Chapter 6 of 8 · 3871 words · ~19 min read

Part 6

Hark de klyster in Maertmoanne, Moars bitiids al foar de hoanne; Snie leit yett’ yn de ûnderwâl Heil en wyn alhiel en dal! Tankber for ien sinneblink’, Om to sjongen op dy wink’. By ’t reawirden fen ’e dage. Stien yn lijte fen ’e hage, Hiel in moarnsmiel lang al klear, Wer for de safolste kear. Sjonge, ’t útsjonge fen wille, Dat it boartsje der fen trille! Der for heth dy wille foun, Der for is dy ’t libben jown! Ta de lof en ta de ear, Fen de hege Himelhear. Witte net fen foarriedsskûrre. Krekt sa lang as ’t brieden dúorre, ’n Skûle for it kinstich nêst. Yn in flakke spjirtûk fêst! Woeksen der gjin klysterbeien, Oan de griene hulsten net? As mei bloedkralen biset? Hwerfen tûzenen yett’ leijen, Do ’t mei Sell’ bigjoan to teijen, Der do ûnder, is ’t oars net?

Sjoch! hja lieten God mar soargje; Him hjar wintertarring bargje, Dat hja mar trochsjongen koen’, En op God fortrouwe woen’!

De swarte roeken dwaen net mei, Oan ’t jing’ de minske haget, Hwer nei hy sa bot jaget, Ha for de winter neat weilei. Hja tinke: Elia foerren wy, Nou scil God ús wol foerje. Mei koart ek ’t „moai waer” doerje, Fen skûrrebouwen blieûw’ wy frij, Oars scoe ús God ’t oplein ha. Omt wy gjin oarder krigen, Us foarâlders ’t nea digen, Bijoue w’ús der ek net ta. God heth ús jimmer boarge, En stees mar for ús soarge. Gjin oubiteljen komt der by, En binn’ fen rinte sels ek frij!

Op oerwinnen ha wy gjin swak, Binn’ moai yn ús swartlekkens pak, ’t Wirdt mei de tiid net skurf en feal, Dat wirdt net rea, dat wirdt net keal, Der bliûwt stees op de moaiste glim, Us klaeijinch, dermei wirdt ’t nea slim, Sa is it ek stees mei ús kost; De witnis, dat God op ús past, Is for ús lyts forstân genôch; For ’t nêst allinne mar getôch; En dermei is al ’t wirk ek dien, For skûrrebou gjin planke ef stien. De minsk troch syn grounwrotterij, Heth makke ús fen it switten frij.

Yn de ierde _del_, mar in heal stek, Der is ús skûrre; en _fol elk fek_.

Wy ha de fûgeltsjes bilústre; De gong fen ’t fûgellibben ris; „’t Malkoar” oansjen, „ho waerd er flústre”, Oerlein, bislúten, sûnder mis. Dat pearke, dat kaem let delsaeijen, Oan kant, in bytsje yn ’e raeijen, (’t Wier de earste echte Maitiidsmoarn); ’t Petear net lûd, oars as gewoan, Mar dit en dat wier goed forsteanber; „Gjin hûs ha ’k for in wyfke teanbar, Fen skûrrebouen wit ik neat! O né! sa heech ha ik net leard! Ik wenne yn ’t fjild ta nou, allinne, By de Sânsleat, yn de efterst finne;” Nou woe ik wol in wyfke ha! „Soa? Kin dat sounder skûrre ef sa? Al hiel en dal mar gjin krûpyntsje? Gjin trompen en gjin itenspyntsje? ’k Freegje omt ik sels gjin wente ha, Allinne koe ’k mei weinich ta. Mar as ’t op ’t lêst bigjint to snijen, Binn’ j’ek den bang for hongerlijen? Ik ha gjin splint, alhiel gjin jild, Gjin hypotheken, lân net, fjild, Gjin hoedden, broekjes net, gjin jurken: ’t Bin earrem, lyk as alle ljurken. Myn klaeijinch is oars net as skier, Myn dracht ienfâldich, sûnder swier. In kroantsje ha’k, oars neat, op ’t kopke, Sjoch mar: dat lytse fearretropke.

It ienichst, ’t jing’ ik greatsk op bin. Dat sjit my nou sa krekt yn ’t sin. Dat’k fleane kin, mei fûle foarsje. Dat ’k ha in oargeltsje yn myn boarstje.

„Nou ljeave kom! wy binne in pear! Wy smite ús ûnk en wille gear. Wy woll’ gjin soarch ha en nea kibje. En for ús Ljeaven Hear stees libje.” „Wy binne hjir foar God nou troud. Dat Hy ús boask syn Seine jout!”

Sjong mantsje fen moarns ier, jouns let. Om’t wy fen neat ea ha forlet. Ik scil den ûnderwilen harkje, En ûngefear ús fjild ouparkje, Sadat ús bûrman nachtigeal, Oer heech en leech, hâldt mear as heal.”

Wy binn’ hast Ingeltsjes, ha wjûkken, As dy, al binne ’t lang net sokken, As God, dy Himelboaden joech, In jefte is ’t for ús, tige omfoech! Om’t wy net iendris minsken binne, Wy boppe hjar, se hawwe allinne! Wy mei ús lyts fûgelforstân. Ho soarge net for ús Gods hân, Dat jimmertroch wy sjonge kinne, Net sjidsje en dochs de kost wol winne, Net rispje en dochs sa mei’n omsjoch. Soun komme er lâns, de winter troch.”

En as it gealtsje giet oan ’t sjongen, Ut bûrskippings is ’t sa bidongen, Den woll’ wy harkje nei syn liet! Ho’t hy Gods greate dieden fiert.

Dy heth wer oare gaven krige, Nou dy forstiet it sjongen tige, Dy sjongt noch moaijer as ik kin, Al sjong ik oars ek net sa min.

Dy wol ek net fen soargen witte De moaiste sang scoe hy forjitte, As hy sa om in ding fen neat, As wintersoargen en sa eat, Fen wintertarring oan to sjouwen, En sa ús Ljeaven Hear ’t fortrouwen, Opsei. Wei wier dan ’t moaiste fûgelliet Dat nou for Him nei boppen giet.”

Ik wit net: ha jy David kend, De sjonger fen it Aldtestamint? De dichter fen safolle psallems, Dy opstigen mei de offerwallems, Fen út de heilge timpelromt? Nou der ek binn’ ús sangen komd; Wy krigen oargeltsjes to spyljen, Dy salang ’t blomt net giet oan ’t wyljen, Sjongt ’t oargeltje yn ús lyts boarst, Dy psalmen Davids daegliks foarst.

Dy ha ús affaers oan him leard, Hy dy ta Skeppers lof bigeard. Binn’ komd ta ús oer folle ieûwen, Salang de wrâld stiet ek to bliûwen.

Wy sjonge s’op dy moaije wizen, Hwerop ús affaers God al prizen, Wy leauwe: de Ingels harkje er nei, Sjong’ wy: de wolkens wirde wei: God sels sjocht wei den fen de heechen, Us mei Syn sinne oan, omleechen.

Wy hâld’ er for, dat David earen, By ús affaers west heth to learen, Do Hy yn Bethlehem Ephrata, Syn kudden skiepkes ’r hie to hoeden, For wyld djiert en for oare noeden, Hwer wy nêst God de ear er fen ha.

Wy sjen him op de Olyfsbergs siden, Dy tiid as hy net hie to striden, Mei ’t jing’ syn fé gefaerlik wier. De sangen fen de fûgelwizen, Dy God yn toanenskienens prizen, Ho hy der nei to harkjen stie.

En ho hy ’t him net koe bigripe, Dat wy om foarriedsskûrre ef kipe, Net tochten for de winterdei; Mar krekt s’as lytse berntsjes dwaene, Net om de dei fen moarn eat jaene, Mar boartsje en sjonge al den dei.

Dat leard’ him miskien ’t Godfortrouwen, Op Hwa hy wist by ûnk to bouwen, Troch neitinken hy der ta kaem, Syn psalmen drage er fen de stimpel De psalmsang, dy út elke timpel, Sont do, de wei nei Gods troan naem.

Miskien ha, fûgels wy der ta wjûkken. Sa bin w’oars sûnder ûngelokken, Hjir kaem fen ’t fiere Edenslân. Der yn woll’ w’ek op Ingels lykje, Ho koen’ w’oars hege loften sykje, Hien’ wy gjin Ingelwjûkjes hawn’!

Sjoch Ingels binn’ as wy net ledich. Sjoch Ingels, dy ha ek niks nedich. Wy yn ús libben weinich mar. Hjar wirk is sjongen ta Gods eare, En kin wy net mei Hjar forkeare, Us wjûk bringt lykwolst neist oan Hjar.

Wy witte er fen ho David earen, For Saul syn harptean die hearen, As dy mistreastich sims ris wier. Ef ’t ek dy sangen ’t miskien wiernen, Dy hja den op it spyltúch hiernen, Mis binne wy miskien net fier.

Om Sauls moed eat te forsetten, Syn Godfortrouwen hie’r forgetten, En der troch spyl’ him David foar. Forlern wier Saul’s Godfortrouwen. Hy harke ’t ljeafst nei tjoenstersflouwen, Yn pleats fen nei ús fûgelkoar.

Dat bliid stees is; gjin takomstwinsken, Dat boppe ierd’, fen wolkengrinzen, Net witte wol, hwerom den ek! Jimm’ minsken, mei jimm’ heech weardije, Fier boppe ús fûgelt, jimme swije? Mar Godfortrouen ha jimm’ brek!

Gean minsken, jimme net dochs fier to boppe, De fûgeltsjes? hwer fen út blaue romt’, Fen himels koepel, hja Gods lof ûtroppe! Yn psalm en hymne, dat ta de ierde komt!

Hja wolle mar gjin goud en sulver garje, Hwer dieven smjucht op ha, rust, mot! Net sjidsje om to rispen, net ’t iten sparje, Hwent for hjar soarget ommers jimmer God.

Ho scoe God jimme den forjitte minsken! Jimm’ binn’ sa folle mear as ’t fûgelgûd, Wêz’ rêstich dos: ha net sa folle winsken!

Lit soargje Dy, Dy Maitiids ier de sinne, Ta fruchtbermakking oer de ierde stjûrt, Sadat de winters wer jimme oerkomme kinne.

Febr. en Maert 1912.

GRIEN, BÛNT, FEAL, WYT

As de wrâld grien is, ’t Mei winter dien is, Hwet minsk’, dy den heth, Oan de winter ’t lân net!

As bûnt de wrâld is, En ’t nea mear kâld is, Den seit gjin ien minsk, Nou hab’ ’k noch in winsk.

As de wrâld feal is. Winter ’r al heal is, Den tinkt min torêch’, Oan ’t moais, dat min seach.

As de wrâld wyt is, Min ’t blomte en grien kwyt is,— Den woe min hast mei, It blomt’ en ’t grien „wei!”

1909.

IN MINSKESIN, IN MINSKELIBBEN

In minskesin is ek in minskelibben. Lit yn ’e fremdte it wêze, in blomknop, dy-t let bloeit; Ef fen ’e mied ou, sinneskyn, mids sibben.

In minsk hat langst nei dit ef det to krijen, En sjocht sa jerne, dat syn lok op ierde groeit; En wrakselt baes to wirden oer syn lijen.

Der _by troch_ is ’t, as ’t minskebern syn sinnen, As op ’e rin hy wier, bitiids net keart tobek; Net seit: „yn ’t honk” by ’t jimmer hirder rinnen.

Oars draeft sa’n ien foarby syn sin, yn ’t jeijen, By al syn rikens heth hy neat as ien ding, brek. Sjocht om, bitinkt him, en syn laeits wirdt kleijen.

Hy foun syn pearels, miend’ er; lykwols stiennen; Grau, skier, ûnsjoch, sa lang net sinnestrielen ’t ljocht, En waermens, libben, der oer striele hiene.

Gjin wearde hie ’t, al wierne ’t ek jewielen. Om ’t eigen waermte en ljocht it net to foarskyn brocht, Kâlt bleau it moed der by: ’t wiern’ wintersinnestrielen.

Pandore’ frjemde doas, wier der mei troch beditsen, Mei klettergoud biwoelle, in njirre ûnder ’t blomt’; Dy ’t oantaeste, troch njirre’s angel stitsen.

Den giet it fierst to fier, elts moat de mjitte kenne, Sa dat op ’t rjuchte plak it lok yen net ûntkomt, Dos _yn ’e baen nei ’t lok;_ dat lok foarby net rinne.

To hird, to wyld, to gau ef ek tofolle, Dat’s minskelibben net en net de minsk syn sin, Oars slacht’t om ’t hert, ek ynslaen yn yens’ holle.

Hwet út ’e wei gean, neat hearre as er kibben; Ien lytse winsk: ’n trochbloeijend blomk’, nea op ’e rin: As „’t klaverfjouwer lok blomt”, ’t byld fen ’t libben.

1908.

BLIDENS

Ho dat dit yn ’e wrâld mei rinne, Bliuwt yen der mar ién ding allinne, Ho slim ’t op ierde ek foar ús leit;

Sadat tsjin ’e ein, al ’t tsjust’re en neare, De loft fen ûnk en wea opkleare, Ién striel; wei is de nearigheid.

Dat kin oer al ’t fortriet yen tille, Ho lyts den ek, dat bytsje wille! Dat yen oan ’t libjen hingjen docht.

Dat is in gouden rân fen blierrens, Op donkre wolkenbank fen fierrens, Heechstrieljend, dy oer ’t loftrom tsjocht.

’t Is do wy ’t earste ljurkjesjongen, Op Sellemoannemoarn opfongen, Wy wer dat liet sa graech wer heard!

Krekt as de earste finneblomme, Dy ’t laket earst yn ’t hiel rounomme, Wylst ’t ljeave kopke ’t nei ús keart.

En ’t is as meast wol yn dit libben, It blide wersjen fen yens sibben, Dy ’t min yn lang net metten hie.

Dat is, as de eagen elkoar mette, De blydskip, ’t praten yen bilette, Do min for ’t earst wer foar ’n oar stie.

’t Is as in tynge út fiere fierte, As frjeonen, dy ’t elkoar forjitte, Einlings wer tinke om elkoar,

Sadat út lang forfleine jierren, ’t Oantinken wer komd is, fen fierren, De frjeonskipsbân wer knotte om hjar.

1908.

DY HEART DE KOEKKOEK EK NET WER?

Dy heart de koekkoek ek net wer, Dat sizzen is sa hjir en der. En as soks praet, Midwinters is, Den tinkt min, ja, mei him giet ’t mis. As min dat yn sa ’n tiid ris heart, Den is it krekt as ’t mear noch beart’.

Mar as de earste skelfink slacht, En gau der nei in hiele jacht, Fen ’t Súden delkomt, yn yens gea, Dan wirdt min eang net mear for dea. Foart nei dat’ earste finkje song, Den fielt men yen wer ringen jong.

Woe’t winterjen mei yen net rjucht, Nou min wer Peaskeblommen sjocht, De houtdou nestelt foar yens doar, Den set min ’t bêste foetsje foar; En tinkt om bouen, kij, en hea, De koekkoek ropt: Hwa tinkt om „Dea”.

It lân út, dat is elts syn nocht, Oan ’t wirk is elts wer, sa min sjocht; De hynders binne drok yn ’t span, Fen luiterjen wit nimmen fen. It Easten blaest it bûtlân leech, Sa ungemirken mei in feech.

De mounlen yn ’e kriten ha, Mei’n tichte koelte ’t maklik sa: Foar folle seiels weaget min ’t, Lykwols de mounle hastich rint.... Mei seiels wyt en brún en rea, Nou moaijer wier ús Fryslân nea.

It kleare loftrom spant him wiid, Hwer troch gjin wolkje kuij’ren giet; De kimen rekke wiid hjar út. For koekkoeksrop gjin ear him slútt’, En kreks is ef min ’t griene fjild, Mei mounle en doarp omheechens tilt.

WINTERDEI

Winterdei! Sniegejei, Flokjes fyn, East de wyn, Dy forbaesd, Fluitet, raest, Om it hûs. Skûrt de oes, Makket ’t tek, Frij hwet lek; Smiet him op, ’t Beamt syn kop, Dat it bûcht’, Healdea smûcht; ’t Komt der ta; Hwent nou ha, Foarst en snie, Mei’n oar rie; Hjoed de dei, Komt de wei, Hiel en dol, Fen snie fol!

Binnendoar, Heth dit foar, By sa’n tiid, Dat min bliid, Is m’ as, net, Boadschip heth, Ef forlet. Hwent bislist, Net oars is’t: East, West, bêst, Op it lêst. ’t Moaist den thús, Yn yens klús.

DE EARIZERS

Dat wy gjin iis nou langer ha, Die Fryslân sels it measte ta. Hwent kaem om Krystiid sims de sinne, Den bleau hy faek net lang allinne. Hy naem for selskip mei alteast, Ien sterke heldre frjeon fen ’t East. Den seach hy mei in goede wike, Hodat yn Fryslân ’t fjirder like, Hy selskip krige ek oer iis, Sa as alear op ’e âlde wiis. Den seach hy mei ien laeits fen blidens, Oer Fryslâns djip—en marrewidens.

Alear den lake yn de iere moarn, Him foart nei achten ’t moais al oan, Dat hy fen ou syn himelhegens, Delstruide den op Fryslâns legens. ’t Frysk froulju’s folts rôp hy ta lûd: „’t Is ’t moaiste riderswaer for hjoed!” „Yn de earizers wol ik my speeglje! Mei ’t hûswirk moatt’ jimme it sa reeg’jle, Dat ik op ’t iis rjue sintsjes sjen! Hwent ik neam jimme: „_sinnebern_”, Frysk frouljuesfolts, om jimme _earizers!_ Jimm’ binn’ libjende _sinnewizers:_ Jimm’ kopkes ûnder ’t gouden ljocht, Nei ’t alâld Fryske winternocht.”

Sjoch! derom kom ik winters jerne, Seit fierder ’t sintsje, er my ta wenne, Dat’k foar de koartste dei al skriûw, In wike ef seis ik by jimm’ bliûw. Mar scil’k salang’ by jimm’ forkeare, Moatt’ jimm’ my ek in bytsje eare; Set nea it breed earizer ou, Oars jout it jimme great birou. ’k Seach koarts op ’t iis sa’n foddebosken; ’k Tocht earst: ’t binn’ troppen skiere mosken? Oars wier ik folle langer bleaun.— Ut Fryslân _wei!_ sei ik do Snjeon.[24] ’t Earizer makke de Friezinne: Nou kin s’om my wol hinne rinne.

1909.

[24] Sint Steffensdei 1908.

US SPRAKE

As Fries, moat min mei Fryslân ’t hâlde, Wy dwaen ek ljeaver neat as dat; It goede en skiene fen ’t alâlde, Biwarje w’as ús greatste skat. It echte Fryske yn praet en dwaen, Bilieven moat net fen ’e baen.

Wy romme op ús moaije sprake, En hawwe der mei op in boel. De tael fen heit, mem, beppe en pake, ’t Petear yn ’t Frysk komt oan ’t gefoel. Der prate w’yn, der bidde w’yn, Us tael giet djip, is mear as skyn.

US FRYSLÂN OP SYN MOAIST

Us Fryslân is om Maeije ién pronk! Hwa ’t gouden koalsiefjild der seach, Hwa dy it ea tomiette blonk, Ik wit dat hy’r wer hinne teach. Net sêdsjen koe him oan dy sprankjes; Net sêdheare oan dy bijesankjes; Net sêdrûke oan dy giele rankjes.

Us Fryslân is dyselde tiid, Wol ’t moaiste to bisjen dan ris. De hôven reawyt, wiid en siid, Hwa seit dat dan op ’t moaist net is? Hwa ’t Fryslân op syn moaist wol kinne, Moat er den hinne, en wer troch hinne, Let eindsje; er út al mei de sinne!

Hwet letter stiet yn oare pronk, Us Fryslân ynne lichte klean; Yn ’t moaiste cream stapt it fen honk, En bliûwt ’n in wike ef hwet yn stean: Ho ’t fen hunnich komt der fen dinne, Wer bijkes in kenigryk winne, Op ’t sniefjild by simmerske sinne.

Nou komt by ’t grien en wyt en goud, De echte simmerdracht ris oan. Mei ’t fêste waer is soks fortroud. Past by dit simmersk waer sa skoan. Kom Fryslâns bisjoggers nou harren, Nei ’t reablomt, yn mêd en yn skarren, ’t Seiltsje op nei it blau fen ’e marren!

Nou leit it djipste grien oer ’t wâld As bloedkrael nou in kers al blonk, Neast lekker linebeamteskâd, ’n Fjild stânnen foar de seine al sonk. Ho warber yn ’t haijlân hja binne! Ho drok, wyls ’t hja hinne en wer rinne! Ho’n hea mei dit moaiwaer hja winne!

Us Fryslân wier yn simmerdracht, In moarn bitiids, sa by ús komd, Mei allerhande moais in fracht, Fen dúsentskienen, roazeblomt’. ’t Wier as út syn blomkoerke rôlle! De wrâld al syn moai blomt’, sa folle! Yen sûze ’t er fen ynne holle!

Min gyng de hiele gare dei Ut niget, blomtún troch, fjild, hôf’. Min foun it blomt’ sels oan ’e wei, En tepte er fen by ’t poeltsje ôf. En dermei it reidmoskje oan ’t sjongen! By ’t nestje mei hjar fjouwer jongen: Ho’n moais net mett’ ha w’op ús gongen.

Nou leit yn Fryslân ’t Parradys, Fen rypjend noat, fen apel, par, En gau den frucht op tûke en rys, Ef reawangkjes, ek bar om bar. By ’t boekweit- en koalteskjen fleane, De flaeljes, seisstimmich! hja geane! Yn ’t jounrea, oars heart men niks, nearne!

Us Fryslân heth hwei oars oantein, Dat past by ’t iisblomt’: boäwyt, Jewielen ljocht der kreas oerlein, Dat heart by ’t iis op mar en ryt. Ef ’t de Krystdagen moais sjen scille, Op Birgerdaem, Schouw en ’e Dille, Jong Fryslân hjar nocht en hjar wille!

1908.

US FRYSLÂN IN GREATE TÚN

Us Fryslân is in greate tún! Net dat min for ’t thédrinken, Moarns der om hoecht to tinken, Om sels op Gabe’s Noargerrún, De slingerpaden allegearre, Yn ’t nochteren min trochjeie kin.— Hwa, dy dat ea probearre!— To foet, ien dei, joun thús, wirch min, Mei blierren oan ’e foetten En waeksdom yn ’e botten, ’t Hier oan ’e holle plakt fen ’t swit, Hast gjin heal minske mear; „forlit”.

Us Fryslân is sa’n greate tún, Foar iten dy troch fleane, Mei ’n auto; ’t heart min earne.... Fen ’t iikegrien, fen ’t bûkebrún, Fen ’t blomtemoais om slot en pleatsen, Fen ’t griene fjild fol hynsteblomt’, Fen hirddraven ef keatsen, Hirdsildery op marblausromt’, Seach m’ ommers neat; gjin hûzen, En wettermounlen, tûzen, Om Maeije in flach heech op ’e wjok, For ’t jongtroud pear hjar seine en lok.

Us Fryslân is in moaije tún, ’t Bisjen sa tige wirdich, En is min aerdich firdich, To foet doch bêst troch bosk en dún. By ’t simmer, as ’t net al to moudich, As tryblich waer is by de dei; En docht min mar ienfoudich; In stûrke bûsjild den ek mei, Gjin gongelstok forjitte! Yens sibben thús ûnthjitte; Mei nije moanne, sûnder ûnk, Yn ’n dei ef tsjien, bin ’k wer by honk.

Us Fryslân is sa’n greate tún, Fen tûzenen pounsmietten, Sa njuggen hûnderd mietten; De âlderheechste beamtekrún, Dy rûst om de Olderterpster slotten; Sjocht by „Dykshoek”, min lang net mear, It is in reis to skatten! Ien dei, ien moanne, as yett’ mear! Sjen skepers ’t skiep’gûd hoede, Syn houn de keppels stjûre, De bokweit op in tippe lân, Yn wite pronk oan heiderân!

Is Fryslân dos gjin moaije tún? Moarn sjen wy ’t koalsie bloeijen, Joun yet de skipkes soeijen, As wirch fen ’t gean op stien en pún, To Birgerdaem w’oangean en pleistrje; Wy rôppe ús der net skoar en hears, Nou ’t s’efter al omheistrje, Om ’t min foarút al wist ho bears, Ut Birgums mar ús smakke,— Strak scil wy ’t gastmiel pakke; To metten, Tsjibbe Gearts’[25] is kâns, Gean w’earst de bûrren efkes lâns.

Us Fryslân bliûwt in echte tún; As nei ’t Noard-East wy geane, Den scil syn moaist’ ús teane; Dos al wer krekt as op ’e strún; Earst troch de moaije wâlden, Den komm’ w’yn Bûrums fette klaei, Fol dikke kij, joun yett’ bihâlden; East-Dongrediel troch mei in swaei; Oer Nijesilens slûzen, Sjen fen ’e sédyk ’t strûzen, Fen ’t binnenwetter op dat sté, En ’t sésicht oppe Louersé.

Is Fryslân net in moai stik tún? Syn parken: kawels lânnen, Dér ’t noat, der ’t gêrs op stannen.— Dat is gjin tún, seit ’n bus, ’n skarlún: ’t Is ommers alles lân, fjild, boulân, greiden!” Ek goed! mar as ien tún sa skien!” „Wy ha gelyk,” mar beiden! De greide is as in park sa grien, ’t Giel koalsied nou, mei gauens, ’t Blomt fen ’t flaeks syn blauens, Yn brimm’reidsgoud de lândyk, nou? Bikoartsje jo en siz mar „hou”.

Siz net mear: „Fryslân is gjin tún!” Wy kinn’ sa min dat heare, En as wy al hwet beare. Dochs sûnder stoam en Noarcher rún, To kuijern bliûwt it bêste. Op stap heth min jimm’ nou hwet brocht, To Mearum, Beltsam moatt’ jimm’ rêste.... Der ha w’ús grientetún útsocht. En den mei wy ’t wol lije, Nei Grou’s hirdsylderije, Ha sa op Fryslâns fivers fean, Kin den ’t Oranjewâld trochgean. Goereis!

Maitiid 1910.

[25] Sint stoarn.

KOLLUMERLÂN EN ’T NIJKRÚSLÂN

Koll’merlân en ’t Nijkrúslân, Oan de Lauersé syn rân, Mei syn alderbêste greid, Dy yn ’t hiele Fryslân leit, Op ’t Nijkrúslân by de sé, Achtjien pleatsen op dat sté . Efter ’n hege dyk syn krún, It is amper der ien tún. En twa wettermounlen ha, ’t Binnenwetter wei mar sa. ’t Binne ek greate, dy op tiid. De iene, ’t yn ’e Pompster Ried, De oare ’t nei de Kolk ’t útsmiet, Dat it troch de séslûs giet. En de Koll’mer moaije toer, Sjocht de hiele wrâld hjir oer. Kollum, giet min dat ris lâns, „Nou” seit min, „dit is my gâns, Nou seit min: dit is ien sted: Om’t sa’n moaije haedstriett’ heth: Slotten, tún by ’t deftich hús, Kollum! siz mar, haget ús.”

BOMKLEASTER EN DROEGEHAM