Chapter 2 of 3 · 3990 words · ~20 min read

Part 2

Nou ’t sa nei skimerjoun Al njonkenlytsen roun, Giet mei ’t ljocht fen ’e dei, Yet mennich oars ek wei. De moed dy giet er út, Stil wirdt men ta bislút, Gjin lûdens, gjin gerop, Wy binne sahwet op. Men swijt nou ljeaver ’ris, As dat men praetsk mear is. It lichem wol op ’t lêst, Nou stilte, fréde en rêst. Natúr, dy giet yen foar, Mei ’t ien sawol as ’t oar. Dy is de drokte ek sêd, It fûgelt giet op bêd, De sinne is al lang wei, It skimert yet hwet nei; En hiel de dei fen hjoed, Mei al syn goed en tsjoed, Dy litte w’ efter ús, Mar tinke yn ús klús, Ha’ wy ús sels goed ward? Hwet is dêr mei ús bard? Wy freegje ús sels ek nou, Yn d’ iensumheit ’ris ou, Is ’t aerdich, skiklyk gien? Ha wy ús plicht goed dien? Koe it mei hjoed der lâns? Waerd’n wy ek hwet mear mâns? Yn hwet yens plicht ús seit? To witen, ho ’t nou leit, Is wol hwet fen bilang, Hwent as wy ús gjin twang, Oplizze wolle net, Dan leau ’k net, dat men ’t redt, Ta echte betterskip, Dat jowt dan net in drip. ’t Is goed, dat w’ eltse joun, Us sels wer ’ris ha foun, Soks is foaral net kwea, Docht siker ús gjin skea.

De Blomkes

Nou, lytse blomkes! nou op bêd! Al binn’ jimm’ ’t bloeijen lang net sêd, It kin nou net mear lije; ’t Is mear as tiid, och leau my mar, Wy kinne ommers wol eltsjoar, Jimm’ scoen’ jimm’ nocht nea krije. To berntsjes, to myn ried „Hawar! To gau op bêd, dêr ’s gjin mear kar!”

De nachten wirde fierst to lang, Ik wie for jimme wier al bang, Dat it to let scoe wirde, Jimm’ boartsje as mar ien sinnestriel Yet laket, mei jimm’ read en giel; Al kinn’ jimm’ ’t deis wol hirde, To nacht pakt _ien_ jimm’ by de kiel, Biried jimm’ nou for strop en stiel!

Ik wit hy komt yet joun yn ’t lân, Hy sit al op ’e Easterrân, Mei ungedild to wachtsjen. Ik wit it goed, ik ha him met, Hwent jisterjoun wier hy hiel let, Mei ’n sniebui al oan ’t jachtsjen, Do ’t jimm’ al slepten, blomt en blêd, Hy wie sa rou! Wês wol biredt!

Bistopje mei ik jimm’ nou fêst, Ta ’n lange swiete winterrêst, Nou ’t jimm’ dit fen my hearre; ’k Ha blêdden, rûchte, strie en hea, Dat stopje ik jimme om ’e lea, Dêr scil k jimme yn biteare, Al-hiel-en-dal jimm’ teare lea, Dan is hy ’r ou, oars is ’t jimm’ dea!

Foldien

Foldien de rekk’ning mei de dei, It loek sa stadich nei de joun; De wirktiid mei syn drok gejeij, Hat op it lêst syn ein dochs foun. Wy stean’ nou stil en wachtsje ’ris, En tinke nei, ho ’t alles is.

Dêr is nou gjin ferhael mear op, Men kin gjin stap ek mear tobek, Dêr beldert om yens hals in strop, Dy bliûwt, al tiergje w’ ús ek gek. Dêr is hwet bard fen moarn ta joun, Dêr is hwet skript en underfoun.

Wy habb’ in swiere sylbeage oan, Dy twingt yen sa aloan tsjin ’t boarst; Wy fiele ’t by ús sels sa skoan, Elk fen ús, dat net oars it moast. Wy binn’ dêr en troch moatte w’ er, Dat kaem ús oer, ús allegear!

Al gyng it alles hjoed moai skoan, Hy sit ús danich yn ’e lea, It is in rek ek, sont de moarn, Yn ’t skrippen for it deistich brea; Is ’t wirk ek swier, de earm ek warch, Brea jowt it!—slomme sunder soarch!

De rekk’ning is foldien fen hjoed; Wy binn’ dêr troch—mei eare ek; Mar op is ek ús libbensmoed; En woen’ ek lang net graech tobek, Hjoed hâldde ús lang, lang op in bien, Dy lange dei is wer foldien.

Hwet tiid is ’t moaist?

As de bûterblommen bloeije, En de ljipkes dêroer soeije, Draeije om bar, dan heech, dan leech; ’t Ljurkje yn boppeloften heech, Altyd trochsjongt, noait oan-ein Yn ’t moai waer op Peaskesnein: Dan tsjûcht alles like bliid: Nou is ’t wol de moaiste tiid!

Pronket al it beamt’ mei blêdden, Steane op stânnen alle mêdden, Sjochst de wyn dêr sêft oer gean, Oer dat blomt yn bûnte klean; Hôf en tún, de finne bloeit! En it nôt by dagen groeit! Alles laket like bliid: Dan is ’t ek in moaije tiid!

Ja, dan sjogge wy s’ ek kommen, Yn wytrea de Pinksterblommen, Wylst sa moai troch hiel it gea, De appelbeammen steane blij-rea; Fol bûnt fé is ’t blommich lân, Foarlik stiet de rogge op ’t sân. Dy thús bliûwt ef giet fen honk, Sjocht men yn ’e Pinksterpronk.

En as wy hwet fierder binne, Sahwet om Sint-Jansdei hinne, Sjoch dan rûkt troch ’t hiele gea, ’t Fen it lekkre nijwoan hea! Hwet is ’t moai, sa’n simmerjoun, Ear de griene, waerme groun, Mei syn gêrs, syn nôt, syn blomt, Under wite dauwe komt!

Ho troch-myld binn’ dan de sigen, Dy ’t dêr boartsje troch de twigen, Fen ’e hege linebeam! Dat ’s de ljeave simmerdream, Dy ’t nou mei de skimerjoun, Fen ’e loft giet nei de groun. En strak seit tsjin al it blomt, Dat in moaije dei moarn komt.

Ja, dan jowt Natûr safolle, For it hert en for de holle, Dat min tinkt dêr dan oer nei, Hwer komt al dat moaije wei! Tankber wirdt it yen to moed, For al ’t moaije, for al ’t goed; En it each, dat skôge het, Slút him den for ’n stil gebet.

Gaesterlân yn ’t bigjin fen 1900

Gaesterlân, bosk en strân! Leechlân, marren, sân! Kippenburg en hearlyk Rys! ’t Hunnebed djip yn ’e groun, Net lang lyn by tafal foun, Lit ’t sa bliûwe—dat is wiis! Tink dêr om: ’t wirdt oars in griis.... Och fordústrewearje net, Hâldt _daelk_ op—oars is ’t to let!

’n Beam is net in poddestoel! For in beam, dy ’t ien’ris foel, Sjit gjin oaren yn _ien_ nacht Samar op ta ’n ikebosk, Under yn it klamme mosk; Dêrom! wês dêr op fordacht, Ear de bile djipper slacht, Dat _ien_ nacht en _hundert_ jier, Skille noch al aerdich fier.

Dêr is yen fen jongsôf leard: Dat men al hwet âld is—eart! Nou stiet dêr sa’n moaije iik, Jinsen o sa’n hege spjir, En sa’n kroeze iper hjir, Net _ien_ fen hjar is noch siik, Net _ien_, dêr ’t in tokke ôfbriek, Bjirken ljocht, yn folle fleur! Hânnen thús! foart mei ’t geseur!

Sjoch jimm’ dy kestanje net? Dy ’t in blommekroane op het? Sjoch dy boek! hwet is dy moai! ’t Giet er yen fen oer ’e lea.... Och! jimm’ wirk docht ús sa wea; Jimme dwaen hat miett’ noch roai, Nou men ’t sjocht yn simmertoai, En dochs unforskillich kâld, Dêrby bliûwt for hjar bihâld.

Wier! it aerdet gâns nei moard, Dingen dwaen fen dizze soart, Wrychtsjes! it roait wâl noch kant, Dat jimm’ sa’n oerdwealskens dwaen’, Jimme wirk moat fen ’e baen; Elts krijt sa oan jimme ’t land; Misskien wird’ jimm’ ’t lân útband, Lit dochs alles op syn sté, Smyt de bilen yn ’e sé.

Jimme krij’ oars sa’n partij, Dêrom—lit it hjir nou bij. Roei net út, mar plantsje oan; Fryslân is oars al sa keal, Hâldt dochs plak for finkje en geal! Set it yn ’e kranten moarn: „Gaesterlân wirdt net bidoarn! „Gaesterlân bliûwt ’t moaije lân, „Mei syn bosken oan syn strân!”

Moed hâlde

Maitiid, Simmer, Hjerst en Winter, Wikselje mar jimmer ou; Froast en snieflok, blom en flinter, Folgje elkoarren altyd gau; En ús lok-stjer skynt ek faek net, Bliûwt wol hiele jierren wei, Dat it ûnk ús pakt omraek yet, Op ús moaije simmerdei. Altyd it forstân dos brûke, Stil wêze as ’t nei ’t sin net wol, Oan ’e koartste sile lûke, Al wirdt ek ús miette fol! Moed hâlde! dêr moat it hinne, Moed forlieze jowt gjin pas, Kinn’ wy ea ús lot untrinne? ’t Makket dochs ús ûnk net los!

Hjerst

O, simmerdei Dy ’t strieljend wei Mei seine kaem fen boppen! Do ’t al dyn pronk, Tomiette ús blonk, Yn grien en blomt’, Troch fiere romt’, Koen’ wy hwerom dy roppe!

Nou sjenn’ wy ’t earst, En just op ’t klearst, Mei wémoed yn it herte, Ho moai do wiest, Nou stou wer giest’, Nou ’t wer is dien, Mei blomte en grien: Dyn skieden docht ús smerte!

Nou rûst net mear, Dyn amme tear, Oer ljeave blommeknopkes; Nou hâldt dyn wyn, Net mear him yn, As ’t blomtún hy Sims moat foarby, Reafall’ge blommekopkes!

Wy tochten nea, Dat al dat rea, En giel en wyt fen ’t blomte, Hjar bûnt en blau, Hjar pears sa gau, Fen tûke en ’t grien, Sa gau wier dien, Yn hiele wide romte.

Neitinken

Lit ús wille smeitsje, Lit ús sa it meitsje, Dat it oan ús net Selvers sitten het, Dat mei ûnk en lijen, Faek wy hien’ to krijen, Folle eigen skild! Ja in hiele bult, Ha wy ’t oan to witen, Dat wy hiele riten, Hast gjin wille ha. Wier! it leit faek sa.— Soks heart ta ’t forline, Seit men, as de pine, En it swier fortriet, Yen dan wer forliet. ’t Makket yen net fetter, Al wirdt men ek better, ’t Komt yen earst yn ’t sin, Mei in nij bigjin; Fen soks bliûwt in groede; ’t Greatst ten ’t tige tsjoede, Dat ús pleage omraek. En de nocht ús faek, Fierst to faek ûntnomd hat, En as it wer romt’ hat, Is ’t ynienen wei, Al ho swier ’t oars lei. En wy moatte ommers, Stees mar wer oan, sommes, Us der ynjaen ’ris, Hwerom dat sa is, Sa dat wy dan letter, En safolste better, Seagen, wer ’t fen kaem, Dat sa’n rin ’t hie naem,— As wy den net hirde, Troch dy slaggen wirde, ’t Jowt den alles neat, En it giet forkeard. Wolle wy net leare, Dat w’ ús ’ris omkeare Hwet it ús sims docht, Dan wie ’t om ’e nocht.

De earste Maitiidsdei

o, Earste sêfte Maitiidsdei! Ho nimst ús sa yn-ienen mei! Sa sunder ús to roppen, nei De earste maitiidswille! Ho stjûrst de flinters op ús ta, Dat hja yn-ienen for ús, sa Hjar wjukjespronk untditsen ha, Oer ’t blomt’ yn ’t roun forsjille!

Wy sjenn’, mar kinn’ dêr hast net by: Nou ’t Súdewyntsje, tear en lij, De flinterkes en ’t blomt op nij, Ut tek en skreef en herntsjes Al noege en rôp: kom, kom! to gau! De wyn is om, de loft is blau! ’t Is hege tiid, och kom dan nou! To! út jimm’ winterwentsjes!

Bûrum

Tsjep doarp mids fette klaei, Mei fé fen ’t bêste skaei, Men seit: ’t is Fryslâns fetste groun, Dy ’t op syn boaijem mar wirdt foun!

De bouwen binn’ dêr hast to swier, Foaral as ’t is in droechsum jier, Mar is it waer net al to fêst, Dan is it nôt dêr tige bêst.

It aerdet dêr nei Grinslân al, Mei Frysk petear is soks ’t gefal, Ja dûbbeld is ’t der Eastergea, Dat rint yn ’t Easten dêr krekt dea.

As doarp docht Bûrum ek fiks mei, Syn striette dat ’s in skienne wei, Dy bôget sa fen ’t West nei ’t East, Yn ’t Westen binn’ de hûzen ’t kreast!

Op ’t East is ’t lykwols ek goed gnap, Dêr docht men net in ink’le stap, Ef is ’t dêr skien, net better kin ’t, Men is it rounom sa net wend.

De flinke tsjerke en gnappe toer, Sjocht selst in ein fen Grinslân oer, De greate mounle pelt it koarn, En brekt en mealt mar altyd oan.

Twa tsjerken, beide sa as ’t heart, Twa skoallen dêr ’t de bern men leart, Dy binne sahwet op ’e ein, Struij’ ’t jonge sied yn ’t bernebrein.

De beammen wolle er net unfoech, As ’t lof him maitiids ier ûntjoech, Wylt ’t is noch tige tear en fyn, Dan lijt it fen ’e Noardewyn.

Yn Bûrum sit in knoarre jild, Hwer ’t oars sa mar fen sels forsjilt, Hjir bliûwt it stees en docht syn nut, Sadet dêr nea oer babb’le wirdt.

De Sé smiet Bûrum skatten lân, For ien sédyk mar yn ’e hân, It hat „’t Nij Krúslan”, foar ’e helt’, Yn letter ieuw dêr yet by teld!

Simmernocht

Yngrien ’t lân, fol blomt, Troch de hiele romt! Hiem en miede en finne, Blommen dêr-troch hinne, Hwent de maitiid is wer komd.

Moai waer dei oan dei! Alles waret mei! Alles kin men tille: ’t Is ien—alles wille; Al ’t ûnk is yn-ienen wei.

’t Beamt is ticht fen bled, En fen ier ta let, Sjongt it fûgelt tige, Ut ’e beammerige, Hwa dy ’t nou gjin wille het!

’t Hôf yn Pinksterpronk, Dat ús ta him wonk, Om yet eltse tûke, Us nei him woe lûke, Foar syn blossom-moai forsonk.

’t Sweltsje bouwt syn nêst, Under d’ oes deis fêst, Op it jiertal tritich, Fen it anker, flitich, Gint him súver nea gjin rêst.

’t Lyts kreas húske ticht! Liemswier, fearkelicht! Ho sy hjar dêr warre! Krekt as de earebarre, Heech dêr bopp’ hast út ’t gesicht.

Reabont, wît en brún, Floddert yn ’e tún, ’t Flinterke oer ’e strûken, Om ’e blommetûken, Ta hjar heechste wite krún!

Hundert eagen scoe ’k, Hawwe wolle, koe ’k, Al dy wille fetsje. Och! ’t is mar sa’n setsje, Dat sok moaijs yens eagen loek.

Túch en Blommen

Túch en blommen waeksje beide, Rounom troch inoar yn ’t gea. Blomkes moai selst oan ’e heide, Aerdich ljeaf yn poarperrea!

Túch meije al dy plantsjes hiette, Dy ’t gjin waerde oan sulver ha, Mar dochs roppe s’ ús tomiette, Dat s’ ek in bitsjutting ha’!

Kin men mar allinne libje, By it gêrs, dat bûter jowt? Scille wy mar rimpen kibje, As in man hwet blomkes bouwt?

Né! wy moatte mear as ite! Ien, Dy ’t blomkes en it nôt Beide makke, lûkt in rite, Us troch ’t Blomt nei heger Oard.

Yn April

Bûten is it nou to finen! Wier ’t yn lang gjin trewis dêr, Om ’e kâlde Noardewinen, Nou is ’t Maitiid! Maittiid wer! Ljeave herten: wite Wyfkes, Stiene dêr mei griene lyfkes Om ’e fine lea oan, prûs Yn ’e smoute fen it hûs. Nikke mei hjar lytse beltsjes, As de skelfink maltiidsteltsjes Op mesyk bringt boppe hjar, Krekt is ’t, ef forstean’ hja inoar!

Titelroazen, gouden sinnen! Peaskeblommen, rea, wyt, giel, Sjocht mei ’t bloeijen men bigjinnen; Bijkes ’r al oan ’t hunnichmiel. Protters kweelje ’r op de pannen, ’t Jongfé dounset yn ’e lânnen, Grienens leit oer ’t hiele gea, ’t Beamt tsjocht om ’e neak’ne lea, Stâltsjes, strûkjes oan en bledsjes; En wy sjenn’, mei lytse setsjes, Selst de alder-âldste stronk, Klaeijen him yn maitiidspronk.

Birgum

Wiide Ie en Birgermar, Rikke dêr de hân eltsoar, Hwer dan oan de Birgerdaem, Syn bigjin ’t moai Birgum naem. Birgum! ljeaflik boskryk oard, Dit foaral yn ’t hege Noard, Mei sa mennich kwekerij, Hwer ’t deldraegt krekt yn it lij! Sa ’s yn hiele Frieslân net, Moaijer min ’t wol nearne het! ’t Seit my hwet: der heart hwet ta, Dy ’t soks to biöard’rjen ha’!

Kom, bigjin w’ ús kuijer dêr Troch dy túnen, hinne en wer. Eltse stap lit nijs ús sjen: Moais fen fremde plantenbern, Ut Amerika, Japan, Afrika, wit ik er fen, Ut Australië kaem hwet; Elts brocht hjir syn planteskat, Heech fen ’t Noarden, djip fen ’t Súd, Amper alles wirdt hjir njút. Dy ’r in bytsje mear fen wit, Seit, dat net fensels soks giet.

Beammen, ’t blêdgoed as fen goud, Oan fremdsoartich ikenhout; Wer goud-ipers by de rûs, Rjucht fen stamme en ’t tûkwirk kroes; Boeken brún by ’t bonte blêd, Dêr in hiel park mei biset; All’gear fremdigheden, dy For de measten binne nij. En hwet oars net, hwerfen ’t skaed, Leit oer ieder slingerpaed; Alles ûnderhâlden gnap, Sjocht men daelk, by ieder stap!

Ris in blompark: knop en blom Kipet blier yn ’t grien rounom. Hjir Geraniums, Roazen dêr, ’n Nagelpark dêr jinsen wer; Neist it simmergoud en brún, ’t Yngrien fen in wintertún, Coniferen, Thuya’s, Din, Hwet men mar bitinke kin. En dan is dêr greate kar, Fen Reinett’ en Juttepar, En fen giele Zomeraagt, Dy ’t mei ’t earste jier al draegt.

Nou dat wier in lange tocht, Dy ’t ús nijs en nuttigs brocht. Nou sjenn’ w’ efkes oer ’e mar Blauw en wiid.... hwet in gefar, En ho’n seils by ’n inkle boat, Tjalken, jachtsjes, alle soart: Eastemar, dêr flak dwarsoer, Mei syn mounle en dûbble toer, En Samar komt yn it Súd Moai ta ’t hege beamgoed út, Dat dan as ien griene krâns, Ta Garyp de kym giet lâns.

Birger Nijstêd gean’ wy lâns, As foarbûrren gâns hwet mâns, Dan komt yn syn greatskens gauw, Birgum ’s toer en tsjerke nou, Stiet mei krúsfoarm yn syn pronk, Yet stiet hy dêr.... hwet ek sonk!.... Bleau hy fen it Kleaster oer, Mei syn Tsjerke—hy—de Toer. Fen de Twisken-Dykster-Streek Komt út „Bûtenrêst” de reek, Gean’ wy dat in eindsje om, Tepp’ w’ oan ’t poeltsje in „Lieseblom!”

Birgums mounle is bikend, Ieuwen is hy ’t mealen wend; Sjoch syn bréde sânwei lâns, Dêr stiet hy nou frij hwet mâns. Mar ho fremd is dit bitocht: Hjir de dead mids ’t libben brocht, Yn sa’n drokke herne in grêf, Past dat for it minsketsjêf? Fréde en swijen wol de dead; ’t Moat fen ’t libben dan mear neat; Nei dit libben swiete rêst, Fier fen drokte slept it bêst.

’n Slot mei ’n oanlech komt nou sa, Eart wy yet de bûrren ha’. Net to breed en net to nau, Sjenn’ wy rjuchtút him hiel ou. Sizze „Dei” by Tsjibbe Gearts, Yn it Frysk dêr fierwei ’t leardst! En nou troch nei ’t úterst West, Treffe ’t lykwols net mear bêst; Do dêr twa rige iken yet ’t Paed oerskaden, sa as net, Men jamk yn dizz’ omtrek foun, Dy bikend wiern’ fier yn ’t roun!

Och mei wémoed sjenn w’ er nei.... Hwet wie ’t do in moaije wei! Dochs is by ’t forstoarne grien, Altyd yet de poppestien! Birgum, dat just Birgum is Troch him—dêrom is it wis, Dat hy nea net giet forlern, Omdat al de Birger bern, Kamen allgear al den dei, Fen de Poppestien iens wei. ’t Birger bernekrijen is, Bliûwt hy dêr, al ridlik wis.

d’ Ikebeammen binn’ dêr wei, Slimmernôch—mar gean’ wy nei ’t Noarden út, dan libje w’ op, Dêr is bosk wer, beamtetrop! Ticht is ’t dêr—fen beamte fol; ’t Gealtsje komt dêr maitiids wol, Klysters hûsje ornaris dêr, Sjonge om Maeije allegear. Wetters blinke er klear en ljacht, Ut it grien fen beamtepracht, Skadich is it dêr en smout Twisken ’t kreil en opgeand hout.

Nei de Daem strak, krekt oars-om, Fiergesichten dan rounom. ’n Linebeam op ’t Markelân, Merkt men oan yens lofterhân, Tsjeppe hûzen, griene greid, Hwer in houtflot ’t plak ús seit, Dat dêr iens de „Poltrok” stie Dy ’t as houtmounl’ namme hie, Dochs draeit altyd dei oan dei, Oan de nije wetterwei, As syn broer út d’ âlde tiid, Parset d’ oalje nou út ’t sied.

Hjir stean’ wy dan op ’e Daem. ’t Plak wier altyd hwet fornaem. Simmers skipfeart en derby Den ljeafhabbers fiskerij. Hwet dat hjir in drokte jowt! Skippen, boaten, ef fen Ljouwert Dy fen Amsterdam—fen sins Binn’ op reis miskien nei Grins.— By sterk iis, ho’n winternocht, Dy ’t de Birgermar hjir brocht! ’t Moaijste plak yn Fryslân wis, Dat dêr oan it wetter is!

Dêr d’ Iikmounle fen alear! Docht de bast nou net mear sear. Seis en fjirtich kear sahwet, Slacht de koeken hy, sa ’t moat. Hjir waeit oan ’e wetterkant, It frij fen East- en Westekant. Lang forlyn hat hy forlern, Hy, syn broer, it twillingsbern, Dy ’t dêr by de âlde Daem, Sage mei syn dûbbel raem, ’t Is net oars: mar jammer is ’t, Dat men him dêr ek al mist.

’t Utsicht: ho ’t yens each yn ’t Wêst, Op safolle toeren rêst. Min sjocht midden Fryslân yn; Oer de Ie yn sinneskyn, Klear Sawâld rjuchts oan yens hân, Lofts Garyp yn beamterân, Warten lit syn toer yen sjen, ’t Greate Wergea amper. Hen! Dêr komt efter ’t beamgoed wei, Ljouwert selst op in heldre dei, Wettermounlen ha dêr ’t ryk: Hast neat sûnder mounle en dyk.

Sjocht min dan ris ta bislút, By moaij waer nei ’t Easten út, Dan jaen’ dochs wy wol de kar, Oan ’t gesicht oer Birgums Mar! Bosk-omseame leit syn blauw, Dan ’ris wiider, dan wer nauw, Hielendal for d’ eagen bleat, Ta de Skûlekboarger feart, Hweroer ’t Tilster mounlepear, Teant him heech en ljacht en klear, Oer it drokke skipgefar, Fen de greate Birgermar.

Omsjen

Dêr rize út yens hert sims tinzen, Sa mar fen selwer faken wei, Hja kamen fier fen oer ’e grinzen, Fen jister en fen hjoed de dei; Hja kamen fier fen wit hwa hwerre, De measten tige unforwacht, Hja kamen ús oer ’t mot by nacht, Hja wolle graech ús nocht bidjerre, En lykwols men kin dêr net foar; Hja komme binnen, lang net skrúten, Hja ha net tikke earst op ’e rúten, Net mei de klink rink’le oan ’e doar. Men moat ta d’ ein ta hjar oanhearre, En selwer mei men net oan ’t wird; Hja prate troch fen hwerre en dêrre, Men fielt ornaris hwet ’t bitsjut. Hja prate oer unfoldiene rekken, Dy ’t by yen al forgetten hiet, Mear komt dêr fen ús greate brekken, En hwet dêr mear yn ’t boekje stiet. Yet goed to meitsjen, o safolle! Hwet klear west moast al o sa lang! Wy lieten alles mar sa ’t rôlle, Wy wierne tsjin ús sels net strang; Men woe it graech by ’t âlde litte, In bulte omslach joech it faek, Dan scoe ’t op ’t lêst grif wol forjitte, Dy drokte waerd’ in hiele saek. ’t Is al fen kant nei dat men tochte, ’t Wier troch de lange tiid foldien. Sei, as men ’t yen tobinnen brochte, „Dêr is de strikel fêst oer gien.” O, alderlei forkearde dingen, Dy hie men sommers by de ein, Men sei en die sa faek dan ringen, Hwet better net wier _dien_ ef _sein_. Ho faek dat men yen dan net steurde, Oan sa’n mispaske, rimpen dien, Gjin amerij dêr iens om seurde, En dêr oer neitocht net iens hien’. Flokt hat men wol en kett’reminte, In oar to nei west yn yen praet, Wy joegen ’t wer mei dûbb’le rinte, In wize mûle: in _lange haet_. Wy ha ús eigen stâl forbûke, Troch ûnforskilligens en hwet, Nou moatt’ w’ in swiere sile lûke, En sizze: hwet ha’ wy in lot! Wy moasten omsjen nei al ’t jinge, Dat lang net yn ’e heak yet wier. Hja praetten earnstich, woen’ ús twinge, As men net nei hjar sin nou die, Dêr kamen ek al drigeminten, Us lot, ús Lok, dat hinge er oan, ’t Giet net allinne om ’e sinten, Men tinkt ek om ’e dei fen moarn, Om yens fetsoen en om yens eare, Men seit: host’ mûchlik dat ’t sa kaem? En moat it sa? hwer scil men keare, Nou ’t it sa’n kronkelwei krekt naem. Men fielt yen op sa’n stuit neat lekker, Hjir stiet it moatten foar ’e doar, Dêr wirdt yen sei: „wirdt mar goed wekker, „It jildt Jo sels, folstrekt gjin oar. „Men kaem om ’t Jo rjucht-út to sizzen, „Wy binn’ allinne dêr om kaem, „Ho dat de saek nou komt to lizzen, „De moite hat men dêr ta naem.” —Lêz op dan mar: ik moat wol heare, Ik kin de wierheit dochs net keare, En ikkerje, hwet ’k misdie, op: Ik krij in poarsje op ’e kop.—