Chapter 6 of 11 · 236 words · ~1 min read

VI.

It wie mar ien slach, mar dy kaem oan. Pipenútsje foel fen him sels, syn moaije lange ier lei tsjin de groun oankeile en der kaem in frouminske en dy boun him en in hiele bult oaren fêst mei in strieën bân en do se sa in bulte skeaven hie, sette se dy op ta in hokke...

En trije dagen letter stie it lân fol fen sokke hokken en mem ierde skriemde. Hja koe hjar simmerbern allegear sa min misse. En de houtdouwen kamen en sieten op de ôfearte stoppel en de heit en de soan kamen en loegen de skeaven op de wein en brochten se yn in greate tsjustere skûrre yn in finzenis. Pipenútsje syn ier hâldde him al hwet appart, mar hy waerde ek oppakt en krige noch in gemien triuwke ta.

Do bigoan op in dei de flaljeklap der op to tiggeljen en alle ieren lieten de kerreltjes falle, Pipenútsje sines ek op in bultsje en do bigoun in wine to draeijen en de lêste droege hulen stouden der ôf. En do rieden se allegear mei inoar dy kerreltsjes nei de mounle ta en fen de mounle nei de bakker.

En it roun nei Sinte Klaes. En de bakker dreame alle nachten al fen taeimannen en soeteliefspearen en swânneboltsjes en hoantsjebroadtsjes en deis kibbe ’r as in âld wiif, as er de mennichte fen sekken moal seach, dy’t er noch forbakke moast.—