Chapter 3 of 4 · 3860 words · ~19 min read

Part 3

Dear ta heart streefjen, wirksam waezen Ind handeljen nei plicht, Mar onforwrikber nei it doel, Al falt it fier fen licht.

LIBBENSKREACHT

Knobbelyke iekestamme, Dy gjin jerrems kinne omklamme— Griis fen jieren, jong fen kracht, Laitsjend om orkanen macht; Dy fen brekken, noch biswyken Wit, fen fallen, noch fen wyken, Byld fen folle manlykheit, Whearoer hondert jier him breidt! Mooi bist as de simmersinne, Oer dyn bledpartijen hinne Ljachtet, ind it frisce griin, Mingelt him mei goud ynien. As sy ynne wyntsjes waeije, As sy swaeije ind ramaije; Eak by heartsdei, as dyn kruen, Blinkt yn ’t bonte nijjiersbruen. ’t Bloed fljocht bruwsjend dy troch d’ ieren: Folop toane ’t dy de spieren, Ho dyn stamme, yn tokke ind blead, Libbenskraecht ind foedsel heth. Ja ik mei dy sa graech lije: ’k Sjoch yn dy de greate frije, Dy foar stoarmen net forfeard, Ues er opwiist, ind ues leart, Pal to stean op ’s libbens baren, Troch ’e klippen ind gefaren, Dy wy mette underweis, Op ’e greate libbensreis.

JAGERSLIJEN

What binn’ dy jagers greate sloawen! Oer kluetrich boulân, hin ind wer, To strampeljen, mei greate learzen, Troch haechen hjir; troch toarnen daer; Dat oer ’e hannen ind ’e holle, It bloed yn greate kobbels dript, Wylst hja fortiist noch yn struwellen, It haeske uet it leger wipt, Ind lang al buwten scoat die flugche, De elzewâl al lâns roun is, Hast uet gesicht, oer foarch’ ind sletten: Sadat de lette scoat is mis. What binn’ dy jachers greate lijers! What honnebrea mei ijnnebloed, Yn hazzeplom daer oen bidroegche, Is kost foar rjuchte jachersmoed. Ind dat oppluesje onder ’t jeijen, Of wol delfollen achter ’t reit; What tanich wetter uet ’e slodze, Whearyn Apollo griempt ind peit. Ind mei de holle hân uetdronken, Dat is it lekkre jagersmiel.— ’t Is eak wol dat de jagers ’t treffe, Wannear de keutelparren giel, Fen d’ âlde heeche parbeam drippe, De jagers dy fen boppen oaf, Oer ’t hiem wer nei de strjitwei komme, Dy nimme dan de wei troch ’t hoaf— De keutelparren moatt’ ’t ontlije: Ien Esaushonger hawwe hja; Ien neildraei yn it spinhuws; ’t stoltje Dear ou, ind dan is ’t: fret mar ta. Ien twintich moaijen ynne weitasch, By hazze ind patryzen yn. Oars goede froede lju dy jagers, Sa ruwch nou; oars sa froom ind fyn. Ind den dat swetsen ind dat lychen: Latyn ind flokken, raer ind luwd, Foaroarsake troch ’t fake prieuwen, Djip uet ’e romer sonder foet. Dan komme sy ien boer to mjitte, Mei ’n sek as puwde op ’e reach, Ind freechje as dy ’t haske jinsen, Eak ynne leatste dagen saech.... „Ja, seit hy, ’t is net lang forlyn noch, Dat ’t haske yn it leger lei”; Mar net dat hy him oppe reach heth.... Hja jinne nou dan by ’n oar wei, De jagers stompe foart om ’t haske, To siikjen, dat al lang op reis, Nei ’t kroemhout is, dear ’t ploemich feltsje, Oaf helle wirdt fen ’t lekk’re fleis.— What binn’ dy jagers dochs al lijers! What binn’ it greate stumpers eak! Dan swalkje, bodje, lije, swiere, Ind soms den noch ien oarmans gek.

SIMMERMOARN

Moai hearlyk moai, sa hearlyk klear, Sa rijn ind ljacht as ea myn eagen, De greate scepping om my saegen, As disse kear— Is ’t om my, boppe mjitte, Neiby, ind ynne fjirte. De suedewyn sa lij, sa lau; De loft sa djip, sa wondre blau, Ind ’t rom foarsciit, fier om my hinne, Sa onbegrinsd hast, klear ind frij, Ien inkle beam dear; neijer by, Ien lân fol blommen; troch ’e sinne, Mei gouden ljacht biscynd. Wylst honderdstimmich sjonge, Mei unfoarmoeide tonge, Ien koar fen fuwchels; ’t tynt, Fier ou wei; ind whear tichte, Uet grouneleaze lichte, As holpyp uet ien oargel op, Ind bruwst sa nei omheechens, Ta d’ alderheechste top, As tonchert djip omleechens, Yn swiere bassen wei, As ropt mei saeft geklei, Yn weake molaccoorden, Ien trek nei fremde oarden, Ien stil forlanchjen foar, As luwkt mei frije wjokken, De geesten onforscrokken, Nei ’t salich koar.

SPOEKERIJE

Meenze Hindriks gong by jountiid, Sawhat tsjin saun uwre foart; Ind uws Karo wier wher mei roun, Meenze droech ien doekfol guod. Hearstwaer wier ’t, mei noardsce stouwers, Ind eak tsjustre moarne wier ’t; Ja sok tjuster waer, dat min niks, Om gjin hinne undersciedt. Sa gong hy de Twyz’ler lânnen, Ind de iensomme Wedze uet; Do ’t Wyldpaed, nei ’t Zweagerfean del, Whearoan ’n stjustre loanne sluet. Dy del moast hy, woe hy komme, Whear hy joun noch hinne woe.— Tjuster bleau ’t sa dat hy om him, Sjean noch undersciede koe. Karo hie nei honnemode, Sa as ’t heart, foar ’n goede houn, Uet ien stadich sueteldrafke, Foar syn selscipsman uetroun. Ind op iens keam hy sluchtstutsjend, Stil whearom op Meenze ta, Sloep do efter Meenze hinne; Meenze tocht’ what mei hy ha. Noch wist hy net what er scoele; Bang weast hie hy nimmer noch, Net foar spoekjen, net foar tsjoenen; Mar nou pakte de eangst him doch. ’t Wier sa ienlyk om him hinne, Al ien uwre hie hy gien, Ind yn hiel die lange uwre, Mette hy gjin inkle ien. Daer kaem by dat Hantsjeloanne, Eak mar etfen weastlyk lei, Whear it eak al lang net plues wier, Nei dat de âlde oerleewrinch sei. Oars as oars wier ’t, sei him Karo; Ind whearom gean dat koe net; Stap foar stap foaruet arbeidsje? Ho to dwaen, mar net biredt. ’r Farde ien wynfleach troch ’e tokken; Spoekich raesde ’t, fier ind nei; Noch ien stap twa ind dear seach er ’t, Foar him boppe oer ’e wei, Tsjin it tsjokke loftrom by him; Fremd ind great, ind mâl ind wyt: Wier hy fen it switten waermwoarn, Nou waerd hy fen eangsten hyt, Dat it swit him ronom uetbriik; Ind hy raesde, luwd fen scrik, Mei ien roue gil dy fierou, Heard waerd, do op ’t eachenblik, ’t Freaslyk spoeksel libben krige, Zweefde, gonch, wei wier ind kom, Foarmleas; freeslyk to aanscouwjen, Libjend; him beweechjend, stom.... Ind as gongen de eagen iepen Him, wylst hy noch dyggre ind seach, Seach hy sljochte Beits der boppe, Dy dear har scjin himd oanteeach.

MYN BEARNEPLEATS

Whear dat ’k myn eagen draeij as kear, Fetsje yn ien scilderij ik ’t gear, De strjitwei dear, dy griene sinchel, Sa breed ind rom, whearyn ’t geminchel, Fen ljocht ind donker, griin ind goud, Oafwikselt op it iekenhout. Ik sjoch de Kootstermouneroeden, Mei fikse gong yn ’t roun har spoeden, Ind den ues hiele Twysel lâns, Hjir plaetsen lytser; dear mear mâns; Ind ken min d’ âlde tuwr ind tsjerke, Daer boppe huws ind bjemmen merke; Fier sjocht it hoarntsje fen ’e tuwr, It boppelân ind mieden oer. Dear sjoch ik eak de greate scuorre Fen d’ âlderlyke pleats; de muorre, Fen aftren yn ’e sinnescyn, Sjocht it hiel fier de finnen yn. ’k Sioch d’ iekesinchel; ’n heeche ryge, Sa heech as oars gjin, great, ind tyge, Fier ou to sjean ind swier ind dik, Forscate d’ronder, whear ien stik, Oafkoe, dat ’t noch ien beam koe hjitte, Mei breede koppen, boppe mjitte; Ien sé fen grien by simmertiid, Whear fuwchelfolk it maitydsliit, Lyt klinkje troch ’e omtrek hinne; It wier gjin inkeld pear allinne, Dat ness’le dear ind aijen lei, Mar eltsje fuwchelsoart binei. Yn slinchertokken, dy fen reasten Net wisten, sieten d’ eksterneasten; Ind bouden houdouen hjar neast, Op d’ âlde stamme yn twychjes feast; Faek kaem dear eak pear âldruwken, To ness’len ynne breede tuwken; Scelfinken songen maitiids dear, Ind de oare sjongers allegear, Dear neast yn jonge elzebjeammen, Dear by lâns hearde min de stemmen, Fen houtekster ind fen patriis, Elts op syn eigen trant ind wys. Daer tige ynne smoute ind droechte, Oen ’e graeftskant, foarscuwle yn roechte, Yn ongestoarde frede ind reast, Hie it patriiske eak har neast. Op de els mei kamperfoolje omflochten, Whear jonges ’t aerdich neast net sochten, Wier it houteksterneast ind broed, Uetprakkeseare; ’t plak hiel goed, Mar Heit dy kaem, ind Heit dy huwchde, Gjin klieuwen dear, allinn’ hy buwchde, De slappe beam what nei him ta, Ind mei ien hie hy d’ aijen sa. Daer sweefde ’t gielgousneast fen wolle, Jin alle simmers oer ’e holle; Wier ’t bledguod fen ’e bjemmen earst, Den foun min ’t seldsom neasje meast. Ien haske lei mei d’ eagen iepen, By de reedsmourre ris to sliepen, Fen what branettels yn it scaed, Op healwei tuscen reed ind paed; Dy siet sa reastich daer allinne; De hinnen stienen daer omhinne, En ’t wie as hâlden hja dou rie, What foar ien wonderding dat wie. Heit roap de hinnen daer fen dinne, Oars mocht it bruentsje hinnerinne, Ind ’n jager makke ’t dernei kjel, Ind lei it dea yn ’t leecher del.— Daer wier ’t by simmerdei sa scaedich; Daer reastte it noflyk, kuire ’t aerdich, Binammen oppe tichte reed— Ien hearlyk paed, sa moai, sa breed, Ticht twiscen elzewâl ind haechen— Ja hearlyk wier ’t, nei simmerdaegen, As nei ien lije waerme dei, It wyntsje him to sliepen lei, Ind boppe ien bytsje lei to sygen, Yn d’ alderheechste griene twygen, Mei ’n asemtochtsje, saecht ind soel, Wylst ’t moanljacht troch ’e bledden foel.— Fol klear ind helder wetter rinne, Daer wîde ind djippe grachten hinne, Oan trije kanten fen it huws; Daar mincht de wyn syn saeft gebruws, Him yn it saefte wetterfluestrjen; Daernei stie ik sa faek to luestrjen; Ind ijntsjes boartten ’n koarren nei, As duwkten onder wetter wei.— Foar huws stien’ trije lynebjeammen, Dy minchelen hjar luwde stemmen, Yn al it luwde wyngebruws, Fen d’ oare bjemmen, om it huws. Daer stienen heeche wylchen achter It huws, ind esken, elk as wachter.— Yn tyden as er wetter foel, Ind heecher tynde yn sleat ind poel, Den slepte min by ’t luwd gekletter, Fen ’t troch ’e pompen stroomend wetter, Dat fen ’e boppelânnen oaf, De rinwâl del kaem, ind om ’t hoaf, Syn wei nei de Sânsleat ta sochte, Dy ’t yn de greate fearten brochte.— Daer gong it libben saeft syn gong, Daer wenne ik ind wier daer jong.

HIRDRYDERIJE

As heartsmis luwde wynen blaeze, Ind hachels omme gleazen raeze, Den thinkt min oan dy blyde tiid, Dy nei de wylde Octoberfleagen, Mei speechljend iis de wylde weagen, Bileit, oer mar ind flakte ind wiid.

Gean treurich den daer troch ’e fjilden, Dy okkerdeis hjar scat noch tilden, Fen ’t griene gears, fen ’t rypjend siid; ’k Sjoch dear nou oare wille huwsjen, As ’t waeijend gears ind ierensuwsjen, Om jin yn ’t roun bij simmertiid.

Daer jinsen sjoch ik flaggen waeijen; Daer twisken ’t sweefjen, it ramaaijen, Fen ’n yneleaze minscesé; Luwd spyljen hear ik daer de hoarnen, Daer steane Friezen jimme soanen, Ta ’n Frysce earewedstriid ré.

Ja daer is nocht, ja daer is wille, Foar wha syn libbenslot ken tille, Ja daer is nocht ind wille op ’t iis; Blieu Friesen, daer de hirdste ryders; Blieu Friesen, Friesen wirdich; wyders, Gjin inkle winter sonder iis.

YN APRILMOANNE

Ik sjoch de leave maitiid kommen; It ljurkje ropt it luwd ind fier, Dat wher de moaiste tiid fen ’t jier, Mei ’n scat fen allerhande blommen, Yn mieden, finne ind fjild wher is; De ljeawe sjonger is net mis, Sadat wy nou it allegearre, Uet sjongers muwle it sjongen hearre.

Mei’n iepen hert ind iep’ne eagen, Gean ’k nou troch ’t iep’ne romme fjild. Sjoch ho it oer ’e mieden tilt! ’t Moai waer gjit baerjend, op ’e weagen, Fen ’t frisch noardoasten, troch it lân, It is as wier ’t ien offerbrân, Fen hiel Natuwr, die wyrooksgeuren, Fen allerhande blommekleuren.

FRYSLANS ROM

Dat griene lân is sulwren lân; ’t Jouwt twaris rinte deis, Yn rinnend sulwer ta de rân, Fen d’ amer bruwsjend, elke reis.

Dat griene lân is gouden lân; ’t Jouwt iedre wike ien gouden fet, Mei flyt, ind kennis, ind forstân, Ind tige sindlykheit biredt.

Dat hearlyk lân is ’t Frysce lân; Daer leit ien waes fen wolfeart oer; Fen Drinth ta oan it salte strân, Daer is ’t ien heeche titel, „Boer”!

Dat is by my it rykste lân, Dat ’k op ’e wide wereld kin, Ien lân fen noat, op klaei ind sân, Fen buwter, fé ind oangewin.

Dat Frysce lân is hearlyk lân: Syn greid sa mollich, as fluwiel, Dy rikt de bouwen soms de hân, Mei boekweitwyt as koalsiedgiel.

Ja hearlyk bist myn Alderslân, Myn dierbre Alderlyke groun; Dy troch hjar flyt, mei sterke bân, De wylde salte baeren boun.

Ja Heitelân ind Memmelân! Dyn froulju binn’ foarneamd as scjin, Dy binne sindlyk as de brân: Sa scjin as sulwer, as oars gjin.

Dat lân is by my ’t leafste lân! Ind hie ’k gjin lân ind hie ’k gjin thues, Ik stie daerta net yn bistân: Ik koos dat Fryslân wol foar ues.

BY ’T FIUWR

Noflik sit, Ind fredich, it By it ljachte gljurke, Fen it baenend fjurke, As de wyn, Scerp ind fyn, Jaget wyte flokken, Troch ’e bjemmetokken, Om ’t uwlboerd syn nokken.— Blom by blom, Komt ronom, Langsam op ’e gleazen, Foar ien diel bifaezen: Freamde blommen, hjir ind dear; As juwiel, hja allegear.

’t Ruwset luwd, Om it boerd, Fen ’e scuorstien; ’t boldert Hieltiid, sonder holdert; Wylst mar wei, Hiel de dei, ’t Jaget omme muorre, Dat sont juster duorre.— Lekker is de gluorre, Op ’e hird, As ’t joun wirdt, Ind ’t mar wei onwaeret, Ind mar niks bedaret, Dat ronom de swarte groun, Onder snie leit mei de joun.

Nearchens sit, It, dat ik wit, Nearchens, nearchens better, By ’t onwaergekletter, Yn it thues, Yn jin hues, By de onwaersfleachen, Dy mei wylde pleagen, ’t Griene bosclof reachen— Whear op ’t least, Min de reast, Syket onder wolle; Lokkich, dy syn holle Delleit dan, formoeid ind warch, Reastich binnen, sonder suorch.

MYN HEITELAN

Scoe ’k jimme, bergen leaf ha kenne, Ind mei forwondring op sjean nei, Ho ’t jimme troch ’e wolken boarje, For jins forbaesde blikken wei? Ho ’t jimme oer keunychryken sjogge, De wyde fiere grinsen sels! ’k Seach jimme yn sa folle spitsen: Yn Landskroan, Bloksberg, Drachenfels; Ik seach de wolken oan myn fuotten, Har foarmje, har oplosse yn damp; Ik seach de krachten fen natuer daer, Yn opstân, yn foarwoede kamp, ’k Seach ’t wetter daer yn breede stroomen, Mei flugge loop troch ’t breede dal, Hjir ruwsjend, tuscen heeche rotsen, As springe yn ien wetterfal. Och, my is ’t daer ien fremde waereld, Lykwols it ek yn ’t earst wat boeit. ’k Bin daer net thues, whear tsjin de rotsen, De druef oan Ryn as Ahrstroom groeit. Ind priisje Bontekoe, Burg Ahre, Ind dog fen ’t wite Krues heech op, Trochkruesje ’t foarse Sângebergte, Sjoch del fen Drachenfels syn top: Myn bergen binn’ ues heeche terpen! Ues heeche bouen op ’e klaei, Ind de mei hout biwoeksen wâlden, Mar sonder tuorre rots ind laei; Ind myn Sânbergen binn’ sédyken! Ik neam s’ien ring wol fen smaragd, Oaf leaver noch ien gouden ketling, Dy foar it ségeweld hâldt wacht. Ja daer fen dinne sjoch ’k om fjirren, ’t Lân dat ik leaf ha, dat ik min; Né daer ontbreakt niks oan, volstrekt niks; Daer is myn libben, daer myn sin. Ik sjoch myn Ryn, myn Ahr, myn Bode, Yn Moark, yn Lauers, Boarn ind Ie, ’t Wier better my do ’k oan hjar oewers, As oan dy fen ’e Rynstroom stie. Dyn doarpen ind dyn boereplaetsen, Myn Fryslân, op dyn terpen bout, Yn griene bjemmen as foarscule, Ind om har hinne ’t koalsiedgoud, Dat is my ’t moaist gesicht, ’t gjit boppe, It scilderachtige fen ’t puen, Fen Ahreburcht ind Rheinfelsmuorren, Op tuorre heeche rotsenkruen. Och laeitsje fremdling om sok siszen, What ’s do moai neamst, is ’t by my net; De smaken dy forscilje jimmer, Dy steure oan regel hjar noch wet. Ind daerom kin ik ’t net oars meitsje, It moaiste what min each ea seach, Is Fryslân, ’t lytse leeche Fryslân, Whear dat ’k eak sochte, whear ’k eak teach.

THUES

Is er greater genot, As dat, As min fredich thues is Sisz? Ja, dy stille, Wille, Fynt min oars net Earchens; Nearchens, Heth, ’t Libben meer waerdije; ’t Reast, ’t Beast, Whear w’ ues thues delflije.— Sykje net, Whear it hert, Net befredichd is, Net foldien kin wirde; Dear is ’t mis, Whear it hert it net kin hirde.

LEKKER GUOD

De poepen mei har breede boarsten, Dy ite groue lewerwoarsten; De Fransen mei hjar snuggre kop, Dy hâlde ’t mei ien siepelsop; John Bull, ien man fen ’t fremde boksen, Dy byt it taeije beef fen oksen, Ind wat it ’t greate Nederlân? Ho hâldt min ’t ligchem dear yn stân? Dearomtrint hath min wijnich soarchen, Om ’t fleis fen bisten ind fen baerchen; De mage docht daer wijnich eisch, Om barchespek ind bistefleis. Yn plaets fen dat drinkt min jenewer, Ta sterking fen it hert ind lewer, Ind ’n romerfol kost mar ién stuwr; Daerfoar heth min den kraft ind fjuwr, Ind allerhande eigenscippen; Min hucht mar ’n gleaske fol to wippen, Of ’t ypenbieret him sa goed; Whet wirdt min sterk, whet tynt de moed, De lafaerts wirde greate helden, Ind ryk, wha nimmen oars nooit telden. Ind daerom is it, dat sy deis, Jenewer krije ind gjin fleis. Sa’n ien groeit ta’n jenewertontsje: By de broeksbân komt earst ien rondtsje, Ind dy wirdt njunkenlytsen gau, Ien ijntje koarter, wirdt to nau; Den knipt de scoar deryn ien hapke, Ind naeit dat ticht mei ’n hânbreed lapke, Ind de broeksbân kin foar wher feast; Sa gjit it whear what wyken beast, Mar lang net wol de broek him scikke, Ind kin de knoop ’t knoopsgat net rikke, Ind wylst de man syn roes noch sljipt, Den wirdt de bân whear stikken knipt, Ind whear tanaeit mei nije lapkes: Hiel moai ind sterk, yn ’t koart: hiel knapkes. What leecher ind oan d’ afterkant, Der sit de broek ta boarsten spant, Dear hinne is dy jenewer sakke, Dy yn Sciedam min ta nou makke. Sa fynt min dy jenewer whear, Oan ’e rounijn; fen ’t mantje daer. Min ken ’t wol sjaen, ien dy sa borrelt; Dy gjit sa swier, krekt as er kuorrelt, Ind gjit hy: ’t is as dreunt ’e groun, Min tinkt yn stilte: dy is soun.

NIJE MODEN

Dat slintert freeds de nijstead lâns, Yn fremde klean, wol op syn frâns, Ind oan ’e jurken sleepen; Net mear mei scelc, as scoat, as jak, Mar oan it gat ien hiel great pak, Fen poffen ind fen reepen. It is as ik er fen bisou, Ien fuwlens fen ien kjelle kou, Hath daer gelykenisse, Scaet my yn ’t sin, sa tige mei, Ind sjoch my sa’n oerdwaelscens nei, Den scist it sels eak sisze. Dat hiele spul dat hjit kostuem; Dat heth ien smoarche lel har luem, De weareld ynscopt, ind Frysinnen, Dy oars fen ’t alde rjucht ind sljucht, Noch hâlden, wyn’ hjar ynne bocht, Ind bin forwyldere fen sinnen. Dat heth it wuft Parys ues dien, Ind ’t flaeijend poependom meiien, Dy mei hjar gleade tonge, Fol Duetsk, Frysc, Hollansc ongemak, Ind mei ien trypen lapkepak, Bylâns de boeren gonge. Den is it earste: „Dag Juffrou! Ho gaet er met, ho gaet het nou? Met de famylje ind kinder? ’k Hab schöne stalen mitgebrocht: Für Tietje ien jurk naar dasz ik docht, So als der wenich binn daer; Ich had Sie al in Stadt verwacht, ’t Is glaube ich al ein maand of acht, Dat Sie letzt bij ons waren.”.... ”Ja! ’k wyt wol what de keapman mient, Jou hiene uetstel ues forlient”— (”O Ja! dat deed ich garen.”)— „Om keapman to foldwaen op tiid? Onmoochlyk; ’t misgewas fen ’t sied, De leeche buwterpryzen.... De bisten joegen lang net fiks, De fette baerchen groeiden niks, Ind rottrich wiern’ de tsiezen”.... ”Och ’t is doch ein klein somke mar— Sechs hoenderd gulden füntich gaar, Die rechnings mit elkander; Acht nieuw costumes, ind den noch, Die kleinen posten; alles toch, Nicht vieles mit elkander; Ich weet dafür ein guten Rath; Mein guter juffrau dasz nicht schadt, Ind tusschen uns dan bleibet:— Wy schreiben mar ein kleine Schein, Dasz wir das beide einich sein, Das Ihr dann unterschreibet; Dann kieze Sie aus meine Stahl, Ein neue Stoff naar ihre Wahl, Im reek’ning mit begrepen; Dan zahlen sie nur vier procent, ’t Is anders fünf, Sie wol bikind, Die eins is weggestrepen.” „Dat saekje blieuwt dan mar, blau; blau! Nou ja ik teekenje mar gou; Ues fjouer jonge fammen, Dy matte oars eak meidwaen doch, Dy binne lang net moai genoch, By mennichien; bynaemmen By Ruerdboer’s greate frouljubern; Tsjin sokken jouw’ ik noait forlern, Ind ’t is gou Ljouwtermerke.” „Ja beaste juffrou, ’k sech altijd, Min gaet mar soetsjes mit de tijd, Ind laten niks mar merke.”— Sa’n poep it daechlyks kouefleis, Ind dan foarstjinnet hy noch deis, Ien twintich goune oan boerinne. San poep wirdt ungemirken fet; Mar whear met soks dochs, ier, as let, By wyle as tiid, yn ’t ijn doch hinne? Ind scoe ’t eak komme kinne, dat, Yn letter tiiden, hjar it lot, Dy jonge fammen tsjinstber makket, Ind hja op ’t aldersplak om lean, Ta himmeljen ind scrobjen stean, Dat iens sa fier hjar heechmoed sakket? O ’t gjit forkeard, sa dwars forkeard; ’t Gjit alles op, yn pronk ind steat,— Whear pake ind beppe swier fuor wrotten, Whear tachtich jier ta nedich wier, Whear ’t foargeslacht foar bodde hie, Om iens ta stean op eigen fuotten, Whearoan ja tiid ind wille as nocht, Jier uet, jier yn ta offer brocht, Yn ’n saeitsjes baetsje ’t to foargearjen’, Gjit foart, yn syde ind tibé; Ind yn fluwiel ind ratiné, Yn simmer- winterhuodden; fjerren, Yn ’t folle nei ’e merken ta, Ind d’ oare deis gjin stuwr meer ha, De klean bidoarn, fol drank ind tearen: What need, wy keapje nije wer, Sa dogge se ommers allegear; De tiidstroom falt doch net to kearen.”— Swier hypotheek op lân ind huws, Ind losse schulden by de ruws, By de notaris ind by oaren; Dat duorret sa in jier of fiif; Dan sjocht ta ’t fynster uet it wiif, Twa, trije man op hjar oanspoaren; Dy blieuwe der de heele dei, Ind scrieuwe mar de hieltiid wei; Daer wirdt bislach op secretaire, Op linnenkast ind alles lei, Ja ryde alles, alles nei; Gjin hoekje ynne chiffonaire, Gjin plakje dat forgetten wirdt.... Och ’t falt de âlde lju sa hird; De liifdraecht fen hjar beaste âlden, Ind al it sulwer, al it goud, De klean daer hja yn binne troud, Fen alles dat, wirdt boelguod halden; Dit wirdt de âlde ljue to slim, Ind ’t scriemen dat forstikt de stim, Hjir is gjin uetkomst mear to fynen; ’t Reeu ind bislach ind alles foart; Op ’e âlde dei noch oan ’e lod, Dat gjit troch ieren ind troch synen, De âlderlyke plaets forkocht, Sa as min al foar moannen tocht.— Ien nimmennet, sa as min tochte, Dy by boer’s Bauk ien blouke roun, Dy is nou hear fen hues ind groun, Dy wier ’t, dy plaets ind lânnen kochte.

YNOARDER