Chapter 6 of 6 · 7291 words · ~36 min read

VI.

De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema.

Oan ’e reklame, dy ’t minsken as Canne, Hof en Rypma sa ynskiklik wiernen to meitsjen for ús bigjinsels en wirk, scil it for in great diel ta to skriuwen wêze, det it my sikerwier lokt is, mei myn kritiken yn ’e Ljouwerter Krante, dy ’t oars—en ik siz soks mei greatskens—net bjuster populair skreaun binne, dochs alle Friezen ús eigen lân to birikken, dy ’t mei nocht al it wichtichst yn ús skriftenkennisse, binammen dos de ûntwikkeling fen jongeren, folgje en ûndersiikje. Dizze biskôgings, foarâl dy oer it wirk en it streevjen fen Jan fen ’e Gaestmar, hienen, trochdet it oanfallen hearskip sa jamk syn mûle foarbypraette, eigenaerdige gefolgen, dêr ’t wol de oandacht for frege wirde mei, om ’t it sa mei forbjusterjende klearens bliken docht, ho nearzich ûngeef de tastânnen yn ús skriftenkennisse wiernen foar it opkommen fen ús, Jong-Friezen.

Yn myn earste opstel, dat biskôge wirde moat as in ynlieding for ’e hiele rige, wiis ik der op, det Jan fen ’e Gaestmar him yet jimmer lokkich priizgje mei om it kommando oer in pear tsjinstfeinten, ljuwe oars fen minder wicht en bitsjutting, mar dy ’t, nei oarders fen hjar foreare Master krige to hawwen, mei nuvere redsumens al faker as ienris de hiele Algemiene Gearkomste wisten to meitsjen ta in âlderwetske poalske lânsdei,—sûnder krekt oan to tsjutten, hwa ’t ik hjirmei miende. Lyk as ik forwachte hie, fleach de hear Canne, de forneamde Gearkomste-Ropper, al foartdalik tsjin ’e lampe en frege yn in oerstjûr stikje yn ’e Ljouwerter Krante my om biwizen for sok sizzen, dy ’t ik dodestiids miende yet ljeaver net meidiele to moatten, sadet ik him inkeld oanret haw, de skoech oan to lûken, as dy him sa krekt passe mocht, dêr ’t er tige breinroer om wirden wêze moat. Nou lykwols fyn ik frijichheit, hjir mei to dielen, hwet in lid fen it Haedbistjûr, dy ’t yn Ljouwert lieding jowt oan it krite-libben (_net_ dos de hear Sipma) my yn forbân dêrmei to witten die: det de hear Canne syn toanielstikken lyk as „Rjochten en Plichten” tastjûrt oan ’e Gaestmarder Hear, dy ’t him den oanwiist hwet dêryn forbettere wirde moat; det by de opfiering, as it niismiende Haedbistjûrslid de hear Hof rounút seit, det er net folle goeds sjên kin yn it stik fen syn frjeon Canne, dizze dit forklearret as tige bigryplik, „om ’t Canne net alle foroarings oanbrocht hie, dy ’t hy, Hof, him opjoech”; en det yn it krantsje, der ’t Hof haedredakteur oan is, sok in stik, netjinsteande dy bigryplikens, dochs wer bioardiele wirdt op in ginstige wize, det it is om der wé fen to wirden. De lieder fen it Ljouwerter krite-libben fornijde my bûtendat, det him langlêsten hwet oanbrocht wier, dêr ’t it yet klearder út waerd, det ik it by ’t rjochte ein hawn hie, do ’t ik Canne in tsjinstfeint fen Hof neamde; ik haw der net fierder op yn frege, om ’t ik fen myn gelyk wol oertsjûge wier, ek sûnder nije biwiisstikken, mar kin de hearen Hof en Canne út goederbêstens yet de rie jaen by dit Haedbistjûrslid fierdere taljochting to siikjen, dy ’t hjarren sûnder mis den jown wirde scil, mear as hjar sels wol ljeaf is.

Oan it ein fen myn fjouwer opstellen oer ’e Gaestmarder Hear joech ik in pear gearfettings fen hwet ik sein en biwiizge hie yn myn kritiken, in koarte oantsjutting fen ’e haedsaken, dy ’t letter noch fen Hof, noch fen Rypma my sels mar mei it oanheljen fen sitaten ûntstriden binne en dos biskôge wirde meije as algemien wier-field en oernommen, sadet ik se hjir mei yet ynliker klam as to ’n earsten, herhelje kin:

1. Om ’t it diel fen ’e „Klankboarne”, dat trochgean wol for djipfield dicht, al dalik bliken docht inkeld to bistean út in heap ûnwiere, rombommige utering, hwerfen eltse ynlike fieling skou is, docht men forkeard en is men ûnbinlijk jinoer it wiereftich talint, as men de[10] rimeler Hof forearet mei de dichternamme.

[10] Noutiids wol ik hjir ynlaskje: _him dêryn uterjende_.

2. Om ’t it oare diel bistiet út breklike oersettings en rymstikken, dy ’t hjar ek net útjaen wolle for mear as dat, kin sels de meast ynskiklike krityk net de miening uterje, det mei de „Klankboarne” praet wêze kin fen in forriking fen ús skriftenkennisse.

3. Om ’t de mislearring fen ’e biweging fen 1905 foarâl hjiroan ta to skriuwen is, det de hear Hof, howol dekadint fen ’e tachtigers, oannommen waerd as hjar lieder op it fjild fen taelstriid en letterkinde, is it net dúdlik hwer ’t de fortsjinsten fen de nou bispritsen skriuwer to siikjen binne, en kin him, alteast to’n earsten, for syn streevjen yet gjin liedende posysje taskikt wirde.

4. Allinne den scil de hear Hof yn steat wêze ienris minder ûnsuver wirk to jaen, as er, weromkommend op syn ûnbiredenearre sels-forearing, en war dwaende him hwet suverens en rêstigens fen utering eigen to meitsjen, mei de die tajowt, det syn rombom fen eren net fierder biachte hoecht to wirden.

Woe men dizze gearfettings mei fortuten bistride, den scoe men oertsjûgjend taljochtsje moatte, det de „Klankboarne”, yn safier dizze dichten bifettet, utering jowt oan suvere fieling yn oprjochte wirden, det de rymstikken bjuster geastich binne, en de oersettings fortsjinstlik; det de hear Hof gjin skild hat oan it mislearjen fen ’e biweging fen 1905 en det er do ús taelstriid laet hat mei talint, wylst troch it bistriden fen ’e twa earste de fjirde gearfetting fensels krêftleas wirde scoe. Om ’t hjirta nimmen yn steat wier, kaem der fen soks lykwol neat en hie de simmeleftich-wirden Gaestmarder Hear, dy ’t jimmer yet yn ’e loksillige ynbylding liket to libjen, det er hearsker wêze koe op Fryslâns fjilden, roun to sjên nei oare, mocht it ek wêze minderweardige middeltsjes, om sa alteast yet hwet fen syn eren sa krêftich prestige to biwarjen. Tsjin better witten yn biskildige hy my derfen, det myn ienris ginstige miening oer syn wirk, omslein wier yn in ûnfortsjinne-leechlizzende, _neidet_ en _omdet_ er my in bydrage for syn krantsje, dat my do allinnich fen hearren sizzen bikend wier en hwerfen ik net ealge det de Gaestmarder Hear bistjûrder wêze koe, wegere hie plak to jaen. Dit sizzen, dat my oantaeste moast yn myn namme fen earlik en oprjocht, allinnich sims hwet strang kritikus, koe net ûnbistriden bliuwe, om ’t men oars fen my tinke mocht, det ik by it bioardieljen fen in wirk gjin rekkenskip hold mei it bilang fen myn tael, mar mei dat fen mysels en soks de saek, dy ’t ik fordigenje, wol skea dwaen moast. Deselde jouns yet, det dizze lytse mar wol tige Hof-eftige, ommers eltsenien nei him sels ôfmjittende, biskildiging priele yn it Ljouwter Nijsblêd, hwerfen it gehalte dêrtroch dochs slim rize koe, skreauwen myn frjeon Sybesma en ik neikommende stikken, dy ’t gjin taljochting mear fen neden hawwe:

Ljouwert, 5 July 1915.

_Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwter Nijsblêd._

Ik noegje Jo út, ynlizzen stikken op to nimmen, hwerby Jy nei ’t ik hoopje mei blidens fornimme scille, det ek ik bisleat my de weelde fen in pleitbisoarger to ginnen. Immen, dy ’t sels, om ’t er gjin man fen it debat is, it bistiet in oar de kastanjes út it fjûr helje to litten,[11] kin hjiroan, nei ’t it my taliket, net bêst niget hawwe.

(_w. t._) D. KALMA.

[11] Ik doel hjirby fensels op ’e forhâlding Hof-Canne. Noat fen ein Aug. 1915.

_Oan Jan fen ’e Gaestmar._

Nei ’t ik Jou artikel lêzen hie yn Jou krantsje fen ’e 5te July waerd it my ringen klear, det ik dochs eigentlik to heech stean om sels in andert to jaen op sok in artikel, hweryn de ûnwierste biskildigings oan myn adres utere binne sûnder ek mar in skyn fen biwiis. Dêrom bisleat ik de hear Sybesma, dy ’t myn oandacht for Jou skriuwen frege, ynsjoch to jaen fen ’e brieven en stikken, dy ’t hjirmei yn forbân steane om dêr fierder it brûkme fen to meitsjen, dat himsels it bêst noaske. Det ik sa gau ré bin mei in forwar leit him allinne hjiroan, det ik fen bitinken bin, det men ûnwiere biskildigings net de tiid jaen moat woartel to sjitten yn it moed fen ûnwittende minsken.

(_w. t._) D. KALMA.

_Achte Hear!_

De hear Kalma joech my frijichheit oer to nimmen út him tastjûrde brieven, hwet mei dizze saek yn forbân stiet. As gefolch hjirfen mien ik Jou oandacht for it neikommende freegje to moatten:

It die my nammentlik bliken det de hear Kalrna syn earste artikel oan ’e Redaksje fen de Lj. Kr. tastjûrde, likernôch de 26ste Oktober ’14. De earste brief alteast dy ’t er hjiroer werom krige, draecht de datum 31 Oktober.

Yn ’t bigjin fen de moanne Novimber fette de hear Kalma it plan op syn rige bydragen „Fryslâns dichters”, to ’n earsten for Slj. e. Rj. skreaun, ôf to sluten mei in bisprekking oer Jins wirk as dichter. Hjirfor wier nedich, det er de kinde mei Jins „Klankboarne” fornijde, dy ’t er sûnt mear as in healjier net wer mei oandacht bistudearre hie. It gefolch hjirfen dielt de hear K. mei yn it bigjin fen syn opstel oer dr. Schepers, det yet yn hânskrift by him leit, en blikens de datum skreaun waerd fen _3 oant 6 Desimber 1914_.[12] Dit bigjin is sa:

[12] Alhielendal omwirke forskynt dit opstel nou yn ’e Ljouwerter Krante.

„Hwa de ynlieding lies fen myn earste opstel oer ús dichters, scil him miskien yet witte to binnen to bringen, ho ’t ik dêryn ûnthiet to bihanneljen it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, yn safier dit ryk is oan dichterlike wearde, dos, scoe men allicht sa op it each sizze, somlike lyriske brokstikken út syn proazewirk en, as haedsaek, de hiele Klankboarne. For immen lykwol, dy ’t him net fen de wize bringe lit troch hwet heech-opjaende rhetoryske bombast, noch troch in foarm, dy ’t lyk as oan alles bliken docht net út dichterlike fieling ûntstie, mar hweroan, tinkelik mei ytlike switdrippen, machtich war dien waerd om oan it dicht alteast in bjusterbaerlik kleurtsje to jaen—for immen sadwaende, dy ’t net tofreden is as hy merkbyt mei al syn biwûndering oan ’e bûtenkant to bliuwen, mar dy ’t earnstige moeite docht om to kommen ta de inerlikste pit fen it wirk, scil it ringen dúdlik wirde, det de Klankboarne, útnomd in inkeld fers det letter yet wol ris bispritsen wirde kin, yn it djipste wêzen net mear is as de utering fen in ûndichterlike geast dy ’t, it mei den wêze út ljeafde for de tael ef út persoanlike earsucht, mei alle gewelt neamd wirde woe as de greatste tsjinwirdige dichter fen ús lege lânsdouwen.”

Fierders skreau de hear Kalma likernôch 5 Desimber oan de hear Sytstra, samler fen F. M. N., det er net langer frijichheit foun, Jo, as dichter eare to bringen. Miskien scil de hear Sytstra my de deugd dwaen wolle de hear K. syn wirden oer Jins „dichterlik” wirk krekt mei to dielen. Sels al wier dit brief fordwoun, den bliuwt my dit biwiisstik oer, det de hear Sytstra yn syn andert oan de hear Kalma, det as datum draecht _10 Desimber_, op dit oardiel oer Jins wirk yngiet. In andert op in brief fen ’e hear Kalma oan syn frjeon B. Brouwer, hweryn er it selde forkindige, is stimpele op de _5te Desimber_.

De hear Kalma dielde my mei, det er, do ’t er syn bydrage tastjûrde oan it Lj. Nijsbl., noch net wist det Jy hjirfen bistjûrder wiernen en det syn direksje de selde is, as dy ’t ek útjowt it Nijsbl. fen Fryslân. Soks koe him, yn Raerd wenjend, hwer Jou krantsje net bjuster bikend is, bêst oerkomme.

De _20 Desimber_ skreau er, lyk as men ûnder it artikel fine kin en lyk as dos ek Jo bikend wêze koe, syn twad opstel oer R. Tolman. Hjiryn is, lyk as Jy tajowe, al to fornimmen det syn oardiel oer Jins wirk wiizge is, howol de brievekaert, hweryn Jy him de opnimming fen syn stik wegeren, yn in slúfke siet, det stimpele is _29 Desimber 1914_.

Hjirút docht bliken, det as er praet wêze kin fen in ûnweardige wize fen bistriden, dizze inkeld oan Jou side to bikennen is. Jy uterje tsjin ’e hear Kalma biskildigings, hwerfen Jy sels witte koene det se ûnwier wiernen, wylst Jy oannamen, det er sûnder middels wêze scoe om dizze ûnwierens to biwizen.

Jy wirde hjirby útnoege sûnder útstel alles werom to nimmen, hwet Jy mei it each hjirop tsjin de hear Kalma ynbrochten en yn Jou blêd dêroan ta to foegjen det it Jo moeit soks skreaun to habben. Oars scil for de hear Kalma de saek hjirmei net ôfroun wêze.

Jins tsjinstré, (w. t.) R. P. SYBESMA.

_Alhowol it iennichste, dat de hear Hof wist yn to bringen tsjin myn kritiken, dizze tsjin-better-witten-yngeande en ûnbiroaide biskildiging wier, hat er wegere sels de fordigening fen myn frjeon Sybesma, dy ’t dochs nea syn krantsje ûnginstich bioardiele hie, lyk as ik wol dien haw, plak to jaen, hat er wegere de kopy fen ’e stikken werom to stjûren, faeks hoopjend det wy gjin ôfskrift biwarre hienen, en is er der mei gjin inkeld wird op yngien earder as de 21ste Aug., do ’t de Algemiene Gearkomste dochs al mislaet wier troch syn ûnwiere biskildiging, en er sels miende nij—spitigernôch wer like ûngeef—biwiis to hawwen for ’e ûnkrektens fen myn kritysk ynsjoch._ Den, de 21ste Aug. 1915, as net lyk forline jier, de sinne fortsjustere is, mar wol it forstân fen ús Gaestmarder Hear—in minder ûngewoan barren dit—stiet yn it Ljouwerter Nijsblêd neikommende skrutele útflecht to lêzen:

„En de moarns nei ’t de jouns it earste diel dêrfen yn it Ljouwerter Nijsblêd stien hie, hie ’k foart al in „Ynstjûrd stik” op ’t bureau, op forsiik fen ’e hear Kalma skreaun fen syn frjeon R. P. Sybesma, in learling fen ’e Poutsma-skoalle hjir yn ’e stêd; in jongkeardel, dy ’t ek in goed fers skriuwt. Det stik, mei oan ’e ein it drigemint der by, det ik mar sûnder útstel alles werom to nimmen hie, hwet ik tsjin ’e hear K. ynbrocht hie en der oan ta foegje moast, det it my moeide, soks skreaun to habben, „oars scoe for ’e hear Kalma de saek hjirmei net ôfroan wêze,”—det stik, siz ik, dêr scil ik it fierder net oer habbe (hm, hm! K.) Myn artikel „Unwirdige kritiek” wier in wearslach op stikken fen K. dy ’t yn ’e Ljouwerter Krante stien habbe, en wol K. dêr eat oer sizze, den is det it blêd dêr ’t er by forskine moat. Ik scil den wol anderje, as ’t nedich is. Yn elk gefal: de redaksje fen it Ljouwerter Nijsblêd wol fensels mei de hear K. _ef hwa ’t út syn namme komt_ (skeanprint fen my, K.) gjin gedoente habbe, oant er net weromnimt hwet er yn F. m. n. oer kranten skreaun hat (faeks scil dit barre, ear ’t, der parren oan ’e finsterbanken groeije en de Gaestmarder Hear in fortsjinstliker krantebistjûrder wirdt. K.) Om ’e selde reden hat dy redaksje it briefke „Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwerter Nijsblêd” det de hear K. der by dien hie, oan ’e kant lein. Mar der wier yet in briefke fen ’e hear K. by „oan Jan fen ’e Gaestmar” en dêr sei er yn, det it him ... „ringen klear waerd, det hy dochs eigentlik to heech stie om sels in andert to jaen op .....” ensfh. En _dêrom_ hied er bisletten de hear Sybesma .... ensfh. Dy—mar hat dy sels dit briefke wol lêzen?—stie dos net to heech .... (De Gaestmarder Hear lies yn syn oerstjûrens, sûnder de bitsjutting fen ’e wirden to fetsjen: it forskeel twisken Rintsje en my wier fensels, det, as ik bigoun to skriuwen ik my sels fordigenje moast, wylst hy bûten it eigenblik skeel stie en net de smoarge menear fen bijegenjen fen Hof ûnderfoun hie, dêr ’t ik my oer fornoegje mocht. Hy hat it briefke den ek wol lêzen ..... O Gaestmarder Hear, is de sinne den ivich fortsjustere? K.)

Do ’t ik net andere, mar de oare deis bidaerd-wei de twade helte fen myn artikel forskine liet, habbe de beide baesmannen fêst wol ynsjoen, det se hwet to gau west en ek to folle loslitten hiene, hwent in pear dagen letter krige ik in koarte sommaesje fen ’e hear Sybesma, om him sûnder útstel de my bikende stikken (to witten it ynstjûrd stik fen S. en de beide briefkes fen K.) werom to stjûren, „dy ’t ik mei de nedige taljochting nou opnimme litte scil yn ’e Ljouwerter Krante,” stie der by.

Ik hab neat weromstjûrd en tink ek neat werom to stjûren. De hear Sybesma kin lykwol de twa postsegels, dy ’t er by syn lêst brief yn die, werom krije, as er de reis derom dwaen wol. En in goêrie derby.”

Ik jow eltsenien frijichheit, him in eigen oardiel to foarmjen oer ’e wizânsje, dêr ’t de Gaestmarder Hear mient syn plichten as bistjûrder op waernimme to moatten, ek de hear Hepkema, dy ’t wiis dwaen scil, as er wer bistjûrders siket for in krante fen sines, mei hwet better to hifkjen; ik wiis der yet op, det Hof myn kritiken útmakket for ûnweardich, net om ’t myn oardiel en dos binammen myn gearfettings bjuster ûnkrekt wéze scoenen, mar om ’t ik, lilk wirden om it wegerjen fen myn wirk „De tinzen fen Fryslân”, dêr ’t ik net tankber genôch for wêze kin, myn miening wizige hie, in biskildiging, hwerfen de opsettelike ûnwierens biwiizge is. Myn gearfettings, hwerta ik dos kaem nei soarchsum-neigeand ûndersiik, bliuwe stean as in bidriging for elts, dy ’t de weardij fen ús sprake opofferje wol oan forearing fen ’e ôfgod fen syn Ik; de Gaestmarder hear lykwol, skriklik bearend en mei lûd gegûl, de hân hâldend tsjin it ûnderste diel fen syn rêch, dêr ’t myn swipe faeks hwent al to pynlik strime, stroffelet keakeljend it bureau fen syn krantsje, Galileëer Kerkstraat safolle, binnen en hjit syn ûnderbistjûrders, sûnder útstel del to knibbeljen, him sa fornoegjend yn ’e yllúzje, det men yet yn oanbiddende biwûndering lústeret fen syn geny. Gerdyn: ein fen ’e earste útkomste.

Neidet dit mislearre Kloos-ke fen ús skriftenkennisse in toarn stien hat to dounsjen fen oerstjûrens, rideljend fen simmeleftige koartslangstme wer in wraem to dwaen op ’e jonge biweging, dy ’t him wol-fornoege yn ’t spier kommen seach, ljochtet der troch de tongerkloften fen ús Gaestmarder boppeloft in skriklike flikkerstriel en prúst it hearskip forheftich, as teiken, det ringen „it donker swirk syn tsjoed útspije moat”. „It is ús in wier en ljeaflik feest, soks to oanskôgjen” sizze wy, en slagge de kape oer ’e holle, mar pakke meiien de wirge dounser by syn baitsje, en sette him sa, det it measte fen dizze snijende heil komt op ’e forheven kriten, dêr ’t hy, foar eagen fen hiel Fryslân, stiet oan to gean, de fûsten rôljend en wiid-útspriedend de earmen, lyk in houten-klaes, oan hwaens toutsjes in opslûpen jonge lûkt, skodzjend fen it laitsjen, as er bar om bar de foetten en earmen op en del gean sjocht mei krampeftich-gammele biwegings. Dizze houten-klaes lykwol, net inkeld slacht er mei skonken en hânnen, mar ek syn eagen rôlje en de noaskebril wibelet, det it in wille is en in eachweid, dêrnei to skôgjen: sjoch him der stean, oangeande hwer wy him yn in oerdwealske rite set hawwe, fordet hiel Fryslân wearze krije scoe fen syn oerstjûre menear fen dwaen, lyk as de Spartanen yn âlde tiden dronken hjar slaven boarnden, det eltsenien merkbite scoe ho minderweardich in minske yn sok in tastân oangiet. En wiles skûrt it swirk iepen en de heil tommelet del en kitelet de Gaestmarder Fersenmakker net bjuster noflik en al mear bigjinne syn eagen to rôljen en syn bril to wibeljen en syn earmen en skonken to slaen: tsjinje wy him dos dalik in bidimjend middel ta en skriuwe wy him lange tiden rêst for, hwent oars scoe soks einje kinne yn in delirium, dêr ’t er dochs biwarre for bleaun wirde moat.

Litte wy lykwol yn gewoan-rêstich proaze, lyk as wy jimmer wend wiernen to skriuwen, (ik prebearre hjir in toarn utering to jaen, op in wize, as dêr ’t Hof op wend is de jonge biweging to bistriden) forhelje ho ’t de Gaestmarder Hear, neidet syn earste oanfal ôfstuite is op ús rjochtfeardige bioardieling, bisiket de boppemeidielde gearfettings hjar krêft to binimmen, om ’t er—bigryp ris oan—„dichterlik (!) wirdt fen sin-oan-tsjoed-dwaen, sa ’t er tinkt det Nero waerd do ’t er Rome barne litte scoe; sa ’t grif Lamech wier, do ’t er song: „Wier-wier, ik scoe in man deije om myn woune, en in jong feint om myn bûde!” (Nommel trijemanskip: Lamech-Nero-Hof! K.)

„Det hab ik by riten hawn.

„By riten, hwent sims kaem dy wearaksel yn alle wrake wer boppe, dy ’t nei ’t ik tink, dôch lokkich yn alle sountinkende siele biskepen is, en dêr ’t Jezus de heechste, treflikste utering oan jowch, do ’t er sei: „As immen dy op it lofterwang slacht, hâld him it rjuchter ek ta.” (Skandliker profanaesje barde der wis nea net yn ús skriftenkennisse; hok for gelove Hof hat, kin minder skele, mar hwa ’t Jezus forearje as de stifter fen ús godstsjinst, docht it pynlik sear, sok in namme yn sok in forbân to hearren. K.)

„En nou ’t it bigjin fen hwet ik forwachte pleats hawn hat: nou ’t ik hwet yn ’e rik hab, dêr ’t ik by need wol mei ta kin, nou bin ik den alteast sa fier, det ik kear ôf, mei beide hânnen tagelyk (hy bigjint wer mei de earmen to slaen; K.), hwet oars yet folgje mocht. Ut foarsichtigens, om it net to fier to driuwen, sa hab ik mysels en in frjeon, dy ’t my yn dizze saek holpen het, wysmeitsje wollen. Ut tsjinnichheid yn ’t brûken fen ’e boalsbile, dy ’t it bline rjucht my yn ’e hannen triuwt (ta fordjer for de bline Gaestmarder Hear, dy ’t him dêrmei yn ’e skonken slacht, K.) docht my bliken, nou ’t ik _djippernôch yn ’e skatkeamer_ (!!! K.) fen myn tinken _taest_ (!!! is it wer net fornoegjend, dizze heal-eigenwize en oanstellerige bombast? K.)”

De 17de July den, forskynt der yn it Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter Krante, it blêd, dat út fier-sjênde wizens jerne plak jowt oan fortsjinstlik wirk fen myn maten en my, in sonnet ûnder de suvere en al foartdalik sympatyk oandwaende titel „Myn taflecht” en ûnderteikene G. J. F.,—yn ’e neikommende wirden:

„Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde Fen ienlikheid; by dy wier ’k bûten noed, As twivel spûkrich omgong troch myn moed En ’t soarchsum opkweekt herteblomt’ towâdde; Forbjustring oer my optwong, sa ’t in kâlde, Wreed blauwe loft omheech twingt, oant forgoed Hjar tsjuster ’t wint, en ’t donker swirk syn tsjoed Utspije moat, foar ’t ierdryk wer yn ’t âlde Sêft-glânz’ge ljocht, det oer ’e lannen lei Foar ’t ûnwaer kaem, him swiid formeitsje mei.

Den socht ik dy en mocht dy altyd fine; Under it boldrich driigjen brochst my wei Nei fredich-stille kriten, dêr ’t de dei Syn glâns hâldt en gjin onwaerswolken wine.”

Nei dit efkes biskôge to hawwen, die it my bliken, det hiel goed fen utering en geef fen fieling wiernen de rigels 1, 2, 11, 12 en 13_a_, wylst twiveleftich wiernen de rigels 9 en 10 en hwet oerbleau, tinkelik ûnwier fen fieling, hwent alteast ûnwier fen utering neamd wirde moasten; det lykwol de bou, howol ôfwikend fen ús biwende italiaenske foarm, oarspronkelik en krêftich wier, sadet ik sterk bigoun to fielen det, wier de skriuwer hjirfen yet jong en hied er as gefolch yet in libben fen ûnderfining en learing foar him, alteast fen in ûnthjit praet wêze mocht. Mar neilêzend waerd ik heal wé fen dat sizzen: „en ’t donker swirk syn tsjoed útspije moat,” dat my wer tinken die oan immen, dy ’t ik koartlyn bispritsen hie yn fjouwer sakelike artikels en my oan it neimimerjen brocht, eft it wol hielendal ûnmûlk wier, det ik hjir to dwaen krige mei myn Gaestmarder frjeon, dy ’t wer brûkme makke hie fen in tsjinstfeint.

De oare deis—it wier Snein—roun ik to kuijerjen mei myn frjeon Ate Sevenster, en mei him pratend oer fryske saken, spriek ik tsjin him as myn bitinken út, det it wizer wêze scoe as net inkeld fjouwer, mar alle njoggen my oant do ta bikende jong-fryske skriuwers, hjar yn ’t iepenbier bigounen to ûntwikkeljen en sei him, det ik yn it Sneinsblêd sjoen hie, det der wer immen opkaem, dy ’t wol yet gâns to learen hie, mar yn hwaens wirk nou by soarchsum ûndersiik al in ûnthjit to bikennen wier. Do ’t er hjir neat op andere, frege ik:

—Jy hawwe dochs „Myn taflecht” fen G. J. F. lêzen?

—Ja, mar dy „ûnwaerswolken” en dat „útspijen”...

—Dat roait fensels kant noch ich, mar it kin him ôfleard wirde. Ik wol bisiikje, forbining mei him to krijen.

—Ik scoe hwet oppasse: witte jy hwet ik tocht haw? G. J. F., it scoe mei draeijerij _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze kinne.

—It sonnet scoe der net minder om wirde, al liket it hopeleas, det it ûnthjit den ûntwikkele wirde scil. Ik haw der sels ek al oan tocht, en ik scil der by it skriuwen fen myn brief rekkenskip mei hâlde, en allinnich prate fen in ûnthjit. Is hy it, den moat er wol tige moedleas wirde...

En thúskommen fen myn kuijer, skreau ik dit brief:

Ljouwert, 18 July 1915.

_M_

Ta myn blide forwûndering fyn ik yn it lêste Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter Krante in stoerboud sonnet, hweryn ik tige sterk in ûnthjit fiel,[13] en dat ûnderteikene is mei trije foarletters, hwerfen ik hiel klear wit det gjin ien fen de my oant nou ta bikende Jong-Friezen hjar draecht. Om ’t ik sikerwier gjin kâns sjoch, oars út to finen hwa ’t de skriuwer fen dit fers wol wêze mei, haw ik de redaksje fen ’e Ljouwerter forsocht it adres, dat hjar fensels bikend wêze moat, op it slúfke to setten, om sadwaende dochs mei Jo yn forbining to kommen.

[13] Yn syn oerstjûrens docht de Gaestmarder Hear jimmeroan, ef hie ik skreaun „in tige sterk ûnthjit”, ef hie dos, yn pleats fen myn fieling, it ûnthjit tige sterk west!

Ik hoopje dos, det Jy sa frjeonlik wêze wolle my sa gau as ’t mar mûlk is, Jins folsleine namme en Jins adres op to jaen, om ’t der wol gjin twivel bistean kin, eft Jy scille bikend wêze mei it streevjen fen in jong-fryske biweging en dêrfor faeks sels rju folle meifieling oerhawwe. De striid, dy ’t wy noutiids hawwe út to fjochtsjen mei hwa ’t it goede wolle, mar it tsjoede winne, en hwerfen it allinnich spitich is, det er net swierder wirde wol—hwent ho krêftiger in striid, ho moaijer en wichtiger—twingt ús hâld oan eltsoar to siikjen en sa, neist eltsoar, troch to setten oant wy oerwoun hawwe.

Ik hoopje tige, det Jy net to fier fen my ôf wenje; mocht dizze winsk wierheit wêze, ringen scoenen wy den mei eltsoar petearje kinne oer ’e dingen, dy ’t ús djûr binne en alteast in diel fen ús krêften opeaskje.

Mei gr. en achtinge,

Jins tsjinner, D. KALMA.

Emmastr. 23.

Yn ’e tiid, dy ’t forroun twisken it opstjûren fen dit brief en it ûntfangen fen in andert brocht ik in bisiik oan ’e hear Sipma, in lid fen it Haedbistjûr fen it Frysk Selskip, en praette mei him oer it sonnet yn it forneamde Sneinsblêd op net ûnginstige, howol krityske wize, deroan tafoegjend, det ik bisocht mei de skriuwer yn forbining to kommen, wer sûnder myn ealgjen fen Gaestmarder wirk mei to dielen. En de hear Sipma:

—Wêz forsichtich, sei er; okkerjouns, do ’t ik oer dat ding siet to prakkesearjen, kaem der in aldernuverste miening by my op: G. J. F.—kin it _J_an _F_en ’e _G_aestmar wêze? Mar ik kin my net bigripe, ho ’t dy yn ’e Ljouwerter komt.

—Ik bin ré op elke draeijerij fen Hof, mar moast dochs mei de skriuwer yn forbining sjên to kommen, hwent it koe in oar, b.g. in learling fen him, wêze. Ik skreau fen in ûnthjit, en dêrtroch kin er net bêst noch eigenwizer wirde; hy kin der yn elk gefal neat mei bigjinne.

Mar wy beiden wisten yette net, det by de Gaestmarder Sinne fortsjustering regel is en ljocht útsûndering, en rêstich arbeide ik troch, oant ik einlings en to ’n lêsten op myn brief, hwerfen ik de ynhâld niis-krektsa meidielde, it folgjend andert krige, dat my dalik wer hiel hwet erchtinkender makke:

Beetstersweach, 11 Aug. 1915.

_Achte Hear Kalma!_

Jou brief ha ’k ûntfongen, ’t dûrre hwet lang, mar det kaem trochdet ik in skoftsje fen hûs west ha.

Mei koarten scil ik Jo wol ris mear skriuwe, ’k ha ’t nou hwet hiel drok mei myn saken. Myn tank for Jou bilangstelling.

Wol Jy my skriuwe, doch ’t den forearst „poste restante Beetsterzwaag,” hwa en hwet ik bin? deroer letter ris.

Mei achting,

Jins tsjinner, G. J. F.

Myn lokkich stjerte, dat my, sa faken ik yn forbining kom mei Jan fen ’e Gaestmar, trochstrings yet ginstiger ljochtet as ornaris, brocht my foartdalik ta de forûnderstelling, det dizze brievekaert, skreaun wier mei de hân fen immen, fen hwa ’t ik net folle goeds to wachtsjen hie: dy fen Canne,[14] hwaens hânskrift ik ienris biwûndere hie; en wiken bin ik ûnforsetlik yn dy miening bleaun, oant my earst earjister in brievekaert fen dit hearskip taskikt waerd, hwerút ik sjoch, det it tige wierskynlik liket, det ik my yn dit stik fen saken forsind haw.

[14] It wier my nammentlik net ûnbikend, det de heit fen ús Gearkomste-Ropper skoallemaster is (west hat?) earne yn ’e omkriten fen ’e Sweach, en, om ’t it fekânsje wier, tocht ik det de hear C. Jr. der útfenhûzje mocht.

Under de ynfloed fen dizze ûnkrekte miening, skreau ik oan G. J. F, poste restante Beetstersweach, efter hwa ’t ik op ’e iene ef oare wize Canne miende siikje te moatten, in kaert, dêr ’t ik my op hwet gekoanstekkerige menear yn utere, howol ik yet jimmer rekkenskip hâlde moast mei de kâns, det in ûnbikend persoan de skriuwer wier, de forûnderstelde hear Canne „de sphinx oan ’e Boarne” neamde, him it útstel die, de korrespondinsje sa troch to setten, om ’t it hearskip sa fiks myn nijsgierrigens wekke hie en ik „fen sensaesje hold”—en as myn miening to witten die, det de skriuwer fen ’e brievekaert for in examen siet, hwet de opleappende hear Canne ridlik noflik kitelje koe. Dizze kaert, hwerfen ik sels gjin kopy biwarre, lyk as by brieven nea net myn gewoante wier, hat de Gaestmarder Hear yn syn Nijsblêd-artikeltsjes, om ’t er ynseach, det troch dy gekoanstekkerij syn hiel geskreau, det ik der ynflein wêze scoe, machtleas wirden waerd, ljeaver net meidield, om ’t er „in gefoel hie, as wier er der net op in suvere wize oankommen.” Men scoene wé wirde fen sok in draeijerij, en, om hem ek dy útwei ôf to skoatteljen, jow ik, de skriuwer fen dizze kaert, him alle soarten fen frijichheit de ynhâld, mar den ljeafst wird for wird, mei to dielen, al scil er faeks hjirtsjinoan skoarje, om ’t syn sizzen, det ik der ynflein wier, den dúdlikernôch opsettelike ljeagen waerd. Hwent ef de Gaestmarder Hear is tsjin ’e lampe roun—mar den moat men him ek biskôgje as in man, dy ’t sims it bistjûr oer syn dieden en binammen syn wirden mist, en fierders as immen, dy ’t yn ’t iepenbier jerne in oar fen brekken biskildiget, dêr ’t er sels mei bisocht is, om sa syn eigen ûngevens to forbergjen,—ef ik bin foar de kroade riden, mar den

1o. moat men yen forwûnderje, hwerom de ynhâld fen ’e niismiende kaert net meidield wirdt, en as de Gaestmarder Hear twongen is soks to dwaen, sûnder fieling wêze for in ironyske wize fen skriuwen, en allike tsjokhûdich as de skriuwer fen ’e „Klankboarne”;

2o. moat men, hwet ik hjirby forklearre: det fen ’t bigjin ôf earnstich rekkenskip hâlden is mei de kâns, det efter G. J. F. Jan Fen ’e Gaestmar skûle, ljeagen neame en my biskildigje fen ûnwierheden, my, dy ’t my dochs sikerwier nea net bisounige oan in draeijerij lyk as Hof yn ’e saek fen ’e priisfraech-boekjes;

3o. moat men de forklearring fen myn frjeon Ate Sevenster, det er my al foartdalik nei de lêzing fen it sonnet-yn-kwesje, warskôge hie en oanret forsichtich to wêzen, hwernei ik to kennen joech, inkeld prate to scillen fen in „ûnthjit,” ljeagen neame;

4o. moat men de forklearring fen ’e hear Sipma, det er tsjinoer my krekt itselde bitinken utere hie, hwernei ik forhelle, det ik mei dizze kriichslist rekkenskip hâlden hie by it skriuwen fen myn earst brief, ljeagen neame;

5o. moat men Jan fen ’e Gaestmar in rêstich-oerlizzend minske achtsje.

Mocht men nou fen bitinken wêze, det mear as de frage hwa fen ús twaën fen ’e oar to grazen nommen is, fen bilang is de wearde fen it sonnet „Myn taflecht”, foarâl yn forbân mei de neat-weardigens fen ’e „Klankboarne, den achtsje ik my lokkich, det ik for dit nuver forskynsel ek in folslein-suvere forklearring to jaen wit, hwerby ik stipe wird fen Jan fen ’e Gaestmar sels, dy ’t sûnder ergewaesje de earste lêzing fen syn fers meidielt, do ’t it yet net foroare wier nei myn smaek, om yn ’e Ljouwerter opnommen to wirden—do ’t er it dos, neffens syn eigen miening yet net forknoeid hie. Lyk as ik sei binne der yn dit fjirtsjinrigelich fers wol 4½ suvere rigels to bikennen, to witten:

Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde Fen ienlikheit; by dy wier ’k bûten noed . . .

Den socht ik dy en mocht dy altyd fine; Under it boldrich driigjen brochst my wei Nei fredich-stille kriten . . .

wylst ek de titel „Myn taflecht” hwet hie, dat gjin ien kritikus al dalik minder ginstich stimme mocht. Lykwol docht it út de earste lêzing, dy ’t men fynt yn „De skiednis fen in sonnet” bliken, det it opskrift oarspronklik wier it banale en heal yn ’e mûle fen in Dykstra-rimeler thúshearrende „Oan myn sprake”, det for „altyd” yn de trêdde rigel fen ’e krektsa oanhelle stien hat „jimmer”, hwermei hiel de klang fen dat suver fers fordoarn is, wylst for: „Under it boldrich driigjen _brochst_ my wei”, to ’n earsten stie: „Dou _loekst_ my ûnder ’t boldrich driigjen wei”, hwertroch ek fen de klank-expresje neat mear oerbliuwt. De hear Hof hat sadwaende syn sonnet, do ’t er miende it to forknoeijen, op syn alderminst in trêdde part better makke, dêrmei wer bliken jaende fen syn krekt ynsjoch, hwet ferskinst oanbilanget... _Tige sterk fiel ik_,—om de wirden fen myn brief to biwarjen—

1. det as lêzing II (de Ljouwerter) skreaun waerd fen in jongfeint, dy ’t oan ’e yngong stie fen in fruchtber libben fen learing en ûnderfining, op syn minst praet wêze mocht fen in _ûnthjit;_

2. det as lêzing II (de Ljouwerter) levere waerd fen immen fen boppe de fjirtich jier, dy ’t dos faeks al de helte fen syn libben efter ’e rêch hat, mar _efkes foldwaende_ mear is;

3. det as lêzing I (de Gaestmarder) jown wirdt, binammen as in folwoechsen man ús dêrmei fornoegje wol, it sonnet _ûnfoldwaende_ is, _howol it dichtstik bliuwt en dos yet jimmer bitsjuttend heger stiet as alle fersen fen ’e „Klankboarne”._

As de hear Hof sadwaende syn artikeltsjes slút mei to sizzen: „It biwiis is nou wol levere, det ik gelyk hie, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn tredde stik oer my en myn wirk lêzen hie, yn mysels sei, det dy jonge man likernôch krekt rjochtoarsom oardielje scoe, sa gau as er in fers ûnder ’e eagen krige, dêr ’t er net fen wist, det it fen my wier;” yn pleats fen „It biwiis is nou wol levere, det ik net sa fier mis wier, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn trêdde stik oer de Klankboarne lêzen hie, yn mysels sei, det dy jongen man sûnder mis aerdich hwet goeds fine scoe yn myn nijste fersen, fen _mear as acht jier nei it forskinen fen ’e Klankboarne_, en sels twa jier jonger as myn yet net fen him bispritsen sonnetten „Nij Libben”—den is dit in _krasse, opsettelike draeijerij_, sadet myn gearfettings mei gloarje ek dizze oanfal úthâlden hawwe en mei nocht de tredde ôfwachtsje.

Hwent de hear Hof, faeks eangjend det it my maklik falle mocht, de earste oanfallen ôf to wizen, ûndernimt twisken ’e bidriuwen troch yet in trêdde troch de fordildich-harkjende lêzerskloft fen Hepkema to freegjen, hwet men wol fen sokke kritiken—wer binammen fen sokke gearfettings—tinke moat, as oer syn wirk yn ’e Ljouwerter stien hawwe, as men fornimt, det de skriuwer dêrfen mar njoggentjin jier is en (dit is binammen, hwet my tsjinstiet) in jongbaeske, twisken de gymnasiale en de ûntgrieningstiid yn?

Hark ris, Janneman! Hwet moat men tinke fen de ljeafde for ienfald, dêr ’t Jou rymstikken sa heech by opjowe, as it teltsje wierheit bifette, det Jou wente ynrochte is mei sok in oeribele oerfloed fen divans en draperieën, det it for in goê Fries is om der oars fen to wirden, to mear om ’t Jiffer Hof aerdich sûr sjocht, as immen it bistiet mei syn skoen oan, in kuijer yn hjar pronkkeamer to ûndernimmen? Ho to oardieljen oer Jou fieling for Frysk, as de hjir forneamde Hof-anekdote wier hjitte moat, det by it berne wirden fen Jou dochter in adfortinsje yn it Nijsblêd priele fen „Berne Bernarda”, howol hjar beppe jimmer op syn goê-frysk Bearendtsje neamd waerd?

Ik koe de forlieding net wjerstean, Jo hjir mei deselde falske munt to biteljen, mar moat der ynlike klam oplizze, det sokke heislik-persoanlike strideraezjes, as wy inkeld to genietsjen krigen yn ’e dagen fen „Fij Lútsen!” en „Hark ris, Piter!” yn ús skriftenkennisse _fen Jo_ wer ynfierd binne, det ik allinnich om my to fordigenjen, soks neifolgje, mar, sa gau Jy ynsjogge, det sok in wize fen bistokeljen ta neat laet, ek gjin ien mear meidiele scil fen ’e forskate Hof-anekdotes, dêr ’t nei it forskinen fen myn artikels yn ’e Ljouwerter, langer eltsenien mei oantôgjen komt.

_De wearde fen myn gearfettings, hwerfen in sakelike bistriding jimmer bliid fen my forwolkomme wirde scil, hat dos net fen gjin inkelde oanfal to lijen hawn, sadet dêrmei de grounslach lein bliuwt for in oprjochte, djip-geande, howol faek hwet strange, en it Frysk heechhâldende krityk; de antikrityk fen Hof lykwol wier „ûnwirdich” oan de dichter Geart Jans Fenema._

En nou ’t wy den safier kommen binne, det Jy wol twongen waerden mei to stimmen, det myn ûnginstich oardiel oer Jou wirk net meidield is ûnder ynfloed fen persoanlik skeel, mar om ’t ik dêrmei miende it bilang fen ús tael to tsjinjen, achte hear Hof, bisiikje nou yn my net langer immen to sjên, dy ’t longerjend by Jo socht nei in heap minderweardichs, om dêr it greate sensaesje-publyk op to ûntheljen, mar in jongfeint, dy ’t stiet yet oan de poarte fen syn libben, en dat jerne biwarje woe moai en suver en ryk.

Sjoch, it wier in mistreastige hjerst-middei en de loften skriemden en huzen en beammen stienen bitrienne; ik hie my los makke fen in frjeon, oan hwa ’t ik hiel myn siele tabitroud hie en dy ’t my alles ôfferge sûnder my sels hwet to jaen—do bisleat ik my tsjin myn sear to forsetten troch my wer to wijen oan ’e tsjinst fen ús tael, en in opstel fen weardearringe to skriuwen oer Jou wirk, hweryn ik, op gesach fen oaren, tocht det in krêftich dichter spriek. En ik lies, wer for ’t earst nei lange tiden, de oerstjûre fersen fen ’e Klankboarne, en lies de „Omstikken en Sydstikken” mei de faeks-goedmiende, mar oerstallige „Drankjes,” wylst „Is der in fryske tael,” dat ik oant do ta biskôge as in Jo ûnweardich bisiikjen om hwet krom wier, rjocht to praten, my mar al to goed bikend west hie—en it barde dy middeis, det myn tsjinsin ûntstie en him heal ta hate ûntjoech, det ik oersloech yn in oar uterste, en der gjin praet mear fen hearre mocht, det der in dichter yn Jo libje scoe.

En soks moeit my nou, al wier it my to forjaen, as men foar eagen hâldt, ho komselden him de dichter-yn-jo utere hie. Efkes kaem ik ta ynkear by it lêzen fen dy suvere rigels: „En dy ’t my lok-lokkich makke en bliid, Do ’t libben my ta lijen waerd” en krêftiger haw ik it oankommen field, do ’t ik it earste sonnet fen „Ny Libben” neigyng, it bigoun my slim to hinderjen do ’t Jou ûnderbistjûrder, Bokke Simens, nei oanlieding fen myn opstellen by my rinnen kaem, en mear as ienris sei „Ik bin it wol mei Jo iens, mar dochs wit er wol fen eigen ûnderfining, hwet dichterlike oandwaning is,” mar wissichheit is it net wirden ear ’t ik oan ’e weet kaem, det „Myn taflecht” fen Jo skreaun wier. En ynlik hoopje ik, det Jy my net ûntstride scille, det ik jimmer oanfallen dien haw, op hwet ik neame wol de Jan fen ’e Gaestmar yn Jo, de man fen ûnsuverens en ûnwierens, dy ’t Jy neffens myn bitinken fiers to folle frij jown hawwe, mar de dichter Geart Jans Fenema nea net to nei kommen bin.

En as ik nou siz „Woloan, it plak fen ’e lêste is njonken, net jinoer ús,” den mien ik dêrmei hielendal net, det, as Jy nei ús ta komme wolle, soks inkeld barre kin trochdet ek Jy de Jan-fen-’e Gaestmar-periode biskôgje as minderweardich en mei ynstimming myn gearfettings oernimme, hwent mocht dat Jo to biswierlik wêze, tink den oer de tiid do ’t Jan fen ’e Gaestmar him sa jamk utere, as oer dagen det Geart Jans Fenema him mids folle striid al mear en mear ûntjoech. En mochten Jy wegerje, neist ús plak to kiezen—hwet my sikerwier sear dwaen scoe—om hwet ik sei oer ’e wize, hwerop Jy it Ljouwerter Nijsblêd bistjûre en oer it gehalte fen dat blêd sels, den bin ik ré dat alles fen stikje ta bytsje werom to nimmen, net om ’t ik oertsjûge bin, det ik it net by ’t rjochte ein hie, mar om ’t _ik winskje ta oerienstimming to kommen_.

Jo oansiikje om diel to foarmjen fen ús jonge biweging, hweryn faeks âldere minsken hjar net thús fiele scoenen, en dy ’t dochs jimmer alhiel selsstânnich hjar gong gean scil, wol ik net, om ’t dêrmei in ûnsuvere tastân berne wirde koe, mar de selde rie-jaende stimme oer taelstriid-saken, dy’t de hearen Sytstra en Sipma takend waerd, wolle wy ek Jo jaen, sadré de Jan fen ’e Gaestmar plak makke hat for de Geart Jans Fenema.

Achte hear Hof, litte wy mei eltsoar wirkje om it safier to bringen, det ienris de skiednisskriuwer fen Fryslâns skriftenkennisse seit:

„Fortuten brocht it jier 1916, hwent yn in nij orgaen ûntjoech him in bitsjuttend tal jonge fryske skriuwers en ek for Hof, dy ’t him as Jan fen ’e Gaestmar ûnder folle striid ûntwikkele hie, briek nou de dei oan, lyk as er sels ynsjoen hawwe moat mei it oannimmen fen syn nije skriuwersnamme Geart Jans Fenema.”

_Einoanteikening_. Mei it iepenbier meitsjen fen ’e Sljucht-en-Rjucht-dokuminten dy ’t ik ûnthiet to jaen, bin ik fen doel to wachtsjen oant „Fryslân” en dat krantsje as konkurrinten foar eltsoar steane. Myn tank oan allegearre, dy ’t ús biwiis fen meifielen yn ús streevjen stjûrden.