Chapter 2 of 6 · 3997 words · ~20 min read

Part 2

GERMANICUS. De skippen binne al ûnderweis!

SIGURD. Myn hynder kin hirdernôch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars leauwe se my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe.

VITELLIUS, dy’t him net mear ynhâlde kin. Hwet waerboarch hawwe wy det jy ús allegear net bidrage en yn ’t leech fiere? Jim haetsje...

Sigurd grypt nei syn dolk.

GERMANICUS, springt twiske hjar yn; mei greate stimme. Swij, Vitellius!

Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek.

Dû hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net spritsen. Dû hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En ien forsiik yette.

SIGURD. Det is?

GERMANICUS. Biselskipje my nei Dútsklân en werom.

SIGURD. As heit my frij jowt, ja (_stekt syn hân út_). Dyn hân, Germanicus.

GERMANICUS. Myn hân ... hwerfor?

SIGURD, laitsjend. Witte jim net hwet fûskjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip.

GERMANICUS. O, op dy manear. Ja, den is ’t bêst. Dei Sigurd.

SIGURD. Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bihâlden. (ôf).

GERMANICUS, nei effen wachte to hawwen. Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet lûd hjitten to swijen. Dû scilst wol gâns to sizzen hawwe. Praet nou mar wer.

Men heart it fjildhearssignael.

VITELLIUS, slim forûntweardige. Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is troch it slyk helle. In opslûpen Friezejonge, in ûnwittende útlanner, in barbaer, de gelikense fen de greatste Romein!

GERMANICUS. Sa is it fêststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Fryslân scoene bounsnoaten wêze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen.

VITELLIUS. De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade letters! Hwet kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det de wrâld regearret?

GERMANICUS, earnstich. Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ûnrjuchtlike eare die, Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome.

VITELLIUS. In oerwinner ... fen Rome! Hwet miene jy?

GERMANICUS, yet earnstiger. Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is. Tink om ús paleizen, ús wielde, ús slaven, ús forfining. Jy witte hwet der is yn al det moarmer en goud: oan de woartels fen ús folkslibben knaget de wjirm fen it bidjer. Tink om de jongfeinten dy’t ik deis om my hinne haw—en him. As hy en syn folk ús seagen yn de ivige stêd, hja scoene ús ljeavje noch eangje, allinne mar forachtsje, by al ús rykdom en forfining. En der is mear, Vitellius. Dizze minsken binne rou en ûnwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it ús ek taklinke mei, in wird liket for hjar in wird; for ús is it in list. De goaden meije Rome genedich wêze, de dei det krêft en trou foar forweakliking en forried oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is, Vitellius.

VITELLIUS. Ik ... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en freegje net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome ûndergean scil, as it greate ryk fen Tiberius falle scil, dizze barbaren allyksa. Hja alteast, hja drage tige dúdlik hjar ûndergong yn hjar.

GERMANICUS. Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius.

VITELLIUS. Witte jy, det der yn Fryslân nimmen regearret? Witte jy det hja allinne libje ûnder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin regear, om’t hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op útrinne? Kin sa in folk bistean? Hja binne heechmoedich tsjin ús; hja scille it net minder wêze tsjin inoar. It _divide et impera!_ fen ús great ryk scoe ek hjir maklik spil hawwe. Jy wytgje de ûndergong fen Rome, mar ik wytgje jo dy fen dizze barbaren, dy’t nimmen boppe hjar wolle en gjin macht ha hjarsels to bistjûren!

GERMANICUS. Miskien, myn frjeon; wy scill’ der net oer tsiere. To’n earsten scil ik it mysels net ûnweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten.

Vitellius prúst wer.

En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de aventûren fen ús beider folken hinne.

VITELLIUS. Jy miene?

GERMANICUS. De Fryske forkâldenheit.

De foarhing slút.

IT TREDDE TAFRIEL

RADBOD, kening oer Fryslân. DE KENINGSSJONGER. DE FOLKSGEARKOMSTE. TWA SPREKKERS. IN ALDE FRIES.

Tsjuster. Den forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de keningsstoel fen Radbod de Greate.”

Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.

Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in mânske iik; dêrfoar is in hege troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ûnderste earms fen de iik, as in efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen Fryslân. Oan de beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld ophongen. De rûmte is forfolle fen mânljue, fierwei de measten yn striders útris, in inkelde yn lange preesterklean. Nêst de troane, bikroane mei in griene krânse en in harpe yn ’e hân, stiet de keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid gegouns fen folle stimmen.

DE SJONGER. Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en noatriden! Binne jim rêstings ré? Gâns scille hja hawwe to trochstean tsjin it striidbere folk fen de Franken!

IEN FEN DE MANLJUE. De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid. Wy binne ré!

Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau.

DE SJONGER. Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy réens fen Fryslân? Fen hofolle goaën binne de iedmannen forskynd?

IN OAR FEN DE MANLJUE. Jister in wike waerden de seinfjûren ta de striid oanstitsen op de hichten by de keningsstins to Starum. Ear’t de loft read wier fen de dage, ljochten de fjûren hiel Fryslân roun. Ear’t in wike forroun wier, wierne de mânljue feardich en de rêstings ré. Fen Sinkfal ta Eider, fen alle goaën binne de iedmannen hjirre.

DE SJONGER. Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for ús sljuchtsje! Op for de groun fen ús âffaers, op for de frijdom fen Fryslân!

ALLEGEARRE. Op for de frijdom fen Fryslân!

Great gekletter fen skylden en wapenreau.

IN WYTGER. Rûmte for him dy’t keazen is fen it folk fen de Friezen! Rûmte for Radbod, kening fen Fryslân!

De gearkomste wykt fensiden, en foarôfgien fen twa sterke jongfeinten, elts mei in swird yn de hân, en folge fen syn seis heechste riedsljue, forskynt Radbod. Hy is âld en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn syn eachopslach, syn lûd en biweech is in heechheit, dy’t men hast forgeastlike neame koe, en dy’t tige ôfstekt by it rouwer dwaen fen syn lânsljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar ûnderskaet hat. Sims brekt it troch yn syn lûd, det trochstrings krêftich is, mar frjemd stil wirdt as er dingen seit dy’t him neigeane. Under it jûchjen fen ’e gearkomste giet er ta syn troane.

IT FOLK. Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider!

RADBOD. Heil it folk fen Fryslân! It Ting, opdroegen oan de noed fen de heechsten, plachtsjend en bislutend for Fryslân, bigjint.

Yn ienen hearsket der in greate stiltme.

RADBOD. Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid ljochtet oer Fryslân, det jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar macht britsen, skoerd fen de greatste fijân fen de ienhiet, de twaspjalt. Kommen is de tiid for ús Friezen om op to stean yn greatens en krêft, om it lêste oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to dylgjen. Rie haw ik plachte mei âldsten en riedljue. Ienstimmich hat de rie fen Frysân op útstel fen syn kening bisletten: for it goed fen ús âffaers, for de frijdom fen Fryslân, striid, striid en yetteris striid twiske Fryslân en de Franken!

DE GEARKOMSTE. Fryslân boppe!

RADBOD. Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en libben, haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim lêste striid ûnder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd hawwe. Klear wol ik hjar yn ’e miette gean, suver en trou oan de frjemde stim yn myn herte. Det ik tsjûgje mei hwet ik sjuch en freegje hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o mannen fen Fryslân!

GUNT UT ’E GEARKOMSTE. Sprek, o kening! Wy harkje.

RADBOD. Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken. Trije kear waerd ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks kin elts hjir tsjûgje. Dizze drôve jierren haw ik socht nei klearens oer hwet ús miskearre. Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en libben; hjarres wier de oerwinning. Dit haw ik leard to forstean: twafâldich is de macht dy’t fen hjar útgiet. Eigen krêft hawwe hja, en der is in krêft dy’t hjar laet. Dizz’ kear wol ik tsjûgje foar hiel Fryslân: ik scil stride tsjin de krêft fen de Franken sels, net tsjin it fierdere det hjar stipet.

IN STRIDER. Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean!

RADBOD. Twa machten binne steld ta in striid for Fryslân: it Krús en de Franken. Hja hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det bounsnoatskip to bisterkjen. Mar it wier it ûnheil for Fryslân. Nou is it britsen, it folk fen de Franken is spjalt, Kristens scille oan ús kant meistride. Dêryn leit de redding for Fryslân. Goaden meije tsjin goaden, minsken tsjin minsken stride. Ik fier dizze striid net as in striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen tsjin Franken. Net wol ik det Fryslân mei de tsjinst oan ús goaden stiet ef falt.

IN PREESTER. Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy ús riede Kristens to wirden?

RADBOD. Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de ûre fen myn dea. Mar ik leaude, de God fen it krús wier in tsjoen, in dreambyld. Mar gjin dreambyld kin de wrâld fen de minsken sa komme to bihearskjen. Frjeon ef fijân, hy is in wierheit. Us is wytge det der ien forrize scil to heech om to neamen. Ik haw gjin macht him to dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de Franken, minsken fen fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim allegearre scille stride elts neffens syn eigen krêft. Wit det jim kening de striid fiert for Fryslân en Fryslân allinne.

IN STRIDER. Sa hat Aldgillis spritsen!

RADBOD. Priizge sij dyn lûd, detstû neamst’ hwet myn herte forfollet! Wiswier, sa hat hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o Friezen; wier Aldgillis in goed kening?

IEN FEN DE STRIDERS. Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid.

IN OAR. Yet priizgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne.

IN TREDDE. Hy wier in goed kening.

RADBOD. Is der ien, o Friezen, dy’t it de grize Radbod rekkenet ta skande, det hy it folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy’t him fen ûntrou forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande ús en ús libben, nimmen fen ús scil in lange rige fen jierren bistean. Mar it folk fen Fryslân scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear, mannen Friezen, det wy stride scille for dit folk en syn frijdom allinne?

IN STRIDER. It is klear, o kening.

IN OAR. Wy binne foldien.

IN TREDDE. Nije wirden hastû spritsen....

IN FJIRDE. Mar wy bitrouwe yn dy.

RADBOD. Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan dizze striid hinget ús frijdom. Mear as ús libben is de ynset; oer it libben fen ús folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja kinne hjar gauwernôch wer forienje. Geef moat wêze de ienheit fen de Friezen. As ien macht, as ien wil moatte wy stean.

IN STRIDER. Sa scille wy, o kening.

RADBOD. Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn eardere oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen ús macht. Wy kinne net mear striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim freegje: it bifel oer de Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders fen West- en East-Fryslân net nêst, mar ûnder my stean scille.

Opskoer. Roppen fen „Heil” en skyldgekletter; dêrfoaroer heart men oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net Frysk!”

RADBOD, dêroerhinne; syn stêf foar him út hâldend. It ting is geande! Ik ban de ting-frede!

Stiltme falt fennijs yn.

Hwa’t sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke.

IEN FEN DE STRIDERS. Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening.

OAREN. Wy wol! wy tige!

Radbod hâldt fennijs de tingstêf nei foaren.

DESELDE STRIDER. Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn West-Fryslân, oars yn Mid-Fryslân. Elts hat syn eigen bistjûr yn de frede en syn eigen lieding yn de striid fenneden. De kening is de foarste ûnder de gelikensen, de foarste fen de lieders. Mear macht kinne wy him net jaen.

RADBOD. Wis wit ik, de Fryske stammen ûntrinne inoar tige. Nea haw ik yn fredestiid taeld nei hjar rjuchten op hiembistjûr. Mar yn myn tinken libbet hwet der barde yn de lêste striid. Ik stie foar de Frank oer, biidzjend op de klibers fen West-Fryslân; hja hiene de trochslach jaen kinnen. Hja wisten net det ik hjar nedich hie en teagen ta in plak dêr’t gjin fijân wier. Wy waerden slein. Hiel Fryslân fielde de forleging.

DESELDE STRIDER. It foeget ús oersten net ûnder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne great en eabel.

RADBOD. Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil den skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen Fryslân, ik freegje for de frijdom fen Fryslân.

DE STRIDER. It is stridich mei alle rjuchten en brûkmen. Soks hat yet nea sa west. Wy moatte gjin nije dingen ynfiere.

IN OARE STRIDER, mei in rou en bot lûd. En as der ien wêze moat dy’t alles to sizzen hat, hwerom den krekt dû? Binne der gjin oare greaten yn Fryslân?

Gerop fen „Skande!” „Det foeget gjin Fries!”

Radbod stekt de tingstêf wer út.

DE SJONGER, nêst de troane forskinend. Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk, foartfleanend fen de bôge, kin it wer weromnomd. It hat klonken yn de gearsit fen de Friezen, ta in ivige skande for Fryslân. En nou scil ik ek myn wird sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe ús priizgjen en lekjen. Mar for Fryslân, det it suvere wirde scil fen de ûnweardichheit fen det wird fen niis.

Mannen fen Fryslân, moat ik jim sizze hwa’t oan jim haed stiet? Moat ik jim bitsjutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening, hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen syn folk? Binne der hjir den minsken dy’t it forgetten is det dizze iene fjirtich lang for Fryslân stien hat, as in skyld en skutte tsjin de fijân? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidfjûren, den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de tsjinstberens op ús, swijend gyngen ús eagen nei de iene dy’t trou bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Fryslân libbe. Hwa misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek net it earst de swierens en it leed tôge, mear as ien fen uzes? Tink om Theodeswynde,

Radbod slacht de mantel foar syn eagen.

hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme dêrby de eagen fen de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen ús. De Frank joech to kiezen: de forwoastging fen hiel Fryslân, ef hjar ta bút fen syn slimmichheit, as it wiif fen in man dy’t hja hate. Hja, de dochter fen Radbod, de frije Friezinne, bitocht hjar net: hja makke hjar op ta in libben det in hel for hjar wirde moast en waerd. De kening bisocht hjar to hâlden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet learden Jy my oer it heil fen ús folk? Do kearde de kening him ôf, en hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge wêze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt hjir yn ús formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Fryslân? Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ûnder de foarsten, net in kening dy’t laet mei syn geast allinne, mar ek in kening dy’t striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk as sines? Is it de harpe dy’t ûnwierheit wytget, hja, dêr’t de amme fen de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in suvere striid fen Fries tsjin Frank, ús folk as in ienheit to sjen ûnder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa’n striid stjerre en ûndergean, as libje en winne yn in striid dêr’t syn greatens net yn striele!

Forheftige biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! Heil Radbod! For Fryslân en de kening! Wé hjarren dy’t wegerje!

RADBOD, de tingfrede biedend. Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn ienheit. Dit is myn bislút, o mannen fen Fryslân: Oan it haed fen myn Mid-Friezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta strider for Fryslân weardigje hwa’t de iene Fryske lieding erken! Hwa is hjir dy’t wegeret ûnder dy lieding to stean?

De eardere sprekkers steane sûmber dêr, mar swije. De gearkomste brekt fennijs út yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede.

RADBOD, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme. Greate, heimsinnige, wûndere machten, det wy falle ef winne meije yn greatens!

Hy set de tingkrânse ôf, jowt him nei ûnderen en giet ôf lyk er kaem, yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt ek de gearkomste útien. Allinne de sjonger en in âlde Fries bliuwe oer.

DE ALDE FRIES, biwûnderjend. Dû hast niis fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei sjoen haw. Dizz’ kear scil it oerwinning wêze.

DE SJONGER, sûmber. Dizz’ kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn folle Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it libbet fierder.

DE ALDE FRIES. Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy oaren seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in bytke—earsuchtich?

DE SJONGER. Earsuchtich? Net mear as in bern. Né âlde, syn skild is in oare.

DE ALDE FRIES. Hokker den?

DE SJONGER. Hy komt in holle boppe alle oaren út, dêrom sjucht er fierder as ien fen hjar. Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder great wêze. As hja op hjar teannen stean geane, falle hja om; det fortret hjar. Dêrom scoene hja him de holle ôfslaen wolle.

DE ALDE FRIES. Fij, fij ... det is bitter.

De foarhing slút.

IT FJIRDE TAFRIEL

DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM. TWA MUNTSEN. IN REIZGER. DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.

Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:

„Yn it jier fen ús Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it hege rjucht fen Fryslân. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”

Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in oprinnende greide, bikroane fen trije mânske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de beammen binne, as ôfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen spand. Foar de iken is in forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten fen de rjuchters; hjar beklingen binne sierd mei de wapens fen de Fryske sélannen. De middelste is heger en steatliker as de oaren, en draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de twa dêrnêst, hwet nei efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de hâlder fen it sigel. De gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles útspraet.

Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei in boekdiel yn parkemint yn de hân; fen rjuchts in reizger, oan syn dracht in man fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in lândeikoerke for de tarkost. Under hjar petear streamt de rûmte mear en mear fol fen Friezen yn tige útienrinnende dracht; men sjucht hege geastlike hearen en ienfâldige doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde boeren, magistraten fen lytse stedtsjes, keapljuwe, ensf.

DE REIZGER. Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de iedmannen fen Upstalbeam?

DE MUNTS. Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen hofier komstû, reizger, detstû net witst hwet yn Friezene libben it earst is?

DE REIZGER. Sokke lange jierren haw ik omswalke bûten Fryslân, broer. Do’t ik foartteach gyng der in geroft ûnder it folk: de Upstalbeam scoe wer gearkomme, sûnt in greate rek for it earst. Al dizze jierren det it hege boun gearkaem, wier ik om utens en bireizge frjemde kontreijen. Nou kaem ik werom ta it heitelân, en it earst joech ik my op paed hjirhinne.

DE MUNTS. Wiis hastû dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslân. Mei de gearsit fen hjoed dy net ûnfoldien litte. Mar it is goed det ik dy siz, du moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de Upstalbeam bidrige fen ûnderling skeel fen de Friezen.

DE REIZGER. Is den it âlde striidfjûr nea yette dwêst? Ek net fen ’e gearsit dy’t for hiel Fryslân stiet?

DE MUNTS. Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslân. Mar yn de twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts.

DE REIZGER. Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit?

DE MUNTS. Lyk astû sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen fen Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen Klearkamp, scil hjoed de foarsit bisette.

DE REIZGER. Sa bistû den in mûnts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?

DE MUNTS. Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?

DE REIZGER. Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hûs det my sa nei is. Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert en scil oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.

DE MUNTS. Sa moatstû dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstû alteast tofreden wêze. Yn de kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is de rykdom dy’t God ús joech. De drege âlde beammen by de skiere kleastermûrren glânzgje fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne giet mient men de sé to hearren. Us koar is machtiger en suverder as it sûnt tiden wier, en God joech ús de lêste jierren skoandere rispingen. It Klearkampster fé is forneamd yn de omkrite. Wis moatstû komme en det alles sjen, frjeon reizger.

De rûmte is nou alhiel fol wirden, lûder bigjinne de stimmen to gounzjen. In oare jonge mûnts komt nei foaren.

DE OARE MUNTS. Komstû, Aegidius? Wy moatte ús sitten ynnimme, de iedmannen scille sa dalik forskine.

DE EARSTE MUNTS. Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!

DE REIZGER. Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.

De mûntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e lege bankjes nêst de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerûs troch de mannichte.

IN STIMME. De iedmannen fen Fryslân binne yn oantocht!

OAREN. Rûmte for it hege rjucht fen Fryslân, rûmte for de mannen fen de Upstalbeam!