Part 1
Finneblomkes
Rimen en sangkjes
fen J. R. Kloosterman
Gebrs. v.d. Meulen — Bergum 1907
YNHALD
Foarwird 1. Earste 2. Maitiid 3. Simmer 4. Hjerstmoarn 5. Winternocht 6. ’t Lêste is ’t bêste 7. Oranjewâld 8. Minskelot 9. Earnewâlde 10. Skimerjoun 11. Blomkes 12. Foldien 13. Hwet tiid is ’t moaist? 14. Gaesterlân yn ’t bigjin fen 1900 15. Moed hâlde 16. Hjerst 17. Neitinken 18. De earste Maitiidsdei 19. Bûrum 20. Simmernocht 21. Túch en blommen 22. Yn April 23. Birgum 24. Omsjen 25. Blom en lok 26. Treast 27. Grou 28. De Maitiid komt 29. Raerd 30. Forlangst 31. Maitiidsjoun 32. Aldjiersdei 33. De mounle 34. Aldjiersjoun 35. Underskie 36. Maitiidsmoarn
FOARWIRD
Friesen!
Ljeafde for ús tael, fielinge for de poësije rounom ús, hat de skriûwer drjeun ta it opstellen fen de rimen en sangkjes, jimme hjirmei oanbean.
Nim se oan as in útering fen libben en sier yn ús âlde sprake, lyk as dat blomke, ho lyts ek, kleur en fleur jowt oan it fruchtbere grien fen Fryslâns tierige greiden.
Fortraepje se net, al bin it mar finneblomkes.
UTJOWER
Earste
—Oan ’t earste finneblomke op ’t lân, Yn smoute fen ’e foergerân, Dat earste ljeave foarjiersbern,— Ha ringen wy ús hert forlern.
It plakje dêr wy boarten ’t earst, Dat lûkt yen jimmer wer, en ’t meast, Dat giet bilieven nea net wei, Howol ’t yen krekt mar tinke mei.
Us earste boarters fen dy tiid, Nou al forslingere wiid en siid, Derfor fiele altyd wy sa eat, Hwer dat men letter ek forkeart.
It earste frjemde skoalleskoft, Dêr mids de greate skoall’bernskloft, Komt sims yet sa fensels mar yen Nei fyftich jierren wer yn ’t sin.
Yens earste lytse frijerij, Forjit men nea, bliûwt stees yen by, Do hie men sin oan oarmans bern, Yens holle hast dêrby forlern.
’t Forjit yen nea! dat heucht yen ’t meast! Ho ’t men bidêsd iens, ek foar it earst, Oan hûs do helle in jongfaem.... En sei tsjin d’ âlden: „Dy ha ’k naem!”
En ho dat troch hjar flinkens hja, Gled mei de earste dei al sa Us eigen waerde en sà nei: Dat wier ús wol in earste dei!
Ef ’t ek in earste dei do wier! Dat hja yen op ’e side stie! Hjar hân dêr do yn yennes lei! En ’t „Ja” ta ’t boask mei yen do sei!
—As d’ earste poppe dêr dan is, Dan is it like goed as wis, Dat men dy dei nea wer forjit, Dy dei yen faek to binnen sjit!
It earste laitsjen fen yen bern Unthâldt min wol, giet nea forlern! Dêr tinkt men yet nei jierren oan, O, soks! ja, soks! unthâldt men skoan!
En d’ earste wirdsjes „Mem” en „Heit,” Hwet soks yen yet nei jierren seit, Al binn’ dêr lange tiiden wei, ’t Blûwt yen dochs by as hjoed de dei!
Hwet ’n earste kear! do ’t sa fier kaem, Do ’t popke lytse stapkes naem, Do mem it foar it earst mei glâns, Seach stappen by de mûrre lâns!
En d’ earste kear (’t lei do al fier, —’t Wier lang forlyn, goed tweintich jier), Naem ien fen ’t iis in twadden mei, En dy bleau dêrnei nea lang wei.
En sont dy tiid, dy earste kear, Wier d’ earste nou gjin earste mear; Twa helten waerd’ dy earste ien: Sá hawwe do dy beiden dien.
As men nei lange jierren wer— —Fen ’t swalkjen warrich, hjir en dêr— Wersjocht foar it earst ’t bikinde gea, Hwer ’t men wei is: ’t forjit yen nea!
It earste metten fen in frjeun, Dat is for yen fol blydskip bleauwn! As hy—hwet jierren wier forlyn,— Ris unforwacht by yen komt yn!
De earste swiere gong, dy ’t min Yen libben net forjitte kin, Is, as it mei in sibbe bart, Dat men nei ’t hôf dy bringe moat.
Den fynt men op it âlde sté For elts wer ’t âlde plakje ré, Wylst dy ’t men foartbrocht net komt wer, Foar ’t earst op ’t âlde plakje dêr.
Sa’n earste joun forjit men net, Dan bliûwt dat hoekje unbiset; Dat komt yen ’t alderhirdste foar: Docht men de skoatel op de doar....
....Dy earste nacht! ’t Heal útstoarn hûs! Oer ’t grêf it earste beamtgerûs.... It ta-yen-sels-kommen foar ’t earst, Soks heucht yen lang, ja! ’t alderklearst!
By d’ earste gong nei ’t tsjerkhôf ’ris, As it forlyn in wike is, (Men hie forlangst en soarget ek), Dan giet yen tinken graech tobek.
It earste greate ûnk, dat yen Sa sear die, komt yen faek yn ’t sin; Wy witte amperoan ho ’t kaem, Do ’t ús sa bot to pakken naem!
Wy sjogge op ’t lêst foar ’t earst rjucht yn, Dat lang altyd gjin sinneskyn, Mar near en tristich waer foar wis, It op ús libbenspaed faek is.
Maitiid
Blomkes! maitiidswille! Bledsje en dinnenille, Kin hjar lot wer tille; Maertesinne oermielle, Hwet fen froastwyn trille; Wounen binne hielle, ’t Wylgenpûske als gielle, Twisken ’t beamt forsjille.
Sjoch dy foarse iken, Hwerfoar stoarmen brieken! Finkjes dy forstiken Dêr hjar nêst; untwieken Romte en lân en strieken, Del by iik en krieken; Smout is ’t hjir: biswieken Skeanwaeid beamt en siiken Amper, oan dy pieken Is ’t ús nou wer blieken, Dat hja ’t grien oantrieken.
En wy gyngen hinne, Dêr ’t de gealtsjes binne; Né, dy net allinne, Dy ’t w’er fine kinne.— Fen ou, dat de sinne Moat nei ’t Westen rinne, Mei de dei, bigjinne Dêr rounom fendinne, Woll’ eltsjoar ôfwinne: ’t Liet fen Nocht en Minne!
En as wy nou earne, Troch in smoute leane, Ef it fjild trochgeane, Nou ’t hja yet net meane, Ef by ’t poelke steane, Stil is it dêr nearne, Ho ’t de skriezen fleane, Sims alhiel nei ’t skeane! Kobbe yn ’t koai-forbeane, Moaijs scil ’t al ús teane!
Troch ’e hege raeijen Komme siigjes waeijen, Hwer de liepkes d’ aeijen Sont in wike al laeijen. Hear dat lûd ramaeijen! Sjoch dat tûmm’ljen, draeijen! ’t Ljurkje er ek delsaeijen, Mids it grien hjar flaeijen; ’t Fjild yn goudgiel klaeijen, Twisken beide Maeijen!
Oer de blauwe weagen, Gien’ mei wille ús eagen, Nou ’t wy dy wer seagen. Och! langlêsten reagen, De Noardeasterfleagen, Dy do mei hjar pleagen, Lein’ de sulvren breagen. Maitiidsstrielen dreagen ’t lis ôf en oerteagen, ’t Swanneblomme-beagen!
O, hwet swiets wy rûke, Fen ’e blommetûke! ’t Wol ús eagen lûke, Dêr nei eltse hoeke; ’t Bloeit oan kladde en strûke, Nou ’t waer neat forbûke, ’t Noard yn lang net spûke, ’t Hat gjin blom forknûke; Kin ’t in fochtsje brûke, ’t Waeksjen hat net stûke.
Simmer
Sa strieljend de sinne, sa ynblau de loft, Sa sêft-syljend jinsen dy aerdige kloft, Fen wolkjes mei goudene wjukken! Ho yngrien it beamte, ho tsjok dêr it skaed, Ho koel is ’t en fris der en ho ’t it ús laedt Yn ’t tsjuster fen blêd en fen tokken!
Ho pronkje de blommen yn wyt en yn rea, Yn blau en yn poarper en giel troch hiel ’t gea, Hja lizze op it wyntsje to soeijen; De roaskes dy rekke hjar blomkopkes út, Hjar blijreade bledsjes, dy lokken it Súd, Nou stiene se om middei to bloeijen.
Ho lekker it jinsen fen ’t flearboskje komt! Ho drok it fen bijkes yn ’t linebeamt’ bromt! Hja skrippe, tôgje oan for de winter! Sjoch! krekt ef sweeft dêrre in losmakke blom! Dy wjukkelt fen blomtún ta blomtún sa om! In siden flewieltsje as flinter!
To rypjen yn heldere fierte, leit ’t sied, En inkeld klinkt dêr den it ljeaflike liet, Fen ’t sjongerke út ’e strúwellen; Oars is it hiel stil, hwent it wyntsje dat slept, En boartsjend oer ’t haeilân gjin twirke him rept, Dat wei wirdt mei ’n stik mennich tellen.
Oer ’t fjild wirdt it jounich, it sintsje sinkt leech, En wekker wirdt ’t Noarden, de wolkjes gien’ heech, Fen ’t miedlân komt heaswiete amme; De fûgeltjes allegear helje wer op, It wyntsje rûst jounsangkjes heech yn ’e kop, Troch ’t sulver fen d’ âld wylgene stamme.
Hjerstmoarn
O ljeaflike Hjerstmoarn ho aeijste, It blomke út ’e sliep yn it hôf! Ho myld en frisk lykwols dû waeijste, Oer ’t dauwige fjild fen ’t East ôf.
Ho stekt nou it lytse blomknopke, Dat oan ’t hjoed ta bloeijen ’t net brocht— Ut bledsjes ’t reafallige kopke, Fol langstme nei waermte en nei ljocht!
Ho spilet troch ’t leaf fen ’e reiden, It moarnsliet fol wille en fol lok Fen ’t reidmoskje en boppe de greiden, It ljurkje sa heech en sa drok!
Ho laeitsje ús fen fierrens tomiette, Eft hien’ wy fen alles frij kar, ’t Reawangige goud fol ynswiette, Fen rypjende apel en par.
Ho goudgiel it nôt op ’e lânnen, Der ’t blêkrjend de sinne oer leit; Ho skrippe de warbere hânnen, Yn rogge al, yn hjouwer en weit.
Ho bol binn’ de wyntsjes dy ’t waeije, Troch ’t linebeamtlof, tsjok yn ’t blêd; Ho bringe s’ ús, hwer se yet haeije, De hearook tomiette fen ’t mêd.
O, tankber for ’t moaije en for ’t goede, Is ’t hert ús fen romjen sa fol! Hwat binn’ wy sa’n dei woltomoede, Ho is ’t ús dan alles sa wol!
Winternocht
Nou ride wy, nou glide wy! Nou bliûw’ wy net mear thús! It wier oan dizz’ tiid ta mar sa: It libben hast in krús.
’t Wier al den dei, mar foar en nei, Rein, stoarm en Westewyn, Ef dampich waer, ’t wier núver raer, Gjin blinkje sinneskyn.
Nou wol gewaei, mar droech de klaei! Hwet wolkjes yn in trop; De loft oars klear, hwet woll’ wy mear? Nou libje wy wer op!
Nou is ’t safier: de gledde flier, Leit oer it wetter spraedt; De flakten oer! fen toer ta toer! Dat ’s dei oan dei ús paed!
Foart mei ’t geseur! nou is dêr fleur! Men heart gjin kleijen mear! Dêr is wer gong by âld en jong: Ho ’n pearen meitsje ’t klear!
’t Lêste is ’t bêste
Jonges moatte bruijen ha! As hja soms ondogens binne, Slaeh dêr dan mar goed op ta! Lit se lipe, raze ef stinne, ’t Giet ornaris hjar net nei, In wân bruijen giet dêr mei.
Famkes slacht men ljeaver net, Dy wird’ om ’e finger woelle, As men s’ yn ’e kelder set, For ’t gejeuzel om yen holle; Hwent dy sanigje mar foart, Om hwet lapkes poppegoed.
Mar mei beide moat sa fier ’t Yn ’e wrâld net komme moatte, ’t Better meitsjen falt dan swier, Hwent soks is mar for in hoarte; Brûk fen miett’ ôf goed forstân, Wen de bern daelk nei jimm’ hân.
Oranjewâld
Oranjewâld! Oranjewâld! Dy ’t fen Natúr hjar pronk bihâldt, Fen beamt en skaed en fen moai blomt, Det dy by ’t simmer der ris komt! It beamt’grien winkt him al tomiette, Hat hy dêr west, hy scil ’t ûnthjitte: Mei d’ earste maitiid kom ik wis, Nou ’k jo iens ken, wer sûnder mis!
Oranjewâld! Dû hearlik wâld! Hwet moaije namme, eal en âld! Hwet smoute for it kâlde Noard! Hwet skaed for hiette yn ’t droege oard! Hwet beammereuzen boppe miette, Hwerby, dy ’t wol fen ieuwen witte! Fol rûzjend blêdgoed allegear, Yn loanen hjir, yn troppen dêr!
Hjir stiet de moaijste tsjerke bouwd, Fen stien net, mar fen libjend hout, Wylt ’t rûzt fen in Natúrpesalm, Ta ’s Bouwhears lof op swiete walm, Fen blom en krûd, sa nei omhegens.— De griene pylders fen omlegens Nei boppen ta, dy flechtsje hjar, Ta bôchwirk jinsen yn eltsjoar.
Hwet moaije leanen, djip en smout, Fen tsjokke stammen, ikenhout, En dy Marijkemoai alear, Wol kuierjen seagen mennich kear. Der ûnder binne reuze-iken, Dy ’t ieuwen al hjar krún opstieken, En gledde boeken by de rûs, Mei ’n tichte blêdkrún, djip en kroes!
Ho toer-heech mennich spjir en din! Hwaens kop min skraech biëagje kin! Hwet binn’ der troch hjar niddelgrien, Al freselike stoarmen gien! Dochs binn’ hja ’t hiele jier troch jimmer, By ’t winter moai, krekt as by ’t simmer; Dy sjogge ek nei wiid en siid, En witte ek fen d’ âlde tiid.
Ho ’t der dy ljochte bjirk ús each, Ynienen lûkt! krekt eft hy teach Om ús oan just syn wite pronk, Dy ’t sulvrich ús tomiette blonk! Moai komt syn hege stamm’ fen fierren, Ut tsjin it blaugrien fen ’e spjirren; Hwet stiet der in moai kopstik op, Det fine blêdgoed fen syn top!
Hark dêr de hege populier Ris waeijen, det syn klapprjen fier To hearren is yn ’t hiele hear! Wech-en-der-wear heart min him klear. Hy andert op de wyn syn waeijen En wit syn bledden sa to draeijen, Ef rabbelt hy,—fen hiel it gea, Hat hy ’t it drokst en swijt hast nea.
Dêr krinkelt him sa mennich paed, Yn flauwe bochten, fol fen skaed, Nêst hageroaskes yn ’t reawyt, Hwaens hunnichswiet yen ’t rûken hiet! Den wer mei gouden bremerheide, Is ’t paed biseame twiskenbeide, Wylst Lelytjes-fen-Dalen prûs, Hjar klokjes widzje by de rûs.
Nou binn’ wy wol op ’t fierst yn ’t bosk, En flaeije ús del op ’t tsjokke mosk; Gjin _sofa_ ef gjin _canapée_ Op ’t Fean, kin ’t helje by dit sté! Wy tinke as wy hjir sa lizze, Springfearren, dy ’t gjin fearkreft misse Bin ’t hjir, de sittings grien flewiel, Fen ’t fynste tryp en skien en hiel!
Hjir sitt’ w’ as yn in ticht priëel, De tokken fen in wite abeel, Dy hingje amper op ’e groun; Tsjok ûnderhout stiet ticht yn ’t roun. De tokken fen ’e hazzenúten, Dy ha de trochgong hjir hast slúten; De toarnebeijen scoen’ by ’t hjerst, Yen yn ’e mûle falle bêst.
Is dêr in hoekje sinneskyn, Dêr komt in flinterke efkes yn. Ut lange fearren njirrekrûd, Yn ’t skaed oan hege beammefoet, Hâldt Kamperfoelje in Elske omstringle, De Koets syn blomswietwyt, det mingle Him twisken ’t tûzenleaze grien, Fen blêd en strûk, fen leat en tien.
Dêr nestelt ’t lytse fûgelboun, Yn ’t lege beamtgoed by de groun, Forskûle omraek foar almans each, Knap siker, dy ’t in nestje seach! Yn toarne ef yn ’e skerpe kriiken, Yn ’t kreilgoed fen de jonge iken, Toarnkrûpers, winterkeuninkjes en mear, Dy bouwe der hjar nestjes gear.
En digert men nei boppen op, Sjocht m’ yn ’e iik healwei syn kop, Yn ’n strampel ’t swarte rûkepear, Hjar simmerwente is kant en klear! Ho ’t d’ eksters yn in slingertûke, Ta fondemint in gaffel brûke Fen hageprikke en liem it nêst. Knap mitselje, goed murrefêst.
Sjoch, hwet ’s my dat? hwet hinget dêr? Wei is ’t en lykwols komt it wer, To lange lêsten nei in skoft; ’t Sweeft oan in tûke yn ’e loft, ’t Is núver! dochs it hat wol folle, Fen ’n by-inoar-gearpakt tropke wolle, Det oan in tûke hingjen bleau, En troch de wyn den sonk, den kleau.
It like ef in kanarje krekt Syn kopke út ’t protsje goed wei stekt.... —Ei ju, dat is in fûgelnêst, Det hinget mei ’n pear triedjes fêst, En slingert oan de lichte tûke, Fen d’ iene nei de oare hoeke: De Gielgou wennet der sa smûk, Sa húslik oan syn slingertûk’.
Hy ropt syn „Rike Ljue” ús ta; Dêr hy by wennet, binn’ ’t ek sa! De Koekkoek jowt ús hoop op rein, En warskôget: „nei hûs ta tein! Oars scill’ jimm’ in wiet pakje krije, En dêrom wol ’k dat net forswije, Gjin ien, die ’t dêr sa bot fen hâldt, Al is ’t ek yn ’t Oranjewâld!”
Hwa tikket sa oan ’t hout, dat min Alhiel om fierrens ’t hearre kin? Us Specht is ’t, yn syn wyt-rea-swart, Dy ’t om in houtroep him sa wart, Dêr woe hy hjoed mei „Middei“hâlde; Yn dy healdeade wylch, dy âlde Sit ’n lekker byt, ’t spyn is noch hird, Mar hy hâldt faesje, ’k leau—it wirdt.
De Klyster, hark! hwet slacht hy lûd! Dat makket ús de dei noch goed, Sa’n ien kin mear as sljucht en rjucht, Sa’n ien dy hat ta sjongen ’t rjucht, As hy út knopjende strúwellen, Us jûchjend lûd wit te fortellen, Fen alle moais, wol wiken lang, Syn maitiidswille yn syn sang!
En sjoch, ho hjir nou hân oan hân De kînst Natúr mei sefte bân Nei det him ’t past, laet s’as hy ’t wol, En makket alle skudden fol. Sjoch hjir de hege tsjokke Linen, Hjar tichte blêdden troch inoar winen, In pyldergong, fol koelte en skaed, Wol ’t moaijste yn ’t Oranjewâld.
Sjoch ho sa’n Bûten ien gehiel Nou waerde troch elk ûnderdiel; Troch Lineloane en Blommebêd, It hiele Park is krekt biset; Ho scoe min ’t moaijer habbe wolle? Dêr ’s neat to min, ek net tofolle; Sa djipgrien ’t gêrs, sa frisk it blomt, Hwer efter moai it slot útkomt.
Altyd wer oars: nou ’n fiks stik lân, Mei melke kij oan d’ oare hân; It boulân nou bysiden wer, Mei rogge en boekweit hjir en der; Alhiel gjin minsken, hast gjin hûzen, Natúr sprekt yn it beamterûzen, Alline ’t libben fen Natúr, Bliûwt hjir as ’t allermoaiste oer.
Sims makket ek de kinst it moai, It ien by ’t oar, krekt nei de roai. Hwet draegt det sêft nei ’t wetter ou, Mei ’n beamtrop del fen ’t slotgebou! Ho ’n brúne boeken, wit hofolle! Min sjocht yen d’ eagen út ’e holle! Ho klear dy fiwer! swanneblom By swanneblom, dy soeije erom!
En dy Kastanje! sjoch ris oan! Syn stamm’, syn blêdtek, o ho skoan! Hy hat de winter wer trochstien, En nou is ’t op in bloeien gien. Ticht binn’ fen bledden al syn tûken, Alhiel ticht, fol nei alle hoeken! In grien ferwulf, fol skymrich blau, Waerd lein, breed oer syn stamme nou.
Syn tûzen kearsen stiek hy oan, Op blauwe kandlers fen ’e moarn, In reuzeblommekoer allyk, Nou wol de moaijste yn ’t blommeryk! Fier ljochtsje s’ yn syn tsjustre grienens Dy wite ljochtsjes yn hjar skienens, In houtdou-pear koerd’ brilloftslied, Det yn dy krún forskûle siet.
Nou by de túnman ’ris to gast, En jaen’ wy d’ eagen goed de kost, Dan sjen w’ ien hearlikheit rounom, De kostlikheit fen blêd en blom; De plantenbern út waerme lânnen, Dy binn’ hjir troch syn warbre hânnen, Fen ’t Súd en East út fiere oard, Njûd waen, hjir yn it koele Noard.
En sjoch dat Roazepark ’ris oan! ’t Is ’t laeitsjen fen ’e blide moarn, Dat der fen útstrielt, hwet in pracht! By d’ iene amper sinneljacht, By d’ oare wer in djip oranje, Dêr ’t donkerbrúne as kastanje, Dêr wer ien súver yn ’t sniewît, Dy ’t wis _Madame George Bruant_ hiet!
Sjoch, ho ’t _La France_ hjar greate blom, Mei ’t wytread blêd op d’ ein teart om! Dêr ien yn ’t crême, eat grien en wyt, Dy ’t _Dutske Keizerin_ men hiet. De _Jacques-Minot’s_ hearr’ foarst to kommen, Mei _Magna Charta’s_ folle blommen En ek de _Zephyrin Drouhin_, Ryk bloeit, rea twisken d’ oaren yn.
Stil! stil! hwet is my dat in sang! Dêr út ’e fierte, breed en lang! Sims wémoed is ’t, sims wille en nocht, Dat alle earen harkjen docht! Dat is ús Gealtsje, ús mastersjonger, Dy ’t jister pas fen oer de Tsjonger, Syn sangplak werfoun yn it Wâld, En nou mei ’t wyfke brilloft hâldt.
Dêr ha’ wy wer in fiergesicht! Né, dat forjit men net sa licht, Hwer it sa’n echt Frysk lânskip jildt, Nei ’t „Meer” ta, ’t eff’ne griene fjild! Wol min noch oars, dan hwet nei ’t Easten, Om ’t bytsje kliûwen yen to treasten, Den sjocht men wer de moaije wrâld, Fen ’t Fryske Haegje! Oranjewâld!
Lit Hollân poff’e op syn Haech, It is en bliûwt altyd de fraech, Scoen’ wy dochs wol sa mâle graech, (Al kamen beide ek oan ’e Waech), Mei ús lyts Haegje „lykom” wolle? O né, wy hâlde fierst to folle Fen ’t pronkbyld ien ús fryske wrâld, It ienich moaije Oranjewâld.
Minskelot
Sa ’s it waer is, is men ek, Alles hat syn lek en brek, Alles kin yen dan mislearje, Nearne hat men sin dan oan, Neat is aerdich dan ef skoan, Men wol dan mar krimmenearje, Yn it wirk in tsjinsin ha, Unforskilligens dêrta, Tsjin in oar sa frjemd en bjuster, Unforstânnich, mâl en koart, Brûkel, as men fleurich moat, Krekt forkeard, de skouwing tsjuster, Hiel den dei allike raer: ’t Súver byld fen tristich waer!
Koarte dagen, mist en rein, Stoarm en unwaer ’t jowt in ein; Moatte dochs trochwoarst’le wirde. It is sims wol ’ris in toer, Eart dat swiere ûnk is oer, Dat in byt men ’t wer kin hirde; It hat faken gâns hwet yn, Ear ’t in mylde sinneskyn, It moai waer mei grien en blommen, Strielt wer oer ús libbenspaed. Och! dêr is sa-folle skaed, ’t Is in toer, soks troch to kommen, Hwet yen yn ’e mage sit, Dêroan hat men frijhwet lit.
Deljaen, under al ús lêsten, Dy ’t yen ienris oplein binn’, Giet it mei ef tsjin ús sin: ’t Bêste is stil to birêsten, Ho ’t it giet ef rinne mei: Nei de nacht komt wer de dei!
Earnewâlde
Doarpke, yn blauwe weagen, Fen it djippe Wiid, Sjoch, do lûkste ús eagen, Fier al yn ’t forskied! Moai lyts Earnewâlde, Lân en wetter hâlde Dy, as wol hja partsje, Ef jamk om dy boartsje, Hwaens in hoartsje ek biste, Moaije wetterblom! Sims moat d’ ien dy miste, Ruilje strak werom.
Wiide wetters boartsje, Altyd om dyn lea, Mar ek wol in hoartsje, Dogge hja dy wea. As Súd-Westerfleagen Dei oan dei de weagen Jeije op dy ta, Den is ’t sa ef sa, Ef do giest dêr under, Wis dochs under ’t skûm, Mar it is bisunder, ’t Hindert noait in krûm.
’t Bliûwt lykwols by ’t âlde, ’t Lân is dan mei-ien, Rounom Earnewâlde, Rimpen tîge grien. Dan sa’n aerdich hoartsje, Koen’ de fiskjes boartsje, Bûten ’t Wiid syn rân, Op ’t fordronken lân, Komm’ er dikke snoeken, Ek al pouns-skiere iel, Yn d’ útsette fûken, Foar in hearemiel.
Elk kin sile en roeije, Hjir yn Earnewâld, Yn de skipkes soeije, ’t Wetter is hjar wrâld. Mei ’t op ’t Wiid hwet spûkje, Net gau giet in hoekje, Fen it seil den del, Waeijen is gjin tel! Fiskje en fûkebreidsje, Dêr giet it dêrom, Mar fen ploeije en eidsje, Wit men der gjin krom!
Oer it wetter fleane, By hirdsylderij, Krimp dan jaen? né, nearne! Dat heart dêr net by! By sterk iis hirdride, Om it winnen stride! Prizen helje, man, Dêr wit men hjir fen. En de mînsken binne, Hjir sa bêst en gol; Giet men hjir ’ris hinne, Dat bikomt yen wol.
Skimerjoun