Chapter 4 of 11 · 315 words · ~2 min read

IV.

Mei blide sprongen dânse it jier syn dagen. Hwet in geur! de parrebeam by de hússide bloeide en de bûterblommen en ljipaeijen yn de finne en letter de gouden rein en de jasminebeam! Hwet in fûgels! De protters op it dak en ’e skelfinken yn ’e appelbeam, it ljeave darteldouke yn ’e skerm fen in spjir, de ljurk, it sjongende stipke as in boskje libbene fear oan it blau, alles de prottende, alle hulen brekkende hearlikheit fen it jier! Steatlik as in wyt skip fart de earrebarre de loft lâns en ankert op de skûrre by Geart en Lises, in ekster skattert him smeulsk efternei en fljucht nei de bjirken ta by ’t roggelân, hwer hy syn hûs hat mei in fetsoenlik dak fen takken dêrboppe. En dy greatske earrebarre hat det net iens. Dy hat syn bern mar sa foar waer en wyn neaken op ’e skûrre.

Nou sjongt de rogge fen maitiid en wille... It is de sé, dy’t der sjongt, in felbiweegjende, libbene, rizende en sinkende sé, op ’e wyn syn widzjende wize...

En in dei ef hwet letter... de brimmerheide bloeide en yn ’t petrizenêst yn ’t rûch fen de dyk kipen de earste pykjes ta de aeikes út, do stoude de rogge... De Noardewyn gyng foarby en naem dizze groetenis fen ’e miljoenen bloeijende roggeïeren mei nei fiere oare miljoenen roggeïeren ta... jower èn bringer beide ta seine...

En Pipenútsje krige ek syn part en hy song mei yn it koar mei syn fyn lûdtsje:

„Earst in kerl en do in sprút, „Sa poarre ik ta d’ ierde út.”

„Healwiis,” bromde de mol. „Hwa hat nou sa’n forbylding? En det mient ek noch, det er moai sjongt. Ik scoe ’t selst noch better kinne.”

„Jawisse,” sei ’t wiif. „Ast mar sjonge koeste, mar kibje kinst allinne, dû âld swartrok.”

„Sokken moatte der ek wêze,” sei de mol en snúfke foart.—