Chapter 2 of 6 · 6407 words · ~32 min read

II.

Neidet ik yn myn earste haedstik, dat inkeld as ynlieding neamd en biskôge wirde wol, biwiizge haw, det like goed de omstânnichheden op steatkindich-stoffelik as op letterkindich-geastelik gebiet in nije oplibbing rjochtfirdigje, al jow ik foartdalik ta, det in biweging, dy ’t sokke bilangrike herfoarmings fordigenet, striid to weech bringe moat mei de mol-bline bihâldende partij, is my nou meiien de wei oanwiisd, dy ’t ik yn de neikommende haedstikken yn to slaen hawwe scil: ho fortretlik my it wird ek yn de earen klinkt, ik scil nou it program útwirkje moatte, dat wy ús tinke, it teffens taljochtsjend, hwer it bliken docht det soks nedich is, troch teikenjende bisûnderheden. De folkskinst-saek glimket my minlik ta, en om ’t ik njonkenlytsen foar ’t forstân bigjin to krijen det it foarâl dizze kwesje is, dy ’t in hopen kwea stiftet yn ús tael,—miskien wol mei, omdet út eangstme for de geast fen ’e heech-forneamde Omkes, eigentlik yet nimmen him sa dúdlik en iepen utere hat, det wy krigen in forhâlding fen bigjinsel neist, ef earder tsjin bigjinsel, ynpleats fen in ûnwis, op falske forearing en biwûndering rêstend gesach boppe in stúnjend, ûndúdlik, protteljend forset,—mien ik hjirmei bigjinne to moatten.

Ik liz der klam op, det yn it neikommende de sizwizen „folkskinst” en „persoanlike kinst” troch my yn in hwet oare bitsjutting brûkt wirde scille, as troch de bank deroan jown wirdt, en det men dizze ûnderskate bigripen ljeaver net troch eltsoar helje moat. Ta dizze lytse wiziging yn de biteikenis wird ik wol twongen, omdet ik oars jimmerwer yn pleats fen dizze maklik-koarte sizwizen forklearrings to jaen hie fen in pear rigels lang.

Under _folkskinst_ forstean ik den yn dit forbân: de kinst, lyk as dizze fen skriuwers levere wirdt, dy ’t yn ’t earste plak by hjar sels freegje, hokker ynfloed hjar wirk op it hiele folk hawwe moat, en nei dizze frage biandere to hawwen, mei opset sin hjar skriften sa skriuwe, det nei minskelike birekkening de ynfloed op de folkslêzers tichte komt by de útwirking, dy ’t men winsket. De folkskinstner nimt dos opsettelik de skriuwtrant oan, dy tsjinstich is om syn wirk sa bikend mûlk to meitsjen, hy mei dit den dwaen út lytsgeastige earsucht ef om ’t er oertsjûge is, det er in wiere en suvere saek tsjinnet, hwerfor folle oanhing nedich liket. Under folkskinst forstean ik hjir dos net de kinst dy ’t opklinkt út it hert fen it folk sels.

En oard mien ik, as ik de sizwize _persoanlike kinst_ brûk, de kinst dy ’t ûntstiet út ynlik-waerme, wier-twingende fieling, hwerby de kinstner allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide, sûnder det op ’t egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan ynfloed op bûtensteanders. De persoanlike kinstner giet dos út fen de opfetting det syn kinst yn ’t earste plak fen bilang wêze wol for de kinde fen it minskelik wêzen, en is fen bitinken, det sûnder de uteringswize to forleegjen en to forknoeijen, syn kinst dochs birikke scil de ljuwe, dy ’t er birikke wol, to sizzen: de minsken, dy ’t mei him yn ûntwikkeling en oanliz lyk steane ef dêrnei streevje. In persoanlik kinstner kin dos like folle, ja mear ynfloed útoefenje op in hiel folts as de folkskinstner, as hy fielt en tinkt lyk as de geast fen it hiele folts dat docht.

Dizze twa opfettings binne fensels fjouwerkant mei eltsoar yn striid; men kin dy beide hearskers net tagelyk tsjinje. Ear ’t de jong-fryske biweging hjar yn dit wirkje for ien fen beiden oppenearret, wolle wy efkes neigean ho ’t dizze striid yn de fryske letterkinde roun is, al scil sok in biskôging miskien hwet oan ’e bûtenkant bliuwe moatte, omdet it bistek fen dit boekje in wiidweidige en djippe bihânneling net talit; hjir kin dat punt allinne by de meast forneamden fen ús skriuwers ûndersocht wirde.

Ik rekkenje nou de skiednis fen ús letterkinde to bigjinnen yn de tiid det Gysbert Japiks de moed fynt, yn in tael, dy ’t men oan syn dagen ta biskôge hie as in wylde sprake, hweryn gjin taelkindige rigels en wetten to bikennen wierne en dy ’t algemien neamd waerd as in boerich-rûch dialekt, de forklanking fen syn ynlikst fielen en syn suverst tinken to bisiikjen. Ommers de wetten, lânsrjochten, kroniken, testaminten ensf. dy ’t yet ta it Ald-Frysk bihearre, hawwe foarsiker rike wirdij for de ûntwikkelingsrin for ús tael, mar sels de dreechste learde yn dizze skriften scil hopelik wol tajaen, det, mei de naïve, bernlike foarm eat hawwe, dat ús oanlûkt, dochs fen letterkindige wearde yn dit sakenwirk mar in bytsje to bikennen is. En dit kin like min tsjinspritsen wirde, det de Rymlerije fen Gysbert Japiks, ho folle moeite letter ek fryske folksmannen dien hawwe hjar lêzers wiis to meitsjen det dizze suverste fen ús dichters, hwaens wirk fortsjinnet neist dat fen Hooft neamd to wirden, eigentlik mar in tige gewoan folksrimeler wier—okkerdeis krige ik yet in boekje fen W. Dykstra yn hânnen, dat miskien in lytse blomlêzing forbylde moast en der ’t dizze it yn bistien hie, stikken út de Rymlerije ôfprintsje to litten neist minderwirdich wirk fen saneamde dichters, dy ’t nou lokkich frijwol forgetten binne—wol wis in samling is fen fersen, for in diel ûntstien omdet se sa opklonken yn it moed fen de dichter, en for in diel skreaun út ljeafde for de tael. Der kin gjin twivel bistean ef Gysbert Japiks scoe, as ien him forsocht hie bigrypliker to skriuwen, om fen mear deistige lêzers fette wirde to kinnen, dit field hawwe as in swiere mislediging for syn kinst; honear hy somlike minsken haegje woe mei syn wirk—ik tink oan in man as S. A. Gabbema—den wiernen it jimmer ljuwe, dy ’t mei him lyk stienen yn ûntwikkeling en djipte fen fielen, ef fen hwa ’t de dichter alteast miende, det soks it gefal wier. Syn dichten binne inkeld „út ljeafde for de tael ûndernommen” en nearne docht it bliken, det de skriuwer sels in oansjênlik tal lêzers forwachtet; yn dat gefal hie syn skriuwtrant hiel oars wêze moatten, hast hie ik sein: hie Gysbert Japiks gjin dichter wêze kinnen. Hwet Starter oanbilanget, miskien det men fen dizze mei rjocht sizze kin, det er by it skriuwen fen syn wirk in dúdlik byld fen syn fryske lêzers foar eagen hawn hat, en det men him dos biskildigje mei fen de folkskinst bioefene to hawwen, al bliuwt it fensels ek mûlk—howol it myn miening net is—, det Starter in lytse, machtleaze geast wier, dy ’t net better koe. Mar sels as men oannimt, det it him ynmoed wier de folkskinst to forrykjen, den scil men my dochs net ûntstride kinne, det dit in bigjin liket, dat wis net folle goeds for de heech priizge folkskinst ûnthjit: Starter neist Gysbert Japiks.

Oardel ieu folget, dy ’t wy rêstich ûnbispritsen litte kinne: de psalm biriming fen Althuysen kin net biskôge wirde, om ’t in oersetting, hwerby maklik eltse persoanlike opfetting op ’e eftergroun rekket, for ús doel gjin wearde hat en de oare skriften út dizze tsjustere tiden binne net bilangrikernôch om se hjir ien foar ien nei to gean.

De greate striid twisken persoanlike- en folkskinst bigjint mei foarse krêft earst yn de XIXde ieu, in striid dy ’t foarâl ek hjirom ús oandacht fortsjinnet, det ûnderskate foarmannen hjar net dúdlik rekkenskip jowe fen de saek, dy ’t se fordigenje, sims hjar sels tsjinsprekke, mei de mûle oare opfettings forkindigje as hwerfen hjar dieden bliken dogge, om den wer hâldfêst to siikjen oan de miening, dy ’t hja oars al lang as forâldere ôfsward hiene. _Hjirtroch_ is de tizeboel ûntstien, dy ’t men tsjinwirdich gewoanlik de skiednis fen de fryske letterkinde yn de lêste hûndert jier neamt, det de machtige, alles oerhearskjende frage: persoanlike kinst ef folkskinst? nea net yn al syn krêft en suver dúdlik sjoen waerd, de lêzers net wisten hwet hja oan de skriuwers hienen, somlike skriuwers der net efter komme koenen hwet hja fen hjar broerren tinke moasten en om mei it nuverste to bisluten, fierwei de measte skriuwers gjin klearrichheit krigen oer hjar sels.[2]

[2] Men scil wiis dwaen mei foar eagen to hâlden, det as der yn it folgjende in rju ginstige ynfloed taskreaun wirdt oan in dichter ef proazaist, dit inkeld jildt yn forgeliking mei it algemien peil fen ús skriftenkennisse, sûnder det ik dermei sizze wol, det er wearde hie for de wiere, boppe folts en tael steande, kinst.

Dalik komme wy al to stean foar in frjemd en lêstich gefal, as wy sjogge ho ’t de broerren Halbertsma, fen hwa wy om hjarren gjin skande oan te dwaen, net oannimme meije det se hjar ynlikste fieling útspritsen hawwe yn de skriften, letter samle yn de „Rimen en Teltsjes” en dy ’t wol neamd wirde moatte as de lieders fen de folkskinst, faken, miskien omdet dizze kinst hjar op ’en dûr net foldwaen koe, hjar witte los to meitsjen fen it ivich en ûntreastelik tinken oan: ho ’t de lêzers tsjinoer hjar skriften stean scille, om efkes in pear persoanlike ferskes to skriuwen en den, as wiernen hja forheard en eang oer dizze skriklike forhevenheit, hjar wer deltommelje to litten yn de walchelike folkskinst-sompe. En binije kin it yen den net, det hjar persoanlike kinst meastentiids sa breklik en ûnfolslein is, det de namme _dichter_ hjar ûnmûlk jown wirde mei, as men alteast earlik bliuwe wol, wylst hjar folkskinst, dy ’t men oars net bioardielje kin as nei de útwirking op de lêzers, om net to praten fen goedens en bêstens—hwent folkskinst easket oare wirdearringe—dochs ridlik sterk liket to wêzen. Mar, hwet for ús it bilangrykst is: hwet is it doel fen hjar bisiikjen, hwet stelle hja hjar foar to birikken mei hjar folkskinst? „Gewoan-minskelike earsucht wier it, dy ’t hjar ta skriuwen twong, en omdet hja eangen det hjar talinten for it Hollânsk to swak wierne, namen hja it Frysk for kar, dat yet gjin greate letterkinde hie, dy ’t de forstânnelike draechkrêft fen it folts net to boppe gyng, sadet hja dêr aerdich fêst op biwûndering rekkenje koenen,” hear ik tsjinwirdich faek sizzen; it is slim to wjerlizzen, mar dochs mien ik groun to hawwen in oare opfetting as earliker en binliker to fordigenjen: de Halberstma’s meije faek nearzige breklik skreaun hawwe, it hat hjar oprjochte bidoeling west de yndodde ljeafde for hjar tael by de Friezen wer wekker to meitsjen.

Mei der by de Halbertsma’s by riten twivel bistean, hokker wei hja ynslaen woenen ta lok fen de fryske taelbloei, en greate forwûndering hielendal to bigripen wêze, as in lêzer fen ús dagen nei min efte mear misselik wirden to wêzen fen somlike flauwiteiten-steapelingen yn de útdijde Lapekoer hommels komt to stean for in fers, hweryn dúdlik wirdt det der bisocht is ynlike fieling to uterjen, hwet wol mislearje moast omdet de oanbiddene folkskinst dochs in hwet forleegjende ynfloed liket to hawwen, fêst en rêstich stiet der tsjinoer de persoan fen Harmen Sytstra, op ien nei de greatste dichter yn hiel ús letterkinde en yn safier wy neigean kinne ek it heechst steand as man fen krêftich karakter, dichter fen ienfâldich-suvere fieling, dy ’t de earenamme „strider” wiswier fortsjinnet, en wol for alle kommende tiden yn Fryslân in noegjend foarbyld bliuwe scil. By him is twivel ûnmûlk: is twivel net in oertsjûgjend biwiis fen swakkens? Syn ljeafde for de tael, hwerfen hy de krêft en dos de bisibbens mei him sels trochfielt, is sa great, det hy, dy ’t ek hjiryn de earste is, ta it ynsjoch komt, det men allinne den yn útlânske kringen de binlike achting for ús sprake krije scil, hwennear dizze biwiiz’ge hat lûden en wirden to bisitten om de suverste fieling to forklankjen; dêrom is it, det hy der net oan tinke kin folkskinst, dat is: greate-bernekinst to jaen en sjongt hy hiel syn libben út, sûnder de humor, lyk as men it troch de bank neamt, fen de Halbertsma’s, mar sims yn sokke forheven, earnstige klanken, det wy, dy ’t mienden wiis to wêzen en wolwittend, fiele ús lytsens en ûnwit. Oan de ljuwe fen ús tiden, dy ’t hjar net skamje yn ’t iepenbier to sizzen det hja for ús fryske kinst Dokterom mear fen bilang achtsje as dizze forgetten dichter, doch ik it útstel yn it Ingelsk ris oer to setten somlike Regine-sangen en de Lapekoer; om ’t de dichterlike en bliuwende wearde fen in wirk nea net better oan ’t ljocht komt as by oersettings, scoenen wy sûnder mis den fen sokken út it lân oer ’e sé, dy ’t yn steat wiernen hjarren in suver oardiel to foarmjen, in miening to hearren krije, dy ’t net bjuster ginstich wier for de Halbertsma’s. En H. Sytstra is in tige persoanlik dichter.

Yn de rige fen de foarnaemste skriuwers heart de namme fen Tsjibbe Gearts net forswein to wirden, de frjeon fen ús allegearre, dy ’t gâns trefliker as de Halbertsma’s wist fen hokker aerd de humor is, dy ’t sikerwier djip leit yn de fryske folkssiele. Hy, de dichterlike proazeskriuwer en de proazayske dichter, dy’t fen it hiele libben in tige eigen opfetting biwarret en al hwet bart en foroaret yn ’e wrâld op bisûndere, op ’t each koartswilige, mar suvere wize sjocht en wit to teikenjen, tinkt der al like min as syn frjeon Sytstra oer, de maklike, sloppe folkskinst to bioefenjen;[3] docht it bliken, det syn skriften de Friezen better oansteane, den is det allinne hjirút to forklearjen det hy, dy ’t yn ûntwikkelens jimmer fier de mindere fen syn skerpe frjeon bleau, troch dit brek forhindere weard sa heech boppe de forstânskrêften fen it folts to rizen, as dizze yn steat wier to dwaen. Oer alles, hwet him de moeite wirdich tinkt, seit hy iepen lyk in bern, syn oprjochte miening, dy ’t faek yn ’t earst ús hwet bryk en nuver taliket, mar dy ’t by earlike biskôging dochs hiel hwet wizer blykt to wêzen as wy yn ’t bigjin wol leauwe woene; alles, hweroan hy niget hat, forhellet hy op sa’n bliere, ljochte wize, det wy, swier-tillende minsken fen de soargjende, oerweagjende en biskôgjende tweintichste ieu, ús lichter en rommer to moed fiele, as wy wylst de hjerstrein tikket tsjin skriemende finsters, wer bisletten hawwe syn samling „Ald en Nij” ris nei to slaen, in wirk fen hiel hwet kinstiger en biskaefder ynhâld as de faek rouwe „Rimen en Teltsjes”. En Tsjibbe Gearts is in persoanlik-dichterlik skriuwer.

[3] Inkelde aerdige en krekte dingen, dêr ’t men wol jerne mear fen witte woe, seit dizze skriuwer yn syn „In healûre yn ’e Skimerjoun”: sj. Ald en Nij, dl. I, s. 82.

Neist him mei as oarspronkelik en puntich forheller-biskôger neamd wirde de hear C. Wielsma, de iennichste humoristyske, ef hjir earder koartswilige skriuwer, dy ’t ús oerbleaun is fen it alear sa greate tal. It sterker ef swakker didaktysk karakter, dat it eigenaerdige, sims sels it foarnaemste is yn syn measte stikken, scoe him al bilette de folkskinst to bioefenjen, omdet dizze net folle romte jowt oan persoanlike opfettings, ef hja moatte mei opset sin al sa forknoeid en forwrongen wêze, det hja wierlik ynslagge omdet hja mei soarchfâldige birekkening spritsen binne nei it herte fen it folts. Mar mei sok in minderwirdige skriuwersrêdsumens is lokkich de hear Wielsma—yn safier ik in eigen oardiel foarmje mei oer syn wirk, hwerfen it my moeit sizze to moatten, det ik it net allegear lêzen haw, om ’t it my oant nou ta ûnmûlk wier syn forsprate bydragen yn de Ljouwerter Krante machtich to wirden—nea net to wirk gien; as man fen wier-heechsteand karakter hat hy hwet „om him hinne” barde, dúdlik útteikene, faken efkes goedmienend útlake en sims mei glimkjend antlit pript yn syn puntige wirden. De foarm fen syn wirk mocht ienfâldich-bifettelik wêze, hwet maklik to forklearjen is út syn eigen aerd, dat rjocht op it doel ôfgiet sûnder in oermiettige opheapping fen wirden, dy ’t allinne it kleare minder dúdlik meitsje,—foarâl de ynhâld, de geast fen syn stikken tsjûget krêftigernôch fen in tige persoanlike libbensopfetting, om fêst to stellen, det Wielsma persoanlike kinst joech.

En det persoanlike kinst, al hâldt se hjar nea op mei fyn-biskôgjend en oerweagjend nei to gean eft hjar utering wol sterkernôch is _ef_ om de lêzers oan ’t laitsjen _ef_ oan ’t trieneagjen to krijen, dochs greate ynfloed hawwe kin op it geastelik fielen en de letterkindige ûntwikkeling fen hiel in kinst-earm folk—fornoegjend forskynsel dit, omdet men der aerdich wis út ôfliede mei, det yn lektuer de kliber like goed opkliuwe kin nei de hichte fen de skriuwer, as de dichter him forleegje ta de fieling fen it folk—dit wirdt wer oertsjûgjend biwiiz’ge troch de treflike útwirking, dy ’t de Rispinge fen Piter Jelles hie op de fryske lêzers. En grif jowt it moed oan de ljuwe, dy ’t de saek fen de persoanlike kinst fordigenje, det men fen dit wirk nearne sizzen heard hat, det de ynhâld to dreech wier en de tinzen, yn krêftige, sims foarse en sims stil-dreamende fersen forklanke, nea net to heech gyngen for de fettingskrêft fen de lêzers; wis, it „Frysk bloed, tsjoch op!” klinkt yette yn ear-forskûrrende meldijen oer ús lege lânsdouwen, en folle oare sjongsume en stroffelige lieten steane yet heech yn de achting fen ús lânsljuwe, mar men mei bitwivelje eft der ûnder hiel dizze klanken-chaos ien sang is, dy ’t mei mear wijïng en stille nocht songen wirdt as „Oan ’e kant fen ’e mar”, it fers dat tagelyk—hege útsûndering ûnder de fryske poëzije fen de lêste tritich jier—de meast strang-krityske bioardieling lokkich trochstean kin. For it hiele fryske jongfolk, de ûnthjittende feinten binammen scil sûnder twivel de Rispinge, just omdet dizze samling yn alles it krekte, soarchfâldich-útwirke byld is fen in heech-minskelik fielingslibben, bliuwe it hearlikste „confiteor”, de suverste forklanking fen in krêftige libbensoertsjûging en de striid, nedich om dizze hichte to birikken. By Piter Jelles merkbite wy fierders de treastlike bisûnderheit, det, mei de folkskinst syn forleegjende ynfloed twingend útoefenje hwennear in skriuwer, dy ’t hjar hildiget as it heechste, bisiket for de aerdichheit ek ris in rymke to skriuwen, dat wjerspegelet de oandwaning fen eigen moed, de persoanlike kinst, sels hwennear de dichter fielt det it nedich wêze koe syn utering for in egenblik yn safier gewelt oan to dwaen, det dizze de lêzer ienfâldiger en bigrypliker yn de earen klinke scil, dochs yet oan dizze twongen utering in haegjend en suver lûd wit mei to dielen. Ik wiis hjir op it greate forskeel, dat yen opfalt as de skriuwer fen „Mostert nei de Mieltiid” hommels bisiket him dichterlik to uterjen yn „de Blide Bernkes” en as de dichter fen „de Striid om it Heechste” in fers skriuwt as „de Priisfraech”, dat howol bidoeld as folksrym dochs bleaun is in haechlik dicht. Wer reauntsje ik myn refrein: en Piter Jelles bioefen’t de persoanlike dichtkinst.

In skriuwer dy ’t neamd wirde moat, net omdet hy de brede lagen fen it folk wist to birikken, mar mear om de wier-dichterlike wearde fen syn wirk, hweryn de stimmichste ienfâld syn doel liket to wêzen, is sûnder twivel Dr. Schepers; ho ’t men der elts egenblik ek klam oplizze mei det yn syn fersen greate technyske en taelkindige brekken foarkomme—ik wol oannimme, det dizze ûnginstige miening net ûnder ynfloed fen oerginst foarme is—dochs bliuwt it fêst, det syn dichten for de letterkindige skiednis fen ús tael fen ’t measte bilang binne. Hwent hy is it, dy ’t as men oardielje mei nei it foarwird yn syn „Gedichten” it earst merkbyt, det in striid twisken folkskinst en persoanlike kinst geande is, en mei it each dêrop de jonge skriuwers oanret, yn hjar wirk hjar inerlikst fielen op suver-ienfâldige wize to uterjen; den, sa liket it him ta, en ik moat my tige forsinne, ef syn miening is: _den allinne_, scille wy in letterkinde krije, hwerop men greatsk wêze mei. Hwerom ik persoanlik greate biwûndering haw for syn fersen en fen bitinken bin, det dizze frij hwet mear wirdearringe fortsjinje, as men hjar gewoanlik mei in heech-foarnaem glimke wol takenne wol, foreasket in brede forklearring, hwerby ik oer forskate dingen útwreidzje moat, en hwerfor yn dit wirkje dos gjin romte is. Ljuwe, dy ’t hjiryn bilang stelle, fêstigje ik de oandacht op myn stúdzje „Dr. Schepers” yn de opstelle-rige „Fryslâns dichters” dy ’t mei gauwens wol yn’e Ljouwerter forskine scil; nou kin ik allinne as myn miening útsprekke, det minsken, dy ’t genôch stúdzje makke hawwe fen de fryske skriften om in binlik en rjochtfirdich oardiel oer dizze saek to uterjen, it njonkenlytsen hjiroer dochs wol iens wirden binne, det dr. Schepers, ho freeslik syn taelkindige sounen den ek wêze meije, as dichter wol wis achte heart to wirden; wol mei de wrâld forwûndere wêze, det sels de hear Hof—ik mien hjirmei fensels hielendal net to sizzen, det dizze rjocht hat op de namme kritikus, yn de biteikenis fen bioardieler mei de easken, dy ’t ik hjir boppe útspriek—it forbûke Fryslân meidield hat, it hjirmei iens to wêzen! En nou ’t ik dos, út namme fen Fryslâns bêste skriuwers, Dr. Schepers hjir wolfortsjinne hilde as dichter bringe mei, scil nimmen it my ûntstride kinne, det ek hy ús persoanlike dichtkinst joech.

Dizze koarte bisprekking fen somliken fen ús foarnaemste en meast to wirdearjen skriuwers wol hielendal net oansjoen wirde for de meidieling fen in folslein en wiidweidich ûndersiik, al jow ik ta det sok soarchfâldich neigean tige bifoarderlik wêze scoe for de klearrichheit oer ús letterkinde; as men lykwol de útkomsten, hjir boppe oantsjut, neigiet, den kin it hast net oars ef men moat wol tige forwûndere wêze to sjên, det de bêste fryske skriuwers hjar, op de Halberstma’s nei—fen hwaens wirken de treflikens yn de lêste tiden wer danich yn kiif steld wirdt, al forjit men dêrby neffens myn miening al to folle, det men foarâl dizze skriuwers to bioardieljen hat yn ’t ljocht fen hjar tiid—gjin fen allen bikeard hawwe ta it bigjinsel, det men yen yn sok in trant uterje moat, det it greatste diel fen it fryske folts yn steat is ek to fetsjen, hwet hja lêze. To nuverder liket den it forskynsel, det de folkskinst, ho ’n bytsje den ek bioefene en ho skoudere fen de trefliksten, sûnder det dizzen it meast yn wirden uteren, dochs it biwiiz’gjend mei de die, to sizzen it skriuwen en dichtsjen fen persoanlik kinst-wirk, op ’en dûr dochs net bilies hoechde to jaen, mar it sels sa fier wist to bringen det hja net sûnder rjocht der op romje koe, in folsleine oerwinning bihelle to hawwen. Ho dit to forklearjen? Ik scil bisiikje de lêzer nou wer wei to lieden út de riedseleftige en geheimige doalhôf, hweryn ik him moedwillich brocht haw, om to meitsjen, det er, nou ’t er it ljocht in skoft net mear yn syn stoere krêft field hat en dos der wer nei bigjint to langjen, de strielen en hjar seine better wirdearje scil; mar mocht der immen in útgong sjên, dy ’t hy oannimmeliker wit to meitsjen, wis, dy scil fen my net oantaest wirde.

Om to bigjinnen mei men den in ridlik krêftige ynfloed oannimme fen de toanielisten, skriuwers, dy ’t der wol op oanwiisd wiernen alteast hjar stoffe sa to bihânneljen det it fierwei it greatste diel fen ús folk net slim wêze scoe, hjar yn hjar utering to folgjen, hwermei ik lykwol hielendal net sein haw, det dizze minsken hjar tinzen forlege hawwe en de eigen fieling binommen oan hjar stikken, inkeld om dizze genietliker to meitsjen for it greate folts. Mar howol it for de harkers sadwaende minder maklik waerd yn selsfoarme miening, goede kinst fen minderwirdige to ûnderskieden troch it forskeel yn uteringskrêft nei to gean, dochs giet it net oan hjarren de skild fen de ûnsillige folkskinst-oerwinning hielendal yn de skoen to skouwen.

It mei bikend wêze det yn eltse striid, op geastelik like goed as op stoffelik gebiet, de measte skea oan in partij faken tabrocht wirdt, net troch de fijân, mar fen minsken fen hwa ’t men forwachte hie, det se neist yen stean scoene, dy ’t dit miskien ek wol miene to dwaen, mar bliken jaende yens saek op sleauwe ef forkearde wizânsje to fordigenjen, de fijân wolkomme gelegenheit jowe syn ljeafste foarnimmens út to fieren. Sa gyng it ús persoanlike dichtkinst yn ’t bigjin fen de XXste ieu do ’t hja, mienend in krêftich meistrider yn to heljen, fen hwaens wirk men folle fortuten forwachte, yn it tal fen hjar fordigeners taliet in man, dy ’t op sok in nuvere wize mei syn sjittersark omgyng, det forskate fen de wolmienende minsken, dy ’t him sa minlik oanglimke hiene, swier woune waerden, sûnder mear út to finen hwa ’t de pylk op hjar ôfsketten hie. It wirk fen de oer it hynsder, ja, ta de stjerren tilde rimeler Jan fen ’e Gaestmar hat—binammen Klankboarne en Drankjes—ús fryske tael-biweging sok in pynlike skea dien, det wy hoopje det hy hjir op ierde yet lang tahâlde mei, fordet er, foar nei de ivige ôfgroun fen it forjit forstaet to wirden, yet gelegenheit krije scil goed to meitsjen, hwet er sa grouwelich fordoarn hat. Ik neam hjir mei de measte klam Jan fen ’e Gaestmar in rimeler, en men wit det ik dizze kwaliflkaesje nea net mei de namme dichter forsin; mocht immen, dy ’t dit kritysk oardiel lêst, achtsje det it nedich is hwet ik yn ’t iepenbier sein haw, teffens yn ’t iepenbier to biwiiz’gjen, ik noegje him minlik út my dit bitinken meidiele to wollen, en ik scil hem net in moanne op biwiis wachtsje litte[4] for myn sizzen, det yn hiel de Klankboarne, miskien ien inkeld fers útsûndere, gjin dichten to bikennen binne hweryn in suver-fielende siele sjongt; mar wol rymstikken dy ’t deselde yndruk meitsje as in neargeastich geramt, dêr ’t men om derfor to soargjen, det in maklik-oandien minske gjin to felle skrik krijt, in tweintich-ieusk kostuem om hongen hat. It brûken fen in hopen forâldere wirden, dy ’t op ús gjin oare yndruk mear meitsje, as det se ús kinstich socht, net oprjocht en deadsk talykje, brocht, lyk as to forklearjen is, in great diel fen tinkend Fryslân yn opstân en hie ta gefolch, det forskate minsken, dy ’t gjin klear ynsjoch yn de saek hiene, tochten det persoanlike kinst út hjar sels ûnbigryplik wêze moast en for de fryske sprake dos mear lok to wachtsjen wier fen folkskinst, wylst ljuwe dy ’t yn steat wierne to bigripen, ho’n bytsje wiere fieling to finen wier yn dizze opheappings fen rou-klinkende rombom, hjar wer bikearden ta hjar âlde opfetting, det it Frysk minderwirdige boustoffe wier for poëzije en allinne brûkt wirde koe for koartswyl en humor fen fortocht soarte. Sa jerne scoe ik mei oaren leauwe wolle, det Jan fen ’e Gaestmar noutiids sels ek ynseach, hok in jeugdsoune syn Klankboarne is, mar my tinkt det út somlike plakken fen syn lêste skriften ôflaet wirde mei ho ’t er sels yet fen bitinken bliuwt, det dizze samling him forgoed plak jowt ûnder de greatste fryske dichters. Mei de hear Wumkes winskje wy him net mear op it stikelfjild fen de taelwittenskip oan ’t skarreljen to sjên (men forhellet, det er it tsjinwirdich oerjown hat, him der in paed op to meitsjen, mar ’t om ’t it syn hillichste ljeafde liket to wêzen, hwerfen er, ho húnsk ek bihânnele, dochs gjin ôfskie nimme kin, der kronkeljende hoalen yn graeft), dôch like min is it ús in swiid geniet, him to finen op de glêdde iisflier der poëzije, hwer ’t er sokke nuvere sprongen en evolúsjes makket, det wy, wend ús minskeljeafde lang to biwarjen, tûzen noeden útstean det er yet ris in skonk brekke scil. Us ljeafste winsk is, út syn mûle yette de forklearring to hearren, det er fen nijs oan bigjinne scoe en nou ienfâldige lietkes skriuwe, hweryn neat foarkomt, dat liket op in opsettelike miette-foroaring, om in stjerrende kening prate to litten yn hexameters-mei-foarslach, rigels dy ’t in soun minske sels hast net útbringe kin; wy fen ús kant wolle den ûnthjitte, ús oardiel yn ’t earst net op ûnnedich strange wize to uterjen.

[4] Sûnt ik dit skreau, waerd de saek yet hiel hwet ienfâldiger, om ’t ik nou forwize kin nei myn artikels oer it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, dy ’t yn ’e Sneinsblêdden fen ’e Ljouwter Krante fen 27 Maert, 24 April, 5 Juny en 3 July dit jier (1915) plak foun hawwe.

En dochs: sels troch de skriuwerij fen de kinst-earme Gaestmarder Hear is de forwûnderjende oerwinning fen de folkskinst net to forklearjen; dêrfor moat ik de namme neame, dy’t eltsenien al lang forwachte hie yn myn koarte biskôging oer de foarnaemste fryske skriuwers: Waling Dykstra. It gefal fen dizze forneamde forheller en taelkindige is wol sa bûtenwenstich, det it de moeite leannet der efkes langer by to toevjen.

Men mei oannimme det de jonge Dykstra, do ’t er him yet net ûntwikkele hie op de net ûnfortsjinstlike wize, dy ’t wy letter yn him earje moatte, yn it bigjin fen syn skriuwen, do ’t er sûnder twivel tige ûnder ynfloed stie fen de Lapekoer, net yn steat wier eat oars to leverjen as kinst, dy troch it greate folk, hwerfen er do sels yet diel útmakke, sûnder ynspanning to fetsjen en to folgjen wier. Lykwol stiet it fêst, det er yn letter dagen, do ’t er him dochs wol hwet kinde forgearre hawwe scil oer treflike skriften, ek fen oare folken, do ’t fierders syn uterjen tanimme moast yn krêft en biteikenis, en hy de djippe fieling yn de dichten fen H. Sytstra wirdearjen learde, faken bisocht hawwe moat, wirk to skriuwen fen mear geastlike biteikenis, fersen dy tsûgen fen suverder fielen. Syn earste stikjes wiernen, hwet boppe fen my neamd is persoanlike kinst; dos moast men wol forwachtsje, det do ’t de persoan him ûntwikkele en syn tinken tanaem yn djipte, dit ek to merkbiten wêze scoe oan syn wirk, sadet dit, it mocht den fierders maklik for it folk to fetsjen wêze ef net, bliuwe scoe de wjerspegeling fen syn eigen fielen, sûnder det er fierders in dúdlike foarstelling hie fen de yndruk, dy ’t it op de ûnderskate lêzers meitsje moast. Dochs is dit net bard; yn letter tiden hat Dykstra him jimmerwer forklearre for de folkskinst, jimmer herhelle det men sa skriuwe moast, det de measte lêzers net to bek skrilje koene for lêstige uteringswizen, en sels it foarbyld jown. Wol komt de minske Dykstra dúdliker út as hy teltsjes skriuwt dy tsjinstich wêze moatte om de reformearde opfettings bilachelik to meitsjen, mar dochs, hok in wiid forskeel mei de didaktikus Wielsma! Wylst de lêste syn snedige setten al op ’t pompier hat ear ’t er him der sels rekkenskip fen jowt, sels earst glimket om syn wirden, sûnder to wachtsjen op it laitsjen fen oaren, waerd der—it docht bliken oan alles—fen Dykstra earst frege: scil it sa ynslaen, de yndruk meibringe, dy ’t ik meitse wol? In treflik biwiis hjirfor fynt men, as men de opgong fen de skriften fen Dykstra ris forgeliket by de bidêste, mar dêrom net minder oprjocht-miende hilde oan de Grouster master tawijd for syn bizige wirkjes; en dochs is dit net to forklearjen mei to sizzen, det dit sa kaem, om ’t Dykstra folle mear skreau—hwent neidet hy safolle skreaun hie as master Wielsma oant nou ta, wier syn ynfloed by de Friezen al gâns greater—noch jowt men der in goede útliz oan, as men úthâldt, det it talint fen Dykstra greater wier—ommers troch net ien kin soks sein wirde, dy ’t stúdzje makke fen beide ljuwe’ wirken—en likemin mei as wier oannomd wirde, det it _sin_ fen Dykstra frysker bleaun wier as det fen Wielsma, noch det de ûntwikkeling fen Dykstra minder wier as dy fen Wielsma, sadet de skriften fen de lêsten as fensels minder maklik to folgjen wiernen; de iennichste forklearing kin wêze, det de Holwerter him sels twong to skriuwen lyk as it folk det it ljeafst hearde, wylst de Grouster skreau om glimkje to kinnen en sels ta klearder ynsjoch to kommen.

En wer freegje ik, lyk as by de Halbertsma’s, hwet dochs wol de reden for Dykstra wier om de folkskinst to bioefenjen, en faeks seit nou wol nimmen: om persoanlike earsucht, hwent dizze skriuwer bleau altyd in wier stânfries, fij fen alle persoans oanbidding (tinkt der tsjinwirdich den nimmen oan, det in tinkstien, lyk as men fen doel is for him op to rjochtsjen, hielendal yngiet tsjin de geast fen dizze skriuwer, ef hat men for syn inerlikst wêzen alle earbied forlern?); mar ien andert is hjir mûlk: hy skreau wiswier lyk it folk it ljeafst seach, om folle frjeonen to biwarjen for de tael; syn doel wier lyk as ik langlêsten earne dúdlik en ienfâldich wier lies: it Frysk to meitsjen ta folkseigendom. Troch _syn_ ynfloed bihelle de folkskinst sok in forbjusterjende, howol net bliuwende, oerwinning.

Gearfetsjende bifine wy, det alle skriuwers dy ’t yn ús letterkinde fen great bilang binne, hjar forklearre hawwe for de persoanlike kinst, wier it net altyd yn dúdlike wirden, dy ’t gjin twivel oerlieten, den dochs mei de die, útnommen allinne de Halbertsma’s en Waling Dykstra, dy ’t de folkskinst bioefenen út ljeafde for de tael, hwerfor men wol in wird fen wirdearring oer hawwe mei, as men bitinkt ho ’t derfor faek nedich is de hillichste en ljeafste eigen fieling oan kant to skouwen. Yn de hiele njoggentjinde ieu hawwe wy neist elkoar hawn dizze beide bigjinsels, hwerfen men ek nou en letter ûnmûlk ien fen beiden foartbanne kin, sûnder de tael sels greate skea to dwaen. _Hwent troch de folkskinst wei to reagjen scil de tael gjin folkseigendom bliuwe kinne, en hja scil net mei eare neist hjar sisters neamd wirde kinne, as men it persoanlik uterjen tsjingiet._

Hjirút folget

1o. det it ûnbinlik is de gefolgen fen de greate folkskinstoerwinning to bistindigjen;

2o. det de persoanlike kinst wer heart to kommen yn ’t bisit fen al hjar rjochten;

3o. det lykwol de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei.

Men mei wol betinke, det de tastân by it Frysk hiel oars is as by de haedtalen, hwer men for ’t bihâld fen de sprake gjin soargen hoecht to hawwen, op syn heechst tasjoen wirde moat, det de suverens fen tael net to lijen had ûnder frjemde ynfloed en dos de folkskinst hielendal net nedich is. En ek wy scoene hjar net fen neden hawwe, as ús tael net sok in swiere striid om hjar bistean út to fjochtsen hie mei it Hollânsk, sadet wy reden hawwe to bislúten, det wylst de persoanlike kinst nea en nearne ûntbrekke mei, as in sprake der op stiet for folslein oansjoen to wirden, de folkskinst ûnder ginstige omstânnichheden tige skoan mist wirde kin en det men de earste neame mei ivich-bliuwend, de twadde lykwol mar tidelik, det dos

4o. de folkskinst minderwirdich is oan de persoanlike kinst.

Biskôgje wy dizze fjouwer wierheden, lyk as ik dy hopelik foldwaende biwiiz’ge haw, yn it ljocht fen ús frysk-letterkindige skiednis, dy ’t hjir boppe yn tige algemiene wirden bispritsen waerd, den bifine wy det, howol de trije earsten hielendal oerien komme mei de geast, dy ’t yn dizze skiednis hearsket, de fjirde, ho nuver it ek liket, frijwol nij is, sa det men oannimme mei, det hjirtroch hiel oare tastânnen berne wirde. Dit is den ek wezentlik it gefal.

Ta bislút fen dit haedstik wol ik yet oer myn twa earste stellingen, dy ’t hjirop delkomme det de folkskinst oan ynfloed biheart to forliezen en as gefolch dêrfen de persoanlike yn krêften to winnen, in pear opmerkings meitsje, dy ’t al kin ik der net oer útwreidzje, dochs net oerslein wirde meije.

Men scil ynsjên det de forhâlding twisken dizze twa bigjinsels net wirdt lyk hja heart to wêzen, as men út skrutelens der tsjin oan sjocht om dizze saek biret oan to fetsjen, alles oan de takomst oerlittend yn moedleaze miening, det it dochs fensels wol torjochte komme scil. Hwet easke wirdt fen elts, dy ’t ljeafde fielt for ús tael en net sjên wol, det wy skielk, as wy bigjinne to bisiikjen yn Hollân bilangstelling for en binlik oardiel oer ús saek to krijen, en lyk as wy fen doel binne, in birop dogge op de Ingelske taelkindigen, faeks op it hiele ingelske folts, om net ûnforskillich oan to sjên, det in sistersprake forlern giet, hweryn in stamme petearret, dy yet krêftich fielt for hjar greate broerren oan de oare ich fen de Noardsé, in rampsillich stilswijen biwarje moatte, as men ús freget eft us tael al dy moeite en ynspanning wol wirdich is, kin allinne dit wêze: mei to wirkjen, det ús persoanlike kinst wer de troane bikliuwe kin, dy ’t hjar neffens de rin fen hiel ús letterkindige skiednis takomt, de persoanlike kinst, mar den lottere troch hjar striid en krêftiger, gelegenheit kriget hjar wer sa to ûntwikkeljen, det hja wirk ta stân bringt fen ivich-bliuwende wirdij.

Dit heart ús doel to wêzen—en wy, jonge Friezen dy ’t fiele en witte, det der hwet souns yn ús libbet, dat ho machtleas syn utering noutiids sims yet wêze mei, dochs nei in stikmannich jierren sa taninime scil yn bloei-krêft, det ús wirk to wirdearjen wêze scil en to genietsjen—wy sjogge roun nei in fikse, warbere stipe, dy ’t ús oanmoedigjend seit fierder to gean as wy wirk leverje, dat ús tael gjin skande docht, en as wy omtoarkje yn fortretlike dize, ús wiist in ljochte wei. Mar alderearst wier nedich in gelegenheit, hwer ’t wy ús ynlikste fielen, mei it den ek wêze yn ’t earst yn faek ûnfolsleine foarm, frij útsprekke koenen, en moast men ús binimme de twang ûnderhearrich om romte to forsiikjen yn in blêd, hweryn wy ús net thúsfiele en dat, prieljend mei in findel hweryn forneamde mannen en nommele skriuwers hjar bliuwende namme opnimme lieten, deroan ûntrou waerd en syn gammel bistean fierder libbet as in hún en mislediging for ús tael.

De greatste tsjinst, dy ’t it Selskip for fryske _tael_ en _skriftenkennisse_ de twa saken, hwerfor it him, nei ’t syn namme seit, to skoar set, noutiids biwiizgje koe, wier op myn forsiik to bisluten ta útjefte fen in Wykblêd, en dit net by in ienfâldich bislút to litten, mar nou einlings en to ’n lêsten ris moedich troch to setten, mei „Sljucht en Rjucht” en dêrtroch de dekadinte Halbertsma-Dykstra-skoalle de liedende posysje to binimmen.