Part 5
De âldermoaiste pastorale, Fen Haydn, Beethoven ef fen Bach, Dy strykt hjirby foargoed de flach; Mei rjucht scil hy der net nei tale; Hjar kinnen giet der by gled wei: Dwaen der nêst as bigjinners mei!
’t Is ef al d’oaren lûd nou stake, In wearklank út it Himelryk, It komt in psalm, in loflied lyk; Dat is natûr hjar heechste sprake, As wier ’t yn himels tale dien, Dy ’t rûst heech troch it beammegrien.
It heth eat fen ’t Ave Marije, Dat min by ’t Roamsk geloawe met, Jouns as it kleasterklokje let, Dat, as ’t oanslacht, al ’t wirk moat swije; Crescendo, Diminuendo’s gong: Is ’t ef op beammewjûk sa song.
’t Sit skoan yn ’t skâd op ’t lytse bankje, By ’t njeuntsjen fen ’e linebeam, (Syn swiete Midsimmernachtsdream), Der twisken skelfink syn heech sangkje, Wylst boppe ’t houtdoupear sêft koert, To hearen pas oan ’t beamt syn foet.
Yn wide greften rint it wetter, Nei dat ’e wyn it boartsjend wol; De hege lânnen stroame ’t fol. De Simmer makket leger ’t letter, In snoek, swier sa ’t min ’t seldsom sjocht, Dy leit er stil yn ’t sinneljocht.
„Moarn”, ’t sintsje is al oer de bosken, Al ’t fûgelgûd is wekker waen, Hjir sjongt it lûd yn hage en toarn’. In keppel protters, dryste mosken, En de eksters ha it wakkre drok’, Mei nesljen yn ’e slingertokk’.
Nou Húsman, stadich oan it skrippen, Jy ha al dagen dien jou bêst, De finne is moai, ’t lân boud: eat rêst. Gods wolkens bringe bûterdrippen. Hark ho it reint, it dript sa lûd, Nou op jou gêrs, oer blom en krúd!
’t Is de foarhearing fen jou bidden, De seine op jou oprjuchte bea. Ha oan Gods ginst, net twyfle nea, Nei it dienwirk mei wirge lidden, Forgees heth net jou skrippen wêst, Fortsjinne wol is nou jou rêst.
Yn ’t mêd troch dauwe yet’ oerditsen, Leit ’t melkfé yn in bonte trop, En op ’e melkers lûd gerop, Ha ’t fé de koppen sleau opstitsen. Drok nou oan ’t melken, speet by speet, Trochmelke stees fen ou de meet.
De hiele tiid by ’t sinnekliûwen, By ’t sinnedelgean, oan nou ta, As folle ljue ek smjûcht ’r op ha, Om op to jaen, nei ’t bodsjen, driûwen, De holle is swier, de lea binn’ wirch, Stiif de earms en slûch troch fleis en mirch.
’t Heth syn bikomst, ’t jing’ minsk oan de ierde, Heth kepp’le for syn ierdsk bistean. Hy heth fen de ierde hjoed wei ’t lean, Biskript; de jounklok mei nou liede. Nou freget ’t heechre ek syn rjûcht, As ’t each oer alles hinnetsjocht.
Der riist út djipten fen syn siele, Al útert him ’t net yn in klank, Sa’n tins fen lof en stille tank. It lit syn tank’jend hert him fiele, Dat al syn skrippen hjoed omfoech, Fier boppe winsk en bea bisloech.
Derfor de Jower fen al ’t goede! De tank, dy ’t Him der for takomt, Op ierde en yn alle romt’, Dat Hy ’t al liede woe en hoede, Mei wysheit it foarsoarge heth; ’t Untbrekke liet oan ’t need’ge net.
Fen Maert ou wiern’ jy al oan ’t skreppen. Do ’t waer sims noch sniebuiich wier, In „Wite Peaske”, de moarnsier, Ho seach min jo de lea al reppen! De foergen blikten, waerden skier, Fen do ou brochten jy it fier.
It koalsied stiet yn goud to bloeien, De greide is giel fen hynsteblomt’, De ljippen wjokkelje oer de romt’, Wylst swealtsjes twisken yn der soeie, De wyn Noard-East, dei út, dei yn, By heldre loft, fol sinneskyn!
Yn kearsljocht pronket de kastanje, Op griene kand’lers hearlik skien; De sulvren bjirk heth ’t moaiste grien Oanpast, it floddert d’r om as franje. Line, iek en wylch meitsje in lyts wâld, Om ’t hûs en lizz’ ’t alhiel yn ’t skâd.
’t Is yn natûr as yn de herten, Der giet in stimminch troch natûr, De gloed fen ’t oansteand Pinksterfjûr. (Wol yn de takomst noch bisletten), Lykwols in foargefoel, sa eat, Wirdt de natûr hjar stim ouheard.
De greate dei komt oan ’e kimen, Sjocht bliid de wachtsjende ierde oer; En dielt him mei oan hiel natûr. Troch ’t folle bledgoud rûst de hymne, As ’t liet fen de iere Pinkstermoarn. As ’t kaem fen boppen op ús oan.
Wy hear’ ’t foarbygean yn ’e twigen, As de Amme fen Gods Albistjûr, Al sjogg’ wy net it Pinksterfjûr, Op de apostelen delsigen, ’t Is as ’t oanheljen fen ’e wyn, Fen de earste Pinkster eat hâldt yn.
Dr’is haeit, moainjealtsjeparren ripen! De boekweitswietroak ha jy rûkt, It is sa nei de Hjêrst ta lûkt, De Risping’ barge yn golle en kipen; De heilbui en de snieflok kaem, It slagge ’t jing’, min ûndernaem.
Fier leit de tiid fen blom en flinter! By jountiid raest de stoarm om ’t hûs, Dy skoert oan pannen en oan de oes; Alhiel op komst is al de winter. Lykwols nei de ienlikens op ’t lân, Skynt Bethl’hem Stjir oer kimens rân.
1910 en 1911.
GODS LOF YN ’E NATÛR
O Hear! Jou wirken dy binn’ great! Mei wysheit makke binne hja, Derom o siel! ha each derfor, Troch Him allinne binn’ hja sa.
Dit is in moarn sa seldsom moai! Natûr, ién ljochtsé, sinneskyn Oeral: yn herntsje, yn gloppe, yn skreef. Blêdrûzjen yn ’e bolle wyn. Gods „lof” sjongt it troch hiel Natûr. Dy ’t fetsje kin, dy kin ’t forstean, Dy ’t siket oan Gods fêste hân, Dy wirdt it ta ien kostlik lean.
Ién solo, dy it Gealtsje oanstimt, Ién duo, nou mei klystersang, Ién trio, om ’t it ljurkje ynfalt ’n Kwartet: fjourstimmich, breed en lang, Hwer ’t earst yn lange rythmen giet, Nou ’t finkje er by de fjourstim docht, Fjourfierde gong, seis achtste miett’ In sang fen lof, fen wille en nocht!
Yn loft en wâld, troch ’t romme fjild, In symphonie, dat fûgelliet. Folleard yn majeur en mineur, Is ’t koar, krekt as ’t fen sels mar giet. Staccato’s en triolen gean, Heech boppe boune andante’s út! Ién allegretta komt sims foarst Mei in retardo ta bislút.
Den komt op nij, oar sjongersfolk, En set mei nije wizen yn; De hiele sjongerswrâld komt op; Sjongt op ’e rythmus fen ’e wyn; De cithers fen it griene wâld Dy slagge er as fen sels troch oan: In hildepsalm ta ’s Hearen ear; It greate loflied fen de moarn. Dat rint de gamma ’s lâns en lâns, Chromatisch mei- en tsjin de gong’, Mei krúsen _op_, oer mollen _del_. ’t Is Skeppers eare, ’t jing’ elts song.
Heech giet de sinne! Klear fen de moarn, Nei steatlyk stiigjen, Mar oan en oan, Nei himels heechste! Dy hinne er teach, Om ’t oersjen de ierde, Dat Himeleach!
De blommen rekke, Hjar út en út.... Sa heech hja kinne Nei ’t gouden Súd, Dy draege hjar kopkes, Sa elke blom, Stees mei it roungean, Fen t’ sinn’ljocht om. ’t Giel’, blaue en wite, Hwer dat min sjocht Komt nou for ’t earst ris Goed ta syn rjûcht.
Sjoch my dy leeljes! Sa ynwyt skien, Heech op hjar stingels Krekt as dy’r wiern, ’t Biskie ús to dwaen, Fen ’t Bibelwird, Do’r op doeld waerd, It ús bitsjut, Dat al ho hearlik, ’t Wier mei de prael, Iendris fen Saal’mo, Dy der gjin hael Oan hie, by ’t moaije Fen ’t leeljewyt, Dat boppe er út rikt, Fier boppe miet’.
Ja! al dy glânsen Fen edelstient’, Binn’ fen ’e sinne Hjir ûnder liend. ’t Blinkt al tomiette En rept him sa, Al, ’t jinge in wjûk heth, Wol der nei ta. Ljocht, myldens, libben, Strielt der fen ou, Lûkt fen de ierde, ’t Libben op nou!— Alles ’t jinge amme, Heth yn syn boarst, Fielt yn syn binnenst, Dat it parfoarst Utrinch ’r oan jaen moat, Dat him op ’t hert, Dat him sa heech’ leit, ’t Swije kin net!
t Gealtsje yn ’t flearhout, ’t Skelfinkje yn ’t hôf, ’t Ljûrkje yn ’t bûtlân Binne net doaf. Likemin ’t ljipke, Ek met de skrie, Boppe de petten Elk docht biskie: Sjongt Psalm njug’ntjin, Dizze kear foar, Mei hûndert fjouer, Yn ’t greate koar.— Hwent de Opperpreaster, Hjir, Gods natûr, Ropt op ta tsjerkdei. Stiek ’t offerfjûr, Oan op ’e blommen, Oan op it krûd, Dat ’t altaer ierde, Wieroak joech hjoed.
Hark mar! de sjongers! Hiel ’t ierderoun! Prizet de Skepper! ’t Blomte op ’e groun, Bûgt him troch ’t wyntsje, Knibbelt foar God! Alles is fleurich, Bliid yn syn lot. Tsjûcht fen Syn greatens, Fen Syn bistjûr, Dat stees Syn antlit, Weitset der oer. Wekker myn siele! Riiz op, sjoch roun! Prysje jou Skepper Ek, fen ’e groun! Sjoch op nei boppen! Nei dat great Ljocht! Ho ’t der wei strielet, De ierde oertsjocht. ’t Ofskynsel is it Fen Him, dy ’t sei: „Ljocht scil der wêze!” En op ús wei, Strielet stees weroan, Yet ’t selde ljocht, Dat iens Gods machtwird, De ierde heth brocht. Ja, nei dy Sinne Opslaen it each! Bringt yen yn ’t herte Fréde to weach!
Warber der ûnder de minsken, As ’t bijefolts danige drok, Eltsien oan ’t skrippen oan ’t bodzjen, Fynt deryn syn wille en lok. Wit dat pas mar to omfetsjen, Stiet hy der foar dizze kear, Moat djip út syn hert wei roppe: Ho great dochs Jou wirken, o Hear! Makke mei wysheit dy allen! De ierde is fol fen Jou goed! Oarder is ’t machtwird oer alles, Hwermei Jou hân ’t stees bistjûrt.
Swier smûgjend giet de amme Fen Natûr oer de wrâld; Hymjend it sykheljen, Stil yn ’t fjild en in ’t wâld. Leech del yn ’t Súdwesten, Skoarret danich de loft, Blauswart oan ’e kimen Komt ’t waer op noch dit skoft.
De wyn giet lizzen, dy ’t siroccoëftich, Fen d’iere moarn ôf fen ’t Súd-Easten kaem; Gjin wolkje oan ’e loft sjen liet, mar grúzich, ’t Súd-West oerteach en it al ’t kleare ûntnaem.
’t Jinge amme hie, dat song de dei tomiette; It ljurkje hie dizz’ moarn ier ’t sliepke út. It swealtsje, foar de dage lang al wachte, Dat ’t sintsje skynde op ’t ûlboerd syn rút.
It woe foar dei en dage al oan ’t nest’jlen, Hwent de amme fen natûr wier ier al myld. En do ’t fen ’t healwei makke, nesje útkipe, Seach min nea moaijer simmermoannebyld!
Skript is de foardei, ûnder de oes op ’t latsje. It kinstich nesje fen de Psalmdichter is klear. De lytse bouljue wirch en ôf, ha nou foar ’t earst ’t biwenne. Ho ha hja mitsle, foege en al sa mear In kinstpaleis fen ûnbihouwen stiente. En sûnder Libanon syn ceders is it goed en wol klear komd.
Der sit gjin goud en sulwer oan as by de altaren; Ho lyts, en dochs syn plakje wirdich by de timpelromt, Stim oan gerêst mei my! op Psalm fjouwer en tachtich, Fers twa, birop ik my en lêz dy wirden nei, En ho neast ’t swealtsje ek it moskje wennet, Ho elts for him fynt der syn eigen wei.
Mei al ’t jing’ libbet, heth fen ou de dage Omt it sok kost’lik bouerswaer wier, skript. Klear moast for beiden ’t nesje, ’t moai krûpyntsje, Ear dat er ûnwaer komt, en kâld fen de oes it dript.
Hja wirde slûch de lytse Bouers, Nou hja útpoeste en sliepe ris, Fen ’t drokke wirk, op ’t appelbeamke Syn slingertûk, nou ’t dienwirk is.
’t Is krekt as leit oer hiel it libben, Hwer dat min sjocht, hwer dat min keart, In dodde, dat gjin sliep, gjin weitsjen, Gjin ien fen beiden tabiheart. De blaue loft is hiel biditsen, De sinne is hast net mear to sjen, It blomt, it beamt’ dat mist de skouing: Ja alles heth syn kleur forlern.
’t Is krekt as komt der fen ’t Súdwesten Ta foarskyn, n’oare fremde wrâld’, In nije wrâld to foarskyn rizen. En set de oare djip yn ’t skâd. In swiere amme fen it wêzen Fen ’e Natûr, komt leech fen ’t Súd Mei lange hoarten bliûwt it wei sims, Blaest gau ’t de lêste siken út. Gjin toan gjin stim is mear te hearen Niks falt mear op ’t ierdryk foar, In ôfwachting hwat der mei komme, Oerkomme de ierde mei. Neat doar, Him roere ef reppe, nou ’t fen boppen Sa freeslik driget. ’t Sinneljocht, It ljeaflik treastlik each fortsjústert Dat nou in swart gerdyn oertsjocht, Tomûk komt noch in boartlik wyntsje, Dat oppe reis him hie forlet, To aeijen ’t roazebeamke yn ’e blomtún, Docht krekt as hearde it der net! Dat boarte mei de roazeknopkes, En teart de blommebledsjes om. In douke wol yett’ ris ynsette.... Ynienen wird’ hja beide stom....
Ién lûd giet dreunend troch de loften, Derfor bynt wyntsje en fûgeltsje yn! En neijer, lûder komm’ de slaggen, Fjûr is de loft fen wearljochtskyn.
’t Is ef fen Sinaï in neigalm, De wearklank is, en Israël, Mei freze en beven alle eagen, Slaen foar Gods Majesteit hjar del....
’t Is ef Jehowa wer fen nijens, Nou túchnis jaen wol fen Syn macht, Hy op Syn wolkenwein oer de ierde, De dei foroaret yn in nacht.
Sjoch de ierde krûpen foar Syn foetten, Fen eangst biswykjen en fen wea.... De eagen hinne, hwer ’t sa driget, As teikens, miskien wol fen dea....
Stees swarter, drigender wirdt ’t loftrom! To boarsten, ’t swartblau, miettefol. Ién streekje ljocht, djip yn ’t Noard-Easten, Oerrinnend ’t oars, alhiel en dol.
’t Is ef de wrâld ’t wer moat bilibje Itjing’ tsjin Mozes, sei de Hear: „’k Scil yn in donkre wolk den komme; Hear den ’t jinge Ik forordinear!”
As wier it der fen de herhelling, ’t Skoert, boarstend boppe as fenien, It freeslik drigend wolkenswiere. ’t Fjûr falt nei de ierde as in stien.
En in bazún jowt der op andert; De hiele ierde beeft fen skrik; ’t Dreunt nei, oer marren en oer seén, Komt wer op nij, elts eagenblik. ’t Is krekt, as David, yn syn Psalmsang, Jehova! „Lof en Eare” seit: De God fen Eare is ’t, Dy tongert, Oer ’t wetter, Hy de Majesteit! Dy mei bazúnen sprekt ta de ierde, Sa fen syn greatheid túchnis jout, Dat al hwet libbet der for weikrûpt, Fen wolkens nije Horebs bout, Oerstimgend al oar lûd sa kreftich, Al rûst de orkaen ek noch sa hird, Dy nou ’t opkommen, oarder kriget, By ’t tongerjen mar pas heard wirdt, Fol kreft Gods stim, fol hearlikens, Dat minsk en dier troch alles giet. Dy Libanon syn Ceders earen,— Hjir de ikereuzen fallen hiet.
Sa dat s’as ’t blomt derhinne sige, Dy ûnderwylst, boppe iepenset, De wolkeslûzen, op syn winken, Dat hja oerstroame: lân en sted.
Mar ’t swealtsje yn syn moai lyts húske, Der fêstmitsle, ûnder ’t pannetek, En ’t moskje, dat der flak by wennet, Bij gjin fen beiden, waerd’ it lek.
En lit de tongerslaggen knett’rje, De stoarmen skûrre oan mûrre en toer; It spiele út sangenblaue loften, Der bliûwt in stil geloawe oer: Elts, dy fortrouwen hat, jowt eare, By ’t dreunen fen ’e ûnwaersstim Yn ’t timpelbou, de Himelkening: Hy bliûwt in Heit: fortrou op Him! Sa ’t moerbeidal yn ’t fiere Easten, Bifochtigd fen ’e Himel waerd, Ut de oppersaelen, dy ’t der soud’rje, Sa tanket strak al ’t nei syn aerd Him! Dy op wolkens as Syn weinen, De greate himmelreizen docht. Hwaens amme as steig’rende orkanen, De wolkens skoert ef bringt torjûcht’: Hy, Dy de wetterhoazen dellit, Mar soarchsum, dat gjin eibertspear, ’t Ién fearke kostet, letsel kriget, Ef ’t swealtsjeblomke, lyts en tear!
Dy ’t nou de poarte fen bilofte, De reinbôge, yn ’t Noard-Easten bout, As de yngong fen ’t lân fen bigearte, Fen hopeblau, fen sinnegoud.
’t Is trochstien, hwerby ’t hert moast brekke, En hiel natûr, dy libbet op. It útert him yn loft en ierde Mei gealtsjeliet en koekoeksrop!
Der giet in harptean troch de romte; It beamlof andert tige sêft As wearklank op dit hillich sûzjen, Hwent ’t is de wearklank fen dy kreft, Dy nys mei tongerslaggen de ierde, Taspriek en dy dêr yett’ ûnthâld, Fen heth, do Sels, de Hear yn ’t rûzjen, Foarbygyng yn it palmenwâld!
Dec. 1909.
MATTHEUS 6:26.
Sjoch! ho ’t hja sjidsje en plantsje, alle minsken, Gjin plak, der net it op in bouen giet. De groun yn ’t sied: dat binn’ fen elts de winsken, Der is it skrippen om, fen ou de miett’.
Der is gjin oar tinsbyld yn al dy herten, Hwer fen de hânnen warber bliûwe deis; Gjin tiid by de iene ef oare om ’t forletten. ’t Giet sa fen moarns ta jouns, sa elke reis.
’t Is ’t heechste, sa as ’t liket, hjir op ierde, By elk is ’t sykjen nei hjar greatste skat, Tadat de klokken jouns de rêstûr’ liede.
For ’t ierdsk bistean mei eide, ploech en lodde; En wier de joun hjar net kaem oer it mot, Den wier der jimmer mar troch, skript en bodde.
Elk bûgcht him nei de swarte groun, Dy fol ûnhúrichheden sit, Neat as in kliemske modderspit, Fol rottrich spil yn hiel it roun Dy ierde yn de swierste rou, Djipswart lyk as de echte dea; Derhinne bûgt elk djip de lea, En beult de minsk’ him der om ou.
Mar stees fordel slacht hy de eagen, Syn tinsen binne nei de groun, En ’t jing’ de hiele dei hja seagen, Wirdt krekt allyk op moarn wer foun. It scil sa trochgean ta de winter. For fûgelliet, ef blom, ef flinter, ’t Jinge oars as skiente der by komt, Gjin sprake er fen, der nei to hearen, Nei kleurenmoais it each to kearen, „O né, nei ûndren is ’t bigearen, Neat wirdich oars yn hiel de romt.”
Ut ierde binn’ wy, ja! út de ierde, En ierdsk is ’t minskelik bistean. Safolle er dat ús stees biswierde, Lykwols for gâns kinn’ w’út ’e wei gean. En is ús lichem ek út tsjef, Giet dat ek yn ’e groun, yn ’t grêf, Der is in _Eat_, der mei forboun, Dat wol parfoarst _net_ yn ’e groun. Gjin minske kin dat by de namme. Wier is ’t, dat mei de lêste amme, As al it oar’ him heth bijoun, ’t Mei flugge wjûk giet fen ’e groun.
Krekt as it wachte nei dy tiid, S’as ’t fûgeltsje, dat tige bliid, Utrekt de fine stramme lea, Foart daedlik nei de winters dea, Dat sjocht net nei de swarte groun, Mar heth de blaue loften foun, Hweryn it hearlik sinneljocht, Him ’t moaiste lofliet sjongen docht. ’t Klieûwt nei de wolkens ta omtrint Mei de oaren: Himelboaden binn’ ’t. It is as wier ’t in Himelfeart, Hie’n wolkens net it styg’jen keard.
Hja ha genôch oan sinneskyn, En oan de bolle Súdewyn, Hja kinn’ mei sa’n lyts bytsje ta, Dat rom genôch hja ’t jimmer ha. Heth ’t ljurkje mar eat blaue loft, Al is it deis mar in lyts skoft, In gêrsrân op it boulân heth, Hwer it him ris to rêsten set, In tropke lang útsketten gêrs, Dat nea komt ûnder seine ef mes, Dat him ta in smout nesje lient, Den is it ryk, nei dat it mient, Hwent God, de Hear, syn Himelheit Is ’t hwa yn ’t evangeelje seit: „Sjoch nei de blide fûgelkloft, Omheech der ynne blaue loft. Op siedsjen, rispjen gjin bistek; Lykwols ha hja gjin fiedsel brek. Hwent God is der ek oer de Heit, En soarget dat gjinien ea kleit.
Der it finkje, dat sa lûd, (In hege alt) de sinne groet! Mei it brúnrea fen syn wjûk, Sjongt it liet fen libbenslok. Prizet God, dat elk it heart, Dat neat oan syn lok mankeart. Sa syn flugge kameraed, ’t Gielfinkj’ dat oan reed en paed, Wennet ûnder njirrekrûd, Oan it koetsebeamt syn foet Mei syn giele fearrepronk Jimmer tichtbliûwt by syn honk. Hja binne net in skûrre ryk, Hja binne blide berntsjes lyk. Dy folgje hjar yn alles nei, En libje sa fen dei ta dei. Hja libje sûnder skûrren wol; Hjar skûrren binne lykwols fol. In sparpot for de kweade dei, Heth God de Hear for hjar oanlei. Omt Hy ha woe, dat hja parfoarst, ’t Tankliet der for, it lytse boarst, To swier ’t nea foel, dat soargen net, Ién fen dy lytse sjongers heth.
Sjoch my der dat moaie reabyntsje, ’t Komt del mei it boartsjend wyntsje, Boarstje wûndere sêftrea, Aerdichst yn it hiele gea. ’t Sjongt sa lang de simmersinne, Skynt troch ’t haegeboskje hinne, Hweryn feilich ’t nestje sit. En gjin wikel, der fen wit. Hark dit hege lûde sjongen, Moaije trilders, foarse gongen. Wirch nea, fen it sjongen drok ’t Hearlikst liet fen fûgellok.
Hie ’t nachtigealtsje ’t hawn to drok, Mei soarch for letter: wei it lok. De Skepper hie ’t „Heechliet” net heard, Dat de ierd’ ta’n Himel nou omkeart. It heth genôch oan ’t ikebled Dat kinstich op malkoar is set, As giele stientsjes op ’e kant, ’t Opmitselt sûnder bynt en spant. Mei ’n ôfdak fen in roazebled, Hwer ’t wyfke op de fiif aikes bredt. Der sit it yn in roazestrûk, In roazeblom sjocht sims to mûk, By ’t alderaerdigst maitiidsliet, ’t Jing’ der fenbinnen wol omgiet. Hja ha oan ’t roazebeamt’ genôch, Fen ’t deade bled optimm’re honk, Om skûrretimm’rjen gjin getôch, Wiern’ bliid dat wer’n nij roaske blonk. Mar boppe al, dat God hjar nocht, To sjongen „’t heechste Heechliet brocht! En derom warre hja hjar sa. Ta Gods forhearlikens binn’ hja, De hiele dei skoan nedich wol, En sjonge ’t bosk fen teanen fol. Sa fol fen „Lof” is hjar it moed, Dat sjongend giet de dei fen hjoed, Oer yn de nije dei fen moarn. Nei middernacht giet ’t nij liet oan.
Sims is hjar sang fen: „hânnen gear”,[23] Dat is ’t sêft sjongen, flúst’rjen, tear, Hja bidde en tankje yn hjar liet, ’t Jing’ op in wolk nei boppen giet. Mei stroamt de dranch nei tank sa ta, Hjar, dat ’t wirdt ien, Halleluja!”
[23] Bidde en tankje.
It wird fen takomst en fen soarch Ha hja net heard, hjar libben lang, ’t Hoeft net: hja ha de wiste Boarch Der tinke s’oan stees yn hjar sang.
De moskjes sels troch God bitocht, Bin troch Him, ûnderdak ek brocht. De sweltsjes mei hjar kinstich nêst, Ha mitsle oan ’e timpel fêst, By ’t altaer fen Gods Hillichdom, As minsken dwaen hja krekt oarsom, Hja bliûwe lyts yn al hjar dwaen: Omt Bibelbled hjar neamt: fornaem.
De sweltsjes yn fluwielen klean Ha mar’n koart sangkje yn it boarst, Mar ’t sjongt for God it lykwols foarst, Ear dat hja moarns oan ’t nes’ljen gean.
Hja boue wol in hearlik hûs Forstoppe om rein en wyngebrûs, Mar net in skûrreromte ea, En gean fen honger dochs net dea.
God ropt hjar hjearstmis bymalkar, En seit: „Nou mei de earebar, Ried Ik jimme oan: op Afrika! Is ’t bêst fen nou in setsje ta!”
Forstean it sweltsje en de eiber ’t nêst, Mitseljen en ’t bouen bêst, Nea heth God beiden oarder jown, Ta skûrrebouen op ’e groun. God sei: „Ik blieu for alles „Boarch! Ha for de winter mar gjin soarch!”
Wiern’ hja oan ’t skûrrebouen gien, En wier der net in sang ûntstien, Gjin kleppr’jen fen de earrebar. Fen ’t sweltsje gjin sweefjend lietsje om bar.