Chapter 4 of 6 · 5945 words · ~30 min read

IV.

Seagen wy by ús koarte biskôging oer Fryslâns _skriftenkennisse_ al, ho folle ûnwissens hwet bigjinsel en fêste opfetting oanbilanget, dêryn waernommen wirde kin, sadet it in ûnbihaechlike saek liket in letterkindige skiednis to skriuwen, hweryn rekkenskip hâlden wirde scoe mei de foarnaemste geastlike streamingen, skerper en pynliker fiele wy dit brek, dat men hast bigjinselleazens neame moat, as wy neigeane it forrin fen de fryske _taelstriid_. Ommers de letterkinde, samling fen uterings, lyk hja yn ’t earste plak is, fen forskillend-tinkende, faek hjarsels tsjinsprekkende persoanen, scil jimmer bûnt en tige forskieden wêze, al mei men easkje, det de ûnderskate bigjinsels mei de nedige fêstens fordigene wirde; mar yn de taelstriid, hwer mar ien great doel wêze mei, nammentlik de machtichste en meast bliuwende krêft oan de sprake ta to foegjen, en hwer eltse persoanlike opfetting heart to fordwinen for de algemiene, mei men dochs forwachtsje bliken to finen, dy tsjûgje fen _ien_ great wollen en dy ’t lyk as kompasnidlen op fier fen eltsoar lizzende kriten, wize nei ien fêst doel. Ut it fortretlike fyt, det soks yn ús taelstriid oars is, mei men lykwol net ôfliede det it fryske folts sels net wit, hwet it wol, en gjin fêste, dûrjende winsken hawwe scoe, mar inkeld en allinne dit, det de foarmannen, de geastlike lieders fen in folts, dy ’t as gefolch fen riker en riper ûntwikkeling, forlearden de ienfâldige wizens, gjin hichte hienen fen de ynlikste winsken fen de lânsljuwe, dy ’t efter hjar stienen, en yn hjar bisiikjen der klearrichheit fen to krijen, kamen ta ûnderskate útkomsten.

Langlêsten waerd my thússtjûrd „de Koarte Oanwizing,” in wirkje dat foarâl om de lytse kronyk oer de fryske taelbiweging, hweryn it lokt is neffens de tiidsrige oan to jaen, hwet der foarâl bilangryk wier yn ús taelstriid, sûnder dochs it oersjoch út eltsoar to skoerren, mear goeds ta stân bringe kin as somlike wiidweidige biskôgings, dy ’t neat betters witte to dwaen, as in tankliet to sjongen oan de treflikens fen it selskip.[5] En ien fen de earste dingen, dy ’t myn oandacht wer namen, lyk as al sa faken as ik lies fen fryske taelstriid, wier, ho ’t al dizze minsken, forneamd fen namme, krêftich fen die en mei praktysk forstân rom seine, neist eltsoar bouwe en timmerje, sûnder foar hjar to hawwen ien soarchfâldich útwirke bistek, hwernei hja hjar dieden dwaen kinne sûnder earnstich biskôgjen en moedleas mimerjen. Freget men dizze ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wol-bikende wird: „Ut ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.” En wis, sok in blier andert makket him dy ’t it heart in amerij bliid en lokkich, yn ’e oertsjûging det men rekkenje mei op fruchtbere útkomst as sok in tal minsken, dy ’t safolle mear witte as wy, yet steande oan de poarte fen ús libben, forklearring jowe fen de ynlikste fieling for dizze moaije, hast hillige saek; mar ringen komt wer de âlde ûnforsetlike twivel. Twivel net oan de wierheit fen dizze forklearring, hwent dat wier wol in missedie en ûnwirdich (hm!), mar twivel eft sok in utering, sels hwennear it wird mei de die yn ienklang is, foldwaende wêze scil, en yn steat op ’en dûr sa folle, en foarâl wirk fen sok in bliuwende wirdij ta stân to bringen, as nedich is en wy wol jerne seagen.

[5] Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man, hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije scil.

Ho bryk de neikommende forgeliking ek wêze mei, ik moat der wol efkes op wize, omdet ik soarch haw det ûnredsume minsken yn hjar iver yn dizze forhânling opfettings to finen, dy ’t mei eltsoar yn striid binne, my forkeard forstean koenen en in gehaspel mei ûnsuvere redenaesjes wer it gefolch wêze scoe: al kin der by de persoanlike kinstkwesje net genôch klam op lein wirde, det hwet easke wirdt, is it fielen en tinken fen in inkeld skriuwer, ho apart dat ek wêze mei, by de taelstriid moat eltse persoanlike fieling ta swijen brocht wirde om to folgjen ien great bigjinsel, dat fen de measte striders goed neamd en oannommen waerd. En as men de dieden fen ús fryske striders (net langer skriuwers nou) soarchfâldich biskôget en in liedende geast dêryn bisiket to finen, den komt der wis, ho goed men ek biachtet, det al dizze dieden tsjûgje fen machtige ljeafde, de twivel eft dizze geast wol ea bistie, en, slimmer, noutiids wol libbet.

Al rekkenje ik my net yn steat, in weardige miening út to sprekken oer de ûnderwiis-bifoardering, dy ’t safolle suver trochtinken, praktysk ynsjoch en djippe bisprekking foreasket, de saek is to dúdlik in foarbyld, om ta to ljochtsjen hwet ik mien, den det ik dit stilswijend foarbygoan scoe. Dit witte wy sikersonk allegear tige skoan, det it ûnderwiis yn ’t Frysk lange jierren tafek bliuwe moat en det wy tige blier glimkje scoene, as it mar tafek wier op alle skoallen yn ús lân (men scil hjiroan wenne moatte, det ik troch de bank mei _ús lân_ Fryslân mien, wylst ik it hiele keninkryk neam _it ryk_, omdet ik biswier meitsje it wird „gewest” yn ’e mûle to nimmen). Mar woloan, tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde delsaeide, dy ’t ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta stân komme scoe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy ’t fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwet gauwer biskie, det hja mei de tynge fen de winsk nei de kriten fen it ljocht opwjokje koe, foardet hja troch de kjeld op dizze keale wrâld bifêrzen wier. Hwent somliken scoene fen bitinken wêze, det it wol it treflikst bislút like yn hiel it lân op alle skoallen it Frysk to biwarjen as tafek, oaren as hjar miening yn ’t formidden bringe, det it fen eltse kant biskôge sûnder twivel it bêste wier it Frysk en Hollânsk like folle romte to jaen, wylst in trêdde partij it ûnderwiis hielendal barre litte woe yn it Frysk, mei derneist it Hollânsk as tafek. En nei minskelike birekkening scoe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen.

Dit brek oan ienriedigens is hjirtroch wol it bêst to forklearjen, det de mannen fen it selskip, ynsafier ik neigean kin, allegearre miskien mei útsûndering fen H. Sytstra,[6] oer hwa ’t ik oant nou ta mear stúdzje makke haw, hwet syn dichterlik wirk as hwet syn selskipsstreevjen oanbilanget, fen de miening útgien binne, det men bisiikje moast to foarderjen trêd foar trêd en det men, earst nei útfier jown to hawwen oan ien plan, neigean moast hwet as twad wirk it winskelikst en nedichst like. Faken sprekt hjir dúdlik út ús frysk aerd en libbensopfetting, dy der in tige biswier tsjin meitsje ek mar ien hea-raei mear op ’e foarke to nimmen, as men foarút troch strange birekkening wis wit tille to kinnen, dy ’t ljeaver hwet stadich en eltse kear weroan oerlizzend to wirk giet. Mar it gefolch is, det by in demokratysk regearjend selskip, hwer’t alle saken fen mear as gewoane biteikenis foarlein wirde oan de Algemiene Gearkomste, men elts eagenblik stiet to mimerjen hokker wei men ynslaen moat, om, as men einlings in bislút naem, to ûnderfinen, det wer in oar in oare kant opwol, hwerfen in fortretlik-stadich en dûrjend mieningsskeel it gefolch is. Noutiids foarâl, wylst it op eltse Gearkomste en mear yet yn it hiele selskips-libben bliken docht, det der in krityske geast him bigjint to oppenearjen tsjin de dieden en plannen fen it Haedbistjûr, wirdt it jimmer dúdliker hok in gefaer der bistiet, det de krêften fen it Selskip to neate gean scille troch inerlike striid. By elts nij plan bistiet der great forskaet fen miening en opfetting, sadet in bûtensteander dy ’t net op de hichte is mei it tinken fen de selskipsleden, wer fêster groun en greater frijdom kriget for syn oertsjûging, det de Friezen wol wis in sin hawwe eltsoar yn de tsjillen to riden, dat faek machtiger twingt as de ljeafde for de sprake en it rêstich biskôgjen fen hwet wol it bêste wier for hjar bloei.

[6] Yn it bisit fen syn soan O.H. Sytstra binne yet forskate brieven oer út ’e briefwiksel twisken H.S. en Tiede Dykstra; scoe ús samler der net ta komme kinne yn Forjit-My-Net-Fryslân hjirút iepenbier to meitsjen, hwet mei de taelstriid yn forbân stiet?

Mar ûnwiten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean, dy ’t like folle krêften jowt as de twivel binimt. Den hoecht men allinne mar op yens hoede to wêzen, om, fen de stjerre forlaet, net mei to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer yette, warch delfalt, ear ’t men kaem hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy yn ús frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens, mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat? Litte wy dos earst ús eagen iependwaen for dizze minlike stjerre, det wy net mear hoege roun to taesten yn in nearzich tsjuster, hweryn wy eang binne for kûlen en sûgende sompen; hwent do ’t ik niis spriek fen in doel _fêst to stellen_, wier myn sizzen ûnsuver.

En nou moat ik, howol it my moeit, in wird sizze det forskaten ûnder myn lêzers rou en hird yn de earen klinke scil, en meitsje, det men, as men troch myn foarste haedstikken yet gjin genôch wirdearringe for myn wirk krige hie, wol tige frjemd tsjinoer my komme scil to stean: de mannen fen de fryske tael wolle blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja eang binne it ljocht net forneare to kinnen; hja doare de strange, moedige trochfiering fen hjar eigen bigjinsels net oan, hja sjogge der tsjin oan to dwaen lyk it herte hjar talústeret. Myn frjeonen en ik lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin:

Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear ’t wy it birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det _de fryske tael_ wer komt yn ’t bisit fen al hjar rjochten, det hja dos _wer wirde scil de hearskjende_ tael yn ús lân en it Hollânsk allinne op ús skoallen leard wirdt, om ús bûten it lân dochs rêdde to kinnen; en det, mochten de hollânske ljuwe hjiryn oanlieding fine yn kommende tiden de fryske taelstriid mei lytse en feninige middeltsjes tsjin to wirkjen—ta hjar eare moat sein wirde, det dit hjarren ûnwirdich wêze scoe—hja allinnich de skild der fen binne, det ús striid, noutiids inkeld miend tsjin hjar sprake, keard wirde koe tsjin hjarren sels.[7]

[7] It liket my ta, det men yn Hollân, dêr ’t men ek sa folle fieling hat for de flaemske biweging, oan sok sizzen gjin niget hat.

Sikersonk moat it yen binije, det nei hûndert lange en ûnderfiningsrike jierren fen taelstriid en taelbiweging der yet jimmer ljuwe libje, foaroansteande yn ûntwikkeling en faken frisse, to wirdearjen bioefeners fen ús letterkinde, dy ’t as hja hearre, hwet elts forstânnich-biskôgjende lêzer ôflaet út hjar skriuwen oer ljeafde for de âlde sprake en biwarjen fen it folksaerd, fen kleare bare forwûndering en oerstjûrens gjin wird mear to sizzen witte; hienen hja den sims forwachte en winske, det biwûnderjende lêzers al de klinkklank, út in nea net warge, jimmer troch-njuentsjende mûle streamd, lyk de mistreastige drippen op in tjirmjende hjerstdei, mar hâlde scoene for tiid-koartsjende lietkes-sûnder-ynhâld?

Mear yet; somliken, lokkigernôch net talryk ûnder de Friezen dy ’t yn steat wierne hjarsels to bliuwen, mar binammen to finen by sokken, dy ’t ûnder ynfloed fen falske biskaving neibauwend it dwaen fen saneamd heech-ûntwikkelen, hjarsels bispotlik meitsje by Fries en net-Fries (foarâl ûnder de heareboeren binne hja yet tsjok), witte yen mei bjuster-binijd troanjemint to forheljen, det _it Fryslân for de Friezen en it Frysk_ net oerienkomt mei de geast fen de tiid, striidt mei de miene opfettings, en mei ûnfordildich skokskouderjen fen hearink-noch-ta-hwerom-dêr-yet-mear-oer-to-praten is men wol sa frjeonlik as syn miening mei to dielen, det sok in doel dochs net mear to birikken is. Ien fen de grouwélichste uterings oer dit stik fen saken is earne to lêzen by Jan fen ’e Gaestmar (quousqe tandem!), dy ’t dêryn bliken docht him sa doelleas en stjûrleas driuwe to litten det wy, njonkenlytsen bigripend det by dizze dekadint fen H. Sytstra en Pieter Jelles eltse skittering net wytget fen edelstien, dochs oanstriid hawwe yn in minder ljeaflik wird, as wy wend binne to brûken, ús forheardens to forklankjen; dizze strider den wit mei to dielen, det immen, dy ’t mei him praette oer fryske ûnderwiissaken, as syn miening to kennen joech, det it ús wyt wier op de skoalle it Hollânsk to forfangen troch de eigen tael (hwermei hy net ienris sa fier mis wier), om dêroan, tinkelik yn in nidige rite ta to foegjen—ik helje oan út myn ûnthâld—„sa ûnsinnich wirdt nou ús skreppen forknoeid!” Hjir hawwe wy dos in man, dy ’t nei ’t er sels yn in rombommich dicht forklearret, mei foarenoan stiet yn de fryske taelstriid en teffens biwiiz’get it wierlike doel fen hiel ús wirk net to forstean en it sels bistiet lilk to sjên, as in oar it sahwet liket to bigripen. Litte wy nou dochs einlings ris, iepen lyk it ljuwe fen ús stamme past, en dúdlik derfor útkomme, det it wol wis ús ljeafste winsk is de tael, dy ’t wy heech sette omdet it in diel is fen ús libben en fen it bistean fen ús lân, wer it plak to jaen dat hjar takomt en as keninginne dos ús skoallen binnen to lieden; mar det wy, ynsjênde det in inkeld slachte dit doel net birikt, yn ’t earst tofreden, howol net bliid, wêze scille as de sprake as tafek wer in plakje wint op alle skoallen yn Frysk-sprekkende kontreijen, dit net hâldend for it ein fen it ein, mar for it bigjin fen ’t bigjin. Allinne troch mei in rom herte dizze wirden oer to nimmen, scil men bitizing en ûnienigens yn it frysk libben witte tsjin to gean, hwet sûnder mis barre moat, as wy ús kâns op oerwinning biwarje wolle; inkeld troch dit to uterjen hâlde wy heech ús forneamde oprjochtens en earlikens—ommers skandlik is it, as men oerlizzend in trêd docht en wytgjend wirdt der sein: „wit, dêr jinsen is it doel, hwer ’t er einlings bilânje wol”, swiet-glimkjend to sizzen: „Dochs net, dochs net, goede ljuwe; skielk forlitte wy dizze wei en doarmje hwet roun yn de mieden”.

Jowe wy dos ta, det ús doel is to birikken hwet ik niis oantsjutte, den bliuwt de frage allinne, ho ’t wy safier komme, sûnder mear fen ús krêften to forliezen, as wy misse wolle, en hwennear de lêste die in krânse lizze scil op ús striid, net langer for it bihâld, mar _for it rjocht fen ús sprake_, en _for it wach-hâlden fen ús folksaerd_.

En sûnder nou mei oerstjûre wirden de lêste forhearlikjend romje to wollen, scoe ik dochs sizze, det wy wirdearjende wirden uterje meije oer it karakter fen ús stamme, dat yn tweintich ieuwen him sa tige lyk bleau, det fen forfal gjin praet is, allike min dos fen teikens, dy ’t wytgje fen hastige dead. De krêft, hwerop jimmer hiel ús folts greatsk wier, bleau yn wêzen, en earder helle hy oan as er ôfnaem; hwet dit oanbilanget is it iennichste, dêr ’t wy net kâld for bliuwe meije, de soarch det dizze krêft him net bigjint yn to spannen for bigjinsels en winsken, dy ’t frjemd binne oan ús hillichst doel. En dêrom is in sprekker as de hear de Zee, hwaens wirden jimmerwer wize op it forbân twisken ús folts en syn tael, for ús sok in weardich bisit: fen tige bilang scoe it den ek wêze, as it Selskip fen 1844, op oanrieden en ûnder lieding fen it Haedbistjûr ljuwe, fen hwa ’t men wist, det hja genôch talint hienen en ljeafde for ús tael, oanfitere hjar bitinken yn it iepenbier to uterjen en hjarren de bêste wegen wiisde. It wirk fen sokke ljuwe mei men yn gjin gefal propaganda-meitsjen neame, lyk as de hear Sipma dit earne docht,—ommers sa hjit allinne it bisiikjen oanhing to winnen for tinsbylden fen de minsken; sprekkers as dêr ’t ik niis op doelde, wize it folts allinne op syn plicht tsjinoer syn sprake, ef oars en better sein: moedigje it stjerlik folts oan yn syn to skrutele ljeafde for de tael, dy ’t him jown waerd fen de ûnstjerlike, fen God bisiele natûr. Hjirmei forfalt aldergeloks ek it biswier fen de hear Sipma, det ús lânsljuwe troch de bank net folle fiele for sok in propaganda, hwent, mei it wier wêze, det in Fries fij is fen ropperij for bûtenwenstige dingen, dêr ’t er yn syn deistich libben neat mei to dwaen hawwe wol, it folts fielt jimmer for syn ljeafde.—Lykwol fergje wy fen de fryske foarmannen yn dit stik fen saken fierders net mear; op de krêft fen it folksaerd mei men sikerwier bitrouwe, sadet wy nou nei to gean hawwe, ho ’t wy de taelbloei it bêst forsoargje en bifoarderje.

Omdet in tael ûntstien is like goed ûnder ynfloeden, dy tsjûgje fen mear as minskelike macht, as ûnder de twang en it wollen fen de wrâldbiwenners, bistiet ek hja út siele en lichum, eat dat ivich bliuwt en in ringen weiwirdend omskot, it lichum: de tael dy ’t jimmeroan brûkt wirdt fen deistige minsken, en de siele: de utering fen it krêftichste minskelik fielen yn bliuwende wirden; ef koarter en faeks bigrypliker sein: in folsleine tael bistiet út in _sprake_ yn de meast oarspronkelike biteikenis fen it wird en út in _letterkinde_. As wy yn wierheit it goed miene mei de bloei fen ús tael, scille wy goed dwaen ús oandacht oan dizze beide dielen to wijen, hwertwisken sa folle mûlk harmonije bistean moat; for beide scil soarge wirden moatte, hwent in ûnsuvere sprake by in heechfielde letterkinde is in grouwel, like goed as in fris ûntwikkele sprake, dy ’t nea hjar rykdom liene koe om wirk to leverjen fen dûrjende wirdij.

Hwet nou nedich is om ús _letterkinde_ to bringen ta in hichte, det men der ek as strang oardieljend kritikus mei achting oer sprekke kin, is, scil men miene, al wiidweidich oanjown yn haedstikken II en III fen dit wirkje. Dochs moat men wol bitinke, det ik it op dy siden allinne hie oer omstânnichheden, hwerfen ik biwiiz’ge det hja for ús doel it ginstichst wierne—sa de stifting fen Fryslân—en oer de wei, dy ’t de fryske kinst yn to slaen hat, as hja hjar alteast better ûntwikkelje wol—persoanlike en ûntwikkelingskinst—wylst ik stilswijend ûnderstelde, bitrouwend op it achttal jonge frjeonen om my hinne, det der genôch opkommende Friezen binne, yn steat de bloei fen ús letterkinde to stypjen. En sikerwier bin ik dêrfen oertsjûge, det nou ’t it Selskip fen 1844 der ta komme koe oan myn forsiik to foldwaen, wy folle moais to biwûnderjen krije scille hwerfen wy foartiids gjin ealgjen hienen, mar ho ’t in oanwinst fen sok in tal ûnthjittende, dielswize hjar nou al uterjende skriuwers, stoffe wêze mei for bliere tofredenens, dit bliuwt dêrom net minder wier det, ear ’t wy rêstich en wol-fornoege de takomst tomjitte sjogge, dit tal op syn alderminst trijeris sa great wêze moat. Dêrom bliuwt it de plicht fen ús allegearre, soarchfâldich nei to gean eft wy jonge Friezen oan to wizen witte, mei oanliz for wirkdiedige letterkindige stúdzje en hwaens ûntwikkeling net to winskjen oerlit; en hwa scoenen hjir better for yn de gelegenheit wêze as de ûnderwizers, minsken, hwerûnder forskate binne mei fieling for de fryske saek en dy ’t jimmerwer sjogge, hwet yn de bern it measte ûnthjit? Ik wiis hjir foarâl op it foarbyld fen de hear Sipma fen Snits, dy ’t sûnder twivel yn dit stik fen saken al mear goeds ta stân wist to bringen as somlike ûnderwizers op it lân, dy ’t dochs tahâlde yn ’t formidden fen Frysk-pratende ljuwe. Litte wy ús lykwol foarâl to wacht nimme, dizze jonge skriuwers opskoattelje to wollen yn in steatlike foriening mei forheven karbrieven en oandwaenlike talittingsdeftichheden, lyk wy dy to biwûnderjen krigen by it boun Jong Fryslân, hwerfen de oprop, forslaggen en mear sok moais as in net to dylgjen mislediging fen ús tael opnommen waerden yn de selskipsboekjes! Forhâlding fen frjeonskip mei bloeije twisken hjar, dy ’t yn letter dagen to soargjen hawwe scille for forriking fen ús skriftenkennisse, mar hwêrom dochs dizze jonge geasten ta eltsoar bringe to wollen yn in duf en skimmelich boun, hwerfen de leden alderearst paedfynders-tsjinsten to dwaen hawwe for it Selskip, dat dochs ek wol bigrypt, ho ’t de earste langstme fen in jong en krêftich minske is in folsleine frijdom? Wis, it plan fen ús Gaestmarder Hear, sa in stik ef tritich aeijen ûnder syn wjokken to lizzen, om dêr den kinstners út to brieden fen like machtich talint as sines, wier wol treflik fen wizens en tige to priizgjen om syn minlike bidêstens, mar de waermte, nedich ta it ûntwikkeljen fen libben, like der net to wêzen, en do ’t, slimmer yet, op in stikelfjild in jongfaem hânnen fol taelkindich sie bigoun to struijen, strûsde de hoanne by de him tabitroude aeijen wei. Sels in foriening fen fryske letterkindigen kin allinne tsjoeds ta stân bringe en is bûtendat neist en tsjin it Selskip net nedich; de jonge skriuwers scoenen ek wol swak fen moed en lef fen bitinken wêze moatte, as hja, oanfitere fen wizer liedsljuwe, yn hjar striid for persoanlike kinst stipe en die-krêftich holpen troch it útjaen fen it Wykblêd, yet langen nei mear.

Hwent hjirmei is wol alles oanjown, hwet men fergje mei fen it Selskip en alle Friezen, om to meitsjen, det ús letterkinde net mei noed en eangstme de rêd-oansweevjende folgjende jierren hoecht ôf to wachtsjen, lykwol net hwet men to dwaen hat om de nedige en winskelike suverens fen de _spritsen_ tael to biwarjen. Al seagen wy yn haedstik III, det wy yn de ûntwikkeljende utering teffens in machtich middel hawwe ef foarmje kinne om hollânske ynfloeden tsjin to gean, dochs knibbelje wy net mei sok in forearjende oanbidding for hjar del, det wy, hwet taelsuverens oanbilanget, alle heil fen hjar forwachtsje wolle, en it sizzen wer uterje, troch de Friezen sa jamk yn ’e mûle nommen: „Sa hawwe wy den yn ’t earst al wer genôch út ’e wei set.” Ommers dizze kinst moat yn it deistich libben krêftige wjerklank fine yn de praktyk fen skoalle, rjochtseale, tsjerke, as de ynfloed dêrfen útgean scil, dy ’t wy ús tinke; hjiroer yet inkelde wirden, dy ’t ik lykwol bidoel as in persoanlike miening, hwerfen de krektens miskien maklik yn kiif steld wirde kin, omdet ik, lyk men faeks al opmirken hat, better op dré bliuw, as ik oer kinstsaken praet.

1o. Oer it _ûnderwiis yn Frysk_ fornimme wy net folle mear as nou en den in treastleaze en fortretlike meidieling, det de saek net to bêst flotsje wol, omdet der sa folle biswieren oan fêst sitte, sadet wy eltse kear wer in ljeaflike gelegenheit hawwe, om der ris binijd oer nei to mimerjen, hokker biswieren dochs wol sa wichtich wêze meije, det sok in bilangrike saek net genôch ta syn rjocht komt. Troch de bank liket men der yet al eang fen to wêzen yn ’t iepenbier op dizze ûnginstige omstânnichheden klam to lizzen, howol it eltsenien dúdlik wêze moat, det de biswieren, as hja yn wierheit sa machtich binne, inkeld oerwoun wirde kinne trochdet mear as oant nou ta, it hiele folts meiwirket. Ik hoopje, det men my myn frage net kwea ôfnimme scil, hwerom men bûtensteanders net earlik mei dizze biswieren bikend makke, ljeafst yn de selskipsboekjes ef, hwennear men fen bitinken wier, det sa de stimme yet troch to min minsken fornommen wirde scoe, troch in rige artikels bygelyks yn de Ljouwerter Krante?[8] It fryske folts hat der sûnder mis rjocht op, dúdliker fen hjarren, dy ’t bineamd waerden for dizze taek en sa faken al bliken joegen, der ek for birekkene to wêzen, oer sok in geastelik bilang ynljochte to wirden; it is myn oertsjûging det de biswieren, ho skriklik hja den ek wêze meije, net sa kretenzysk-doalhôfeftich binne, ef alteast ien scil de útwyk wol to wizen witte.

[8] Hwa ’t der op wize, det yn 1906 de Ljouwerter wegere oan it Forsiikskrift oan Deputearre Steaten plak to jaen, scoe bitinke, det der do praet wier fen in oanbigjin, noutiids fen in fierder gean op in ienris ynsleine wei.

2o. It mei bikend wêze, det ús _rjochterlike macht_ for fierwei it greatste diel wol foldwaende op ’e hichte is mei ús tael, om tsjûgen en biskildigen, dy ’t hjar ljeaver yn de eigen sprake uterje, to fetsjen, mar nimmen hearde der yet fen, det de president ek yn it Frysk frege, hwet dochs scoene men hoopje, net yn striid mei de algemiene rykswetten wêze scil.

Men scoe witte wolle ef dit to forklearjen is, trochdet dizze hearen ús tael net machtich binne, ef trochdet hja hjar ljeaver hâlde oan it brûkme, dat lange ieuwen trou folge waerd. Yn ’t earste gefal scoe men der by nije bineamings op oanstean kinne de rjochterlike macht yn ús lân ek oan Friezen ta to bitrouwen, wylst yn ’t oarde men inkeld wachtsje kin, ef den nimmen moed genôch hat to hânneljen, lyk as er sels wol ynsjocht, det it it meast praktysk is.

3o. Hwet nou de _tsjerke_ oanbilanget, liket it my ta, det trefliker as in hopen gepraet en geskriuw, hwermei men meastal net mear opsjit, as det de partijen fêster bisletten en grimmitiger as ea foar eltsoar komme to stean, is in ienfâldige die as dy fen ds. Wumkes en oaren, hwaens moedich weagjen net nôch to wirdearjen is for it bilang fen ús tael. Ik stean der dos mei klam op oan, det dit foarbyld hwerfen wy moaije útkomsten seagen, neifolge wirde scil troch allegearre, dy ’t hjar dêrfor birekkene achtsje, en scoe it in prizenswirde die neame as sokken, dy ’t hjarsels net bitrouden, der oer gear komme koene, ds. Wumkes ris út to noegjen, ek yn hjar plak de hillige saken to bihânneljen yn ús eigen tael, det de fieling for it Frysk by ús lânsljuwe yet krêftiger wirdt. Hat ienris dit streevjen folle oanhing foun, hwerop wy rekkenje meije, nou ’t wy al goed gefolch waernimme fen it alderearste bigjin, den scille de tsjerkerieden en gemeinteleden fensels ta it ynsjoch komme hok in weardich ding it is, yn in frysk doarp in Fries as harder to hawwen, en men scil bitsjuttende oanwinst krige hawwe for ús taelstriid.[9]

[9] Yn dit forbân bring ik myn oprjochte hilde oan ’e tsjerkerie fen Dearsum dy ’t, sa ’t ik fornaem, Ds Wumkes sels útnoege dêr in fryske preek to hâlden.

Fierders is der yet in saek, dy ’t howol faeks net sa bilangryk yn wêzen en ynfloed as de trije boppe-neamde biwizen for de brûksumens fen ús tael yn en bûten it deistich libben, docht net forwaerloazge wirde mei, omdet ek hja folle goeds dwaen kin for de taelsuverens. Yn ’t miene sein hearsket der ûnder de jongerein fen ús folts in ljeaflike ûnforskilligens for de fryske saek, hokker sloppens slim kwea nommen wirde kin, om ’t fierwei de measten nea net hearden fen in sikerwier-bitsjuttende taelstriid, to min alteast om der ek mar in bytsje bilangstelling for to fielen. Wol leannet it dos de moeite, ris nei to gean eft der ek bûten it Selskip, toaniel-forienings en sa mear, neat dien wirde kin om in ein to meitsjen oan dit ûnwit, en ek it opkommende Fryslân to winnen for hwet wezentlik syn plicht is.

Miskien scoe in forstânnige, mar dêrom net minder libbene, organisaesje fen ús fryske jonkheit ûnder fryske lieding goeds dwaen kinne, hwerby men foarâl hjirom tinke moast, det men jonge minsken net oanfiterje mei ta droege taelstúdzje, sûnder det men as tsjinwicht soarget for útspanning yn sport, dy ’t lokkich tsjinwirdich yn ús lân him ek mear en mear bigjint to ûntjaen. To’n earsten wier it al tige moai as wy keats-, iisklubs ensf. der ta krije koene de stive, offisieele hollânske tael, dy ’t faek sok in ûnbihaechlik stimpel jowt oan de oars sa sellige byienkomsten, to forfangen troch dy fen eigen groun. Wylst ik dit wirkje skriuw, ben ik yet drok dwaende mei it útwirkjen fen de plannen hwerop ik hjir doel, sadet ik, howol it my moeit om ’t ik jerne sa dúdlik mûlk bin, hjiroer wol de ûngaedlike meidieling dwaen moat, det ik my yet net yn steat achtsje oer dit stik fen saken praktyske rie to jaen. Mar tinkelik haw ik letter wol gelegenheit op dizze saek yn Forjit My Net ef Fryslân werom to kommen, hwet yn safier ek better is, det ik den troch earst it útfier fen myn plannen hjir en dêr bisocht to hawwen, sels oardielje kin oer hjar geskiktens.

Om in goed oersjoch to biwarjen oer de fryske taelstriid en de foarnaemste middels fetsje wy efkes gear:

As ús winsken, dy ’t ik útspriek yn it bigjin fen dit haedstik, ea forwezentlike wirde scille, moatte wy ús oandacht wije oan

1. de fieling fen it folts for syn tael; dizze ljeafde wirdt wol it treflikst oanmoedige troch sprekkers as de hear de Zee, dy ’t lykwol hjiryn net allinne stean bliuwe mei;

2. de bloei fen ús tael, to sizzen

_a_. de skriftenkennisse; dizze hat allinne heil to wachtsjen fen nije bigjinsels (persoanlike kinst, ûntwikkeljende utering), en soarge heart to wirden for in fikse fryske oplieding fen jonge skriuwers.

_b_. de taelsuverens; dizze scil tanimme troch romte ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering, troch yn skoalle, rjochtseale, tsjerke alteast to’n earsten ús tael fakultatyf to stellen en troch organisaesje fen de jonge Friezen.

De greatste ynfloed op frysk gebiet giet út fen it Selskip fen 1844, en yn it Selskip fen it Haedbistjûr; men forwachtet det de Algemiene Gearkomste hjiryn nea wer frysk-forriedende konservativen dildzje scil.

De jong-fryske biweging wijt hjar krêften yn haedsaek oan trochfier fen de nije letterkindige bigjinsels.

Sa hawwe wy dos dúdliker ynsjoch krige oer de fryske taelstriid sels, witte wy better hwet hjar doel is en hawwe klearrichheit oer it forrin fen dizze biweging, lyk as dit it suverst en winskelikst is, lyk as it nei minskelike birekkening komme scil yn de earst-folgjende tiden ek. Dochs bliuwt, al mei men oannimme det it greate merkteiken fen it fryske karakter yet is in ynbânnige krêft, en det, sa opfette, it stânfriezendom net, lyk fen somliken jamk sein waerd, ta it forline biheart, der yet altyd de kâns bistean, det somlike ljuwe moedleas stoarje nei it boppe oanjown, folle-omfetsjend program en det mear as ien uterje scil it ûnbihaechlik bitinken: „Wis, dat alles is tige forstânnich úttocht, mar de oermacht is sa nearzige great, det wy yn ’t ein dochs forslein wêze scille; sa is dos de striid omdôch en hwerta den yet to bigjinnen?”

Ik fiel det ik oanstriid krij om hjir minder bidaerde en wol-oertochte wirden to brûken, as ik oant nou ta, tinkend om myn lêzers en it doel, dat ik mei dit wirkje haw, yn ’e mûle naem. Mar my wer to foaren hâldend, det in lyriske boai fen lilke tael hiel hwet minder to weech bringe scil as in ienfâldich-birekkenjend wjerlizzen fen dizze miening, scil ik bliuwe by de hâlding, dy’t ik yn dit wirkje oant nou ta biwarre, en biwiiz’gje, det dit bitinken, howol maklik to forklearjen en dêrtroch faeks ek wol to forjaen, dochs hielendal net oerienkomt mei de wezentlike tastân, det earder oarsom de omstânnichheden ús bitrouwende moed jaen kinne om ûnbisoarge, mar dochs jimmer soargjend, de takomst yn’e mjitte to gean. Litte wy dos earst neigean, hwa ’t eigentlik ús fijân wêze mei, eft der wol reden bistiet eang fen him to wêzen, en mocht it ús talykje det dit sikerwier sa is, den op hwa ’t wy rekkenje meije, as trouwe bounsnoaten.

En foartdalik wirdt it ús den klear, det mei de striid op ús rêstige mieden ek gean tsjin in frjemde sprake, dêrmei hielendal net miend wirdt, det wy ûnder alle omstânnichheden, it Hollânsk to biskôgjen hawwe as fijandinne; hwent inkeld wolle wy war dwaen, de ynfloed fen dizze sprake op ús tael hjir yn Fryslân to kearen, wylst wy der nea net om tinke scoenen to sizzen, det wy tsjin hawwe op it brûken fen Hollânsk yn hiel de oare wrâld, hwerearne it den ek wêze mei, mar dizze sprake earder tawinskje in rom taelgebiet.

En fierders hat men yen dizze striid hielendal net sà to tinken, det tsjin ús iverjen for de fryske tael de Hollânners bisiikje scille ús sprake sa folle mûlk neidiel to dwaen; hwent dêr jinsen wier men jimmer dôf for ús saek en wegere men ús freegjen om mear rjocht, om mear bilangstelling alteast, faken to forstean en omdet sok in dôvens ús noutiids gjin skea mear docht, scille wy wiis dwaen net to bisiikjen dizze syktme to genêzen.

Sa mei men dos ús striid mear lykje by it streevjen fen warbere minsken, om it jimmer-rizend wetter to kearen bûten de kriten, dy ’t yet droech bleau, ho ’t dêr omhinne it wiet ek stadich omhegens skoude, en dy ’t dat bliuwe scil, omdet de krêft fen de mânljue dy dykje greater is as dy fen ’t wetter, dat ringen wer falt, as minlik de sinne wer glimket.

Mar nea net wolle wy biskôge wirde as minsken, dy tsjin hawwe op in fêste en krêftige iendracht fen hiel it Ryk; as wy bisiikje it wird „Fryslân for de Friezen en it Frysk” to meitsjen ta seine wierheit, easkje wy allinne wer de rjochten, dy ’t men ús lang lyn binaem. Mochten wy dêrby in tsjinwirking ûnderfine, stoefer as wy fordrage en dildzje koenen, den kin der wol gjin twivel bistean, ef ienris scille wy witte to anderjen mei it oprjochtsjen fen in frysk-naesjonale partij, mar sels den scil dizze net yn hjar findels skriuwe: „los fen Hollân” hwent yn de lêste ieuwen learde Fryslân him to bûgen—mar allinne oanstean op it earbiedingen fen ’e rjochten fen ús tael, dêr ’t wy net búten kinne.