II.
Sa’s de weagen om Esonstêd hinne, gyngen ek de jierren foarby. Hja kruiden op nei de hichten fen maitiid en simmer en sakken wer del yn ’e lichten fen hjerst en winter, al bleauwne se fen wezen allyk, boartlik en gol ef ynfieren en stoef.
Tynge fen ’e krúsridder bleau wei. Ienkear kaem der in mûnts, dy wiste in bulte to fortellen. Ho de Saraceen forslein wie en Damiate fallen, ho-t se, in leger fen tûzenen nei Jeruzalem ta trieken en ho-t mar inkelen dy sted fen bigearte bigroet hiene as oerwinners. Mar o mieri! fen hjar man wiste ’r neat!
Hy bleau dy winters to hjarres en do-t hy gyng, bloeiden de wite wyfkes al yn ’e smoute fen ’e sleatswâl en hy naem in great brief mei, saunris segele mei seine ouwels.
Eltse ouwel bilei de hege frou mei in swiere goudene munte en hy krige in pongfol der op ta for de reis, hwent hy reisge lang en hy reisge fier, hy reisge nei Romen, om der dit brief to jaen oan ’e paus sels, om fierder foart to skikken nei it leger fen ’e krúsfarders.
En nei tiden en tiden krige de hear him. Op ’e weromreis wie hy en hy lies fol blydskip, det it hjar goed gyng, Doekele al nei ’t kleaster gyng to learen en Marijke al in hiele faem waerde. En ho strang as de winter west hie, saun wike oan ien stik alles ticht en de wolven jouns fen honger op ’e strún om ’t hûs. Mar de risping goed en hunich en hea yn oerfloed. En ho-t Doekeman in wolfke hie ta boarter, dy hiene se to hjerst yn ’e bosk foun, it poatsje stikken en earmtlik kritende. En yn syn earmen hie hy him nei ’t kleaster ta droegen, der hiene se it poatsje set en nou wie ’t syn lytse kammeraet en hja neamden him Biterke.
En ho ’t de langst nei him as in felle mûs syn toskjes aloan wei gnibbele oan hjar hert....
Hy bispoede nou syn weromreis, naem faker nije hynsders en hâldde him yn ’e sted fen Romen net langer op, as needsaek wie. De stoarm lette him net, likemin as de hjitte sinne, hy naem rom en eare mei en de seine fen it goed diene wirk en hwet kin ’t den skille, as de wyn ek beart en de sinne skroeit.
En op fjouwer grouwe hynsders, heech oploege, kamen de presinten mei for wiif en bern, wûnderbaerlikheden út fiere frjemde lânnen, hwer frjemde heimnissen yn libje en frjemde wizen yn sjonge...