Chapter 5 of 6 · 3981 words · ~20 min read

Part 5

SYTSE HETTINGA, fêst en klear. As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare, Wy firdich moarn-ier t’ ús birop werkeare, Holp det ús dwaen en litten, ta Jon eare, Wol wirdt rejeare.

WASSENBERGH. As den, frjeonen, ús Akadeemje, dizze fakkel fen Fryslân, dôve wêze moat yn de stoarm fen ús tiden...

IEN FEN DE STUDINTEN. Hjar fjûr scil foartbistean yn ús herten....

IN OAR. En wy scille it útdrage oer hiel Fryslân....

IN OAR. En der scil wêze in nije dei....

SYTSE HETTINGA. En der scil wêze: ûntweitsjen.

Prof. Wassenbergh slút syn boek.

De foarhing slút.

IT ACHTSTE TAFRIEL

DE JONGEREIN FEN FRYSLAN. DE TWIVEL. DE STOF. DE GEAST. DE IDELHEIT. DE SKIENTME. DE DOMMENS. DE KLEARENS. DE MISMOED. IT BITROUWEN. DE LEFFENS. DE MOED. DE TWANG. DE FRIJHEIT. DE HATE. DE LJEAFDE.

Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein fen Fryslân.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Yn de romte hinget in frjemd healtsjuster, ûndúdlik sjucht men de seame fen in wâld. Rjuchts en efter mânske beammen, lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen in frjemde griene opheging, det in âld alter fen seadden wêze koe; oan wearskanten dêrfen twiske de beammen stean twa greate lyljes, sletten.

In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhâldend tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ûnderskaet men saun foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen Fryslân, sit as wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet in tsjustere forskining, bleek en meager, roppend mei in ûnwis en binearjend lûd:

DE FORSKINING. Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslân!

DE JONGEREIN. Hwa bistû dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel út myn dreamen ûntweitsjen?

DE FORSKINING. Om dy hinne stiet de himel yn fjûr en de groun dinder’t fen de fordylging. Pas ier bistû ûntwekke, o Jongerein fen Fryslân. De folken geane ûnder yn de greatste striid dy’t de wrâld oanskôge. Hoedzje dy, hoedzje dy, slút dy oan by myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr’t de geroften fen de striid net mear klinke, dêr’t de ivige stiltme is en de rêst.

DE JONGEREIN. Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining. Mar ik kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat. Ik noedzje eat, my djûrder as de rêst, djûrder as hokfor stiltme.

DE FORSKINING. Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld is de tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dû dos mei sa greate soarge?

DE JONGEREIN, in glânzgjende skeal fen kristal optillend. Ik noedzje de tsjelk dêr’t de treast fen Fryslân yn is. Sûnt hja gyng, dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy.

DE FORSKINING, skriljend. Yn frjemde dreambylden bistû bitiisd, o Jongerein fen Fryslân! Ik siz dy, neat kinstû meifiere op dyn gong troch de barnende wrâld. Lit falle dit boartersgûd op sterke stien en dû scilst frij wêze for jimmer!

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining. Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn wêzen is it Neat!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lûd klinkt kreakjend en droech.

DE FORSKINING. Folgje my, o Jongerein fen Fryslân! Los binne britsen de krêften fen de wrâld, yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de krêft fen dyn jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin dines!

DE JONGEREIN. Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o Forskining. Folle ûnthjitstû my, en nei folle bin ik bigearich. Mar fjuchtsje scil ik net for idele winst fen de wrâld. Skat haw ik genôch; biwarje my dy en ik bin ré dy to folgjen.

DE FORSKINING. Frjemd liket it detstû in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit, o Jongerein fen Fryslân. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my dyn skat en ik scil dy bettere wize.

DE JONGEREIN. Myn skat is de tsjelke dêr’t de treast for Fryslân yn is. Sûnt hja gyng, dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil gean dêrstû wiist.

DE FORSKINING. Riker bistû as ik ealge, o Jongerein fen Fryslân. Mar nêst myn jeften is bleek en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske ús en lit ús roalje fen jeften en de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.

DE JONGEREIN, wizend nei de forskining. Mei dyn wirden forriedstû dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz oaren, astû kinst, mar my scilstû earder wêze ta feint as ta hear! Ik ken dy, o forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn!

Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.

DE FORSKINING. Bistû wekker en ré, o Jongerein fen Fryslân?

DE JONGEREIN. Untwekke bin ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta hwet moat ik wêze?

DE FORSKINING. Ta moanning en wytging bin ik dy stjûrd, o Jongerein út in âlde stamme. De tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat kostbers is dy bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de wazem fen it forgean. Draeg it út yn de wrâld, o Jongerein, til it mank dyn folk omhegen.

DE JONGEREIN. Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke teare hannen is dit greate bitroud. Dû hast it ljocht en it witten; nim dû it en ik wol dy folgje.

DE FORSKINING. Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dû bitrouwende.

DE JONGEREIN, lústerjend. Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dû benedijde.

DE FORSKINING. Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslân. Hwetstû warrest, is skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje. Nea kin ik nimme hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown wirde út genede, astû ynmoedich fregest.

DE JONGEREIN. Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn eigen hannen.

DE FORSKINING. Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en wirgens. Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje net it goed fen de ierde.

DE JONGEREIN. Mar myn skat scil feilich wêze?

DE FORSKINING. Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit.

DE JONGEREIN. Ik wol komme, ik wol komme, o geast (_hy forriist alhiel_). Wé my, swier is de tsjelke en de wei fol neden.

DE FORSKINING. Gean en gean aloan, o Jongerein fen Fryslân.

Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange rûzjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de jongerein en him tsjinkeart.

DE IDELHEIT, laitsjend. Ha, ha, ha! Yn in moaije útris forskynstû yn de wrâld, myn frjeon. Dit is dochs in bytke âlderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstû bilake wirde by útman en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as mei meilijen en argewaesje!

Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de jongerein.

DE SKIENTME. Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn earmoed. Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net allinne, de Skientme scil nêst him wêze.

DE IDELHEIT. Ah!....

Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt út de romte. De jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm yn kostbere útris mei greate wêzenleaze eagen.

DE DOMMENS. Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrâld to siikjen, heite! Hjir scilstû fier mei komme! Det in minske him sa oan syn ljeafhabberijen forgrieme kin! Den moat men ek al fier hinne kommen wêze, net?

Ien fen de Dieden forriist en giet stean nêst de Jongerein.

DE KLEARENS. Jow dy ôf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ûnbidige swierens scilstû gauwernôch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen, siikje dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean, hwent de Klearens is nêst him!

DE DOMMENS. Soa, soa, soa.

Hy wykt fen it paed ôf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd foarút. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei bûgde holle, pratend mei kriterich lûd.

DE MISMOED. Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dû hiest earder wêze moatten. Alles is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dû moatst mar nei hûs ta gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude stoarje.

Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.

IT BITROUWEN. Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistû sels. Wy hawwe inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der better fen wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen stiet foar dy. Wolst ús hwet rûmte jaen?

DE MISMOED. Och, och, och...

Hja bigjint to kriten en forlit de rûmte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn lea, in nije foarm.

DE LEFFENS. Ho doarstû, ho doarstû! Dû witst net hwetstû bigjinst! Ik wik dy, dû hast it slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht my der yet fen yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lâns!

Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.

DE MOED. Wy binne net allegearre bang for ús eigen skaed, ilindige leffens. Wiswier, by in skôging as dines koe men der oars fen wirde. Mar somliken geane ta gelok rjuchtop en eangje neat. Dû forfeelst my, meager spoek. Wolstû mei de Moed dy mjitte? Ut ’e wei, ef dû bist forlern!

DE LEFFENS. Oeoeoeh!

Hy filet út, sûnder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gâns forsliten rêsting, pratend mei in kâld en hird lûd.

DE TWANG. Ik warskôgje dy. Gjin stap scilstû fierder gean. Ik ha dy nou langernôch bigean litten. Ik tocht, dû scoest wizer wirde, mar it wirdt earder minder. Nou scil it út wêze. Dû giest tobek, ef oars....

De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.

DE FRIJDOM. Scilstû it drôfste fen dyn folle drôve forsinnen bilibje, o Twang. Dû witst dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken. Njuggen tsjiende fen dyn wapens hastû forspile yn de striid om dy to bihearskjen. Wolstû op dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne ré.

De twang skoddet syn fûst, mar swijt en wykt út de romte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer, slûpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske, lústerjende stimme.

DE HATE. Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom tagelyk, ik krûp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy oer yn myn tsjinst, ef dû scilst forstean hwa’t ik bin.

De lêste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.

DE LJEAFDE. Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstû my oansjen woest. Den scoestû de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen.

De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn eagen.

DE HATE, snokkerjend. O....

Hy wykt út de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de Geast, dêr’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden nige de holle.

DE JONGEREIN. Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw myn skat biwarre. Kinstû my wije ta strider?

DE FORSKINING. Yn de stoarm fen ús tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de klearens fen de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein fen Fryslân.

Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.

De foarhing slút.

„Ienkear scil de moarn forrize Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”

Sang fen de Upstalbeam.

IT NJUGGENDE TAFRIEL

DE SISTERS FEN DE NACHT. DE KENING FEN DE MOARNTIID. DE TIID. IT NIJE FRYSLAN. DE JONGEREIN FEN FRYSLAN. DE UPSTALBEAM. WESTERGOA. EASTERGOA. DE SAUNWALDEN. DE STEDDEN. DE EILANNEN. NOARD-FRYSLAN. FRYSLAN OM UTENS.

Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen foaren mei pompeblêdden forsierd, en in krânse fen reid en forjit-my-netten op ’e holle; den forskine fen wearskanten twa hérolden, útrist yn de kleuren fen Fryslân. Hja blieze; de faem stekt in silveren stêf omhegen en kindiget oan:

„Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Fryslân.”

Hja geane en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht deselde wâldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong mids efter eat heger. Oer de rûmte hinget in healtsjuster, dêr’t men, flak by de yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ûnderskaet, drok dwaende de yngong ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin de wâldseam, klaeid yn in mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde, sit de Tiid, roungear. Hy hâldt syn holle yn de hannen en liket as slomjend; syn stêf leit nêst him.

IEN FEN DE SISTERS FEN DE NACHT. It is net heal genôch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel! Jim forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje.

DE TWADDE. Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in bêd om op to sliepen. Lekker sêft scoe det lizze.

DE EARSTE. Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars yndruije! Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen hannen de nekke omdraei!

DE TREDDE. Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de oar is to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat.

DE EARSTE. In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it de Nacht trochdwaen ho gemien jim syn djûre tiid forluiterje.

DE TWADDE. Oei, oei, oei, nou ha ’k myn bikomst. De wrâld moat himsels mar rêdde. Ik wol my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep.

Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit.

DE EARSTE. De eagen scil ik dy útklauwe, dû sleaukemoei, dû ding fen neat! In oar litstû bodzje en sels spilest de jiffer! Mar dêr haste gjin troanje for, Slieppekop!

DE TREDDE. Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar wer yn ’e hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wrâld dogge.

In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde.

Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It barnt yn myn hûd!

DE EARSTE EN DE TWADDE. Wé! wé! nou komt er ús dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o! fierder lûkt it, wy scille forgean!

DE TREDDE. Wy moatte flechtsje! Foart, foart!

Mei wylde gjalpen strûze hja út ’e rûmte wei. It ljocht glydt wiid en roazich oer de rûmte. Beammen, krûden en moas glânzgje yn de frissens fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fjûr en mei in strieljende kroane op ’e holle, de kening fen de Moarntiid. Oan syn side hinget in swird, it hânsel ynlein mei dauwepearels. Yn it oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ûnderhellet syn swird en klearret mei ien slach de yngong.

DE MOARNTIID. De nije dei is bigoun! Wêz wekker, o Tiid!

DE TIID, him oprjuchtsjend. Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep de eagen fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker dei is dit dy’t bigjint mei sa great in dage, o kening?

DE MOARNTIID. Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid, meitsje dy op en gean ta it wâld fen Fryslân. Klearje de wei for de kommende, hwent hjoed scil hja komme fennijs. Forljochtsje de lânsdouwe fen Fryslân, det hja de eagen fen hjar Frouwe fornoegje.

DE TIID. Hwet seistû, hwet seistû, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it antlit fen Fryslân oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen scil dy’t skûl gyng sa lang yn it grien fen hjar wâlden!

DE MOARNTIID. It folk fen Fryslân wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider weaget it ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme pleatsen, de lústerjende wâlden en de riljende marren binne klear en nij fen myn glâns. Net fier kin it earste lûd mear ôfwêze fen ús earen, o Tiid.

DE TIID. Hark.

Sêft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen it liet fen Colmjon: „Wy, wy litte ús tael net farre”, dy’t men heart.

DE MOARNTIID. It earste ûntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk bitinke hjar op it forline. Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt hjarren forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de winen fen de moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dizze earste en tearste lûden Fryslân forskine?

DE TIID. Hja forriist fen hjar bêd fen blommen en krûd earne yn it hert fen it wâld. Skerp leit hja it ear to lústerjen, en hja glimket. Mar hja bringt hjar hân oan de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen forstiet hja it priizgjen fen it forline allinne. Hja tinkt oan lang lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark.

Eat tichterby, mar yette op fiere ôfstân heart men sjongen fennijs. Dizz’ kear binne it it earste en lêste fers fen van der Burg’s: It Heitelân.

DE MOARNTIID. Krêftiger wirdt it lûd, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde ta lân en sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Fryslân wirdt iepenbier. Ik hear de lûden klinken fen Noard ta Súd, ik sjuch de rigen hjar foarmjen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dit greatst ûnthjit fen Friezene herten Fryslân forskine?

DE TIID. Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net mear, yn hjar eagen is in glâns fen earnst. Hja forstiet, de trou oan hjar komt to libjen ûnder hjar folk. Mar hja mist yette it lûd fen de jonkheit en hja wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net. Hark.

Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz’ kear twa fersen fen de Jongfryske Findelsang. It lûd klinkt al klear oer de romte.

DE MOARNTIID. Kommen sjuch ik ta de seame fen dit wâld, de jongerein fen Fryslân. Yn hjar hannen draegt hja in glânzgjende tsjelke, teare en sterke forskinings geane myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de klearens fen de mieden, blommen en herten geane iepen fen myn ljocht. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by dizze glâns fen jonge wijing Fryslân forskine?

DE TIID. Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy’t nou nij foar hjar útleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy’t de Geast hjar bea; hja siert hjar hier dêrmei, ta in tsjûgenis fen hjar wêzen. Mar hja nimt de hannen gear en freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en komt yette net. Hark.

Oan de grins fen de rûmte dy’t men oanskôget klinkt in sjongen fennijs. Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts.

DE MOARNTIID. In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed wreidet in mânske iik dêrop syn tûken fen ieuwen út. Ik lêz de wirden ûnder det findel, en hja binne: _rursum viridis_, grien fennijs. Ik sjuch it folk dêrefter yn greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by de groetenis fen dit findel Fryslân forskine?

DE TIID. Hja strûst oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it langstme. Iepen geane de wâldfioelen, en de fûgels sjonge it lok oer hjar út. Fierder en fierder strûst hja en rounom nige de beammen. Hja forstiet de ienheit fen hjar folk, hja scil forskine.

Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte krêftige bazúnstjit. Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Fryslân, de tsjelk hâldend yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy’t de wei mei hjar gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen dêrmank struijend foar de foetten fen Fryslân, en yn hjar formidden Fryslân sels. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei de kroane fen de Geast.

DE TIID. Ik dy’t it earste dy moete, hwaens fjilden dû sokke lange en swiere ieuwen bigyngst, hwaens fjilden dû nou wer bigean scilst fen nijs,—o mei it wêze ta lok fen dyn folk en ta dines—, doch dy myn groetenis, o Fryslân.

DE MOARNTIID. Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy’t opkommen seach út it tsjuster de krêften fen dyn folk, ien for ien, nij en sterk yn it witten fen dyn weromkomst—o mei hja wêze for jimmer—doch dy myn groetenis, o Fryslân.

DE JONGEREIN. Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn Treast bitroud waerd, dy’t ik dy suver en ûnskeind weromwij, ik, dy’t great wirden bin yn dyn hope en my yn dyn ljeafde ûntjown ha, doch dy myn groetenis, o Fryslân.

Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Fryslân del.

DE UPSTALBEAM. Ik, for hwa’t it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it ûnôfwiisber bitingst for dyn weromkomst, dy’t my opmeitsje striidber fierder to gean for dy—o mei it wêze sûnder de ûnsillige âlde forblining,—doch dy myn groetenis, o Fryslân.

Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de folgjende hilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Fryslân.

WESTERGOA. De âlde goa fen Westergoa, dêr’t de terpen lizze, it honk fen dyn bern sûnt it bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

EASTERGOA. De âlde goa fen Eastergoa, dêr’t de wâlden rûzje, dêr’t de striid om dyn hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

DE SAUNWALDEN. De jonge goa fen de Saunwâlden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern yn in nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.

DE STEDDEN. It ketier fen de stêdden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde, nou fen nijs forfolle fen dyn wêzen en dyn lûd, docht dy syn groetenis, o Fryslân.