Part 4
Djip yn it East wirdt den it rea oerditsen Mei wûndre wolkens, driigjend-blau bilein. Hja ha’ de glâns der dage ringen britsen, Do wierne hja oerwinnend fierder tein; Krollige koppen binne heech opstitsen, Fen kleur de klaei allyk, by staed’ge rein— Fordwoun is gau de gloed, hwer’t sêft earst sweve It sinnefindel, det d’ Asinnen weven.
Den bart wer, hwet al faek yn ’t hege barde: De sinne flechtet for it longrjend dier, De wolf, dy’t by de laits fen Loki swarde To deijen de seinjende sinnetier, Om’t dizze jamk syn tsjustre macht fortarde, En him mei ’t fjûrrich swird sloech wounen swier: Rêd flechtet sinne ringen dêrfendinne, Moedleas, om’t dochs de wolken-wolven winne.
Allyk it wyld troch hetsge hounen jage De iepen fjilden stoarmehird oerfljocht —It loaitst net ’t ljachtsjen fen de blommedage, Allinnich is syn geast op flecht fortocht: Nei fleane hounen, hearrend ho’t it klage Om ’t neat meilydsum nomle stipe brocht— Sa ek de flecht der sinne, krêftich bliuwend Al komme wylde wolkens tichter driuwend.
De blauwe tsjusternisse kliuwt al heger, Lead parset fêst de wiffe weagen dol En altyd wirdt syn gleije gloede dreger, Fen deadlik-driigjende ûnkenwytging fol; De sinne sakket swymjend stadich leger, Wei wirdt de laits der strielen, myld en gol: De striid bigjint, for ien mar ’t libben daget— Yn skriklik swijen stil Natûre klaget.
Foar d’ eagen fen de toalve earwirde wizen Wounen de wolkenwolven jimmer wei: De hierren fen hjar wiuwend-wide, grize en Djipblauwe hûdseam’ kamen sinne nei, Men seach fen fierren wol de kloften rizen, Towile bang de tonge it wird forsei; Koart dûrret d’ ûre fen it sinnesinken, Neat sjocht men mear oan hege himel blinken.—
It leaden klaed skouwt jimmer fierder; ringen Is hiel de himel gloedleas-glei bislein. Yet heart men net de wolf-oerwinning klingen. Wûndere stiltme is oer it wetter tein, It drôget, rimpelleas; wolkens bikringe De blik út langjende eagen om ljacht-sein’; Sa gean’ foarby de neare en stille skoften En amper amje wide wetterkloften....
Den boldert it rou yn de slomjende kloften Dy’t driigjend dreauwen op der sinne fjild, Droanjende ratljende tongergeroften Roppe lûd-bearend, troch de himel trill’t De swiere laits fen ’t deijend djier, det noft en Skatrjende wille hat, as d’ ierde skrilt. En fierder skûrt it kreakjen, oant it wetter Him krôllet ûnder ’t slaen en stoarm-gekletter.
Den brekt de djipte woast de sterke bânnen, Klappend it skom mei fûle feart omheech, As treastleas fûgelt yn stoarmjende lânnen Sa saeit it doelleas-twirjend wer omleech; Wiid gappet ’t wetter mei syn rûzge rânnen As de wyn wer snijt mei flymjende feech: It wirk fen Loki’s frjeonen, wylde machten Dy ’t lang op bút fen ’t blomt der ierde wachten.
Allyk in draek mei skerp ombûge bochten Wech ende wear yn stoarm syn liifpronk slacht: Boartsjende boikes yn hjar wille tochten Net om it fallen fen de wolkennacht, Towile omheech nei hwet der doarme sochten De skiere ruters, jimmer wach op wacht— Sa strûst it skip, hweryn de toalve sitte Dounsjend de dea ûnkearber-rêd tomjitte.
Hja fiele wédoms wûndre wounen, tinkend Ho’t wachtet jinsen ’t eigen ljeaflik lân Op romme wizens, dy’t hja ryklik skinkend Meidiele scoene, ta in iivge bân Oan hwa’t by rotsen, heech oan séich blinkend Wenje op it fiere, skombirânne strân. Sa kaem den d’ ûndergong fen d’ âlde stamme; Net mear scoe klinke hjar romrofte namme...
Sa drôgje hja. Ho wirdt it wrimpen dounsjen Fen ’t wiffe skip hommels sa widzjend-sêft? Weiwirden is it skriklik-droanjend gounzjen Fen kringende en krimpende stoarmekrêft: Wrâlds hertslach, niis it nearzich-woelich bounzjen, Wirdt as de twirre oer steatlik-rêstge grêft.— Wol is it stiltme twisken stoarmefleagen, Allyk de doarmers jamk wer hoopjend seagen?
Forheard loaitse de wizen: kleare streamen Saeije sêftread heech út de wolkens wei, Dy’t ljeafdeseine en blier ûnthjit hjar neame Mei lústerklang, as treast nei ’t rou gegei; Toskoerd binne de tsjustre kloften; seamen Mei roazerea biboerde prielje nei— Skomflokken rane yn ’t wiet, langjend nei rêste; Swiid twinkelje ’lyk kerskes d’ alderlêste.
Allyk in fûgel, kennend ’t fiere nêst en ’t Wâld, hwer nea him net de rêst forlit,— Wis fljocht er oan, en skôget ho’t de lêste Der weagen stjert, hwer’t ljocht it strân oerjit Mei glânzen—dochs syn eigen tinzen rêste, Wylst sinne him mei stypjend ljacht bisnjit, Sa doelfêst streaket ek it skip de weagen Dy’t, rêstich nou, fen fiere kriten teagen.
En wylst de wizen stoarjend roun hjar sjogge, Wirdt ’t harren dúdlik, ho’t it wûnder kaem, Hwet machten wylde stoarm bidarjen dogge, Allyk de tommelstream in sterke daem: Strieljend fen each hja ûnforwûndre sjogge Hwa’t driigjend ûnk sa soargjend fen hjar naem: Forseti sit oan ’t stjûr: en seinjend wanket Wer Frigga’s laits, dy’t myld en minlik tanket.
Loksillich hwa’t op ierd de goaden skôgen, Hja geane it libben troch yn romme rêst; Hwer’t oaren lêsten lang-swiersettich tôgen Yet tinkend oan forliezen, dy ha’ wêst, Binne hja klear fen geast as flûnkerlôgen, Blier as in dou, reizgjend nei ’t nolke nêst; Hwer’t oaren oer hjar libben suchtsjend tille Fine yn hjar iivge rêst hja swiden wille.
As nou de wizen, lôkjend, klear bifine: Sa kaem de god, dy’t Fryslâns loksstân wol, Den ringen hjar pleagjende soargen fordwine, En ’t wêzen wirdt fen mylde frede fol. Binijd nei ljachten loaitsend, dy’t der skine Ut mylde loften, steatlik-sêft en gol, Forseti’s hillich, minlik antlit skôgjend Binne as it slomjend wiet hja rêstich drôgjend.
Hwent út syn glimkjende eagen blinke goede Foarsizzings for it lok fen ’t ljeaflik lân, En om syn lippen gliidt in laits as woe de Alfadur sels myld seinje it smeekjend strân, En Frigga wer ta skrik fen ’t machtich tsjoede Flûnkerje litte sêfte ljeafdebrân: Ho myld nou klinkt muzyk fen widzjend wetter, Natûre smakket libbensswietens better....
Allyk yn lette simmer wite plommen Fen ’t prûze hoarsblomt waeit oer weeldrich fjild —Wynderjend, wiuwend wierne hja kommen En dounsjend ha’ se ’t lichte liif optild: Hja habbe wol de willewet fornommen, Dy’t yn der blommen libben jimmer jildt— Sa driuwt it glânzgjen oer de teare weagen, Glimkes, dy’t myld út Frigga’s eagen teagen.
Nou leit der earne in eilân yn de wide Sâltwetterkloften dy’t it lege lân Streakjend omamje, stimmich-klear en blide Geroften rjeauntsjend oan ’t blinkende strân. Heech tilt oerein de rotsenmûrre, swide Kleuren der ljachtsje as yn reinbôgebân; Allyk in wacht yn ’t wiid, wytskom-omflokke Biharket it, ho’t leech de weagen klokke.
Forseti’s eagen rikke nou dêrhinne En folchsum strûst it boat syn winken nei: Rounom, hwer’t laket goud-mieljende sinne Wize hja rêstich-richtsjend rjochte wei; Ho’t nearzge nachten den ek pleagje kinne, Seinet Forseti,—oer is ’t eang gejei— Sa sylt den nou it steatlik, doelfêst driuwen Nei ’t plak, hwer foarse rotsen wytgjend kliuwe.
De wizen loaitse ’t lân. Forseti swijend Forlit it skip: hja folgje wûndrjend him. Rizich rint hy oer ’t strân hwer’t freedsum-wijend De weagen sjonge mei silveren stim. En hwer in gong troch rotsen laet, fornijend Ho’t ségeweld it stienblok wier to slim, Kiest hy syn paed, wyls ’t fier in skymrich ljachtsjen, Fordriuwt it ûnwis, treastleas nachtskaedwachtsjen.
En lûder rûst de sé troch rotsengongen, Hweryn de wyn gjin útwyk fynt binei— It iivge, hwerfen jamk de weagen songen Waerd wer in skip yn ’t longrjend wetter wei; Wiid amje den de wylde wetterlongen En sûge oermachtich alles swolgjend mei: Wer is it Hela, dy’t djip ûnder d’ ierde Rove hwet blier op libbens mieden tierde.
Yn ’t midden bûcht de wei, dy’t harren laette Wiidút en wirdt ta timpelfoarmich plak, Hwer mânske pylders, dy’t de romte skaetten, Heechtille it swier-oerspriedend tsjuster dak; Alear hjir preesters, rûch fen antlit, daetten Wyld-ôffers, bliid fen Walhal oannomd strak— Allang forstoar it folts, det ienris wenne Op dizze fiere, njoere rotsenherne.
Den swaeit Forseti fûl de striidbre bile Dy’t oan syn side dieden-longrjend hong (Letter yn Ragnarok de fijân swile Yn swé for Dea, do’t dêr de striid ta twong) Allyk de douwen, blank fen wjokslach sile, Honear hjar wite flecht de loft trochkrong, Allyk in fjûrge slang yn leaden loften Krôljend him winend troch de wolkenkloften.
Myld-klinkend klettert ’t brûs op stoere stiennen, In wûnder triljen krûpt oer hiel de groun, Lyk as honear nei wolkens-útslaen sinne Hjar fûle strielen prieljend smyt yn ’t roun: Ringen strûze de skaden dêrfendinne, Nei lytse skoftkes is it swart fordwoun— Sa springt heech op in prûze wetterbôge, Flûnkerjend, klear allyk de ljeafdelôge.
Mei fyn gesûzel falle del de drippen Dragend yn hjar tear-sêfte silverskat Fen ljacht, ynwyt as hwer op stive klippen In weach mei skom bisiedde wyld útspat. Sa wytgje wer dy blanke ljachte stippen Utsjongend sêft hjar wûndre seine, det Wol-machtich is de god, dy klear scil riede, Hwet for it lege lân ta lok moat liede.
Swijend de wizen loaitse. ’t Reauntsjend rûzjen Wirdt krêftiger en waechst yn klearens oan— Men wit net eft it widzjend weagebrûzjen Nou lústert yn syn iivge tinzentoan; Ef is it wol, det sêft it sulvren sûzjen Rizend as sucht fen d’ ierde yn simmermoarn, De sprake is fen de God, dy’t súntsjes wiket Nei hwer’t in herne om ’t hearlik ljacht yet siket?
Lyk as de skimer weistjert for de strielen, Sa wirdt den ek der wizen twivel wei. Forsteanber wirde stadich wirdedielen, En ringen klinkt de kleare tael, dy swei, Sizzend hwet tsjoed wier yn der Friezen pielen Wizend de wei nei wol-biljachte dei: Forseti neamt it goede for de lânnen, Seit, hwerom dylge waerden d’ eable stânnen.
De wizen skôgje yn ’t ljacht, wylst hy de wetten Hjar tsjut en wiist de plichten fen hjar team. Sa waerd dat nea fen ’t heitelân forgetten Hwet ek útwiske waerd yn stounestream: De fjilden dy’t oan wide wounen bletten Bloeije op, as Maeitiids de kastanjebeam— Foarby it ûnk, foarby it pynlik lijen, Wei wirdt it, as de goaden net mear swije.
Ginstige winen den it boat wer liede Nei hwer’t yet wachtet ’t lege en skiere lân, Net wittend ho’t de golle goaden riede Ta lok fen ’t hjar forearjend fiere strân; Mei nou for skoftkes ek de sinne skiede, Net triuwt ús Loki del mei swiere hân.— De lânnen wachtsje wylst de wizen witte Hwet machten fier de stoarmjende ûnken stjitte.
Dû den, Forseti, tank. Dû diest myn sangen Rûzjen sa sêft as mylde maitiids-rein; Minlik glimkest my ta, as ’t my wol bange Waerd einge wer in romme ljeafdesein’,— Dû wierst de frjeon, dêr’t faken ik nei lange, Kaem fen in dei fen dildzjen einlings d’ ein: Forseti, tank. Men earje heech Dyn namme Salang yet libbet d’ âlde Friez’ne stamme!
RAERD, Now. 1914.