Chapter 6 of 6 · 505 words · ~3 min read

Part 6

DE EILANNEN. De lange rige fen eilannen, dêr’t de skûmjende sé tsjin briek, de meast omfochten en omstoarme dielen fen dyn lânsdouwe, dogge dy hjar groetenis, o Fryslân.

NOARD-FRYSLAN. De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it stamlân, mar biwarjend dyn sprake en dyn wêzen, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

FRYSLAN OM UTENS. De mienskip fen de Friezen dy’t honk en brea siikje moasten om utens, mar dy’t yn de kjeld en de tropen fen it útlân yette dyn ljeafde biwarren, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

FRYSLAN. Fryslân docht dy hjar groetenis, o folk fen Fryslân! Djip wierstû fallen en sonken, mar de krêft fen de âlde stamme forliet dy net. Fennijs sjuch ik dy stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de lottering fen myn skiednis oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim greiden en wâlden, oer de glâns fen jim marren, en gjin bern fen Fryslân ef it scil myn wijing yn syn herte forstean—

Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: om de tiid dêr’t jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten dy’t my tsjinnen, joegen my folle greats: yn de gielgoede fen myn ûnthâld leit it biwarre as in skat, en Fryslân scil hjar hjar eare wiswier net ûnthâlde. Mar nou moatstû stean yn in oare wrâld, o myn folk, en yn oar formidden moatstû dyn wêzen biwarje. Forstean det ik net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare kontreijen—

Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken rôp ik ta greate skôging en krêften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte ûren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik tankber bin for skientme allinne. Sa hwa’t arbeidet for my mei de trou fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste wirk for Fryslân—

Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is ús wirk, rjuchtlik ús striid, mar machtich is it misbigryp fen de wrâld. Sjuch ta det nea net nije bitizing ûntstiet yn jim herten en fen nijs jim fiert yn ’e lichte. Sa hwa’t my siket, scil my fine; stridend yn de klearens fen Fryslân, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing.

Ik groetsje dy, o folk fen Fryslân. Hâld dyn stêf omhegen, o Tiid; lit dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs.

De Tiid tilt syn stêf omhegen, oer de rûmte lûkt it folle ljocht fen de dei. In sêft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de rûmte; it binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it sjongen oan; den wirdt de rûmte it skôgjen ûnttein.

De foarhing slút.

— E I N. —