Chapter 5 of 6 · 5491 words · ~27 min read

V.

For ús, dy ’t yn steat binne ús in oersjoch to foarmjen fen hwet barde yn de tiden, dy ’t aldergeloks efter ús lizze, en dy ’t as strange ierdske rjochters oan to wizen witte, hwet yn dieden fen ’t forline krêftich wier ef ôf to karren, moat it wol makliker wêze as for de ljuwe eartiids, der hichte fen to krijen hokker gefaren yn de neiste jierren foarâl fen ús mijd wirde moatte. Hwent mei in minske, âlder wirdend en jimmerwer nije ûnderfining en wizens garjend, sims fortretlik wirde, as er werom tinkt oan misslaggen, lang forlyn fen him bigien, en mei hy sa altyd wer klearder ynsjên, hwerfor er him letter to wacht to nimmen hat, mear is dit yette wier for in hiel folts, dat ommers net bistiet út ien libben mei ien ûnderfining, mar earder neamd wirde moat in mienskip fen minsken, tige forskillend yn fieling en tinken, mei ryk forskaet fen bifinen dos ek.

Hwet ús taelstriid oanbilanget, bûten in pear ûnbitsjuttende tsjinslaggen, dy ’t jimmer to forklearjen wiernen troch ûnginstige, tidelike omstânnichheden en dy’t gjin bliuwende wearde hawwe, wiernen der oant nou ta gjin wichtige tsjoede ynfloeden mei earnstige gefolgen, dy ’t ús de eagen iepenje koene for gefaren, dy ’t ús bidrigen sûnder det wy it sels wisten. Mar hiel oars stiet it mei ús frijdom, dy ’t wy al sokke lange ieuwen misse en dy ’t net bilies jown hat as nei tiden fen hjitte striid, hwerfen ek wy yet leare kinne.

It frysk karakter den is yn ’t earste plak krêftich yn dizze bitsjutting, det in Fries maklik alles, hwet yn striid is mei syn persoanlike opfetting, minderweardich achtet en, oertsjûge fen de treflikens fen syn eigen ynsjoch, fen gjin rêst en frede wit ear ’t it libben alhiel sa rint, as neffens syn bitinken it bêste is. Great forskeel lit dit foartdalik sjên mei somliker súdlike foltsen, hwaens winsk it like goed is hjar nea net to skikken en yn alles hjar eigen sin troch to setten, mar dy ’t bitrouwend op it fielen mear as op it tinken, meast to wirk geane neffens de tafallige rite fen in amerij, sûnder djip nei to tinken oer de inerlike wearde fen hjar doel. In Fries is nou ienris, allicht oarspronkelik dêrta twongen troch de oerstjûre wiksel fen waer en wyn yn dizze kontreijen, wend by alles hwerfen er it great bilang fielt, lang nei to mimerjen en jamk al to soarchfâldich it for en tsjin to hifkjen, sadet by dit stil en rêstich libjend folts de inerlike striid meast wol minder forheftich, mar dêrom net minder djip en binammen langer fen dûr is as hwer de sinne krêftiger hearsket; earst as it tinken net komme kin ta in útkomst, rieplachtsje wy de fieling en litte oan dizze it lêste wird. Mar as wy der einlings nei lange dagen fen stadige striid, ta oergien binne in bislút to nimmen, den wolle wy faken jerne miene, det krekt om ’t wy sa soarchfâldich it goed en tsjoed hifke hawwe, dit bislút nou ek tsjûget fen wiis ynsjoch en, leauwend oan de alles-oerljochtsjende treflikens fen ús eigen opfetting, geane wy mei moed en foarâl mei selsbitrouwen elts tomjitte, dy ’t it weaget oer sok in wichtige saek in oare miening to hawwen as wy, om’t wy hjir dochs, lyk as wy eltsenien hearre litte, sok in bisûndere stúdzje fen makke hawwe. Hiene wy nou yet hwet mear forstân, den scoene wy by ús sels tajaen, det de oar dy ’t ommers fen deselde stamme is, sûnder mis allike min in bilangryk bigjinsel fordigenje scil, as ek hy dêr net lang-rêstich en forstânnich-birekkenjend oer neiprakkesearre hie, sadet wy wol fier fen dy oar ûnskiklik to bijegenjen, minlik en fordildich oanhearre scoene, hwet der wol to sizzen wier for syn opfetting, om dêrnei yet ris nei to gean, ef hwet wy seinen den dochs sikersonk minder folmakke wier, as wy sels wol hawwe woene en sa faeks ringen wer fen nijs oan to bigjinnen. Mar—aldergeloks hie ik hast sein—sok in folslein forstân bitochten de goaden ús net, det neist it tinken for it fielen gjin romte mear wêze scoe; hawwe wy ienris in bislút nommen, woloan, den is dit in útdragen saek for ús wirden en den jowe wy hommels oan ús fielen sok in oerstjelpjende krêft, det as immen it bistiet tsjin ús miening op to kommen, wy him skildich achtsje oan misledigjen fen de persoanlike hilligens en mei in suchtsjend sizzen: „As hy him den net bikeare litte wol, ja, den bliuwt allinne de striid mear oer”, wirdt der den in bigjinseloarloch oankindige, dy ’t almeast net mijen, mar fûleindich fen aerd is.

Mei der immen wêze dy ’t by dizze teoretyske biskôging net neilitte kin efkes meilydsum to glimkjen en miene, det immen dy ’t der sa oer redendielt net foldwaende op ’e hichte is mei it wiere wêzen fen ús folksaerd, him wiis ik nei de mistreastige en fortretlike praktyk fen ús skiednis, binammen nei it neargeastige diel, hweryn forhelle wirdt ho ’t Fryslân syn frijdom forlear. Sims, lêzend fen de Middelieuwen fen ús lân, wirdt it forskaet en de drokte fen de partijen sa forbjusterjend, det men sin kriget, oan to nimmen, det dodestiids elts mar tsjinne syn eigen bilangen, en him inkeld oansleat by ien fen de meast mânske partijen, as it persoanlik foardiel it sa woe; yn dizze skimerige dagen uteret him klear de net to teamjen drang nei striid, dy ’t altyd diel wier fen ús wêzen, noutiids net sa dúdlik mear, omdet like goed yn de greate mienskip as yn bisletten forienings, der folle drige wirdt mei minder nochlike straffen, dy ’t sok in utering fen striidsin witte tsjin to gean en sa de langstme sels machtleas to meitsjen. Bûtendat wist men yn dy skiere dagen net fen saneamde biskaving, hwerfen men wol ris lústere hat, det hja de measte minsken it alderrouste wit to binimmen, al komme wy yn de lêste moannen lokkich wer hwet skeptysker tsjinoer sok ûnbiroaid praet to stean, omdet wy der einlings hichte fen krije ho ’t dizze biskaving inkeld bliuwt in ding fen de bûtenkant en dos fen minder biteikenis; det dêrtsjinoer de machtichste minskelike langstmen jimmer deselde bleaun binne en bliuwe scille, wachtsjend allinne op in skok, om hjar wer mei skriklike krêft to ûntjaen. Sa fine wy dêr yn de drôve skiednis fen ús lân in swier biwiis, det in Fries jimmer twongen wirdt ta striid, om ’t er syn persoanlik tinken, hwerfen er wit det it greate weardij hat, biwarje wol tsjin eltse twang, eltse oanfal, eltse ynfloed sels fen bûten, en omdet er libbet yn ’t formidden fen syn lânsljuwe, striidt er sûnder ophâlden tsjin minsken fen deselde stamme.

Tige earnstich liket nou hommels hiel de saek ús forhearde eagen ta; moedleas is wis it bitinken, det fen hiel ús bisiikjen mar in bytsje, to min sels, to ljochte komme kin, hwent frjeonskip, as dêr ’t ik op wiisde oan ’t ein fen myn earste haedstik, mei mûlk wêze twisken minsken mei itselde doel, dy ’t wend binne mei eltsoar to wirkjen en folle omgong hawwe mei eltsoar, twisken alle ljuwe fen hiel in folts, dy’t eltsoar faken net earder sjogge, as hwennear hja al as fijân tinke en hânnelje, frjeonskip ta stân to bringen, soks liket sikersonk dochs wol bjuster slim.

—Mar, sa forfettet de stimme nei ús wiidweidich forhelle to hawwen oer forskate lytsgeastige, mar dêrom net minder fûleindige rûzjes: as de hollânske greven kamen, den wier meastentiids dalik hiel it folts wer ien...

Dat is it hwet wy forgeaten, myn frjeonen: det wy better dwaen scoene, mei, as wy dochs sjogge, det ús miening net troch it greatste diel fen it folts oernomd wirdt, net to bisiikjen steech troch to setten, hwerfen wy nou ienris mienden, det it it bêste wier, mar ús del to jaen by it bislút fen de measten, sadré wy oertsjûge binne, det dizze it selde for ’t forstân krigen hawwe as wy: det nammentlik eltse striid binnen de poarten ûnforstânnich is en yet slimmer, as der bûten de poarte immen stiet, dy ’t war docht ús ljeave stêd to oermasterjen. Litte wy dos jimmer bitinke, det yn dagen fen striid mei it frjemde, lyk as wy lang al bilibben en sûnder twivel yet lang meimeitsje moatte, it forkeard en tsjoed for ús mien doel wêze scoe to dwaen, eft sok in striid net bistie; litte wy fierders soargjend tinke om de treflikste wapens en de krêftichste striidhynzers, wy allegearre, hwaens wirk is for de bloei fen ús tael, om skielk as wy wer byeltsoar binne, bitrouwend ek op it goede ynsjoch fen oaren, nei to kommen hwet goedkard wirdt fen de measten. Yn lânnen om ús hinne swije de partidige stitnmen, en wirket men ienriedich mei en neist eltsoar, omdet men wol wit ho ’t inerlike striid ek hjar, dy ’t it bêste wolle, de dea dwaen kin; scille wy dit foarbyld folgje, bitinkend det al ieuwen ek ús striid geande is en de eigen tael yn gefaer, ef scille wy foartfarre mei faken lytsgeastige strideraesjes?

Litte wy wer neigean: wy stride for in ljeafde en in djûr bigjinsel, hwerfen de oertsjûging ús machtige krêften tafoeget, wy steane neist eltsoar iendrachtich en ienriedich fen wyt en fen wollen, towile men yn Hollân faeks ús streevjen mei weardearring oanskôgje scil; dit alles ûnthjit wol folle, mar tsjinoer ien dy ’t petearret yn ús tael steane fiif-en-tweintich dy ’t heech hâlde de sprake fen it ryk. Sa, scille de moedleazen sizze, binne wy yet net wis fen de oerwinning...

Alwer bitwing ik myn oanstriid dizze minsken hird to fallen, dy to folle tinke, mar to min ef forkeard fiele, en wer scil ik, dy ’t er sels forwûndere oer bin, det ik sa forstânnich en birekkenjend wit to skriuwen, my ynbine; for de twade kear siz ik: sûnder folle ynspanning ûntwikkelje wy yet mear krêften.

Faek wier ik binijd as ik, lêzend in Hollânsk letterkindich tiidskrift, jimmer wer foun in waerme en moaije ljeafde for de sudeliker ljuwe fen hollânske stamme: de Flaemsken, op hwaens rjochten en krêftige striid for hjar tael men aloan wist to wizen mei minlike ljeafde en djip-geand ynsjoch, wylst men for de fryske saek, dy ’t dochs wis mear biwûndering fortsjinnet, omdet ús tael yn hjar slimme striid net stipe wirdt fen in machtige sister oer de grinzen, gjin wird fen weardearring oer hie. It is dúdlik, det de moaijens fen skriftenkennisse op sok in saek dochs mar in bytsje ynfloed útoefenje mei, omdet de taelstriid hielendal los fen de letterkindige kwesje biskôge heart to wirden; hwent is yn heechste ynstânsje de letterkinde net in wirk fen de minsken, mar de tael in goadebern? Moat der den socht wirde nei in better forklearring, den liket dit wol de oannimmelikste, det wylst de Flaemsken jimmer folle ynnimmends fen hjar hearre lieten, wy Friezen, forneamd om ús stilswijen, ek hwer ’t it gjin foech jowt, ljeaver stil ús wegen gyngen, en al wierne wy der tige mei ynnommen as wy bilangstelling ef eat hwet dêrop like, for ús saek oan ’e oare ich fen de sudersé mienden to merkbiten, it ús dochs ûnweardich achten sels dizze bilangstelling oan to fiterjen. Mar dochs, al weardearje ik dizze ynbânnigens ek tige, omdet ik sok in dwaen fiel as eat krêftichs en dos eat moais, bin ik fen bitinken det wy, sûnder kwea to dwaen oan de bigjinsels, dy ’t wy foarsteane, gerêst yn Hollân hwet mear fen ús hearre litte kinne; dêr scille bûten de Friezen dochs ek wol somlike oaren tahâlde, dy ’t as hja fornimme hwet wy ús rjochten achtsje en hja foar ’t forstân krije, det al bliuwt lyts de macht fen ús tael, hja dochs like goed sprake is as it Hollânsk, yn steat binne mei ús mei to fielen for de moaijens fen ús ljeafde, al kinne hja, salang al ús rjochten net yn acht nommen wirde, tinkelik op taelgebiet gjin frjeonen fen uzes wêze. It scoe my al tige nij dwaen, as der, hwennear wy mear fen ús hearre lieten en mei mear klam ús saek bipleiten, wer twa partijen ûntstiene, hwertwisken de skied lyk foel mei de politike grins (men tinke hjirby oan hwet yn Ingelân barde: de Unionisten yn hjar forset tsjin de liberalen, dy ’t opkamen for it Ierske _home rule_), en hwerfen ien de fryske saek, wier it den ek net mei fjûr, bistride scoe. Sûnder twivel scoe der nea net folle fen sokke partijen to fornimmen wêze, al bliuwt der gefaer bistean, det, as wy foarderen mei ús striid, somlike ljuwe, dy ’t net foar ’t forstân krije kinne, det wy in geef en soun diel fen it ryk útmeitsje scille, as men ús folsleine frijichheit jowt yn taelsaken, wer bigounen to roppen fen provinsialisme en mear sok moais.—

Wy binne miskien der to folle yn biwend by de namme „Fryslân” to tinken oan it haedlân twisken Dokkumer Nije Silen en Starum, Harns en de Stellingwerven; it mei wier wêze det dêrre de measte Frysk pratende ljuwe toevje en de libbenskrêften fen de sprake dêr as needsakelik gefolch it meast forneare kinne, dochs wenje der, lyk as ús bikend wirden wêze mei yn de lêste jierren, nou ’t dizze saek aldergeloks mear ta hjar rjocht komt, yn it Westen fen Sleeswyk ljuwe bisibbe mei ús yn bloed en tael—in earmtlik oerskot wol fen hwet ienris Magna Frisia wier, mar wezentlik dochs ús broerren, fen hwa ’t wy inkeld al hâlde omdet hja, allyk in lyts, mar fleurich-grien eilân yn forheftich-weagjende sé, ienlik stean bleauwen. De njonkenlytsen forneamde oprop fen ’e hear De Clercq, ien fen de moaiste dieden den ek, hwerop wy yn de lêste jierren romje koene, hat einlings nije oansluting ta stân brocht twisken de West- en Noardfriezen, dy ’t yet mear it karakter fen in frjeonebân krige do ’t somliken fen ús fryske foarmannen der oer gear kommen wierne, persoanlik dizze fiere, mar ús dêrom net minder ljeave sibben to bisiikjen. Ek for ús scoe it spitich en neidielich tagelyk wêze as it fryske libben, dat dêr sa moai oan ’t bloeijen wier en ús herte fornoege, to neate gean moast yn dizze oarloch, omdet der sikersonk mear for it bihâld en it foartsterkjen for de tael dien waerd, as men easkje mocht en forwachtsje koe by sok in lyts tal minsken ûnder dútsk regear, ja sels nei forhâlding mear as by ús, dy ’t dochs, foarâl yn in hopen ta weismiten kearde rymkes, der jamk sa heech fen opjowe, hofolle wy for ús tael oer hawwe (it merkteiken is tjinwirdich „ynmoai”, for in tweintichtal jierren wier it fêst „swietlûdich”; ek hjir in twingende moade!).

It is ús plicht, dêroer to weitsjen, yn safier wy dêrta yn steat binne, hwent in earnstich forlies scoe it for ús wêze as ek dit fiere, frisse libben dat ús altyd wer wytge fen tiden, do ’t ús lân machtich wier en sa ek ús moanne ta moedige dieden, for goed daet waerd en tige scoene wy hjar misse, dizze broerren mei hjar kleare, blauwe eagen en blond hier, dy ’t gâns mear as wy sels yn uterlik de âlde Friezen lyk bleauwen.

Mar al is tichter oansluting fen West- en Noardfriezen for beide fen greate sedelike wearde, it scoe tsjûgje fen leffens en strang to kastijen selssucht, as wy forwachten, det dizze warbere striders, dy’t sels al sa danich to fjochtsjen hawwe tsjin de ôfbrekkende macht fen Deensk en Dútsk ús, dy ’t folle sterker stean moasten as hja, stypje koenen yn de striid tsjin it Hollânsk. Earder scille wy ús der op ré meitsje moatte, om, hwennear de tastân fen ús eigen tael it talit, hjar by to stean yn ûnderskate opsichten, al is dit fensels in soarch fen de fiere takomst; hwent jimmer bliuwt it for ús in saek fen great bilang, det dêr yn ’t Noarden fen Dútsklân ljuwe wenje, dy ’t rekkene wirde kinne ta de fryske stamme,—letter sjocht men soks faeks better yn as nou.

Underwiles wirde wy troch de wolkomme oansluting by ús fryske broerren yn ’t Noarden dos neat net sterker yn ús striid tsjin in frjemde tael yn ús eigen lân; wy scille yet siikje moatte nei bounsnoaten, dy ’t, howol hja to ’n earsten ús net hoechden to stypjen, omdet ek sûnder hjar helpe ús saek yet net hopeleas liket, dochs mocht it ris bigjinne to knipen, ús krêftich byspringe kinne, in soarte fen reserve dos. Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze, hwaens aerd en karakter nei bisibbe binne oan dat fen ús folts, omdet in mieningsskeel, útdijend faeks ta striid mei dizze helpers for ús sels sa fordjerlik wirde koe, det wy fen ús doel fierder ôfstaet waerden as ea foartiids, en moatte yn steat wêze mei to fielen yn ús geastelik bistean, omdet as wy mei fjûr in saek fordigenen, fen hjarren waerme bystân wachtsjend, wylst wy al ringen yn pleats dêrfen in kâlde, ûnforskillige hâlding by hjar merkbite moasten, dit faeks great neidiel dwaen koe oan de frjeonskip. Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei frysk bloed, omdet in boun ûntstien út suvere birekkening, sûnder ynlike fieling, it waerme libben mist, dat it bliuwend meitsje kin en tideliker is as it wifste simmerblomt, mar ien twisken broerren fen it selde hûs for beide net oars meibringe kin as seine en wolfeart. Dizze bounsnoaten moatte, ho machtich en great, yn haedsaek deselde bilangen hawwe as wy, biwenners fen in útherne fen de wrâld, hwent wy wolle net út it each forlieze de wirdij fen it sizzen, earder yn oar forbân al oanhelle, det lokkich to priizgjen binne hwa ’t mei eltsoar gean, dêrta twongen fen hjar ljeafde en hjar bilangen.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei in tael, dy ’t yn rju folle punten liket op dy ’t wy sa trou biwarren, omdet in dúdlik biwiis fen us bisibbens nedich is for folle ljuwe, dy ’t earst frjemd foar hjar fiere sibben stean scoenen; en it is winskelik det hja wenje yn oarden, dy ’t net to fier fen uzes lizze. Mar hwet fen it aldermeaste bilang is: hja moatte oertsjûgjende bliken jown hawwe to fielen for de rjochten fen lytse foltsen en hjar tael, en de moed hawwe dizze fieling to fordigenjen, hokke machtige fijânnen der dêrom ek tsjin hjar opstienen. Dit binne wichtige bitingsten, en dochs mei net ien dêrfen forwaerloazge wirde omdet men maklik ynsjocht, det it better is allinne stean to bliuwen yn de swiere striid, sûnder to rekkenjen op de stipe fen oaren, as fen yens bounsnoaten mar healwei folge to wirden, sadet der al licht wriuwing mei hjar ûntstiet en de frjeonskip forkoellet ta ûnforskilligens, en út wrok oer dizze ûnforskilligens sels foroaret yn hate, hwet earnstige gefolgen meibringt. Mislearret it ús dos sokke bounsnoaten for ús to winnen, den binne wy, ho ’t it de moedleazen ûnder ús ek moeit, oanwiisd op eigen krêften en allinne scille wy fierders hawwe to striden, oant wy warrich binne en langje nei rêst, oant it ein komt det wy ús sin krije, ef oan de binijde wrâld sjên litten hawwe, ho ’t ien fen hjar heechstbijierre talen en dêrnei faeks ek ien fen hjar âldste foltsen de wei nei Walhalla bireizget.

Mar sikerwier, dit liket net nedich: hwent blyn moasten wy wol wêze, as wy net seagen ho ’t der jinsen oan ’e oare ich fen de Noardsé wennet in folts dat, al hat it tsjinwirdich ek in hillige striid to fieren for syn bistean en it bihâld fen it plak, dat it ûnder de greate machten fen dizze ierde ynnimt, lyk as oant nou ta jimmer yn syn romrofte skiednis, it witte scil to winnen fen hwa syn greatste bigjinsels en syn wichtichste bilangen bidrigen. De fryske foarmannen hienen it by ’t rjochte ein, do ’t hja der op wiisden, det wy fen Ingelân ginstiger omstânnichheden for ús tael to wachtsjen hienen; troch syn sedelike stipe koene wy folle bidije, al hoecht de oansluting twisken dit folts en ús to ’n earsten net to binend to wêzen, omdet wy ommers stride net for de frijdom fen in lân, mar for de rjochten fen in tael en wy, lyk as boppe al mei klam sein waerd, yn it gefal, det wy dêr jinsen greate bilangstelling for ús saek machtich wirde koene, sok in stipe mear to biskôgjen hawwe as reserve, hwennear somliken hjar ris op hinderlike wize mei ús bilangen bimoeije woenen, en net as gewoane, wiere striidkrêften. Wy Friezen geane ús eigen wei en scille dy jimmer gean, mar binne altyd leard forsichtich to wêzen en hawwe neat gjin sin om skielk, as men in grou berchblok op ús paed delkeile mocht, der mei bilitsen antlit nei to sjên en—wol it meast to forspijen ding, det in Fries him foar de geast krije kin—sels twongen to wirden in sydpaedtsje yn to slaen. En fen hokker kant men den de saek ek biskôgje wol, jimmer wirdt it ús dúdliker, det wy oanwiisd binne op Ingelân, dat wis wol genôch krêften hat, hwerfen it biwûnderjen as wy sels moedleas wirde mochten, ús wer treastgje en opfleurje kin.

Hwent yet wit men to forheljen, ho ’t lange tiden lyn fen it fêstelân mânske striderskloften teagen en weiswalken oer de woelige weagen, oant der opriisde in lân, dat yn syn fruchtbere mieden folle wolstân ûnthiet en hjar, wend oan de earmtlikens fen hjar bertegea, hwer ’t jamk krapte wier en brek troch oerbifolking, útnoege dêr hjar stevige wenten to bouwen; de swalkers hawwe de ynlânske stammen, dy ’t yn hjar machtichste dagen for de Romers net wieken, fordreaun nei de fierste hernen fen it greate eilân en wiernen ieuwen lang hearskers. Do’t hja einlings bilies jaen moasten for hwa kamen út it Suden, bleauwen hja yet in bisjuttend diel fen it ingelske folts, al moasten hja to’n earsten machtleas oansjên, ho ’t it regear oergyng yn hânnen fen ljuwe, hjar frjemd yn sprake en seden. En wytgjend wiist de skiednisskriuwer ús derop, det ûnder hjarren dy ’t út de swart-skaedzjende bosken weireizgen oer it warbere wiid, om op it eilân to hearskjen oant machtiger stammen kamen, mei hwa ’t hja ringen torane scoenen ta ien krêftich folts, ek folle Friezen wierne. Al sweijen wy oer dy bisibbens lange jierren, omdet it net yn ús aerd leit minsken, dy ’t út hjar sels net by ús komme, om bilangstelling en mear to freegjen, dit bliuwt dêrom net minder wier, det fen forskate Ingelsken it âlde Fryslân it stamlân is; al slomme de nei eltsoar lûkende fieling ek in hiele rek, hja wachtet der allinnich op wekke to wirden en troch de rêst oansterke scil hja yet krêftiger wêze. Forkeard en ûnwird is den ek it dwaen fen somliken, dy ’t wylst hja dochs witte det Friezen sterk hingje oan hwa ’t it bloed hjar bynt, wirden sizze hwerút men ofliede mei, det hja fen ús, dy ’t der rounom for oanskreaun steane, det wy der fij fen binne in blêd for de mûle to nimmen, forwachtsje in nearzich en lef stilswijen, in ûnforskillich oanskôgjen fen dizze wichtige, hwent de earste biskavingsbigjinsels oanbilangjende striid.

En yn it stik fen tael-bisibbens, hawwe wy ús der al lang net op foarstean litten det hja yn ûnderskate bilangrike punten sterk oan uzes tinke liet, ho ’t wy den sims ek stien hawwe ûnder ynfloed fen it opskouwende Hollânsk en ús broerren oan ’e oare kant fen de Noardsé heappen wirden oernamen fen latynske komôf? Den is yn haedsaek it aerd, it karakter fen it ingelske folts en uzes itselde: beide like birekkenjend, lang hifkjend it goed en tsjoed fen hwet men ûndernimme wol, mar den ek rjocht oanstjûrend op it doel, sûnder yen dêrby fen tsjinslaggen en tsjinwirking fen oaren forbjusterje to litten; dêrneist itselde wêzen yn langstme en bigearte, dy ’t fen beiden lang yn hjar utering tsjinkeard wirde, mar ienris fen bânnen ûntslein ek ninter it hearskjen oerjowe. Den de gelikens yn bilangen: wy Friezen dy ’t yn de striid for de rjochten, dy ’t wy to fordigenjen hawwe yn it stik fen tael jerne rekkenje woenen op krêftige stipe fen it folts, for hwaens wird men wend is oandacht en earbied oer to hawwen, wylst hja fornoege wêze scille, as hja witte, det oan ’e oare ich fen de skiedende sé in folts wennet, dat utering jaen scil oan syn tankberens for hjar sedelike stipe, hwer soks foech jowt: sa wirdt it ús dúdlik, det dizze de bounsnoaten wiernen, nei hwa ’t langjend en fortretlik fen twivel de moedleazen ûnder ús sochten—en earlik en iepen sein, hwa ûnder ús, dy ’t nea net soarch hie oer de ôfrin fen de striid?

De wichtige frage, dy ’t goed en folslein biandere wirde moat, omdet dêr sa folle bilangryks fen ôf hinget, bliuwt dos dizze: ho bringe wy tichter en steviger oansluting mei Ingelân ta stân?

Al is dizze langstme nei tichter oansluting by it lân oer de sé yet nea net mei de dúdlikens utere, dy ’t ik miende ek hjir biwarje to moatten, dochs kin en mei ik net sizze de earste west to hawwen dy ’t hjar fielde, omdet der yn de skiednis fen ús taelbiweging fen de lêste jierren bliken binne to finen, det noch oan ingelske en fryske taelkindigen, noch oan in diel fen ús folts, nij is hwet ik niis útspriek. Twa dingen wol ik op wize, dy ’t der neffens myn bitinken fen tsjûgje, det sok in oansluting net lang mear op hjar wachtsje litte scil, en dy ’t sadwaende fen like folle bilang binne for ús taelstriid as hja fortuten dien hawwe en dwaen scille for de bloei fen de fryske taelwittenskip.

Neidet dûrjende de hiele njoggentjinde ieu de stúdzje fen dizze taelwittenskip en -skiednis for fierwei it greatste diel bioefene wier fen dútske learden, fen Friezen mar for in lyts diel, wylst men mar komselden in ingelske namme neamen hearde, is hjiryn mei en koart nei it bigjin fen de tweintichste ieu in bitsjuttende foroaring kommen. De Dútskers geane fierder mei hjar oandacht ús tale ta te wijen, yn safier hja piele mei djip-geande taelstúdzje, al wit it jonger slachte net mear dy krêften to ûntwikkeljen, hweroan wy njonkenlytsen by de dútske learden wend wiernen, wylst yn Fryslân de bêste en dreechste tael-bioefeners as hjar bitinken uterje, det dizze for ús tael sa bilangrike stúdzje like folle en mear forsoarge heart to wirden fen soannen út it eigen lân as fen ús eastlike bûrljue en—tige wichtich forskynsel dit—der yn Ingelân somliken bigjinne mei oandacht de oplibbing fen Frysk to folgjen. En nou is it treastelik to sjên, ho ’t foartdalik de oansluting twisken de fryske en ingelske learden ta stân komt, hwerfen by de Dútskers, hwaens wirk dochs hwet dit oanbilanget tige to achtsjen en wirdearjen is, nea net praet wêst hie, alteast hyn-efte-nei net yn dy miette, as wy tsjinwirdich mei de minsken út it West waernimme. Yn dit forbân heart foarâl neamd to wirden it trijemanskip De Clercq-Sipma-Craigie, hwerfen op dit gebiet, lyk as bikend is, noutiids fierwei de measte krêft útgiet, sadet der alle reden is oan to nimmen, det wy oer it plak fen it Frysk yn de indogermaenske talen en net minder oer de forhâlding fen de fryske „dialekten” nou de klearrichheit krije scille, hwernei al sokke lange tiden winske waerd. En sa komt den út it greate ryk yn 1909 Dr. Craigie oer nei syn fryske frjeonen om yn it lân sels nei de sprake, hwerfor hy folle bilangstelling fielt, ûndersiik to dwaen en safolle mûlk mei hjar wêzen op ’e hichte to kommen, hweryn hy op biwûnderenswirde wize slagget; as gefolch dêrfen forskynt yn 1913 fen de hân fen in Fries, nou de hear P. Sipma, de bêste biskriuwing fen it lûdwêzen fen ús tael en spraekleare fen it Frysk, dy ’t wy oant nou ta ûnder eagen krige hawwe, en diz’ kear howol it in wittenskiplik wirk is fen bûtengewoane wirdij, net mear earne yn Dútsklân ef yn de Dútske tael, noch yn it Frysk, dat dêrfor in to lyts taelgebiet hat, mar printe op de University Press to Oxford en diel foarmjend fen de „Publications of the Philological Society”. Yn forbân mei hwet ik hjir bihânnelje is foarâl fen bilang de winsk, dy ’t de skriuwer uteret oan ’t ein fen syn Preface:

—May his (nammentlik dat fen Dr. Craigie) example be followed by many in showing an interest in the study of my native language, which has been overlooked and neglected for too long a time,

en fierders de bikende utering, dy ’t nou ek fen Ingelsken fornommen wêze kin:

—But still more noteworthy is the fact that Frisian is of special importance as a sister-language of English. From time immemorial English and Frisian have had in common a certain number of peculiarities in their system of vowels and consonants: these must have been proper to the original Anglo-Frisian language...

Hjir hawwe wy dos al in stikmannich oanwizings, det de oansluting twisken de fryske en ingelske _taellearden_ ta stân kommen is, sadet ek hjir aldergeloks de grounslach al lein waerd, hwerop wy, dy ’t dochs ûnmûlk alle nedige herfoarmings it earst oanwize kinne, omdet ek ús krêften ienris in ein nimme, inkeld mar hoege fierder to bouwen. De oansluting, dy ’t nou alderearst oan bar komt en hwerby wy allinne tige foarútgean kinne, is dy twisken de ingelske en fryske skriftenkennisse, dy forwezentlike wirde moat, om in tsjinwicht to hawwen by de ynfloed fen de hollânske kinst. Ek dit is net mear as de strange trochfiering fen in bigjinsel, dat al fen de bêsten oannommen waerd en dêr ’t men dos net mear oan ûntkomme kin; mei in pear wirden wol ik yet efkes oanjaen, hwet neffens myn bitinken de bêste wei is for de oansluting twisken de skriftenkennisse fen beide foltsen, hwerfen it gefolch fensels wirdt, dat de beide naesjes better mei eltsoar bikend reitsje.

In forearing fen somliken ûnder myn jonge frjeonen-meiwirkers, dy ’t earst, ik jow it jerne ta, ek mines wier, mar dy tsjinwirdich by my jimmerwer oan waermte en fieling fen ljeafde forliest, en my net mear haget lyk as to ’n earsten, do ’t ik alles hwet tsjin folkskinst skettere yet yn de earmen fleach, is dy for de hollânske ljuwe fen tachtich. Nou mei dit miskien ek by somliken fen hjarren to forklearjen wêze út wearze fen de folkskinst, hwerop wy yn Fryslân folle ûnthelle waerden, en dy ’t men ús yet jimmer tapijt, en út ynlike forearing for de persoanlike kinst—is dizze forklearring de wiere, den mei men dizze biwûndering in lokkich forskynsel neame—, mar in greate kâns bliuwt der bistean, det wy mar mak de miening oernimme fen hwa ’t yn Hollân alle letterkindige wizens miene to bisitten en det wy _sa_ ûnder ynfloed steane fen de kritikasters dêrre, det wy de macht net mear hawwe sels to skiftsjen en sels to ûndersiikjen—hwet hiel hwet earnstiger liket—. Hwent as wy ús eigen fris oardiel biwarre hiene, scoenen wy ringen bigripe, ho ’t de hollânske skriftenkennisse troch de revolúsje fen tachtich wol lottere waerd fen hiel hwet ûnwiers en minderwirdichs, mar net oansterke yn inerlike sielekrêft en wezentlik al likemin yn bliuwende wearde, en det men de hollânske letterkindige net yn wêzen, mar yn gefolch earder lykje moat by de frânske steatkindige revolúsje fen 1830, as by de Greate fen 1789. It wirdt sikersonk tiid det wy ynsjogge, ho ’t njonken rju sonnettisten, dy ’t de ynlikste biwûndering fortsjinje om de suverens, hwermei hja hjar heech-minskelike fieling witte to uterjen, romanskriuwers as van Eeden en de Meester, bihearre ta de wrâldletterkinde en det de alles-omfetsjende en folslein-suvere kinst, hwerop ús tael wachtet om krêftiger as ea de takomst tomjitte to gean, ûnmûlk ûntstean kin troch in slaefske neifolging fen ’e nijste hollânske skriftenkennisse, hwerfen it oerstjûre wêzen ek yn tsjinstriid is mei de rêst fen ús romme kontreijen.

Fortsjinstliker as ús oer to jaen oan de lieding fen de hollânske kritikasters, liket it, myn frjeonen, for ús mei eigen fieling en oardiel ris nei to gean eft der oan ’e oare ich fen de Noardsé den wierlik sa’n bytsje goeds skreaun wirdt, as men ús faken forkindige; better as de omgong to siikjen mei de hollânske langhierrige en forwieljassige jonge kinstners, hwaens iennichst doel it liket in hopeleazen war to dwaen de minlike frânske swier, bihaechlikens en lossens machtich to wirden, det men dochs foarâl net sjên kin ho ’t hja opwoeksen binne op klaei- en fean-boaijem, liket it, oansluting to siikjen mei de jonge ingelske kinstnerswrâld, dy ’t noutiids net tinkt, mar docht, net skriuwt, mar striidt for it eigen lân. Troch, mocht it mûlk wêze, tiden to toevjen dêr jinsen oer sé en ús jonge, dêr for ús woune frjeonen, for hwa ’t jimmer ús fielen wier, to noegjen nei it eigen lân, det hja witte hwet wy wolle en sjogge hwa ’t ús tsjinstiet, stiftsje wy in boun twisken minsken fen it selde bloed.