III.
Jelle, de frij-man hie folgens wet en plicht toalfteris slein, fûl fen slach op it stik izer, det op ’t foarplein lei en de hammer wie der op delfallen, det de fonken stouden der út, do trape hy ris om hûs en hear en seach út, fier de lânnen oer.... fier....
Doekele flittere mei en Pluto en Juno de hounen sprongen bliid by hjar om.
„Siikje de baes,” hise Jelle en smiet in stôk yn ’e slotgreft. En singelier, hja hellen him yn ’e bek en swommen do oer de greft en stouden it lân yn, allebeide de selde kant út.
—Singelier,—skodholle de âld man, wylt ’r it yn him omgean liet. Doekele dribbele neist him lâns en blies boartsjende hinnefearkes foar it mûltsje wei. Hja kopketûmmelen troch de stille loft en foelen yn sêfte swym op it griene, ripe gêrs. En hy socht se wer op en boarte wer.
Jelle stie en stoarre.... Der trille hwet yn syn hert, krekt as waerde it der rûmmer, om in greate blydskip bergje to kinnen, ja krekt, as waerde it nou earst simmer oeral!
Sa hird as ’r rinne koe, roan hy om ’t hûs, nei it tún ta. Der siet de frou yn ’t skaed fen in âlde moerbeibeam to weven en biweefde yn eltse bûnte tried de hope op it weromsjen en yn eltse swarte tried hjar djippe smert. En sjoch! de swarten wierne der by mennichten en de bûnten.... o hjar tal wie sa lyts!
„Frou!!” hime de âld man.
„Siz dyn bigear, Jelle,” sei se frjeonlik.
„Der kin op de neidei wol ris nijs komme,” helle hy der om hinne.
„Hwet seistû?”....
„Det ik de poarte op sette scil en de standert útrôlje,” sei hy.
Gjin ûre letter wierne se allegear wer by inoar. Doekele liet him sa mar net oanhelje fen dy frjemde meagere swarte man, dy-t ha woe, hy scoe heit sizze. Heit hie yn ’t sulver west en in sulveren mûts op hawn en dizze, o syn habyt wie mar skibbich en doarpsk en hy hie net iens in gouden ketling om ’e hals. Mar op in kostlik hynsder ried ’r! in greate en wite Arabier wie ’t en de stâl trille fen syn gewrinsk en as ’r mar snúfde, fleagen de swellen piipjende wei foart....
En twa grouwe hynsders wachten neist him op ’e stâl.... en swiere sekken moaijs bongelen oan wearskanten fen ’t seal.
En de joune yn ’t greate binhús strûpten se de touwen los. De forwachtinge wie dien... hy scoe it nou biloaitsje kinne mei de eagen en taeste! taeste! mei de hânnen!
Der kamen fûgeltsjes foar ’t ljocht yn goudene kouwen, tierelie songen dy en floiten mar foart en doazen fol swiet lekkergûd, yn stikken wite sjerp biraend en in dobbelspil, gouden de stiennen en diamanten de eagen en lapen side en fewiel en ketlingen fen alderkostlikheit for Mem en bânnen om ’e earms en hingers yn ’e earen fol flonkerstiennen en goudene hoofdstellen en jagelinen fen goudtried en houtene bylden mei eagen fen bloedstiennen en yn klean fen peslein en lange flessen fol rûkersgûd yn in ské fen fewiel en in krúske fen sulver, smeid út it oerwoanne folk syn ôfgodsbyld.
En einliks en to ’n lêsten kaem der in plat kisje en der kroep in lyts swartich dingkje, út, stadich op ’e groun.
Nijsgjirrich stiek ’r syn kopke út ’e skyl, syn kraleëagen loerden bang en nijsgjirrich nei al dizze frjemde minsken.
„Heit!” rôp de lytse jonge. „Nou is ’t wier wier myn echte Heit!” en hy fleach him oan en sloech him de hânnen om ’e hals en do liet ’r him sa mar plat op ’e liif by de skylpodde delfalle.
„Nou, nou!” grommele der ien.
„Det is Hassan,” sei Heit. „Hy kin somtiden prate, as ’r wol. De prester, der ik him fen koft ha, sei, hy wie wol tachtich jier âld en hy is folle wizer as in minske, hwent hy praet de tael fen ’e minsken en ek fen de dieren.”
Doekele stie nou op in distânzje, hy bigoan Hassan al mei hwet oare eagen oan to sjen. Hassan nikte him ris ta en al wer ris en do bigoan ’r foart to krûpen nei in hoeke yn ’e keamer.
„Kom,” sei Heit, „hy moat bûtedoar, der kin hy him syn biderf sels siikje.” Sêft floite ’r en klapte efkes mei de tonge, Hassan stiek nou syn kopke hiel fier út de skyl wei en kaem stadichoan werom en liet him sa mar krije.
Wiis en wol siet ’r yn ’e waerme manljueshân en Doekele en Marijke en Mem en alle folk der efteroan, om him loslitten to sjen op ’e rûchbigroeide singel.
Hassan snuffele hwet yn ’e toarre bledden om, do groef ’r him in bedtsje, smûk en waerm.
Doekele gyng o sa stil op in beamstobbe sitten, om ris to hearren, as Hassan ek noch hwet to sizzen hie.
Mar Hassan swijde yn ’t Arabysk en alle oare talen fen ’e wrâld, hwent hy loek it fel oer ’e eagen en rekke yn ’e sliep.—
Deis stoatskaefde ’r jerne hwet om en hwer de sinne mar skynde, wie Hassan ek en den siet Doekele leech en lyts neist him, aloan op syn openst, as ’r ek noch ris wer prate. Nou ienkear, do trof it. Juno en Pluto wierne der ek middenmank en it Arabyske hynsder, hwent hja hiene in gearset yn ’e slotfinne, Doekele en Hassan en de hounen en it hynsder en den hwet lyts kriel as fûgels, hinnen en flinters en hunichbijen en sok folk mear. Hassan klauwde op in greate balstien en liet him briede fen ’e sinne. In pear niften ta sines, lytse Ljeaven-Hear bistkes, yn ’t fjûrread klaeid en mei swart fewielen nopkes foaren op de jûpe, hie ’r op bisite en dy sieten wiis en stil oan wearskanten fen him ek yn ’e sinne. It wie stil yn ’e loft, sims waeide der in sigentsje en rissele der in bled, mar oars wierne der gjin deilûden warber.
Do krige Juno it ynienen yn ’e kop, om Hassan to nydzjen. Hy hie wol mear fen sokke streken, djip yn syn hert koe hy it mar min daeije, det Hassan sa ’n wyt foetsje hie by syn hear en Doekele.
Gemien-wei sloech ’r syn greate klauwen út nei Hassan syn lyts snútsje. Dy jammere... hy hie krekt syn noaske en eachjes troffen. Doekele fleach oerein, om Juno streeps to jaen. Hwer wie in stôk?! Mar nearne net in boskje ef in beamke to bikennen. Hassan bigoan to blieden, lytse dripkes bloed rôllen op ’e stien. De niften sieten der by en skriemden. Juno gniisde en Pluto hie al sa ’n wille, alhowol hy liet it him net skine.
„Dû stjonkert,” bigoan Hassan ynienen to praten. „Eart it moarn joun is, leist hjir op itselde steed to jammerjen. Ik scil dy fen myn tsjinder de poat brekke litte op twa plakken.”
Juno krige sa ’n skrik, det hy foel fen himsels en Pluto naem hakken en silen op, dy seach min net wer, mar Doekele, dy-t de skonkjes trillen fen skrik oer dit wûnder, bleau dochs by syn sûpe en stút, die syn buiske út en rearde Hassan der foarsichtich yn en de niften der by en do mei steande earen nei hûs.
„Stil mar, stil mar, Mem hat wol krûden,” treaste ’r. „En dû krigest in bedtsje yn ús greate keamer.”
Mem kaem der by en joech Hassan medecyn en op ’e joun kaem Heit en seach stoef en gyng mei Juno allinne it lân út en kaem allinne werom. Doekele bigriep wol, Juno hie in wan krige. De oare moarne krong Juno, wer krekt as altyd foaroan, in dik wang hie ’r en in nuvere streek oer ’e rêch.
Hassan lei yn in skjin bedtsje fen bledden ûnder de tafel ûnder ’t biwâld fen Heit en Mem allebeide en Doekele mocht selst net iens nei him sjen. Do-t it fel sinneskyn-waer wie, droech Heit him nei ’t slotplein ta, om him fen ’e sinne wer better meitsje to litten en wosk sels it bloed fen syn poatsjes.
Juno trape foar syn middeimiel ris wer nei de slotfinne, krekt as waerde ’r litsen nei it steed, hwer hy jister Hassan sa oer ’t mot kaem wie en sa finael tramtearre hie. Hy roek ris oan ’e stien, der lei noch it bistjurre bloed op. Hwet roek poddebloed dochs fiis, tocht ’r.
Klets!! fielde ’r hwet tsjin syn kop. Hy foel om en seach gjin loft en gjin sinne mear. De wite Arabier klapte mei de hoeven en draefde foart, de stirt út as in waeijer en de nekke sa kroes as in swânnehals.
Tsjin de joun foun Jelleman Juno. Hy wie al healdea en Jelleman sleepte him nei de greft en forsûpte him. „Ast him fynst, deij him. Hy walget my,” hie syn hear sei.—
Op in goede dei, do-t Hassan wer better wie, rekken Doekele en hy ris wer oan ’e kuier. It gyng net hird... Hassan hie to koarte skonkjes, hy koe mar min meikomme en sims droech Doekele him wol ris in ein. Prate die hy net... hy siet mar stil op syn hân en seach de wrâld nou ek ris heech forheven.
„Hjir tichteby is in moaije mar. Der moatte wy mar hinne. Ik bin sa bliid, detst wer better bist. Wy scille nou togearre ris in útsje ha,” sei Doekele.
Hassan sei neat, mar yn syn opskrandere eachjes laken suver stjerkes fen plesier, hwent hy woe altyd graech mei Doekele foart.
„Sjesa, der binn’ wy der,” en Doekele sette him del op in bultsje hea, det waerm wie fen ’e sinne.
„Noch net alhielendal,” andere Hassan ynienen tige forsteanber. „Der is in eilân yn dizze mar, der moatte wy hinne. Dû en ik. Der wennet in kinde fen my, de kening fen de Skiere Ielen.”
„Myn ljeave stimper, ho scil ik dy der krije! Dû scoest forsûpe en ik der by. Hassan, ljeave, doch gjin domme setten!”
Doekele gûlde der hast om. Hassan die sa nuver. Hy rôlle him om, sa det de skyl ûnder kaem en hysels boppe en do mei ien knap liet de skyl los en it lytse linige lichemke fen Hassan wie der allinne mar. Sa ’n moai lyts dierke, hy scoe him nou graech ris efkes aeije wolle. Mar Hassan skodholle... det woe hy net lije.
En do bigoan hy to rinnen as in ljip nei ’t wetter ta, Doekele him gûlende efternei: „Net der yn, o dû giest dea, ljeave, ljeave Hassan!”
„Ik gien net dea en ik bliûw by dy. Lit dy det genôch wêze,” sei Hassan earnstich. „Astû wiste, hwa ik bin, scoest noait bisouwe ef bang wêze yn myn bywêzen.”
En de podde, dy-t optheden gjin skylpodde wie, gyng deun by de igge fen de mar stean en rôp hwet, hiel sêft, mar Doekele hearde it dochs.
Stadich kaem der in boatsje oandriûwen fen reiden en ielstekkers en sudden flochten. Heech lei it op de weagen, it roeike der oer. It wie lang net ticht en dochs wie ’t sa droech as rys fenbinnen.
„Der mar yn,” sei Hassan. Op itselde stuit det Doekele it weagje scoe, fielde ’r alle minskegewicht fen him ôffallen as in swier buis en hy waerde sa licht as in fear. It boatsje sakke net iens by syn ynkommen.
„Hwa is det?” sei in hiel lyts grys mantsje oan ’t roer.
„Myn frjeon Doekele. Hy moat mei. Ik scil him de wûnders fen ’t wetter sjen litte. Ik stien boarch for him.”
„Dy eare is great for in minskebern,” sei it mantsje.
Yn in omsjoch wierne se by it eilân. Doekele hie ’t faken fen fierrens sjoen. It wie fol beammen en struwellegûd en de groun en de tokken der leine en sieten nêsten fen allerhânne soarten fen fûgels yn by hûnderten. Reitdompen nesselen der ek en earrebarren, sims wie de loft der wyt fen. Hwet hie hy der in sin oan om hjir ris efkes om to strunen, net om de fûgels to forbaljen en de nesten to fornielen, hwent det bigrutte him fierst tofolle, mar om al dit moaijs ris fen tichteby to bisjen.
Singelier wie ’t, mar do-t se by it eilân oan wâl stapten, wie der net folle mear fen dit alles en hja bigoanen ek al djipper en djipper mei wei to sinken. Alles sonk nei de groun. „Bistû bang?” frege Hassan.
„Nou net sasear,” sei Doekele greatmannich. Hy wie nou hast sa lyts as Hassan sels, al wie ’r in minske bleauwn, mar alles nou yn in lyts bistek.
Sa sonken se nei de kening fen ’e Skiere Ielen ta, dy wenne yn in paleis fen sulver op ’e boom fen ’e mar. Allerhânne soarte fen fisken wierne syn bitsjinders en der wie gjinien, dy-t de oare allyk wie. Doekele kuiere mei Hassan yn it wetter om en hie der neat gjin lêst fen, det it wiet wie, hwent hwer se gyngen, kaem in droech paedtsje en der stie it wetter by op as in sulveren mûrre.
„Hy wol it blau fen ’e Middellânske sé sjen, der syn heit op fard hat en de kraelrotsen der syn mem kralen fen om hat. Is ’t mei Jou wolnimmen, kening?” frege Hassan oan ’e kening fen ’e Skiere Ielen, dy-t yn in roundeltsje op syn gouden troane lei.
„Alle wûnders fen it wetter lizze útspraet foar syn eagen,” sei de kening en blies op in kinkhoarnsfloitsje. En do sonken se wer.
In eineleaze blauwe sé lei nou foar hjar, stil en ônforweechlik. Palmbeammen spegelen hjar yn it wetter, fjûrreade cactussen hingen oer ’e mûrren op it strân to bloeijen en in frjemd wyt skip snie troch it blauwe wetter nei fier foart.
Doekele suchte der fen sa moai wie it.
En do bigoanen se wer nuver to reisgjen. It waerde waerm, it waerde hjit en optlêst like it wol, as kamen se yn in greate hearlike tún en der bloeiden wûnderbaerlike frjemde blommen by tûzenen. Sims wie it wetter der wyt fen en sims blijread en sims o kostlikheit! feletten en giel en hja wierne wol sa great as asterblommen. Sêft leine se op it waerme wetter to forwegen, guont groeiden by de rotsen op en ien inkelde, ek ien mar, dreau allinne der yn det lije, blauwe wetter om. Det wie in readen.
„Sjoch!” sei Hassan. In greate swarte wetterspin kaem der oansilen, fallende wei út ’e hichte nei de koelere lichte ta. Doekele skerpe syn eagen op. It wetter stie wer om hjar hinne as in sulveren mûrre en ’e wjerskyn fen ’e sinne hûnderten ûren fier boppe hjar oan de loft oan ’t skinen, kleure ek alles hjir mei frjemde gloed. Wiid-iepen gyngen de iensume reade blom hjar bledden en de spin kaem al neijer en neijer. En hen! der siet ’r lyk op ’e blom. Hwet like det moai, det swarte gledde lyfke op det fjûrread! Mar stadichoan waerde it swart lytser en dochs stie de blom der noch fjûrread to bloeijen, mar de spin wie wei.
[Illustration: en de spin kaem al neijer en neijer]
„Dy’s opiten,” sei Hassan koart. It griisde Doekele oan, sok iten.
Hja reisgen nou twisken himelhege kraelrotsen troch, suver beambosken wierne it fol prachtige tinne reade tokken en kamen do al gauëftich by in blauwe grot, der hearde Doekele in great wetter brûzjen. It wie hjir sa kâld det, it fielde winterich.
„Hjir wirdt ien fen ’e greatste rivieren fen ’e wrâld berne,” sei Hassan. „Hy hjit de Ryn. Wy reisgje der nou yn in menút twa hinne, omt de kening fen de Skiere Ielen der de macht ta hat, mar oars dûrret it wiken om der to kommen.”
Doekele loerde ta in tsjuster gat yn, sjen koe’r net folle, heare namstomear, hwent de groun dreunde fen it gewelt fen ’t wetter, det loslitten waerde om op ierde to kommen. It wite brûs spatte hjar om de earen en sims foel der in stik rots del en plofte yn ’e kolke oan ’e boom ta. It wie in ôfgrys en in wûnder fen beiden.
„En nou noch nei de bosk ta, hwer de dauwedrippen weikomme en op ’e bergen, hwer de reinbôgen makke wirde en den nei hûs,” sei Hassan en sjaggele op syn lytse skonkjes foar Doekele út de wetterstriette lâns en wer nei de fêste groun ta.
Hja gyngen nou nei in moaije poarte, dy stie net mear yn ’t wetter, mar op it lân en der blies Doekele op Hassan syn bistel yn in gouden slotsgat. Fensels gyng do de poarte op.
Doekele skreaude it út, sa hwet wûnderliks hie hy net tinke kind, ea op ’e wrâld to finen.
Der stiene wol hûnderttûzen fen hege beammen, prachtich fen tokken, mar sûnder bledden. Hwer oars bledden sieten, hinge it nou fol dauwedrippen, millioenen, o millioenen, en guont hingen stil, guont trillen en fonkelen yn ’e sinne, guont foelen op ’e groun en dy skitteren ek sa, det de eagen it hast net útstean koene. It wie in wrâld fen kristal!
„Sjochstû wol dy hiele greate dauwepearels?” frege Hassan. „Det binne minsketriennen. Dy binne der by mennichten. Dy wirde hjir biwarre. Elts minske ken se en der is nimmen, dy’t se net ris út ’e eagen wrongen binne. ’t Is ’t earste, det de minske by syn berte bigroet en ’t lêste, der hy mei hinne giet.”
„Ik wol noait gûle,” sei Doekele reslút en seach nei de greate, doffe drippen, ek by strusen oan ’e beammen, swiere stringfollen.
„Den wolstû ek net libje, hwent libben is leed,” andere Hassan.
Hja wierne nou de Triennebosk troch en lânnen wer oan by de Dauwebeammen. Hja flonkeren de reisgers tomjitte, ja it like Doekele ta, as flonkeren se noch folle moaijer as nys ansens.
Sá kaem de sinne om ’e hoeke en biskynde alles. „Sjoch noch ienkear, ljeave, den gien’ wy wer foart”, sei Hassan. „Nim ien sa’n dauwedripke mei as oantinken.”
En Doekele gyng nei in leech struweltsje ta en tepte der in dauwedrip ôf. Hy tocht, hy scoe him wol torane yn ’e hânnen. Mar de dauwedrip bleau, hwet ’r wie, yn tûzen kleuren fonkele ’r him to mjitte.
En do kuieren se wer foart togearre.
„Nou giene wy nei ’t Reinbôgelân,” sei Hassan. „De kening fen ’e Skiere Ielen joech my de kaei mei. Sjoch,” en hy helle in hiel lyts swânneblomke twisken syn poatsjes wei en hâldde it omhegen en liet it do falle. En sjoch, hwer it foel; bûrrele wetter út ’e groun, al mar mear en det spielde in lyts blau kaeike oan lân en do bigoan det wetter nei hwet mâl gebear to spjalten en der kaem in lange gong, dy-t wer djip yn ’e ierde op gyng.
„Dû komst my mar efternei,” sei Hassan en kûrrele stadich foar Doekele út, hwent de flier wie sa gled as sjippe en Doekele tochte, foartdaedlik scoe hy wol rûfty! falle en smartlapen opdwaen as itenspannen sa great.
Mar ’t gyng goed en einliks en to ’n lêsten kamen se foar in hege túnmûrre fen âlde, forware stien, sutrich en smoarch. It wetter dripte der by del en hiele prachtige griene slingers fen beammen en struwel hingen der oerhinne, ek alhiel wiet. Ien mei hiele greate bledden, der stie krekt sa’n blau kaeike op útteikene as Hassan opfiske hie út it wetter.
„Sjoch,” sei Doekele, „ús oare kaeike. Scil ’k der nei rikke?”
„It komt wol by my,” sei Hassan.
En sjeder me, stadich bigoan it moaije bled him to forwegen en sakke al fierder en fierder nei de groun. Hassan joech mei ’t poatsje it kaeike oer oan ’t bled, det him oprôlle as in pûdtsje en ’t sa oankrige en op ’t selde stuit sprongen twa grouwe stiennen út ’e mûrre en troch dy skreef stapten Hassan en Doekele ta ’t lân fen ’e Reinbôge yn.
In greate tsjustere bosk fol minskeheech ticht struwel. It tongere en wjerljochte en de rein foel by streamen, krekt as stiene alle wetterslûzen fen ’e wrâld iepen en pikswarte wolkens jagen de loft lâns as lilke hynsders. Sims dreune de groun, sa ’n freeslike tongerslach wie der den. En den wie ’t wer stil, sa stil, det hja hearden it earmoedzjen fen ’e fûgeltsjes yn deadsbinaudheit yn ’e wiete beammen.
Hassan en Doekele kroepen togearre yn in holle wylgenmoes en seagen sa nei al dizze slimme dingen. Mar do-t it waer hiel swier wie en de wjerljocht net fen ’e loft, bigoan Doekele to gûlen, hiel sunich, hwent hy skamme him al hwet for Hassan, dy-t net gûlde en dochs folle lytser wie as hy.
Syn triennen foelen optlêst by him del op ’e groun en sjoch, it waerden roune lytse môlkewite kraeltsjes. „Hea!” sei Hassan, „wirdstû moilik, myn lytse frjeon? Bistû bang, om mei de greate eleminten, loft, ierde, fjûr en wetter allinne to wêzen? Hja binne sterk en great fen macht, mar hja binne dochs tsjinders fen in macht, noch folle greater as hja en der dûke hja hjar foar yn nederigheit, ek as dû de minske en ik, it lytse dier. Der scil ús gjin hier op ’e holle krinkt wirde yn it lân fen de Reinbôge, as dy macht it net talit. Mar ik wol net, detstû skrieme scilst.”
It waer sakseare... it waerde stil. It fjûr oan ’e loft dôve en de tonger syn bronzen lûd waerde al sêfter en sêfter. Togearre gyngen se do fierder de bosk yn. It waerde ljochter en hja bigoanen to kliûwen by in hege berch op. Fluch gyng it, al mar heger en heger. Swart wie de berch, mar de oarde waerde moaijer, fol mei blommen yn de alderkostlikste kleuren en beammen, hwer ripe fruchten oan hingen by ’t hânfol.
Hiel heech stiene se nou en seagen om hjar hinne. De loft fen it Reinbôge lân en de groun en de bosk en de bergen. Huzen wierne der net. Do draeiden se hjar in slach om en gyngen in eintsje by de hege berch del. In frjemd gesûs briek de stiltme.
„Gien mar earst,” sei Hassan. En Doekele gyng. It wie sa wûnderlik, det hy bleau ek foartdaedlik wer stean. Hjir wie gjin wrâld mear, neat oars as in great gerdyn fen wetter, det hinge fen de himel ôf oan ’e ierde ta. Sims forweegde it efkes fen ’e wyn en sims hinge it stil en it wie fen trochsichtich sulver en noch tûzen kear moaijer as de jounswolkens ea wêze kinne, as se as skiepkes mei de moanne as hardersman de loft lâns kuierje.
En sjoch, der bigoan det alles to foroarjen. It waerde kleurd troch in onsjenbere hân, read en blau en poarper en krekt, as treau immen it fen ûnderen op nei boppen ta en stadich fortichte him det alles ta in moaije rounbôge brêge. Kleurich en heech stie dy nou boppe it wiete lân, onmjitlike great. It reingerdyn wie oprôlle en yn dize forgien, der wie nou neat oars as dy bôge mear oan ’e loft, hy bisloech alles.
„Sjoch gau, Hassan,” rôp Doekele. „Der giene guont op lâns.” En hja seagen trije gean. In great jongkearel yn ’t goud, in âld man yn ’t swart en in fromminsk yn skiere klean. Hast onwillich wei gyngen se hjar wegen op dy kostlike brêge.
„It binn’ de wjerljocht, de tonger en de rein. Hja krigen de wink om nei hûs to gean. Sjoch se nei, krekt sa lang astû kinste.”
[Illustration: it binn’ de wjerljocht, de tonger en de rein]
En hiel fier oan ’e lofteinder waerden dy trije wei.
„Nou moat it mar op hûs ta,” ornearre Hassan.
En der kaem in moaije wolken oansilen en der gyngen se op sitten as op in weintsje en dy brocht se nei ûnderen fen dy frjemde berch ôf. Der stiene de weagen klear en skouden se sêfkes troch ûnderierdske wetterslinken en poellen en petten, djippe rivieren en smelle wjitteringkjes nei de mar ta, hwer de kening fen ’e Skiere Ielen huze yn syn sulveren paleis.
„Bitankje de kening mar ris tige en bûg mar ris djip,” rette Hassan. „Hy is in tige wiis man en regearret it ielekeninkryk fen ’e hiele wrâld. Hjerstmis ropt ’r alle jongen en sterken op for de fiere reis nei de Oceäen, hwer se noait fen weromkomme scille. Der is net ien, dy-t efterbliûwt, hja scoene net doarre. En jierren neitiid komme de lytse bern, dy-t se der krige ha, werom en tsjinje him wer, lyk as de âlden ek al diene. Guont fen syn foltsen ha ’k wol moet yn ’e waerme lânnen.”
Doekele die, sa ’s him hjitten wie en nei in koart petear fen Hassan en ’e kening fen ’e Skiere Ielen tynden se wer út it djip wetter wei nei de biwenne wrâld ta. Der lei it boatsje, der wie de lytse grize skipper en by it oan wâl stappen waerde Doekele wer swier fen gewicht, minskelik swier.
Hassan kroep nei hwet geskermesear wer yn syn skyl en hja skonken ynein en foldien op hûs yn. It gyng net hird. Doekele waerde slûch en stil en Hassan swijde, as hie hy nea net prate kind.
Thús fortelde Doekele al hwet him oerkaem wie dy deis. Mem glimke en Heit sei neat. „Scoest ek dreamd ha, myn jonge,” sei ’r optlêst.
„Ik ha de daudrip ommers, om sjen to litten,” sei Doekele en hy helle him twisken tûmme en finger út syn buiskebûs. O hwet flonkere ’r! krekt as ’t wetter wie, bisparkele fen sinneskyn. Hy rôlle op ’e tafel om en wie fen in hearlikheit, soksoartigs Heit en Mem selst noait sjoen hiene en optlêst foel ’r Mem sa mar yn ’e skirte.
Doekele tochte om ’e triennen, by de berte skriemd fen in berntsje. „Hâld him mar, by Memke heart in trien,” sei ’r.
„Hwa seit det?”
„Hassan, en noch folle mear,” andere Doekele. Hassan lei djip weidûkt yn syn skyl kwanskwiis to sliepen, mar as ’r ek harke nei hwet Doekele sei!—
De winter kaem. Snieflokken fleagen, stoarmen gûlden om ’e sterke stins. Der wie gjin libben mear bûtedoar, it gêrs lei plat slein op ’e greiden, de beammen wierne keal en de dieren fen it fjild yn ’e waerme hoalen. Hassan hiene se yn in hoeke by de hird in hoale groeven en der bledden yn, der die hy syn wintersliep, by de minsken en dochs in libben nei syn eigen aerd.
Mar op in joun, do barde der hwet bisûnders. Hassan kaem foar ’t ljocht... hja hearden him by de mûrre lâns skermesearjen yn ’e healtsjustere keamer en sa nei de útdoar ta. Doekele gyng him efternei.
„Dyn Heit moat ’k ha,” sei Hassan grommeljende wei. En dy kaem en gyng mei him der út.
„Hear,” sei Hassan, „it is in slimme tynge, dy-t ik bring. Oer in deimennich scil jou stins bilegere wirde. Ha jou alles klear? Wol for wiken?”
De hear krige in freeslike skrik. „Wy binn’ minmachtich,” suchte hy, „en ús wapens net folle. Dû witste it allegear likegoed as ik, dierke, det ús ljeave húsnoat is en yn alles bihelle wirdt.”
„Derom scil ik machten oproppe, om jou to stibelearjen,” flustere Hassan. „Wrede machten, hear. Hja scille komme fen Easten en Westen, Noarden en Suden en ré stean, as ik se de wink jow fen tapakke.”
„En ho scilst se tynge takrije?” twivele syn hear mismoedich. „De groun is hird en de loft is mistich, gjin dier heart dyn lûdtsje en dû scilst it fen kjeld bistjerre, dierke. Lit komme, hwet wol, mar ik wol dy net kwyt. Ik ha dy ienkear redt út ’e hânnen fen in prester, dy-t dij brûkte om syn ôfgod to forhearlikjen en as ’t wêze moat, scil ik dy nou redde for dy sels.”
„Optheden stiet it lytse harmeling foar de útdoar,” sei Hassan as ienichst andert. „Scoene jy him ynlitte wolle, hear?”
„Hy scil net komme, as hy minsken rûkt,” abbeleare dy der tsjin.
„Hy komt by my, al moast hy ek twisken tûzen minskefoetten trochrinne,” sei Hassan.
Do die syn hear de doar op. In lyts wyt dierke snjitte by him troch en nei de hoeke fen ’t foarhús, hwer Hassan siet. It like syn hear ta, as stie der noch folle mear winterfolk foar de útdoar, mar hy doarst der net rjucht nei sjen. De winternacht wie fol fen spûk en heimnis.
Efkes mûskoppen it swarte en it wite dierke noch mei inoar, do sei Hassan: „Nou kin de doar wol wer op. It boadskip giet nou yn in ûrmennich al nei alle wynstreken de wrâld oer, derhinne, hwer it gean moat.”
It harmeling snúfde by him lâns, foart mei faesje en de nacht waerd’ wer sa stil, as in wite winternacht fen snie en froast mar ea wêze kin.
De hear krige Hassan op fen ’e flier en waerme him, hwer syn sterke goede herte kloppe en hy waerme him der sa lang, det selst syn snútsje gloeide. Do brocht ’r him wer by de hirddobbe to plak, djip yn ’e rûchte en bledden.
Der wie noch gjin wike oer forroan, do op in joun kaem Jelleman om ’e hoeke fen ’e doar en sei, der stie in greate smite folk foar de poarte en easke, om iependien to wirden. En as ’t net mei goedens gyng, den kamen se oer de tichtfearzene greft en stieken alles yn ’e brân.
Hastich brocht de hear wiif en bern yn feilichheit yn in ûnderierdsk forskûl en al syn have en goed, hwer ’r it measte bistek op hie. It sulveren krús, woán op ’e heidens en him tige dierber, stiek ’r yn ’e bûs en Hassan, der taeste ’r nei, hastich fen hân en naem him ek mei.
„Jou kinne my hjir ek wol bliûwe litte, hear,” sei Hassan grommeljende wei, hwette moarnssiik nei de lange wintersliep, der hy al wer út wekker makke waerde. „Lit se mar komme en by de mûrren opklauwe, hja falle wol wer del.”
Mar hy leauwde it mar heal en brocht him nei syn wiif ta. Dy siet, de bern om hjar hinne, yn in forskûl djip ûnder ’e groun, in flaubarnende kjers ta selskip en hja gûlde. En Doekele tocht om ’e minsketriennen yn ’e Dauwebosk. Leed en minske en minske en leed, altyd alweroan de twa kammeraten, noait wer to skieden.
Nou kaem it op fordédigjen oan. Hja hellen de slingers en ’e slingerstiennen foar ’t ljocht en gruden strie en stieken dy oan en smieten dy sa op ’e bilegerers. Dy wierne o sa machtich, wol fyftich man en hja sels hiene mar sa ’n toalve man warber folk. Oer in ûrmennich wie alles al foarby, as der gjin help kaem en hwerearne scoe dy weikomme? Uren fier gjin stins ef kleaster, allinne dizze oerginstige bûrman, altyd al op ’e loer, om him ’e deastek to jaen.
It measte griisde it him oan om wiif en bern. Hysels seach al sa faken de oarloch, de dea hie him al sa faek fen tichteby oangniisd, det hy koe him. Mar dy oaren?!
Sels bitsjinne hy de greatste smytswingel en kegele swiere balstiennen op ’e fijan. Mar det wierne hoekhâlders. Efkes gyngen se wol tobek, mar do bigoanen se wer fen nijs, fûleinich. Hja rameiden de poarte al, strak ansens wierne se by de doar... yn it forskûl...
Der ynienen hearde hy in frjemd gelúd. It wie noch o sa fier ôf, al hearde min it boppe de lûden fen ’e nacht út. De fijan hearde it ek. Efkes waerde it stil, sa stil, det min hearde it knetterjen fen ’e poartdoarren, dy-t al yn ’e brân stiene.
Wer slingere hy stien op stien en wer hearde hy det lûd. It kaem hird tichteby, krekt as jage en swypke immen it oan... De klamme switdrippen hingen him oan ’e hierren... hy bigoan it lot fen syn fijan to bigripen...
De slinger glied him út ’e hânnen, hy liet nou oan in greatere macht oer, hwet him yn syn lytse minskelikheit onmooglik wie.
It gegûl wie nou al hiel tichteby, hy seach by it ljocht fen in greate barnende striewiske, dy ’r falle liet, de fijan út ’e finsterbanken weitûmmeljen en riedeleas by inoar stean.
In oar leger kaem op... de wolven. It wite lân waerde der swart fen, der wierne hûnderten en foaren op gyng ien mei hwette in stive poat. As Doekele him sjoen hie, hie ’r sei... hy liket op Biterke fen alear, mar nou is ’r great...
Hwet der do barde, bleau it heimnis fen ’e nacht en dy is wreed. De oare moarne wierne der nin minsken mear en nin wolven. Ien amerij wierne se oproppen, hja kamen fen Easten en Westen en Suden en Noarden en diene hjar plicht, om den wer foart to gean.
„Hassan,” sei syn hear tsjin him, „hwet kin ik dy goed-dwaen for dizze saek?”
„Neat,” andere Hassan hwette stoef. „Ienkear retten jou myn earme siele út de hân fen dy freeslike ôfgod, it is lyk om lyk gien, hear.”
Noch lange, lange jierren libbe Hassan sa mei syn folk op ’e state, hy en it moaije Arabyske wite skimmelhynsder, beide bern fen fiere frjemde lânnen. Do op in moaije, mylde simmerjoun lei Hassan dea op ’e greate balstien, hwer hy him sa jerne yn ’e sinne kûsterje mocht. Yn deadsneed hie hy him omkeard en lei nou mei it teare lichemke nei de sinne ta keard, stiif en kâld.
„Wy scille him moarnier bigrave. Lit mem ierde him ta hjar nimme yn hjar waerme skirte,” sei syn hear en it gyng him oan ’t hert.
Diselde nachts, ek sa mar ynienen, stoar it moaije Arabyske hynsder ek.
Hy reisge Hassan efternei wer nei it fiere frjemde lân ta, det hjar heitelân wie.
DE PRINSESSE MEI ’T GOUDEN PARRESOLTSJE.
Der wie ris in prinsesse, dy wenne yn in paleis, det stie op in hege berch en det paleis wie sa great, der wierne wol tûzen keamers yn, allegear like moai en in prachtige tún lei der yn ’t fjouwerkant omhinne en selst winters, as ’t snijde, bloeiden der noch blommen en songene der noch fûgels, hwent de hiele tún wie ûnder spegelglês bikape, en de oarelstiens mûrren wierne sokke hoekhâlders, dy lieten net ien sigen troch.
Ut de finsters fen ’t paleis seach min de wrâld yn ’t roun, séën en steden, greate bosken en griene greiden. Mar it wie allegear sa fier ôf... min seach allinne it moaije en net it mâlle der middenmank. En sa seach de prinsesse it ek altyd ...
Fen ’e wrâld wiste hja neat... Hja wist allinne, hja wie in prinsesse... alles waerde foar hjar weinaem... Hja iit fen goudene pannen en dronk út sokke tinne glêzen, det as se der út dronken hie, den foelen de glêzen yn grús op ’e flier en alle dei droech se in nij kleed fen ’e echtste side en parels en diamanten der op binaeid. En noait ef to nimmer wie it stael gelyk fen de iene dei op ’e oare... Wevers wierne alle dei dwaende to weven en skilders to skilderjen en fammen om to borduren, om mar wer hwet nijs út to finen for det jurkje fen ien dei, det kostlike kleed fen ’e prinsesse. En moarns lei it op ’e stoel foar hjar bêd en it wie it earste, hwet se seach, as se wekker waerde. Sims lake se den, sims stume se, al nei ’t it sin stie. En as se lake, den krige de makker in pong fol goud en as se stume, den waerde ’r for altyd út it lân band, fier foart, hwent hwet scoe sa ’n domme kwast, dy-t net iens ien dei in prinsessewinsk bifredigje koe!
Tsjien moai optúchde hynsders en tsjien optúchde weinen stiene yn ’e stâl klear, as se ris ride woe en as se ris kuiere yn ’t moaije tún, den waerden earst de paden mei lange lopers bilei en mei roazebledden bistruid en efter hjar oan kaem in tsjinster en dy hâldde in parresoltsje boppe hjar holle.
Det wie in aldernuverst parresoltsje. Fen goud wie ’t en wit hofolle nuddeltinne goudene latsjes foelen boppe oan oer inoar hinne en ûnderoan waeieren se út en oan elts hinge in lyts gouden skeltsje, fiif en fyftich mei inoar en as de prinsesse roan en de tsjinster hâldde it boppe hjar holle, den bigoanen al dy lytse skeltsjes to tingeljen en makken in wûnderbaerlik moai mesyk. En de sinne koe hjar sa net bynei komme, hwent in greate kinstner hie der in siden doek oerhinne spand en dy binaeid mei frjemde greate blommen, hjar heite wapenblommen. Sa kuiere hja den yn ’t tún om en hâldde hjar sa fij fen ’e minsken, det hja wiste neat fen ’e wrâld. Earmoed en lijen, rûzje en haet, ljeafde en smert, hja wiste net iens, det it bistie...
„Hja is sa tear, it scoe hjar de dea dwaen, as se wiste, hwet der yn ’e greate wrâld omgiet,” sei de kening. „Lit it libben oan hjar foarby gean as in dream, mar dy greate sé syn wieling hjar nea forswolgje,” en hy seach nei hjar, wylt se foarby gyng yn poarperkleurige side, reade roazen yn it hier, prinsen om hjar hinne en it gouden parresoltsje boppe de holle.
[Illustration: hja gyng foarby, roazen yn ’t hier en ’t gouden parresoltsje boppe de holle]
„Scoest dû it lot twinge kinne?” lei de keninginne der dimmen tsjin yn. „Elts minske komt op syn eigen paed tolânne en elts minske giet nei it plak, hwer de dead him forwachtet...”
„Ik ha de macht en scil hjar brûke ek, om hjar alle leed to ûntkearen,” sei de kening stoef.—
Ienkear kaem der in dei, do wie it snikhyt. It hie noch nea sa waerm west. It paleis op ’e berch wie krekt as wie ’t in oun en de sinne barnde der op, det de glêzen knapten en de fisken yn ’e fivers bigoanen boppe to driûwen en stoaren fen ’e hjittens.
De kening liet de hynsders ynspanne en in licht weintsje út ’e stallen helje en der ried de keninginne yn nei de lichten ta, nei de âlde bosken ta fen it skaed en ’e wjitterings en ’e bimoske paden. En der kaem in hiel lyts weintsje, side-bifûrre en mei fjouwer wite kedtsjes der foar en der waerde de prinsesse yn droegen, om ek mei nei de bosken. It gouden parresoltsje waerde hjar boppe de holle hâlden en de fiif en fyftich skeltsjes tingelen en mesiken, wylt it weintsje sêft en fluch nei de delte ried...
De bosk wie great... de bosk wie koel... Mar om middei hinne waerde it der ek al waerm... der kaem in tongerbui opsetten en in stoarm. De wjittering waerde in loslitten munster en sloech de brêge yn grús, dy spielde mei nei de kening syn fortoef en yn in omsjoch fornielden wetter en stien al det ’r fen wie. De minsken dreauwne mei, jammeren efkes, do wie alles stil yn ’e greate bosk... Allinne de stoarm syn djip en lilk lûd, det stoar net... En it wetter syn geklok ek net...
De prinsesse wie fêstrekke oan in greate beamtokke en dreau hird mei foart, de lytse hantsjes stiif om ’e tokke, de knibbeltsjes stiif tsjin de ronfelige bast... Hja gûlde net, hja dûkte hjar net foar de geweldener, hja siet rjucht oerein en seach it libben, sa ’s det bigoan om him oan hjar to iepenbierjen, al wie ’t den ek op in bjusterbaerlike menear.
Hja wie in keningsbern en derom stie se it gefaer en knypte de eagen net ticht... Al djipper gyng ’t nei de delte en einliks kamen se yn ’e brede, wide stream, dy-t folle stadiger gyng en dy naem se mei, ûren en uren fier. Optlêst kaem de beamtokke yn ’e knipe twisken meispield hout en stikken rots, hy draeide in kear ef hwet om, krekt as wie ’r yn in wielkolke en einliks lei ’r stil oan ’e igge fen it brede wetter, yn it skaed fen in greate eskenbeam.
De prinsesse krige wer hwet moed en kroep op ’e tokjes lâns nei de wâl. Der gyng se yn ’e hjitte sinne sitten en droege de gazene jurk, dy-t hjar yn fodsjes om ’e lea hinge en ’e skoentsjes fen reade side mei hjar moaije diamantene gaspen, dy hinge se heech oan ’e beam to druijen. For ’t earst yn hjar libben brûkte se hjar eigen prinsessehantsjes en sjoch, it wie ark en foechsum ark ek. Hja pakte it parresoltsje, det twisken de beamtokken bitize siet en scoe det nou sels ris opstekke, mar sjoch, it woe net mear en de skeltsjes seine ek net mear fen tingeling. Do bigoan se to gûlen, hwent det moide hjar sa alderfreeslikst. Hja makke hjar sa oerstjûr, det hja waerde der licht fen yn ’e holle, alles bigoan to draeijen en hja pakte mar gau de eskenbeam beet, om hâld to habben. En do wist se fen neat mear... hja foel fen hjarsels en swimend siichde hja derhinne.—
Pame kaem mei Hip, syn ezeltsje út ’e sted wei en togearre panderen hja op hûs yn. It gyng stadich, Pame tôge in pong fol jild mei en Hip twa greate baelsekken fol gûd, in tintsje en den noch for in dei iten for twa mûlen en Hip sines, dy hinge altyd de lippe nei in swiet flaubyt. Dy koé net sêd.
It roan al tsjin de joun en Pame hie syn nocht. Jister hie it sok swierwaer west, det ’r net reisgje koe, hjoed wie ’t ek al wer waerm, mar nou mei de joun kaem der koelte oanwaeijen oer it wide wetter en him tochte, der ûnder dy hege eskenbeam spraette ’r mar in leger for de nacht en iit der syn jounbrogge.
Krekt scoe ’r der oer gear, as der seach ’r hwet frjemds lizzen. Yn in omsjoch wie hy der by en bistoar it hast fen skrik. In minske! in famke... in dea famke! Mar sa slim wie it noch net... hja libbe... hja sykhelle...! Gjin ketier letter lei se yn Pame syn tintsje en do-t se de eagen opsloech, seach se hjar jounbrochje al klear stean, in timpke brea mei toar spek bilei en der in tinnen kûmke fol drinkenswetter by. Hja taeste der bigearich nei, o hwet smakke it swiet! It smakke folle lekkerder as by heites de taert en de sûkela! En hja bigoan to praten yn in tael, dy-t Pame net forstie, mar der hy wol safolle bigryp fen krije koe, det hja nei hûs woe.
„Ja!” nikte hy frjeonlik en hy wiisde nei de ûndergeande sinne, „moarnier den reisgje wy.” En sa rekke de prinsesse yn ’e sliep yn it tintsje fen Pame, de wever, mei in baelsek fol gûd ta leger en in oare baelsek ta pel en de wietige groun om ’e âld eskenbeam ta ûnderleger.
De oare deis droech Hip in nuvere lading, oan ’e iene kant in optaest-folle baelsek en oan ’e oare kant skommele it prinseske yn ’e oare baelsek. Pame moast der fen glimkje. Hwet scoe Ljeafke sizze!!
Hird gyng it troch de greate bosk op hûs yn. Hip waerd danich oanfitere. Pame socht ûnderweis wylde ierdbeijen en treau se it famke ta en twa kear ûnderweis skoaide ’r môlke for hjar op by de huzen.
Einliks en to ’n lêsten, der skimere syn húske twisken de hege beammen. Hielendal mei mosk bigroeid wie ’t en wylde roaskes ranken der heech by op.
„Ljeafke!” rôp ’r al fen fierrens. „Kom hjarren. Help my gau.” En Ljeafke, syn wiif, smiet de toffels út en kaem der hoazfoetling oanrinnen.
Der seach se it kopke fen it prinseske ta de grouwe baelsek útkypjen.
„Pame,” hime se, „...hwet hastû nou meinaem! Dit wirdt my mâldernôch.”
„My ek,” sei Pame, knope de baelsek los en woelle it prinseske út ’e jassen en doeken wei, hwer hy se mei bistoppe hie, hwent klean hie se hast net mear oan ’t lyfke en hja hie bleate foetsjes.
Ljeafke, oars sa praetsk as in bolrinder, bistoaren de wirden yn ’e mûle. Mar do krige se meilijen mei it harterke, det der sa raer by hjar ynstouwen kaem, hja naem se op de earm en tútte se op it foarholtsje.
„Hwastû biste en hwer wei, maelt my net, mar bliid bin ’k mei dy,” sei se en roan mei hjar yn ’e hûs.
Hja waerde wosken en der kamen sêfte linnene lapen fol salve om hjar iepene foetsjes en hja krige in skjin nachtjakje fen Ljeafke oan en in read knopdoekje om ’e hals. En sa rekke se yn ’e sliep yn it frjemde hûs, yn ’e lytse wente fen Pame wever en Ljeafke yn ’e greate bosk...
It dûrre in goed wike, do wie se wer klear en de foetsjes hjille en koe se fortelle, for safier as se inoar forstean koene, det hja wie in prinsesse en hjar heit wenne yn in paleis, det wie in kening. Pame en Ljeafke woene it mar kwalik leauwe, hja wie suver krekt en allyk as oare famkes en moai yn ’e klean wie se ek al net, hja hie net iens in kroantsje op ’e holle en in ringkje om ’e finger. Ien ding forbjustere hjar allebeide dochs wol hwet: det parresoltsje! Det wie sa ’n nuver ding, soks hiene se hjar libbensdagen nea net sjoen. En Ljeafke krige it út de blikke, hwer it in deimennich stien hie to druijen, pakte it yn sydpompier en lei it yn ’t kammenet, hwent, „sjoch,” sei Ljeafke, „dit ’s dochs wol greateljue’s gûd en is ús licht in fingerwising, hwer se thús heart.” Pame sei net folle, hy skreau alles, hwet it famke sei hie, sa goed en sa kwea as ’t gyng, op yn syn sakboekje en bigoan der oer to rekkenjen, det der miskien dizze winter trije om syn dis sitte scoene en de brochjes wol ris tige lyts wirde koene.
De hjerstmis gyng ’r wer nei de greate sted mei stikken nij weefd gûd, mar ho-t hy ek neifraech die, nimmen wiste fen in prinsesse, dy-t wei wie en optlêst frege hy mar net mear, hwent hja bigoanen him út to laeitsjen en det stiek him.
Earst jeuzele en eamele Pykje, hwent sa neamden hja hjar mar, wol ris om foart en wie hjar ek al twa kear ûntkaem en de bosk ynroan en woe ek wol ris net ite, omt se folle lekkerder ha woe, mar optlêst biwoan it allegearre. Hja wie selst wiis mei it jurkje, det Ljeafke hjar út in âld skoart fen hjarres makke hie. En do-t Pame op in dei thús kaem en hjar in jong iikhoarntsje brocht ta boarter, tocht se net mear om foart.
Noch ienkear foar de lange winter gyng Pame wer op reis nei de sted en wie wer wakker dwaende, om nijs op to strewearjen oer it fondelingkje. Ljeafke hope yn hjar hert, it scoe wer mis wêze en nimmen opdaegjen komme, om Pykje to heljen, hwent hja wierne nou beide al sa mâl mei hjar as hwet, suver as in eigen bern. En njonkenlytsen forgeat it prinseske, det se ea in prinseske west hie en hja nou neat oars mear wie as it famke fen Pame en Ljeafke.
Do-t Pame for de twadde kear werom kaem út ’e sted, wie ’r wakker op ’t snjit, hwent hy hie safolle jild bard for syn weefde kleedtsjes as noch noait tofoaren. De minsken fochten der suver om. Det moast komme, omt Pykje him de triedden útsocht hie, hwent hja fortsjinne al aerdich mei en den sei se: „sjoch, heit, sa wirdt it in moai stael”, en den weefde hy it sa. Ien wie der by, det wie in greate blauwe blom fen in wûnderlik fetsoen en dy kleedtsjes forkoft hy ek it measte en krige der noch gâns bistel op ta, sadet hy hast de hiele winter wirk hie en der wie hy bliid ta.
Sa gyngen de jierren foarby en Pykje groeide op ta in jongfaem en hja seach it libben, sa as it wie. Hjar sabeare mem waerde siik en wiken die se allinne alles, hwet der to dwaen wie, Pame briek in set letter de skonk, do moast se midden yn ’e winter allinne mei Hip nei de sted en bringe it wirk by lâns en in pear winters hiene se it sa krap hawn, det der mocht hjar gjin stip by de ierdappels barre. Mar nou kaem it rûmmer om en koe it selst in moaije, nije jurk lije. Wytwollen wie ’r en hja binaeide him sels mei borduersel en det dûrre wiken. Mar do wie ’t ek in pronkje!
Yn dizze tiid barde it ris op in hjerst, do krige Pame tynge fen in great minhear, dy woe komme to jeijen en by him jimmetite en útfenhûsje. Pame siet mei de hânnen yn ’t hier, mar Ljeafke, redsum as altyd, sei: „Wistû hwet, ik en dû en Pykje giene yn in tintsje yn ’e bosk en minhear yn ús hûs.”
Hja himmelen it hiele hûs út en setten alles ré en do mei hjar trijen nei de tinte en in setsje letter hearden se de hoarnen al trompetterjen en de hynsders al draven. De bosk rekke fol. Wol tritich wierne der, allegear forname ljue yn ’t goud en side en driûwers en jagers by de fleet. Ljeafke en Pykje loerden om in hoekje en binoasken fen fierrens det hiele spil. Ien jongkearel wie der by, dy mocht Pykje skoan lije. Hy wie mar ienfâldich yn ’e klean en gjin goud oan him en dochs kipten hjar eagen him der altyd wer út.
Ljeafke seach ’t spul oankommen en hja suchte. Hjar okke wie nou great en hwa wit, yntkoart naem de iene ef de oare snúshaen se mei. It gûlen stie hjar neijer as ’t laeitsjen.
Dy joune kuiere Pykje mei de jongfeint. Hy wie sa oannimlik fen wezen, det hjar hertsje gyng for him iepen as in blomke. En sa kamen der in bulte jounen, krekt sa lang, det ’r hjar in ringkje joech om to dragen, mar ienfâldich en tin, mar omt it fen him jown waerde, wie ’t in kostlikheit.
En hja helle in lyts pakje út ’e bûs en joech him det oer. Der siet in moaije bûsdoek yn en der hie se sels dy frjemde blom op binaeid, dy-t Pame ek biweefde yn syn kleedtsjes en dy-t hja him leard hie.
De jongfeint wie der wakkere bras mei en treau him foarsichtich yn ’e bûs.
„As it maitiid wirdt en de swarte klyster sjongt, den helje ik dy. Den hâlde wy brilloft,” sei ’r en tútte hjar op it bloune hier.
„En hwer bliûwe heit en mem den?” sei Pykje.
„Dy giene mei. Dy ha den ek by my hjar thús.” Det like Pykje skoan ta, hwent dy koe se net bêst wer misse.
De bosk stie yn syn moaijste pronk, alle beammen bloeiden, alle fûgels songen, do kaem de jongfeint der geandefoet oan om Pykje to heljen. Det sinnige Pame einliks al hwet min, hwent him tochte, ien yn tsjinst by sa ’n hege hear koe wol for ien dei in reau liene en hwette prot spande hy âlde Hip yn foar in lyts karke, der lei Pykje hjar hiele habben en hâlden op. In kleankiste fol klean, hwet húsrie, in moai weefd kleedtsje, fen Pykje sels weefd yn twa lange winters en noch hwet snypsnaren.
Foarenop gyngen de jongeljue, Pame stjûrde Hip en Ljeafke kaem efteroan mei de njute ka op ’t skouder, der Pykje sa ’n bulte mei op hie en in jodebaerd en in beltsjeblom yn in âld amer oan ’e earm.
Hja gyngen nou wol mei to brilloftsjen, prottele Pame stilwei foar him hinne, mar by dy skoansoan ynwenje, like him safolle as fleanen. It scoe der licht wol fen de biheinde byt gean en det noaske him net. Ljeafke sei net folle, hja futtele mar stil mei, alhowol se Pame yn alles gelyk joech. Hwa wit, hwet ryk minhear Pykje noch net krije kind hie en nou hjar oartsen sa forspylje oan in hearsfeint. Skrabjen om ’e kant waerde it al syn libbensdagen!
Skraelwirk in ûre hiene se sa fjouwersum roan, do kamen se by in hûs mei in greate skûrre. De doarren fleagen op en der ried in moaije koets ta ’n út mei twa hynsders der foar en in koetsier op ’e bok alhielendal yn ’t goud. Pykje hjar feint wie der neat by. Pame hie der suver hartsear fen. Mar hawar! as dizze hjar sin wie, den scoe se him ha.
Pykje hjar feint gyng nei de koetsier en frege, as se meiride koene. Dy seach him earst ris op en del oan, do nikte ’r fen ja, mar net sa wakkere oansjitsk, mirk Pame wol, hwent dy hie hjoed eagen as skoenmakkerselsen.
„Stap mar yn,” sei ’r do. „’t Is in reau fen myn baes,” Pykje abbeleare net tsjin, stapte der yn as wie ’t sitten yn sa ’n koets hjar dageliks wirk. Mei in freeslike tsjinsin rekke Ljeafke optlêst ek yn ’e koets en Pame, dy-t by Hip bliûwe moast, bûgde wol sa deftich foar de hege koetsier, mar dy wie fierst to greatsk om ek mar iens nei him to sjen. It ein wie net sa fier, wist ’r wol, der lei de nije went fen de jongeljue.
Hwet ried it hearlik yn dy wein! Sidene kjessens op ’e banken en in fewielen kleed ûnder de foetten en oan ’e souder hinge in lampe fen spegelglês. Der ris in wike mei foart to riden allinne mei Sigûrd!
„Dyn baes is ryk, tink ik?” fiske Ljeafke frouljueseftige bitûft. „Dit liket tominsen net sa min.”
„Hy kin it skoan stouwe,” andere de jongfeint.
„Hwerom koe sa’n reau ús net helle ha fen hûs?” sei Ljeafke wer. Der wie hwet oan dit hiele spul, der se net by koe en Ljeafke hie in fine noas, sei Pame altyd.
„Ho scoe ’r swaeije kind ha yn ’e bosk mei twa hynsders?” frege de jongfeint werom.
„Dos dit reau is wol fen jou baes?” sei Ljeafke wer.
„Tominsen net fen my,” andere de jongfeint, wylt ’r glimke.
Do-t se in setsje riden hiene, kamen se foar in brechje. Wyt wie ’t. En der roan in loantsje op út fen bloeijende hagebeammen. En dy roeken!! Och, it wie ommers maitiid....
En der efter yn det loantsje, hielendal op ’e ein, skimere in húske, lyts en ljeaf.
„Uzes,” sei Pykje hjar feint. „Hjir scille wy trouwe en for earst bliûwe.”
En sa barde it. Der stie in boargemaster en de getugen en do-t Pame der ek wie, trouden hja. En omt hja beide sa earm wierne en inoar neat oars jaen koene, joegen se inoar allinne in tútsje en de fûgeltsjes songen der by en alle blomkes fen ’t tún skripten om ’t hirdst, om krekt dy iene amerij de alderlekkerste geur foartwaeije to litten.
En Pame en Ljeafke kamen nei in swiet middeimiel wer bihâlden thús. En do-t se thús wierne, gûlden se allebeide.
Sigûrd en Pykje wierne sa lokkich yn hjar lyts húske, det hja forgeaten de tiid. De dagen fleagen om.
Mar op in goede dei sei hy: „My tinkt, nou scille wy mar ris op reis. Doch dyn troujurkje mar oan en set der dyn readfewielen mûtske by op... sa meij ’k dy it ljeafst lije.”
„Hast dyn nocht om hjir langer to wêzen?” frege hja en seach him djip yn de eagen.
„Ja”, andere hy, „ik moat ris hwet oars sjen. Wer oan ’t wirk... jild fortsjinje.”
Pykje suchte. „Der hie ’k nou noait wer om tocht”, sei hja. De kenyntsjedagen wierne út, it scoe wol op bodzjen yngean optlêst, hie heit sei. Nou, al moasten se den ek skrippe, togearre scoe ’t net swier falle en hja scoe Sigûrd bystean, safolle as se mar koe.
Hja siet mei hjar bleate foetsjes yn in djip forhoalen herntsje fen it tún en liet se hingje yn ’e wjittering, dy-t by hjar lâns streame. It wetter wie sa klear as glês en de fiskjes swommen mei wize eachjes hjar lytse minskefoetsjes foarby. Sims dreau er in moaije blom lâns en inkeld kaem ’r in fûgeltsje en dronk him sêd en gyng den deun by hjar sitten to sjongen.
Oars wie Sigûrd altyd moarns al in skoft foart nei syn baes en allinne middeis thús, mar nou hjoed bleau ’r de hiele dei by hjar. It wie in feestdei! Hy hie hjar in krânske fen roazjen flochten en dy hie hja yn ’t hier. „Krekt as is der hwet tige moaijs op kommenswei,” sei hja en glimke him ta. Troch it skreefke fen hjar mûle seach ’r hjar krytwite toskjes blinken.
„Kin ’t noch moaijer?” sei hy en togearre gyngen hja yn ’e hûs.
De oare deis reisgen hja, geandefoet fensels. Gyng ’t oer stiennen ef hulterige reden, den droech hy hjar sims wol ris, den sloech hja him de earmkes om ’e hals en hja hiene it bêst nei ’t sin, al wierne se ek earm en syn pongkje sa plat as in skoltsje.
Pykje seach der ris skean nei. It hinge sa slop oan syn milbân.
„Hastû wol genôch for joun ûnderdak?” hifke hja, do-t hja einliks yn ’e fierte in greate sted seagen. Der moasten se hinne, sei hy, der fierden se feest, sa ’s it like, den koene se det ek noch sjen. Op alle toerren wapperen flaggen en fleurige mesyk syn lokjende lûden waeiden det oer op hjar ta.
„Sjoch,” sei Pykje, „hwet komt der in moaije wein oan. ’t Liket uzes fen langlêsten wol.”
„Woest der wol wer yn, loaike?” pleage hy.
„Nou!” sei hja.
„Stap mar yn,” sei hy, do-t de wein by hjar hâldde en Pykje die det.
—Greatsk as det wyfke fen my is, tocht Sigûrd. Der koe kwalik in knikje for de koetsier ôf. En hy glimke in bytsje.
„Ik woe wol, det wy sa ’n wein hiene,” sei Pykje út de groun fen hjar hert. „Al wiestû der den ek mar koetsier op.”
De koets mei syn moaije skimmelhynsders kaem tichter by de sted en hja rieden gjin oare minsken efterop as allegearre yn Sneinske klean en blommen yn ’t hier ef yn ’e hân.
„Hwet is der dochs dwaende?” frege Sigûrd oan ’e koetsier. „Jimme binne allegear sa út de leage wosken, de sted glimt der fen.”
„Us kening syn soan trouwt hjoed ommers man. Hwer binne jou wei, det jou fen neat witte,” andere de koetsier noartsk. „En hjir moatte jimme der út, ik doar jimm net fierder meinimme, hwent ik moat nou de earste kok ôfhelje, dy moat joun itensiere yn ’t paleis.”
Sigûrd joech him in dofke út syn plat pongkje. De koetsier gnyske. In keal pearke, takseare hy. Mar det wyfke! hielendal om ’e nocht hie hy dy wol it hiele greate keninkryk yn ’t roun ride wold!
Stadich kuieren se nou troch de moai forsierde sted en lânnen einliks oan by in great wyt paleis.
„Wennet dyn baes hjir altomets?” sei Pykje en seach om hjar hinne, net iens sa binijd, hwent krekt as hie se sa ’n paleis wol earder sjoen.
„Ja, hwet seistû der fen?” en yn syn moaije kleare eagen laken stjerkes fen plesier.
Pykje seach by hjar ienfâldich wyt wollen jurkje del, nei de selsbreide hoazkes en ’e nederige skoen, sûnder in gaspke ef in strikje. En do sloech se de eagen op nei Sigûrd, hjar greate, foarse man. „Hja scill’ my wol útlaeitsje en dy ek, detst der mei sa ’n earmen oankomste. Meijst my noch wol lije?” en kroep him efkes oan yn in tsjuster herntsje.
„Gien mar mei en hwet der ek bart, wêz noait forslein. Gjinien scil in wird tsjin dy sizze doare,” en hy krige hjar by de hân. En sa gyngen se troch lange gongen, folle en net genôch, al moaijer en moaijer en kamen einliks foar in hege doar. Der stiene wol tsjien lakeien foar to luiwammesjen, mar gjinien forroerde in fin, do-t hja der oankamen. Hja stiene as stânbylden.
„Bistû bang?” sei hy.
„Hwet scoe der my oerkomme kinne, astû mar by my bist?” andere hja. Ho greatsk sei hja det!
Ien taest nei in knop, de doarren fleagen op en hja gyngen troch in prachtige seal fol folk nei in gouden troan ta en der siet in âld man op, in kening mei in gouden kroan op ’e holle, in wite baerd fen wol in jellen lang en in readfewielene mantel oan mei gouden blommen.
Trompetters bliezen, sjongers songen, alle minsken gyngen oerein en Sigûrd en Pykje gyngen der twisken troch, rjucht op ’e troan yn. Pykje hjar hantsje bigoan to triljen, it hert sloech hjar tsjin de kiel.
„Myn wiif, o kening!” sei Sigûrd, do-t alles ynienen stil wie, krekt as hâldden alle minsken de syken yn.
„Kom, myn dochter,” sei de kening en hy gyng oerein en sette Pykje neist him del op in gouden stoel en Sigûrd oan syn oare kant. De forname ljue, dy-t der lang gignút fen heard hiene, de kroanprins hie him forslingere oan in earmeljue’s bern, seagen nou mei eigen eagen, it wie wier. Der siet se! In ienfâldich wyt wollen jurkje oan en hwet bloun krollich hier ûnder in readfewielen mûtske út! En dy scoe ienkear keninginne wirde! keninginne!
„Hja sit der foar, as se ’t al jierren is!” sei in âlde hôveling en hy gniisde as in pinksterfoks.
Det wie ’t, hwer alle minsken hjar oer bisouden, selst de kening en syn soan. Pykje die sa biwend, se deagewoan. De mennichte fen minsken, de greate sealen, al dy eagen, dy-t hjar taksearen, faksearen, biloerden fol oerginstegens, brochten hjar net fen de wize. Hja wie sa echt keninklik, as gjin keninginne it hjar ea forbetterje koe.
Sigûrd koe him optlêst net mear stilhâlde. „Hiest det wol ea tocht, detst in keningssoan ta man ha scoest?” bigoan ’r út to freegjen.
„Ik ha it dreamd, al lang foar dizze dagen,” sei Pykje ienfâldich. It wie hjar neat net frjemd to moete, krekt as kaem se nou earst werom yn in wrâld, hwer se yn thús hearde. Mar det sei se net iens tsjin Sigûrd.
„Hja is berne for keninginne. En det in weversdochter. It is in wûnder!” En de kening wie sa mei hjar op ’t snjit, det hy liet hjar klaeije yn ’t sulverbrokaet en slingere hjar stringen fen pearels troch ’t hier, dy-t sa djûr wierne, det Pame en Ljeafke en hja fen ien pearel wol in hiel jier tarre kind hiene.—
In dei ef hwet letter gyngen se ris mei inoar to kuierjen, de kening, de kroanprins en Pykje en omt it sa waerm wie, kaem der in keamerfrou en hâldde in gouden parresoltsje fol lytse belderkes boppe Pykje hjar holle. Tingeling! seine dy, al mar tingeling! tingeling!
„O myn parresoltsje! myn âld parresoltsje!” rôp Pykje en do foel se yn swym yn Sigûrd syn earms.
De kening wie lilk. „Det ha jimm der fen,” kibbe hy. „Det bern wirdt fornield.” En hy jage se allegear foart, bihalve Sigûrd en de keamerfrou en hy liet Pykje hjar foarholtsje mei kâld wetter waskje en do-t se wer bykaem, sloech hy syn mantel om hjar hinne en droech se sels yn ’e hûs. Hwent hy hie hjar al ljeafkrige as in eigen bern.
Diselde joune sieten se trijersum yn in moaije frisse keamer en in sindboade brocht de tynge, Pame en Ljeafke stiene to wachtsjen yn ’e gong. Dy sloven! Pykje siik! Pykje in prinses! Pykje liet hjar komme! Den wie hjar hert wer oerwichtich nei blydskip en den wer nei droefenis, it gyng as de slinger fen in klok, mar noch folle raerder hinne en wer.
Do-t se hwet bikaem wierne fen de skrik en net sa mâl mear op ’e stoel omskeukten, mar om hjar hinne doarsten to sjen, frege Sigûrd, as hja ek fen in parresoltsje wisten, det Pykje sa fen ’e wize brocht hie.
„Der hast it al, Pame!” rôp Ljeafke. „Hwet bin ’k bliid, det ’k it biwarre ha.”
„En hwer is it den?” frege Sigûrd wer. „Wûnder, det jimm’ der my neat fen forteld ha,” en hy seach mar frij hwet prot.
„Hark ris, jongkearel,” sei Ljeafke, dy-t it bloed hjit waerde, „it wie min for ús, om der oer to bigjinnen. Dû wieste sa mijen en ticht, wy mochten noait net iens witte, ho-t dyn baes hjitte, ik sei sa tsjin Pame, den hoecht hy ek net foartdaedlik to witten, det Pykje ús oannaem bern is. Det kinn’ wy altyd noch wol sizze. Mar ûnder yn hjar kleankiste, der leit alles en ek it parresoltsje en hwet Pame der fen biskreauwn hat.”
Al gauëftich waerde nou alles útfikeleare. It parresoltsje kaem foar ’t ljocht, it toraffele jurkje, de skoentsjes. Ljeafke bigoan to gûlen. „O myn ljeave Pykje, wiest mar noait in prinsesse waen,” kriet se. Pame siet der stil by, mar it gyng him ek nei, det seach min.
De kening treaste hjar. „Hwet der ek bart, jimm’ stiene as heit en mem oer ús prinsesse,” sei hy, „en wirde as sadanich acht en eard.” En Pame en Ljeafke trieken wer nei hûs, mar o hjar hert bleau der yn det greate paleis by Pykje. Hwet útein scoe dit allegear noch ris jaen! hokker kaei op dit nuvere slot passe!
De kening lies wol tsjienderis it brief, det Pame by ’t parresoltsje lei hie. „Singulier!” sei hy.
Sigûrd sei neat, dy helle syn bûsdoek út ’e bûs, fen Pykje borduerd en forgelike de blom mei de forblikte blommen op it parresoltsje syn oertrek.
„It binne diselden,” sei hy einliks. „It binne de wapenblommen fen de kenings fen it Suderryk!”—
Trije dagen letter rieden der tûzenen fen ruters op de alderprachtigste hynsders ta de poarte út, op it Suden yn. Sigûrd wie der ek by, hy ried foarenoan. Syn sulveren harnas glinstere yn ’e sinne en op syn helm waeiden trije himelsblauwe plûmmen. Neist him hie ’r syn findeldrager en yn syn findel stie de greate frjemde blom fen Pykje, nou in prinsewiif.
Hwet se scoene, hja wiste it net. Hja seach ta ’t finster út en wiûwde Sigúrd nei, sa lang as se koe, in lyts tear minskepopke foar it greate hege paleisfinster. En hjar hert gyng mei hjar man al dy dagen.
It dûrre wiken, eart hja werom kamen. En hwa namen hja mei? In âld en breklik man en hy waerde riden yn in weintsje en sa nei it paleis ta brocht en nei Pykje.
Hja seach him kommen... „Goaitse!” rôp se, „o Goaitse, hwer komstû wei?”
„Ut jou lân, prinsesse Marije,” sei hy mei syn krêkerich âld lûd. „Lang wie se wei, en nou dochs einliks werom foun en ek wol wer yn in paleis.” En hy wie sa bliid det.
Hy wie de earste, dy-t se werom seach út hjar eigen lân. En der kamen mear, ek de prinsen, hjar neven, dy-t do se wei wie, it ryk mar ta hjar nadere hiene en al dy jierren mar for master opspilen. En nimmen, dy-t der tsjin abbelearje doarst ef sinspylje op rjuchtlike erfnammen ef soks sahwet, hy waerde yn ’t tsjusterst toersgat smiten det der to finen wie. Goaitse hie yn stiltme altyd yette war dien, om hwet fen syn prinsesse gewaer to wirden, sûnder det se him fortochten. It hie net holpen. En nou ’t hy âld wie en neat mear koe, nou mocht it him barre en sjogge se wer. En yn hege steat, ek as in prinsesse!
Sa gau as ’t koe, waerde prinsesse Marije wer yn hjar âlde rjuchten bifestige en de frjemde blom, hjar eigen wapenblom waeide yn flagge en findel wer fen alle toeren en huzen.
Nou bigriepen de kening en Sigûrd, hwerom as se hjar foartdaedlik sa thús field hie yn hjar hege steat. It wie yn hjar biwoartele fen âlder ta âlder.
Hja libben lang en lokkich en do de âlde kening stoar, waerden hja kening en keninginne en regearren mei wysheit en forstân, hwent keninginne Marije dy-t sa lang de earmesteat fen in minske ek mei trochmakke hie, hjar hert stie altyd wiid iepen for alles, hwet earm en swak wie en help nedich hie.
Yn al hjar hege steat forgeaten hja Pame en Ljeafke net. Dy libben nou al lang fen de rinten en simmers futtele Ljeafke efter in stik ef hwet lytse keningsbern oan, lyk as se ienkear efter Pykje oanfuttele. En simmers ek altyd ienkear, den kamen de kening en de keningin. De koets mei seis hynsders koe der net swaeije, it lêste ein gyng to foet.
„Wistû it noch fen do?” sei de keninginne en hja suchte efkes. „Hjirre en yn ús lyts húske oan ’e wjittering wierne wy dochs noch it alderlokkichst, dû en ik, net?”
„Stien noait stil by it giene lok, ljeave,” andere hy, „maar bisiikje om it kommende ek ta dines to meitsjen. En alle dei mei dy is lok.”
DE IENSUME BEAM.
Der wie ris in great heidefjild, wol tûzen pounsmiet great wie it. It lei der noch foar, sa ’s it skepen wie en by tiden wie krekt, as siddere der noch de oerkreft yn nei fen dy skeppingsdei. Fleach de stoarm mei syn hymjende hynsders de loft lâns en tognidde ’r alles, hwet net om lyk woe, den wie ’t sa, dripte de rein der in soele, stille Maeijedei op del, op al dy forlittenheit en hearlike iensumheit, den wie ’t sa en bingelen der millioenen felettene klokjes oan ’e heidestrûkjes en letten dy op in waerme Augustusmoarne de risping yn, ja, den wie ’t wol ’t aldermeast sa. Den gyng ’r noch in siddering oer det stille, greate heidefjild... sloech it herte fen natuer mei feller slaggen as it minskeherte ek op syn heechtiidsdei fen lok...
Mar nou wie it stil op dy heide, allinne fûgels fleagen der oer, witen, brunen, skieren, earrebarren en ielreagers, winterkeninkjes en blaustinsen, hja fleagen der oer, mar gjinien sette him der nei wenjen. Ho det sa ek? Wol founen se der hjar biderf, mar hwer stie de beam, dy-t ta in hûs tsjinje koe?
Sa lei de heide der noch foar to blinken yn syn blonde teare moaijens, yn syn kleed fen sân, omboerde mei ’t feletten fen syn bloei, mei syn klingen en slinken, syn dobben en poellen, syn doltsjes fol bjinten en syn djippe ynwettere rillen fol ielstekkers en bargeblommen, syn toerrebouten en snikwite swânneblommen, hjir en der ien yn ’t klear wetter...
Der op in kear kaem der in ekster foarby, dy eptige dôgeneat. For fordiwedaezje hie ’r in ikel yn ’e bek en hielendal yn ’e stúdzje wei liet ’r him stadich foar de wyn ôf foartwaeije nei wiif en bern ta. Hy hie in bûs fol nijs oer hinnepykjes, lekkere aeikes, jonge mûzkes en al sokke snobberijen mear en hy tocht him sa bliid oer al dy dingen, det hy liet de ikel falle, in moaije griene mei in lyts dopke der op, krekt fen passen great for in lyts smookpypke.
Hwet in reis for dy ikel, om op ’e groun to kommen! Hy wie der suver fen yn ’e sûs, do-t hy einliks delkaem oan ’e kant fen in slinke, fen in ljeaflike griene slinke fol blommegûd en mosk en flanterich gêrs.
„Dei!” sei de ikel en bûgde foar de blommen en it mosk en it gêrs, mar dy sieten him allegear wiis oan to sjen en seine boe noch ba. Do biskamme de ikel him ta de teannen út en kroep djip forside yn ’e fetlike groun fen ’e slinke en der foel ’r yn in lange slom.
De tiden gyngen. In sniejacht slûpte op in nacht oer ’e heide, de snie teide wer wei, de heilstiennen keilen by de klinge del yn ’e slinke en toraenden der, de rein makke hiele rillen yn it heidesân en roan troch dy goatsjes ek nei de slinke ta en optlêst wie ’t der neat oars mear as blabze en wetter. En ûnder op ’e boom fen ’e slinke, ûnder gêrzen en sân, lei as in keninkje op syn sêft bêd dy ikel, stil yn lange, swiete dream.
En einliks op in simmerdei, in langen ien fen de moarne fjouwer ûre ôf oan de joune acht ûre ta, die de ikel syn beide eachjes op en sjoch, hy wie in oaren-ien.
Hy hie in stamke krige en twa bledtsjes as opskrandere eachjes yn syn wiis beammeholtsje mei ’t griene prûkje. En it wetter droege wer op en spjuchtich en rjucht stie ’r der oan ’e sinnekant fen ’e slinke, it lytse ikene beamke, in pjut, in ding, mar sa krûs en sa kein as in bij.
En hy wie de earste beam der op det forlittene, flakke heidelân. En sa stie hy der lange tiden en nimmen seach nei him om.
Do op in moaije moarn kaem der in heit oanriden mei syn jonkje foar him op ’t hynsder.
En by de slinke, det moaije hoekje grien yn it toarre fen it heidelân, gyngen se fen it hynsder ôf en ieten in flaubyt út de knapsek.
En de lytse jonge seach it beamke, syn spjuchtich soeijend lyfke, glânzich yn ’e sinne en syn kopke mei ’t grien bleddeprûkje kroes boppe alles út.
„Meij ’k him ha en sette him yn ’t tún?” tante ’r syn heit mei flaeikjende eagen.
„Det ’r útgean scil en stjerre ûnder hânnen wei? Lit him stean en sjoch him oanwinnen en skaed jaen en ha dyn aerdichheit der oan... En tink ris om my... letter,” sei de heit en siet mei syn lytse jonge op ’e knibbel en wie ryk mei dit syn great bisit.
En togearre biseagen se it beamke. It stie to triljen op syn stamke, sa binaud wie it, det it der útskûrd wirde scoe en meinaem nei de greate sted, fier foart, hwer gjin beammen mear binne, mar neat oars as houtkappers en saechmounlen en oare marteldingen en it smeke mei syn hiele lytse teare lichemke: lit my stean yn myn biwoartele groun.
En alle blommen yn ’e slinke harken der gnyskjende nei. Hwet in healwiis beamke! Hja woene wol pronkje yn ’e sted yn in moai faeske. Mar de man en it jongkje taelden net nei hjar. En do rachten hja se út en seine it sa raer op, det it ikebeamke biskamme him der om, det hy sokke bûrljue hie.
En de man en it jonkje holpen it ikebeamke fen in spûkeblom syn wynsels ôf, dy-t him hindere en hja klauwden de stientsjes om him hinne wei. En do founen se in moaije fjurstien.
„Sjoch,” sei de heit, „scill’ wy ris fjûr slaen?” En hja sloegen fjûr. En it ikebeamke skrilde der fen, hwent hy seach for it earst it fjûr en hy waerde bang en dochs hie hy it ljeaf, hwent wie de sinne ek net fjûr en joech dy him net groei en libbenskreft?
De man en it jonkje gyngen hjar wegen en yn lange tiden rieden hja net mear oer ’e heide.
En do kaem it jonkje allinne. It hynsder wie âld waen en hy in great jonge, mar de man miste ’r.
En it jonkje siet stil ûnder de beam to sjen, ûren lang en de nije, moaije skaden fen ’e beam syn jonge krún weefden ljochtich en skadich oer syn holle.
Der kamen nou mear beammen op ’e heide, spjirren en elzen en wylgenstruwellen, dy wreiden yn ’e lichten. Mar ikebeammen kamen der net mear. Dizze iene wie kening.
[Illustration: dizze iene wie kening]
En letter, folle letter kaem it jonkje wer en hy kaem net allinne. Hy naem ien mei, in faem mei goudblond hier en brune eagen en sa blank fen fel as in spûkeblomsknop. It wie joun en de moanne kaem op en de sinne wie ûnder.
De beam syn brede foarse krún stie tsjin de ljochte jounloft as in beam fen in kostlike print en hy rûzde fen blydskip yn al syn bledden, do-t hy dy twa jonge minsken oankommen seach. En om hjar hinne seach hy it lok sweevjen en de ljeafde en alle freugden fen ’e jonkheit folgen hjar... Mar det seach allinne dy beam... hja fielden it en wierne sa de ierde ûnttein, det hja net iens mear wisten, hwer hja roanen.
En sa stiene hja foar de beam en seine him frjeonlik joun. „Joun!” rûze de beam werom en syn foars lûd wie nou ljeaflik om to hearren. En hja sochten in smout hoekje by syn stamme en sieten der in skoftsje to rêsten. En do-t se oerein gyngen, stie de moanne as in iensume sulveren wachter boppe de ierde, heech en koel...
De beam groeide en groeide, it waerde ien fen ’e âlde geve soarte, bêste iken kerl sûnder oasten en op in goede dei kaem it jonkje, nou al lang heit oer trije grouwe jonges, mei in frjemde man. Dy hie in tûmstôk yn ’e hân en meat en meat...
„Hy kin der út,” sei ’r. „Bêst banhout, as de snie om ’e huzen stouwt.”
„Heit wie der mâl mei. Sparje him,” sei de man en gyng mei syn jonges yn syn skaed sitten en tocht om ’e âlde, ljeave dingen, hwer de beam ek fen flustere. En syn flusterjen waerde al minsliker en minsliker en de man, harkjend bigoan him to forstean.
„Dû hast my nou sparre,” sei de beam earnstich en foars-wei. „Ik wit, de hiele bosk scil falle en ik allinne stean bliûwe. De stoarm scil oer it keale fjild ride en my oanrânne, mar ik scil hoekhâlde en net falle, de wjerljocht scil komme en nei my slaen mei syn wrede bile, hy scil my in earm lam slaen, mar my net dea krije kinne, de simmer scil komme en my oantrune ta fruchtjaen tûzenfâld... Sa libje ik de wikseltiden fen it jier, sa scoe ik tûzen jier âld wirde kinne...”
„Det wit ik,” sei de man en seach mei ljeafde nei de ronfelige sterke bast en de wiidfortakke krún fol glânzich bled.
„Tûzen jier...” sei de ikebeam sa sêft, as prate hy yn him sels. „Mar den scoest dû der net mear wêze... In minskelibben is mar sa ’n skoftsje, sa ’n koart reispaed twisken berte en dead, it is de moite fen ’t kommen hast net wirdich...”
„Sa is ’t,” sei de man en hy tochte om syn earste grize hierren twisken de swarten. Wrede moànders wierne it.
„Tûzen jier,” sei de ikebeam yetteris. „Den scil der in frjemd komme en kappe my om, mar ik wol, detstû det dwaen scilst.”
„Ik kin net,” makke de man him der ôf. „Ik kin dy net de deastek jaen, ik kin net it krimpen sjen fen dyn ticht lof en it knappen hearre fen ’e stamme en ’e woartel. Ik wol gjin dead bringe, hwerearne den ek. En dy tominsen net. Bistû net forweefd mei al myn hearlike oantinkings en ha ik de loksdream fen myn jonkheit net dreamd yn dyn skaed?”
„Brûk my, ast my nedich hast en brûk my den for it ljeafste, hwetst bisitst. En mei wille jow ik den mysels for dy,” rûze de beam earnstich. „En sels scilst my de deastek jaen nei myn eigen bistel. Ik scil it dy wytgje, honear as ’t tiid is en myn libben en lichem goed ta dyn bigear.”
De wirden fen ’e beam diene de man sear, mar it wie noch mear it bisef, ho-t al it ierdske in ein ha scil, hwer hy fen suchte moast. Mei tsjinsin joech ’r einliks syn tawird en wylt ’r it die, moide it him ek al wer. De beam rûze bliid syn tank en de man gyng syn wegen.
Jierren letter kaem ’r wer. Hy roan sa fluch net mear en syn hier wie piper en sâlt waen en hy hie pûdden ûnder de eagen. Hy kaem mei syn soan, in holle greater as hy. Dy scoe oer wide séën gean, nei de Oast ta en nou frege hy de beam for in stile yn it skip. Den scoe hy syn bern feilich reisgje litte kinne—suchte hy, it ein wie sa fier en it wie syn âldste, syn hertlapke.
Do skodholle de beam en glimke. „Min jowt gjin goud for izer,” sei ’r en hy seach de soan oan mei de wize bleddeëagen fen syn krún. En hy wiste, hy scoe it net fier bringe, dizze bidoarne âldste soan fen it húsgesin, de pop fen in loune mem en it hertlapke fen heit.
„Wel noch ta!” hune de soan, „lit heit him stean? Hat heit him ljeaver as my?” en hy skopte mei syn hirde learsens in wrede smartlape op ’e stam.
„Der hast in oantinken oan my, âld aep,” smeulde ’r.
De beam stie foar him, keninklik en stom. En de heit biskamme him oer syn soan, dy-t hy net mear ûnder de kwint hâlde koe en nou nei de Oast moast as slavedriûwer.
Der gyngen wer jierren oerhinne. En de man kaem wer oer de heide op ’e ikebeam ta. Der stie ’r to pronkjen yn syn folle kreft, syn ljeave moaije beam en oan alle kanten spruten syn nije brune bledden út ’e kleverige hulen en syn stam wie sa rjucht as in tried en gjin kerfke noch mosk skeinde him.
In houtdoupearke nessele yn in strampel fen syn tokken en oan syn foet kuieren de warbere miicheamelers om en tôgen aeikes oan ta fied. De man stie der in set stil nei to sjen en harke nei it sjongen fen ’e maitiidswyn yn syn tokken. En it die him sear, om de beam nou to freegjen en derom draeide hy him om en scoe wer foart.
Do rôp de beam him mei in wûnder ljeaflik lûd en hy kaem stadich werom. Hy wie min waen op ’e gong en syn gesicht forfallich en biklonken. Hy wie in skynsel fen hwet hy west hie en it gyng de beam yn syn folle kreft, syn keninklike sounens oan it hert. Mei ljeafde scoe ’r jaen, alles hwet de man nou frege...
„Ik moat dy brûke for in widze for myn bernsbern,” sei de man hiel sêft. „It bern fen myn bern en meij ’t wêze de soan fen dizze myn twadde soan.”
„En hwer is de earste bleauwn?”
„Hy is ûndergien, omt ’r swak wie, myn âldste. Hy hat de tsjilk fen bidwelming der yn it frjemde lân leechdronken yn ien swolch, hwet for jierren tiid ornearre wie... Do is oer syn hert it greate swijen kaem.... Det leed der kin ik net wer oerhinne komme! tochte ik do en nou is der dochs in freugde op folge. Jow my dysels, beam, for in widze fen it slachte fen my, det groeije en bloeije scil nei my.”
De beam stie stiif-stil, der forweechde gjin bled. „Is ’t dyn dierberst bisit, man? It is noch net iens bisit, it is ’t ûnthjit noch mar fen in lok. Ik kin my net offerje.”
De man bûgde de holle en gyng ûnder de beam sitten to útrêsten. Hy seach it wide, stille lân foar him, hy tochte om syn heit en syn ljeafste, syn âldste soan yn ’e groun fen it fiere, frjemde lân en oan it nije, frjemde, det him to ûntjaen stie yn syn twadde soane hûs.
De moanne kaem op, de sinne wie ûnder en hy tochte om ek sa ’n dei, lang lyn. En stadich gyng ’r foart en stoarrelich wie ’r op ’e gong.
Der gyngen wer jierren oerhinne. De ikebeam bihearske nou de hiele heide. Dichters bisongen him en skilders skilderen him, mar gjin minske hearde him ea mei minskelik lûd praten, al ho’n war as se der ek op diene en ûnder syn krún leine to útkloarkjen en to harkjen. Mar de beam swijde... hy swijde fol majesteit. In kening wie hy en keninklik om to sjen mei syn wiid útsprate tokken en ’t fine net fen syn tokjes en sprútsjes.
En hy krige forlangst nei de man, syn frjeon en hy wonk alle kanten út mei syn alderlangste tokken, as ’r him ek oankommen seach oer ’e wide, greate iensume heide, syn ryk.
En einliks, der kaem ’r. In âld mantsje mei in stokje en hy hoarte yn ’e hoksen by eltse stap, dy-t ’r die en sims stie ’r to útpûsten en wreau him mei de hân oer ’e eagen.
En de beam lokke him mei syn swietste sangen en struide de reade hjerstbledden foar syn foet, om him to forwolkomjen.
En sa kaem ’r en it leed gyng mei him en it triennewiif hinge him oan ’e mantel en skûrde ’r him sadanich oan, det hy koe hast net abbesearje.
Mei de sêftste hjerstskaden fen syn krún paeide de beam him ta rêsten en sitten. En hy siet.
En sei gjin wird. De triennen dripten him út ’e eagen en op ’e âlde toarre fingers, sims skokten syn âlde meagere lidden fen in snok.
„Praet dy út, myn goede frjeon,” sei de beam syn sêfste rûzing. „Hwet is dyn bigear?”
„Ik bring dy it deafonnis,” sei de man as ienichst andert.
„En hwer det sa for?” frege de beam, mar der wie eat yn syn lûd, krekt as wiste ’r alles al.
„Ik mocht dy opeaskje for it dierberste, hwet ik bisiet. Nou wit ik, hwet det is. Ik wol dy for in kiste fen myn wiif. Hja is hjoed rêst.”
„Is der neat, det dy boppe hjar gyng?” flustere de beam hiel sêft.
„Neat,” sei de man. „Ik wol dy, beam, for hjar.”
„Kinstû my dea-dwaen? Kinstû it oansjen, det ik fal en krêkjende stjer, myn hearlik lichem priis jow oan ’e mounle yn tûzen piniging?”
„Ik kin,” sei de man. „Om hjar. Oars net.”
„Lit my den stjerre fen dyn hân troch it fjûr,” hjitte de beam him. „Ringje my.”
En de man krige syn knyft en ringe de keninklike beam. It waerde mar in smel streekje, einliks mar in kraske. Uren wie ’r der mei dwaende, hwent syn kreft wie forgien. Hy wie waen as it skaed fen hwet ’r ienkear west hie.
„Krij de fjurstien en ’e tondelpot,” hjitte de beam him wer, „en gien stean oan myn Westkant, myn âlde goede frjeon.”
En de beam seach him der sa stean oan ’e Westkant fen syn stam mei de sinne yn ’e rêch, it skynsel fen in minske en yn syn eagen markbite ’r it greate meilijen mei him.
„Slach fjûr, det ’r in fonke fljocht yn myn keale ringe fleis en jow dy den efterút, sa fier ast rinne kinst.”
En d’âld man krige de fjurstien fen syn heit en de tondelpot en sloech fjûr en gyng do efterút, stadich, hwent hy koe net hird mear.
En hy seach in flamke kommen en noch ien, tûzen flamkes seach ’r kommen om ’e beam en him bislikjende wei bispringen, den hjir, den der. En hja hâlden oan en ûnder oan de beam der waerde it in ring fen fjûr.
Mar de beam stie der noch foar mei syn waeijende krún en syn reade bledden. Krekt sa lang, det ’r in skokje troch syn lidden gyng en hy hwet oerside ôfwykte.
De iensumheit en de âld man seagen it. En hy joech him stadichoan noch hwet mear tobek.
Hy seach it geve, libbene sap út ’e beam drippen, tûzenen triennen fen libbenskreft en hy sloech de hânnen foar d’eagen. Dit koe ’r net mear oansjen... dizze dea en dit libben.
Der trille de groun, de loft waerde tsjuster, mei in hirde knap as in skot knapte de beam ôf en plofte op de groun.
En de âld man joech him ôf en bistelde syn wive lêste hûs.