Part 1
Fryske Stikken
fen J. R. Kloosterman
TO GRINS BY DE BROERREN HOITSEMA
1912
YNHÂLD
De Skepping It Visioen It Boekweitteskjen Us Toer It Oargel ’t Bûtenlibben Gods lof yn ’e natûr Mattheüs 6: 26 Grien, bûnt, feal, wyt In minskesin, in minskelibben Blidens Dy heart de koekkoek ek net wer? Winterdei De Earizers Us Sprake Us Fryslân op syn moaist Us Fryslân in greate tún Kollumerlân en ’t Nijkrúslân Bomkleaster en Droegeham Ien sunder lek en brek For better oarde Ien út tûzen In baes fen in man Jild en wetter Ryksdaelders In freonlik wird Maitiidsberte Ungedild ’t Ald wyfke oer Japik Binderts Us Fryske sprake en ’t earizer Oerbeppe en hjar earizer Snie, blomt, sied en wy De Aldewyfkes en hjar wrâlds biloop Jonges, toppen, feinten en fammen In warber folk en gjin ien kroech Fen efteren biten It boartersplak Yens krús ’t Kaem oars ’t Ald wyfke en hjar blommetún by Koekherne Stil lok De twa bûrljû Doom’né en de man mei de kroade, op Sneintemoarn Libbensgong Op Boksumerdaem Net to hastich Neitinken oan yens jongwêzen De swarte man Dwaen is in ding De snie en de stoarmweinman Protters en flinters De earme en de rike man Gjinien forgetten Yen der by del jaen In forgetten boarger Waeromslaen De bouman Unpesjintingens Foarút Yen goed bitinke De man en de hjerst De ploeyer Op ’t tsjerkhôf Nei omheechens Forlangst nei de Maitiid Op syn tiid It reaboartsje It koe Jildoerwinnen en ’t bliûwe litte moatte It lêste
DE SKEPPING
Oars wier der neat as God. En bûten Him wier alles leech en tsjuster. Der wier gjin ljocht, gjin tiid, gjin hjoed, gjin jister, En út it neat rôp de Iwige al Dat!
Gods Machtwird rôp, út neat de Himel en de Ierde, Der sweefde oer de wetters hinne, de Geest Gods, De Alpha en de Omega, fen it Hielal de Rots, Dy de Ieûwen trôch Syn Albistjûr ’t scoe liede!
En God de Almacht sei derop: „Ljocht scil der komme!” Op slach wier alles ljocht; it strielde troch ’t rounomme!
En de Folmaekte seach it Ljocht; It ljocht wier goed. Dat wier de Dei, dy foartoan alle tiid bistjûrt.
God sei: „It Ljocht, dat scil by my „Dei” nou stees hiette, It tsjustre „Nacht”, sa ’s skieding ta in fêste miette.”
En Joun hie ’t west en Moarn do: sa De Earste Dei; En ta de dei fen hjoed folgen hjà ’n koarren nei.
„Der scil ek skieding komme”, wier des Skeppers oarder, Fen Wetters: In Utspansel fen de Wetters waerd’ er.
En boppe en ûnder dat Utspansel wier der romt, De Twadde Deis: ’r wier Himèl en wier Ierde, komd.
En God Dy joech do namme, „Ierde” oan it Droeche, En Seeën oan de Wetters, dy by ’n koar Hy foeche.
Syn wysheit seach al ’t oer, dat Alles goed waen wier, Al ’t jinge dat Hy makke en troch Syn Kreft bistie.
„Myn Wil is”: sei derop de Almacht fierder, „Dat de Ierde út sied foartbring’: gêrs, krûd, beamt’,” en it wier der,
It gêrs is útsprút, der fen waerde grien de groun, Krûd, Fruchtbeamt, nei syn aerd, hie al syn plakje foun.
Sa seach de Tredde Dei ho op de nije Ierde, Gods wirk folmaekt waen wier omt alles woechs en tierde.
En de Formearder fen ’t Hielal, rôp ’t gouden Ljocht, Bioardre, dat it skynde en ljocht en tiiden brocht.
As ’t greate Ljocht rôp Hy do op de gouden Sinne, Dy ’t deiljocht de ierde joech, giet glânzjend der oer hinne.
En fierder dat yn helten de foarroune tiid, Dosdanich dat de dei him fen de nacht ouskiedt.
En for de Nacht joech God de Moanne oan de Ierde, Dy en it Stjirte nachts, hjar stille glâns útspriede.
En dat ek yn al ’t wetter, warber libben wier, Fen Koraeldjier ta Walfisk, yn al ’t Wiet’ bistie.
Dat al it Fugelgûd hast himelheech nei boppen, Syn Skeppers Lof en Ear yn blide sang útroppe!
Rounom dat der sa wol yn Mar as Oceaan, Elts nei syn aerd yn ’t wiet, oan Gods bifel foldwaen.
Sa ek rounom it fûgelt mei syn flugge wjokken, Sa ’t ynjown is op groun ef op ’e beamtetokken.
„_Myn_ Seine jow ’k ta ’t al”, sa as God sels it sei; „Fordûbblj’ jimme faek”. Sa wier ’t de fyfte Dei!
Fé, krûpjend en wyld djiert’ kaem do út Skeppers hânnen, ’t Foun plak, elk nei syn aerd, yn ’t wiet, op groun en lânnen.
En God seach oan al ’t Jinge, dat formear’ Hy hie, En seach ho nei _Syn winsk_ it súver alles wier.
God sei: „Oan ’t Skeppingswirk ûntbrekt mar mear de Minske”, „Ik ha nei ’t Byld fen My him tocht en sa him winske!”
Oer ’t jinge yn ’t wetter is, oer ’t fé is syn biwâld, Oer ’t fûgelt yn ’e loft, ’t jinge op ’e groun tahâldt”.
En nei Gods eigen Byld ha ’t Hy ’t forordinearre. As Minsken: Man en Wiif, hjar Beiden sa formearre.
Hy heth Syn Sein’ hjar jown: „fordûbblje jimme „Pear”! Oer fûgelt, fisk, oer djiert ha macht, wêz der oer Hear!
It sied dat fen krûd komt, allike folle hwerre, De fruchten fen al ’t beamt’, dat is for jimme ornearre”.
Mar ’t fûgelt yn ’e loft, op de ierde al it djiert’, Ek ’t krûpend gûd is ’t jinge Ik ’t griene krûd ûnthiet.
En niks as ’t wier folmaekt ’r op foun God oan to mirken; ’t Wier _goed;_ ’t wier _tige goed_, Gods greate Skeppingswirken.
De Seisde Dei syn Joun, syn Moarn hien ’n Beide er wêst: De Saunde heth God sei, „dy is bistimt ta Rêst”.
Der, hwer it gouden Sinneljocht, De Nije Ierde ’t earst oertsjocht, Oer Ceylon giet, ef Kashmir’s dal, Hie God, de Hear yn Eden al, In Lusthôf plante, hwer fol kar, It stoe fen Apel, Perzik, Par, Tomiette ’t each fen fierren blonk, To teppen en to priûwen wonk, De Druveranken woellen hjar, Om Palm en Ceder, bar om bar; Om Tamarinde as Klimop, Fol swiere trossen ta de kop, De Oranjeapel, de Citroen, Waerd yn hjar gouden pracht der sjoen. De Breabeam skâde wiid en siid, Hwer Baobob as Reusbeamt’ stiet. De Figen stean nêst de Banaen, Dy trou de Pisang selskip dwaen. Der steane Sycomoren nêst, Lianen hekje er hjar oan fêst. It Moerbeibeamt’ fen fruchten swier, Hat by de griene Olyfbeam tier. En Palm oan Palm mei hege Krún, Sa kearsrjucht boppe Edens Tún. De holle rekt yn Waeiersfoarm, Nea skodde ef bûcht troch Noardske Stoarm. Ién Palmenwâld, de Kokosnút, Komt foars ta ’t tsjokke bledgûd út. De Dadels teanden ûnder ’t grien, Dat hja al lang oan ’t rypjen wiern’. Der giet in Amme fen ’e wyn, De Waei’rpalm troch, en slept er yn.
Ho heech dy Kokospalm der stiet! Mei pounswier frucht, sa froedsumswiet! It waeksjen, dat stiet der nea stil, Is mar de fruchtbre rein op til, Komt nêst de ripe frucht wer blom; In wieroakswalm is ’t yn ’t rounom.
Der hwer opdraecht ta hichten ’t lân, Der seamet breed in blommerân, De oergong: ’t wirdt ién blommesé! Heech Oleander! Aloë! Dy selskip oan Magnolia, En oan Oranjebeammen ha. Der ’t stees op nij oan ’t bloeijen giet, Yn rea, yn pears, yn blau, yn wyt! In lân der min gjin winters kin, De Roazen stees oan ’t bloeijen binn’. Hjar geur it hiele Hôf trochsweeft, Gjin blossom for de froast ea beeft, Op hege Stingel ’t Leeljèwyt, Hiel ’t jier troch oan it bloeijen giet, Fremdsoartich moai de Orchidée, Meidocht yn hiel de kleurensé. Hwer de amme fen de moarn oertsjocht, En as it wetter baerjen docht. Sjoch ho al ’t moaist fen Sarons Roas, Him útspraedt oer ’t Pears fen Tyloas.
Der is de Christusblom[1] ek groeid, En heth er ’t earst fen allen bloeid.
[1] Helleborus niger. Dy bloeit sims al om Krystiid.
De ûndergroun _hiel_ ticht biset, Mei blommekar, hweryn min heth, De Crocuspracht yn de iere tiid, Blau, wyt en giel nei wiid en siid, Hwer nei, de tiid fen Hyacinth, Fen Tulp en fen Narcis bigjint. Troch hiel de Kleurengamma ’t giet, Sa ’s dan ’t yn ’t fjild to pronkjen stiet. En earder net ophâldt der mei, As ’t Anemoonmoais ’t gean hjar sei. De Aurikelpracht troch ’t sappich grien, Yn donkre kleur komt mei hjar skien.
Hwer de Revier fen ’t Parradys, Dy ’t fochte oan ’t beamt’ jowt, dat ta spys, Foartbringt, nei dat dy drinkt al ’t krûd, Yn Fjouw’rn, den nei ’t rounom stjûrt, Der stiet „_de Beam des Levens_”, heech! Mids ’t oare beamte yn it leech’, Fen Kennis, dy fen Goed en Kwea: It Byld fen Libben en fen Dea! En der it wetter oer in rots, As libjend sulver mei geklots, As Rhytmus ta de Melody, Fen ’t Wetterliet sa stroamt foarby, Sa froalik nei it Dal tabrûst, Nea wyld, mar sjongend njeuntsjend rûst, Der wiûwe bônte Eulalias; Yn ’t wiet de wite Nympheas; Irissen yn hjar Galaklean, Nêst Juccas sjocht min heech der stean.
Hwer, ta in Fiver, ’t heldre wiet, De boijem djip útholje liet, Der waerd it wetter lyk kristal; Der boartet yn, in Goudfisktal, „Victoria Regina’s” skâd, ’t Honk fen dy gouden wetterwrâld. It Bamboes sjit mei foarse skoat, Omheech as wier ’t in rjuchte loat, Stiet der yn ûnousjenbre trop; De kolobrietsjes rêste er op.
Der is gjin nacht, mar Sinneskaed; De Stjirren folgje ’t Sinnepaed, De Moanne wiist dy den de wei, En kuij’re ’t Deiljocht efternei.
En fen de Himelhichte ôf, Bliûwt nachts ’t ljacht boppe Edens Hôf. De Wyn, dy Amme fen Natûr, Komt sims en ljeaflik droamen oer, Fen blommeglâns en fûgelsang, En rept him út de palmblêdstwang. Giet as op flugge Ingelwjok, Hiel Eden troch fen tokke op tok. Fen Filomeel is ’t andert den: In Hymne en Lofpesalm er fen.
De Nachtegaelen hawwe er net, Fen Sliep en rêst hawn ea forlet, Mar hâlde kreft yn kiel en mirch, Fen ’t Juichen ta Gods Lof nea wirch.
Hja sette yn hjar: „Hallelujah!” Hiel ’t fûgelkoar docht den der ta!
Der sweeft oer Blomte en Tokkegrien, As ’t libjendje edelstientsjes wier’n, It fûgelt, hjir as sulvren stjirt, As sweevjend goudblomt yn ’e fjirt’. Dat boartet yn de heldre loft, Ynein nea, sûnder rêst en skoft. Dat ken hjar Hear en Master sa, ’t Fljocht alles ringen op him ta, Fen lichte en hege beammekrún, As Adam yn syn wûndertún, Wirdt mirken op syn kuijerpaed, Ef rêst yn it Papyrusskaed. Hja kenn’ him as fortroude Frjeon, Binn’ boartsjend op syn skouders kleaun, Sa by syn earrems stiltsjes op, Rêste oan syn foetten strak in trop. Gjin freze leit er yn hjar hert, Neat is der dat hjar smert of let. ’t Eekhoarntsje út syn hege Iek, Is ’t dy der effen ek delstriik; By de oaren net wol ûnderdwaen, De Frjeon in frjeonskipsblyk to jaen. En met de Lieu, it keningsdjiert, Adam, as dy to kuy’ren giet, Dy streaket Adams rjûchterhân, Sjocht Adam oan as hie’r forstân. Gjin skou dier giet er út ’e wei, Gjin nêst him lâns ef efternei, Ha yn syn bywêzen sa ’n skik, En witte neat fen eangstm’ ef skrik.
En „Frede op Ierde” wenne der yn Eden, God hie de earste Minske Adam ’t jown, Dat hy der wenne en ’t hoede al hiel yn ’t roun, In lokkich Bern allyk, dat soarch net kent ef neden.
Hie kar fen alle fruchten dy der ripen, Al ’t jinge hwet bigearde mar syn hert, Gjin swit er om; it lei sa mar for ’t gripen; In Jefte Gods, sa wier’ yn Eden set.
Ién útsondrinch woe God der oan forbine, God sei: „Yt fen dy Iene Beam my nea; Ién Beam allinne: dy bliûwt stees _de Mine_.”
„As fen dy Beam jy ite, moat Jy stjerre; De Beam der Kennisse, fen ’t Goed’ en Kwea, Der fen scil Jo gjin fruchten tabihearre.”
De Hear heth fierder spritsen: „’t is net goed, Dat hy, de Minske op ierde, bliuwt allinne; Sadat foartoan mei hjar Twabeiden binne, Malkoar’ ta help, by ûnk, gefaer en noed.”
’t Jing’ wier oan fûgelgûd en fjildgedjiert’, Troch God yn wêzen roppen wier, mei Amme; S’as Adam, de Earste Minske, joech oan namme, Sa scoe al ’t hiette, sa as Adam ’t hiet.
Dy wist for alles Nammen út to finen, Mar for himsels hie hy gjin Help yett’ foun, ’t Jinge oan syn Eigen, ’t him wist to forbinen.
Mar God liet him net sûnder help allinne; Nei djippe Sliep, seach hy syn Libbensboun, Mei tankjend hert útropjend: „Myn Manninne!”
Do briek de kostelikste moarn, Dy de ierde ea seach for ’t minskdom oan.
Mei ’t Adam nou de sliep út heth, Is ’t earste ’t jinge syn each met, Der nêst him, hja, syn twadde Ik, En hy bisout, wirdt bleek fen skrik, Hjar eagen sjen net, binne ticht, Gjin laeits fljucht mear oer hjar gesicht.
Sa’s jisterjoun it mei hjar wier, Do’t hja sa fleurich nêst him stie. Fen eangst, fen rouwe en fen wea, Skriemt hy: „myn skat, myn Al, is dea.”
Der komt in Fûgeltsje yn skiere klean, Sa mei in swaei foar him to stean, Sjocht den de Frou, den him wer oan, En seit him swijend, sa „Goemoarn!” Sjocht dat hy sa mistreastich is, En mirkt dat eat is mei him mis.
Sadré komt ’t each fen ’t fûgelbern, ’t jong Minskebyld goed oan te sjen, Kliûwt op hjar boarst, harket eft hert Yett’ slacht, yett amme heth ef net. Ef ’t Skeppingspronkstik nei ién dei It jonge libben al ôflei.
En ’t fûgelbern heth gau fornaem, Dat ien en oar fen ’t sliepen kaem. Mei ’t Brïlloftsliet set ’t Gealtsje yn. Meiien falt de earste Sinneskyn Op ’t antlit fen ’t moaist Frouljuesbyld, Troch Sinne’s earste blik bistrield.
En iepen gean ’t moaist éagenpear, Hwer ’n Himel yn leit, ljacht en klear, En Adam is it, nou Hja krekt, Hjar moaije lea in bytsje útrekt, De eagen opslacht, him oansjocht, Dat Hy op nij hjar habbe mocht.
Der stiet hja yn Hjar Jonkheitsmoarn, En laket blier Him stees mar oan, En mei de Himel yn it hert, Kin sêdsjen hy oan Hjar him net.
Gjin moaijer minskebyld hat er, Op ierde wêst, gjin tsjepper lea, Gjin sêfter, blider eagenpear, As dat sjoen waerd, hjir dizze kear. ’t Wier as de loft noch blauer wier, It beamt noch griener bledden hie.
De Swietroak fen it bloeijend Blomt, Noch ljeafliker giet troch de romt’. Gjin blomknop dy net iepen giet, En sa opslach to bloeijen stiet. Hjar giel en wyt en rea en blau, Hjar moaijste moai fordúblje nou.
It is for ’t earste Minskepear, Hjar blide ynkomst ta hjar ear. Adam, Kening, syn Keningin, ’t Ryk sjen lit, nou for ’t earst s’er binn, „Myn Skat”, seit Adam, „myn ljeaf Bern, Kom lit ús nou al ’t moais bisjen, Gean wy de hearlikens ris roun, ’t Jing’ my ús Ljeaven Hear heth jown.”
’t Jing’ libbet yn hiel Edens Hôf, Komt fen ’e heechste tûken ôf, ’t Jing sjongt del, nei it blommich paed, Hwer Adam nou syn Wyfke laedt. It is it moaijste Brilloftsliet, Dat fen de ierd’ nei Boppen giet. Gjin sjongerke dat net meidocht, Dat net mei ’t wyfke er hinne tsjocht. Nou earm yn earm en hân yn hân, Se oankommen sjen troch bosk en lân. De Darteldou wipt fen hjar nêst, Dat op in hagetûkje rêst.
For ’t jonge Pear roekoerje drok, Fen „Minskepear!” Jimm’ Seine en Lok”. Op ’t skouder fen ’t jong wyfke set, It Douke Hjar, de Doffert heth, Syn plakje op Adams skouder foun, De Flinterprael draeit al yn ’t roun, As sweevjend Topaes en Saffier, Om ’t Pear; rêst út op Wyfkes hier.
Sjoch, hwa hjar tsjin hjar hântsje oanflaeit? In Lamke, dat’s oer ’t Kopke aeit, Der nêst de Lieu mei syn Lieûin, De Tiger mei de Tigerin: Hwer ’t lêste Skeppingswûnder giet, Dat folgjend, ’t skienste ’t jing’ bistiet.
Hja wiernen lokkich en tofreden, Sa meinoar ’t earste Minskepear, Yn ’t Godd’lik Parradys, yn ’t Eden, Gjin hertstocht en gjin winsk nei mear.
By dei wier ’t, dat hja God stees metten, As ’t wyntsje kaem en dat by setten, Troch ’t Hôf farde ef yn ’t Palmbosk wier, It Minskepear to harkjen stie, Fen djip ûntsach dy Beiden skrilden, As ’t bopp’ hjar kaem yn Edens fjilden, Mar mirken hja, dat it Gods stim, Wier, hien’ gjin freze hja for Him. Gjin boaze geest, wier er fen ’t kweade, Gjin aerd ta ’t minne, ta’t forkearde; Wyld Djiert dat bloed fen ’n oar net roek. ’t Lam koe him nêst de Wolf delflije, Gjin Earn scoe ’t jonge Réke krije, Mar elk it plak fen de oare mije, Gjin Leviathan yn de Sé, Ta’n skoat nei bút om dea nea ré.
Mar der kaem drang nei it forbeane, Ta ’t jinge ûntsei wier, dat to dwaen, Bigearte der ta, hwer ’t oars nearne, Forbean wier, der nei ’t each to slaen. En as Symboal fen ’e heechmoedsdivel, Kaem der de Slang’, ’t forgif fen twifel, Oan ’t Wiif opdringjen tsjin ’t Gebod: „De Beam, Dy ’k midden yn ’t Hôf sette, Kom der net oan, yt er net fen”, sei God, Oars moat jimm’ jimm’ nei stjerren sette.”
Stees bleau de Slange op ’e loer. Sei: „Dat komt jimme alhiel net’ oer,” „En”, sei de Slange, „der fen t’ iten, Gean jimme eagen op, for Witen, Witt’ jimme it Goede „Goed”, to hietten, En ’t kweade „Kwea”; dos ûnderskie En wirde as God _is, jimmer wier_.”
En hja ha der nei liend de earen, Joech ta oan de Eagenlust: ’t bigearen, Forstânich meitsjend tige wiis, En tagelyk ek goed for spiis.
Hja heth it heech Gebod forgetten; Frucht fen dy Beam nomd; iet, joech Adam ek; Hjar eagen oan nou ta, yett’ sletten, Waerd’n iep’ne en teanden hjar hjar brek,[2] En do hja God, hjar Schepper metten, Yn ’t wyngerûs, binn’ hja tobek Gong, hjar forskûljend, ta ’t fen Boppen, It „_Adam! hwer binn’ Jy!_” kaem roppen. En beevjend sei do Adam; „’k Hearde, Hear, Jou lûd, Hwent neaken fiel ik my en derom beeft myn foet.”
[2] Dat hja neaken wierne.
En derop sei de Hear: „Hwa, Adam? die to witten? Jo? dat Jy neaken binne? en wier it net to litten? Om fen dy Beam syn frucht to iten dat net mocht?” „De Frou, dy ’t Jy my joegen, heth my der ta brocht,” Sei Adam. God sei; „Frou, ho koen’ Jy der ta komme? „„Op oanstean fen de Slang, my folgjend yn ’t rounomme”;” „Ik net” sei noch de Frou, „dy heth it earst bitocht.”
„Dou Slange”, sei de Hear, „dou bist der om forflokt, Omt troch dyn listigens dat freeslike is lokt. Ta greate fijân wirdt de minske dy fortoan.” „Jou swiere straf is: Frou, omt Jy ’t sa ha fordoarn, Moat Jy safolle smert troch ’t libben tille Dat Jo mei wea jou Berntsjes berne wirde scille. Mei langstme nei jou Man stees wêze, nei jou Hear.”— „Jy Adam omt Jy meidien ha oan ’t kweade, Jou Frou neifolge hawwe, yn it forkearde, Nou nimt it libben ek for Jo in kear. Jou libben is foartoan in onophâldlik skrippen, Jou swit komt fen Jou holle rjú to drippen, Nei ’t sin op ierde krije Jy it nea. En de ein der fen is op it lêst de _dea_.”
Omt fen Hjar allegearre as Mem, de minsken stamme, Joech Adam do syn Frou, fen Eva, Hjar dy namme.
De Hear spriek fierder: „’t giet net oan, Nou ’t minskepear troch hjar fordearren, It ûnderskie fen Goed en Kwea nou wit mar skoan, En fen de libbensbeam wolle ite om net to stjerren, Derom hjar ’t plak ûntsei; hja binne nou to wiis, To bliuwen langer hjir, for fêst yn ’t Parradys.”
En slúten waerd do Edens Poarte, Op ’s Heechstens oarder nei ’t de Hear, Oansei hie, ’t earste Minskepear: „Jimm’ scil it Parradys forlitte moatte.”
Dat nei de Libbensbeam de wei, For nimmen foartoan iepen lei, En God rôp derop Cherubim Krige oarder der ta, sa fen Him!
Forweesd, ûntdien mei delsleine eagen, Dy hiette triennen, swier oerteagen, Gyng ’t Minskepear syn lydenswei, Nei Gods Bifel dat frjemds tomiette; Der nei de ûnbikende fierte, Hwer nou hjar nije takomst lei. Om út de ierdboijem ûnder switten, Hjar fiedsel tusken toarne en kjitten, To siikjen, om sels t’ iten ’t krûd, Hjar libbenstiid sa út to mjitten, Mei smert en folle ûnk yn ’t moed. Fen ’t Parradys, lei ’t yn ’t forline, Lykwols oer swierdre Lydenswei, Al wier ’t ek dat noch safier ’t lei,— _Ien_ scoe it Paed torêch dochs fine, Al wier ’t ek tsjin de heechste priis, It nou forlerne Parradys. ’t Forlerne Parradys, dat Ierde, En Himel, ieuwen lang moast skiede, Tadat _Ien_ kaem út Eva’s sied, Dy sa God iens ûnthiet, de Slange, Hjar kop den to formoassljen hiet; De Godminsk, komd fen ’s Himels hichte, De skild fen Adam, _die_ toniett’. Nei Hwa al ieuwen wier forlange, Fen de earste ou, ta letter tiid, Der del ta kaem, nei Ierde’s lichte, Dat neat mear Ierde en Himel skiedt. ’t Forbant fen Doar en Mûrre ûntwrichte, De Parradyspoarte iep’njen hiet.
Februari 1912.
IT VISIOEN
Grytsje en Antsje, sisters, njuggentjin en sauntjin jier, Yn ’e folle fleur en bloei fen ’t jonge libben, Binne op paed nei hûs ta, wei komd fen hjar sibben. ’t Wier eat let waen yn ’e joun, hwent dy wennen ridlik fier. Gâns in rek wiern’ al de dagen oan it koarten, ’t Wier ûnlijich waer, reinbuijich gâns, by hoarten, Yn ’e tsjokke buien needwaer, skrousk, sims danich kâld. Mistich, dizich, tsjuster ek: it wier in lytse wrâld. Krekt as dreauwen oer de groun yn greate kloften, Núvre wolkens, oars as oars, fen skoft ta skoften, Sa fremdsoartich wûnderbaerlik swier, ja alles frjemd. ’t Wier as dat er skynsels farden, rêstten yn it beamt’; Yn malkoarren opgien, like ’t loft en ierde, As ’t sa oer de groun dy skiere mistwolk slierde, ’t Paed nei hûs waerd hiele setten wei foar ’t each, Oars as dygjrend net, dat min der yett’ in skyn fen seach.
Mar hwet ’s dat, der komme ljochtsjes út ’e fjirte, ’t Liket as twa Stjirren oan it swirk forsjitte. Dat is ’t lykwols net, hja bliûwe, wirde mar net wei, Den wer fjirder skine hja to wêzen, den wer nei; Ljochtsjes, dy fen ljue, hwa ’t paed net witte en siikje; ’t Is krekt as dat se op Wylde Lantearnen lykje, „Hwet it is”, seit noch de jongste: „’t is in riedsel my, Tige frjemd is ’t, bliûwt it, ik ken der alhiel net by.”
En de jongste fen de beiden seit: „Grytsje! sjochtst’ dy beide ljochtsjes net? Ik wird bang, ik beef lyk as in reid, Krekt as dat eat to bitsjutten heth.”
„Sister!” seit de âldste, „lang ha ik ’t al mirken Wit ho lang ’t al sjoen, né! dat binn’ net de wirken, Dy der minsken by de ein ha, siz ik dy, ’t Is eat oars as oars: dy ljochtsjes jilde my! My! ik fiel it, it giet my oan, my binammen, Sei do Grytsje, de âldste fen de fammen. En de beide ljochtsjes kamen stadich sa en sa, Op de sisters, njunkenlytsen, ûngemirken ta.
„Wêz net bang”, sei de âldste tsjin de oare, Dy stânfastich bleau en net foroare, „’t Is eat, dat allinne _my_ in boadskip bringt, Eat bitsjut, dat yn myn libbenslot him mingt.”
„Gean in bytsje oerside, sister!” sei de âldste, Datste stees foartoan myn rjuchterside hâldste, Der moat romte komme, famke, lit dy ljochtsjes troch, Dat ik oan wearskanten fen my eat mear romte sjoch!”