Part 3
„Wy komme aerdich earst fen fierren, „Fen ôf Jo trije en tweintich jierren, „Do wiern’ Jo mounich—ta ’t forstân, „Nou stien’ Jo hast op ’t grêf syn rân, „’t Is tiid, ta omsjen wol to kommen, „Dyn skildbrief sprekt fen greate sommen, „’t Stiet mei dyn saken bare bryk, „o Jonge, ho wirdst dû wer lyk! „’t Bikrûpt my, dat ’k net ien’ris yette, „Myn goede rie koe hearre litte, „Dos skodsje d’ âlde minske ou, „Kear ta dy sels yn: ha birou! „In heale ieuw is al forstritsen, „En mei ’t forkearde hast net britsen, „Wist dû miskien, ho âld dû wirdst? ’k Bigryp net, host it langer hirdst’; „Foar ’t lêst is ’t, dat ik dy warskôgje! „En mei it nea Jo dan birouwje, „Dat Jy net nei my harken, Man! „Sjesa! nou witt’ Jy er alles fen!”
Dêr prate tsjin Jo, Jo gewisse, Jo kinn’ dy echte Frjeun net misse, Dy hâldt Jo mei syn fêste hân, —As Jo oan ’t wilewaeljen binne, —En op forkearde paden rinne, —As Jo taharkje—yn ’e bân!
Blom en Lok
Beide bloeije: Lok en Blommen; Habbe wol hwet fen eltsoar; Tagelyk sjocht men hjar kommen, Troch ien bui fordwine hja.
Tonger kin sa rimpen komme, Broeit sa ungemirken op, En de jouns leit al de blomme, Weiheilt mei hjar moaije knop.
Hwa scoe dat om middei sei ha? Do ’t de loft sa helder wier, Dat it ljeave blomke lei sa, En foarby wie wille en tier!
Minske, sa ’s Jo lot ek folle, Sa ’s it mei dit blomke gie, Dat de moarns hjar moaije holle, Yet sa blier opstitsen hie!
Moarns binn’ wy faek lokkich tige, Alles is dan licht en rom, Mar do ha w’ in tynge krige, Dy smiet it yn-ienen om.
Mar ien flater, dy ’t wy meitsje, Dan ’s faek al ús wille wei, O, dy kin sa tûk sims reitsje, Lok en Blomt, dy nimt hy mei!
Treast
’t Mei bare tsjuster lykje, As alles tsjin yen is, As alles raer giet, mis; Us frjeunen ús untwykje, Neat mei ús op mear ha’, Ja wis, ’t spant sommers sa, Dat wy dan hast biswykje.
Rjucht út dêr troch! gjin triennen; Nei rein komt sinneskyn, Dêr mar mei moed op yn. De smerten, dy ’t ús ’t dienen, Sjenn’ wy dan efternei, Dat oars ús paed net lei, En toant ús, hwa ’t wy wiernen!
Grou
Grou! ynmoai doarp, sa tsjep, sa skien, Sa’n echt Frysk doarp, soks fynt men tin. It winkt út allerfierste fierte, Sa frjeunlik ús al neijerby, Ef nou foart-earst—ef wer op nij, Us ’t Wolkom ansens sa scil hiette.
In diamant yn grien en blauw, Sá liket wol ús ienich Grou, Hwer ’t wimelt hast fen boat en skippen, Nêst boerepleatsen foars en frij, Elts mei syn wettermoulne erby, Yn troppen kij, as bûnte stippen.
En mids dat al stiet heech ús Grou. As boppest breed it tsjerkgebou. De toer echt-frysk nei d’ âlde moade; De trije mounlen heech en frij, Bring’ oan ’t gehiel ek hjarres by, Mei ’t hege beamt oan ’t moaije oarde.
Hjir ha de eagen tige kar: Yn ’t Súden blinkt de blauwe mar, Tomiette yen mei sulv’ren weagen; Nei ’t Westen krinkelt breed de Grou, Noard-op oer ’t fjild riist d’ Aldehou, Earst komt oer ’t Wiid de Bird foar d’ eagen.
Sa binn’ wy nou yn ’t rounte gien; In lytse rounreis ha wy dien. Mar scoene wy biskriûwe al ’t skiene, Al ’t moaijs sjen yn sa’n amerij, ’t Echt-fryske yn dy skilderij, Hwer eindsje? siz my, hwer bigjinne?
Gean ’ris in ljachte simmerdei, Yn ’t jachtsje oer ’e wetterwei, —Fen Noarden ôf—fen Earnewâlde, En stjûr dan nei de Grouster toer, De brede, kroeze wetters oer, Dan scil men Grou unthâlde!
Al hien’ de greate Broerren[1] net, As Bern dêr ’t earst de foetsjes set, —De Ljue, dy ’t Grou for alle ieuwen, Great-makken ta de heechste rom,— Dochs seach men oars nei Grou ek om: Syn moaijens wie dêr om to _bliûwen_.
Lykwols is Grou, is Grou troch hjar Yet greater Grou waen, selst de mar, —Tinkt yen—rûst ljeafliker, is blauwer; Hjar Heitehûs wirdt eare erom, Dêrom bloeit op hjar terp de blom, De finneblom by ’t maitiid gauwer.
[1] De Broerren Halbertsma
De Maitiid komt
De Maitiid komt mei grien en blomt, En allerhande fûgelsang; Natúr ûntdocht hjar fen ’e twang; De blêdsjes roppe: „jaen my romt!” Hwent sikerwier! de Maitiid komt, It is net oars, wy wierne bang, It dûrre ek in bytsje lang.”
Elts blomke flústert yn ’e greid: Foarop jimm’ bledsjes, to! derút! De wyntsjes waeye bol fen ’t Súd, Hark mar! swietlûdich troch it reid, Hwer ’t reidmoskje yn syn sangkje seit: „Kom mar, in gau en goed beslút, Kom bledsjes jimme mar foarút!”
Der komt in maitiidsbuike oan, Mei bûterdrippen by de rûs; Dy komme er oan mei sêft gesûs, Bytiid al yn ’e iere moarn. Dat is for ’t lytse krûd sa skoan.— Nou ’t dript fen ’t beamte en fen ’e oes, Brekt ’t earste blomke út syn klûs!
Hwet hie dêr mennich fûgelpear, Nei útsjoen dat sa fier ’t hast wier! Faek harke ho ’t it dochs wol stie, Mar altyd wie it, kear op kear, Gjin ien fen allegear wie klear; Gjin ien die ’t yet de tynge hie, Dat nou it selskip hinnegie.
De Eiber doarst net ienris yet, Lit stean fen ’t lytse fûgelgûd; Der gyng alhiel gjin ien fen foart; It Sweltsje hie ’r him net nei set, It Gealtsje wier lang net biredt; ’t Boumantsje net, dat ek mei moat: En nou waerd’ ’t wachtsjen yet sa koart!
Sjoch! op ’e hege skûrrenaed, Dêr stiet ús keningsfûgel nou! Sjocht fen syn hege prikkebou Oer hûs en lân, oer poelke en paed, En loert de minsken yn ’e kaert, Ef siket dobbe en sleaten ou, En wachtet klepprjend op ’e frou.
En mei him kaem it hiele boun, Him wipte Bouman op ’e stirt, It Sweltsje fleach allike hird En hat op ’t anker ’t nêst wer-foun, It sjongt en fluitet oer ’e groun, In sang, dy ’t Maitiidsnocht bitsjut, Men fielt nou, dat it Maitiid wirdt.
De Sinne laket bliid dat ta, En hiet de twirkes „sêfkes oan, „Dat Moaije moat my net bidoarn, „Fen sêfte koeltjes moatt’ hja ’t ha, „En sinneskyn, dat meij hja sa! „Tear binn’ de blomkes: neat gewoan, „Klûmsk ’t fûgelt: thús sa’n earste moarn!”
Sjoch! ho ’t nou alles him ûntjowt; Gjin inkeld beamke ef ’t wirdt grien, De maitiidspronk wirdt al oan dien, De pûskes rûke oan ’t wylgenhout, Gjin fûgel, dy ’t gjin nestjes bouwt, Gjin blomke dat net bloeit, gjin ien! Ho ’n minsken, dy ’t forlangst ek hien’!
Raerd
Jowt min yen ’ris op in paed, Om hwet moais fier ef neiby, —Wie ’t oars, ’t die my bare nij,— Ef men kaem al gau to Raerd.
Raerd is wûnder tsjep en skien, Min sjocht dêr by eltse stap, Neat as alles lyke gnap, Ef hie ’t stees to pronk mar stien.
Môlke, bûter, tsiis en fé, Ha oan sútrigens in mier, Dêrom is hjir minske en dier Skien, en alles op syn sté.
Ut ’e farwe gjin ien hûs. Yn ’e túnen ’t moai opredt, Nagelboskje en blommebed, Friskgrien en ta ûnderen kroes.
En giet men de bûrren út, Dan is ’t as in skilderij: Griene lânnen, fol mei kij, Nei it East en West en Súd.
Greate pleatsen skûlje smûk, Efter ’t iperen gerdyn; Dêrwei sjocht men ’t fjild fier yn, Troch in skut fen blêd en tûk’;
Sjocht men ho ’t yn ’t Westen stiet, Mei de loft, nou ’t buijich wirdt; Seit men: rint de Mounle ek hird? Ef dat it nou noch al giet.
Sa is it by Flansum om, Nei ’t Súd-Easten út fen Raerd, Dêr ’t nei Jinsum giet it paed: ’n Moaije wrâld yn it rounom!
Is it sahwet heldre loft, Sjocht men súdlik doarp en toer! Selst de Snitsermar dat oer, Ljachtblau yn it middeiskoft.
Dan rêst dy kant út yen each, By Tersoal in amerij; Oan ’e Súdkant, tichteby Leit „de Wieren,” del nei ’t Leech.
Lêz ús Halbertsma der oer. Lêz de „Wite Flokken” goed; Printsje djip dan yn it moed: Clare en hjar Jonkerbroer.
Dêr is al dat jinge bard, Dat men wol ûnthâlde kin: Plakjes nei en dierber yen; Dy ’t yen lizze nei oan ’t hert.
Draeije w’ op nou ’ris nei ’t Noard, Hwet is ’t dêr ynienen sêft! Hwet is ’t oer de kleare greft Dêr in smout en skadich oard![2]
Yngrien beamte swier en heech, Iper, Esk en Populier, Breed en foars ha hjir wol tier, Wirde beammen great en dreech!
En dat park mei Roazen dêr, Dy hjar soeije op ’e wyn, Pronkje yn ’e sinneskyn, Mei Geraniums jinsen wer.
Hiel de yndruk is fen Raerd, Dat it him sjen litte kin; Sokke plakken fynt men tin: Dat it gnap is sûnder praet.
En der binne hollen, hear! Dy ’t oan Letterkinde dwaen’, Dy dryst hjar op ’t paed kinn’ jaen, Sokke Mannen dêr in pear!
[2] Jongemastate.
Forlangst
As de Maitiid komt, Scill’ wy blomkes ploaitsje, Rea, pears en giel blomt, Scill’ wy siikje en teppe, Woll’ w’ ús tige reppe.
Lykje scoe ’t ús hwat, Om dan thús to bliûwen; Dan binn’ wy biredt, Dan moat elts syn tonge, Mei de fûgels sjonge!
Dan binn’ wy derby! Lit mar earst it ljurkje, Oer it blomt op nij, Lûd syn trillers hearre, Dan gien’ wy togearre!
Maitiidsjoun
Sêft komt de stille maitiidsjoun, Fen ’t gouden Westen wei; Myld strykt in wyntsje oer ’e groun, As lêste amme fen ’e dei, En seit elts blomke Goedenjoun!
Hja ha de hiele dei trochbloeid, En binne warch op ’t lêst; Hwet ha se hjoed mei ’t wyntsje djoeit! Nou foelen s’ yn ’e swiete rêst: It Súd hat hjar yn ’t sliepke soeit.—
De klyster song út fiere fiert’, For hjar syn widzeliet; En nou ’t hja sliepe sjongt hy yet, Troch hiel it gea syn jounsang giet, Mei hwa ’t gjin sjonger oars him miet.
Nou spraedt de bleke skimerjoun, Syn wollen tekkens út, Fen wite dauwe fier yn ’t roun, Bistoppet gêrske, blomt en sprút, Elts herntsje en hoekje fen ’e groun.
De stjerren kamen, ien foar ien, De jounstjer foarst, foarút. En sein’: sjesa! dat is goed dien, Wy weitsje erby yet ta bislút, Krekt as wy ’t sels bioard’re hien’.
Ho fredich leit dêr alles nou, Yn djippe slom en rêst, Stil under ’t hege himmelsblau! Gjin noed, gjin soargen en gjin lêst, Brekt foar in amerij soks ou.—
Aldjiersdei
Aldjiersdei! In begraff’nisdei! Nou lizze s’ yn ’e lêste siken, Dy bulte dagen, lange wiken, Hja stouden as de moude wei. Hwet like ’t foar ús útsjende eagen Dat nije Jier in skoft; fol moed Fen wâl w’ it skipke stekken seagen, It heugt ús as de dei fen hjoed!
Ien Jier ha’ wy mei him forkeard, In hiel jier, súver alle dagen; Hien’ sims fen him gâns to fordragen, Mar wiern’ faek sels ek bot forkeard. Ho faek gyng ’t ek net op in kreauwen! It spande omraek sims underweis! Wy krigen _alderlei_ to preauwen, En moasten mei, de hiele reis!
In hiel jier hawwe wy sa fearn, Faek wier it skouwen, inkeld silen, Mar faker bluistrich waer bywilen, En altyd wis oan ’t roer to stean. Mar as ’t stiif yn ’e wyn op moaste, As ’t dêr om gyng, dêr _oer_ ef _yn_, Dan _gyng_ ’t, mar ’t skipke krêke ef boarste ’t, En ’t joech him kroanjend yn de wyn.
Wy hawwe ús selskipsman nou hawn, Wy koen’ him oer gjin strieke lûke, Al wierne wy noch sa forbûke, Hy joech ús dêrom ’t folle wân. Wy habb’ er folts by sitte litten.... Hwa ’t oerbleauwn binne, sizze nou: „Breed hoege wy ’t net út to mietten, Net graech tobek, fen meet wer ou!”
Farwol dan, âlde farrensman! Farwol! dû hast ús heislik pleage, Leist’ om ús boarst in iz’ren beage, En hâldst’ ús wiken lang yn ’t span. Dochs woll’ wy as frjeunen fen dy skiede, Al giet it net fen herten just, En scille strak dyn tsjef biliede, Hwermei dû gled forgetten wirdst.
De Mounle
Sjoch ho moai de roeden swaeije, Fen de mounle troch de loft! Sunder rêste, sunder skoft; Al nei dat de koeltsjes waeije, Gean’ se hird ef staed’ger om, Altyd wer yn ’t wiid rounom.
Boppe pleats en alle skûrren, Hat hy breed de seijels spant; Ja hy set it yn ’e kant, Mei de toer syn hege mûrren. Op ’e bûrren sjocht hy del, Dy ’s by him alhiel gjin tel.
Kaem de wyn fen ’t Noarden jister, Nou fen ’t Súd—gjin falikant Hat de baes, hy ’s by-dêr-hand, Né, dat hindert him net bjuster, Dêrom jowt hy ’t wirk net oer, Draeit—sjocht ek nei ’t Súden oer
Opsjen nei syn heechheit dogge, Slotbiwenners—like goed As de lytse ljue, dy ’t hjoed Komme mei twa fiifkop rogge, Hy dêr oer to sizzen het, Ef hja ite scille ef net!
Hwent as hy it wirk ’ris stake, Sei: ik liz gjin seil dêr op, ’k Draei net nei de wyn myn kop, En om dreigeminten lake, Net _ien_ slach yn ’t roun dwaen woe, Siz ’ris, ho ’t dan komme scoe?
Nou! hwet scoene s’ om boltsjes roppe! En om bôle! ’t lûdst om brea! Ryk en earm fen hiel it gea, Scoe tsjin ’n mounledoar oanskoppe, As gjin moal to krijen wier, Omt de mounle stil mar stie!
Sjoch! hy kin dêr Kening hiette! Hast safier as men him sjocht, Yn syn wezen sljucht en rjucht, Dochs ynskiklik boppe wiette, Hwent hy freget dêr noait nei: „Wirdt dit brea for Klaes ef Kei?”
Hat hy mar de swiere sekken, Under op ’e mounleflier, Dan is ’t oare him gjin sier; Sjoch, in strop komt om hjar nekken, En nou yn ien amerij, Hat de stien hjar neijerby.
Krekt ef is ’t fensels—nou geane Ut ’e souders stikken wei, Slagge ta sa daelk dêrnei; Lit it rogge wêze ef beane: ’t Falt dan mar de mounler sa, Yn ’e earms fensels sa ta.
En de tûz’nen kerrels rolje, Twisken ’t swiere stiennenpear, En dy knipe hjar sa gear, Dat s’ as moal de sekken folje, Wylt de stien yn ’t rounte fljocht, ’t Bromt en ’t sjongt dat it hwet docht!
En dêr-boppe, ho ’t de redden Allegear drok yn ’e war, Ho ’t troch ’t kamwirk hja eltsjoar Neisette mei koarte tredden! Om hjar spilwirk geef en swier, Freeslik oan to sjen, sa wier!
Hwet dat snûrret, fljocht en sûzet! Ho ’t dat dounset, draeit en snjit! Sjen en hearren yen forgiet! Hark! noch slimmer ’t skûrt en sûzet, Nou ’t de tûzen poun swiere as, Rekke fen syn fang wer los!
Nou ’ris bûten! hwer de roeden, Gean’ mei foarsje foar yen lâns; Nou, dy lingten sizze gâns, Men hat yen dêrfor to hoeden, Dat dy sauntich foetten kreft, Yen net tsjin yens lichem treft!
Ho ’t it swypket om ’e hekken! Hwer de wyn de seils yntriûwt, By hjar hiele lingte opkliûwt. Sjoch hjar gong hjar nou útrekken! Nou ’r ’n dikke koelte kaem, Dy-’t flink ’t seil to pakken naem!
Krekt as brede earnewjukken, Bliûw’ s’ oan ’t sweven troch de loft! Laitsje om ’n dikke wolkenkloft, Al wirdt ’t waer ek tsjok bitrokken; Under—midden—boppelyn, Nimt hy ’r ou al nei de wyn.
Seit de wyn: „ik scil it witte,” Dan seit wer de mounler mar, Nea forslein: „ik jow jo kar, Raze jo sa boppe miette, Dan myn boerden allegear, Dêr mar út: dan bin ’k ek klear!
Wirdt de wyn dêr om bolstjûrich, Smyt hy ’t op in oare bûch, Wirdt hy kytlich ef unfoech, Wirdt hy bluistrich en oproerich, Ropt hy: ’k scil dy fine strak, As ’k dy by de lurven pak.”
„Dat is neat, dan gean ’k oan ’t kruijen, ’k Nim it lêste boerd dêrút, Kom dan op fen East ef Súd, Tonger- ef mei Noardske buijen, Sjit mei stoarm út nei ’t Noard-West, En doch dêr ’ris goed dyn bêst.”
„’k Wist, do hiest dat op ’e tonge,” As ’t do nei ’t Noard-Westen wolst, Raest do altyd op dyn holst; Och, dan gean ik mei myn jonge, Sjocht de Mounle dy lyk oan: En untklaeit him: rêst ta moarn.
Dan bist hwet bikaem fen ’t razen, En wer aerdich brûkber waen, Bist by nacht nei ’t Westen roan, Fris en swiet bigjinst to blazen En mei folle seijels dan, Giet de moulne yn ’t roun dêrfen!
Aldjiersjoun
In jier ha wy wer hawn, It hie ús oan ’e bân. It foel in bytsje ta, Al wier ’t ek sa ef sa. Wy woene him wol slite; ’t Wier al wer gâns in rite, Dat wy dy lange baen, It mei him hien’ to dwaen.
De minste wie hy net.— Hien’ wy dêr ús nei set, Dat hy gjin bêsten wie, En ’t goed nou for ús stie, Al wie ’t mar sa’n lyts krûmke— Hy kriget dochs in plûmke; Wy untsprongen mennich dâns, It koe dêr aerdich lâns.
Sa’n toalve moannen tiid, Is dat ’r ús skrippe liet, Wy moasten troch ’t kerwei, Hy seach ús sims ’ris nei, Ef w’ ek dêr ’ris útwounen, Hwerta w’ ús iens forbounen, Ef dat mei lek en brek, Foldienen oan ’t bistek.
Sa binn’ w’ er einliks kaem; It wirk waerd’ ús ôfnaem. Wy binn’ fen ’t jiergebou, Mei eare nou wer ou. Nou sjenn’ wy, hwer wy binne. En ha w’ ek hwet fortsjinne? Ef binn’ wy like fier, As by ’t bigjin fen ’t jier?
Dan ha w’ ús fêst net ward, Wy ha útjown en bard, Yn sa’n hiel lange tiid, Dy ’t nou wer fen ús giet. Seach dy ús sa wol skrippen? Sadat it swit mei drippen, Mei drippen op ’e groun, Us fen ’e troanje roun?
Ha wy ús bêst wol dien? Ha wy mei eltsenien, De frede en de rêst, Ta ús en allemansbêst, Ha wy dy goed biwarre? En ha wy fruchten garre? Dy ’t dûrje oer ’e tiid, Hwer neat forlern fen giet?
As men „Ja” sizze doar, Dan stiet it goed derfoar. Binn’ mei ’t Aldjier wy lyk, Dat spilet nou de wyk. Sa kin men frij-út sizze, Dêr kin niks swier ús lizze, De rekk’ning is foldien, En ’t is yet aerdich gien.
Underskie
Lit de blomkes rea ef blau, Pears ef bûnt ef poarper wêze: Dat stekt net sa bare nau, Mar dat ’s wier! sa tige gau, Kinn’ s’ ús troch hjar moaijs bilêze, Ha s’ ús al to pakken nomd: Dat is fen hjar moaijens komd!
Blommen op yens libbenswei? Ef dêr dy ek rjue wol binne? Och, wy sjenn’ dêr faek net nei; Ef wy gean’ hjar út ’e wei, Ef wy draeije er al om hinne; Né, wy sjenn’ hjar hast net oan, Binn’ hja noch sa moai en skoan.
Sunder blommen nearne nocht! As men hundert tûzen gounen, As it greatst ierdsk lok oansjocht, ’t Heechste lot yen dat ’ris brocht, o Sa’n skat w’ yn-ienen founen, Nou ik leau, ’t waerd ús to drok, Mei dat o sa greate lok.
Scoe men for yen selver net, Eang dan fen sa’n tynge wirde? As in joadsje út ’e stêd, Yen sa’n jild brocht, noch hiel let! Ik koe ’t, leau ’k, sa’n nacht pas hirde, ’k Wier dy hiele nacht lâns bang, O hwet waerd’ sa’n nacht dan lang!
Soargen, eangsten, folle noed, Scoene yen dy bankjes bringe! „O hwet hat dy man in goed!” Sei men—„mar gâns yn ’t gemoed! („Hy hat okkerdeis al hinge!) „Is it libben tige sêd, „Giet moarns om fiif ûre op bêd!”
Om syn jild krijt hy gjin rêst; Deis giet hy in hoartsje lizzen, Mar dan slept hy noch net fêst! Lykwols! hat hy ’t rom en bêst, Is it algemiene sizzen. Mar ik siz: gjin ink’le blom, Bloeit for him yn ’t hiel rounom.
Frede, sounens, rêst yn ’t moed, ’n Bytsje soargen, ’n bulte wille, Sliepe kinne sunder noed, Om it saneamd wrâldske goed; Dat men skoan yen lot kin tille: Blomkes, yn it libbensgea, Blau en pears en poarperrea!
Maitiidsmoarn
Ljachte blide maitiidsmoarn! ’t Sintsje yn ’t East as gouden kroan, Strielt sa warem oer hiel de ierde, Oer de yngriene fiere miede; ’t Ljurkje sjongt dêr ’t heechste liet, Wit fen nocht him hast gjin ried.
Boppe d’ earste bûterblom, Swaeit it liepke hieltiid om, Mei syn tummeljen en draeijen: Hwent dêr is syn nêst mei aijen. En de skriezen stappe heech, Troch it wetter fen it Leech.
’t Lytse poelke yn ’t djippe blau, Ropt syn weagjes wekker nou, Hwent de strieltsjes fen ’e sinne, Kypje oer syn reidtsjes hinne, En nou moatt’ se, al woll’ se net, Binn’ yn-ienen ek biredt.
’t Eintsje kaem nou gau fen ’t nêst, Siet hja oars ek tige bêst, Do ’t hja d’ earste waerme strielen, Fen ’e sinne kaem to fielen, Sylde ringen hja sa swiet, Troch it friske, kleare wiet.
Heech troch ’t blauwe fen ’e loft, Fart in gouden wolkenkloft, Foar ’t Noard-East syn sêfte sigen, Dy ’t dêr nou giet troch ’e twigen, Wylt fen ’t wylgenpûske-blomt, ’n Hunnichswiete azem komt.
Hearlik bist do, Maitiidsmoarn! O wy leauwe it tige skoan, Dat de blomkes iepen geane, Dat gjin fûgelkeeltsjes earne Swije kinne by sa’n nocht, Dy ’t Natúr alhiel trochtsjocht.