Part 1
FRYSLÂN
IN STIK YN NJUGGEN TAFRIELEN YN PROAZE
FEN DOUWE KALMA
UTJOWN BY BRANDENBURGH & Co. TO SNITS YN 1926
FOR HWA’T YN FRYSLAN GREAT WIERNE EN GREAT BINNE TROCH IENSUMHEIT, TROCH STRIID EN TROCH LJEAFDE.
Ynhâld
IT FOARSTE TAFRIEL IT TWADDE TAFRIEL IT TREDDE TAFRIEL IT FJIRDE TAFRIEL IT FYFTE TAFRIEL IT SECHTE TAFRIEL IT SAUNDE TAFRIEL IT ACHTSTE TAFRIEL IT NJUGGENDE TAFRIEL
IT FOARSTE TAFRIEL
STIMMEN YN IT WALD. IT FORRIZENDE FRYSLAN. DE DREAMEN. DE DIEDEN. DE TIID. DE STOF. DE GEAST.
De seame fen in wâld op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide oprinnend nei de foarste beammen. De rûmte twiske de stammen stiet fol mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr’t heal ôfditsen fen de nij bigriene twigen, in paed út it wâld útrint op de greide.
IN STIMME sjongende yn it wâld.
Myn herte is koel en suver Allyk in mar moarnsier; It fielt yn sêfte huver De dei syn krêft en tier.
It ljocht mei tûzen strielen Oerstreaket al syn wiid; O frjemd en noegjend fielen, O gouden Maeije-tiid!
IN STIMME klinkend fen lofts. Hwa is hja, dy’t sjongt yn it griene wâld fen de Maitiid?
IN STIMME anderjend fen rjuchts. Fryslân, it langjende.
DE STIMME YN IT WALD sjongende.
Myn herte fielt to rizen It ûnwearsteanber ljocht; De wyn yn kleare wizen Hat my de wytging brocht.
It stiet alhiel omringe Fen tsjoenend ljocht-gewiuw; It kin noch wol bitwinge Syn eigen djippe driuw.
IN STIMME klinkend fen lofts. Hwa is hja, dy’t sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts. Fryslân, it stridende.
DE STIMME YN IT WALD, sjongende.
Ik scil myn finznis brekke, Myn iensmens is net mear; Myn hert, myn hert is wekke En al syn great bigear;
It djippe wâld ûntteine, Wol ik de dei yn gean; Sa mei de heechste seine Oer al myn wegen stean!
IN STIMME, klinkend fen lofts. Hwa is hja dy’t sjongt mei it rike lûd fen de Frijheit?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts. Fryslân, it forrizende.
De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in hân fen siden dien. Men sjucht Fryslân, jong en strieljend, mei loshingjend hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de hân, en seit:
FRYSLAN. Kom harren, jim dy’t myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en myn sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar ús leit de iepenens fen de wrâld. Wy forlitte it skaed fen ús bosken, wy scille stean yn it greate ljocht fen de dei. It libben is bigoun for ús. Kom harren en stean nêst my, det wy sjugge hwet foar ús leit ear’t wy fierder geane.
Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet oer hjar hier. Hja geane stean oan wearskanten fen Fryslân, en yn ienen slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen.
FRYSLAN. Hwet hastû, ljeave, hwet hastû, myn teare Dream?
DE DREAM. Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe.
FRYSLAN. Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy krêft jaen en dijen dwaen, it scil dy meitsje ta wierheit.
Nou stekt de foarste Died syn earmen foarút, as yn in great langstme.
FRYSLAN. Hwet hastû, frjeon, hwet hastû, myn sterke Died?
DE DIED. Sa fûl langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe.
FRYSLAN. Byn yn, it is nedich detstû dêr hoeden giest, it lân fen dyn wegen kennend, en in wiis brûkme meitsjend fen dyn krêft. It is nedich det wy witte hwer’t wy steane, hwer’t wy hawwe scille to arbeidzjen, to striden en to ljeavjen. Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen, biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dieden.
DE FOARSTE DREAM. Ik sjuch in lân, ditsen fen griene wâlden; de wyn fen de greate dei rûzet sêft troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de minsken, fen ien, heger as wy. Ik sjuch in lân mei wâlden, dreech, suver en grien, en alles is dêr wijing.
DE TWADDE DREAM. Ik sjuch in lân, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de dei tsjoent in sêft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte dêr tûzenfâld. Ik hear it gelúster fen dy streamen en it wevet in liet yn de sêft-trochrûze stiltme.
DE TREDDE DREAM. Ik sjuch in lân, omboerde fen blauwe séen. Hja bistreakje en bistoarmje it, hja binne it ta fijân en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja ien, dit lân en dizze séen. Ik sjuch in lân, wrakseljend, om nêst de sé to bistean.
DE FOARSTE DIED. Ik sjuch in folk, libjend yn de glâns fen syn moarntiid. Hichten smyt it op tsjin it wetter; dêrop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar fé. De keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget trou.
DE TWADDE DIED. Ik sjuch in folk, jeijend yn de skûl fen syn wâlden. Mear as it dimmene wirk, mear as hjar deistige soarch is hjar djûr. Hja siikje it wyld yn hjar wâlden, en hjar herten ljeavje it aventûr. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget moed.
DE TREDDE DIED. Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn lieders. Frjemden tsjugge ta op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de skylden, en hja binne ien. Ik hear út hjar mûle de striidrop: ljeaver dea as slaef. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it wytget krêft.
FRYSLAN. Goed hawwe jim skôge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn Dieden. Sa bistiet dit alles, myn lân en myn folk, sa bistiet dit alles yn Fryslân. Mar hwa is hy mei it bûgde stal, swier lynjend op syn stêf, dizze mei de griis-streamende hierren? Komstû om Fryslân groetenis to dwaen, o myn âlde?
Fen rjuchts komt op in âld man yn silveren klean en mei lang griis hier. Hy bûgt swier oer syn stêf, mar yn syn eagen en lûd is klearens. Syn hier is ditsen mei in krânse fen jimmergrien.
DE ALDE. Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Fryslân. Mines binne de fjilden dêrstû nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de Kening groetenis docht.
FRYSLAN. Gjin groetenis scil ik dwaen, dû âlde, ear’t ik net wit detstû mear bist as ik. Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for hwet hja is, en dy eare dwaen lyk astû fortsjinnest.
DE ALDE. Ik bin for hwa’t de blom bloeit en forwylget, for hwa’t de iik riist en rottet, for hwa’t de folken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen alles hwet ierdsk is, ik bin de Tiid.
FRYSLAN. Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke, detstû mear bist as ik. Hy, dy’t dy rôp to bistean, rôp ek my to bistean; Hy, dy’t dy skoep, skoep ek my. Net ûnder dy scil ik libje, mar ûnder Him út hwa’t wy beide binne.
DE ALDE, bûgend ta de klaedseam fen Fryslan. Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hastû andere; ik frege om dy to hifkjen, mar dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn fjilden en biwarje dyn witten.
FRYSLAN, hjar hân lizzend op it hier fen de âlde. Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bistû, en de slachten fen de minsken learstû de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht fen dyn fjild scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy’t dêr komme fen wearskanten, ien yn swier read, ien yn trochskinend wyt, beide in kroane dragend yn hjar hân? Siz dû my, hwent dû witst.
DE ALDE. Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn hân, is in greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend wyt, en de glâns fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht, en syn namme is Geast.
Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Fryslân en de âlde hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende pearel.
DE STOF. Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.
DE GEAST. Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.
FRYSLAN. O wûndere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounje! Forklearje my de wearde fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten.
DE STOF. Dizze is de kroane dy’t it lichem draegt, en hja jowt macht oer de ierde. Dizze is de kroane dy’t de greaten earje en dêr’t it folk for bûgt. Dizze is de kroane dy’t dy stean dwaen scil mank de kenings fen de ierde.
FRYSLAN. Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof.
DE STOF. Ut it bloed fen de minsken is hja ûntstien. Alle oare stiennen ljochtsje fen de Dea, mar dizze is de stien fen it Libben.
DE GEAST. Dizze is de kroane dy’t de siele draegt, en dy’t hjar tilt boppe de ierde. De folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de kenings kenne hjar net. Mar hja is ûnforgonklik, en de Tiid is machtleas tsjin hjar.
FRYSLAN. Neam my dizze pearel, glânzgjend mei in ûnwitten glânze, o Geast.
DE GEAST. Hja is de pearel dy’t gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is ûnskeinber, hja is hillich. Hja is de pearel fen it mystéry.
FRYSLAN, mimerjend. It mystéry? Ik wit net hwet it is. Yn myn wâlden bloeide it libben, it is it libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet bûten en boppe it libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de kroane fen de macht op myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn kroane, scil ik ûnder de minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane dy’t ik keas, o Tiid.
DE ALDE, de kroane fen goud settend op it hier fen Fryslân. Keazen hastû, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy sterk wêze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilstû priizgje en hjar lytsens forflokke; hjar sillichheit scilstû smeitsje en hjar ilinde trochfiele. Gean dyn wegen yn greatens, o Fryslân.
Fen in ûnsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet:
SANG.
Fier de wide doarren iepen, Meitsje rûm en klear de wei; Hinnegien de tiid fen sliepen, Rizend, great en eal, de Dei—
Gean, o foltsen, gean, o swide, Foar dy leit de wûndre wrâld— Gean, yet yn dyn dream forblide Dy’t dyn dei bisletten hâldt!
Under it twadde fers giet Fryslân, stil en steatlik, folge fen hjar Dreamen en Dieden, dêr’t de Stof him by oanslút, oer de greide lofts. De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de wâldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate stimme:
DE TIID. Nou bigjint de skiednis fen Fryslân.
De foarhing slút.
IT TWADDE TAFRIEL
GERMANICUS, fjildhear fen Rome. VITELLIUS, in stêf-ofsier. CETHEGUS, in kriichsfeint. SIGURD, in jonge Fries.
Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det sté forskynt in herold, útrist yn de kleuren fen Fryslân en in trompet hâldend yn de hân. Hy bliest ienris en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 15, oan it Boarndjip yn Fryslân. Yn de tinte fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome.”
De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen Germanicus, wyt en skjin, mar mei de greatste ienfâld ynrjuchte. Rjuchts in rêstbêd mei tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de efterkant stiet in great blinkend skyld. Lofts in lytse fjouwerkante tafel fen in poarperen klaed ditsen; dêrefter twa ienfâldige houten sitten; op ien dêrfen de legaet Vitellius, digerjend oer in greate útrôlle kaert, dy’t er foar him oer de tafel útspraet hâldt. By de yngong stiet, yn hâlding fen rêst, de tribún Cethegus.
Vitellius, de ûnderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske de fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar inkeld det der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it kommandearjen is him in twadde natûr wirden. Lykwols is er mear as in rouwe izerfretter: in man dy’t syn hiele libben ynset hat for de greatens fen Rome en for hjar it swiere tsjinstwirk nei syn bêste witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje koartkearich; op dizze tocht troch Fryslân hat er in forkâldenens skipe. Hy ûnderfynt it lêst dêrfen, mar achtet it net fiks det skine to litten. Yet in hoart digeret op ’e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de tribún.
VITELLIUS. Tribún Cethegus!
CETHEGUS, yn de hâlding. Ré, hear.
VITELLIUS. Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige ûnfolslein. Wy binne hjir yn in noedlike kontrei....
Hy prúst in pear kear forheftich; de tribún skrillet derfen.
CETHEGUS. By de greate Juno! hwet skeelt de legaet?
VITELLIUS, stûf. Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik lân. De sé stean ik yet minder. Ta gjin priis moat it forbân twiske leger en float forlern gean. De wyn is ginstich; de skippen moatte dêrfen profitearje en útsile; it leger scil folgje. Byn de skipsofsieren op it hert det hja sa ticht mûglik by de igge bliuwe.
CETHEGUS. Jy winskje hjar dos yn it sicht to hâlden.
VITELLIUS. Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to gean. Bring myn lêst oer yn krekt deselde wirden, tribún. Jy kinne gean.
CETHEGUS. Ta jins tsjinst, hear.
Hy giet ôf troch it seil mids efter, en forsommet it alhiel wer to sluten; sadré’t Vitellius dit sjucht, ropt er de tribún lûd efternei:
VITELLIUS. Tribún Cethegus!
CETHEGUS, wer forskinend Hear?
VITELLIUS. Slút de yngong. Alhielendal.
CETHEGUS. Forjow, hear. Ik tocht, om’t it Maitiid wier.
VITELLIUS. Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn.
Hy prúst, de tribún sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel ticht dwaend. Vitellius bûgt him wer oer de kaerten, dy’t him slim lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de fûst op ’e tafel en ropt út:
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy kaert-fantasten giselje!
IN STIMME FEN LOFTS. Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius.
Vitellius riist hastich oerein, nimt de hâlding oan en stekt de earm út by wize fen groetenis. Troch in oars net brûkte iepening, rjuchts yn it seil foar it rêstbêd, forskynt Germanicus.
VITELLIUS, krêftich en lûd. Wêz groete, Germanicus!
GERMANICUS, minder krêftich, mar frjeonlik. Wêz groete, Vitellius!
Germanicus Caesar, dy’t nou forskynd is, is tritich jier âld en de wûnderlikste minske dy’t men yen oan it haed fen in great Romeinsk leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, dêrby ljochter, en alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit. Oars as Vitellius, dy’t jimmer fier bleaun is fen it libben fen de Stêd, is hy troch alle forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat him for ûndergong biwarre. Syn mûle, dy’t faek in bytsje glimket, is net sûnder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch, mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn lûd mimerjend en stil, as fen in dichter, dêr’t er folle fen yn him hat. Vitellius forearet him tige, sûnder him alhiel to bigripen, mar sims komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear foar alles Romein wier.
GERMANICUS, ek op ’e tafel tageand en him oer de kaert bûgend. Alsa, Vitellius, dû leaust net mear yn it treflike wirk fen ús filosofen?
VITELLIUS. Der doogt gjin stûr fen dit forwinske gekwattel.
GERMANICUS. It is de earste kear net, Vitellius, det de wrâld in bytke oars is as ús froede filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje moatte yn ús archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja ris sjen hofier de minsklike fantazije gean koe yn âlde tiden. De ûndersiker, dy’t him teikene, is grif forbjustere rekke fen binaudens for de minsken hjirre.
VITELLIUS. In Romein heart net binaud to wêzen. Wy moatte de ljue, dy’t ús dy kaerten oansmarden, forkleije (_hy prúst_). Hja binne op gjin stikken nei yn oarder.
GERMANICUS, glimkjend. Bistû sels wol alhiel yn oarder, Vitellius?
VITELLIUS. Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei.
GERMANICUS. Dû moatst dy oanpasse, myn bêste. Yen oanpasse, det is it greate geheim fen alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei pylken en swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige krusing ta fen lân- en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to wirden.
VITELLIUS. It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-wêzen to tûlkjen.
GERMANICUS. Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin sels drok dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de Boarnsé swommen. It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant kennen as yn ús moarmeren badkeamers mei hjar waerm streamend wetter, hjar kostbere salfkes en ôfwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik sa goed. Jister haw ik in oerokse lytsman makke; det wier ek net sa’n min stikje for in bigjinner. It is gâns in toer om yen ta dit libben to biwennen, mar ik leau, it scil wol lokke. En faeks bliuwt men sa for forkâldenens biwarre.
VITELLIUS. Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy’t jy niis neamden?
GERMANICUS. Det scil jo fen ’e moarn dúdlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det signael? Is der hwet bysûnders geande? Hawwe jy bifel jown?
VITELLIUS. Ik haw de skippen lêst jown ôf to stekken, mar neat det dit signael nedich makket. Greate goadenl Hy bliest yetteris!
Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar, frjemde koarte stjitten, dy’t min for in gewoan signael trochgean kinne.
GERMANICUS. De fint is dronken, ef hy is syn forstân kwyt. Hwet is dit?
It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in jongkeardel ynstrûzen, dêr’t mei in eachopslach fen to sjen is, det er net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar koarte dierehûd, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de foetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut det er yn ’e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat er it him út ’e eagen feije. De natûr lykwols makket goed hwet de kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk.
SIGURD. Moarn. Hwer húsmannet Germanicus, de Romeinske fjildhear?
GERMANICUS, forheard, mar net ûnfrjeonlik. Hy stiet foar jo, wêz wolkom. Hwa binne jy?
SIGURD. Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen.
GERMANICUS, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker. Wêz dûbeld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de soan fen Fryslân.
SIGURD. Fen ’t selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen?
GERMANICUS,—der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels. Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe scille as iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean, Vitellius, en siz de hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd, him groetsje scil mei it signael fen de fjildhear.
SIGURD. Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forstân brocht.
Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe.
GERMANICUS, hwet stranger. Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de Friezen hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean, Vitellius, en nei dyn lêst folbrocht to hawwen, kom dalik werom. (_Vitellius ôf_.)
SIGURD. Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as er ûnthiet, hat er my stjûrd. Ik bin hjir fensels better thús as jimme.
GERMANICUS. Sûnder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek sels skoan yn steat wêze ús wei to finen. Mar der is my folle oan fêst om mei de ealsten fen jim folk yn ’e kinde to kommen. Dit is in bysûnder lân, nommele Sigurd, en ik leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet.
SIGURD. Fikser en sterker as by jimmes to Rome?
GERMANICUS. Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen heitelân. Mar ik achtsje it lân en it folk fen de Friezen heech. Yn hjar kleare wetters fiel ik my hast sa goed thús as yn de streamen fen it Romeinske lân. Fen ’e moarn swom ik in healûre yn de Boarnsé. It die my selsum goed.
SIGURD, forheard. Jy, swommen yn de Boarnsé! En hja seine, de Romeinen wierne in weak skaei det ta neat mear doogde!
GERMANICUS. Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders úttocht. Wy wirdearje mannemoed en feintekrêft heech. Lit my jo in fijân sjen litte meije, dy’t ik hjir jister forsloech. Dêr leit er.
Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan.
SIGURD. In oerokse! Ha jy dysels lytsman makke?
GERMANICUS. Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa’n die hie in Fries net ûnweardich west.
Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en hy rjuchtet him glimkjend ta Germanicus.
SIGURD. Wy scoene inoar doukje kinne.
GERMANICUS, wier bliid. Fen herten jerne, frjeon.
Vitellius komt wer yn.
VITELLIUS. De hoarnbliezer biklaget him tige...
GERMANICUS, hastich. Hy hat syn fortsjinne lean krige. Sigurd, dû scoest my tige helpe kinne. Wolst?
SIGURD. Yn alles hwet ik kin. Hwet is ’t?
Vitellius is troch it forhearde hinne.
GERMANICUS. Ik haw hjir in ilindigen lêst mei myn float. It is nou ienris sa steld, wy scoene Dútsklân yn mei in float en leger beide; dêr witst alles al fen. Mar ik sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere weinen en de sé liket my rare ûndjip.
SIGURD. Dû moatst it leger súdlik oer de sângrounen stjûre en de float in aerdich ein de Noardsé yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen kinne.
GERMANICUS. Det like mysels ek it bêste, mar Vitellius hjir wier fen in oar bitinken en ik ha my dêrby dellein, hwent hy hat gâns ûnderfining. Hy tocht, leger en float moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de skippen dêrom bifel jown sa tichte mûglik by de igge lâns to silen en it leger...
SIGURD, forheftich en kjel. Sûch!
VITELLIUS, ek op ien ein. By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal!
GERMANICUS, wer hastich. Swij, Vitellius. En dû moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet my trou.
SIGURD. Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouwélige, ilindige, troch alles hinne stomme streek. Lâns dy wei scil dyn legers forsûpe en dyn skippen brekke. Rop dalik det bifel werom.
GERMANICUS, hwet oars as oars. Driget der wier—sa’n gefaer?
SIGURD. Dû kenst dit lân net! Hjir is gjin skieding twiske lân en sé. As men yn dy hoeke is en de floed komt op, den skolperet alles ûnder; falt it wetter, den leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard, dêr bin ’k wis fen; it kin wol stoarm wirde!