Part 8
Mei praten scil ’t net flotsje, net mei sizzen, Net op ’e praetstoel; folle, heart der ta; Oars, as yen makk’lik der by del to lizzen.
Switdrippen fen ús holle moatt’ der komme; Switdrippen, dy der tige part oan ha, Ear dat mei rjucht op eat, wy kinne romme.
1910.
DE SNIE EN DE STOARMWEINMAN
Dat kin dat lytse flokje dwaen, Dat earst op ’e reedridersbaen, De izren wjûk t’oubinen leart; Dan nei de izren wei him keart.
Hâld op! al driigst dou mei dyn fjûr, Yn ’t ligchem, en al naemst al foer, Ta lange rekken mei de deis, Hâld op! ropt ’t snieflokj’, mei dyn reis.
De swarte man, dy steurt him net, Oan ’t flokje, dat him laeitsjend seit: Dat hy nei ophâlden him set.
Der stegert ’t izren hynsder heech, Nou de earste sniedún foar him leit: Dat lyts wyt sniegûd brocht’ to weech.
1909.
PROTTERS EN FLINTERS
Protters ha de gek mei winter, Nou de Sellemoanne is oer, Krekt sa as de giele flinter, Al stiet Maert ek op ’e loer.
Al wol dy ek mei syn buien, Yn ’t jong’ gêrs oer ’t finneblomt’, Mei geweld oan ’t heielstruien, Eart it goed ta Maitiid komt.
Allegear dat folts, dy sizze, Lit it komme, sa it wol, By dat ûnk scil w’ús dellizze.
Protters sjonge út hûndert kielen: „Flinters! blommen! hâld mar fol, By dizze inkle sinnestrielen.”
4 Maart 1909.
DE EARME EN DE RIKE MAN
Dat giet my daegliks op in skrippen, Elts dy der him al ier by jowt, (De Maitiid kaem en ’t lân moast boud): Nou falle er tsjokke bûterdrippen.
De âldstakker, dy syn jirpels binne, Der amper út: hwet is er bliid! Nou ’t buike him foarby net giet: Oer _all’mans_ lân reint ’t buike hinne.
De gêrskes skrippe tsjin de blommen, De âldman syn jirpels tsjin al ’t blêd, Elk hie’r op wachtsje om op to kommen!
Hy, dy pounsmietten jirpels sette, Dy wier mei ’t buike blider net, As hy, hwaens hoekje ’t buike mette.
17 Dec. 1908.
GJINIEN FORGETTEN
Der giet in sniestoarm oer ’e lânnen. ’t Is winter waen mei kjeld en iis. ’t Sit alles fêst mei izren bânnen, Nei bûten ta: dat is in griis!
De sniestoarm komt by ’t slot en ’t húske; Bistoppet rykdom’s roggelân, Mar ’t ikkerke ek biside ’t klúske, Oanmakke nêst de heiderân.
Sadwaende struit de winterhimel, For de earme in waerme sniedún ek, Syn seine del yn ’t wyt gewimel.
Dat froast en kjeld gjin ien sa letten; Fen de earme ’t fjildsje ek heth neat brek; As de oare likemin forgetten.
17 Dec. 1908.
YEN DER BY DEL JAEN
De measten jane er net om dat blommen der bloeije, Dan is ’t hjar goed as mar ier yn ’t lân ’t fé rint. As der mar swiere koarnieren oer it fjild soeije, En ’t melkfé by dagen yn môlke mar wint.
Hja binne fortrjitlyk as simmers yn it haeijen, ’t Omslacht fen droechte ta in reinige tiid. En giet it ris in dei op in reinen en waeijen, Ho ’t den mei mannich yn it moed der foar stiet.
Mar hwerom net rêstich by ’t ûnk yen del to lizzen? Slimmer as slim, man, kin it lykwols dochs nea, En oer it waer mar gjin wird ea hawne to sizzen.
It falt wol hwet ta faek en it komt wol ynoarder. Lytser as ’t like is ornaris de skea, Lit ús tofreden wêze mei de Alderheechste oarder.
Dec. 1908.
IN FORGETTEN BOARGER
’n Forgetten boarger is it algemiene sizzen, Dy heth in rêstich libben op ’e wrâld, En min moat oannimme dat it sa komt to lizzen, For elts, dy him oan dat âld sechje hâldt.
As min ris freget, siz wer leit dy man bigrawen? Wyls ’t hy licht oer it ierdske ûnk yet tilt, As hy yet libbet en in oar seit: „sjoch syn draven, Op de âlde dei om eare en om hwet jild!”—
Fen hiel de wylde wrâld sa goed al as forgetten; Fen sibben en de frjeonen mar bitocht: Dat is it bêste as it grêf oer yen him net heth sletten.
Min kin yn ’t libben alles net ta jinnes meitsje; Wy moatt’ net barne ús oan ’t sinneljocht: Leech by de groun lâns gean en jimmer weitsje.
1908.
WAEROMSLAEN
Onwaersfûgels komme rimpen, Oer, as ’t waer foroarje wol, As de wyn bigjint to krimpen, Streekrich hiel de loft rint fol.
Den seit min „’t wol reinich wirde; En it is al wetterkâld. Snie allicht, min kin ’t pas hirde, Waer wier ’t, dat it net úthâldt.”
’t Waer dat giet altyd by riten. Krekt sa is it minskelot: Den is ’t sjongen, den wer kriten.
Sjitt’ de wyntsjes út nei ’t Noarden, Komt ’t moaiwaer yen hast oer ’t mot, Binne s’ús krekt as ’t lok syn boaden.
Dec. 1900.
DE BOUMAN
Hwa stiet op ’t boulân der to wippen, En twisken beiden sa oan ’t skrippen, Heech, op ’e omploege fûrge der, En trippelt drok sa hinn’ en wer?
Hwa rept him mei syn aerdich stirtsje, En fljucht eat foart om mei in flutsje, Wer del to setten, nêst yen hast, Krekt as it sa, en net oars moast?
Det is ’t ljeaf boumantsje, ’t útfenhûzjen, Sêd waen tadet wer ’t by ús kaem, Fendinne, by it palmensûzjen.
Praet mei bigryplike menearen, To sizzen hie hy ’t him foarnaem, Skrip mar: „gjin spraek mear fen mislearen.”
Maart 1909.
UNPESJINTINGENS
Rint yn ’e wrâld ’t altyd sa net, Sa min it faek it ljeafste heth, Der komme simmers ûnwaersbuien, Om heils ús yn ’t antlit to struien.
Der komme buien yn in trop, Dy hâlde wol den ris wer op, Mar dermei is bidoarn dochs folle, En dat bliûwt sitten yn yens holle.
Der heart gâns ta om heil en wyn, Yn ’t libben goed trochstean to kinnen; Gjin moed forlern jaen, hâldt gâns yn.
Rou waer giet oer de libbenssé, Hwa seit „ik kom der lykwols binnen, It havenynkommen is ré?”
1909.
FOARÚT
Min moat fen ’t libben net tofolle, Forwachtsje, yn yens libbensrin, Hwent swier leit yen it yn ’e holle, As sims it ús net giet nei ’t sin.
Foar ’t folle ûnk wei, en ’e tsjoedens, Kinn’ wy net wei gean, moatte er lâns: Al giet it alles ek om goedens, It bûcht yen del en dat mar _gâns_.
It scil ta bêstens for ús wirde, Sa as it yn yens libben giet; Yn ûnk en lijen wirdt min hirde.
Wy kinne yn ’t slúten boek net lêze, Der ’t elke minsk’ syn lot yn stiet; Mar sa it komt, scil ’t bêste wêze.
16 Dec. 1908.
YEN GOED BITINKE
Hjoed kaem fûl de wyn fen ’t Westen, Krekt sa as it gong langlêsten, Beide kearen sprong dy wyn, Mei in oanrin ’t Noarden yn.
Tipelsinnich binn’ de minsken, Yn hjar dwaen en yn hjar winsken, Hjoed ha hja eat foar hjar naem, Moarn is ’t krekt oarsom just, kaem.
„Soa? mar de omstandigheden, Dienen der ek alles ta”, Binn’ derfen de wiere reden.
Derom! neat foarút mar sizze, Fen hwet sims yn ’t each wy ha. Nimme ’t wisse foar ’t ûnwisse.
10 Maert 1909.
DE MAN EN DE HJERST
It is wyld waer, de loft fol buien, De wyn komt heftich fen ’t Noard-West, As tynge fen it hearkip „Hjerst;” Dy sjocht in man der rogge struien.
Hy ropt; „ho krijt hy ’t yn ’e holle, Hwet libbet, meitsje ik doch fen kant. Hwet is dy sjidder by de hand, Mient hy: hy mei al sjidsje en dolle?
Hy ropt: „Kom gleone tongerkoppen! Bidjer syn wirk, ’t jing hy der die! Kom stoarm, jaen fjûr en snie fen boppen!
Dei him! hy him tsjin my forsette? Smoar ’t sied gau ûnder foetheech snie!” ’t Sintsje efkes kipet, seit: „_Neat lette_.”
27 Dec. 1908.
DE PLOEYER
De ploeijer wit fen luiterjen noch rêsten. Wy seagen him oan ’t wirk der al lang lêsten.— De tyd deaslaen, né dat is net syn foech; Hy wier der al foar wiken mei syn ploech.
Op ’t selde lân al wiken oan it skrippen, Der warber twisken yn oan ’t eidetippen, Docht dat fortúten, sa’n ein, sûnder ein? It fyfte tsjel is soks wol yn ’e wein?
Wy sjen dat oan, mar om ’t goed to bigripen, En min dy man mar yn syn wêzen liet! En wy mei ién healjier ris wer der kipen!
Den sjogge wy der oars hwet, ploech noch eide; Gjin man mei hynsders, dy der mar stees giet: Mar ’t koalsiegûd as lean, yn pleats fen beide.
1910.
OP ’T TSJERKHÔF
’k Sjoch de hjerstwyn troch de deade raeijen, Fen de grêven op it ienlik tsjerkhôf waeijen, Komt by fleagen, grêf by grêf, Siket elke hichte, fen elkmis syn tsjêf. Ja, it grêfbisyk, bitsjut syn foarse gongen: Tikket oan by âlden en by jongen. ’t Is de tynge troch de amme fen Natúr: Dat ek boppe elts, al ’t moaije wer is oer. Krekt is ’t, ef hy stiet by ’t iene grêf gâns langer, As by ’n oaren, krekt as wier hy hjir wer banger, Der wer dryster om to bliûwen, op sa’n sté; Krekt as yn bistân hy stie, ef „ja”, ef „né”! ’t Is ef hy nou út forline, hiel forgetten jierren, Digert yn ’e neikomst, skymr’jend eat fen fierren, Hwa fen âlde kinde, frjeon, ef miichen hjir wol slept, Hwa eat unforskillich wiern’ en oaren ha hjar tige rept, Hwa hjar krús, dat swier woech, hjir opnamen, En ta lange lêst nei ûnk mei sêft gedild ’t ûntkamen, Krekt oarsom ek gûds dy ’t al to swier wier libbensstryd, Net hjar ein ha foun, dy ’t krúsdragen ta de ein, ûnthiet.
NEI OMHEECHENS
Lêz yn it Greatboek fen stjirren en sinne, Sjoch nei de groun net hweryn gau dou moast; Mar slach de eagen nei boppen dou hinne, Earst yn ’e groun giest, hweryn dou giest, hast!
Hwer dou dyn foet setst, is ’t kleien en lijen, Tsjef ûnder dy der en nêst dy, fortriet; Foetangels, stiennen, fen alles to mijen, Ougrounen, djip, hwerlâns ’t minskebern, giet.
Wei mei de eagen fen ’t donkre omleechens! Hinne! der hinne! hwer ’t sinneljocht skynt! Nei dat ûnfetbre, nei ’t skiene omheechens!
Sinnen en stjirren, hwa scil hjar ljocht skiede, Great is de Makker! Dy ’t ljocht oan ljocht bynt! Hwerfen eat is ek ús lyts stikje ierde.
1908.
FORLANGST NEI DE MAITIID
De Maitiid is yn ’t kommen; Sims bliûwt hy efkes stean, In hoartsje ûnder ’t gean, Sa mei syn koerfol blommen, As Noarman mei in fleach, Him dy skûrt fen ’e rêch, Sa rimpen, ûngemirken; En ropt: „gjin blomt en ljurken! Allinne blommen wyt, Snieblomt’ wol ’k; wyt as kryt!”
„Hwet scoest dou Maert, hjir blaue, En giele nou sa ier, Oer ’t hôf syn griene flier, Rjue skodsje út ’e mouwe. Forbjust’re bist dou man! Dou wist der niks noch fen, Dat ’k hiel de nacht scil weitsje, Op alle rúten meitsje, It moaist jewielen blomt’, Dat yen foar eagen komt.”
Fen kant mei al dyn blommen; As dy goefrjeon ’t net past, Datst dou net makkest, dast’ Dy repst om foart to kommen, Jow ’k mei gjin snijen op, Dyn spil, heal, blom, heal knop, Ik ha oan sokke spillen, Gjin niget: ’t binn’ mar prillen! Sjen moarn ta ’t finster út, Moai iisblomt’ op dyn rút!”
Hâld stil dy stroeve winter, Ik jaen om dy gjin byt. Dou praetst fen dyn blomwyt: Ik wedsje: net ién flinter, Dy ’t moarn oer ’t blommetún, Nei ’t giel en ’t blau en ’t brún, Om hunnich der tsjocht hinne, Wol nei dyn blommebern, Alhielendal net sjen.”
Ién nacht, do ’t sintsje slepte, En wylst gjinien it mirk, Do wiern’ jy drok oan ’t wirk, O man, hwa ’t him do repte! Mear as jy frjeon, ho drok! Hast’ ta de achtûreklok! En foart der op, kaem ’t sintsje, Deroan sa mei in rintsje, Dy sei „hwet is my dat? Hwerta dat iisgûd moat!”
Syn roazefingers aeiden, Ut ljeavens sêft om bar Dy blommen efkes mar, Wyl’st hja dy tear sa flaeiden, Fordwoun der blomt by blomt’, Oer ’t hiele finsterromt’, Yn pleats, dat út ’e knopkes, Blau’, rea’ en wite kopkes, Mei swiete roak der kaem, Hie ’t moais in ein krekt naem.”
Mient min: ’t is yn ’t bikommen, Heth min yen der nei set, Dat it nou is biredt,— Den komst mei hagelbommen Torech mids sa’n halarm, Mei tonger sels, en stoarm, Nei ’n wike moaije dagen. ’t Is hast net to fordragen, Sa ’t min op nij den seach, Dat alles moat torêch.”
De klyster kin syn sangkjes, Sa net ûnthâlde man! De Maitiidswiettens fen, ’t Oar jier syn blomreawankjes, En al dy oare nocht, Dy ’t foarjier hie bitocht.— It wyntsje is dochs oan ’t krimpen! Moarn al Súd-West, dan rimpen, Yn ’t waerme Súden dan, Hwer bliûwst do dan, Goeman?”
1908.
OP SYN TIID
Biparkje dyn bigearten ta de lytste miette; Sjoch om dy hinne, ta de alderfierste fierte; Mar tink der by, dat oan al’t ierdske in ein ek komt; Tep derom hwer eat foar dy bloeit it moaije blomt’.
’t Binne allegear gjin trochbloeijers, de moaije blommen, Dy op ’e libbensrin min seach ta bloeien kommen, ’t Komt alles op syn tiid, en is dy tiid foarroun, Dan sinkt dy prael sa njunkenlytsen yn de groun,
De wite wyfkes maitiids, ’t sinneblomt’ by ’t simmer, It daeljegoud reawyt, nêst de asters yn ’e hjerst, Tept min den krekt, dy bloeije ek net jimmer.
Wol min yn ’t libben fen it moaije en fen ’t skiene, Yens part ha fen dat alles, ear dat hat der west, Den moat min each en ear der op syn tiid ta liene.
1908.
REABOARSTJE
’t Reaboarstje is wol ’t ljeafste berntsje, Fen alle fûgeltsjes yn ’t gea. Yn strûk en hage is hjar wentsje, Dat fûgeltsje mei ’t boarstje rea.
Sa minskich is dat protsje fearren, Hwer it ljeaflytse kopke op stiet, Dat súver neat docht oan fordearren, Neat yt as rûpke en ûngediert’.
Is min yn ’t tún eat oan it pielen, Den komt it deun by yen sa mar, Om ús hjar frjeonskip mei to dielen.
By ’t winter moat min it net litte, Nei ’t fûgeltsje om to sjen om bar, Hwa koe mei iten ’t den forjitte!
1909.
IT KOE
Ljurkesang en titelroazen, Snie út blaue wolkedoazen, Set de lêsten, kapen op, Ut dy donkre wolketrop.
Mar de sinne komt ris kypjen, Om ’t biditsen moai to stypjen, Wyls ’t dy wolk fen snie nou skûrt, Seit „nou dat wier al to bot”.
’t Ljurkje sjocht ho fen dy strielen, Ién it blomt’ in partsje jowt, Sjongt _nou_ as út tûzen kielen.
Sjoch! sa kin ’t ynienen komme, Dat it mylde sinnegoud, ’t Wyt weiaeide fen ’e blomme!
1909.
JILDOERWINNEN EN ’T BLIÛWE LITTE MOATTE
As ’t jimmer foar de wyn giet, komt it den wol goed? Welt dan it hert to fêst him net oan dingen, Dy net foldwaen kinne oan it hert en ringen, Yn opstân komme tsjin safolle yn it moed.
Hwa seit ea: „nou! ik ha genôch, genôch biskript”!? Fen tûzen mei ién dat mei warheit sizze, De measten wolle hjar nei mear stees risse, Tadet de dea hjar sa út hjar biwiering wipt.
Mei alle minsken hast, is ’t jildoerwinnen; Dat is de minske hiem en wol syn moaiste wirk, Der op set, heth hy al syn doel en sinnen.
Mar om it mei to krijen as hy komt to stjerren, Dy kinst is útfoun net, troch Christen of troch Turk, Hwa dat bisochten al, dy ’t ek mislearren.
1909.
IT LÊSTE
Swier waecht ornaris yn it minskelibben ’t alderlêste; Jowt trochslach it, de goede kant oer, dan is it „seft rêste.”
Dy foldien is, sûnder hoopjen, sûnder winsken, Him deljowt, is wol lokkichst, ûnder alle minsken.
Ho’n wearaksje ek wy ha tsjin hwat wy moatt’ trochlibje, Wy moatte er troch, ho danich wy er ek tsjin striblje.
Der is gjin útwei om ús lot ea to ûntslûpen, ’t Mei rinnen wêze, gean ef kuierjen ef krûpen.
It giet der núver lâns oer brike kronkelweien, Hwer gjin hânwizers stean’, dy ’t paed foarút ús seien.
’t Rint troch ’e bank wol gledder ou as dat it sims wol like, Al miende min oars, dat min wol hast moast biswike.
It lêste! praet my er net fen ’t lêste, it foarline, Hwet leit net yn dat wird: fortriet, birou en pine!
Hwa wit der net fen mei to praten yn dit libben! ’t Lêst sjen, it lêste wird, by ’t skieden fen yens sibben!
It lêste, dat den nea werom komt, o, dat lêste! Hwa komt it net yn ’t sin: de lêste winsk, nou den „_it bêste!_”
It minskelot rint sa: ’t is skreaun sa yn ’e stjerren: It lêste slút de doar, hwa ’t slaggen ef ’t mislearen.
Nei ’t lêste kin min nea it earste efterhelje, Al woe min mei syn hertebloed it graech bitelje.
„It lêste”, hwet in wird, der is gjin macht op ierde, Gjin keizer, keningin, dy ’t ea tobek mar fierde.
O freeslik wird, gjin omkear’ ho dit wird ús jimmer, Stees seit: dwaen goed jou bêst, nou yn jou libbenssimmer.
Ja! dy hwet mei wêst heth, lang fearn op ’s libbens weagen, Dy stean safolle „lêsten” rimpen wol foar de eagen.
Fen nocht en wea, hwer ’t hert by song, ’t each triennen skriemde, By lok en ûnk, sa great, dat ’t hert it pas omfiemde.
Ho faek is ’t earste moai, ho blinkt yen dat tomiette, Yn gouden sinneljocht, út iep’ne blide fierte.
It ûnk stiet op ’e loer, ornaris ta it lêste; Sjen baes to bliûwen, en derom dochs nearne rêste.
Ho tsjok en mistich ’t ek, ho skout dochs faek ynienen, It roufloers him fen kant, dat w’r’op fordacht net wierne.
Elk krijt in proefke er fen, ef neibij ef fen fierren, Dy ’t libben trochmakket, en kaem mar hwat ta jierren.
Al binn’ wy troch de tiid al foar en nei, gâns hirde, It lêste komt. Hwa seit foarút, honear ’t scil wirde.
Der waeije folle stoarms yn ’t libben, o sa folle! De lêste heth lykwols foarsjoen it op yens holle.