Part 3
Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man, yn de útris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere geastlikheit, twa, ûnder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue; fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ôffirdige fen Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, dêr’t de gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen Klearkamp en stiltme falt yn.
DE ABBET, oerein.
In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae Virginis Mariae.
DE GEARKOMSTE, moarmeljend. Amen.
DE ABBET. Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer to bigjinnen. Dingen út it jongste forline meitsje it mear as winsklik, det ik jim op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to earbiedigjen, lyk as it goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslân de klam lein op it bilang fen de ienling, tofolle komme doarpen en goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze gearkomste is de ienheit fen de Friezen, en hja moat foar alles gean. Forsloppet ús krêft, ûntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei it forset fen de Friezen tsjin de hearen út it frjemdlân. Bitink: troch iendracht wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ús tinken allinne, mar ús hert sels moat wêze by dizze greate mienskip.
IEN UT DE GEARKOMSTE. Det is ús al faker sein. Det witte wy allegear wol!
DE ABBET, stranger As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik jim foarhâlde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr’t jim tsjintwirdich jim krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my trochdien it nijs fen de bistoarming fen de stins to Bedum en de brânstifting yn de bûrren Elwierde.
GUNT UT DE GEARKOMSTE. Hja fortsjinnen it dûbeld en dwers! Hjar heechmoed wier ûndildber! Hja joegen sels de oanlieding! Hja binne bigoun!
DE ABBET, forûntweardige. Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in grouwel binne for de himel en in ûnrjucht for de minsken? Hwer is it forskeel twiske dizze plonderers en brânstifters en de wrede Noarman, dêr’t ús kroniken fen sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net forstean? Sjuch hjir dizze sit rjuchts fen my; ienris siet dêr de iedman fen West-Fryslân. Nou is er leech, nou hearsket dêr de greve fen Hollân!
GUNT UT DE GEARKOMSTE. Flok oer de greve fen Hollân en alle frjemde hearen!
OAREN. Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!
OAREN. Oer de stêd Grins it meast fen allegearre!
Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa Frysk as folle parten fen Fryslân!”
DE ABBET, mei greate stimme. Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze mûle sa’n wird sprekke, hja scoe it slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de greve fen Hollân, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien wierne? It is wier, de sé skaette West-Fryslân fen ús: do wier it de oaren swier to stypjen. Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net it wylde fjûr yn jim herten bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslân net yn greatens oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear oerein stean!
Der lûkt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild wint.
DE ABBET. Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane ûnder ien haed, hja binne ien. Hwet is ús swakkens en skande? Dit, det wy sûnder haed binne en fordield. Lâns dizze wei is der allinne de ûndergong. Dêrom det ik my nou, en troch myn mûle it ienriedige rjucht fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta elts dy’t Fryslân ynmoedich ljeavet. Hwa’t it libben fen Fryslân wol, lit him de macht fen de Upstalbeam bisterkje.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE. Yn hokfor wei?
DE ABBET. Hûndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja bisleat. Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze yn hiel Fryslân. Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht werom. Ik easkje striders fen de goaën om for ús bisluten de earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart to bistean.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE. Tinkstû det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bûgen for eigen? Dû scilst ús net forrifelje, heite!
Kabael en laitsjen.
DE ABBET, him meitôgje littend fen syn grime. Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sûnder hearskippij bistean? Haget jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t keazen binne fen jimsels?
Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar mei hirdens en driigjen oertsjûge wirde wolle. Men is stil.
IEN UT DE GEARKOMSTE. Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.
DE ABBET. Sprekstû for dysels ef for in mienskip?
DE SPREKKER. For in great part fen de mienskip fen Westergoa.
DE ABBET. Siz dyn bitinken.
DE SPREKKER. Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to stiftsjen. Ek winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to sjen. Wy scille dêrom it forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy forbine dêroan ien bitingst.
IN OAR. Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslân spylje!
DE SPREKKER. Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ús rjucht fen frije Fryske goa; dy namme is ús genôch. Mar ien ding wolle wy net: ûnfryskens en forrie yn ús eigen formidden, yn in boun det de greatste namme fen Fryslân draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne út suvere Friezen bistiet?
IN OAR, spottend. Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!
DE SPREKKER. Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik komme. Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam. Ik skik yn, dêr is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen iepen for de greve fen Hollân; oan ús doar leit de forriederlike, ûnbitrousume stêd fen Starum!
IN STIMME. Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ôffirdigen hjirhinne to stjûren!
DE SPREKKER. Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwânselje de Fryske frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollân! Jim dije en wirde grou, en it fierdere Fryslân kin forkomme!
DE ABBET. Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstû net fierder sprekke!
DE STARUMER, forachtlik. Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder fol, ús wenten der net minder ryk om wêze!
DE WESTERGOAER. Skande oer de fette keapljue dy’t Fryslân forriede! En der binne mear sokken yn Fryslân! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!
Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstû wier meitsje!”
DE WESTERGOAER. It stiet sa fêst as in hûs! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen Hollân! Jim hawwe him de hilde bean en ús forret! Jim krûpe for de frjemden, lytse, gemiene eigennutters dy’t jim binne!
IN WYT-EASTERGOAER. Wy scille ús it brea net út ’e mûle stjitte litte om dyn gelikens! Wy hiene rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, dêrom krûpe jim de oaren oan!
DE WESTERGOAER. Mannen fen Westergoa, scille wy ús det sizze litte! Foart mei de forrieders!
DY FEN WYT-EASTERGOA. Forrieder dy’t it seit!
Der driget in greate striid, gûnt sjucht men de swirden lûken. Nei hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit, wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden, folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:
DE ABBET. Sjuch ta hwa’t jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne!
It wirdt hwet stilder; hja ûntsjugge de prelaet yet.
De gearkomste fen de Upstalbeam is ûntboun! By de weardichheit fen myn ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei in kant! Wé as jim earen net hearre!
Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne; effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It wirdt leech ûnder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ôf oan wearskanten, útsein ien, dy’t nêst de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten heart men de geroften fen ’e reboelje.
DE RJUCHTER. Mei ik jo in ried jaen, earwearde?
DE ABBET. Jy hawwe frij. Hokker?
DE RJUCHTER. Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou mûntsen de wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat fijannen.
DE ABBET. Nimmen yn dit ûnlokkige lân is mear sûnder fijannen. Mar safier scille hja net gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.
DE RJUCHTER. Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?
DE ABBET. Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ûnder hjar skepersstêf. Mar hja lykje mear wolven as skiep.
De mûnts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.
DE MUNTS. Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...
DE ABBET. Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy sa oan?
DE MUNTS. De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint oer de woartels fen de Upstalbeam...
DE ABBET, skriljend. Nou is de ûndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis Frisiae. (_Tsjin de rjuchter_.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik scil myn kleaster bisterkje.
De foarhing slút.
IT FYFTE TAFRIEL
IN BOER. REIN ANES. SIBE HETTES. FOLK. IT ROUWENDE FRYSLAN.
Tsjuster. In skoftke, en de hérold forskynt fennijs. Hy bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp.”
Hy giet, en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in treastleaze lânsdouwe ûnder in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei, dêrefter de ynsinking fen de lânsleat; yet fierder rint de groun op nei de terp. Huzen binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet net ûnder, mar de wolkens jeije wyld it loftrom lâns en fortsjusterje hjar ljocht; bytiden reint it.
Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters, sit in breklike jonge, syn krukken yn de iene hân, ûnforweechlich. Syn antlit hat it bleke en fêste fen minsken dy’t folle lijd hawwe; hy hâldt it keard nei rjuchts eft er dêr ien wachtet. Fen lofts komt in greate, foarse boer; de kile en seilbokse ûnder de modder.
DE BOER. Nou moat it wrychtich net mâlder wirde! Dêr _sit_ ien yn dit waer!
Hy bikruset him.
Ik mocht wol weromgean ... as det mar suver spil is...
Der komt him hwet yn ’t sin en hy makket him ta man.
Bistû it, Rein Anes?
DE JONGE, mei in heech en klear lûd. Hwet wolle jy?
DE BOER. Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! It hert slacht my noch yn ’e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy dêr del to jaen yn dit waer? Rein sit yn ’e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs gekkewirk, net?
DE JONGE. Ik bin wirch. En ik wol wachtsje.
DE BOER. Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hastû hjir to wachtsjen yn dizze hjerstjoun? Ef (_wer bang_) wachtestû op ... hwet oars?
DE JONGE, steech. Ik scil jo net wizer meitsje.
DE BOER. Nou ... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed, jonge. Mar der is net folle slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt him nou op in paed, mids yn ’e neare hjerst?
DE JONGE. Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte.
DE BOER. Heden jonge, hwet bistû my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik nou witte... (_hy bitinkt him_): lit my nou ris sjen ... it is Slachtmoanne, en wy telle de tsjiende... mieri, dêr ha ’k it... Ei jonge ja, it is hjoed de Lândei fen ús Steaten to Snits... Jonge, jonge, en wachtestû nou op nijs dêrfen?
DE JONGE. Sibe is nei Snits ta op ’t hynder. Hy scil tynge meinimme.
DE BOER. Sa mâl kin ’k it net oangean! Dêr sitstû nou op to wachtsjen, in foech jonge, dy’t himsels net ienris rêdde kin! Hwet hast dy yn ’e kop helle, jonge! Lit dêr de hearen mar oer plachtsje, hwet is ús der nou oan fêst! In minske moat om himsels tinke, siz ik mar; dêr hat men al skoan genôch oan!
DE JONGE. Jy komme út ’e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder gean.
Hy keart syn antlit ôf, sadet er de boer net mear sjucht.
DE BOER. Dû hast se alle fiif net, jonge. Mar dû moatst net miene, det ik gjin niget oan nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men yen net ûntkomme litte.
Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank.
IEN FEN DE NEIKOMMERS. Is Sibe Hettes al werom op ’t hynsder?
DE BOER. Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my ris nij dwaen, ho’t it jern hjoed to Snits hispele is. Dêr komme yet mear, leau ’k.
IN OAR. Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om tynge. En ja, men is den fensels al nijsgjirrich.
DE BOER, swetserich. De heechste lânsbilangen sitte deroan fêst, minsken! Jonge, dêr moat men net licht oer tinke! Dêr meije wy wol effen de keallen for wachtsje litte, oars net?
IN OAR, spotsk. Sêfts wol, froede Fries. As ús foarfaers goed en bloed dêrfor oer hiene, kin by ús it boarnen wol in amerijke letter.
DE BOER, hwet kitelich. Dû hoegst in oar net sa oer de snút to slaen! Salang as de bûter goed jildt, scilstû it dy ek net drok meitsje mei lânsbilangen. Miskien hastû sels dyn stim wol for in aerdich dofke forkoft!
DE OAR. Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel!
DE BOER, op ien ein. Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as dû!
GEROP. Dêr is er! Sibe Hettes is werom!
GEJUCH. Eala! Eala!
Der wirdt rûmte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstrûpt, mar de hege learzens ek ûnder de modder.
SIBE HETTES, ergere. Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke. It is biswit, dû moatst it in dek oplizze.
Hwet meilijich, mar frjeonlik:
Och heden, Rein, sitstû hjir to wachtsjen?
IT FOLK. It nijs! It nijs!
SIBE HETTES. Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks út ’e mouwe stieken as lyk âlde wyfkes de nijtsjes to bitsjânseljen dy’t oaren jim oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy sitte ûnder de kwint fen in frjemd, mar wy moatte frâl witte ho’t er ús útstrûpt!
IN OAR. Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de Steaten bisletten?
SIBE HETTES. Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene ús Steaten bislute as dêr’t de frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Fryslân langer mei in frije Fryske tonge? Opsitte en „woef” sizze as se ús in stikje woarst foarhâlde, det is hwet wy nou dogge!
IN OAR. Us Steaten bisteane út hege frije Friezen. Hja scille gjin feintetsjinst dwaen.
SIBE HETTES. Hiest hjoed to Snits wêze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it wier in noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De frouljue rôpen jûchhei det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens scille hja gjin feinten mear ha wolle dy’t gjin mantels en plommen drage as dy fen Eastenryk!
IN OAR. Hwet kinne ús dy klean male! Siz ús hwet ús Steaten bisleaten!
SIBE HETTES. Det ha ’k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef” for de woarst dy’t Karel fen Eastenryk hjar foarhâldde! Hja hildigen him as erflik en rjuchtlik hear oer de frije goaën fen Fryslân, him en syn neiteam beide!
WER IN OAR. Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen Dútsklân, net as greve fen Hollân!
SIBE HETTES. Ljeagen! Dêr hawwe hja ús swiet mei hâlden! Hja hawwe him hildige as hear fen Fryslân, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De Lândei fen de Steaten bistjûrt ús net mear! Karel fen Eastenryk is hearsker!
Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!”
SIBE HETTES. Hja hawwe mear dien! Karel fen Eastenryk syn fjildhear, dy’t Fryslân mei it swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him in stik goud foreare om’t er de frede yn Fryslân hersteld hat!
GEROP. De Steaten fen Fryslân hawwe ús forret! Hja fortsjintwirdgje it folk net! Wy scille ús los meitsje fen hjar! Wy scille opstean!
IN GRIIS MAN, mei lûde stimme. Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe hja dy skandlike dingen bisletten?
SIBE HETTES. Fensels yn de tael dêr’t nou ús mûle nei stean moat, yn it Dytsk fen Karel fen Eastenryk!
DE GRIZE MAN. Den hat it gjin krêft for it folk fen Fryslân! Gjin wearde hat for ús hwet yn frjemde tael oer ús bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht om!
Gejûch en gelaits. Gerop fen:
Det hâldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Fryslân!
IN HEGE, FIERE STIMME. Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen. Allegearre scille jim jim to bûgen hawwe, lyk as ik my to bûgen haw!
Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fjûr to barnen. Heech op ’e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn swarte reagen. It gejûch fen it folk stjert wei yn gelúster; den swijt it alhiel. Men heart allinne mear it rûzjen fen de hjerstwyn. Frjemd en fier klinkt dêroer de stimme fen Fryslân:
FRYSLAN. Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy’t gjin honk mear hat yn it heitelân! Hear nei hjar, lyk as men heart nei in stjerrende, hwent net ien fen jimme scil dit lûd by syn libben mear hearre. Yn dizze einichste ûre, yn dizze skieding for ieuwen, stean de wierheit net tsjin dy’t nou wach wirde wol yn jim herten!
Ik bin it, o Friezen, dy’t jim laette troch dizze rige fen moeisume ieuwen. In lân fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de krêft fen it libben. Ut de dizen fen it ûnbikende binne wy kleaun ta it ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme de nachten ljocht, myn dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster?
De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen út ’e skie, om soannen fen Fryslân to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird fen Fries tsjin Fries, myn skientme wier it dy’t dylge waerd fen jim hannen, myn krêft wier it dy’t forblette fen jimme striid. Forlern is de kroane dy’t ik droeg sûnt myn jonkheit—mar hwet telt in kroane? Wei binne hja dy’t nêst my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun oer de erflike goaën; sels myn rouwe wirdt net ûntsjoen.
Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim mûle. De wytgers hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy’t jim moannen ta ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede hertstochten binne útgien oer it lân fen myn ljeafde, en jim hawwe de trou noch de greatens noch de hillichheit ûntsjoen.
Dêrom is myn grime great wirden tsjin jim, dêrom scil ik gjin gedild mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Fryslân forlit it lân det hjar jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende, dy’t yn it libben bitroude; lear nou sels iensumheit to forstean. Jim scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom scil ik gean nei de oarde, dêr’t ik út teach; jim dy’t my haten, sjuch ho’t jim libje scille sûnder my. Jim adel scil stean yn de hôven fen frjemden, jim skatten scille forstruid wêze oer de ierde, de eigen tael fen jim mûle scil lytsachte wêze by eigen en frjemd.
Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje scil for jim neiteam, salang de âlde forblining yet yn jim formidden bistiet. Dy dei det jim sizze scille: sels fordreauwen wy hjar, sels sloegen wy hjar, sels stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen ús skilden—dy dei scil der hope wêze for jim. Flok net de frjemden, mar gean yn it rjucht tsjin jimsels.
Forfolle is de tiid, fortein is de swiere ûre. Farwol, o Friezen. Yn jim formidden is Fryslân—net—mear.
Hja is fordwoun, de loft glânzget yette. Under de minsken komt biweging, net ien praet lûder as yn lústertoan.
IEN FEN ’E MANNICHTE. Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen hûs.
IN OAR. Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit.
IN TRED. Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn ús earen.
IN FJIRD. Arbeidzje, arbeidzje—miskien is der útkomst.
It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer.
SIBE HETTES. Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kinne.
DE BREKLIKE. Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik rêd my wol.
Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him ôf fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat op it West.
DE BREKLIKE. Noch is der ljocht ... noch is der in bytke ljocht... (_lûder:_) Salang der ien is dy’t dy ljeavet, meistû ús net forlitte, o Fryslân....
DE STIMME, fierwei. Salang it folk my net ljeavet, kin ik net yn Fryslân bistean, o soan...
It lêste ljocht stjert wei.
DE BREKLIKE. O....
Hy falt del by de stapstien en brekt út yn wyld en hertstochtlik snokkerjen.
De foarhing slút.
De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en drôvens, dêr’t hiel njunkelytsen in ljochter toan as in sêfte fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven nêst inoar mei gelikense krêft; den tilt it ljochte út boppe it dûnkere en wreidet him út ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding lûkt omhegen.
IT SECHTE TAFRIEL
MASTER GYSBERT JAPIKS. JONKER WATSE FEN CAMMINGHA. SAMUEL FEN HARINGHOUCK.
Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de hérold. Hy bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to Boalsert.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen.