Part 4
Men sjucht in keamer yn it hûs fen Master Gysbert; oan hwet der stiet is dúdlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer brûkt wirdt. Dêr hearsket in âldfryske skjinnens, dy’t de bliken fen krapte lykwols net weinimme kin. De mûrre is opset mei stientsjes, op de flier lizze matten. In greate âlde spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en matten stoellen; tsjin de mûrre efter rjuchts, in âldfryske klok. In pear skilderijkes fen Wybrand de Geest binne de ienichste forsiering. Rjuchts foar, in finster, dêr’t it ljocht fen in iere hjerst trochhinne falt; dêrnêst in skriuwtaffeltsje, dêr’t folle âlde pompieren oer forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert, op in stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha.
Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier âld, mar syn skôging teikenet heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de eagen hawwe yette de âlde glâns. De biweging fen syn hannen is ûnwis en as siikjend; om to lêzen bitsjinnet er him fen in forgreatglês; nou en den ûnder it praten, tyspelet er hwet om mei in greate goezzefearren pinne. Syn dracht is dy fen in ienfâldige boargerman, mar keal en forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige forskining yn gâns djûrder útris.
DE JONKER. It is den sa ôfpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze winter op ’t Amelân forwachtsje?
MASTER GYSBERT, suchtsjend. Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik ûntankher to lykjen mei al myn biswieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin net libje mids de forlieding fen de wrâld. Hy scil hjir togroune gean, en syn âlden scille stjerre yn earmoed.
DE JONKER. Dêrmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde frjeonen yn Fryslân. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op ’t each haw. De iensumheit fen it eilân koe him bringe ta ynkear.
MASTER GYSBERT. De sé scil wêze twiske myn soan en ús. Sa biswierlik is de reize fen Fryslân nei it Amelân, seit men. En wy wirde âld, myn alderljeafste en ik. Fen ús seis is hy de ienichste dy’t yette oer is. Ik winske him net fier ôf, as skielk de Heare my roppe scil.
DE JONKER. Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert.
MASTER GYSBERT. Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits hoaske oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen yn jamkste fâlde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit forkroppe yn it eigen herte, mei safolle oars.
DE JONKER. Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master Gysbert, as my diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de foartgong fen ús frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje fen jins ûren fen Fryske stúdzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in setsje op de ein fen ús ûnderhâld. (_Oerein:_) Ik winskje jo de seine fen omhegen en in goede sounheit, master Gysbert.
MASTER GYSBERT. Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstrée groetenis oerbringe.
De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck, útjouwer to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsjûgenis fen Ingelske saeklikheit (hy is berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen Master Gysbert oer. Mar hy hat in rûm en wiid herte, en is myld for de âlde skriuwer, for hwa’t er in frjemde mingeling fen forearing en meilijen fielt.
FEN HARINGHOUCK. Bêste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen!
MASTER GYSBERT. Wêz wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei Ingelân lit jo net to ûnfoldien oer ús Fryske sljuchtens.
FEN HARINGHOUCK. Planút sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to wêzen. Frjemd is it sa’t jou heitelân sels de bern fen oare kontreijen oanlûkt en ta eigen makket. Sûnder mis, yn Ingelân is mear tier, mear droktme binammen. It libben dêr sprekt mei lûder stimme. Mar ienris hjirre biwend, kin men de myldens fen dit âlde lân min mear misse. Earst en binammen moat ik jo de rjucht hertlike groetenis oerbringe fen master Junius to Oxford, frjeone.
MASTER GYSBERT. Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege wittenskip forsommet it ûnderhâld fen syn Fryske kennisse net.
FEN HARINGHOUCK. Dêrfor hie er fierstento goed ûnderrjucht by jo, master Gysbert. Yndied, hy droeg my op, jo to sizzen det er jo dêrfor tige forplichte bliuwt. Mei greate wille fornaem er fen it plan fen de útjefte fen jins rymlerije. Jamk scoe it him oanstean as wy him in pear kopijen for de bibletéken fen Ingelân biskikten.
MASTER GYSBERT. Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken ús nommele Fryske tonge yet eare weardich achtet, mei it ek wêze yn fiere en frjemde lânnen. Mar oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo to forstean. Op it ynlikst hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea ôfnimme det er syn bitinken foroare. Lang haw ik hjiroer tocht en mimere. Mar ik bin kommen ta dit bislút, frjeone fen Haringhouck: de Rymlerije moat net by myn libben forskine.
FEN HARINGHOUCK. Mar master Gysbert! it wirk dêr’t jy sa folle by opset hawwe, det sa to sizzen! jou hiele libben draegt! det in plak for Fryslân winne moat en scil yn de kinst fen ús tiden!
MASTER GYSBERT. Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo rekkenskip hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik dêrta ré. Frjemd is it det ik my tsjin jo to uterjen kom oer dingen dêr’t ik nea mei ien fen it eigen folk yet oer praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy’t gjin Fries binne fen komôf, better prate as mei mannichien fen ús eigen minsken.
FEN HARINGHOUCK. Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my reden jaen kinne, sterkernôch, om it bislút det jy neamden, to binlikjen.
MASTER GYSBERT. Wol harkje, frjeone. Dûrjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen myn Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit ôf. Ik sette my dêrta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net mûglik dichten mei plicht to bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to libjen. It wier wûnderlik, ik seach hjar brekken en ûnfolsleinens sa klear. En dochs tsjûgen en songen hja elts mei in eigen lûd. Yn de dagen fen dizze sêfte hjerst gyng, mei it lûd fen myn fersen, hiel myn libben wer foar myn eagen foarby.
FEN HARINGHOUCK. My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen wêzen?
MASTER GYSBERT. Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder. Ik haw jounen hawn, det ik de lektuere ôfbrekke moast; myn eagen woene net mear mei, myn moed wier to fol. Sokke ûngelikense stringen hat it libben yn myn herte triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn jonkheit, de earnst fen myn ripens, de drôvens fen myn âlderdom. De blide jierren to Wytmarsum, ik hearde hjar wer sjongen en laitsjen. Ik seach my, krêftich en ryp, oan de side fen myn alderljeafste. Ik seach ús bern lyts, en great wirden ûnder memme en heite noed; ik seach hjar forreizgjen ta de better kontreijen, ien for ien. Forjow, det ik safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele pompier; it wier as seach ik myn eigen libben dêr foar my. Dêrom bin ik hwet tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben.
FEN HARINGHOUCK. Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Fryslân scil it oars forstean?
MASTER GYSBERT. Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje net det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte wierheit forstean. Safolle spot haw ik heard yn Fryslân, safolle slim en drôf misbigryp. Ik mien net to sizzen, det hja sûnder fieling binne for dichting en kinst. Mar hja achtsje hjar eigen sprake net, mei de âlde Fryske tonge driuwe hja follertiden de spot. In makker fen Fryske rymkes, lyk as hja it neame, is net folle tel yn Fryslân. Djip treft en wounet my it domme praet oer de rouwens fen ús sprake. Tinkt jo, ik sjuch dit to swart?
FEN HARINGHOUCK. Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert. Mar it is mar al to wier. For in Ingelskman is it swier to forstean ho’t dit folk syn tael sa forsmite kin. It is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael dy’t de Skepper fen ierde en himel hjar joech. Jan Jans Starter, in frjemd, moast komme, om it earste Fryske liet to sjongen. It is ûnbigryplik.
MASTER GYSBERT. Sa is it, for elts dy’t suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen leit oer Fryslân hinne. Yn it herte fen Fryslân libje wy, en it liket gjin Fryslân to wêzen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier. Mar nou stean ik oan de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy’t det alles ynhat. Jow ik hjar yn it ljocht, it scil my wêze eft it djûrste fen myn libben ûnder kâlde frjemden komt. To nei scoe it my gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme. (_Effen stiltme_.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck?
FEN HARINGHOUCK. Sa bin ik. Mar....
MASTER GYSBERT, glimkjend. Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt, scille jy frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn sjen, ik naem it jo net kwea ôf. Jy scille de foarste wêze, dy’t it lûd fen in Frysk sjonger hearre litte scil yn Fryslân.
FEN HARINGHOUCK. Ik bitsjûgje, gjin soarch scil my dêrfor to great wêze, master Gysbert.
Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel.
MASTER GYSBERT. Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for it jounmiel. Dogge ús de wille en jimmetsje mei ús, frjeone fen Haringhouck, sljucht en rjucht as ús jounspize is.
FEN HARINGHOUCK. Sok in hoaske noeginge mei ik net ôfslaen, master Gysbert.
Sêft en wijend spilet it oargel fierder. It lêste jounljocht falt troch it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn eagen. As it oargel ophâldt, seit er yette:
FEN HARINGHOUCK. Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert.
MASTER GYSBERT. Hokker, frjeone?
FEN HARINGHOUCK. It kaem yn my op, wylst ik jo dêr sa sitten seach, yn it jounljocht, oan de ein fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar wûnderlik is de macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet libje scil yn Fryslân as de greaten fen ús dagen allang ta moude forgien binne, ja as de spot en ûnforskilligens oer de eigen tonge, lang hearre scil ta it forline.
MASTER GYSBERT. Det it de himel sa haegje mei! Ik tankje jo for dit wird fen bitrouwen.—En nou, frjeone, lit ús gean ta it jounmiel. (_Hja geane_.)
De foarhing slút.
IT SAUNDE TAFRIEL
PROF. EV. WASSENBERGH. SYTSE HETTINGA. REITSE JANS. FJOUWER OARE STUDINTEN.
Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de Akadeemje fen Fryslân”.
Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, âlderwetsk en ienfâldich. Mids efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in búste fen Pallas. Rjuchts twa finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids efter, nei lofts, in skou mei barnend hirdfjûr; dêrboppe in greate skilderij fen de keizer Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel for de prefester; dêrfoar yn ’e lingte in tafel mei stoellen dêromhinne for de studinten. It is joun, en in greate kroane mei kjersen barnt mids yn de keamer. Bûtendoar waeit it fûl, de sigen docht de gerdinen nou en den forwegen.
Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid nei de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel, in oar sit op de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge yn spanning nei de doar; it is dúdlik det hja ien forwachtsje.
DE EARSTE STUDINT. Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strûpt der for om, hwet ik jim siz!
DE TWADDE. Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in earesaek for him. Hy lit it nea slûpe.
DE TREDDE. Ik mei ’t lije det er it der ôfswit. Dy âlde Mombosius mei wol ris in ôflear hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by myn propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!
DE FJIRDE. Dêr komt ien, jonges! (_tsjin de earste:_) Moatst út dy stoel weikomme, stalke, it kin Wassenbergh sels wol wêze!
DE EARSTE, ûnsteurber. Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.
DE TREDDE. Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa lûd as wy kinne: „Ave triumphator!” As er de prûk hat, komt it him ta; hat er him net, den stiet er biskamme!
DE OAREN. Ja, ja! tige!
De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder. Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Frânsk garde-soldaet, in boek ûnder de earm. Forbjustering.
DE TWADDE, sjucht it. Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstû hjir joun yette! En yn dizze útris!
SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich. It wier de lêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris hearre. Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer sparret syn soldaten net.
Hja binne yn ienen stil wirden.
DE FOARSTE. It bidjert de joun detstû moarn by ús wei moatst.
SYTSE. Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhâlde oan de ein ta. Tink mar net om dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide gjalpen scoene jim my niis bigroetsje? Ik hâld ek yet wol fen in moaije bak, hear!
DE TWADDE. Reitse Jans scil âlde Mombosius in loech ôfsjen. Dû witst, dy twa hawwe it grou op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de âld man syn prúk ûntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by wierne, en sûnderdet de âlde him yn de lampe hie.
DE TREDDE. Dêr is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!
De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint, en hat syn draei tige. De oaren roppe lûd meiinoar: Ave triumphator! Yn ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei in steatlik gebeart efter syn rêch de prúk fen prof. Mombosius wei dy’t er as trofé omheechhâldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne; Sytse Hettinga hâldt him hwet efterôf.
DE STUDINTEN. Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!
REITSE JANS. It wier sa ienfâldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en jim scille my biwûnderje. Jim witte allegear, âlde Mombosius komt om dizz’ tiid by syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net for neat sa roun as in tûntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er to frijen.
DE STUDINTEN. Det liigstû! Mombosius grien! Optinksels!
REITSE JANS. Sa wier as ik dizze prúk omheech hâld. Hy hat it forsjoen op de âlde widdou Truffelsma; dêr sit modder oan ’e kloet. Dêr kuijeret er den hinne, it bolwirk om. Joun wier it in joun út tûzenen. Piktsjuster, en it waeide det it rikke. Ik stelde my op efter in grouwe beam, nêst it hoekhús. It wierre my mei en it twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt do’t âlde Mombosius om ’e hoeke komt, myn beam foarby, in pûster fen gewelt. Ik mepte him de hoed ôf en pakte teffens syn prúkje beet; sà hie ’k it.
IEN FEN DE STUDINTEN. Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum west!
REITSE JANS. Gjin sprút dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen út myn skûlhoekje wei. Hy tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ôf, foun syn hoed werom, mar fensels, it prúkje net! Do kaem it moaiste. Wylst er dêr yet omsneupt, komt Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it liif. Mombosius wist net ho’t er der mei oan moast. „Gij vindt mij in eenige ongelegenheid, collega,” sei er. „De kracht des winds in dit gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij mijne peruike van het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om. „Ik leau earder det jy in slach fen de moalpûde as fen de wyn beet hawwe,” sei er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen.
IEN FEN DE STUDINTEN. Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!
IN OAR. Hwet moat der nou mei de prúk barre?
DE STUDINTEN TROCH INOAR. Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje! Syn snúfdoaze dêryn biwoelje!
REITSE JANS. Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn grime is foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stjûre him in earste klas taert en litte de prúk yn in doaske dêryn bibakke. Wy litte him bisoargje... By Jupiter, Sytse jonge, bistû hjir ek! Det ’s al hwet kras, det ik dy net earder sjoen haw.
SYTSE. Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de bêste fen dyn fiten.
REITSE JANS. Moatste moarn foart?
SYTSE. Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.
Stiltme. Reitse Jans hat it prúkje weimoffele, en liket forbjustere. De doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer, det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjûr geane. Dizze joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.
WASSENBERGH. Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?
Hy fûstket mei him.
SYTSE. Ja, professor.
WASSENBERGH, him oansjende. De lêste joun?
SYTSE. Ja, professor.
Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lâns. Effen liket er yn opstân to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.
WASSENBERGH. Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim lêze wollen, frjeonen. Mar jim moatte my ûntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne gyng, tocht ik: ik moat de les mar jaen sûnder my hwet skine to litten. Mar ik kin it dochs ek net for jim stil hâlde. En nou’t Sytse hjir sa yn ienen foar my stiet, kin ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne hjir as goede Friezen mei-inoar.
IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend. Is der nou _wer_ hwet ... mei de Akadeemje, professor?
WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, rêd, as kin er dêr net lang oer prate. Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.
IEN FEN DE STUDINTEN. Det kin net....
Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit kleardernôch út. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bûtendoar heart men de wyn, great en fûl. Op it lêst seit
IN OAR FEN DE STUDINTEN. Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje kin ús dochs net ûntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de keizer forkeard ynljochte....
WASSENBERGH. De amptners fen de keizer binne krekternôch. Sadré’t it bisiik fen Cuvier oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle freeslikens bliuwt it sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t it west hat. De keizer hat jild nedich, jild—en minsken. Hy hat de list fen de hegeskoallen foar him krige út syn nije Frânske provinsje; hy hat sein: seis, det is to djûr. En hy hat in streek helle troch de twa minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for ús bitsjut, hwet wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En wist er it, hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrâld dy’t fol fijannen is, hy wol se delslaen. Hy hat ús yn de macht, hy biskikt oer ús.
IEN FEN DE STUDINTEN. Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje. (_Lústerjen: Sst, sst, tink derom!_)
IN OAR FEN DE STUDINTEN. Mar wy kinne ús Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn Frjentsjer leare, net mear ús thús hawwe yn it lytse stedtsje, om utens to learen gean. Fryslân kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang regearje....
WER IN OAR. As er falt... Oranje scil helpe! Dit ûnrjucht kin net bistean.
WASSENBERGH. Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik hâld fen Oranje, en dizze nacht scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen. Hja binne selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it folk net, hja hearre allinne hwer’t men lûd om ropt. It kin it tinken net fen my ôfsette, dit wier net bard as de keizer witten hie, it Fryske folk stie as ien man efter syn Akadeemje. Do’t de departemintale yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen hjar nammen forlieze, mar dy fen Fryslân liet er bistean. It wier in lyts blinkje hope. Mar dit hat in ding fen neat for him west.
SYTSE HETTINGA. Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslân? Wy hâlde dochs fen ús eigen folk, fen ús sprake. Hwerom stipet men ús net? Is it net ûnbigryplik?
WASSENBERGH. Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslân ... wy libje yn it herte fen Fryslân, en it liket gjin Fryslân to wêzen... Mar wy meije de moed net forlern jaen. De greate master fen Boalsert stie allinne. Det is mei ús oars.
REITSE JANS. Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslân. Wy scille ús bêst dwaen.
SYTSE HETTINGA, klear dêroer hinne. As it moat, lit alles falle. De greatens fen Fryslân, de Akadeemje, ús libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslân libjen bliuwt yn de herten fen hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.
WASSENBERGH. Lit dit den ús lêste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige, forlitten, wy hâlde oan Fryslân fêst. Hja kinne ús birôvje, ús krêft brekke kinne hja net. En nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske Tsjerne net mear lêze. Mar lit ús yet ienris lêze master Gysbert syn Jounbede, lyk as wy det wend wierne to dwaen.
Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lêzen mei oandiene stimme.
WASSENBERGH. Nou is de dei forroun mei ûre en stoune, Oermits de sinn’ doldûkt, yn wetters groune. Meitse ús nou, Sliep, fen God om rêstjen jowne, Dei’s lêst onboune.
IEN FEN DE STUDINTEN. Kom swiete sliep, ús eagen firdich binne. Det swierlik drôgjen net ontstjûrgje ús sinnen. Det soarch en eangstme ús rêstnjue net oerrinne, Noch fré forwinne.
IN OAR, sterker. Kom swiete sliep. Mar wêz ús fêste boarge Det nin nachtgrime ús fettet by de loarge, Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge; Hâld wacht en soarge.
IN OAR, heger. Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine, Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine, Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine, Ontskake ef skeine.