Part 2
Onreastich balt yn ’t lân It fé; draeft ’t op ind del; Steurt har oan hek noch bân: De sinne baernt har hoed ind fel.
Och ’t is sa near; Ind ’t wirdt noch slimmer, mear ind mear, De sleatten druije uet, Yn grounich wetter, onder ruet, Leit snoek en bears nei rijn to smachtjen, It is as barnt de groun; Ind doch it is as stjit yn ’t roun, Fol hoop op onwaer ’t al to wachtsjen.
Sjoch dear ’t lytse wolkje, Whear kom it doch wei? ’t Wier dear, foar ’n ketierke Ommers net wol? sei! Flokkich binn’ de kanten, Goudgiel is syn klean; Wylst de hjitte sinne, Blieuwt mar helder stean. ’t Wolkje wirdt onmerkber, Yn it midden swart. Wylst ’t nei alle kanten, Dikker rânen hath. ’t Set him, niunkenlytsen, Onophoudlyk uet, Wylst it ta ien ligchem, Langsam feast him sluet. Sjoch! de buwtekanten, Staepelje har op, Heech ta wolkenbergen; Oafroune is har kop Op it iene plak hjir; Ploemich, jinsen whear; Freeslyk ontsachwekjend, Boppe, ind den dear, Swefelljacht de koppen Scyne oer bosc ind lân, Mei hjar rosse gleaunens, ’n Ljocht fen fiur ind brân. Ind what mear nei ondren, Gjit it gleaune giil Stadich yn it swart oer: Leecher swart alhiel. Hiel de ljachte dei wirdt Scymerjende nacht. ’t Woelt dear boppe, ’t wirket, Freeselyke pracht!
Natuer leit yn gebed; de minsce, Dy fielt onwillekeurich drang, To heecher iets; is los fen ’t ierdsche, Ind frij fen wrâldsce least ind twanch. De wolken wirde bybelteksten, Ind fotber foar ien uetlech mar: Hja wirde Sinaï ind Horeb, Ind heilichje as sa danich har.
Sa as iens Israël, foar ieuwen, Oan Sinaï’s gebergte stie, Ind ’t minsclyk eech ’t ontsagchelykste What ea sjoen is, foar eechen hie: Dear beeft, dear trillet noch yn ’t binnenst Fen ’t minsclyk hert ien trilling nei, As ’n wearklank fen dy iepenbarinch, As ien getuechnis fen dy dei.
Dear gjit ien scok, fol fen ontzetting Troch hiel Natuer; ien fiuwrstraal klieuwt, Onthinkber foel hiel ’t wolkenswaerte, Dy ’t flamjend yn ’e wolken scrieuwt: „Hy dy my stjoert, dat is de Heare.” Ind aanstonds klinkt ’t mei sterke klim, Dat de ierde yn hjar binnenst scoddet, De Almacht Gods mei luwde stim, As ’t koar fen tuwsenen bazuenen. Yn earbiid oplost is what leeft, Gods stim sprekt nou mar mear allinne, Wylst ’t scepsel, siddert, bidt ind beeft. Ind whear op ny wirdt ’t loftrom iep’ne, Mei tonge as fen fiuwr sprekt God; Noch sterker, luwder as to foaren Herhellet loft ind ierde dat, It raast fen knetternjen ind bruwsjen, Heech yn it loftrom boppe jin. ’t Fiuwr falt uet sangenbloue wolken, Mei ’n tongerslach taglyk; min kin Gjin tiid mear thinke tuscenbeiden; ’t Wirdt nacht! de stoarmwyn roest ind guwlt; De bjemmen buwchje har ta ierde; It wetter falt yn stroomen. ’t Woelt, It mealt, it draeit yn ’t roun, kringfoarmich, De wyn fljocht om; hy draeit net mear.... It rottelt boppe: hagelklompen, Suwsje ynsklaps del ind kear op kear Is ’t fiuwr ind whear fiuwr, boppe ues holle, Ja sidderje o minscdom, frij.— Nou fielt de minsce Gods neibijens, Syn Almacht ind syn hearscappij. Erkenn Syn greatheit, yn syn wirken; Hy blieuwt des minscen beaste Heit. Yn alles straelt syn heeche goedens, Ho fremd de wei soms foar ues leit. Hy heth ien fingerwink to dwaen mar, Ind sjoch it onwaer nimt ien kear.— Ind alles pryset nou mei blydens De God fen leafde, God, de Hear!
Sjoch! dear blinkt ien sinnestrael, Fieroaf ynne wyde fjirte: Hiel Natuer keart whear to raest, Kin de uetsteane eangst forjitte.
MAITIIDS
Jo wol is ’t mooi yn ’t onlân, whear, Ien simmerkoeltsje bruwst troch ’t reit, Dat droomerich to flustrjen leit, Ind dan whear guwlt ind ruwset, dear, Whear trijekant ind popel groeit, Neast drybled, holpielk, tuwrebout— Saeft as flewiel. Der twiscen bloeit, By ’t iepen dopke yn wyt ind goud, De swanneblom; yn ’t scaed fen ’t blead Leit stil to bleakerjen yn scoel, Fen ’t wylgenboskje by ien koel Ongrounlyk wetter, wol biread, Ta ’n scoat op ’n tige lekk’re buet, De dikke dikke snoek; pounswier. Sjoch, hark, dear jinsen, net hiel fier Dear floddert oer it tichte ruet, De markol, sjoch dear sit it neast, Uet wetter opbout, ynne pet Whear hja jier uet jier yn al breadt. Dear op ’e alde dampeal reast De jerrebarre; jister kaem, Hy uet it fiere sueden oan, Ind fleag de âlde fjilden roun, Wilst yn besit hy ’t neast whear naem Op ’t alde hiem, fen fleden jier. Ind d’ oare op ’e scoarre naed Mei lange treadden, dea bidaerd, Oan ’t kuijern is. Fier ou, hiel fier, Heart min him kleppr’jen; mannich ien Stekt nou ’e holle op oer ’t fjild, Neiscjirrich harkjend, want it jilt Him sjean, die him noch net sjoen hien. My is ’t de blyde tynge: ’t wier Dat wer natuer mei jonge kracht, Nei moarnen lange winternacht. Hjar wille ind nocht whear kryge hie.
KEARELS IND STUMPERS
’k Mei graach ien scoarstien rikjen sjean, Ind foar ’e doar de lytse bern, Yn ’t waerme molle soan omwrotten. As brochten hja de petten wei, As hierne hja by simmerdei, Gjin hoaszen sommers oan ’e fuotten.
Dat is de rjuchte berne-aert, Dy sounens jouwt ind neare scaedt, Dat fiksce feinten, fiksce fammen Op kweket, mar nin modebern, Foardronken, year ’t sy wetter sjean; Mar minscen flink ind soun binammen.
Dat makket, sa as ’k dear oer think, Ien slach fen minscen, sterk ind flink. Nin minscen dy forlegen steane, Ind dy foar wiif ind bern it brea— Goed soun fen kopwirk, flink fen lea— Mei eare altiid biscrippe kinne.
’k Kin min dy troetelpopkes sjean, Die broeikastplantsjes dat fen bern, Ontidich greate minscen makket: Dy bidelje om jild ind kret, Is sannen ien is ’t wier as net, Foar altiid net ien flaaue stakkert?
Op sannen ien dear stjit nin kop, Fol eare ind fol krigens op. Dy kroatsje-lju kin ’k min fordrage. Al jouwt hjar tonge ien bult geraes, Al binn’ se oan ’t wird ien oar wol baes, Licht scill’ sy oppe scealjes waege.
REAST
As yn it stille iensom huws, De heartswyn mei syn wyld gebruws, Luwd omme âlde muorre spîlet; De raemten yn it ald kosyn, Luwd rammelje as de wylde wyn, Soms luwder omme hoeke kîlet. Den sjoch ik troch ’t birynde ruet, De leege wyde lannen uet, Whearoer de swaerte buijen jeije; Den fiele wy ho dat jins hird, Jin dagelyks mear wirdich wirdt, Whearby wy ues den flaeye meije. Dear fiele herten mei jins hert, Yn wille ind nocht yn leed ind smert. Wirdt swieter ’t swiit dear troch; ind ’t lijen, Wirdt troch dielnimming saeft ind licht; Dat makket greate wounen tigt. Ind leart yn rouwe ind leed to swijen. Sa’n thues sa min ’t leafst winscje scoe, Sa’n thues sa min ’t leafst fyne woe, Fynt min sawol yn slot as hutte, De klinte mar fen sead ind hout: As ’t heech paleis, fen moarmer bout. De went sa wol fen lytse ind greate, Heth foar eltsien ien fredich thues, Dear hy foar libbens leed ind krues, Ien feilich tafluchtsoard kin fyne. Mar doch min fynt dy reast foarearst, Yn lytse hueskes, faek ind meast, Ho soms de scyn eak mei forblyne.
OM MAEIJE
As by maitiid ynne petten, Whear de wylgen bloeye, dy Oan it ierdryk sisze wolle: Sjoch de maitiid bringe wy! Dan whear fier fen huws, nei ’t onlân, Dan whear hinne, whear it paed Hjir oer sompen, dear oer stringen, As oer bjintepoallen laedt! Whear gjin minscen komme as gjinne, Dy dear neat fen wyte, dat Dear ien weareld libbet, wirket, Dy net wyte ho as what. Ja daer groeit ind bloeit ien weareld; Freamd ind great yn folle kraeft, Net forknoeid troch kunst as mode, Yn oarspronkelyke pracht. ’n Wonder is foarearst al d’ aonblik, Fen dy romte, whear nin huws, ’t Rikjend scoartsjentje oanwiist, dat dear Minscen wenje; ’t reidgebruws, Dat yn bruene baeren slingert, Om it marke liacht ind klear, Ruwst foarwijdert ynne fjirte, Weistjearrend ues soms yn ’t ear. Hark, it lieuwerke ien lofsang, Oan ’e scepper! ues ’t wolkom! Sjongt it blydscip oer ’e mieden. Dat is d’ earste buwterblom Dy ik sjog, ja rjochte namme, Moaije namme, dichterlyk, Giel fen goud ind giel fen buwter. Moaiste yn it blommenryk Fen ’t dy unbikind dear bloeije, Yn ’e fjilden by eltsjar. Gouden pronket nou de finne. Grien fen ’t gears ind ’t goud fen hjar. Sjoch de bonte doffert toemelt, Oer ’e wjok sa bliid sa luwd, Whylst it lytse bleeke douke, Op’e groppe kant it broed, Yn it moaije aerdich neastje— Hiel natuur sa soarchsom hoedt. Sjoch it ljipke rint bihoedsam, Sonder dat ’t de groun hast roedt, Ynne foerche lâns, dan duwkt se, Hjar yn ’t rinnen, sjocht dan wer, ’t Hear oer, as eak onré scoelet, Tearre memmesoarg! Sie dear! Four stiple aijen lizze, Wjrachtsjes oppe ikkers kant, Fjouer; ’t fol getal, lang siikjen, Ind dochs foun, mar wol heth ’t spant. Fjirder, djipper ynne mieden! Mei de pols oer wyk ind sleat! Greater wirdt de wyde romte, Huws ind bjeammen wyke. Neat, Sjocht min mear as greate romte, Whear min ’t each eak keart as draeit. My is ’t rom om ’t hert; mei wille, Sjoch ik alles oan; it waeit Libbensleastich oer ’e romte, Troch ’e reiden, kruwd ind blom. Hjir to reasten ind to droomen, Yn dit hearlike ronom.... Ik flaaie my op ’t bead fen ruwchte, Onder de âlde wylchen mar, Whear de puwskes hunnichlekker, Bykes noegje; ynne war Binne hja; nou is ’t ien sjongen, Hundertstimmich, tagelyk: Ien akkoord ind tuwsen wyzen, Maitydsblydscip: lofmusyk. ’t Yntje plast yn wyde wetters, Om op ’t eilantsje ynne pet, Nou to liszen, ’t tureluret, Jinsen. Fjirder noch nei ’t set, Yn it greate reidfjild ruwset, Reidomp onder wetter wei, Mei syn luwd, trochdrinchend, krachtich Fier yn ’t roun. De mooije dei, Bracht wher gasten. ’t Grieto Grieto! Klinkt sa helder, luwd sa fier, Nou foar ’t earst. Hoarnscrobbers siele, Wiid yn flecht, mei luwd gegier, Krosjend luwd om fremde aijen, Bin se op strooptocht uet oer ’t fjild.... Ind yn ienen sjit de doffert, Op mei fuwle wjokslach. ’t Jilt, ’t Achterfolchjen ’t roofdier. Boppe, Grondeleaze petten woelt, ’t Luwd fen blauwe stinsen; kobben Wjokkelje dat it krioelt, Troch inoar ind fleane razen, Op ues ta ind pikke, whant, Der ha hja hjar neast ind aijen, Op ielstikels oan ’e kant, Fen ’e djippe kleare petten; De aijen lisze klear ind bleat, Twa ind trije, hast yn ’t wetter, Mar troch ’n inkeld snyltsje keart Neast my ynne alde stommels, Fen ’t fen maitiid sniene reit, Sjongt de reidmosk bliid ind fleurich, Dy magouens de aijen leit. Hoarntsjes steane ien hiele keppel, Oane heeche wetterskant, Yn forscate kleur to pronkjen, Ieder op syn eigen trant. It is ien libjen, wirkjen, sjongen, Ind it moaije maitiidswaer, Leit glimlaitsjend oer ’e mieden, Leit op blom, op gears ind baer.— Oan it liachte, kleare luftrom Broeit ien simmerwolkje op; Soms is ’t deastil, soms whear siecht it, ’t Wyntje molket; ’t seil yn top, Drieuwt hiel stadich ’t scip der hinne. Horich is ’t oer ’t wyde fjild, Whear as dounsen sulw’ren wolkjes, Yn ’t forsciet ’t freamsoartich tilt. Rog- ind wettermounen stanne, For de folle seiels klear. Ha de wyn dan foar, dan after, Draeije soms ien inkle kear.— Ynne petten ruwst it luwder: ’t Bruwst ind ruwst troch mansheech reit, Neijer komt it, ’t ruwst, it gieselt Snielen, reiden, alles leit, Plat ind troch inoar, yn ienen, ’t Raest de stille mieden oer.... Whear forby is ’t, sa as ’t kaem wier; Stillens wher for luwd rumoer. Inkle gearkes, snieltsjes, heakes Drieuwe yn ’t luftrom heech ind fier; Boppe ’t plak, whear ’t nys sa woelde Oars der fen niks mear, nin sier. ’t Wier de mooiwaerssimmertwirre. Middei is ’t nou, fier ou slaecht ’t Toolfe kearen ynne fjirte, Ind it folle middeisljacht, Leit to glinstrjen op ’e pannen Fen ’e gewel, fen ien huws Oenne kymen, dear leit healljacht, Oer ’e wylgen fen ’e kooi; Ljacht ind scaed ind minder donker, Wikselje ou, sa ljocht sa mooi Komt it miedhuwske der jinsen, Tsjin de donkre aftergroun Helder uet. Ien inkle ljachtstrael Gjit ’e heele mieden roun, Dy yn ’t donker lei; it poeltsje Lyket nou op baerjend goud, Reast der oppe jaskers roede, Scynt daer op it wylgenhout.— Fier fen ’t woelen fen ’e wereld, Ha ’k hjir edel, rein genot, Mei my sels, whear to my sels kaem, Fiel ’k my neijer oan myn God. ’t Praet fen Him yn alle taelen, Dat al ’t scepsel it forstjit, Al dat libben al dy blydscip, Fen al ’t scepsel, ho ’t eak hjit, ’k Fiel it antwird yn myn binnenst, ’k Sisz it alles, alles nei, ’k Fiel it hjir sa fol to better, ’k Fiel it hjir mei alles mei, ’t Moannet my oan ’n oare maitiid, Whear fen hjir ien blinkje glimt, Mar ien fluestrjend luwd fen jinsen, Dat ta lof ind earbiid stimt.
YN MAERTMOANNE
’t Wirdt maitiid; ynne iekebjemmen,— (As is de wyn noch kald ind tin) Hear ’k sommes al de protters kweeljen, As ik moarnsier de doar uet gjin.
Hja kaemen whear uet ’t fiere suden, Al wier de romte fier ind wiid,— Ien trek nei ’t alde huws mei pannen, Sei hjar: nou is ’t whear jimme tiid.
Ja maitiidsbringers, iere sjongers! It docht ues goed, dy maitiidssang; Wy wyte ’t ken net lang mear doerje: De winter mei syn yzren twang.
Ja sit mar feast yn it noard-oasten, What scerper nachts, what mylder deis, Dou kalde wyn; mar mennich dagen: Strak jouwt de maitiid dy de reis.
Hy lit nou al syn aldste berntsjes, To boartsjen uet ’e keamer gean. Dou wistst it net dou wreede noarman; Ik seach se ynne bloei al stean.
Ind wosthe wyte whear se wiernen? Ik scil ’t dy sizze, harkje dan: Dou komst er nooit; koest se net fyne, Dou strange hear, dou wreede man.
Dear by d’ ald muorre, ynne krimpe, (Dou kenst dat smoute hoekje net,) Dear bloeye mooije wyte blomkes: Dy hat ien maitiidsfrjeun dear set.
As paaist’ uws moarns mei saefte tochtsjes; By heldre sinnescyn uet ’t oast; As blaest dou deis mei scerpe fleagen, Thinkst: ljachter loft, jouwt scerper froast;
Daer laitsje om ues wyte wijfkes; (Hja binne net sa sleau ind dom,) Hja ha de gik mei froast ind waeijen; Ind glimkje er stiltsjes wei what om.
Hja fiele net de raeuwe wynbaes, Mar wol it lieuwe waerme ljacht, Dat hiel de gare dei mei myldens, Hjar koestert, tige waerm ind saeft.
Ind jouns as ’t koelder wirdt ind donker, (As ha sy ’t dan net baere rom,) Den duwke se achter gears ind blaedjes, Ind stekke ’t kopke ynne plom.
’t Bigruttet my wol om dy stumpers, Daer ik sa tige bot fen hâld, Ind om dy leave maitiidssjongers, As ’t waer sa noardsc noch is, ind kâld.
’k Think dan eak om dy lieave ljurkjes, Dy lytse bearntjes; buwten wei, Foaral dan yn dy scerpe jonnen, Fen ’n kjelderiche maitiidsdei.
Hâld op den kâlde ruwge winter! Hâld op! whent wyt dyn tiid is om! Dou maste krimp jaen, sonder wyders: ’t Is nou de tiid fen blaed ind blom.
As sjochtste net ho dat daer knoppen, Al botte op loot, op tokke ind twiig? De bjirk dy wirdt al grien fed bleadden: Dou hasthe macht; de maitiid kriich.
Dou wirsthe minder, joed al seach ik ’t, Dyn luwd wirdt swakker; greate bear, Moarn bist baesof, foar hiel ien jier whear; Wy ruilje om mei saefter hear.
OAN HALBERTSMA’S
O greate broarren Halbertsma’s, Wol broarren uwt ien stik! De tael sa machtich, ’t hert sa baes, Fier boppe elts berik!
O ljue fen greate adeldom, Whaens adel wier forstjinst! Ja keunings op it letterfjild, As dichters net it minst.
Ja helden wiern’ se op dat gebiid, Mei ’t scerpe penneswird Foar warheit, rjucht forliuchting, ind Ta beast foar elts ind nut.
Ta whear ’e Lauers, Eostergea, Oan ’e yn fen ’t Fryscelân, Ta whear ’e Noardsé noard ind oast, Bruwst om it Frysce strân,
Ta whear ’e Kuender suedlyk oan, Him ynne sé forliest; Ta whear fier yn ’t sued-oasten del, Ind hichte ind sânduen ryst—
Ta daer klonk luwd har mannetael, Yn telseltje ind rym; Yn leaflyk byld, yn seafte toan, Mar fjuwr scerp as ien flym,
As ’t pas joech eak as finnich wird, Tsjin wha ’t eak jimmer wier; Daer waerre net ien doekje om woun, Mar sei whear it op stie.—
Whear hja yn dichterlyke tael, Ues liide oan har hân, Yn ’t boatsje, oer de oafgelegen mar, Nei ’t iensom wetterlân—
Daer whear it gjit, oer mar ind poel, Yn ’t scipke fluch ind licht, Dear troch it romme breede fjild, Mei ’t wyde fiergesicht,—
Dear lizze w’ oan by d’ efterdoar, Fen ’t âlde boerehues, Ind wirde ontfongen fen ’e ljue, Ind komme dear as thues.
Daer hearre w’ uet forgetten tiid, Fen stoarjes, ienris bard, Soms fol fen nocht ind wille, soms, Eak fol fen leed ind smert.
Daer binn’ w’ ien kriistiid by de boer, Ind op Sint Steffensdei; Ind fiere ’t greate, ’t hillich feest, Daer op ’e Wieren mei.
As bringe wy Mary to hoaf, Fordronken ynne mar, Ind scrieme ien stille triin fen rouw, Mei d’ oaren eak om hjar.
Dy Liekeblommen wylje net, Dy Liekeblommen stjerre net, Sa lang ien Frysce tonge net, Syn memmetael forgetten heth.
Ja greate Friezen, op ind uwt! Ja greate hollen, fol forstân; Ja djippe thinkers; echte bern, Fen ’t ues sa djoerre Frysce lân.
BY NACHT
Ik slach faek mei hillich beven, ’t Eech omheech, as stjear by stjear, Uet it peilleas djip fen ’t luftrom, Foarkomt, tot sy allegear Ljachtstje, fonkelje ind groete, Ues as boden fen oer ’t graef, Daer w’ ues leawen iens whear moete.
O it luwkt my nei omheechens; Ik fiel twusken hjir ind daer, Ien gemienscip; hillich, sillich, Is it my, sa faek, as ’k whear, ’t Eech omheech slach nei dy boden, Fen ien sillich neimiels daer, Fen bistean yn bettre oarden.
Wachtsje, wachtsje, ta dat uwre; Fen dat bliid oanscouwjen slaecht, Whear mei folle glâns oer ’t tsjuster, Scynt it greate himelljacht, Fen ’e werelden ind sinnen, Whear de beaste Himelheit, Ues syn hearlykheit laedt binnen.
Ljachtsje faek noch fiere stjerren, Ho’n foarlangst ik soms eak ha, Nei dat fiere bettre jinsen, Glimlaetsje altiid my mar ta. Lear to ljeuwen ind fortrouen Op ’e greatste Wiisheit, Dy Wit de tiid beast om ’t oanscouen.
SNIJNNEIMIDDEI
Stil is ’t om huws ind hiem yn ’t roun; Om hiel de buwrehuwzing hinne, Gjin foetstap op d’ oanklouwe groun; De saefte aftermiddeisinne, Bescynt ’e kouemuorre klear, Ind op ien ryge stean de wynen, (Boekberjes opwipt,) mei ien pear Ierdkarren, ek sa, om it rijnen; Ind allegearre oankant, yn ’t scaed, Foar it foardruijen, onder d’ esken. De hinnen molje yn it paed; De ijnen sliepe ynne reasken, Dear oppe damme baggelpoel. It is op ’t hiele hiem sa fredich, Forstomd is ’t dagelyks gewoel, Sa tige stil, sa fremd sa ledich; Gjin folk rint haestich oan ind oaf; Gjin after- as scoedoor stjit iepen, Ind yn it lange gears fen ’t hoaf, Dear lisze jonge ind feint to slipen. De swartemerje ind d’ âlde bles— De beaste brune ind d’ âld dikke, Dy binne sead, fen ’t klaawrich gears, Ind steane sljipprich oer de hikke. ’t Is alles reast, elk docht him goed; Toalf melkebisten ynne finne, Lisz’ yn ien trop, min heart gjin luwd, Fier ou as neiby, om jin hinne, As ’n houdou, dy yn ’t boscje koert, As ’n scelfink, dy mei flugche wjokken, Dan hjir, dan dear, sjongt ticht by ’t neast; As ’t noardewyntsje yn d’ ieketokken: ’t Gehiel ien snijnneimiddeisreast.
JOUNTIID
’t Is mooi yn ’t fjild as ’t jounljacht scynt, Op ’t finster ynne fjirte; De douwe uwt ’e poallen tynt, Whoar ynne fiscjes sjitte; Ind ’t reidbosc foars, ind ticht ind heech, Him spegelt yn it wetter, De ljippen toemelje oer it leech, De scries op ’t pealtje seat daer; As ’t stil ind stiller wirdt yn ’t roun, De minscen ’t fjild forlitte, Ind sjongend oer ’e griene groun, Reidmoscjes boartsjend sjitte; Ind fier ou op ’e stompe toer, Yn ’t jounliacht blinkt ’e hoarne, Wylst opkomt nei it oasten oer, De gouden folle moarne. ’t Is rom ind wol my om ’t gemoed: Dy djippe frede ind wille,— Dat jouwt sa’n reast, dat docht sa goed, Ken unk ind unmoed stille.
WHEAR IK FEN HÂLD
Whear ik fen hâld! Fen lân ind sea ind wetter, Ho wider mar ho better; Fen bosc ind wâld.
Fen ’t rom gesicht, Dat rikt oer grins ind mjitte, Dat ’k sjoch yn wyde fjirte, Ind by my ticht.
Fen ’t djippe blou, Dat ’k troch ien wolkengloppe, Sa fier, sa heech dear boppe, Sa graech oanscou.
Eak kleur ind foarm, Fen al dy tuwsen wolken, Dy drieuwe uwt himels kolken, Troch koeltsje ind stoarm.
Dy al de pracht, Fen ’t gloeijend jounljacht drage, Ind dy de blyde dage, Tooit mei hjar ljacht.
Whear ik fen hâld! Fen wyte haech ind kriiken; Fen foarsce stammiche iiken, Sa griis, sa âld.
Fen ’t hearlyk liit, Fen nachtigalen tongen, Dy ’k hear yn ’t boskje sjongen, Fen doue wiit.
Fen kleur ind liacht, Op bjemmen, huwsen, lânnen, Fen ’t waeijen troch ’e stannen, Yn middeisljacht.
Fen ’n waerme dei, Dy yn Septembermoarne, Oan struwk, oer haech ind toarne, De spinreach lei.
Fen ’t noarderljacht, Dat as ’t oer de ierde donkert, Yn tuwsen kleuren flonkert, Hjir foars, dear saecht.
Fen as ’k jouns let; De ljachte stjerrebollen, Yn myllioenen tollen, Nei ’n iiw’che wet,
Troch heecher hân— Sjoch scitterjen ind blinken, Dat laedt ta djipper tinken, Nei ’t beaste lân.
IT LJURKJE
Aerdich ljurkje, Mei dyn kroantsje, Op it kopke, Sisz, wher wierste, Do de sniestoarm, Oer ’e mieden, Soese ind jage; Ind do ’t oergong, In de loft wer, Klear ind iepen, Mar eak gleasich, Fen ’e froast wier, Dat fen ’t friezen ’t Knapte ind kreake— Sisz whear wierst do, Lyts leaf bearn?
’k Hie dy sjonger, Fen ’e maitiid, Net whear murken, Sont as ’t bretste, Op dyn aikes, Ynne finne, Onder ’t tropke, Deade ruwchte; ’k Seach host’ de eachjes, Smeekend opsloechst, Doste seachste, Datst ontdekst wierst Nei my hinne; ’k Koe ’t net uetstean— Ind meilijen, Woarde wekker, Yn myn hert.
’k Sparre ’t neastje, ’k Sparre de aikes; ’k Sparre ’t ljurkje. Mar myn leave! Sisz my nou dochs, Whear ha’sth al die Lange tiiden, Lange nachten, Slept ind scoele?— Ind do ’t foelste, Fen it onwaer, Ind fen ’t friezen, Einlinchs oer wier, Hearde ik iendris, Ien Maertmoanne, Op ien moarntiid— Noch wier ’t rou waer, Tiche buijich, Uet it Noarden, Soms noch sniewyt— Mar eak sinne, Myld ind freunlyk— Hearde ik ’t liit Fen myn ljurkes, Dy ik de oare, Simmers, moochlyk, Noch yn de aikes, Mei it alde Ljurkje, foun hie— Ind hja songen, My de freuchde Yn myn hert. Whent de stimminch, Dy min yn jins Eigen binnenst, Omdraacht, jouwt eak Wearklank oan de Toanen fen de Greate scepping. Hjir is ’t blydscip, Dy de ljurkjes, My yn ’t foarjier, Yn hjar onsculd, As de earste, Ta de eare, Fen de greate Wiize Scepper, Ta song ha.
MINSCENGREATENS
Ik ear gjin adel, gjin fornamens; Ik drieuw mei soks de spot. Ik kin gjin hear, ik ear gjin hear— Ik ear gjin hear, as God.
What scil dat buwchjen doch bistjutte, De minscen foar eltsjoar! Hja binn’ gelyk, gjin ondersceid, Yn dit as dat, sciedt hjar.
Wy binne allegearre minscen; Net heecher stjit de ien, Yn wirklykheit, boppe oare lju: Lykwol sa mennich ’t mien’.
Mar minsc to weazen, net to hjitten,— Yn de allerbeaste sin— Fen de echte stimpel weaze minsc— Dy fynt min baere tin.