Part 4
Nou is de saek ynoarder mannen! De greate saek fen ’t onderwys! Nou matt’ jimm’ swije, roppers, raesers, Ind byn’ de tonge, gek, ind bys; Bouw scoallen op nou, as paleizen; Dat heart sa by dy greate saek; De geest dy wol fatsoenlyk wenje; It onderwys waez’ libbenstaek. ’t Is foar jins jild ind foar jins moeite; Folstrekt to djoer net, minscen kocht; Nou ha ’t myn foun, whear ’t hinne moeste, Whear min sa lang, sa lang nei socht. Scoe daer noch immen komme kinne, Dy twyfeljend oan ’t scouder luwkt, Dat ta de beaste aller saeken, Ind jild ind moeite wirdt misbruwkt? Jouw oan ’e masters trakteminten, Mear yn oerienstimming mei ’t ambt, Whear mennich mei saun honderd goune, Yn lijen ind om breasoarch kampt. Jouw hjar op ’t minst twa, trije tuwsen, Dy minscen ha sa’n swiere taek; Whant tink er oan, dat binn’ herfoarmers, Ha waerelds omkear ynne maek. Dy ha de takomst fen it mincsdom, Fen wysheit swanger, ynne hân; Ja yn dy mannich uetfoarkoarnen, Daer setelt kinnis ind forstân. Whear d’ âlde Grieken ind Romeinen, De wyse holle om brutsen ha, De kinnis fen dy djippe thinkers, Scrieuwt min oan elke master ta. Sa fier is nou de tiid foaruetgong! What noch de takomst ues jaen scil! To learen yn dy ”schoolpaleizen” De wysheid, ik stean er by stil. Mar dit doar ik wol foaruet sisze, ’t Is ’n woldaed for it algemien, Wirdt hjir ind daer by burgerljouwe, De brogge er om what tinder snien. Omdat de hoofdlyke beleastinch, Om ’t onderwys forduwble wirdt;— Daer scil ien bron fen seine untspringe, Whearuet de geest syn scatten put. What binn dy stof’lyke belangen! De geest dy heth ien oare eisk; Dy is forhewen bopp’ ’t aldeische, Dy frechet net nei brea as fleisk. Och dy bihoeften, ’t is ien dommens; Soks fuwchet net de rjuchte minsc’; Daer binne heechere bilangen, Daer hinne strekk’ jins doel ind winsc. ”Men moet toch immers niet vergeten, ’t Geen men in ’t leven daag’lijks ziet— En ’t is ook waar,—dat kind’ren weten, Gewoonlijk eigen best nog niet.” Ind mat er ien den ek biswyke, Ind gjit eak yn de undergroun, Dy fijand, fen de sterke tydgeest, De hongerdea op ’t slachtfjild foun— Oer ’t graef fen sokken scynt de daege; It nije untstitsen geestesljocht, Troch fette scoalopsjugchers de ierde, Ta ’t fel outaerde minscdom, brocht. What sisz ik daer, what woe ik sidze? De minscen binne better woarn: Fen moard noch diefstal heart min langer, Faillissementen net mear fen. Fen ’t tichthuws breakt min gou de helte, Ind mei ien jier as what hiel ’t oaf; Dat komt dat daer gjin mear bikleagden, Yn tyden kommen, foar it hoaf? Whear mei nou dy foaruetgong sitte, Dat ’t minsdom nou sa better wirdt, Ind dat it yn de leatste jieren, Sa hirdt foaruet gjit; tige hird? Dat sit yn ’t nije scoallebouen, Fol fen lokalen—sonder lins: Sa boue sy ien nije scoalle, Mei mear as hunderd; ’k mien yn Grins? Min sei, it scoe gjin scoalle wirde, Mar dy wier mis, myn goede man, Hy sei, it scoe ta ’n tichthuws tsjinje; Dy stumpert wist mar neat daer fen; Whant dat is ommers licht forklearber; Wha scoe noch tsjustre dingen dwaen! Forljuchting hath al ’t kwea forjage: Daer is it nou to ljacht ta woan. Ja scoalwetmannen, jimme d’ eare! Daer komt ien krueske jimme ta? Foar jimm’ bemoijinch ind tawijinch; Ien ridderoarde matt’ jimm’ ha? Ja eare wha de eare takomt! Ja eare oan dat great forstân: Kappeyne’s boarstbyld prykje ronom, Foar elke scuolle yn hiel it lân?
FRYSLANS WÂLDEN
Ik ha dy leaf myn Fryslân, Mei dyn poelen, mei dyn boscen, Mei dyn ticht biwoeksen dyken, Mei dyn wâlden, smout ind scaedich!
’k Ha dy leaf mei brimmereide, Grien fen tokjes, giel fen blom, Ind dyn susterke, de heide, Bijelkoar yn it ronom.
Ind dy lytse, heidrabyntsje; Sjongerke foar hutte ind kluws, Dy mei ’t mylde foarjierswyntsje, Ropt de berntsjes uet de huws.
Wenje fredich, wenje aerdich, Yn dyn heideboscjes, griin, Bruen, ind hunnichswiet, ind scaedich, Mei dyn lytse, ien oarenien!
’k Ha dy leaf, mei bloue poelen, Whear de swaerte markol sylt, ’k Hear dear flugche stinsen goelen, Mei it oare fuwchelwyld,
Whear de kamperfoolje-blommen, Wierook sjidsje yn it roun; Hear ’k de nyvre bijkes brommen, Ynne loft, ind oppe groun,
Whear yn ticht biwoeksen wâllen, Eak de wyte haeche bloeit, Ind yn leeche wiete dâllen, Koets op wylchenmoesen groeit,
Whear fen d’ âlde iekestobbe— ’t Bledderich uetscetten hout, Omme djippe drinkersdoppe, Tsjin de âlde dyk oanbout,
Mei de jonge fleareloaten, Hjir ind daer ien jonge tiin, Ind de koets mei foarse scoaten, Hjir ien tropke, daer whear ien;
’t Al mei wynsels as omstring’le; Ind mei toarnegriin trochkruwpt; ’t Blossemwyt, mei griin trochming’le, Dat uet kriik ind kantsje gluwpt;—
Yn dat lytse paradyske,— ’t Moaiste plakje yn ’t hiel ronom, Whear de maityd ieder ryske, ’t Kleed oanteach fen bled ind blom,
Dear, dear komt ien sang fol wille, Mei ien molaccoord fol leed, Whearfen ’t wylde roaske trille— ’t Klinkt sa steatich, fol ind breed.
Ind it gjit troch ier ind synen; Gjit troch ’e omtrek, wiid ind siid; ’t Scynt omheechens op to tynen, ’t Ienich nachtegalenliit.
’t Is as lit it wyntsje ’t waeijen, Om dat hearlyk sjongen nei, Joech fen ’t saefte blossemaijen, Him mei de earste accoarden wei.
WINTERDEI
It waer is tige wintrich, Mei fuwle wyn uet ’t oast; Ind altyd mar wei waeije, Mei strange, strange froast.
Gjin wolkje oan hiel it loftrom; De hiele kym yn ’t roun; Whear jouns de sinne delgjit, Gjin streekje oan ’e groun.
Ind ynne smoute keamer, Dy nei it westen sjocht, Wirdt by ’t gesellich fiurke, De stille dei trochbrocht.
Dan sjocht min troch de rueten, De heale oasterstoarm Hueshalde, yn de elzebeammen Mei onformoeid alarm.
Dan smit min noch ien talhout, Op ’t al heech baernend fjuwr: De griize gjit de grouwe, De hiele lea jin oer.
Ind gleasich scynt de sinne, Op ’t bedscet, read as fjuwr, Ind sjocht mei fuwle kjealdens, It romme buwtlân oer.
De wettermounen steane, Mei leeche hekken krues, Elk mei de kop yn ’t oasten: De wyn wier daer lang thues;
Hja ha al wyken stilstien; De kryten binne djip, Ind stil de wyde brekken; Oaftak’le ieder scip.
De hiele romte ien iisbaen! Whear ’t sciedend sinneljocht, As speeg’lend fjuwr de wiidte, Mei kâlde blik oersjocht.
Ien man ind fromminsc ryde, De romme iisbaen oer, Wylst neat hjar ynne wei stjit, Rjucht uet, fen tuwr ta tuwr.
My lokket d’ iisbaen buwten, As ik dat al oanscou: ’t Is tuscen fjouwer muorren, Yn ienen my ta nou.
Ind buwten nei de marren, Flean ik de fjilden yn, Ind jei oer poel ind petten, Dan tsjin, dan foar de wyn.
Ind kom op plak ind oarde, Yn fiere fremde romt’, Whear yn gewone tyden, Min nearchens oars net komt.
Dan yn forlerne fjirte, Yn ’t ijndleas fjild forlearn, Whear min nei alle kanten, Gjin huws noch lân kin sjean,
Ta loane komme ijnlinchs, As leech de sinne luwkt, By ’t boerespultsje, dat dear, Djip oan ’e kym opduwkt.
Daer wirdt jin ’t paed oanwyzen; Ind dan whear op ’e gleed, Wher thues om seis of saunen, Nei ’n tige swiere reed.
LETTE HEARST
De leaste daelje bloeit yn ’t blomtuen; Ien lette hynsteblom yn ’t hoaf: (Fordwaelde fen ’e iere maitiid.) Fen bjirk ind esk is ’t bledguod oaf; Hja boartsje ien wylde krijerije, As dounsje ien fuwle scotsetrije: Hjar eigen eigen deadedâns; As flechtsje hjar ta’n lykenkrâns, Forieniche yn lytse troppen, Op ’t graef fen gears, ind blom ind knoppen.
Ind alles stjeart sa niunkenlytsen; Natuer bringt elke dei ien diel, Fen hjar bekoarlykheit ta offer; Ind hjar op ’t alderleast al hiel. Ien inkle dei scynt ’t sintsje lekker, Ind ropt ien swiete erin’rinch wekker, Oan maitiids-myldens; swiet ind saeft O maitiidshearst, fol fremde pracht, Natuer sa as dou stjits op ’t heden, For ’t least yn dyn bekoarlykheden!
My grypt op iens ien fremde ontroering, ’k Blieuw sels my hast gjin master mear, Ik wyt de tiid fen scieden is daer, Ind daerom wirdt my ’t hart sa tear. ’t Wirdt my sa swier yn hart ind holle, ’k Scoe mei de fuwchels weitsjean wolle, Forlitte huws ind hoaf ind lân, It is as scoart op iens de bân, Dy my oan al it moaije boun hie, What ik sa moai ind beast hjir foun hie!
Weamoedich sjoch ’k de scerpe kleuren, Fen ’t giele ind bruene bosclof oan, Ien flikkering fen ’t sciedend libjen, Al yn it hert ind ieren stoarn. Ind iensom sjongt ien lette sjonger, Mar oan ’e kimen tynt de tonger, Ind scout mei gleaune wolkenkop, Luwd dreunend oan it loftrom op: It wier de leaste dei foar jimmer, De leaste neiblink fen ’e simmer.
NIJERWETSCE BOEREN
Nou kin min den it boerkjen leare; Yn ’n bytsje tiid, sittende wei, Yn ’n lekk’re waerme kagchelkeamer, As ’t buwten snijt, bij winterdei; Ind den leart min ’t noch folle better, As it ta disze tiid leart is. Ho ’t d’ âlden eak scodholje meije, Dy goede ljieuwe wiernen mis. Foar ues forbaesde blikken rijst nou, De landbou ta de heechste trap; Yn ienen waerd de landboukennis, Ien nije greate wytenscap. Dat gjit mei saunmylsstappen foarwaerts; Fen noat ind fruchten, baerch ind kou; Wirdt yn de nijerwetsce landbou, Hast net meer praet, mar min praet nou, Mei oare wirden ind benaeminchs, Daerta fen disse ind giene liend; Min seit fen Flora ind fen Fauna, Wannear min noat ind bisten mient. Min praet fen swefelsuwr ind kali, Fen alderhande suwr ind kalk: Ien hiele lading nuew’re wirden, Te oafladen licht daermei ien tsjalk. ”Hie min daerfoar mar beaste koedong”, Seit licht ien alderwetsce boer, Uet Toppenhuezen as de Hommerts, Ind den mar dik genoach daer oer. „Né alde hear, hiel oare saeken, Forfangt de donch fen sciep ind kou, Min leart de lannen mar draneerjen, Ind ’t jouwt de beaste fruchten nou. Sa kryt min nou de donch fen ond’ren, Leit pypkes djip yn d’ ondergroun: Dat jouwt den wondre resultaten, Nei dat min nou den heth bifoun.” Dat is sa ’t algemiene siszen: De wetterstand hiel leech; ’t lân droech, Gjin braekjen hoecht nou meer it boulân, Ind ploei mar mei de twastutsploech. O beaste frucht fen lânbouscuollen: Oars fiouwer hynders, nou mar twa, Ha ’t nou yn ’t swiere ploeijen maklyk: Foaruetgong is dat ek, o ja! Ind nou leart min de hiele ontwikling, Fen earste kiem, ta folle frucht; Hja binn’ daer oer, dat nou Natuer net, Har wirk dwaen scil, misscien beducht. It bin gjin boeren mear, dy boerkje; De kennis is sa algemien, Dat preekers, masters, advokaten, Oan lânbou allegear ha dien. Dy wiete ’t better as de boeren, Dy sette, ’k hearde dat sa faek, Mei wyze wirden ind betoochen, De âlde echte boer, oerstaek. Dy gjit oerbluft wer nei syn buwthues; Fen ’t rundveestamboek wit hy net, Mar op ien prikje what sa’n koubeest, Oan waerde ind gemaeken heth. Hy kin ien bolle ind ien okse, (Kin domenijs ind masters ’t eak?) Wol uet ienkoar, dat sisz ik jimme, Ind what hy seit dat hâldt goed stek. Hy heth forstân, ’t lân to bireaden, Hy gjit mar stil syn alde gong, Ta spyt fen zaai- ind maaimachines, Ind kryt ryksdaelders ynne pong.— ’t Is mei gjin praeten goed to meitsjen. Lit elke landboukandidaat, Nei lestiid, yn it dongstee scrippe, Dat hy ien twintich voeren laedt. Is ’t rijnich, den de baerchehokken; Uetsmjoksje, mei de kromme reeach, Sa as min dat by rijn ind ontiid, Fen de earme boerearbeiders seach. Den scil sy fiele dat ’t fen sels net, Mar komt; gjin praeten is, mar dwaen. Ind tink er om dat holle fetten, It measte alarm ind libben jaen.
GOD IND DE NATUER
O hearlyk wirk fen d’ Almacht: Natuer! it al ien wonder: It loftrom ind it ierdryk ’t Geberchte ind de sé! Yn it greate, Fen ’t besteande, Yn ’t onmjitbre, Onbefet’lyk— Mei gjin maetstaf,— Troch it stofje, Dat min minscen Neamt, to mjitten— Grypt dat heech’re, Ontrochgroundlyk— Yn de siel djip; Docht him fielen, Syn waerdije, Syn forwandscip, Mei de himel, Daer hy fen stamt; Ind hy fielt den, Fen forlanchst ien Stille trek, Nei it greate Heitehuws.
Alles wonder! Och koartsichtich Minscestofje, Dat foar ’t greatste, It forhewenst, Heth gjin eagen, Fen bewondrinch, Ind to priisjen, Ind to achtsjen. Och beklei dy,— Dy foar ’t wrâldsce, Foar de goden, Dyst’ dy selwer, Hast oprjuechte, Bidst ind knielste; Ind foar ’t iiw’che, Rijne ind wiere, Dat fen God is, Net ien blik— Mar foar ’t ierdsce, Alles hesth.
Iepen d’ eagen, Wrâldsce minsce, Foar it Godlyk Wonder, dat de Dei, uet nachtlyk Swart ind tsjuster, Tooit mei luester, Ienich hearlyk— As it alles, Whear geboren, Wirdt to libjen. Ind de ierde, Stjit oanbiddend, Mei ontroerinch, To foarwachtsjen, Wylst de dage, Oer ’e loft fliocht, Ind de pracht Oer ’e wolken, Hearlyk struit.
Slaech de blikken, Jouns nei ’t westen, As it jounread, Leit to blinken, Oer it loftrom, Whear uet djippe, Fjirten stjearren, Werelden ind Sinnen koarnen, Ind de melkwei’s Sé fen straelen, ’n Koarren kruesje! Whear ien stutsteer, Mei har waeijer, Heechst bifallich, Troch de romten, Fen de Iiw’che, Reastleas kuijert, Ieuw op ieuw Wylst geslachten, Berne binn’,
Hawwe libbe, Binn’ to niit gong, Sont hja weast is, Ind de neisaet, Troch oerleew’rinch, Uet it tsjuster, Fen ’e foartiid, Fen har heart heth, Dy yn ienen, Whear to foarscyn, Kom oan ’t loftrom, Dy foarbaesinch, Dy bewondrinch, Wekte yn ’t minscdom Dy har baenen, Troch de Almacht, Har oanwiisd, mar Gong ind folge, Altiid whear oan, Stil ind great.
Sjoch yn alles, God de Greatste, Niitich scepsel! Fier, onijndich, Boppe alles Fiel, as ’t boppe, Yn wolkenbergen, Rolt en knettert, Boppe d’ ierde, Troch de Almacht, As de waereld, Dreunt ind scoddet, Op syn grounslaech; Sjoch yn ’t plantsje, Dat de greide, Siert mei blomkes,— Hark yn ’t fuwchel- Liit by maitiid, God de Hear! God de Scepper! Fen ’t hielal.
Hear it ruwsjen, Dat troch ’t beamlof, Leaflyk suwset, Oer ’e blommen, Fen syrinchen, Strykt ind boartet; Sjoch ien wereld, Oan dyn fuotten, Whear it lytste Nietichst scepsel, Eak syn plak heth, Yn de greate Weareldoarder, Ewen goed eak, As de arend, Dy as keuning, Oer ’e bergen, Wiid syn wjokken, Uetspraet heth, Boppe wolken, As ien stip.
Fiel dij neijer, Oan de Oarsprong, Fen ’t geschaepne, Dast’ by iedre Foatstap sjochste, Dat jin preket, Fen de Scepper, De Almacht’ge; Yn syn wirken, Onneifolchber, Whearuet alles, What hjir asemt, Heth syn oarsprong, Whear ta alles, Iendris wherkeart, As de eagen, Iendris brekke, Ta de greate, Leaste sliep, Dy de minsce, Ynlinchs slept.
SIMMERJOUN
Leauwe, saefte simmerjoun! Alles frede, alles wille, Alles stille reast yn ’t roun, ’t Bleadsje dat nys noch what trille, Ynne wyn, Bynt eak niunkenlytsen yn!
Myld ind warem scynt it ljacht, Uet it weasten fen ’e sinne, Scynt mei glâns, sa tear sa saeft, Oer ’e griene greiden hinne, Ind wearkaetst, ’t Uwlboerdfeanster fenne plaets.
Fredich, reastich yn ien trop, Sitte yn heeche populieren, Ynne tokken, ynne kop, Protters luwd to tierelieren: Frolyk bliid, Klinkt it kweeljend, wiid ind siid.
O ’t is feest yn hiel ’t ronom! Ynne loft ind oppe ierde. Hiel de wrâld, dy is sa rom; Oer it boscje, oer ’e miede, Whearoer, ’t ljacht, Leit mei gouden sinnepracht.
Om jin yn it heele hear, Fen de tichte naecheltoeken, Ind de heeche foarsce fleer, Komt ien lekk’re wierook roeken: Krekt as wier ’t, Dat Natuer ien dankfeest fiert.
KRYSTIID
Bisnijde fjilden, frachten snie, Op huwsen ind op lannen, Whearoer de oastersniestoarm gie, Dy ’t alles ynne bânnen, Fen ’n tiche stranche winterdei, Fol fuwle froast ind sniejacht lei; Dat sount ien wyke al bigoun— Ind sa is ’t Krystiid woarn.
’t Is as Natuer eak feest mei fiert: Hast fen de iere daeche,— Hark ho ’t fen alle kanten liidt, Wylst koeltsjes fier it draege! De loft sa klear, sa djip, sa ljacht— Nou nei de leaste unwaers nacht— Dy foar de klok syn toalwe sloech, Har stil to reasten joech.
O greate dei! o greate moarn! Ien nije wrâld is berne: Troch de geboarte fen Gods Soan! Wha it hielal scil kenne! What is, as komt yn letter tiid— Mar iens wier it dat Inglenliit— Do himelljacht fen ’t loftrom, blonk, It frede op ierde klonk!
Whear disze nacht song ’t bijefolk, Fen de Forlosser ’t kommen; Nou noch de minscen ta ien tolk, Sont ’t Ingelenforstommen. Ja hillich is noch stees die nacht, Hjir eak bij noardsce stjerrenpracht, Dy oer de frediche ierde blinkt; Dy Christus komst herthinkt.
FEBERWAERISWAER
De mistdrip hinchet oenne bjemmen; ’t Is lyts ind nau om jin yn ’t roun; Ien wiit ind fochtich suedewyntje, Gjit flaau oer beam, ind fjild, ind groun.
De sinne blieuwt mar alle dagen, Oan ’t donkre neewlich loftrom wei, Ind moarns wirdt it foar niughen uwre, Folstrekt gjin suewer, helder dei.
’t Is wyld ind woest yn fjild ind lânnen, Whear op gjin blomke groeit as kjit, Mar whear fortuorre ind forwile, It wyntje oer deade ruwchte gjit.
My is dear alle wille oafstoarn; De fleurichens fen maitiidsnocht; Fen ljurkjes, ljippen, fenne blommen Dy min oer miede ind finnen sjocht,
Fen ’t soeijend reit om djippe gotten, Whear troch it mylde sueden djoeit, Whear yn ’t wiidgat, troch blaue baeren De swarte markol, scomljend soeit,
Fen d’ eksters dy daer yn struwellen, Fen ’t leeche hachebosc, har neast, Op ’n heeche feaste poalle makken; Ind nestelen daer, sonder reast.
Daer seach ik alles: ’t libjen, wirkjen. Natuer yn folle libbenskracht, Besyld troch ’n soele maitiidsasem, Uet ’t sinnich sueden, tear ind saeft.
Ind boppe oer de blommiche ierde, Drieuwt saeft ien gouden wolkenpracht; As woe dy nou eak feest mei fierde, Ta ruil foar snie ind hacheljacht.
Ind what is fen dat alles blieuwn nou? Ien kjelderiche mistdamp leit, Him swier op loft, op beam, ind huezen, Oer ’t deadsce fjild, fol ienlykheit.
It wirdt ek tsjuster yn jins binnenst; It wirdt sa kâld yn hert ind iir: De deadskens fen natuwr dielt oan jin, Him mei, droefgeestich, mâl ind swier.
Ik kin it daer net mear uethâlde; Neerslaechtich wirket ’t op ’t gemoed, Ind luwkt mei huewerjende lea jin, Whear nei de waerme kagchelgloed.
DAEGE
Troch ’t kanten weefsel, Dat de nacht, Oer d’ ierde lei heth, Brekt mei kracht, Ien sé fen strielen; Rollet op, De nachtgordynen, Ta ien trop Fen wolkenberchen; Franje ind flok, Dy seamje ’t buwtenst; Ieder brok, Det fen it gaesich, Nachtkleed scuort, Tsjocht mei de daeche, Foart ind foart.— Op de uetraffele Wolkenkop, Leit nou de sinne, Rozen op: De dei is berne! Daer omheech; Mar fier nei ondren, Djip omleech, Leit ynne weefsels, Fenne nacht, Noch stil de ierde; Tige sacht, Spraedt hja hjar wjokken, Boppe, nei De ljachte himel: Ind ’t is dei! Ien kreet fen jubel, Groet it al: Minsc ind dieren, ’t Fuwcheltol, ’t Luwdst’ ind innichts hast, Nou de moarn; De dei fen juster, Is oafstoarn; De soarch ind kommer, Fen de dei, Dy foarbygong is, Mei him wei. Moed ind fortrouwen, Yn ’t forsciit! Dy yn de droom jin, ’t Al onthiit.
TSJIN OAFSTEKKERS
Dat binne klachten, al de dei, Mar altiid oan, mar altiid wei, Oer ynkomst ind gemaeken; Daer heart min fen, der heart min oer, ’t Is ’t earste ind leaste fenne boer, Ind ’t luwdst fen wyze snaken.
Dy roppe ’t uet, troch hiel it lân; Dy lju kin prate, ha forstân; Ja bin daer fen trochdrongen; Ja wyte alles soks precys, Omdat se heecher onderwys, Op ’n heeche scuolle ontfongen.
„Gjin buwter hast fen de earste keur? Dat komt dat jimme de âlde sleur, Mar net forlitte wolle; Jimm’ wirkje noch sa as alear, Nei d’ alde wiize ind minear— Mar net mei kunst ind holle.
As dien’ sa mem ind beppe eak Dat hâldt yn disse tiid gjin stek, De wrâld is sont foroare. Do gong ’t sa stil, sa flau, sa loom; Mechanica, chemie ind stoom, Binn ’t dy nou sprekke doare.
Ja, tsjernje nou mei snie ind iis, Troch stoomkracht drieuwn, ind dat is wiis, Al hiel nei Deensc’ methode; De nije molke farsc ind fris, Sa as se fenne kou komd is, Dat is de nije mode.
Dat jouwt ien wonder resultaat; Dat jouwt jin foordiel, jouwt jin baet; Break dus mei jimme mieninch; Ien kelderke mei iis ind snie, Wearby ’n machientsje nedich wier, Derta hoecht dochs gjin lieninch!”
De oeren scjin, de hannen scjin; De amers scrobje, net to min, De tynen gljeun fen scjinnens; Bjin wei de fisk- ind spekkichheit, Fordelchje it troch sindlykheit: Wei is den buwterminnens!
Daer sit de greate buwterknoop: O scrip mar ta, forliis gjin hoop; Hâld mar dy Deensce kosten; Ind lit de njugchentjende eeuw, Links lisze, mei syn luwd geschreeuw, Fen gekke ljue ind kwosten.