Part 2
En de jongste gyng derop oerside in bytsje, En de bluisterige wyn hâlde yn in rytsje, En krekt wier it as dy ljochtsjes droegen waerden, En hiel langsum om de âldste sister hinne farden. Mar om de âldste fen de beiden mar allinne; Oan wearskanten troch en sweefden om _Hjar_ hinne. En dat barde ûnder in fremdsoartich rûzjen; Wûnderlik wier it, hiel oars as de wyn syn sûzjen.
Dat wier bard en swijend gyngen beide, swijend, Sûnder praet oer ’t Sjoene, underweis dat mijend. Wy sjen in aerdich húske stean, As wy it romme fjild útgean, Dr’ om hinne: bou en greid en fean, Moai fjouwerkantich; nearne skean; Beamwallen flechtsje in hiele krâns, Fen bledgûd alle siden lâns. By maitiid en by ’t simmer ist, Der hiel moai wenjen: dat bislist. Al is ’t hûs net in great paleis, Min sjocht, as min sims is op reis, It tsepper nearne en nearne wier ’t, Hwer ’t better mei it libben stiet.
It hûs sjocht nei ’t Súd-Westen ta; Twa finsters, dy der ’t deiljocht ha. Dy kant út nei hjar appelhôf, Ién, oer hjar kampke boulân ôf, Dat flak op it Heechwesten leit. Nei ’t Súd-East leit hjar kampke greid; Der weidet hjar ien’ melkekou; En ’t oare is _heal_ fean, _heal_ bou.
Der is ién keamer mar yn ’t hûs, Dochs fleur en wille by de rûs, By Auke en Grytsje, ’t jonge pear, Dy wy der mette de earste kear.
Wy hawwe Grytsje ris foar jierren, Sa mei hjar sister sjoen fen fierren, Dat hja nei hûs ta scoen’ in joun; En hjar hjir wer as húsfrou foun.
It is in húsfrou waen, sa as der weinich binne, Hja folg’ hjar Auke nei dit aerdich spiltsje hinne, Binn’ tige lokkich mei malkoar. Hja hâldt fen him, hy hâldt fen hjar. Hja ha ién sin togearre; ’t jing’ de iene wol, wol de oare, En beide, dy allike goed it wirk oandoare.
Sa ’k sei: hja ha sa’n lytse moaije boerkerije, Hja koenen dit om ’t skik just net, mar lykwols krije; De tiid moat leare ef it net ef amper kin, Mar it giet dochs nei winsk en foarearst lang net min.
Hy is yn al it boerewirk bitûft, Kin alles: melke, sichtsje, meane, ploeije, En sjidsje, teskje, slotte, plantsje, snoeije, Al ’t jing’ min yn it boerewirk to witten hoeft. Hja kin al ’t frouljueswirk en ek omraek hûshâlde, Heth spinnen, naeijen en forsetten leard, Hjar âlden hien’ in boerespiltsje by „de Swâdde”,[3] Der hie hja, ta hja jonggreat wier, forkeard, En kaem as faem to tsjinjen do by Wytze Binderts,[4] Hwaens pleats nêst hjar hast lei, by dat fen „lytse Minderts.
[3] „De Swâdde” is in wetterrin twisken, Koll’merland en Nijkrúslân en Achtkarspelen.
[4] Wytze Binderts (Kloosterman) wier in oansjenlik man yn Twizel.
Hja wier getsjinstich en forstânich, Hja hie ’t der bêst en net to bânich, Waerd der bihânnele as bern; Dat alles wier hjar oan to sjen.
D’Aldboer en de Aldfrou, die wiernen, Sa tige bêst en bleauwen ’t ek. Mar der kaem eat sa mar yn ienen, Mei greatfeint Auke en hjar waerd’ ’t „_mienen_”, Hy hie op hjar al lang „Bistek”.[5]
[5] „Bistek op immen ha” wol yn myn omkriten sizze: _Immen lije meije_ (In feint in faem).
Hja heth hjar tsjinst in jier foroare, En do: „Wy scille ’t mar oandoare, Ha hûs, lân, jild en neat mear brek.” ’t Bigjin sa moai: ’n spil fen „Hwer bin je”, Do gyng it yn de lange tsjinst, Hwer Man en Wiif malkoarren tsjinje, Om ’t oefn’jen hjar yn libbenskinst, Troch stilte en stoarm hiel ’t libbensrek.
’t Wier foar de haeijing, in pear wike, Do ’t alles op it moaiste like, De Hagebeam yn pinksterpronk, Yn blijrea yen to miette blonk, De Wylde Roaskes blommen hienen, De Fûgels ’t lûdst oan ’t sjongen wiernen, De Stinsen wjokklen oer de poel, De loft ynklear wier, ’t waer sa soel, ’t Gled Klapperbeamt syn flugge bledden, Liet klapperje oer pounsmiette en medden, ’t Robyntsje lûd oan ’t sjongen wier, Hwer ’t gêrs, yett’ heech op stânnen stie, Mei wyt en rea it klaverblomke, Yn ’t each yen foel oer hiel de romte. Do gyngen der twa lokk’ge minsken, Dy alles hienen ’t jing hja winsken, Hjir aerdich eigendomke lâns, Hwet wiern’ hjar fruchten al hwat mâns; De hege roggeieren bloeiden, En ’t blomstof stoude, wylst hja soeiden, Yn ’t wyntsje as lichte simmersnie, As neikomd fen ’e winter, ’t wier.
De jonge ljue ha nocht oan ’t skiene, Oan ’t blommegiel, oan ’t bleddengriene, Hja sjogge net mar nei de groun, Dat der allinne ’t al wirdt foun. Net mar, hwet is, der út to meitsjen, Om ta it heechst gemaek to reitsjen, Mar hwet is der by op te mirken, Ho sjen wy God yn al Syn Wirken, Dy Hy mei wysheit makke heth, En yett’ bistjûrt, bioardet yett’.
De swealtsjes sweevje om hjar hinne, It ljurkje sjongt syn heechste liet, En twiskenbeiden heart m’ allinne, Lûd gealtsjesang út fier forskiet.
Hja kuij’rje troch hjar keningryk, Bisletten twisken sleat en dyk, Hy kening met syn keninginne, Dy twa yn wide romte allinne, Der ûnder ’t koetsebeamt’ syn tûk, Der rêste hja, der sit it smûk.
Sjoch! nêst hjar komt ea foar de dei, Dat floddert út de rûchte wei. Nei hjar opslaend de lytse eagen, Dy eanstich ’t minskepear oanseagen. In fûgeltsje, in lyts robyn, ’t Fjildsjongerke, sa tear en fyn.
It wol der bliûwe mar parfoarst, Fen eangst en bangens, tilt hjar ’t boarst.
En beide sizze: „lit ús sjen, Hwersanne wei, dat fûgelbern, Fendinne kaem, hwer ’t siet forskûle”, En sjoch: in nesje yn in kûle.... ’n Gerdyn fen deade raeikes hwat, Der efter it robyntje’s skat. It nesje, sêft fen gêrske en wolle, Fol fûgelberntsjes, wit hofolle; Ho’n eachjes kypje der út wei, Ho’n memmesoarch der net yn lei!
’t Jong fromminsk’ sjocht it fûgelmemke, Dat ouwachtet op ’t neiststeand beamke, Ho ’t mei hjar bern ourinne scil. ’t Jong fromminske is sa oandien, tige, Heth triennen yn de eagen krige, En ek de man is danich’ stil.
Hja sjogge oan in rek malkoarren.... „Stiet ús sok lok nou ek to barren?” Sa freget hy blier glimkjende hjar. „Wy doare hoopje dat wy ’t krije! Yn pleats fen twa, binn’ wy den trije!” „O! ’t is to hoopjen”, seit hja, mar....”
To lange lêste kaem de donkre hjêrst. It waerde mistich hiele lange tiden; Sims noch „moaiwaer” mei sulvren simmertriden, Mar mei de tiid hien’ dy der ek al wêst.
De swiere fruchten fen ’e tún en ’t lân, Dy wierne yn ’t skûrke en yn ’e skûnne barge, For únwaer, snie en froast, wier tige soarge; Mei oerliz fen ’e man, die hie der fen forstân.
Itjing de neiste tiid hjar nou wol brochte, Dat wier ’t, hwer min de dagen _troch_, om tochte, Dat hjar sa bûtenwenstich swier sims lei. Der wier forlangst, en eangstme ek; by tiden, Dat sinneblinkjes twisken troch er gliden, ’t Jing hja sa winsken, ’t hjar der troch foarsei.
„Hark ris nei my,” sei s’op in jountiid let, „Myn goede man, ik moat jo eat fortelle, „Der nea oer praet ha’k, nimmer it forhelle „Myn sister wit it, as dy ’t net forgetten heth.
„Foar jierren is der eat fremdsoartichs bard. Dat op my ta twa ljochtsjes sweevjend kamen, Om my just, yn it roun hjar paed do namen, Hwer ’k al de dei sa mar oan tinke moat.
Ik ha ’t net tsjin jo sei; ’t is nou in wike, Dat ik se wer seach en ’t my fêst talike: Nou giet it mei de beide ljochtsjes oan.
Der komt fen; mar it „Ho”, is net to sizzen, ’k Seach troch in doar, _trije_ yn _ién_ kiste lizzen, De ljochtsjes wiisden ’t plak, hwer hja wiern’ stoarn.”
De tiid, dy net fen stilstean wit, gyng foart. Ien joun, do wier ’t mei ’t waer it dochs bisonder. De moanne gyng foart nei de sinne únder In mist kaem op, nacht wier ’t sa mei in hoart.
De wyn wier wekker waen sa op ’e joun, Dy slûpte om it hûs en kaem yn alle hernen, De ljue, sa ’t like oan winterstoarms to wennen, En jage foars de mist djip nei de groun.
’t Wier as de loft in boadskip hie to bringen, Yn ’t minskelik bistean him hie to mingen, ’t Jinge ierdsk wier en op ierde libben hie. De tried fen it bistean fen minsken, Hjar lok ef ûnk, hjar wille en hjar winsken, Fen „wêzen” ef „net wêzen”, joech biskie.
Elk bliûwt nou thús, dy net om útens hoeft. In man en wiif, dy wirde let opkloppe. „Hwat is it?” „Auke en Grytsje lit jimm’ roppe, It is sa fier der nou: mar ’t is bidroefd”....
Gjin paed to sjen, hwer ek, sa tsjuster near, „Ho scille wy it paed der hinne fine! Gjin moanne ef gjin stjirren, dy ’t er skine,” Seit Jelle oan Afke, Grytsje’s âlderpear.
„Sjoch! jinsen by hjar hûs: twa held’re stjirren, Né! trije, komm’ dit út, sjoch mar nei fjirren, Ién held’re, mei twa lytskes oan ’e kant’.” „Der ha wy ljocht fen, ’t wiist ús ’t paed derhinne; To gau’, to gau! hja binn’ der sa allinne.... Wit ho ’t er mei hjar is, wit ho it spant!”
Dy trije ljochtsjes ha it paed hjar sei. En by de doar stiet de oaremem: âld Tytsje, Hja skriemt. „Ho is it hjir?” en nei in rytsje, Snokt hja; „Twa popkes, mar _Hja Sels_.... is wei.”— „Hja wei?” ropt Afke „hwat sizz’ jy? Hja dea? Twa popkes der for? Minske och! Jy floue.” „Scoe ’k leugens sizze yn dit hûs fen rouwe? It giet er my sa kâld fen oer de lea.”
„Praet ik, om net de wierheit hjir to sizzen? Kom hjir! sjoch yn hjar lêste sliep hjar lizzen, ’t Lyk fen myn Auke’s wiif, fen jimme bern.” „En sjoch de beide popkes, beide yn libben, Yn ruil for _Ién_, twa weeskes: jonge sibben, Twa skatsjes: mar de _greatste_ skat forlern.”....
En och, hja libben, ’t berntsjepear, ’n koart rek. _Gjinien_, yn pleats fen twa ef trije, Scoe de earme man for al syn winsken krije, Der mei wier stoarn de man syn alles ek.
De berntsjes gyngen foart hjar mem ek nei. Net jamk is ’t sjoen, ’t jing’ yn _ién_ kiste barde, Dat trije liken ’t lêste plak hjir waerde, Hwer yn elke earm fen Grytsje _ién_ berntsje lei.
Twa ljochtsjes moast _Hja_ sjen; de âlden _trije_, En it moast sa dizz’ drôwige útkomst krije, Oan beide ljochtsjes ’t libbensljocht ûntsei.
Ut’ fjild slein wier de man, hy bleau allinne, De wrâld, dy wier him oustoarn, wei syn sinne, Syn helderst libbensljocht for jimmer wei!
Febr. 1912.
IT BOEKWEITTESKJEN
Frou! nou hjoed oan ’t pankoekbakken; Helje talhout, droege takken! Wêz net súnich hjoed mei’t spek! Yn ’t bislach rjue aeijen ek! Hjoed ha wy in dei to pakken, Dy ta’n boekweitteskersdei, Us ’t yn alles foarút sei.
Jistermoarn wier ’t waer noch reinich, Lykwols ’t waerglês sei: „Moaiwaer!” ’t Like om acht noch bjust’re raer; ’t Like op hjoed yn alles weinich, Tsjok wier hiel de moarn de loft, Mar de wyn dy skeat om tsjienen, Ut mei ’n foarse skoat yn ienen, Nei flak Noard yn ’t earste skoft. Stofreinbuikes, wyld en toar, Jage er boartsjend út malkoar. Sadat om in ûre ef fjouwer, Droech al wiern’ de hokken hjouwer, En de boekweit mei de joun Min koarkdroech do ek bifoun.
En noch fierder nei ’t Noard-East, Skeat de wyn dizz’ nacht noch út, Fêst is ’t waer, leau ik alteast, Hoarich is ’t net mear fen ’t Súd! Mei „Moaiwaer” is nou gjin noed, Boekweitteskje scill’ wy hjoed!
Teatske! siz dit tsjin de fammen, Rop ús Antsje alderearst, Dat hja ’t drok krijt en binammen, Soarget for it folk it meast; Jinke kin hjar bêst hânlange, Wêze hjar hjar twadde hân, Spek snije, mar mije it trange; Janke en Tryntsje gean nei ’t lân, Hjoed om bar omt drok scil rinne, Derom bliûwst do mar allinne, Mei de beide âldsten thús, Hwent op ’t lân, sa foeget ’t ús Twisken beiden komt it yen, Under ’t wirk wol ris yn ’t sin Dat m’ in ding thús heth forgetten; Sims komme er ek inkle setten, Dat der ien mist wirde kin, En nei eat forlangst krijt min, Den kin Tryntsje, ef wol Janke, Súver ’t selde, hokker fanke, Ophelje sa dan meijien, ’t Jing’ jimm’ kôke ha ef snien.
Antsje, de âldste, forstânich en stil, Stemmich, foarsichtich, ’n twadde Abigail; Jinke, dy ’t troud is, docht hjoed dizze dei Flink by de pinken, ek yette ris mei; Tryntsje in blom op hjar moaist sa gol en sa tsjep, In roazeknop Janke, ek drok yn ’e skrep. En ús Ritske scoe ik tinze, En ús Bindert en ús Minze, Alle trije ha forstân, Fen it wirk der op it lân; It is goed fortroud by hjar: Sa is alles foar malkoar.
„Tsjerk! dou moast nou rimpen wol, Om de „bêste brúne” hinne, Dy heth nou syn liif wol fol, Rint der yn de „achterst finne,” „Sjoch!” alhiel by de „Saunsleat”, Hjir is ta ’t opheljen eat, Helter, jouwer yn it koerke, En jaen him dan thús in foerke.” „Helje ek de oare „merje” op! By de wringe rop mar „Hop”! Knilles, ’k mien de „brúne”, dy, Rint der by de melkekij, ’k Mien ’t tsjernhynder, wol forstien? En rop al it folk meijien!”
„Smar de weinen! Minze en Sytse! Beide weinen, greate en lytse, Bynstok, foar- en efterbine, Heak en keat en jageline, Kinn’ jimme yn ’e skûrre fine, Teamen, halsbeagen, lossilen, Ha hjar plak der oan de stilen; Foarken, flaeljes en mear gûd, Fine jimme der safoart, En bin den de hynders helle: Ynspanne en dan nei de telle.” Age en Knilles helje oan, Earst de boekweit dizze moarn.
„Jimme oaren: flaeljesmannen! Brûke mar jimm’ earms en hânnen; Goede kost en goed deihier, Past wol op de telleflier.” En Jan Hindriks, Tryntsje oansteande, Springt mei in pear weinen by, Hjoed is nimmen en neat frij, En nou is it spil hast geande!
Deugdsum is hy stees en stil en bistindich, Goedich en bêst sa is syn bistean, Praet heth hy net, docht syn wirk sa bihindich Redt er him troch gau, lit him mar gean.
Stiet yn it plak for boers âldste soan Bindert, Dat is in Nimrod, op de einejacht jindert, By Eastermar, dizze moarn der oppe Leien; Omt Boekweitteskjen mear is as einejeijen; Komt hy foar middei fen sels al tôrech For fiven wier it, do ’t hy al foartteach. Dizz’ kear hjir noch de boekweittesktelle, Mei’n jier heth hy syn Njiske al helle, Syn eigene skoarstien dy rikket den ek, Bringt hy syn rispinge yn ’t eigene fek.
En fier oer de fjilden en fier oer de lânnen, Giet ynne seismiett’ fen ’e teskjende mannen Dat elk der nei harket neiby en yn fierte, Yn dreunende gongen, yn suvere miette Dy ’t heldre Noard-Easten op breedrekte wjokken, Meidraegt nei ’t rounom nou oer poellen en tokken, Oerstimd sims troch ’n pear, by de teskers hjar telle, Mids ’t roppen fen ’t folk, dat de boekweit oanhelle, Ién fleur en ién nocht, boppe en ûnder ién wille! ’t Wirk fljocht troch de hânnen, elk kin ’t maklik tille, ’t Jing’ hy heth to dwaen hjoed, ho drok ’t ek mei rinne, Yn ’t moudige boulân, by kliuwende sinne; En heech yn ’e loft op, gean stees wer seiskearen Dat sûnder ’n oar reitsjen en sûnder mislearen, De teskers hjar flaeljes oer de útsprate leagen, Dy jimmer weroan sa it boekweitstrie reagen.
Al wier ’t „Krijerije”, Dûbble „Skotsetrije” Ien dounsjen en boartsjen, Stees sûnder bikoartsjen, Fen siikjen, net krijen, By twaën en trijen, Dy flaeljes hjar stygjen, De mannen hjar nygjen, Hwaens flaeljes sa klappe, De kerrels biflappe, Hwer sûnder gjin stedden, Gjin ljue fen ’e medden, Nea, pankoeken krije, Nea! iet Willem Trije, En sels Willemiene, Wol rekke yn ’e pine, As hjar Juliaentsje, Fen ’t reedridersbaentsje, Mei ’t hongrige maegje, By mem kaem mei ’t fraegje: „Siz âlderljeafst Moekje, Krij ’k joun in pankoekje?” Né sûnder de bouwers, Fen Grift ta de Lauwers, Foarby waerd elk parte, Foarby scoen’ hja moatte, Fen lekkere biten, Om pankoek to iten. Pankoeken is kost, Der kin min hiele dagen op reedride, Den krijt min gjin pine yn ’e side, Pankoeken: dat past.
Wol min fen Fryslân elk sted en elk stedsje, Opsiikje oer iis yn in koart setsje, Op twa stikjes hout, der ûnder twa izers, Binnen de dûbeltiid fen ’e klokswizers, Gjin koeke yn ’e mage fen boekweitennoat, Redt min dy reis jimm’ ou, oars wirdt it in moard.
Skinke en aeijen, Helpe earst wol. Mar min bliuwt hol. En komt dan ’t waeijen, Dan wirdt min flau. En hie min nou, Boekweitmoalstrou, Under it fesje Joech min in lesje, Troch ’t iepen spyn Oan de Eastewyn, Derom jimm’ riders, Nim sûnder widers, Mei dan dy deis, ’n Pankoek op reis.
Praet ris mei de imen, Hwa ’t measte himen, Hja dizze simmer, Do ’t hja mar jimmer, Ier fen ’e dage, ’t Wyt fjild hjar hage, ’t Boekweitfjild rûken, Der hinn’ ’t hjâr lûken,— Ef dizze mannen, Dy wân by wannen, Hjoed hjir ouslane, Dûbeld wirk dwane. Hwa heth it drokker? Ried ’r om. Hokker, Is min to sizzen, Net út to lizzen.
In dûbble risping heth it lân Yn simmermoanne de earsten joun, De ymkes hjar skûrren ta de rân, Binn’ fol fen ’t alderswietst bifoun.
’t Is ek net op in luitr’jen gien, Net ûnderweis to praten stien, By Hulders, Jellebijegûd, Nei ’t boekweitfjild! mei hunnich foart, Op hûs ta nei de bijekoer: Rjuchtút mei ’t swiete winterfoer.
Hwat wier ’t in noflik wirk sa’n dei, Nei ’t boekweitswyt _leech, fol_ derwei, It hie gjin ein, dy hunnichskat, Gjin unwaer kaem hjar ea oer ’t mat, Moarns ier dan blonk al ’t remmewyt Hwerwei in swietroaksamme giet, Ta dat de lêste boekweitsblom, Utbloeid wier yn it ryk rounom.
Ja bânich hien’ dy lytse ljue ’t Net minder yn ’e war, om fen de lânnen, To heljen ’t swiet, witt’ goed ’t jing soks bitsjút, De frage is ’t hwa ’t drokst ha, hja as de mannen? Dy ’t foar de lette joun net komme yn hjar honk, En waeksdomeftich binn’ yn ’t krús, yn rêch en skonk. Hwa scil it skiede, beiden dien hjar úterst bêst, Woech min: de eefner bleau yn ’t húske op it lêst. Ién ding stiet mûrrefêst, ja sikersonk; ho ek: min wit, Fen beide kanten waerden skatten garre, troch hjar swit.
Sjoch Louw Hindriks, ’t tsjokke mantsje, Yn al ’t wirk in „by der hantsje”, Him der yn syn blaue kiel, Mei syn hânnen, rou fen iel, Heech syn rêch fen ’t jimmer bodsjen, Sjoch syn teskjen, leach opskodsjen, Hwet heth hy in fêste hân, Fen it boerewirk forstân. Hinderk, Albert binn’ syn soannen, Skrippe ek fen de iere moannen, Gâns mâns ta de lette joun, Binne geef en jimmer soun. De oare: Minze is eat gammel, Deis op syn skoenmakkersskammel, Is heal út pleizier, hy hjoed, By ’t oanheljen is hy goed. Baeije, ’t fanke is de sister, Boadskipsrinster: net fen jister, Hellet iten, drinken oan, Is der by fen de iere moarn. Hanne Aukes, syn soan Auke, De earste tesket, mei in sjouke, Boekweitskeaven d’oare komt, By de lange telleromt’. Age en Ale ek soannen, beiden; Jonges binn’ ’t as lange reiden, Sa as min ’t mar seldsom seach, Binne ek wirksum mei op ’t leach. De âldste: Hanne en Tietsje Ate, Lit him net by ’t wirk wei state, Heth al for in mansman stien, Makket goed syn plakje skien.
Romke Martens, de sechtichjierige boers Aldfrjeon, By de hoek fen ’e Twiz’lerfeart en Knilles Djipt wei; De âlde ungetider, skript yn ’t boekweitteskjen drok mei. Is om boers pakesizzer, ’n broekmantsje, in bern bleaun, As ’r jouns seit: „Jan! hwa fen ús fierst springe oer de wei kin!” Yn jierren forskil, as Isack en Binjemin!— Nea foijitte kin ik myn boarter, dy bêste âldman, Frjeon ût myn bernetiid, der bliûwt yen ’t ûnthâld fen. Twa miedmannen Paulus Smids en Tsjeard Sytzes, Dwaen oan ’t boekweitteskjen hjoed mei by Wietzes,[6] Ek lykwols fen meanen en fen bag’glerije, Fen sleathoukjen, slatten en reitsneijerije, (Hwer yn nearne ea hja hjar gelikens krije), Is hjir hjoed gjin sprake fen: út aerdichheit, Binn’ hja hjoed ris mei, fier fen de klyn en ’t reid.
[6] By Wietzes: Wietze Binderts Kloosterman (berne yn 1777).
Grytsje Gerben, by ’t Wyldpaed wei[7] Skript sa as ’t stees yn syn aerd lei, Sûnder op to sjen in kear: En der binne sokken mear: Sjoch Roel Fôkes der oan ’t skrippen, (Kobbels swit min) ’t leach omwippen, Docht mei Gerben, hird om hird. Elk is op syn meast dwaen great! Makket goed syn plakje skien. Joege Sigers, de âlde drege, Heth it hiele spil oerege, Seit tsjin de oaren: ’t waer dijt mei: „Boekweitteskerswaer sa ’n dei!” Hy giet foar mei, wiist de oaren, Mei Louw Hindriks, docht to foaren, Ho mei seis man, „slach” min hâldt, Hy folleard en sechtich âld. Sytze Hindriks mei syn twadde. Knilles Sytzes, hwa ’t him, warde Gjin dy better ’t wirk doar oan Kamen al yn de iere moarn, Knillis ienichst bern syn Janke, Kaem ek mei dat flinke fanke. Ut hjar wirk ’r om hinne kaem. En to helpen hjoed in raem. Minze Hinderks wier ek roppen, Kaem dizz’ dei fier wei fen „boppen”, By it teskjen paste er sa, Slacht sa as broer Louw ek ta. Jaring Egberts, de âlde learde, Hâldt m’yn alles, tige yn wearde, Hy helpt mei, syn soantsje Durk, Docht ek mei yn ’t lichte wirk.
[7] ’t Wyldpaed, de brede moaije sânwei ta 1912 fen Kollum, Feankleaster nei Ljouwert.
Nou der komt ek Hanne Bakker; Giet er mank: ’t is lang gjin stakker; Mei de mûle in abbekaet. En in bêste kameraed. Alle wirk heth hy meimakke, Ploeije kin hy, en ek bakke. Hien’ de hynders him net oer— —Jage by de Tsjoelster boer, Den wie ’t mei syn ûnderein Net sa as ’t nou is, bislein. Mar syn mûle en forstân, Naem hy mei nei ’t boekweitslân.
Minze Wietzes, de broer van syn frou, Mei’n oar bifrjeond, hy goedlik en seft, Helpt Hanne yn ’t swierste in hântsje wol gau; Minze is yn ’t wirk in Simson fen kreft! Kwinkslaggen binn’ sines, hy hâldt fen in grap, Yn dwaen en yn litten mar stees like gnap. Hwa komme deroan! Jan Louws, Ebbe en Louw, De heit en de broerren fen Ritske syn frou, Mei Klaske, in dochter en sister, binn’ kaem; Hja binne biskaefd en sa deftich fornaem. Hja in Blom fen ’e klaei, in Leelje, in Roas, Gjin aerdiger, gjin oannim’liker hjir oars.
Nou gean wy it lân ris del, Hwent de oanhellers binne ek tel.