuwende driuwende wolkens Moedleas skrieme hjar mist, ynweevjend de skiere lânsdouwen, Wittend fen wille noch rêst—de weiden, weakjende, suchtsje As wer in triennengjalp oppatst yn de kweazige fjilden, Spat en sputtert en spielt fierwei de fleur fen de finnen— Sa ek, d’ eagen foardel, fortrapen de machtige kloften ’t Tierige grien en it blomt dat lake op it lân fen Wâldherne. Lyk as op simmerske joun de legere loften trochgounze Wirde fen ’t dounsjend gûd, det sterk útspannend syn wjokjes ’t Loftrom brommen docht—de sinne dûkt del yn it Westen Seinjend mei skiedende laits de pronk fen de romme lânsdouwen; Swier ammet d’ ierde den út, de siken stjûrende stadich Fierder yn ljachtsjende loft, yet stil neiglimkjend fen weelde— Sa ek dindre de groun en trille fen droanjende foetstap Do ’t de Friezen dêr drok omrounen oer ’t âlde Wâldherne. En lyk it lûkt yn ’e loft, in hjerstjoun skimerbiljachte, —Glimkjend slommet it fjild, en stjerte flikkert en twinkelt Wytgjend fen winter en tiid det it wetter tostjurret en boun wirdt; Roppende goezzen yn ’t romme dy krite sa skril troch de stiltme Det Natûre hjar nacht biwoellet yn earnstiger swijen; ’t Wjokkenwynderjen siicht yette nei mei lústrjend gesûzel— Sa dreau gounzjend omhegens forskaet fen stimmen en lûden, Jimmeroan kliuwend oant wer oereinriist ’t wûnder fen Walhal. Hwer ’t wiid-widzjend de bosk syn grienswart driigjende wjokken Ynkoart’, littend it ljacht mei laits op de freedsume fjilden, Wylst ek de Middelsé mei steatlike stiltme dêr streamend Rêstich in rûsliet sjongt en stadich syn seame omheech tilt, Heal-moannefoarmich útspraet bitwiske de bosk mei syn wjokken En sêft-rjeauntsjende sé, wier it plak for de plachtsjende lânsdei. Hwer’t yet wiuwde it wâld, smûk risseljend tûken en twigen Lyk in gerdyn forwegend as winen dêr bernlik op boartsje, Stie al wachtsjend de sit for him dy’t it rykst wier oan witnis. Noegjend riisde er oerein, in stipe for ’t each fen de Friezen, Lang yn twivel oer ’t lok en de takomst fen ’t hillige heit’lân. Lyk as in skip by nacht yn tsjoenende tsjusternis silend Lyts by de romte fen ’t wiet en lyts tsjin de krêft fen ’e stoarmen, Langjend en eangjend aloan rounstoarret nei wytgjend geflûnker, Twinkeljend skynsel yn ’t blau, dat hoedet de weagenbiwâlder— Einlings skoert den it swirk: it stjerrefjild wiist wer de wegen; Tankjend ropt men in lûd oan Natûr for de nachtlike stipe— Sa waerd rom ek it moed fen hjar, dy’t doarmen en twiivlen. Wier ek lêstich it paed, det liedend út ’t fierste fen Fryslân D’ âlden opgean die nei hwer’t de steatlike lânsdei Jierliks hâlden waerd, dochs wierne hja allegear kommen Hwa’t der soargen for ’t folts, det wif as in flinter net neitinkt; Wiis wier hjar wollen en winskjen: hja tsjinnen it lok fen hjar lânnen. Fierwei wierne hja komd, de harkers yn ’t hege Wâldherne: Wiid yn it roun wier forneamd de wizens fen Holder, hjar haedman. Krêftige wirden fen ynsjoch, bisibb’ oan de witnis fen Walhal Rûsden der myld út syn mûle, allyk op sânnige hichten Ljeaflike wjittringen súntsjes as wûnders fen silver, trochskinend Streame yn glidende fal, de toarst der warrigen dwestjend. Ald fen jierren al wier hy en griis; him seagen de âlders Fen it tsjinwirdige laech yn foarsit by ’t hillige lânsrjocht, Dizze hjar heiten hiene fornomd ho’t moedich en treflik Hy in oertsjûgjend wird faek útre yn ’e plachtsjende gearkomst, Waerd der spritsen in rie, dy’t net dijde ta lok fen it heit’lân. Nou wier wyt syn hier, forheljend fen ’t fiere forline, Lykwol libbe yet yn him forstânnich-biskôgjende neitins, Faken útstrieljend yn ’t each, det jimmer it glânzgjen biwarre. Earnst hie sûnt lang mei hjar wjokken biwyndre it nommele antlit Dat to bergjen wist hwet omgyng djip yn it herte; ’t Glimkjen wier him forleard, nei folle ûnderfining en soargen Nou sjênd ho’t yn ’t lân de krêftige gloede forlern gyng, Om’t yn kloften fen tweintich de Friezen ôfswarden hjar goaden, Hjar forkeapjend for ginst oan de leare, dy’t doelleas en bjuster ’t Fijânnen-haetsjen forbea, mar frjeonen de ljeafde ûntkearde, Sa oer hjar bringend de flok fen Walhal, det ninter forjowt oan Soannen dy’t wif fen bitinken, hjar siele oan frjemdsin forkwânslen. Hwa den wierne der fierder, mei wiisheit en witnisse seine? Heech út it nearzige Noard, hwer ’t weagenryk strûst tsjin ’e strânnen Krôljende blommen fen skom rynsk blazend op lege lânsdouwen —Lyk as in hynsder, det wyld de winen en twirren foarbyfljocht ’t Hymjend swit-spegelich boarst bislantert mei flokkerich brûsskom— Kaem hwa’t sjongend en ljeavjend it libben ta roazelean makke, Wolsin waerd hy neamd; nea koene de Friezen him oansjên Sûnder to langjen det hy hjar jaen scoe de laits fen syn eagen. Dochs net wier hy as hwa to fij fen it tsjuster op ierde Dat net loaitse wolle, net wije hjar oandacht oan ’t tsjoede, Om’t it hjarren fortret it skaed to skôgjen by sin’ljacht: Soargjend wist hy hwet swak wier by him allyk by syn lânsljue. Fierders hwer ljeavjend en ljuentsjend de Boarne mei silveren weagen Streamt oant hwer de sé mei langjende ljeafde him opnimt —Heech dêr riisden de beammen en tichte as skouder oan skouder Kearden hja strús de strielen, dy’t patsje woenen de grounen Mossich en wiet fen ’t drippen út trurende tûken en twigen— Wenne hwa leaude forfêst, det Fenris de goaden forslein hie, Njoereach neamd mei rjocht: net noegjend wierne syn eagen, Ninter stoun hie blidens him treastge yn tsjustere dagen, Soarchsum seach syn siele it wiuwende waes fen de takomst: ’t Lok fen it lân wier syn wyt; sa kaem hy den ek op Wâldherne.— Wierne ek nea syn tinzen oan frjeonskip tawijd ef ljeafde. Lykwol rêstten mylder, as winsken, op Wolsin syn eagen, Waerd yn syn wird ek net klear, det dizze him ljeaf wier en wolkom. Den hwer sân en strân en beammen nou minlik bisiikje Hiel de krite to kroanen as ’t prûsste plakje fen Fryslân —Gaest’lân neame it de minsken, en tinke oan bosken en blommen— Wier opwoechsen de man dy’t allinkendewei yn syn dagen Leard hie by al hwet der barde, eft ’t kaem fen Walhal ef Hela Suver to sjên hwet wol troch ivige wet dêrút foartkaem. Seiner neamde men him, om’t syn frjeonen by al hwet hy rette Wolfearts minlike seine ûntfongen op winende wegen; Nimmen wier machtich as hy yn tinzen en stypjende dieden, Hwent hy forstie de sangen der marren, it lústrjen yn ’t beamte. Mei hjar kamen mistreastich de folgjende kloften der lânsljue; Doelleas trapen hja roun, towile yn hjar herte de tinzen Inkeld beaën om bloei for d’ ienris swide lânsdouwen, Nou weikwinend yn wé om ûnmacht en skandlike leffens. Net by machte lykwol yn wâljende wirden to útrjen Hwet hjar ûnrêstich makke, de hillichste tinzen forswolgjend, Seagen hja langjend út nei spreuken fen liedende wizens, Fêst op hjar haden bitrouwend, ienriedich fen wyt en fen wollen. Einlings siichde in stiltme der del: for ’t each fen de Friezen Holder stadich gyng nei hwer’t de rjochtssit al wachte; Siikjend seach er yn ’t roun; do bigoun er de treftige wirden: „Frigga, wolkenspinster, dy’t wekket oer lege lânsdouwen Lyts is ús macht en ús krêft by it hege biwâld fen de goaden. Dochs wol tsjûgje de stamme det yn ús wennet bigearte Alles to dwaen hwet goed is en ljeaf oan it herte fen Walhal. Hwent hwet wierne wy wol as, sjênde hwet tsjoed is en tsjuster Yet it ús wyt net wier, to striden for lokkiger dagen? Swier en griis leit lege loft, ynwoeljend it sin’ljacht, ’t Rouklaed for dyn lân, dat sjocht ho’t Loki oerwoun hat Hwet yn moedige striid op machtiger stipe bitrouwde. O Dû, goadinne dy’t eren as teiken fen ginsten en ljeafde Wevest in wolken fen goud, sei, wier it forkeard fen dyn soannen As hja tankjend en trou, fen Dy forwachten de seine? Jierren gyngen wy rêstich en rommen de pronk fen it heitlân, Wittend det it ús wiisde ’t ûnthjit der ûnstjerlike goaden. Dû waerdst tankber foreare: de stamme minde dy mear yet As de fruchtbere Freya, de moaije en minlike Iduna. Lyk as mûtel-sliepend in bern swiet glimket as wist it Ho’t der in mem for him soarget—hja sêft mei it lok fen hjar eagen Streaket it ljeaflike antlit, sa lake ek it folts yn syn jonkheit, Hwent it wist him feilich en earde de greate goadinne. Noutiids binne forlitten de lânnen troch sounens en wolstân; Unrêst polsket en jaget aloan de warrige winskers Foart yn strymjende striid, oant it libben him skaet fen it lichem. Twadracht spjaltet de stamme, al driigje der slimme gefaren: Binnen de grins fen it lân stean kloften krêftige striders, Stadich stjert it gewaechs, towile brinzgjende buijen Keile hjar lêst op it lân, mei syktme slaend de biwenners. Mannich ljachtkring skôgje wy dat: al lang hat de sinne Lyts de striid oerjown, mei bleke dagen ús pleagjend. Frigga, is ek dyn macht to swak to damjen dizz’ ûnkstream, Jow ús dochs dyn seine, wol stypje dyn siikjende soannen: Ninter stoun kwynt wei, hwet ljeaf is it herte der goaden. Frigga, wolkenspinster, Dû heechste en swiidste Asinne, Odin, wûndere witter, en Freya dy’t seinet mei frjeonskip, Loaitse mei ginstich each nou del op de freegjende gearkomst, Jowe dochs wizens en witnis, hwa’t plachtsje, it bêste bitinsend.” Stadich skoerden de wolkens dêr’t winen warber yn waeiden Mannichfâld yn flarden fen ranend-weiwirdend weefsel. Toarstich sûgde de sinne do op hwet yette hjar hind’re; Blau waerd de himel en rom, hwent Odins ljachtsjende loaitsen Blikkren en flikkren en strielen wer seine oer ’t widzjend Wâldherne. Tankber lôken de Friezen nei ’t lôgjende teiken fen ljeafde, Somlike seine do sa, oansjênde hjar bûrman ef geanoat: „Loaits! Wol hearde dos Frigga ús noegjende fragen en winsken Ginstich liket hjar wille, hja laket sa swiid oer de lânnen!” Dêrop, d’ eagen yn fjûr, spriek Njoereach wytgjende wirden: „Lânsljue, harkje, jim’ earmen oan moed en machtige dieden! Net mear scille de Friezen it lok fen hjar lânnen biglimkje, Hwent foarby is de tiid, do’t moed hjir tige ta achting. Is net de bloei fen it blomt ek boun oan tiid en forganklik? Skoftkes skoddet syn pronk, den wirdt it neitinsleas fortrape, En it forwilet wiuwend en wachtsjend de stoune fen stjerren. Wei ek waerden ús goaden, fordwoun yn ’e brân dy’t forneatge Alle de sillige sealen, it wûndere sieraed fen Walhal; ’t Djoeijen fen Baldur is dien, opriisd yn lôge fen langstme, Hearsker dêrnei waerd de wolf, dy ’t ieuwen al wachtte op ’e ûre Dy’t him jaen scoe biwâld en macht om syn frjeonen to stypjen. Dit den is wis syn wyt, det ús it troaikjende teiken Wer de kreften binimt to striden tsjin ûnwit en tsjoedens, Tinkend, ûnwiten-sot: Fêst helpt ús de seine fen Frigga! Wêze der dochs op fortocht det yn de noegjendste blommen Stiket it skriklikst fenyn en skûlet de slomme der deaden!” Twirjende twivel omwyndre de Friezen: hja hienen al faken Dea sjoen in hillige hope—scoe nou den ljuentsje de loksang? Mar mei feart opsteand spriek krêftich de moanjende Holder: „Njoereach, ûnkenneamer, foarsizzer fen alles hwet tsjoed is, Swijen liz ik dy op, dou soan fen skaedzjende bosken. Yet yn wêzen is hja, dy’t rêddende paden ús wiisde, Wierne wy swak en mismoedich en twivelen bang oan hjar dieden. Jong yet bistû by my, dy’t machtige slachten forgean seach, Jong is dyn wizens by mines, dy’t faek troch hegere stipe Seach hwet goed is en laet ta lok fen it hillige heitlân. Sa den, harkje nei my: slaen acht op myn treftige wirden: Frigga jowt yette de krêft to deijen it ûnk en syn oarsprong.” Stúnjend skôge de oar nei ’t folts yn de swijende gearkomst, Nimmen riisde oerein, him stypjend mei wirden ef teikens: Jimmer wierne hja wend to folgjen de liedende lânsman. Do’t den rêste wer wier, it lústerjen kwynde ta swijen, Spriek wer Holder forfetsjend yn soarch de noedlike wirden: „Ljuwe, dy’t harren kamen to plachtsjen for ’t freegjende Fryslân! Allegear witte wy wol, det wei is de fleur fen ús fjilden, Eangstme oermastert it herte, as faek wy loaitse ho’t blommen Frjemd oan de ljeafde fen it folts, de kiemen fen ’t tsjoede bifetsjend Hjir opbloeije allyk de kleurige stoellen der nachten. Wolle den siikje nei middels, yn steat oermachtich to kearen Hwet der woeljend wâllet út saden fen d’ ivige ôfgroun. Sizze den elts syn sin, allyk ’t him liket it bêste: Hifkjend scille wy sjên hwet ryk is oan wizens en bjuster.” Oant oan it blau fen ’e himel wer pronken de wolkens fen Frigga, Poarper- en goud-ynlein, mei bloed fen de sinne biljachte, Waerd yn Wâldherne oerwoegen: men hope det einlings de stoune Lake, det goaden en minsken ien wierne fen wyt en bisiikjen. Tal fen plannen biharken dy deis de steatlike weagen, Jimmer waerd lykwol de freegjende foarslach weromnomd. Mar do’t de sinne wer sonk, bilaitsjend it leechst fen ’e kimen Klonk der in riedend wird út Wolsins lokkige lippen: „Folle bilibbe ik yet net, en dêrom loaitse net lilts as Sims myn wirden net wierne sa klear en witnis-oerglânzge. Faken, do’t ik stie by libbens bloeijende poarte Hearde ik de stimme fen heit, forheljend fen machtige stammen Dy’t fier wenje, hwer brekt it wiet by de roppende rotsen. Friezen hiene hja west, dizz’ ich fen d’ âljende Noardsé Hie hjar wenten ris tild, mar hûnger wier kommen en ûnrêst— Fier den farken hja foart en sochten om bettere strânnen. Wol is sûnt dy dagen de wrâld fen antlit foroare! Wei is de wille fen Fryslân, mar hwer’t de swalkers nou wenje Blikkert de fleur yen tomjitte en wolfeart widzet de lânnen: Albion neamde men dy om it blinken der rûzige rotsen. Fêst en iendrachtich is ’t folts, bistjûrd troch in krêftige kening, Net om rykdom allinne biromme ta fier oer de weagen Wêze dit lân ús ta ljacht en litte wy freegje ta bounsnoat Hwa’t as hearskers gean oan Noardsé’s westlike strânnen: Machtich bin’ hja en from, hja witte de fijân t’ oerwinnen, Scille mei wizens it wé forslaen, dat ús heitlân oermastert.” Net oan Njoereach hage lykwol de treflike foarslach: „Wolsin, lef is dyn rie, al wirdt er ringen ek oernomd Fen hwa’t jimmer bitocht op makliker libbenswei binne. Krêftich wol ik my warre tsjin dizze fornimstige wirden: Wit, my wêrzget it smeekjen om stipe by foltsen yn ’t frjemde, Ommers hja binne meast út op eigen forriking en foardiel. Grif scille hja hjir komd, ús mieden as eindom biskôgje, Hja, dy forlieten dit lân om minliker wenplak to siikjen! Hearskers wirde dyn frjeonen den tel, en nea scil de lieding Oer ús âlde lânsdou wer komme yn ’e hannen der Friezen.” Langjend seach do it folts wer út nei Holder syn rieslach: Hja wierne sels net yn steat to sjên hwet bêst wier en wirdichst. Lang siet hy dêr swijend, birisle troch sigend gewynder Fen djip-bûgende twigen, biharkjend it sûzjen yn ’t beamte, Hjarkjend nei ’t lústerjend liet fen sjongsum-rûzjende weagen, Dy’t sêft glieden oer ’t djip, bispielend en streakjend Wâldherne. Lang siet hy dêr swijend, do riisde hy steatlik omhegens, Sizzend in wytgjend wird—fier klonk syn rêstige stimme: „Foltsen, harkje it wird, det d’ amme fen Odin my meidielt, Dy’t hjir brûzet oer ’t skom, dy’t sûs’t troch it roeikjende beamte! Ienris ljachtet de dage, det Albions rizige soannen Komme ta stipe en treast, as Fryslân weikwynt, towile Hetsige winen fen frjemdsin it heit’lân de fruchten binimme. Yette, sa sizze de Nornen lykwol, waerd d’ ûre net berne Det wer ús lok wirdt jown, troch foltsen fen aerd ús bisibbe. Eigen krêften wize de wei ta bliere forbett’ring, Sizze ús eigen forstân hwet laet út de kweazige sompen!” Allyk it moed mistreastrich him dûkt yn nearzige nachten —Nearne libbet de glâns fen ljacht troch woelige wolkens, Einlings nei langjend gediker men sjocht in stjerre, dy’t ljeaflik Wytget fen ivich ljacht: wer komt der in wolken, biwoeljend ’t Glimkjend goud dat der flûnkere; men mimert oer ’t spitich fordwinen— Sa ek seagen drôvich de harkers yn ’t âlde Wâldherne. Lyk as yn gloedleas hôf ûnthjittende blommen forwylje, Ien lykwol hâldt it út en teart swiid iepen syn ljachtpracht Det de ljuwe binijd wer loaitse ’t ûnthjit fen it libben, Sa ek de wizens fen Seiner, tanimmend yn liedende ljeafde; Rêstich bigoun er syn rie, dy waerd ta tyljende bougroun: „Lânsljue, as den net ien in foarslach fynt ef in útwyk Rêst wer to jaen oan de fjilden, dy’t tjirmje troch oarloch en ûnwit, Wolle den achtsje de rie, dy’t ik jim’ jaen scil, oertsjûge Det sa lokkige fleur wer laket oer d’ âlde lânsdouwen. Loaitse, myn frjeonen: litte wy siikje nei moedige mannen Ryk oan wizens en ynsjoch, troch folle bifining wolwittend. Dizze den moatte, bitinkend det leauwend oan ljachtsjende tinzen Hjarren fen goaden jown, wy ’t lok fen ús lânnen bitrouwden Oan hjar warber forstân, de hillichste, hearlikste rjochten Sammelje, neffens hokker de treftichste foarsten regearje. Swier wirdt wol hjar plicht, mar Frigga teande ús in teiken Det se forheegje wol en stypje de freegjende siele. Toalve scil wêze it tal fen hwa’t it tsjoede bistraffe, Straffe ek, hwa misledig’t de bliuwende brûkmen der âffaers. Fier oer d’ ierde is de wei to bigean: yn frjemde lânsdouwen Moatte hja, skôgjend it rjocht, oerlizze hwet foardert de wolfeart; Binne hja einlings werom, den scille dy rjochten en rigels Wêze ta ivige wet for it dwaen der warbere Friezen. Seine biginstget it lân en lok biglimket de fjilden, Witte wy hwet it moed fen machtiger wêzens it ljeafst is. Komme den lânsljue, dogge nei ’t wird, det Odin my wytget Hweroer Frigga de wolkens fen seinjende ljeafde al útspraet: Sa oanskôgje wy wer de bloeijende fjilden fen eren!” Lyk as der ljachtet in skynsel oer ’t skom, it minlike teiken Foar hwa moedich en steech de woeljende weagen bifarkje— Sillich rjeauntet de rêst yn ’t boarst fen de treftige silers, Sjogge hja ’t ljacht det lústert fen hwet yn ’t wachtsjende heitlân Nou yette fredich slommet: mar ringen davert de dage, Mijen ûntrôllet it rea ûnthjittend it flûnkerjend findel, Blier yn ’e blinkende moarn strielt mei it flikkerjend skynsel,— Sa ek ealgen de Friezen it kommen fen lokkiger dagen, Do’t hja hearden de rie, ienfâldich en treftich fen ynsjoch. Steatlik riisde oerein de dage-bilibjende Holder, Bliid oer it fruchtber ein sei stil hy de slutende wirden: „Tinken docht dit my oan tiden fen jonkheit en oerliz; Sljochte saken bisprekkend, waerd moedleas it boun fen myn frjeonen, Pleagerich seagen s’ ús oan; allyk yn doalhôf biskoatle, Sa oerleine wy taestend oant einlings der ien fen de gearkomst Glimkjend útre in wird, det bande de twivel en ’t ûnwit. Seiner, tank scilste habbe fen Fryslâns fruchtbere geaën, Litte wy neffens dyn rie, nou kieze út ús midden de mannen.” Do’t sa bikrânse de die hwet retten de dúdlike wirden —Ringen wiisde men oan, hwa’t sammelje scoene de wetten— Gyngen ynfieren hja foart, forlittend de herne der wâlden, Hwa’t dêr plachten dy deis, oerlizzend hwet tige ta stipe Stadich saeide de nacht do del, de stjerren forhellen, Widzjende tinzen yn rêst—dochs bliuwt de langstme nei ljeafde.
III