Part 7
’t Is yn ’e Ham lang net ûnaerdich. By ’t winter bare smout, By ’t simmer o! sa smout sa skadich! Der ûnder ’t ipren hout. Hwent sjoch! mids yn it doarp syn hûzen, Heart boppe tsjerke en toer, De wyntsjes min yn ’t beamgûd rûzen De tsjeppe bûrren oer. Ien bosk fen sokke ipren stammen,[26] Sa heech en den sa krûs, Siz! hwer de wjeargea en binammen? Mids kuierpaed en hûs? Ien Brink sa as min det wol wend is, Yn ’t soune lânskip Drinth. Oars net yn Frysland soks bikind is, Der yn ’t fen Fryslân wint. Om soun to wenjen en to bliûwen, Den nearne as nei de Ham. Der sjocht min lang yens jierren kliûwen, By ’t grien fen de iprenstam; Elk, dy natûrskiente mei lije, Dy fynt der wille en nocht. Dy ’t kin, giet himpe er íén, twá, tríje, As ’r net mei ’t loftskip fljocht. Min kin der kuijerje, altyd weroan, Troch beamte, bosk en blom. Heth min mar sin en niget der oan, Soks is der yn ’t rounom! Iens koe min der in lânhûs fine, Fen alles heth der west. In berg, in fiver, yn ’t forline, ’t Gyng ek al yn ta rêst. De standermounle, dy foar jierren, Der stoe is ek fen kant. Min krige ’im al yn ’t each fen fierren. Neat bleau er fen yn stand. ’t Wier ’t moaiste hwet de Ham ea sjoen heth, Yn hearlik lânskipspronk! Neat’r for yn pleats, hwer ’t min hwet oan heth, Yn ’t oars moai Hamsterhonk.
Wier min foar hûnderd jier mar berne, Den seach min dit en dat, Hwet rekk’ne wirdt nou ta ’t forlerne; Sa mennich moais en skat. En giet min nou nei ’t Easten hinne, Riist oan ’e kym sa foart, Heech dat it sjocht oer bou en finne, Dat min ’t biwond’rje moat _Bomkleaster_, mids syn hege iken, Kastanjebeammekloft, Dy breed it Kleasterplak oertrieken, Heech waeije yn ’e loft. It is der yett’ allike fredich, As by „Marije’s Rop”; Heth min de seisûr’ klok der nedich, Den rôpt dy’t lânfolts op. Iéns, Bouwe, út Twizel, der fendinne, Dy wirdt hjir troch ús mett’, Yn ’t oantinsen, dat hy allinne, ’t Bomkleaster stichte heth. Het iens de tiidgeast ’t Roamsk geloave, Weikoassebant fen ’t plak, ’t Natûrskient’ koe it mar net roave, Dat hie oan miening lak! De fûgels, gealtsje, skelfink, klyster, Dy bin hjir Maitiids thús; Komme ier er oan, mei miich en fryster, En wenje hjir by ús. Fen wieroak is de loft trochtritsen, Dy strykt oer tokke, oer blom, Gjin stoarm heth hjir ién tûkje oubritsen, ’t Is smoute hjir rounom. De fûgels op ’e groun en boppe, Ha hjir nou ’t heechste wird! Krekt as s’oer ’t tsjerkhôf hinne roppe: Dat it wer simmer wirdt. O wûndre aerdich, wûndre fredich, Is ’t yett’ hwer ’t Bouwe wier, Alhiel en yett’ fen minsken ledich, Sa hast, as min ’t do hie. Dwaen wy net as de kleasterljuwe, Hjar tiid is wei al lang, Op ’t plak fen ’t âlde, koe ’t net bliuwe, Net mear greft—poarte twanch. Wy kuij’rje frij, hwer wy mar wolle, Ha nocht oan beam en blomt’. Gods Timpel rikt fier boppe ús holle, Ta ien unsjenb’re romt’. It tsjerkhôf leit der tsjok biskâde; As ’t earne restich leit, Den hien’ de Nonnen út ’t alâlde, Der’n echte ienlykheit. Wy sykje by de groun de Makker, Fen alles hwet bistiet, Net, mar yn plaets, wy reppe ús wakker, Yn tinsen, wird en died. Wy sykje ’t moaije, dwaen it goede, Ha nocht mei swealtsje en ljurk, Blieu by elk lot mar goed to moede, Ha niget oan Gods wirk.
Simmermoanne 1910.
[26] Sint fordistrewearre.
_IEN_ SUNDER LEK EN BREK
Ik ha in man kend sjoch! der wier gjin better, Dat seach’k fen eftren yn, do’t hy der net mear wier. Ik hie him net forstien, dat seach ik letter, Do earst, do’t hy foar altyd de eagen slúten hie.
Hy heth syn libben skrept for sisters en for broerren, It minste for himsels en ek for my it meast. Ta de úterste ein, sa lang syn jierren dûrren, Hy hie my ljeaf: ’t wier skrippen for my: earst.
Dy man heth as in eale, beste libbe! Ik ha him yn dit stikje ris bitocht. Dy man wie my sa tige nei bisibbe!
Hy wier myn Heit, for him scil’k stees de pet noch lichte! Hy libbet foart, omstrielt fen sinneljocht; En stiet op ’t foetstik fen de ear op hege bergenhichte.
1908.
FOR BETTER OARDE
Der strike Ingels del op ’t ûnforwachts fen boppen, Sa twisken ’t wrâlds gewoel sims nei de ierde ou; En dat nei koarten tiid torêch hja wirde roppen, As wier it mear as al to lang der hinne, nou.
Stien’ op in heeg’re trap as de gewoane minsken, Hja hearden net by de ierdeminsken op ’e wrâld, Hja hiene heger doel yn al hjar dwaen en winsken, Nei boppen wier hjar hoop, hjar opsjen en hjar hâld.
Net aerdsje koenen hja hjir op dy frjemde ierde, Der wier hjar wenplak net, hja wiern’ der út fen hûs, Hja gyngen mar foarút wei fen ’t unk en ’t biswierde.
Sa wier der ién, dy yn myn allerearste jierren, As ’n ingel for my wier, dy gau nei ’t bêste Thús, Myn bêste Mem min wonk, „kom wer yn ’t Hege Fierren.”
1909.
_IEN_ ÚT TÛZEN
Hy wier net tige ryk oan skiven: Hie lykwols gâns pounsmietten fjild en lân, In man klear om elts to geriven, In man fen kennis mei in bêst forstân.
Moast wrakselje tsjin minne tiiden. Assessor, frederjuchter-adjunct ’r wier, In baes fen man yn al syn dieden, En o! hwet klonk syn goede namme fier!
Hy hie ’n flink wiif, saun bern yn libben; Jild hie hy net, mar frijhwet lân en fjild. En folle frjeonen neast syn neiste sibben.
En bêst koe hy myn pake Wytze eat miste; Hwa ’t hy forgeat net mei hwet sulverjild: Ald-Wietsom, dy fen Wietsom ’t wiste.
1908.
IN BAES FEN IN MAN
In man wier hy, hwer elk nei harke, En elk ek gâns fen leare koe, En dy elk ek graech leare woe, Ien dy syn eigen wei ôfparke.
Hij wier in man dy syn talinten, Net ynne groun to ruzjen stiek, In man fen folle undersyk, Hwaens haedsaek wier, gjin jild ef rinten.
Syn dwaen wier opsjen nei it heech’re; Hwa ’t by him kaem, hie wirk en lean, Gjin, dy hy jild ef foedsel weeg’re.
Syn fornamme, dy is ek mines; Syn oantinken dat scil hjir stean, Skreaun troch in bernsbern, ien fen sines.
1909.
JILD EN WETTER
Der wier yn Fryslân in boerinne, Dy sei sa by gefal in kear: „Der giet ’t petear ornaris hinne: Nei ’t minder nea, mar stees nei ’t mear.
Om sulvren gounen, sulvren wetter, Der giet it skreppen jimmer om; It praet der oer, fen let ta letter; ’t Jild is der krap, it oare er rom.”
Hja wennen yn in lege krite; Opdrachtich ’t lân, de diken lek, Dan knypte it by in wiete rite.
’k Ha heard: dat jild en wetter wiernen, Fen beide er wol en lang net brek. ’k Bigriep do, ho ’t hja beide hiene.
1908.
RYKSDAELDERS
Ryksdaelders binn’ ’t dy ’t al bihearskje, Dy ’t sterkste binne yn de wrâld. Bleek is hjar skouinch, jonge en âld. Sterk binn’ hja omt fen alles s’easkje.
It binne fen dy roune dingen. Hja binne jong, den wirde s’al slein, Hja gean troch wetter en troch rein Ho lyts, hja dwaene banken springen.
Fijânnen meitsje, frjeonen skiede, Dat dwaen’ hja; ’n houn rûkt der net nei. ’t Is wol it núverst gûd op ierde.
De divel waerd’ er yn biklonken. Dy ’t ien ynbart, krijt him dos mei; Dy makke dat sa moai hja blonken.
1908.
IN FRJEONLIK WIRD
Ien frjeonlik wird, dat hâldt stees faesje as frjeonskipsblyk; ’t Is heard waen en ’t klinkt nei, it kin net slite; Wirdt sims net heard, _wer_ komt it nei in rite; It is in fol akkoard, fen himelske mesyk.”
It komt sa as fen sels, krekt as it sa mar treft, In wjerklank is ’t fen swiete ingelstimmen; En by fortriet, de greatste treast for immen. ’t Is êf der oer de troanje aeit, in hân sa seft!
Krekt as de Poalstjir is it paed min bjuster. Nei dat it gouden deiljocht, undergyng for ’t each, As hoopanker yen opgyng oer it tjuster.
Ien frjeonlik wird, mei ’n each, sa gol en iepen, Hweryn min mette in striel as fen in himeleach; Hwerop min for altyd winske yn to sliepen.
1908.
MAITIIDSBERTE
Der is in berntsje berne, ûnbihelplik is ’t; Doch libbenskreftich ja? hwa scil foarút it sizze? Ef ’t alles meinaem ta greatwirden, ef hwet mist? Hwans foarútsjend each seit ho wol de saken lizze.
Tsjinstuiten kin it krije, it berntsje fen it Súd. It heth nei dat min mirk, sa’n swakke teare amme, Ef ta hwet greats ’t scil bringe? ’t is yet mar ’n lytse sprút.... Ho ’t hiette scil? „Maitiid!” ropt ’t ljurkje „is de namme!”
’t Scil spanne ef it ûnder stuiten en mei hoarten, It libben der ou bringt, ef dat wy oars mei koarten, Sjen ef de eibert it torêch krijt, miskien ek.
Sa by it „popp’bisjen”, de frouljue meast al dwane; Kaem ’t sintsje finneblomkes struien om de nane, En ’t ljurkje song „’t bern redt it wol! ’t heth lek noch brek!
1908.
UNGEDILD
Mannichien jowt er net om dat er blommen, Ljurkjes en sweltsjes en al ’t fûgelgûd, _Yn_ en _oer_ ’t fjild daeg’liks binne yn ’t kommen, As ’t mar sa wierret dat it gêrs waekset foart,
Hja binn’ fortriet’lyk as simmers yn ’t haeijen, ’t Omslacht fen droechte ta ’n reinige tiid, Giet ris in dei ’t op in reinen en waeijen: Kleijen en swartsjen den fen wiid en siid.
Klei den net minsken, wêz net ungedildich! Haw’ jy josels net’ it measte der mei? Siz ris, hwa is jo dochs sinneskyn skildich?
Jow jo dochs del, krekt as ’t blomke syn kopke. Nimm! minske dochs in lyts forbyld der nei: ’t Wachtet ta ’t sintsje wer om sjocht nei ’t knopke.
1908.
’T ALD WYFKE OER JAPIK BINDERTS
Der wier foar jierren in âld wyfke, Elts hie for hjar wol ’n bytsje oer: De ien joech in jakje, d’oare in lyfke, In soad ierappels eltse boer.
Hja sei: „de boer der op ’e lânnen, Is wol in froom en bikeard man, Mar Japik Binderts, sokke mannen, Dy hjar karakter hâld ’k mear fen.”
Dy sei: (’t wier yn ’e Krystiidswike, Do’r slachte hie), tsjin Tetsje Jan Syn arbeider, „nou bin’ ’k in _rike!_”
„Nou ’k nij spek ha, meij ’k net it âlde.... Krij del! dy âld healside, man! Hawar! meist for dy sels bihâlde!”
1908.
US FRYSKE SPRAKE EN ’T EARIZER
Fier rinne wy wei, mei de âlde Fryske sprake. Hwa scil it yn ús lekje dat it net oars is? ’t Ald erfstik fen ús heit, ús mem en beppe en pake, Der yn binn’ wy ús sels, oars rint it wol eat mis.
Foar fiif en tweintich jier seach min it moai earizer, Op ’t moaije kopke fen ’t Frysk frouminsk, wiif ef faem. Mar stiet it hierbosk tsepper, dwaen de frouljue wizer? Stiet ’t moai breed earizer mei mûtse net fornaem!
De fremd’linch dy neat seach as syn loshier’ge fammen, Dy sei: „’t wier wûndre moai, dat wiern’ gjin heale tsjammen, O né, de Fryske dracht wier hûndert kear sa kreas!”
„Mei jimme âld sprake in dracht, ha jimm’ gjinien neiape, Dy pasten by elkoar, by ’n gouden—sulv’ren kape, Hwet wiern’ jimm’ frouljue moai, op ’t iis en op ’e iep’ne sjeas.”
1909.
OERBEPPE EN HJAR EARIZER
’t Is slim, min kin ’t hast net forneare, Dat frjemden sizze: „stiet it sa? Oars alles goud! ho kin ’t forkeare! Is ’t, dat jimm’ ’t nou earmoedich ha?”
„’t Wier ongesoun ús for de holle, Sa’n swier stik sulver ef fen goud, Dat hâlde ’t swit deryn tofolle, Hwa ’t der syn libben mei omsjout.”
Der kaem, ’t earizer op, oerbeppe! Hja wier nou krekt iénhûnderd jier! Hja koe sels alles noch biskreppe.
Hja sei: „ik draech ’t nou tachtich jierren;” Hwa sûnder earizer ’t sa fier Bringt, en derûnder eigen hierren!
1909.
SNIE, BLOMT, SIED EN WY
Der komt in hiele flokjeskloft, De ien’ rjuchtdel, wer ’r oar yn ’t skeane, Delsaeijen fen ’e blaue loft, Ta’s op ’e groun bilânje earne.
Hja sjogge ien lette finneblom, Der klûmmerjen yn ’t fûle waeijen, Dy ’t hjar forlet het, sizze: „Kom, As wy ús flokjes derop laeijen!”
„En dien’ wy sa al ’t oare ek; It opkomd noat moat ek bistoppe!” En dat gyng oan, yn ’e koarte rek.
Sa scil ’t mei ús ek komme op ’t lêst, As min foartoan oan ús scill roppe, As w’ oerbleaun binn’,—ta’n stille rêst.
1909.
DE ALDEWYFKES EN HJAR WRÂLDS BILOOP
_Sa is ’t wrâlds biloop_, net oars, Sizze de âlde wyfkes, loas, As hja sims gjin útwei witte; Mei hjar andert der foar sitte.
„Sint dat wy noch wienen jong, Giet it nei de oerâlde gong, Sûnder dat wy sizze kinne _Ho_ it is, en _hwer_ ’t giet hinne.”
Mei dat sizzen is it doel, Dernei sûnder fierder reden: „’t Is sa krekt sa as it foel.”
Makk’lik is min der den ou, Freegje neat, mar op dit heden, Litte wy dy saek „blau, blau!”
1909.
JONGES, TOPPEN, FEINTEN EN FAMMEN
Jonges habbe it drok mei toppen, Greate minsken ’t mei hjar jild, Foarsten mei forslaen en roppen Dat it minskdom der fen rilt.
Feinten tinke om hjar fammen, Fammen om hjar frijerij, Binn’ hja troud, den ek binammen, Om hjar fak, ef saek, ef kij.
Sa wol elts syn bêst ljeafst skrippe, Beuzich ta ’t der net mear kin, En op ’t lêst den giet om sieppe.
Ho is ’t mûchlik scoe min sizze, Dat sa op yens libbensrin, Sa it minskelot scil lizze.
1909.
IN _WARBER FOLK_ EN _GJIN IEN KROECH_
Hwet binne de Eam’lers yn ’e war, Elts hâldt mar oan, net bar om bar, Hja luit’jre net, hja long’rje net, De iene op de oare, yn hjar sted.
Hja ha ’t sa drok, hja pakke oan, ’t Arbeidsjen is gjin ien bistoarn. Sa lang de waerme sinne skynt, Gjinien fen ’t wirkfjild ea fordwynt.
Gjin pypskoft hâlde hja sa’n dei, Mar skreppe foart sa ta de joun, En sjouwe en tôgje mar stees wei.
Der is gjin kroech yn hiel hjar gea; Yn ’t Eam’lersryk wirdt _gjinien_ foun; Gjin „swiet-fal-yn”, ta n’iere dea.
1909.
FEN EFTEREN BITEN
Hoarntsjes pronkje op ’e stringen, Op de hichtsjes by it wiet, Boartsje, kweelje, frije; ringen Is it út mei ’t brilloftsliet.
De ien’ is moaijer as de oare, Ta it brilloftspretsje kaem; Mar ho gau is ’t moai foroare, En het kreauwen de oerhân naem!—
Alhiel út de leage wosken, Nei de brêgeman en breid, Miich en frjeonen! hiele bosken!
Lokwinsken by ’t earste rekje;— Is de skrútelens eat teid: Skimpskeuten, in oar bilekje.
1909.
IT BOARTERSPLAK
Dat plakje is net to forjitten, Der min syn earste wille foun, Hwer ’t gong deis op in knikkersjitten, Ef ’t petsjeboljen yn ’e groun.
Op ’t skoalleplein, it toppesetten, Koaitdawerje op ’e strietwei man! ’t Forsideboartsjen bij de sketten, Der witte wy yett’ alles fen.
Ik scoe fen al dy boarterije, De namme net iens witte mear, Net foar ’t forstân iens kinne krije.
It boartersplak wier do ús himel; Der wier ’t nea kâld, der die ’t nea sear, Hwer’s yett’ sa’n plak yn ’t ierdsk gewimel?
1909.
YENS KRÚS
As yens krús ris op ’e wei, Under tûzen krúsen lei, Op in heap, it ién troch ’t oare: Scoenen wy ’r yn taeste doare?
Omt, yens eigen, wit min fen, En yn pleats fen yennes den, Miskien greater krús to krijen! Waerd’ it den ek greater lijen?
Scoe min foartiid, eart min ’t die, Yen net tûzen kear biride? Ear min ién to pakken hie!
’t Eigen krús to dragen mar; Mei gedild hjir op ’e ierde, Soks wier de alderbêste kar.
1909.
’T KAEM OARS
Hy hie de sauntich net, mar lykwols gâns hwet jierren, Forarbeide wier hy troch ’t jimmer mar „weroan”, Hy rekkene ek hwat, mei syn sniewite hierren, Tocht net lyk as min sei „jy krij’ de tachtich skoan.”
In aerdich slomke jild hie’r oerwoan troch syn bodsjen, Krûm, stiif en jichtich wier hy, _op_, en koe _niks_ mear, De holle gyng by ’t wirk him danich sims oan ’t skodsjen, It boarst bijoech him en by setten wier hy near.
Hy sei sa yn him sels, yet fiif jier is myn libben, Fiif hûnderd goune krekt, is nou myn pongkje swier, ’k Jaen mei ’n bitingst myn bûrman, ’t omt _ik_ ha gjin sibben.
Dy fiif jier ynwenje en de kost der for, scil ’k sizze. „Akkoard”, den bin ’k lang wei, ’t is faek mar for ién jier.” ’t Waerd fiiftjen, foar dat min him koe yn ’t deafet lizze.
1908.
’T ALD WYFKE EN HJAR BLOMMETÚN BY KOEKHERNE
Der wier ris in âldwyfke en in lyts aerdich húske; ’t Stie op in lapke groun, hwer elzenbeamte om woeks, Hast fjouwerkantich ’t ryk fen ’t âldminsk’ en hjar poeske; Ien kant hwet skean, dan waerd it hwet oerhoeks.
Deis ’t poeske op hjar skirt’, nachts yn in wyt moai koerke; Hja bouwde in byt; ’t oarhoekske wier hjar blomtúnplak. Mei frjemde help hie hja, ’t oan nou ta sels biboerke, Al fielde hja to skrippen, hjar oars wol hwet swak.
Yn ’t skeane ousniene, bloeiden peaskeblommen, Wyt, rea en giel en pears, in aerdichheit to sjen! ’t Aldminske seach op Peaske dy op nij wer kommen.
Dat ik der niget oan hie, hie hja daedlik mirken. Kaem ta de doar út, sei „ho ’n lokkich minskebern, Binn’ jy! dy ’t nocht yet heth oan’t moaije fen Gods wirken.”
1908.
STIL LOK
Der wenje efterou twa bêste dig’re minsken, Ha mar in lyts spiltsje: in boerehúske en groun. Hja ha yn hjar bidrieûw, ho lyts, hjar alles foun, En greater, fierder, heger geane net hjar winsken.
In wetterke oan ’e kant, dat stroomt mei foarsje, winters. En o! sa’n moai roun poelke, ’t maitiids sa yn blau; In ljurkje yn ’e loft, heech boppe ’t stikje bou, In blommich fjildsje greid, fol bijen en fol flinters.
En siz my nou, hwer dochs kin min dy minsken sykje? Min sjocht der neat gjin folts ef hawwe hja ’t sa drok? Dochs troch hjar stil bistean, scil ’t lok fen hjar net wykje.
Sjoch yn dy knappe went’, mei diken der om hinne, Leech ûnder ’t beamteskaed, der wennet sa’n great lok, Sa as der minsken amper oars net lokkich binne.
1908.
DE TWA BÛRLJÛE
Hûs oan hûs en tún oan tún, Sa stiet ’t spultsje twisken oaren; Maitiids grien ’t beamt’, hjerstmis ’t brún. Tadat beide âldsjes stoaren.
Hja oerlibbe jierren him, Hja ’t âldwyfke, dat wy miene; Mei ’n great soan, gyng ’t net sa min, Omt hja deun en krigel wierne.
Bûrskipeftich wier hja ek.— De âldehear, dy skean oer wenne, Hie ek krekt hjar jierrenrek.
„Bûrman!” sei hja: „mei ús twa, Binn’ w’oan de foarikkers herne,— Hwer ús grêf is,—rimpen ta!”
1908.
DOOM’NÉ EN DE MAN MEI DE KROADE, OP SNEINTEMOARN
Us doom’né, wylst er gyng nei ’t tsjerke ta, Dy seach in man, mei’n kroade yn ’e fierte. Dy man tocht by him sels, „ho scil ’k dit ha, Wy komm’ malkoar, sa anstons krekt tomiette.”
Omkeare koe der for dy man, net lâns, Omt doom’né hie him sjoen, koe elts yn ’t oarde; Malkoar t’ûntkommen? derta wie gjin kâns.... Foarút dos mei de man en mei syn kroade!
„Siz man! ha ik it mis? ef binn’ jy mis!” Sei doom’né, do malkoar’ hja einlings metten. „Ik miende, dat it _Snein, hjoed Rêstdei_ is.”
De man sei: „den bin ik mis, sikerwier! Dat it hjoed Snein wier, hie ik gled forgetten; Ik hie al tocht: „_ho kroadet dat sa swier!_””
1909.
LIBBENSGONG
Yn ’t lêste skoft binn’ wy mei sechstich jierren; „’t Healjoun!” dat stiet der op ’e ikkersein; It warskôge ús troch feale en grize hieren, It tsjerkhôfblomt is al ús plasse oertein.
In oare útkyk krigen w’oer de dingen, Ta efteromsjen, binne wy in bytsje kaem, Hwer earen wy mei hert en siel oan hingen, Dat moais, is ús sa mei de tiid ûntnaem.
De rounrin fen it hinne en wer, yn ’t skrippen, Jout us to sjen, dat folle bittre drippen, Opnimme w’op ús libbensgong sa deis.
Lykwols binn’ wy, en bliûwe, tankber jimmer, For ’t goede, hwent it koe wol helte slimmer, Biteard ha, mei ús, op ús libbensreis.
1909.
OP BOKSUMERDAEM
Omraek wier do mei snie, de winter kaem, De Boksmerpoldermounleschroef fêstfêzen. Iisblomte, dik en gleon op al de glêzen, Fen ’t ienichst hûs: ’t weardshûs „Boksumerdaem”.
In wenskipke âld der yn ’e Snitserfeart, Lei yn ’t tsjok iis; ’t gyng drok al op in riden; Lek ûnder, né! ek lek oan alle siden, In widner d’ryn, twa berntsjes, neaken, bleat.
De berntsjes neaken amper, nei de boeren; Om itenskrouskes, hiele toeren! Freeds mar fortsjinst, fédriûwer, hy de man!
Wer thús de berntsjes jouns, elts mei in skeppe, De sniebult ûnderst boppe, om ’t hirdst hjar reppe, Sadat de winter ’t antlit ’r apple fen.
1910.
NET TO HASTICH
Mei gauens seit min fen ús allegearre: Der is gjin ién mear fen; wei binne hja. Mei ien gyng ’t foar ’e wyn; wylst it mislearre. Mei d’oaren, ho se ek skript en bodde ha.
It gyng sa hird fen ’e ein, mei fûle foarsje. De ien miende dat hy mear mânsk wier as d’oar, Telde net iens syn bûrmans aerdich poarsje; Hy kaem omt hy it wier, elts ommers foar.
Heech by yen sels opsjen, docht dat fortúten? Baes boppe baes, wirdt lykwols nimmen ea, Us libbensdoarke is faek rimpen slúten.
Hwet bliûwt er fen ús op dizz’ greate ierde? ’t Oantinken pas yn ’t ús biwenne gea! Neat fen hwet ús formakke ef biswierde.
1920.
NEITINKEN OAN YENS JONGWÊZEN
Ja as de bernetiid swietlûd’ge lieten, Sjongt, hwer de sjongers ûnder boartsjen slieten, Hjar aldermoaiste libbenstiid fen ’t libben, Mids boartersberntsjes en mids djûre sibben.
Den freget min, kin ’t wirde den noch better, De takomst? it foarútsjend each noch letter, Op ierde fine, greater nocht en wille; De minske boppe al ’t wrâldske ûnk kin tille?
’t Hoepjeijen! knikkerts, moarm’ren en albosten! Ho’n bytsje dat dy mar oan sinten kosten! De bos fen flearhout, dy ’t min sels koe meitsje.
Ho graech scoe ’n man, it boarst fol krús en linten, En oaren mei tofolle jild en rinten, De wille fen ’t jong boartersfolts noch smeitsje!
1910.
DE SWARTE MAN
De stoarmman lit syn izren hynsder wrinskje! De reis dy dûrret siker gâns in skoft. Wy woll’ him „goede reis”, goede oankomst winskje. Krekt falt in inkeld snieflokje út de loft.
Om tocht wirdt der net, wirdt de loft hwet tsjuster, Hwet scoe ’t! syn hynsder is fen ’t bêste stiel; It paed allike goed en wis as jister, In koal genôch for ’t hynsder, mennich miel.
Hwet scoe’n dy flokjes, komd, om ús to ûntstellen? Oars neat as ’t útsicht nei de lêste wein.... Hark, bollet it fen snie net om ’e tsjellen?
In wite dyk stiet foar ’t fjûrhynsders eagen, De flokjes ha de mender „’t Hou”, hjir sein. De lytskes, dy it tsjin de greate weagen.
1910.
DWAEN IS IN DING
Dwaen is in ding, en net mei folle wirden, Komt min der hwer ’t min einlings wêze wol. Nou! lege fetten, sa is ’t, raesje hol. By praetsjemakkers is it net to hirden.
It hâldt hwet yn, mei hânnen en mei holle, Ta stân to bringen, mar ’n lyts neatich ding. ’t Is mietten, passen, wramen en gewring, Oerliz, formeitsjen, wit ho faek, hofolle!