VII.
Pipenútsje, nou ta hwet wyteftich moal bitard, siet to gûlen yn ’e sek. Hy hie oars noch sa graech ris sjonge wold, syn âld ljeaf sangkje fen „Earst in kerl en do in sprút,” mar ho koe ’r hjir sjonge, sa yn de knipe twisken tûzenen yn, hy koe syn boarstke hast net iens útsette en earmslach krije, lit stean den fen sjonge... en hy krite it út fen earmoed.
Det hearde Sinte Klaes op in nacht, wylt’er yn ’t bakhús omstrúnde om ris poalshichte to nimmen, as baes bakker al oan ’t daeirearen wie. Wol stie der in tine fol aeijen ré en de greate sekken moal en in kiste fol krinten en resinen, en kreas yn ’t gelid al de houten foarmen for de taeimannen en wiven en skippen en mounlen en Adam’s en Yfke’s, mar it daei wie noch net bireard.
Do krige Sinte Klaes hiel stil in gouden stokje ûnder syn mantel wei en seine al det de bakker klear set hie him ta eare. Nou scoe it bisleek net klútsje en de oalje net spatte en der gjin stiennen yn de krinten sitte en de taeimannen net stikken gean, alles scoe gean as in liere...
[Illustration: do krige Sinte Klaes hiel stil in gouden stokje]
Krekt scoe er wer yn ’e greate skoarstien fen de oun weiwirde, do hearde er it earmoedich gekryt fen Pipenútsje syn ta fyn moal tomealde tritich kerreltsjes.
„Skilt der hwet oan, ljeave?” sei de goede Sint en bleau stean en die de sek op, hwer’t it klútsje moal yn lei fen de tritich kerreltsjes.
„’t Is my sa droef tomoed, Sinteklaes,” snokte Pipenútsje.
„En ho det sa?” frege Sinteklaes en krige it klútsje moal yn syn hân. „Hwet wie syn bigearte, ljeave?”
„Ik doar it net sizze,” sei Pipenútsje skruten en kûstere syn wite lyfke yn ’t holle fen Sinteklaes syn ljeave, âlde hân.
„Al hwet der libbet op ierde, mei om myn jierdei hinne in winsk dwaen, en as ik den kom út Spanjen, den forful ik dy... Kom ljeave, winskje ek mar. Ho goedlik wie syn lûd... ho treastlik wierne syn wirden!
„It is sa ’n mâlle winsk,” sei Pipenútsje. „Ik biskamje my der hast om.”
„Krûp my mar oan en siz him mar hiel sunich,” sei Sinteklaes.
En Pipenútsje die syn winsk.