I.
„Dei!” sei de iene ekster tsjin de oare, „moai waer, hwette?”
„’k Scoe ’t sizze,” andere dy, „giest noch in eintsje mei om?”
En togearre fleagen hja oer Fryslân yn ’t moai sinneskyn waer. De marren leine der sa stil blau foar, krekt as wierne it spegels, de greiden wierne sa grien en de beammen sa fleurich, suver as wier ’t noch simmer. En dochs wierne de toarnbeijen al lang ryp en roek it op de souder fen readwangkje apels.
„Sjuch!” sei de iene en skerpe syn eagen op, „dêr is nijploeide greide. Dêr moatt’ wy de fetste hapkes fen ha.” En hja swaeiden del en hiene der in keningsmiel fen toerren en krobben en rûpen en ritnaelden, by in kening hie hjar net mear kostlikheit foarset wirde kind. En do’t se hjar gerak hiene, gyngen se yn in beam sitten for in knipperke. It fel foel hjar in amerijke oer de eagen.
Optlêst waerden se wer wekker en do seagen se in man oankommen, hiel stadich, ien-twa, ien-twa, en hy hie in greate pûdde foar ’t liif en stadich smiet er rjuchts en lofts it nije sied fen it jier oer it wachtsjende lân... Ald wier ’r al, syn wyt lang hier wyndere yn ’e wyn en de tsjokke ieren op syn hânnen leine der op as touwen. En stadich gyng er fierder, de fûgels foarby, al mar fierder. De waerme hjerstsinne biskynde him, de blauwe loft wie boppe him en ûnder him de waerme fetlike groun, de blauglêdde spitten keard nei mem sinne ta as in lyts helpsikerich bern nei ’t memmeëach...
Breed stie it skaed fen ’e sjidder op it lân en der wie oars neat mear as det.
De fûgels wierne foartflein.