V.
De felle gloed fen Sint Jan barnde op de lânnen en de dagen gyngen nou stadiger as blide waerme reizgers nei in fier lân fen rispings en fruchten. De fûgels lieten de jongen de nije wrâld bisjen, de gerskrûpers hâldden mei tsjienen soasjeteit yn ’e hearlik rûkende heaöpperkes en boarten tik-en-honk yn ’e swéën. De eksters pikten de fjildmûskes sa mar op út de fûrgen en de lytse ljurken kuijeren for ’t earst de greate wrâld fen de foarikker yn ’t roun.
De sjidder en syn soan kamen op in Sneine om it lân en de frucht to bisjen... De sinne barnde, de rogge roek en hie de geur fen frjemde, swiete lodderein. De groun wie hjit, hwerearne min de foet sette, bleau de groun fynkerrelich en plakte net. De mosken mollen yn ’t reedspoar... en de breakes oan ’e kanten stiene trillerich brún to blinken. Hwet in simmer! hwet in groede, hwet in inerlike krêft yn ’t boarst fen ’e âlde mem ierde, om dizze oerstjelpjende weelde drage to kinnen!
Hja tepten in rogge-ier ôf en noch ien: „Ryp,” sei de âldste. „Better noch in wike stean litte, scoe ’t net?” hifke de jongere en as in skipper syn wide sé, bifieme hy mei heldere eagen ek dizze sé fen de foarikker nei de dyk ta, ien soeijende wieling op en del harkjend nei de flúster fen de simmerwyn.
En Pipenútsje, opsketten ta in prachtige giele ier en der tritich lytse húskes yn en likefolle goudgiele kerreltsjes as sûkere Janke yn ’t waffelhûs, hie ’t net stean op dy twa mânljue en hy song sa sêft, det hja koene der neat fen hearre:
„Earst in kerl en do in sprút, „Sa poarre ik ta d’ ierde út, „Nou fen sinne en wyn bitocht, „Ha ’k it ta in ierplûm brocht, „Hwet scil nou myn foarlân wêze? „Koe ’k mar yn de takomst lêze!”
Do wie hy ynienen stil, hwent de beide mânljue gyngen deun oan him lâns.
„Ien fen de aldermoaisten!!” prize de soan en hy aeide him mei syn hân. En Pipenútsje fielde for ’t earst yn syn libben de waermens en de sêftens fen in minskehân. En hy seach se nei, do’t se foartgyngen.—