Chapter 8 of 11 · 407 words · ~2 min read

VIII.

It wie yn de iere moarn. Slof! slof! seine de toffels fen de bakkerinne, plof! plof! sei it daei fen de bakker, den lei der wer in roun boltsje op de daeitafel en de bakker draeide der in halske oan en in kopke en stiek in krint der yn as each en sjuch! it wie waerliken in swaentsje. Ef hy makke ’r in moaije kreakeling fen en sierde him op mei brune sûker. Hy hie der sels aerdichheit oan... it wirk gyng fen ’e moarn fen sels. Der siet sa ’n rees yn syn bisleek, de bûltsjes kamen der op, it moal klute net en de sjerp fen it taei liet him sa skoan biarbeidzje, hy rekke sa op de tried, det hy bigoan der fen to sjongen.

Optlêst stie de hiele bakkerij fol fen mannen en wiven, mounlen en skippen en hy sette de ounsdoar op en skoude alles der yn. It fjûr scoe nou syn wirk wol dwaen.

Do rette er de boel hwet op en seach noch hwet moal lizzen, sa ’n moai lyts klútsje op de klútsjesouwe.

„Hwet in moai lyts roun klútsje bistû,” sei er. „Sa roun en sa wyt, krekt hwet, om in aerdichheitsje fen to meitsjen for in bern.” Hy wie in tearhertich man en altyd rejael mei pinken en sûkerslakken.

En hy krige it moal fen Pipenûtsje syn tritich kerreltsjes en birearde it mei brune sûker en aei en takrúden en do draeide hy der in greate pipenút fen, ien inkelde greate, sa ’s Pipenútsje sels winske hie tsjin Sinte Klaes en yn dy bakkert fen in pipenút treau er twa krintsjes ta eagen en hwet reade sûker ta wangkjes en ’t mûltsje en hy knypte der in moai lyfke oan fen sûkergûdsdaei en klaeide de poppe yn in reade sûkeren rôk en in buiske fen sûkela en knopen fen wite sûkerkraeltsjes.

Pipenútsje njuente fen wille, mar lokkich, de baes hearde it net, oars hie er wol fen himsels falle kind. Do’t hy nei in set de oun opdie, wie Pipenútsje in moaije sûkerpoppe waen en yn it holtsje sieten de tritich kerreltsjes en songene bliid:

„Earst in kerl en do in sprút, „Sa poarre ik ta d’ ierde út, „Do fen sinne en wyn bitocht, „Ha ’k it ta in ierplûm brocht, „Moal waerd’ ’k yn it mounlehûs, „En nou bin ’k in popke prûs; „D’ein scil komme nou moi wis, „Hokker bern krijt m’ op de dis?”