Chapter 3 of 8 · 3966 words · ~20 min read

Part 3

Krekt as is ’t in lânfol bern, Dy w’op ’t boekweitsfjild der sjen, „’t Lange-langerige”, giet, Der yn ûnousjenbre miett’, Famke—oan famke, rokjes wiid, Lykje al de hokjes sied, Krekt as stean hja hân oan hân, Yn de lingte fen it lân; Mar o wé! der komt de wein, Ratteljend fen de efterein; Sjoch! de bêste brúne er foar, En fen fierren wer in oar, Ek in brúne, lytser eat, Dy ek oan de boer biheart. Sjoch dat hynderke, ús „Tiet”![8] „Lytse Tiet”, ús pop; mei flyt, Sjoch! ho moedich it dat rydt, ’n Wein _fol_, en ho krigel ’t giet. Sjoch de boartersbern wird’ wei, Op ’e wein malkoarren nei; Ride nei de telleflier. Los wirdt skodde ’t lang brún hier, En yn lange rigen nou Lizze hja hjar rykdom ou; For de ljue hjar flaeljeslach, Habbe hja omraek ûntsach;— Binn’ hja nou fen ’t wân ûntslein, Komt fen ’t folk de jongerein, Sjoch nou hjar trochtriese klean, Yn sa mennich striebult stean! Mar hjar siel, it boekweitsnoat, Wachtet op boekweitengroat, En op moal as tsjok bislach, Faert strak ûnder Fryske flach, Nei dy hâldt fen stevich miel, Fryslân, Grinslân troch alhiel.

[8] Us ljeaf lyts trou rydhynderke.

En de sinne stjûrt syn glimkes heech fen ’e loften, Laket blier oan, de stees warbere minskekloften, Dy sa mar de gare dei skrippe, Wylst hjar flaeljes op en del wippe, En dy mei heldere klap! klap! klap! Súver op ’e slach, jimmer, sa gnap, Op de tripp’ljende seis acht miette, Nea de súvere gongen forjitte, De hiele gare dei fol sinne; De loft wol hjoed net mear birinne, Alles forguld oer beammen en lânnen, ’t Wirk fljocht troch de warbere hannen.

Skoft wirdt er hâlden, yn ’t lij fen ’e heappen. Boekweitstrietoerren, dy riisje ûnder ’t skreppen, Heech út ’e groun heech op! fen it flantrige strie, Under de flaeljes wei nou, ûntdien fen it sie.

Yn in roune rige flije hja hjar del, Mear as in dezyn yn tel: Drege mannen, mennich op jierren Mei piper- en sâltkleur’ge hierren, ’t Antlit yn tearen en fâld, Yn ûnderfininch tige âld; Helder fen útkyk, tige bitûft. Gjinien der dy mear learen bihoeft.

Maeik’moi út ’e Wedzebûrren, Widdou fen boers jongste broer, Lêste fen âldboers syn snoaren, Nei hjar, komt Sneuns Wietse oer. By de skearbaes deun der nêst, En dernei by Maeikmoi fêst’. Kofjedrinkt by Maeikmoi den, Mei syn pakesizzer Jan. Beide ha ’t der tige bêst: Finebôle krijt der ’t jonkje, Rjue mei sûker oer syn tongkje; Net in inkeld stik sa mar, Twa ef trije nei syn kar!”— Maeikmoi hie ’t hjoed for hjar naem, Dat hja hjoed bij Wietses kaem.

Janomke út ’e Ham komt hjoed ek, Heth ta oardelûre gans yett’ moed ek, ’t Bêst âldmantsje, frjeonlik gol, Mei ’n oerlaedne bûse fol Koeke, for de pakesizzer; Yn soks is der mar gjin wisser. Mei om ’t boekweitteskjen kaem hy, By broer Wietse en Teatske is ’t Hjoed pleisirich, dat’s beslist.

De broerren, Bindert Japiks, Hinderk, Ritske en Douwe: In weinfol, mei hjar sisters, Antsje en Hiltsje. It „swartsje” der foar en der nêst de makke „âldgrouwe”, Yn ’e „faeitonne” Man! leau mar, in fornaem spiltsje! Pleist’rje by Wietsoms, dy ’t „folk” fen hjar binne, Kuijerje om it boekweitsleach ek ris hinne. Fen ’t stamâlderlyk plak út Bomkleaster fendinne, Ha it biwarre en hja wisten to hâlden; Binn’ yett’ op ’t plak fen Wietse Binderts syn âlden, Stam_mem_ Antie Wietses; Bindert Japiks stam_heit_, Dit ta memoarje, dos nou wit elk ho it leit.

Stil hâldt der in weintsjefol folk fen ’e klaei. Man, frou en bern, in lyts popke op ’e skirte, Hearden it boekweitteskjen al yn ’e fierte. En dat hâldt stil by it boekweitslân mei in swaei, Dat binn’ de Beintema’s Jan en syn frou. Bearnom mei, oan ’t pleizierriden; ha oan ’t spil niget, Sizze sa: „net al dagen, dat min to sjen ’t kriget.”— Ritske syn frou nimt de mem ’t famke efkes ou, Leit dat yn ’e nane nêst hjar sliepend jonkje. Strak scil beide memmen elk mei hjarres pronkje: Hja laitsje in koar oan: „’n lyts pear”: „Man en Frou!” Wrachtsjes s’as ’t útkomd nei twa dezyn jierren. _Utkomd is ’t krekt, s’as ’t forspelt is fen fierren._

Oebele Tsjitske en Gjertsje Vaatstra, Hûshaldsterfaem en der jierren wêst, Sjogge ek efkes, dat’s frouljue hjar aerd sa, Komme in toarntsje to sjen op it lêst. ’t Is hast as út Naomi’s tiid, As ’t hjir mar Palestine hiet, ’n Ald-Testemintisch lântoaniel, De loft sa blau, it lân sa giel, Ta rispinge alles ryp en klear. Ta tank nimt elk de hânnen gear, Nou ’t rispingsmiel hjir ynnomd wirdt, Ta tank is tiid, driûwt ’t wirk ek hird. En elk dy sjocht de seine oer, Seit tank der for oan ’t Albistjûr, Dy alles wer sa waeksje liet, De rike jefte fen it sied. De Boäz, Wietze Binderts, hy As eig’ner is der sels ek by. De âlde boer, assessor ek, In mânsman, sûnder lek en brek; Dy giet mei ’n wird fen tank foarop! Wylst alles swijt: gjin lûd, gjin rop, Gjin „foart” ef „hou” en gjin getier, Heart min mear op ’e telleflier. En alle hollen niigje hjar, Fen ein ta ein, nou bar om bar, Hwent Wietze Binderts wol’t sa ha, De Hege Jower komt it ta!

En Teatske Minzes, de âldbroers frou, Jowt oarders thús. Seit „gau! gau! gau!” Dy heth mei skrippen hjoed gjin lins Omt Wietze en hjar, sa binn’ fen sins,— Dat min de boekweit ou krijt hjoed, Nou mei dit waer heth it gjin noed.

’t Ald minske is amper sauntich jier, En deis yett’ jimmer oer de flier; Hja habbe trije soannen, en In fjourtal dochters, ta hjar bern.— Do ’t hja sa omme tweintich wier, Kaem Wietze, dy sin oan hjar hie, Hja wier in wûndre tsjeppen _Ien_, Mei Wietze is hja do ’t boask oangien. Hja wier meast oan de greate kant, Yn ’t froulju’s wirk „ien by de hand.” Hjar Wietze en hja, in gnap Jongpear; Min sjocht it sa mar ’n inkle kear, Hy lang en licht, by ’t foarse om ou, Lykwols wolmienend en nea rou.

Syn mieninch woech yn alles swier, As adjunct-frederjuchter wie’r Stees op syn plak, hie folle leard, En hie mei „heech en leech” forkeard.

En Ritske Wietzes, de jongste, in jongman omme tritich, ’n Jonge ikebeam lyk, blauëachich, sa manlik en great, Forstânich, forsichtich, by ’t spil thús en jimmer flitich, Fen de âldboer sa’n feardige geve útskettene leat! Dy letter ta riedslid en haed-tsjerkfoud it brocht, En ’t boartsjen mei ’t bernsbern bilibje yette ek mocht’ De man fen syn Simke, in sêft alderbêst minske, In ingel op ierde, dy neat ljeaver winske, As ’t lok fen elkien en oer hwaens brúne eagen, For’n oar fen meilijen de triennen oerteagen, Hwaens beiden hjar soantsje[9] yn ’e widze noch slept Wylst elk him op ’t lân en yn hûs om ’t hirdst rept!

[9] Myn persoantsje.

Sa leit Louw Hinderks, in sistersoan Fen Teatske Minzes, dos’n omke- en moaikesizzer, Fen boer en frou (mei lij’ hjar skoan), It út: „Gjin better as ús Wietzeom is er, En better as ús Teatsk’moi gjin, O sokken binn’ der fierst to min.” „En sa is ’t ek krekt mei Ritske en syn Frou,” Dosdanig ’t Petear fen ’e Wirdfierder Louw, En allegear nikke, dwaen ’t jawird der ta. It tsjûcht dat elk achting for allen, skoan ha. „Ja”, sei derop nou Ludzers Hinke, Dy ’t ek mei helpt „’k moat m’earst bitinke, Ho lang ik by de âldboer en hjar Dos ’n eagenblikje tiid noch mar, ’k Wol flaue net, „’t jing” ’k siz, is wier Ik wenne der krekt fyftjin jier; Ja fyftjin jier ha ik der wenne, ’k Wier der, do’t lytse Jan[10] waerd berne; Ik ha ’t der jimmer sa bêst hawn, As ik ’t net wist, ’t sei mei forstân, Ha nea in swart gesicht my joun, Neat oars as goeds der ûnderfoun. Dat is ’t petear sa ûnder ’t iten, In gastmiel is ’t ek dat min krijt; Mar joun fortelt min jonkheitsfiten, Louw Hinderks is den wol binijd ’t Jing Hanne Bakker den wer wit, En fen ’t fortellen danich swit.

[10] Lytse Jan is myn persoantje: J. R. K.

De lêste boekweitskeaven binn’, Outusken yn ’e lette joun. Dien is it wirk, deaou is min, En stil waen is ’t alhiel yn ’t roun. Hwet nou?—Der nimt Louw Hinderks ’t wird, En elkien wit, ’t jing dat bitsjut, „De masse slaen, folk!” ta bislút, Dat min nei Noard, East, West en Súd, It heart: Dy ha de boekweit ou,” Hark mar: Hja slaen de masse nou!’ Hark ho hja yn fjourfierde miette De flaeljes nou ien hiele rite, ’t Leach del, dy Seisman tagelyk’. Yn brede, folle miett’ as blyk, Mei fûle foarsje heare litte, Dat hja for ’t lêst hjoed yett’ ris switte.

Dat laket, mirakelt, troch jongen en âlden, Elk wit nou in grapke, mar net yn to hâlden, De feinten, dy pleagje de mûtele fammen, Dy meitsje fen ’t outuskene strie núvre tsjammen En twisken de heappen giet drok „Krijerije; Op ’t lêst mei de jong’rein tomûk „frijerije.” De âlden ek jong wêst ek foar fiertich jierren. Hja smite er in grap troch sa mar fen fierren, En tinke er by: ek iens dôvet jimme lôge, En wirdt mei de tiid jimme wille bikôge, ’t Snjit tusken er troch om ’e boekweitstrieheappen, ’n Malkoar’ eftersittend: om ’n patsje is ’t skreppen.

’t Is krekt as de stjirren dizz’ joun, Der in rite gauer om opkomd binne, Om dit froalike spil ris yn ’t roun; Om mei hjar sulvren lantearnen der hinne! ’t Is in ûrke fen fleur en fen nocht, ’t Is as in hiel stik blauer de Himel, Derom waen is, dizz joun nou krekt. ’t Jing’ ’t stjirte haget dit fleurich gewimel, Mei tiidsrin net iens ’t mear nau stekt!

En de wyn, Bynt ek yn, Harket in hoartsje, Nei ’n jounpatsje, Heart „Snein oer in wike!” „Ho ’t jo dat like?” Hanne Bakker scil oan ’t wird! Roppe s’alle like hird! Sels de âldsten allegearre, Mei’ him graech fortellen heare; ’t Wier altyd in earste biis. ’t Jing’ hy iendris hearde ef lies: Wagenaar’s hiel Amsterdam, Ljouwert, Grou en fen ’e Ham, Heth hy alles yn syn brein. Né syn witnis heth gjin ein. ’t Jing’ hy hearde, is by him bleaun, Krekt as wier ’t yn moarmer skreaun.

Nimt hy sims ien by de kop, Noch út syn jongfeintetiid, Laket min yen yett’ ris slop, Wit fen ’t laeitsjen yen gjin ried.

„Hark! ho ik in Nijjiersmoarn, Teach ’t útrinders pakje oan, Wier sa yn in omsjoch klear, En it fjild út mei ’t gewear!

Houtfester Djille, Fen Koatstertille, Lei op ’e loer. De jeitiid wier oer, In haske sprong op, En Hanne dy skeat. Nou Djilles gerop, Wier: „dy ha ’k trappeard!” ’t Sei Hanne ho ’t stie. Mar ’t jing’ ik do die.... In weardshúske wier’, For kofje en bier; En Hanne net sleau, Derhinne en treau, De ûrwizer, de gút, _Ien_ ûre foarút.

Do frege ik: „Ho let? Min it nou al heth! Nou ’t giet jo mar skoan! Fol lok Nijjiersmoarn!” „Nou Hanne ek Lok!— Jy fregen ho let? Healve alven min ’t heth.” En de tsjerke gyng oan, Healwei tsjienen dizz moarn, En elkmis seach Hanne, Yn tsjerke dizz moarne.

Búten by de tsjerkedoar, Stien in tropke byenoar, Hanne soarge der wol foar, Dat er der earst ek hwat wier, ’r Ek mei ta in praetsje stie; Dos ’t wier sa en ’t wier net oars, Dat hy ’r him op (jimmer loas), Him der op biroppe koe, Dat hy der om tsjerkstiid stoe, En yn ’e tsjerke hearde elk him, Oan syn sjongen en gebrim.

It hie dêr gâns fen ef Hanne, For al ’t tsjerkefolk dizz moarne, Examen oulei en for ’t tsjerkbistjûr, (Die Minze Wytzes der by (syn wiifs broer),) Om foar ’t boerdsje to kommen op in dûr. Mei syn sjongen wier ’t dizz’ moarn sa slim, Dat master, de foarsonger, syn stim Derby amper wei waerde in hoart Hy oars foarst yn ’e tsjerke: nou twad’.

Ut in troch naem ik hiele draeien, Om fen ut ta sol ta, to swaeien, It gyng my jimmer knaphandich ou, Min flústre: ho ist mei Hanne nou. Elk hie my op ’t each. En efter myn rêch, Rekte min nei my de halzen út. Tocht’ by yen sels: is dat nou dy gút? Elk dy seach efterom, Mar Hanne wist wol _hwerom_, Dat elk wist oan syn stim: Sadwaende seach en hearde min him.

’t Jing’ ik wiste, „dat _net_, Hanne”, Sei doom’nij de oare moarne, „Das’t dû sa sjonge koest, Elk nei dy harkje moast.”

En eat letter is ’t do bard, ’t Dûrre mar in lytse hoart, Dat do Djille, man der wet, In pompier Hann’ thúsbrocht heth, Hweryn stie: ’t him die biskie: Dat Nijjier ’r oan ’t jeijen wier, Om tsjien ûre yn ’e moarn; Der yn man! ha jy ’t fordoarn. En nou komm’ foar „Knobus” jy, Sûnder breuken hiel net frij. Hanne seit: „Hwet praet ha jij? Ik bin fen dat saekje frij, Hwent de moarn fen ’t Nijejier, Om dy tiid wier ik to fier, Fen „de Ald Dyk” ou, der jy wier’n. Tsjerktiid wier ’k om healwei tsjien’, Lang al by de tsjerkedoar, Tsjerk en Auke en mennichoar, Foarsteld: „hwer scill’ w’hinne hjoed?” Mars jij, dy sa’n ding my tsjûrt!”

Djille do mar „húske lâns”, En by Domenij ek oan. „Hwer wier Hanne Nijjiersmoarn?” „Wel, yn ’e tsjerke en foarlik gâns.”

„Soks kaem my nea earder oer”, Tinkt nou Djille, en waerd’ hast _poer:_ Hwent mei _syn en Hannes tiid_, Wit ús Djiltje mar gjin ried.

Op de klok yn ’t weardshûs hie, Hy dochs sjoen ho let it wier.

Hwa dy ea it mirken heth, Dat de tiid oersloech in set!

Hanne wier bitûft en liep, Ut hie hy foargoed de sliep!

Hwa seach djip del by syn noas? Djille, en tochte „’t is net oars.” En ús Hanne kaem neat oer, Brûkte faek dernei syn roer.

„Hânnenklappen” fen hiel ’t boun, Gyng lûd troch de stille joun.

Nou sûnder to sjongen, né sûnder in Liet, Net fleurich to skieden, as dat wol sa giet.... De joun is sa stil, ho moai scil ’t net klinke! Oer ’t dauwige fjild, hwer stjirren oer blinke.

Helje ôp fammen en feinten, ’t moaist dat jimm’ kinne! To Ritske, set yn, gjin better kin ’t dwaen! De bêste út it lân dochs kin ’t jo net ouwinne, De mastersjongers moatt’ bilies by jo jaen!

Gesang njog’gn en fiertich, vers ien, twa en trije; (Do doom’nij’s bernsbern doapt waerden dy kear), Sa ’t jy dy do songen, sa mocht ik ’t wol lije, Dat oan jou sjongen gjin ein kaem, nea mear!

Jou sjongen joech wijdinch oan ’t jing der is bard, Yn ’t djipst fen syn siele moast elts treffe dat! Nou ’t „Fryslân boppe”, fen Walingom dan! Us dichter, ús frjeon, dy heechachte man, Der elk fier mei wei rint, hwer elk sa fen hâldt, Fjôuerstimmich nou klinkt it fen jong en fen âld!

„Fen alle lânnen op ’e wrâld! Is Fryslân, der ik ’t meast fen hâld, Hwer oaren ek op romme, Op fruchtbre fjilden romme wy, Op blinkend noat, op gledde kij, En greiden bont fen blommen!”

En de mastersjonger Ritske Wietzes, syn lûd, Giet heech boppe alles út, dy mei syn sopraen stjûrt, Den wer secondeert ef de miette er yn bringt, Fen tenor yn bas fallt, ta help him yn de alt mingt. En better is ’t folksliet fen ús Fryske Bard, Nea song: Sok sjongen dat dûrret yen jimmer to koart. Lûd falt min wer yn, de iene nei de oare, Heech útheljend; „Wy doare, wy doare! Drystwei roppe, drystwei roppe: Us âlde Fryslân spant de kroan, Gjin lân op ierde komt der oan!”

As wearklank; ién amme yett’; „Wy doare roppe!” Stjert sêft ûnder de iken mei ’t lêst „Fryslân Boppe!”

Al de persoanen yn myn _Boekweitteskjen_ skildere, habbe wirkelik bistien. Under hjar eigen namme binne hja allegearre troch my yn hjar dwaen en litten biskreauwn. Amper allegearre ha ik se selver kend en der wol mei petearre.

Jan. 1912.

US TOER

O stiennen reus, ús alde toer! Dou biste kening yn dyn kriten. Dou sjochste hiele geaên oer. Dyn eagen witte net fen sliten. Binn’ tagelyk, ek earenpear. Dou sjochst skerp út, wech—en de wear, Kinst krekt gelyk fen alles heare: Ho boerljue mei malkoar forkeare: Dyn kloksgatten, binne ear en each. Hwet de ien’ net hearde, de oar net seach!

Dyn eagen ha fen alles sjoen, Fen alles ’t jinge er omgyng ûnder. Fen ’t alle deiske, wier ’t bisounder, ’t Jing’ jy net waernimme ea koen’.

Krekt as in beaken yn ’e sé, Sa stiest dou der op ’t selde sté, De lange, lange ieuwen troch! As wier dat by dy mar ’n omsjoch, Dy tiid, by dy mar amper tel, As ’t dou by dy, nei ûndren del; Ef fier yn ’t roun, yn oarwei sjochst, Wei, hwer’st dyn hoanne blinken dochst. Heech oer dyn tinne yn gouden ljocht, Hwernei de hûsman deistich sjocht, Fen Maitiidsmoanne jimmer ou, As it Maertsk kjeldrich buijenrou, Op ’t lêst net kriget syn bikomst. Seit; „Hoanne, ’k woe wol datst dou romst! Fen ’t kjeldrich Noard, troch ’t East, nei ’t Súd! Myn hea is op, myn fé moat út!” Wylst bûrman nei in moanne al, Dy freget: is net noch ’t gefal, Dats’th dou fen ’t reinich Súd-West, wei, Nei ’t Noard-East tsjochst, ek ris in dei?

„Myn hea forkomt hast op it lân, It wetter kliûwt ta fûrgerân, Ik meal by nacht, ik meal by dei, Hwet heth de mounle in kerwei!” Sa freget ek yn de ûngetiid, Dy elkien, om in goede ried.

It jongfolk sjocht by simmerdei, Om hjar bilang der gau ris nei, Ho ’t hoantsje yn it sin, ’t hjoed heth, Mei merkenocht ef sjongerspret. As ’t hoarntsje nei ’t Noard-Easten sjocht, Den is min net oer rein bitocht; Mar drokker sjocht nei de âlde toer, By ’t simmer net, de tûkste boer, Ef feinte- en jongfammenkloft, Sjen bar om bar nei hoarntsje en loft, Foart daedlik al nei Sinteklaes, Ef út Súd-West, ef ’t East wirdt baes.

As ’t hoarntsje den nei ’t Easten wiist, Ho den de moed wol’n jellen riist; Hwent de Hjeldagen: Trije nou! Sa fier is ’t mei in dei hwat gau. Dy lange Sneinen sûnder iis, Is slim for ús: Friesinne en Fries!

Sje der de Toer! myn Doarp syn Toer! Dy hege stompe reus, mei gouden hoanne! Dy sjocht elk hûs en al ús lânnen oer. De sted fen Grins selst by in heldre toarne.

Wy doarpsljue ha safolle mei him op, Net om syn moaijens ef wol om syn hichte, Né fen syn skiente giet alhiel gjin rop, Heth neat gjin rom, nea dat min op him dichte.

Och! deaïenfâldich is dy stompe toer, Fen sextien hûnderd twa en njuggentich de tsjerke, En toer, dochs komt oan nou ta, niks him oer: Leau mar! ús toer: it is gjin wei to blazen fearke.

Wier ’t de Martinitoer fen ’t greate Grins, As dy fen Antwerpen, bynei in stiennen wûnder, Hie’r namme, mar as de Feanwâldster stins. Gjin toer lykwols—ús toer heth niks bisounders.

En dochs ha wy him ljeaf, as ’n mem it bern, Dat om him sels, selst om it kaenefleanen, Dy om „seis” jouns lûdroftich wirde; út hern’, En kloksgat komd, bigjinne mei ’t „oangeanen.”

Hie dizze kaeneteam witnis fen ’t dwaen, Ho wy as jonges fen hjar oarrememmen, Mei ’t tsjerkedoarskaeis heljen ’n slach scoen’ slaen. Om de aeijen út de toer, it nêst hast heale beammen.

Den hien’ hja siker yett’ in pik op ús, En pikten nei ús holle sa as de blaustinsen ’t Ielstikelsfolk út Ritske Wietzes lichte[11] jinsen, Mar lokkich! binn’ de kaenen heech yn ’t klokgat thús.

[11] In útbaggele stikje Finlân.

In koets,[12] mei ’t nêst fen in houteksterpear, Woechs yn ’e toer, fortelde heit en oarre. In fjirtich foetten boppe de ierde alear, Yn ’e toersfoegen hie’r syn wirtels boarre.

[12] In Koetsebeam, koartwei: „_Koets_” neamd (Klyster-Lysterbes) (Sorbus aucuparia).

En hwet bilang hie oars for ús dy toer, Dit yett’ as wer de njuggentjende dei fen Selle, De flach op Willem Trije’s jierdei oer, Jou, toer! útwaeide, dy joun ik him mei delhelle!

Den gyng ’t de leiders al mar heger op; ’t Giheim fen klok en bingel en klokstouwen, Foarby, den seach ús lytse jongeskop Troch ’t pannelûk selst Grins, as lean for ’t klauwen.

Hiel ’t doarp, de omkrite yn fûgelflecht, hiel ’t gea, Seach min fen boppen del, op al syn hûzen: De skûrren feal, hûspannen: blau en rea, Oer ’t fjild, op ’t paed, de minsken lyts as mûzen.

Wy seagen alles, s’as de sinne ’t sjocht; Wy glûpten ek yn nea noch sjoene herntsjes; Gjin lûd, as sims in blide rop fen nocht, Oer ’t skoalplein fen boartsjende skoalleberntsjes.

„Heech is hy”, sei de flachouhelder Hart, „Us toer, hwa doar fen jimme wol delspringe? Sa as mei Jan fen Schaffelaar ’t is bard, Hwa is fen jimm’ sa dryst ris yn datjinge?”

„In grap. Forsichtig bern! ’t is donker yn ’e toer; Nou ris de klok bisjen, dy jimme ropt nei skoalle; Jouns „’t Holdert” bylt for ’t lânfolk fen ’e boer, Oer „’t Swâddestik”, oer „Foksekamp” en „Dolle”.[13]

[13] Stikken lân, dy ’t wirkelik sa neamd wirde.

Och de Eifeltoer is hjirby mar in pjut, For ’t berneëach, mei tûzen foet; dizz’ fjour en tachtich. Sizz ’t súntsjes, twaris krekt oarsom, net hird: Wez oars for snieballen jou nije hoed yndachtich.

Wy seagen âlde master Kuipers stean, Stil op ’e „skoallekamp”, ’t each op horloasje en sinne, Om krekt op tiid oan it jounlieden gean, Hwent sinne en klok, dy moasten „kamp” mei’n koar oprinne.

It heucht ús yette dat dy âlde hear, Us ’t ABie learde en it boekstawearjen. Mei ’t raemt fol giele en blaue koaiten to probearjen, Om ’t tellen ús to learen, tweintich kear.

Dos wier hy skoallehaed en kening fen ’e toer; Ut Grinslân fen ’e Hoarnsche Dyk fendinne. Hie ta oantinken dit fen him yn ’e pinne, En mei boekhâlden die’r mei oan ’t Bistjûr.

Yn ’t naust forband stie’r dos met tsjerke en toer; Op ’t lêst died hy net mei mear oan ’t jounskoallehâlden, De âlderdom gyng bleek syn troanje oer, Ien fen de âldste masters, ien fen de âlderâldsten.

Jouns om ketier for seizen kaem hy wis, By ús en de undermaster yn ’e skoalle, Siet in ketierke by de kagchel sûnder mis. Den ’t hôf op, loek oan ’t klokstou en seis ûre âlle!

Der kaem in tiid, do seach’ jy toergebou, Him ’t tsjerkhôf net opgean, mar waerde er hinne _droegen_. Jy seagen ’t, mar hy gyng ’t paed net wer ou. Wylst jy him roppend ’t lêste ouskïe joegen.

Jy rôpen saun en fjirtich jierren lang, Oerboerman: Doom’nij Fockens, tûz’nen Sneinen, To preekjen, om stees mei ’t Aldjiersgesang, Ut hûnderd sechstich, ’t earste fers to einen.

Jy ha ek sjoen in Brêgeman[14] en Breid,[15] Fen njug’en tweintich en fen seis en tweintich jierren, Hwer’n rek fen jierren nou al efter leit, In Simmersneinoerdei nei tsjerke komd, fen fierren.

[14] Myn persoan.

[15] Myn frou.

Jy seagen ieuwen lang op ’t skoal’plein del; Ho’n slachten binn’ foarbygean net jou eagen, De bernelûdsjes hearden jy fyn, skel, Ta stil hja waerden; jy se kommen seagen.

Der boarte mei de skoalbern ek myn _Heit_, _Ik_ en myn ienichst _bern_, it „krijerije”, Hwer de earste er hast deun oan, to rêsten leit; Jy toer, ha se as bern sjoen: _Alle trije_.