Chapter 3 of 4 · 3949 words · ~20 min read

Part 3

Bragi, Iduna en Dû, o Freya dy’t hoedet de frjeonen, Spriede mei ljeafde oer my út jimm’ hillich-seinjende hânnen Det yn my brânne de sang oer treftiger geasten en parte Myld de kinde my ta, dy’t rikt ta de himelske kriten. Hwent ho woe ik, minske sa earm oan fieling en útring Witte hwet omgiet yn ’t hert fen machtige Walhal-biwenners, Wier it net det de goaden, dy’t wizens jowe en witnis, Yn my geaten de glâns dy’t ljachtet út d’ eagen der nachten? Krêftich-ienlûdich wêze de klang fen myn strûzende fersen Lyk as de weagen der sé—hja rûzje geheimich en ivich, Diel útmeitsjend fen hwet boppe stjerren sillige sang sjongt, Wêzend in diel fen it lûd det de fûgels omljuentet yn ’t loftrom. Stadich kliuwt de wei, dy’t laet nei de wenten der Asen; Wrâlden biljachtet de glâns út strieljende streamen fen goudsân. Mids troch skaedzjende bosken gliidt siikjend de winende ljachtwei, Stimmige flûnkring forspriedend oer ’t wâld, det yn tsjuster bitsjoenend ’t Fleurige grien foroaret yn blau lyk as rêst op de rotsen. Wûnder wâllet de skimer fen ljacht en falt troch de blêdden, Al is it fier fen de romt, dy’t de sinne mei strielen trochskattert. Mannige saed boellet op neist it paed; rounlivige krûken Makke út brûns, lizze ré for de langjende hân fen de reizger. Fûgels, blank-silvrich fen kleur blier skodzje de flûnkrjende drippen Of fen hjar twinkeljend klaed, hwennear s’ yn de rjeauntsjende boarnen Dipten hjar ljeaflike pronk ef dronken fen ’t ljachtsjende wetter. Nearne forhelje de beammen fen ljeafde ef fortretlike smerte: Fierwei lizze de lânnen, dêr’t wif en ûnrêstich fen hertslach Lûkende winen widzje ef skodzje de tingere twigen. Nea wirdt de stiltme tobritsen troch ’t kritende kreunen fen ’t beamte; Nea ek litte de fûgels hjar lûdstream minlik wjerklinke: Dit is de swijende wei fen de dea, dy’t laet nei it libben. Einlings forliest den it wâld oan tichtens fen beamt en struwellen, Breder wirdt nou de wei en kleuren forspriede hjar blierens. Yn ûnfiembere fjirt is it fjild bipronke mei roazen, Reade, dy wytgje fen krêft en wite dy lústrje fen ljeafde. Machtich-ljachtsjende stjerren biskine in weeldrige simmer, En troch it fjûrige fjild birôlje de glinstrige slangen —Giftich binne hja net, mar hjar each is twingend en binend— Hiel it linige liif yn de pracht fen wiuwende roazen. Swoel, fol swietrook parset de loft de blommige fjilden; Komt hjir de minskene siele—mar net faek wirdt hjar ûntsletten d’ Himelpoarte fen moarmer, dy moannet ta moedige dieden: Skalden allinne en helden bitraepje de kliuwende Mâlkwei— Dalik binimt hjar de rook fen de roazen it tinzen oan alles Dat hja op de ierde forliet, it libben dat ljeaf wier ef lijend; Skymrich sliept it forline, ’t ûnthâld is forswolge yn swietrook. Dochs wirdt godlike wizens wer jown út de eagen der slangen, Sadet de geast wol wirch is to skôgjen it wide Walhalla. Lyk as nei doarmjen yn ’t wald, hwer it tsjuster syn wjukken al útspraet, —Net is de wei yen bikend, dy’t bringt ta ljachtere kriten, Fierút roeiket de bosk syn tûken, de sinne forbergjend Dy’t syn stjerrende strielen forsieddet op blinkende blêdden, Twivel oermastert it moed, den forbjust’rjende freze for hwet der Njoer bisletten waerd yn de machtige rieslach der Nornen— Einlings riist der oerein in kastiel, mei minlike minsken Dy’t de warrige frjeonlik wer treastgje mei spiizgjende wirden: Net oars blikkert de wente fen Walhal yen einlings yn d’ eagen. Breed leit in gêrsryk fjild, mei waeijende, bûgende raeijen Foar der goaden paleis; dêr boartsje de glimkjende elfen Eltsoar jaende de hân en dounsjend fen sillige wille. Knoppen fen roazen, ûnthjittend, hja drage yn ’e hingjende hierren, Hweryn pronket de gloed fen in sêft-oerwyndere nôtfjild. Loftich wiuwe de glânsen fen side oer de ljeaflike lidden Lyk as de sinne oerrimpelt mei goud it noegjende wetter. Douwen-wjokslach klapt yn ’e loft, as silveren blommen Driuwe hja heech, dy’t Freya it frjeonlikst biglimket fen ’t fûgelt. ’t Moarmeren Walhal drôget der stil; syn machtige mûrren Binne biklaeid mei blêdden fen altyd blomkjende kliuwers. Pylders fen skoarjend granyt biringje de binnenste sealen, Hwer’t de Asen forgearje en plachtsje oer it lot fen hjar foltsen. Treppens hird fen bazalt, oan ’e foarein krêftich forklonken. Liede omheech yn de toer, hwer’t Odin hearsket en neitinkt. Hjir den, yn dit kastiel fen moarmer omwoelle mei blommen Wenje oan hwa troch de Nornen ’t bistjûr oer it wrâldroun bitroud waerd. Jimmer laket loksillich hjar libben, det ryk is oan ljeafde: Wit, as in dei forstjert, yn it West it blieden wiid útweag’t Den is wol fortige hwet moaijer makke de mieden, Wol wein’t d’ ierde mei rjocht, as it nachtskaed hjar ljeafde biwoellet Yn syn mistreastige fâlden—hwent alles op ierde is tiidlik, Blomt en beamt, it fioeltsje allyk de riizjende berchiik— Mar de geasten dy’t fier, for minskelik each net to lôkjen D’ ivige wenten biwenje, net hja binne boun oan de stounen. Hwent as de sinne forsinkt yn it roazerea glimkjende séwiet, As sims de moanne fordwynt efter hjerstich-stoarmjende wolkens, As it wetter hjir tongert, it beamt troch de bangens oermastre Kjirmet en kryt fen smert om it stean yn ’t spoekjende tsjuster,— Jimmer wennet der rêst yn de feilige skerte fen Walhal, Wine der blommen omhegens, dy’t mei hjar suvere swietrook Frjeonskip en frede forspriede yn ’t hillige herte der Asen: Hwent it ienichste tsjoed, det ús wrâld sa lijende makket, Wiksel fen wêzen en dea is fier fen de sillige sealen Hwer’t op ’t antlit der Asen wjerspegelt de wille fen ’t libben. Fredich flûnkert de seale fen Frigga, de wûndere wente: Blêdden fen ynwyt goud biklaeije de moarmeren mûrren; Minlik wiuwt oan de yngong it silver fen side omlegens, Fâlden forglide der sêft, as in sigen syn siken wer ynsûcht. Widzjend-wite wjerljachting, dy’t ôfjowt glimkjende glânsen Makket noegjend-nolk en nommel de steatlike seale. Dêr ek stiet de wiele mei kantige klossen en triedden, Dy’t de goadinne bispint by ’t weevjen fen kleurige wolkens: Wollige dampen allyk sa wâlje de wolkens nei ’t loftrom, Pronk for de himel en treast for de gammel-mismoedige minsken. Lyk as in bij mei ljeafde him jowt yn de wente der leelje, Swiid him fornoegjend yn nocht om de blankens der blommenfoarstinne, Sa ek glimket d’ Asinn’ as hja gliidt troch de kostlike keamer, ’t Each forbliidzjend oer pronk, dy’t past by hjar blinkende hegens. Hjir den wierne yn gearsit de machtichste goaden, hwent Frigga Hie hjar frege ta rie; hwa scoe net foldwaen oan dy frage? Heech op in troan siet Odin en liet mei twinkling fen blidens ’t Alles oerljachtsjend each biloaitse de treftige Asen; Neist him siet de goadinne, dy’t Asgard der noegjend byienrôp, Blank as de tsjelk fen de blom, dy’t him wynt om snilen en leafreid. Leger sieten de oaren. Do’t rêste wer groeide yn ’e gearsit, Riisde Frigga oerein en wytgjend bigoun hja de wirden: „Asen, harkje nei my, foarstinne fen goaden en wolkens! Swiet is wol it geniet to gean hwer njuentet de streamsang, Blinkende leeljes yn ’t wiet hjar silveren tinzen oerspriede Mei it fyn-flokkerich skom fen it wetter, dat strûst oer de fjilden Dy’t nei ljeafde forlangjend yndrinke de swietens fen ’t libben— Wol is it ljeaflik op romten yn Walhal to boartsjen mei ballen, Hjir to goaijen de lâns, to mietten de krêften der frjeonen— ’t Liif to skoaskjen hwer’t sinne in ryklike stream fen it ljachtgoud Jit op it leger lân: foarsiker, dat jowt in geniet ús, Makket de dei ús ljeaf, forriket ús wêzen mei wille: Wichtiger wirk, o Asen, is lykwol hjarren biwarre Hwa’t de Nornen bitrouwden de striid tsjin tsjustere machten. Loai giet it libben foarby en dochs scil ienris de dage Ljachtsje honear wy de tiid fen soarchleas libben bikleije. Warber is jimmer it tsjoed: de dieden der groljende geasten, Hwa’t mei Loki forsein waerd it wûnder fen Walhal to lôkjen Kliuwe oan krêften en tal, mar d’ Asen skodzje de holle Sjogge mismoedich foardel en keare hjar ôf fen dy wytging. Thor, dû wierst dochs warber alear, do’t de doarende rover Stiel de wille fen Sif—wer wol ik dy sjên yn dyn greatme. Freya, dyn laitsjen joech moed oan de machtige ynboarst der Asen— Is dyn priizgjen allinne biwarre for roazen en douwen? Leauwe my, glimkjende goaden, dy dreame yn sillige blidens? Fiersto lang al dûrre de sliep, woll’ einlings ûntweitsje!” Do wier gelúster fen lûden yn Frigga’s strieljende seale, Unrêst kloppe moanjend yn ’t boarst der machtige goaden. Stiltme libbe der lang; dochs kaem de rôljende tonger Do’t de droanjende stimme fen Thor syn tale wer út’re: „Kleijende Frigga, dû de foarstinne fen goaden en wolkens! Wol wier it dy ûnwird, to sizzen mistrouwende wirden Oer de brân fen myn moed, dy’t de warbere lôge biwarret! Tinke mocht it dy dochs, ho’t op myn dizige reizen Ninter stoun ’k myn stoerens forlear, it tsjoede bistridend: Eang seagen jimm’ inoar oan, do’t ik mei Tsjalfi de trouwe Reisge út Walhal wei, nei hwer it ivige iis leit Op griis-winterske lânnen—kaem Thor do werom as oerwoune? Njoggen wiken strûsde ik as fjûr yn d’ amme der winen, Rêd oer it twinkeljend fjild, hwer’t snie de foetten omwoelle. Faken barsten der boijen fen heil út de hingjende loften: Ninter stoun forlear ik myn moed; do’t de tsjoenende Loki Dryst yn d’ eagen my seach ... hwerta dat yette to neamen? Hwent dit witte forwis de goaden en bliere goadinnen Dy’t hjir binne yn gearsit, to hearren nei al hwet der omgiet Yn dyn ûnrêstich moed: wol kaem ik as winder yn Walhal.... Stjerlik binne de Asen, it tsjoede scil jimmeroan groeije Sa lang wrâlden bistean en hjar wegen gounzje troch ’t loftrom. Witte wy net hwet sprieken de Nornen, ûnkearbre foarsizzing? Ragnarok neijert: omdôch en treastleas binne de moeiten.” Stadich sei Odin in wird, det priizge de stille birêsting: „Wiis is de wytging fen Thor: loaits, Frigga, al binne wy krêftich, Seinje wy d’ ierde ek sêft en deije de skimmel der skande, Dochs komt ienris it stoarjende ein; sa waerd it forstânnich ’t Wêzen dat ús yet wachte, mei fleur en sangen to koartsjen. Neame de Nornen net de fijân wizer as Walhal?” Moedleas seagen de goaden, yn Frigga’s seale byienkomd Eltsoar mimerjend oan en mannichien tocht yn him selme: „Hwerfoar tsjinnet it dochs oan tsjusternis jimmer to tinken? Wrang is it needlot en wier—hwerom den dy dize yn ús wente? Better de krânse yn ’t hier, as it swird yn de warrige hânnen.” Lyk in leaden loft mei skriklik-wêrzige waermte Geil en driigjend kliuwt, det meltsers der soargjend nei skôgje, Sizzend: der komt swierwaer—Natûre wachtet yn ûnrest, Bang ropt it fé yn it fjild, it fûgelt biharket de stiltme—: Sjittend skittert it ljacht en blinet yn flitsende flikk’ring Hiel de skriljende wrâld, sa ljachten de eagen fen Frigga, Do’t hja fornaem it wird fen wyljende, ûnwirde birêsting. Spitige tael streamde tel út ’e rounte der roazige lippen: „Goaden, to swak en to lef dy nommele namme to dragen, Loki’s ljeaflikste frjeonen, fijânnen fen Frigga en Walhal! Lyts-ûnwittende bern binn’ jimm’ lyk yn breklik bitinken, Laitsjend fen wille om in blom, net ealgjend it wyt fen it libben. O dû griizjende Thor, o tsjoed oanriedende Odin! Scille den sjonge de skalten by ’t kommen fen ienlike skimer: „Walhal wier as de tún dy toarstjend nei wetter forwile, Hwent de húsman wier warch en tocht oan de stoune fen stjerren?” Brânne de hillige striid, honear wy Walhalla forlitte, Geande nei ’t wazige ryk, hwerút nea in wêzen weromkaem! Swije; bitinke myn wird: hwerom waerd earlike ljeafde Tankber ús wijd fen al, hwet op wei yn tsjustere wâlden Taestend socht nei it paed, det laette de minsken tomjitte? Hwerom beaën de helten om help fen hegere machten, Tongre de striid wer oan en spjalte de pynlike ierde Kreakjend om to fordylgjen hwet Hela forkrige ta kriichsbút? Hwerom stoarren de foltsen om skom-bislantere strânnen Hwer it wite der weagen as kant, fyn-kostber biwirke Waeit, weiwirdend yn ’t wiet, nei steatlik silende wolkens, As de stoarmen kjirmen en skriemden oer beevjende bosken? Dit wier it wêzen der hilde, dy’t freegjende minsken ús brochten, Det de soannen op ierde ús earden as stypjende machten, Striidber allyk de wyn, dy’t reaget de snie fen de tûken, Striidber de sinne allyk, toranend it rôljende deaklaed. Sitte wy dieleas del, bitinkend it lok fen ús dagen, Docht den de wrâld ûnrjocht as hja, net leauwend ús ljeafde Minlik de Dilder biglimket; dy’t d’ earme noegjende tawinkt?” Sêft waerd, Frigga, dyn stim’: Dû tochst oan in hillige frjeonskip: „Hwer de Noardlike sé binjuentet de lege lânsdouwen, Libbe alear in folts, dat great wier en groeide yn ljeafde. Minliker wier it my as de minsken, dy’t earne hjar wenten Sloegen mei noedlike soarch, yn slomme fen winskjende tinzen Omdet Loki, de tsjoede, hjar learde nei rykdom to streevjen. Dêrom joech ik dy lânnen myn namme: hja wierne my ljeaf as ’t Mûtele bern, myn Balder, dy’t ienris hjir boarte yn Walhal. Nearne wennen der ljuwe mei feardiger, liniger lidden, Tûker to sjitten it wyld, mei mylder forearing for ’t goede. Do kaem dizige skimer mei waes fen wiuwende wolkens, En myn stamme forkwynt, oermastre troch ûnwit en oermacht, Lyk as in blom yn in stelt, dy’t pronket yn tsjustere keamer Wilet en stjerrende libbet. Dochs bliuwe de minsken yet warber, Leauwe hja ’t pleagjende kwea út de kriten fordriuwe to kinnen Fêster bitrouwend, o Asen, d’ oerwinning fen ’t ivige en wiere As hwa, wif fen bitinken, foarôf al roppe fen rêsten. From allyk it biheart, wier hjar bea om de stipe fen Frigga, Dy’t hjar ûnthiet to lieden as soannen yn rûzjende nachten. Wytgjend spoun ik myn wolkens—de weagen fen glinstrige triedden Rounen blier út ’e seale nei ’t plak, det hjar wachte oan ’t loftrom.” Fierders forhelle do Frigga, hwet barde op ’t âlde Wâldherne, Neamde de treflike rie en spriek de slutende wirden: „Asen, hearre myn bea, dy’t moannet ta moedige útfier! Asen, ik rop jimm’ op de stridende stamme to stypjen! Thor, jow hjarren dyn krêft, dû Freya de ljeavjende lokslaits, Klinkende sang sjonge Bragi; ik siedzje de seinjende strielen. Wirde ús libben sa wer as eren, yn dagen do’t machtich Wier ús jeugdige moed en bloeide de blom fen ús jonkheit!” Triljend-klinkend klett’re de klang fen koper yn Walhal, Great wer waerden de goaden, bitinkend de tiid fen ’t forline: Striidsin brûze yn hjar op, allyk mei brommende lûden Tommelt út d’ ierde in skomjende stream, dy’t rotsen-oerditsen Libbene weagene hertslach bitwong yn gongen bikrongen. Mar út ’e kloft fen de gromjende goaden kaemst Dû, o Forseti, Earjend en heech gyng Dyn each oer de machtige rygle der Asen, Rêstich rûze dyn wird, det wier lyk in seinjende twirre As in hymjende waermte ’t gewaechs fen de húsman forwilet: „Goaden, loaitse nei my! al binne myn jierren net talryk— O, mear bilibben jimm’ wol, bistjûrders fen wolkens en wrâlden— Dochs is it wizer myn wird net spitich en greatsk to forspijen, Ommers ik wol jim’ sizze hwet yn my lústert myn tinken, Blank, it moarmer allyk, dat makke de mûrren fen Walhal.” Freegjend seach er yn ’t roun; al glimken de Asen meilydsum, Odin ealge eat goeds: hy neamde de noegjende wirden: „Siz’ frij út, o Forseti, hwet moannet it moedige herte; ’t Barde wol mear det immen, jong yette fen wit en bitinken Treftiger plannen seach as hwa’t it silver al sierde.” Tankjend wâllen de wirden fen d’ oar, lyk de weagen oan marsigg’, Njuentsjend in sjongsum liet, det ljeaflik wjerklinkt yn de fierte: „Odin, jimmerwer binne dyn wirden fol wizens en witnis, Stypjend hwa’t swak is en machtleas en stypjend de striid tsjin it tsjuster. Sa den seit myn bitinken: scil krêft wol wêze de liedstjer, Ljachtsjend en wizend aloan hwa’t langet nei lokkiger dagen? Macht foarwis is in bliuwende iik, in ivige berchbou— Dochs wit ik yette to sizzen ho Thor, de treftige strider Loki net dûrjend oerwoun, al like dy swakker en lytser. Wizens en ynsjoch lykwol laet bêst in folts, det forbline Waerd troch listen fen Loki: nou tink oan it wird fen de Nornen Do’t ik yn Walhal kaem, jim’ soargjend de sisters bifregen Hwet myn plichten wol wierne yn ’e warbere rygle der Asen. Hja den, sjênde hwet d’ oaren yn skimer biskûle yet wachte: „Dizze scil sizze syn wird, as Frigga’s freegjende soannen Krêftich yn moarmeren wenten wer bringe it bloisel der jonkheit.” Einlings kaem dos de dei, dy’t de wytging der Nornen al wiisde: Rjucht is, my to bitrouwen de die, dy’t de frede weromfiert. Frigga, ik seinje dyn folts mei it blomt fen hegere wizens, Lyk as de sinne, dy’t sêft syn strielen forsieddet yn nôtpracht!” Blier as in bern sa glânzgen fen Frigga de glimkjende eagen, Rizend mei blidens oerein, sei hja waarme, tankjende wirden. Ienris, Forseti, wier Walhal allyk it fûgelt det wachtet; Mar Dû wierst as it ljacht, dat de bân om hjar kiel wer toraende.

IV

Read stie de himel op de rêst’ge weagen Stadich-ûntweitsjend, yet de slomme yn ’t each. Wjerskynsels fen de sêfte ljachtbrân teagen Oer ’t warber wiet, dat rimpels amjend seach Nei ’t flûnkrjen yn de kleare striele-reagen Fen wytgjend ljacht, dat oer de wolkens fleach Allyk mei ginstge wyn de skippen sile Troch ’t steatlik wiet, sêft widzjende de snilen.

’t Wyt-krôljend wollich skom waerd ringen reader, As roazekrolders bloeide ’t myld yn ’t wiet. It stjerrend skaed waerd diziger en deader, Wer skôgjend d’ âlde nacht- en dage-skied: Al blider song de sé syn wûndre bea der Om sinne’ sêfte roazen oer ’t gebiet, En wider yn it East waerden de kringen, Fen blier-ûnthjit, de súvre striele-ringen.

En drokker, drokker klonk it yn it wetter Fen wille om pracht fen d’ iere, prûze dei. De jonge winen bliezen rouner, better Nou ’t nachtswijen wer súntsjes siigde wei— In fleurge douns hja dounsje, efkes letter Laket it ljacht tear yn hjar laitsjen mei: Earst mijen sjocht it oer de kleurge seame, Den lit it rynsk syn mylde strielen streame.

En hiel it poarpren weachfjild waerd oerljachte Troch gjalpen fen de flûnker-sinnerein, Allyk it nearzich swart yn slûge nachten Tobrekt it skynfet mei syn fûnkensein’ —Den swije tel moedleaze minsk’ne klachten Hwent twivel is for ljacht wer hinnetein— De sé song sêft en lûder song de sinne, Lûden, fier triljend troch de ljachtpracht hinne.

Nou wiek ek fen der Friezen each de slomme, De flinter, wytgjend wjokke yn glinstrich swart, Dy’t mei syn spinnend wjokgeril lit bromme Tiding fen hwet op stoarme-strânnen bart, Sadet de geast fornimt, hwet ienris komme Troch wrede wet fen Nornen-runen moat; En d’ iersten rounen oer de wide mieden Hwer wiuwend wachten drokke deiske dieden.

’t Minskebestean swevet wer hinne yn swijen Ientoanich, lyk in dize oer ditsen lân: Hwer d’ ieren wylje, krêftleas yn hjar lijen En langstme om ljochte sein’ fen sinnebrân, Dy’t ienris hjar fornoege, do’t it dijen Der winterstrielen lake oer ’t slomjend strân.— Nea laket wiksel oer de libbenskriten, Noch njuentet ’t moed yn lokkich-romme riten.

Oars is it mei hwa’t jimmer langjend siikje Nei wiisheits nea bidjippe silvren saed, Omdet hja swiid de warbre geast forrykje Loaitsend hwet sims it wûnder-winend paed Hjar sjên lit: ljachten, dy’t sêft-glimkjend lykje To lústrjen det de wei nei wierheit laet. De plicht fen ’t wêzen oant wy wer fordwine Is steech to siikjen, det wy einlings fine.

Sa ek de wizen, dy’t de Fryske strânnen Forlieten om to hearren frjemde wet, De toalve hwa’t it lok der lege lânnen Bitroud waerd, steatlik geande sûnder smert Al scoene ringen hja de grize rânnen Weiwirden sjên fen ’t lân hjar djûr oan ’t hert: It boat lei ré, oer ’t wiet hjar fier to dragen; Heitlân farwol, oant wersjens blider dagen!

....Seach men wol ea in derten famke rinnen, Mei swide libbenswille yn ’t laitsjend each Yn dau-biflûnkre fleurich bûnte finnen, Oertein mei wazich-triljend strielenreach? Oer groeijende ikkers trapet sêft hja hinne, Den dounset hja allyk in marreweach; O hwa’t dit skôge yn skimer-silvren dage, Foar him is ’t fier, do’t hy delbûke klage!

Neat is op ierde hearliker as strielen Fen ’t fjûr dat nôtgoud glânzgjend gloeijen docht, Dy sterk en stypjend alle tier skewiele, Elts minske ek, dy ’t mei noed nei takomst sjocht: De brân fen boppen makket ’t swakke stielen, Jowt minlik treast hwa’t drôf yn twivel socht: Dit is de ivich-treastelike seine By alles, hwet de nacht en skierens skeine.

As Maeije komt: it romme fjild mei blommen Bisiedde, jowt al ljeafde-waermte op, En lústert fen it nomle, dat scil komme— Yn lije loften rûst de ljurkerop; Hwet yn Novemberwaer jamk hast forklomme Bloeit wer sa blier by maitiidsblommen op, It ljeafdelibben glimket myld tomjitte... Myn broerren, wé oer hwa dit lok forstjitte!

’t Folwoechsen foarjier ropt de rykste nammen Dy’t ienris klinke oer winskjende wrâld, Is ôfglâns fen slomjende, ljachte flammen Dy ’t ienris brânne it treastleas, tsjuster wâld, Hweryn biskimle en kwinend-âlde stammen Hjar longrjend libben liede yn ivich skâd, Towile hja ’t forheegjend sicht binimme Op ’t lok, dat seinje woe sa sêft en dimmen.

Fen dat ûnthjitten lústert ’t sé-ûntweitsjen Allike goed as ’t fjûrich-gouden fjild: De weagen witte blier hjar nocht to smeitsjen, Skôgjend ho’t ljacht de prûze holle optilt, As moarns yet ier de reade loften reitsje It wiet det fen it streakjen efkes skril’t; Mar wiffer as de lânnen lok ûnthjitte Wol ’t wetter faek syn earste laits forjitte.

Hwent jimmer wennen dêr deijende machten Dy’t djip biskûle op skimer-grize groun De swarte nachten langjend, warber wachten Oant ien fen harren nije bút wer foun. Hja âlje bang hjar treastleas-rouwe klachten Wiid klinke dy oer ’t romme djip yn ’t roun— Wyld is it wûnder det sa blij bilovet En ringen bliere libbensblommen rovet.

Jamk waerden minsken berne, dy’t al hienen Yn teare jeugd de winsk nei ’t woelich wiet: Boarten de bern oan ’t strân, ho hearlik wiernen De streakjend-sêfte weagen oan hjar fiet; Waerden hja feint, hjar ljeafste tinzen wiernen Oan hwer’t al klonk der geasten noegjend liet: By sillich lok, by weadoms wûndre stounen, Jimmer dy bânnen fêster twingend bounen.

Fordildich wachte ’t wiet. Laetten hjar paden De minsken einlings ôf fen eigen gea, Blier twinkle ’t wetter; yn syn silversaden Kaem ljachtpracht fen it moarntiids roazich rea —Skouwend yn skimer komme skiere skaden Foarsizzend hwet der Nornen wird wier: dea— De wolkens tommelje op, swijende weagen, Den skûrre de twirjende touwerfleagen...

It boat de wizen draecht. Yet kleure kloften Fen flûnkerskynsels swiid de ljachte sé, En silverlûd’ge skommuzyk-geroften Witte net fen ûnrêstich winkend wé, Nei stadige en tinzenswiere skoften Sinkt wei de wyt-beslantre Fryske ré: Fier rikke d’ eagen oer de djipte hinne Eft hja it ljeave lân yet lôkje kinne...

De sinne kliuwt allyk hjar krêften kliuwe Seinjend ’t reafallich, laitsjende sébern, De glimkes oer ’t widzjende wetter wiuwe Om jimmer riker pracht, en prûs to sjên Patsje de strielen weagen, dy’t yet bliuwe As roazen glimkjend: ’t lok giet net forlern— Nôtikkers hwer’t de pronk fen ieren bûget En minske-each ta libbenljeavjen noeget.

Natûre wol de treftge wizen sprekke Fen yn Walhalla wachtsjend lean en lok: Sa scil hjar net it hege herte brekke, Om ’t fier fen eigen hiem, de plicht hjar drok To siikjen seit nei wetten, hwerfen wekke De frijdom wirdt, en weinomd Loki’s flok; Ald is hjar krêft: yn moedleas ein-oertinzen Waerden hja skielk al fêster, fêster finzen.

Allyk in bliere lytse ljachte wolken Súntsjes bisilend de brânnende loft: Wiid flikkerje de fjûrge sinnedolken, Mar hy giet steatlik fierder, blank fen noft, Njuentsjend fen Walhals hege wenten, nolk en Jimmer trochklonken fen muzykgeroft, Sa ek it skip, stil silend nei de strânnen Dy’t wizens jaen scille oan de lege lânnen.