IX.
Och, it wie sa’n trinten popke waen! De bakkerinne rekke selst noch op de iene ein, sa foreale waerd se op him en knipte him in hoedtsje fen goudpompier op ’e holle en goudene skoen oan ’e foetten. En sa setten se him yn ’e winkel to pronk.
Hwet kamen en gyngen der in minsken! It stie suver net stil! Riken en armen kamen der, bern en greaten, fetsoenliken en ûndogensken, smoargen en gûnt, dy’t hjar sels skjin woskene en selst de earen net forgeaten, flitigen en loaikerts, loebesen en earliken, eltsenien koft him bliid en de pong leech. En gjinien krige noch de moaije sûkeren poppe. „Dy is for myn eigen aerdichheit,” sei de bakker. „Dy scil ik en ’t wiif joun sels ris opplúzje. Dêr de bakker neat krijt...”
It wie al let op ’e joun, do gyng de skelle noch ris. De winkel wie al hast leech, der stiene allinne noch in pear bôlen en in fjirdepart brea.
„Joun,” pipe in lyts binaud lûdtsje.
„Bistû der noch, Femme?”
„Ja,” sei Femme, „mem moast noch in bôle ha en as de baes ek hwet sûkergûd hie, det stikken wie en in healbrea...”
„Och, och,” sei de bakker meilydsum, „dû moatst mar hwet om ’t skik ha, fen alles hwet,” en hy pakte it yn de koer. „It wirdt in sjou, jonge.”
„Det is net sa slim,” andere it jonkje. Do krige er de moaije poppe yn ’t fesier, it readsiden rokje, it sûkeladen buiske. Syn eagen glinsteren as stjerren. Hy sei neat.
Stadich telde er it jild út memme âlde knipper, safolle bôle en brea, safolle sûkergûd. Baes die der in goed stik op ta, hie er net in bêste Sinte Klaes en wie Nynke net in earme widdou?
„En hofolle pinken kin ’k noch keapje for dit?” en de lytse fingers hellen út in stikje pompier, biknope yn ’e tippe fen ’e bûsdoek, in moaije gloednije sint.
„Hwet in moaije sint! Hwer hastû dy wei?”
„Fen pakes,” sei de lytse jonge.
„En moat dy nou sa mar foart oan pinken? Meijst dy den sa graech?”
„Ik scil der net oankomme,” sei de lytse jonge greatmannich. „Net for sà’n stikje. Mar Sijke fen Melles is siik en dy meij pinken. Graech, seit se. En den wirdt se wer better, seit mem, as se yt.” En hy seach skean plurende nei de pinken en den wer nei de sûkeren poppe.
„Ast nou noch mear sinten hiest yn de sparpot, koest noch folle mear keapje,” sei baes.
„Ik ha mar ien inkelde,” sei de lytse jonge.
„Hast der sels ljeaver net hwet for to opiten, in moai swânnebroadtsje?” tante de bakker him.
„Ik ha ’t ljeaver for Sijke. Hjar boarst pipet sa nuver,” sei de lytse jonge, wylst er aloanwei skean nei de poppe seach. Dy stiek him de eagen út. „Is dy tige djûr, baes?” frege er optlêst skruten.
Baes sei neat mear. Hy krige in stikmennich pinken fen ’t boerd en die se it jonkje yn de koer en do krige hy hiel foarsichtich Pipenútsje by it sûkeladen buiske en socht in moai doaske op, fûrre mei sulverpompier, en der kaem hy yn.
„Nim ’t allegearre mar mei for Sijke en dy togearre.” En hy krige de nije sint fen it jonkje oan en liet him yn it laedtsje falle. It rinkinke der oer.
„Nou bist him kwyt, hearst wol?” ferge baes him op it uterste. Mar it mûltsje fen ’t jonkje bleau bliid. Hy sprong ta de doar út.
En Pipenútsje? Syn nuvere reis naem in ein op it bêd fen in siik famke. Sa hâldde Sinte Klaes syn ûnthjit, om al dy tritich kerreltsjes mei inoar ien moaije, sêfte ein to jaen en bliid songene hja for ’t lêst:
„Earst in kerl en do in sprút, „Sa poarre ik ta d’ ierde út, „Do fen sinne en wyn bitocht, „Ha ’k it ta in ierplûm brocht, „Moal waerd’ ’k yn it mounlehûs, „En nou bin ’k in popke prûs, „Sjuch! myn wûndre reis is dien— „Treastjend bin ’k ta fied forgien.”
DE SKYLPODDE.
It is al hûnderten fen jierren lyn, do wie der ris in ryk minhear, dy krige oanstryd om ek mei to dwaen oan de krústochten en it Hillige Lân to fordedigjen tsjin de heidens, de woeste Saracenen.
Hy liet in prachtich skip útrisse mei fen alles der yn, iten en drinken, wapens en klean en sekfollen jild, hwent hy bigriep it ek wûndere skoan... tûmkrûd binn’ de minsken yn alle lânnen fen de wrâld like slij nei as nei rys mei resinen. En do syn skip hielendal klear en reisfeardich wie, liet hy it foar Esonstêd oan ’e wâl komme.
It wie in moaije sinneskyn dei, do-t hy de standerflagge op syn sterke stiennene state stadich sakjen seach nei de lichte ta en Jelle-man him oprôlle om ’e stôk. Ho lang scoe it dûrje, eart de kleuren fen syn adelik slachte wer blinke scoene hjir op ’t hiem? Nou gyng ’r foart... for hwa wit ho lang... en kaem ’r ea werom? Scoe ’r wer ûnder de âlde ikebeammen omstappe mei syn lytse bern? Ef wachte him in grêf yn frjemde groun, de traep fen in fijan syn hynsder ef in houw fen in skerpe krûmme sabel, hwer syn hert fen stûke for altyd?
Hy seach noch ris om... en noch ris... do makke ’r him ta man en seach rjucht foarút.
De karafaen ried fen ’e hege Wâldgeasten ôf nei de igge fen ’e wide, wrede sé ta. Foarop de skyldjonge, deun efter him de hear, in great harnas oan fen sulveren skubben en in helm fen sulver op ’e holle. Hy hie it fisier opslein, syn jonge eagen laken tsjin de wrâld mei syn blierste laeits.
Aventûr! wûnders bilibje! fortelle kinne fen freeslike gefaren en bjusterbaerlike útreddings! moed toane! for in eale saek stride ta de lêste drip fen ’t bloed ta!...
Doekele, syn lytse jonge, siet foar him yn ’t seal. „Nimt heit ek hwet mei? hwet moaijs?” frege ’r. En syn heit skoude de lyfrôk fen swiere sulveren skubben toside en hy treau de lytse jonge oan syn hert.
„Heit scil Doekeman it aldermoaijste meinimme, hwet der mar to finen is,” ûnthjitte hy en hy tútte him op syn foarholtsje, krekt op it deaplakje boppe it rjuchtereach. It jonkje wie ryk mei dit syn ûnthjit en alle skatten fen syn bernewrâld reizgen dizze amerij oan syn eagen foarby en sjoch! noch moaijer as al dizzen waerde heit syn presint, det út dy fiere, frjemde lânnen komme scoe.
Noch moaijer! ja noch greater en o! noch folle frjemder!
Op in stiensmeets distânzje ried syn wiif mei him op hjar stadige telgonger, fen gjinien yn ’e wrâld ea út de stap to krijen. Hjar sealkleed fen sulver en fynblau skittere yn ’e sinne, de kostlike stiennen fen hjar kape skeaten fjûr nei alle kanten, hjar lange blausidene wale waeide luftich mei de wyn nei rjuchts en lofts en yn in greate sidene doek biboun droech se it skirtebern, noch gjin trije moanne âld.
Stadich ried se efter hjar man oan, in feint en in faem oan wearskanten en twa ruters ta help mei losse hynsders en swierbiladen mei allerhânne pakkaezje folgen hjar spoar de koarstige dykswei lâns, sa heech, det min seach de hiele wrâld oer.
Sa lânnen hja by it skip oan en de lytse jonge dribbele nei hjar ta.
„Mem!” sei ’r en loek hjar oan ’e mouwe. „Mem!”
En hja seach him oan mei hjar moaije blauwe eagen en frege sêft fen wird him nei syn bigear.
„Heit nimt my hwet moaijs mei, as ’r werom komt,” en de blydskip song yn syn fyn lûdtsje as it sulveren misklokje Sneins yn ’t tsjerkje fen ’e state.
„Ja?!”...en as in sucht kaem ’t noch nei, „as heit ea werom komt....”
„Memke moat noait gûle.... det stiet lyts”, miende de lytse jonge. „Ik scil ris hwet freegje, det wit Memke net,” en hy nussele him tichter tsjin hjar oan en flustere wiis: „Hwet is dierberder as it appeltsje fen ’t each? To nou, wit Memke det wol?”
Ien amerij hâldden de wylde fûgels fen hjar tinsen de flecht yn en wie se by de tiid, by hjar lytse jonge en forgeat de dei en syn soargen.
In tear fen neitinken loek syn fâlden oer it blank fen hjar foarholle. Hja tocht nei, om hjar Doekeman syn sin dwaen to kinnen.
„Ik wit it net, ljeave,” sei se do sêft. „Myn holle stiet optheden net nei geboart.”
„Mar ik wit it wol!” rôp de lytse jonge bliid. „Hwet is dierberder as it appeltsje fen ’t each? Det is Mem. Heit seit it. Mem is it alderdierberste op ierde en ik moat op Mem passe as ’t appeltsje fen myn each, sei Heit, miskien wol jierren lang.”
In pear triennen rôllen as dauwekralen de hege frou oer ’e wangen, do hie se hjarsels wer yn ’e macht. Hja sei neat. De telgonger stie. Stadich liet se hjar fen ’t hynsder ôfglide en socht mei man en bern de koelte en ’t skaed fen in bosk âlde wylgenmoezen oan ’e kant fen in Wiel. Twa jier lyn hie it wetter dizze djippe kolken draeid mei in oerstreaming en hjir op itselde plak stie do hjar man en holp syn folk, om it gat yn ’e dyk ticht to krijen. En nou, strak ansens, scoene dy wrede wetters hjar for skoften skiede.... Dierberder as it appeltsje fen syn eagen.... wie se him, reaunte Doekeman syn sizzen yn hjar tinsen nei....
Do-t de sinne nei ’t Westen ta niichde, dobbere it skip al op ’e sé en reisgen hja werom, ien minmachtiger. It wie nou koel, de fûgels bigoanen to sjongen en de froasken kwêken yn ’e poellen.
In mûnts kuiere op it sânpaed njunken de wei, in swarte klyster siet boppe him yn in hege beam en fluite. Skean en leech foelen de sinnestrielen, as in mearke lei de wrâld derfoar, gouden en poarperen.
Mar oer de hege frouwe hjar wrâld foel in skaed en reage der alle sinneskyn yn ien feech út wei.—