Chapter 1 of 4 · 3986 words · ~20 min read

Part 1

Frysce Wâldblomkes

troch Jan Ritskes Kloosterman

_fen Twijzel_

LJOUWT — J. K. ZEEHUIZEN & Co.

YNHALD.

Foarwird Kamperfoolje Neisimmer Lânscipsbyld Jounlânscip Simmerjoun Maitiidssnijntomoarn De Sé Ien moarn yn Maijemoarne Yn it Bosc Joun Boppe Fryslân By de IJn Natuergenot Tjoenen Yn de Bergen De earste Boer Sniestoarm Onwaer Maitiids Kearels ind Stumpers Reast Om Maeije Yn Maertmoarne Oan ’e Halbertsma’s By Nacht Snijnneimiddei Jountiid Whear ik fen hâld It Ljurkje Minscegreatens Libbenskracht Jagerslijen Simmermoarn Spoekerije Myn Berneplaets Hirdryderije Yn Aprilmoanne Fryslâns Rom By ’t Fiuwr Myn Heitelân Thues Lekker Guod Nije Moden Ynoarder Fryslâns Wâlden Winterdei Lette Hearst Nijerwetsce Boeren God ind de Natuer Simmerjoun Krystiid Feberwaeriswaer Daege Tsjin Oafstekkers

FOARWIRD.

Net folle ha ik to siszen: myn stikjes binne allegearre suewer oarspronkelyk. Ik ha se speld dat se eak leazen wirde kinne, altyd folgens myn mieninch; dat ien ind ’t selde wird net altyd gelyk speld is, dat hoecht gjin ien my to forwyten, whant da wyt ik wol. Nou ha ik sei, what ik to siszen hie, hjiromtrint.

TWYZEL, Augustus 1883.

J. R. KLOOSTERMAN.

KAMPERFOOLJE

Sa de kamperfoolje klieuwt, Om de âlde iekestamme, Dy syn hert oan harres trieuwt: Ja, sa innich leaf myn Fryslân, Ha ’k dy Lân fen greate namme!

Ind hja makket jong ind moai, Him de sterke, sy de swakke, Him mei grien ind blommetooi; Him dy troch him moaijer, sterker, Har de teare ind lytse makke.

Ja, myn Fryslân, koe ’k eak sa, Mocht myn swakke poginch tsjinje, Mocht ’k iens de foldoeninch ha Dat myn sei dat ik dy leaf hie, Sa as ’k yn myn hert dy minje.

NEISIMMER

It waer wirdt koelder, minder hjit nou, Nou is ’t yn oafgean fen ’e tiid; Natuer dy laket daechlyks minder, Noch ’n inkle kear, weamoedig bliid.

Whear oars de folle ieren bruwsden, Dat ’t eech mei wolgefollen seach, Whear mei ’n onijndichheit fen tinten, Ien sinneblinkje oer hinne teach;

Niks mear fen soks, gjin inkeld holmke. It fjild is leech, onhueslyk leech; It twaspan gjit mar alle dagen Dearop, ind swart is ’t mei ien feech.

Ik ha myn nocht om dear to kuyrjen, Ik my de leeche deadscens dear; Ik sykje onder iik ind boeken, De daer forlerne simmer whear.

Ind dear formeitse ik my noch tige; Dear ha ik nocht oan frucht ind grien; Dear libbet noch Natuer yn staetsje; Dear heth de simmer noch net dien.

De koetsebeyen hingje yn troppen, As wier ’t ien reade druewetros, Ien keppel bloedkoralen lykje ’t, Sa tige yn folle reade blos.

Ind what forsceidenheit fen tinten; What rykdom wol fen kleur ind glâns: Ien fjild fen goudgiil ynne fjirte, Fen ljacht oranje oan de yketrâns!

Dear ien party, dy swymt nei ’t bruene, Troch ’n griene bledsjetrop oafset! Ind whear ien oar plak dat noch ’t folle It friske simmergriene heth.

Ind den dy lije wearme loftstroom, Dy swietsjes uet it sueden komt, Ind saeft as wier ’t mei donsen wjokken, Ien groete bringt fen ’t least geblomt!

Leauw mar, dat ik dear wille smeitsje! ’t Is yn myn hert ien sinneblink, Fen echte freuchde ind ’k ha genot noch, Sa faek as ik dear noch oan think.

LANSCIPSBYLD

Hearlyk Natuer dear! Whear de wetterfal, Neast de oerâlde iik, Yn ’t iensomme wâld, Har ieniche pracht Ruysdael’s pinseel mar, Wirdich ’t oafbeelden— Oan de forbaesde Blikken ten toon spraedt, Wheryn al de kleur, Fen edelgestjint, To libjen bejint, Fen ljacht bejint it Straelen to sjitten: Wirdt as yn ienen ’n Weareld fen kleur.

Whear op syn klippiche Oewer de dinnen, Wuefjend de tokken, Wiid litte soeije— Whear ’t donsich mosckleed, Yn griene franjes, Heech fen ’e kanten, Ta ’t dounsjend wetter— Yn breede plooijen, Weidsc dear delhinget, As wier ’t Natuer ’t net— Nooit net to folle— Weast, om dit scouspul, Riik oan to lidzen;— ’t Scoemet ind bruwset, ’t Klettert ind flonkert: ’n Hearlyk gehiel!

Prachtich gesicht dear! Lichte ind heuwel Golfjend fen segen! Sa fier as ’t eech rikt, Baeret de rogge, Yn ’t frisc noard-oasten— Hjir yn partijen, Jaechet it wyntsje, Ien keppel ieren, Ta ponkere troppen; Ind whear dear jinsen, Soeit it sa stadich, As waerd it widse— Wylst ljacht de middei, Fen de onbewolkte Simmersce himmel Him dear oerspraedt.

Ind oer it bosc dear, ’n Sé fol fen tinten! Sjoch ho de wyn nou Djip yn dy boenen Woelt, ind op syde Wolken fen bledden, Sa mar yn ienen Strykt, ind it binnenst Fen it forbarch’ne, Foar ’t gesicht bleatleit! Sjoch ho de wylch dear— Dy oppe romte, Dear sa allinne, Yn stille oafsondrinch, Mei syn ljachtgriene Bledsjes fen sulwer— Waeit ynne wyn!

Aerdich leit ’t doarpke, Yn ’t heuwlyk lânscip, Tsjin de hellinch oan, Mei syn lyst toerke, Dat it blou spitske, Leech boppe de iiken, Die ’t tjerkhoaf scaedje— Uetstekt mar wijnich! ’n Tropke fen ypren, Steane om ’t doarpsplijn Dear fiourkantich, Whear tuscen ’t bledguod, Op bloue pannen, ’t Sinneljocht flonkert, Hast eechforblynend, Mei scrille ljachten, Heeltiid mar whear.

De ald standermoune, Stjit op syn sânberch, (Ieuwen stie hy dear) Stewich to draeijen, Klear tsjin de aftergroun— Mei folle seijels Djip ynne hekken, Deldrukt troch ’t waeijen— Lit mar it radwerk, Snorje ind soesje; Lit mar de rogstiin, Sjongend de kerrels, Brekke yn stikken— Wylst mar de roeden, Boartsjend de poesten, Opfange op ’t hekwirk, Mar onforpoosd.

Oer bruene heide— Whear fen ’e kymen, Ta heuweltoppen, Saeft de groun opriist— Dekt de horizon, Donker boscaadje Whear fen min net wit, Whear soks mei lidze. Ind ’t scerpe wyte, Fen heeche sânduen, Blinkt ljocht yn de eechen, Uet fiere fjirte, Jin yn ’e mjitte, Alles by ien nomd: Ien stik fol hearlyks Fol fen oafwikslinch: Natuerpoëzy!

JOUNLANSCIP

Sjoch de yn jounscyn wyte breage, Oer ’n troch bosc ynslueten feart, Whear lâns donkre aftergroun him, Wei ind feart nei ’t oasten keart, Mei ien scerpe bochte yn ienen. ’n Kokerwettermoune stjit, Ynne simmerreast to blinken, Dy sont moarne Maert net gjit, Oppe lâns kant fen it wetter; Heth it oast, ind weast, ind sued Mar allinne frije wynen; Wylst boscaedje ’t noard oafsluet. Ind neast him yn ’t kleare wetter, Spegelt hij him ljacht ind klear, Krekt oars om mei kop en roeden, Alles yn syn hear ind fear. Ind ’t âld hynder luwkt it trekscip, Rint uet ’n sueteldrafke wei;— Oer it bosc leit ’t saefte scynsel, By it oafgean fen ’e dei. Ind op ’t wetter leit gjin rimpel; Ind gjin sychen roert de loft; Luwd ind foars klinkt uet de iiken; Tjott’rjen fen ien protterskloft. Om ’e hoeke komt ien scipke, ’t Seiltsje wyt, it fokje bruen, Mei syn meast ind seil net heecher As de leechste bjeamekruen.— Suenich lâns de wei to kuyrjen, Gjit drok praetend ’t alde pear, Sommes luwder, soms heal fluestrjend, Oer ’e tyden fen alear. Oer ’t gehiel ien waes fen frede! Alles stillens, whear ik tuer, Hearlyk simmereagenblikje; ’n Saefte jounblik fen Natuer!

SIMMERJOUN

After wolken wei, brekt ’t leaste ljocht, Dat de ald wettermoune, yn ’t buwtlân, Tsjin de donkre oasterloft oan, blinken docht.

Fier ou, tuscen ljachte marren yn, Oen ’e kymen, yn forlerne fjirte, Blinkt it wyte tsjerkje noch yn sinnescyn.

Nei de jounkant ta, leit oer de kruen, Fen ’e ypren, dear de plaets yn scoelet, Tear ind saeft ind leafelyk ien jounlyk bruen.

Ind ik sjoch dat alles dear yn ’t roun: ’k Sjoch de beesten op ’e terp dear weidsjen, Helder, ljocht ind klear tsjin donkre aftergroun.

Scjippewolkjes drieuwe yn de loft, Ind dear faert mei goud oafset, de kymen Saeft ind steatich lâns, ien bloue wolkenkloft.

Ik blieu yn bewondering forsonken. ’t Ljocht, Gjit yn ienen wei oer ’t fjild, as fleach it, Sa dat min yn ienen alles oars whear sjocht.

Oare kleuren, oare toanen; koel Leit it landscip dear nou, donker kleurloos, Wekt yn ’t hart op iens sa’n errenstich gefoel.

Dear is ’t ljocht whearom, sinnescyn, ’k stean As verrukt, ta ’t duwkt yn ’t bead fen rozen, Ta it prachtig jountoniel, ’t sinn’ondergean.

MAITIIDSSNIJNTOMOARN

Ja, nou is ’t sabbath yn Natuer! Uet rozewolken brekt ’e sinne, En hinget om; It lytse gearske, om tokje ind blom, Ien hiele scat juwielen hinne, Dy bern fen ’t ljocht, (Ien sé fen pracht) Foar ’t moarnfeest berne binne.

Ja ienich is sa’n moarntoniel: It liit fen tuwsen fuwchelstemmen, Onsjeanber heech, As under blom, ind griin omleech, As whear yn ’t lof fen tichte bjemmen, Is ien pasolm, Ien huldegolm, Ta ear fen ’s Sceppers greatens.

Ind hiel it appelhoaf stjit wyt: It is, as wier ’t ien kleurich lekken, It roekt sa swiet, Sa hunnichswiit, fen wiid ind siid; De bykes sjocht min ’t fjild ynstekken, Yn ’n spjirbeam koert, De houdou luwd Yn d’ iiken scottert d’ ekster.

De huesman kuiert troch syn tuen, Hy sjocht nei ’t hakjen fen ’e ikker; Roekt nei de kears Har blossemswiit, as tept yn ’t gears, Ien hynsteblom; de fuwchelscrikker Stjit by dy pracht, Mar trou op wacht By ’t bertsje jertepuwlen.

De jongens gean mei pols ind stok, t’ Aisykjen nei de âlde mieden, Mei ’n hert fol moed, Om ’n bult to fynen; klear ind luwd Bijint de tsjerkeklok to liiden, Ind, fen ronom, Ropt ’t dringend, kom! God yn sa’n moarn to earen.

DE SÉ

Dear sciedt him ’t wiite ind it droeche; De wett’ren hjir en dear it lân; So teuchelleas dy greate flakte, Hie heeche Scepper Almachts hân, Bigean mei minscelyke swakte, Har feastlei net mei stranche bân. Ind whear hja de oewer mei hjar golwen Bespiilt, ho hearlyk is it dear, As saeft hja op it strân har brekke, Mei mylioenen tongen luwd, Gods lof hja sjonge, prysje, sprekke, Dy ’t yn ien lofpsalm God wirdt stjuwrt. Nou is it as de lieu, dy reastich, Yn ’t leecher dear to sliepen leit, Mar sjoch ris as ’t ontboeid noard-westen, Opsteapelt ’t wetter ta de loft, Ind den whear leech wirdt, dat de festen Fen de ierde dreune as it delploft. Wha fiilt him den net swak net niitich! What is ien minscewil ind kracht! Yn hiel natuer is God to merken, Forsteanber whear ien suchtsje ruwst, Op koeltsjes bringende oasterflerken, Ind whear de orkaen yn fleachen bruwst.

IEN MOARN YN MAYEMOARNE

Boerkerije, boerkerije, Is de rom van Fryslâns groun; Bij dat libben ha de frije Friezen, har sa beast bifoun. Ier fen ’t bead; hast foar de dage, As Natuer noch swiitsjes slept, As oars noch gjin ien him rept, Dan de melkebisten jage Uet de swiete nachtreast wei, Saechtsjes nei de jister mei.

Ind den gjit it op ien struwsjen, Fen ’e boom to d’ amersrân; ’k Hear de dikke speten bruwsjen: ’t Sulwer uet it Frysce lân. Wylst min hjir ind daer ien tsjerne, Horich uet ’e omtrek wei, As de wekker fen ’e dei, Fierou bonsjen heare kenne: Dat ’e groun dear hast fen dreunt, Ind it byntwirk er fen kreunt.

Heecher, heecher, komt ’e sinne; Ind by ’t sjongen fen ’e ljurk, Tsjocht nou nei de bouw ind finne, Ieder man mei flijt oan ’t wirk. De iene ploeget, d’ oare eidet, Yn it molle droeche lân, Wirdt ’t sied struit troch sjidders hân; Oaren gean to kei forweidsen, As ja ierdsje oppe acht Fen d’ oanfoerde modderfracht.

Ind uet fiere, fiere fjirte, Klinkt it troch ’e stille moarn, ’n Oarlochskreet tsjin tuech ind kjitte Luwd ind scel de wjusterhoarn. Dy de hiele wyde heide— Nei de jonge flaexen ta, Dy al laest fen fyter ha— ’n Wjusterleecher scil geleide: Legertje fen greater nut, Dan it mei it greate wirdt.

YN IT BOSC

O great ind hearlyk prachtwirk, Fen Sceppers greate macht, Dy jimmer elke maitiid, Mei tuwsenhande pracht, De greate pronk whear oansjocht, De griene maitiidsdracht.

O fen Natuer great pronkstik! Dat net fen moarmerstien, Mei deade pylders, bouwd is: Mar dat fen libjend grien, Is opbouwd, ta ien timpel; Mar dat gjin minsc heth dien.

Forhewendom, mei ’n koepel!— Wol tuwsenen yn tal, Fen pylders ind fen suelen, Draeche op har scouders ’t al, Whear libjend lofwirk boppe; De romte siert oeral!

Whear tros ind blom ind bledwirk, De hiele suelengong, Onsjeanber lang, de romte Biklaeid stees, iewich jong; Ind whear ien hillich donker, Saeft troch ’e koepel drong.

Whear ’t gehijmsinnich ruwsjen, Dear boppe, boppe omheech, Troch hiel de romte fluestert, Dat steatich gjit syn weech, As wiernen geestenstimmen, Dy daelden nei omleech.

Dear heth Natuer har timpel. Dear gjit Natuer har stim Mei djippe learing jimmer, Wolsprekkend ind mei klim, Ta Bouwheers eare hinne Ind preket luwd fen him!

JOUN BOPPE

Ruwch syn foet, mei mosc in njirrekruwd, Tsjoc omwoeksen, op syn gleade stamme klappert, Ynne noardewyn, tsjin bloue loft oan, luwd, ’t Bledguod fen ’e heeche waeibeam, ruwst ind wappert.

Ind de swaerte roek sit yn ’e top; Lit yn ’t luchtich heech paleis har widsje ind roeije; Sit dear reastich, waeit de stoarm eak om har kop, Lit har mar yn ’t neast mei wolle fuorre, soeije.

Yn d’ yn alde tiid uetbagchle poel, Leit it wylde ijnepear op ’t ruwch to slobrjen, Bloue stinsen huwsje dear mei luwd gegoel, Mantsje ind wiifke markol lit’ har swïetsjes dobb’rje.

’n Pear ielreachers gean ’t noard-oasten ta, Nei do greate Boscplaets hinne, achter Kollum. Strielen dy de wolkenrân forgulden ha, Kleurje ljachtgriin op ’e groun de roggehollum.

Keppels kaenen fleane om d’ alde toer, Sa min dat om fiour, as fiif, as seizen, folle, Heth by simmerjountiid, protters fleane oer Greiden ind de bou, jin snorjend om ’e holle.

Jonich wirdt it nou, ’t forsciit krimpt wei, Flaauwer wirdt de wyn, dear yn ’e ieketokken, Strak ruwst noch it leaste suchtsje fen ’e dei, Ind de nacht spreidt oer de ierde swarte wjokken.

FRYSLAN

Ja Fryslân, lân fen alde namme, Ien leaste tokke op de alde stamme, Fen de alde foarse iekebeam! De Schelde in Eider wier dyn seam: Dat al ien folk fen frye Friezen Ind machtich, great ind moedich, ryk! Fen fryens haldend, tagelyk.

Whear is dyn wearga ea to fynen? Gean sykjen nei de fiouwer wynen, Dyn wearga fyn ik nearchens net. What mennich lân oan beastens heth: Ik fiel my feastboun oan myn Fryslân, Mei onforbreakb’re feaste bân: Whant Fryslân is myn Heitelân.

Ja Fryslân ha ik altyd pryze; Ik scoe de fremdling dear op wyze, Op al it moaye fen dy groun. Ik leadde him dat hiel yn ’t roun! Ik sei: hjir is de frijens berne, Hjir wier hy mei de Fryzen ien: Hy siet har djip yn mark ind biin.

BY DE IJN

Whear is it doch as dear wol moaijer As yn Natuer har wonderryk! Whear is de kunst, ho eak foreed’le, Yn fiere fjirt’ har mar gelyk? Ik boech fol earbiid, graech myn knibbels, Foar ’s Scepper’s noait folprezen wirk; ’k Sjoch d’ Almacht yn de sinne, yn ’t gearske; ’k Hear God yn tongerslaech, ind ljurk. Ind as disse ierde net mear rollet, As disse ues woonplaets net mear is. As yn de nacht fen folchende ieuwen, Dit plak fornytige is for wis. As ’t plakje ierde, ’t niiich stofje, Dear wy it al binei yn sjean, Har oplost ta ien oare foarrem, Whaeruet gjin minscelyk each har kin. Dan scil de lof fen God nei swije: Misscien klinkt heecher lofpasolm, Uet ryner boarst fen heecher tonge, De Heechste daer, dan ’n huldegolm.

NATUERGENOT

Dat neam ik nocht ind wille, Dat jin doch nooit fortret, Dat echte, wiere, stille Genoegens foar jin heth.

Natuergenot! myn sinnen, Binn’ opgelost yn dat! Gean ik dy wereld binnen ’k Forheuch my yn myn lot.

Ik sjoch mei stille blydens, It boscich lânscap oer; Myn eech gjit oer de wydens, Fen ’t fjild fen toer ta toer.

Ik sjoch it spultsje yn ’t tropke Grien bleadguod, spjir ind flear, Wherr ’t oelboerdhoantsje ’t kopke, Boppe uetstekt, hast net mear.

Ik sjoch de heeche flappe, Whear ’t weaste sintsje op scynt, Dat oppe mounekappe, Dearneast eak ’n reastpunt fynt.

’k Sjoch ’n beamparty, heech troppich. It hiele sued yn ’t roun De loft gleaun-tongerkoppich, Mei blou-swarte achtergroun.

’k Hear tuwsen stimmen klinken, Fen libben yn ’t ronom; ’k Sjoch tuwsen fingers winken, Ta ’s Heechstens lof ind rom.

’k Forjit ind tiid ind uwre; Mei ’t jounklokje eak sa luwd, Har stimke my ta stjuure, Ta leaste oafscheidsgroet.

De wylchen stean to waeyen, Saeft omme miidhuwstuen; De mounen saeft to draeyen, Mei seiels, wyt ind bruen.

’k Scoe yn ’t readpannich hueske, Dat yn it grien har duwkt, Whear griin ind blommestrueske, Sa kroederich swiet ruwkt;

Whear kamperfoolje stringelt, Om koets ind bjirk ind iik, Ind blossemwyt har mingelt, Mei aepel, par ind kriik.

Whear oen ’e kant fen ’t noarden, It tsjokke onderhout, Om hiel it hiem har boarden, Ien tichte mantel bouwt.

Whear de appelbeam har tokken, Gjin kroeplebeam mar ien, Sa as alear, it sokken, Hast allegaerre wiern,

Fier oer de romte utspraedt, Sa’n beaste bellefleur, Noch nei dy âlden uetscaedt, Swiit-suwr ind fol fen geur.

Whear hazzenuet ind proemen, Oerfloedich groeije yn ’t wild, Swierstammich, alde kroemen, Yn ’t hoaf; sa smout ind myld,

Dear scoe ik wenje wolle, Myn hiele libben lang; Dear toefde ik lang ind folle, By maitiids-fuwchelsang,

Op d’ âlde deade stobbe, Struwellen dearom ta, Whear wyntsjes oer de dobbe Uet ’t sued frij tagong ha;

Dear scoe ’k op reste wolle, Forgetten fen ’e wrâld, Gjin soarchen ynne holle, Ind stadich wei sa âld.

TJOENEN

As alear it bern sa tsjirme, Ind min alles der oan die; Dokters ind prefesters helle, Alle middels oanwend hie, Alles, alles hie bitocht, Alles, alles omme nocht, Alle riid jin joun ta beste, Ind min hopeleas ta leaste!

Sisz, whear mei de kwael doch sitte? Whear mei de oarsaek weaze er fen? Whear mat min de kwael doch sykje? Whaer ien uetkomst fyne den? Is it oars eak what misscien, Dat it hert soks heth oandien? ’k Miende dat ik fluestrjen hearde, Dat it wirk is fen ’e kweade.

What jou sidze, what jou sidze! ’t Kin net miste, dear sit it! Dear is net mear mei to dwaen nou, Goed, ja goed, dat ik dat wit. ’t Keaszen los, wy scil ris sjean.... Och dat earme, earme bern! ’k Doar myn eagen net bitroue! Scoe min dear net fen bisoue?

Kraens hy kraens, ien hiele wronge, Dat kom net yn ienen mar; Daerta wier ien greate tsjoenter, Mei har baes tige ynne war. Wha is fen dat spul de man, Wha is dear de dieder fen? Heth ’t âldwiif dear fen ’e hoeke, Eak misscien foar tsjoenster spoeke?

Daer, daer slaegche jou de spyker, Oppe kop myn goede freun! ’k Ha sels sjoen ho d’ âlde hekse, ’t Berntsje lekker guod tatreuwn. Ind nou sjoch ik, dei oan dei, ’n Swarte kater oer ’e wei, Ylinchs troch ’e hachen kruwpen, Ind troch doar ind feenster sluwpen.

Hja is yn ien kat foroare, De alde hekse dy ik sei, ’n Echte dochter fen koarthakke! Ind dat sjoent mar altiid wei. Ind dear is gjin ried mear ta, As dy boaze mat wy ha: Dy mat boppe ’t fiur ind siide Ind ta fyne jiske briide.

’k Die myn beast om him to fangen, Mar dear is gjin thinken oan. Sannen ien, dy is onkweatsber, Dat ha ik foar goed bifoun. Dus dear is gjin praet mear fen, En dearom nei wyzer man! Dy what djipper ynne dingen, Fen dy soarte wit to dringen.

Dearom riid ik nei Feanwâlden! Nei Sierdkoeper, dy wit mear, (Hark ris, ’t moetske net forjitte!) Dy wit thues, allyke klear, As wy hjir, de hiele saek. ’t Is ien man, ien man omraek. Dy scil jimme ’t foaroaf sisze. Alles jimme ’t earst uetlisze.

Mar Sierdkoeper is wol wyzer, Dy syn geest blonk as ien ljocht, Oer it Oastergeasche tsjuster, Whant baes Sierd hie undersocht Ind hy wiste as ’t bern sa kriit, Whear de leave stumper ’t siit. As koe hy foaruet ek sisze, Whear ’t mei ’t bern misscien koe lisze.

As moast hy eak earst ien moetske, Fen de lytse poppe sjean, Jit hy ried ind middel wiste, Foar it lytse syke bern.... Whear ien dokter stom foar stjit, Wist Sierdkoeper whaer it sit. Wist fen bern mear as doctoren, Fen har kwael as professoren.

YN DE BERGEN

Ja dat! dat is fen sels: Op Rolandseck ind Drachenfels, Is ’t moai, is ’t owergewen moai, Sa moai, dat hath gjin mjitt’ noch roai: It lit him net bescrieuwe. Ind weachet immen him dear oan, To scilderjen dat hearlyk scoan: ’t Scil under wirklykheit fier blieuwe.

Ja wol, ja bergen bint! Ind wha Natuer mar ’n bytsje mint, Dy tsjoch dear hinne toefje dear Ind gean whear foart ind kom dear whear Om whear genot to smeitsjen; Gean hiel it Sângebergte troch, Op Oelberg, Löwenberg ind sjoch Har kop de leech’re wolken reitsjen!

Dear boude hjar Natuer ien tuen; Hja bouden er bergen yn, ind ’t puen Fen Heisterbach, dat stjit noch pal Foar stoarmen, yn it stille dal. Ind den de Ryn nei ondren, Ind Godesberg, dat pronket dear, Ind Nonnenwerth, dear jinsen whear; ’t Gehiel ien tafereel fol wond’ren.

DE EARSTE BOER

Adam wier de earste boer, Ind syn Eva ’t earst boerinne; ’t Wier do syker net sa’n toer, Whant hja wierne boer allinne. Kom er is ien plaets to hier, Den wier ’t krijen net sa swier, By gesloten brjifkes, waer Nooit forhierd ien, minder kar, Hie sadwaende de forhierder, Want dear wier mar ’n inkle bierder. Gjin condytsjes wierne stranch, Alles sonder boete ind twanch; Ind wier ’t tiid fen hier biteljen, Seach min it nooit rjuchtens heljen.

Makkelk waerde min do boer: Op it hiercontract gjin kosten, Ind gjin duwbeltje as stuwr, Op de mynde boelguodsposten. Dear is ek noch mear dat scilt, Ek gjin doar as finsterjild, Brocht min nei ’t onfanchkantoor. Ek fen omslach oars gjin spoar; Om nijjier gjin doctersrekken; By de poepen gjin fen lekken, As fen lapkes, ta ien jurk; Buwtendiin gjin fen it wirk; Dat min liit op rekken scrieuwe, Sa ’t wol gjit mei handwirksljieuwe.

Ja do wier ’t ien oare tiid: Hie min sin oan fleis, min slachte, As ’t jin mar de hals uetbiit, Sonder oanjaen; min forwachte Yn dy tyden gjin commiis, Do wier ’t lân noch net sa wiis, Om fen hiel de maetscappij, Elke nywre hunnichby, Nei to sjean, as ek to folle Hy byien mocht bringe wolle; Want hja wyte dat oerdaed, Mear as krapte ind jearmoed scaedt. Dus dat is ek goed, ja tige, Dat min sokke oppassers kryge.

SNIESTOARM

Jou dy nei dyn wentsje, Earrem heideberntsje, Dat de lea heal bleat, Yn ’e droeche sleat, Drok om prikken syket: Want my thinkt it lyket, Dat it sniestoarm wirdt, Hark! it waeit al hird, Ind it wirdt sa tsjuster, Dat min ’t rekket bjuster, Dy net bot bikend, ’t Paed is nei syn went. ’n Donkre bank komt heecher, Ind de sinne leecher, Hark de wyn syn stim, Dy uet ’t oast mei klim, Luwder opstekt; ’t ruwsjen Gjit nou oer yn bruwsjen, Ierde ind loft binn’ ien. ’t Duorret nei ik mien, Noch mar what minuten; Hiel de loft is slueten. Sykje ’t waerme huws; Mar de lytste kluws, Mar de lytste hutte, Dy de kjeld kin scutte Is ’n paleis foar wha Oars gjin scuwle ha— Ind mei fyne flokken, Komt op oasterwjokken, Stiltsjes sloepend wei, ’n Freeslyk sniegejei. ’t Bruwst jin om ’e earen, Dat jin sjean ind hearen, Mar yn iens forjit, Ind mar net oaflit.— Den is ’t noflyk binnen, Dy mar blyde sinnen, Ind ien rom gemoed, Mei what warem bloed, Heth yn hert ind ieren.— Hear de sniejacht gieren, Think oan jerremoed: Ind doch de earme goed.

ONWAER

De loft is warem, né is hjit; It waergleas, dat by stoarm hast stjit, Is yn de leatste tiid noch sakke. Ind hiel de loft blieuwt blou in klear, What wolkjes, licht mar as ien fear, Tyne op, mar wolle net gearpakke.