II.
Under yn ’e tsjustere gong krigen se rûzje mei inoar. „Ik wie earst,” bromde de mol, „lit my troch...”
„Nou, nou,” sei in spitsmûske en striek him de fâlden en knûken út syn grysfewielene jas, „hwet in praet hat minhear. Miene jy sims, man, det jy mear binne as wy ljue? Hwer binn’ jy ek al weikaem? Ut dyselde hoale as wy... há, há!”
„Net mei goedens, den mar mei lilkens,” grânze de mol nou nidich en wrotte om mâllens. Hy sette syn hiele lea der ûnder en it mûske en in pear krobben en in gerskrûper, dy’t der ek al as nijsgjirrige kwajonges omhinne stiene, waerden optild, aeklik om to ûndergean, en wer delsmiten en do de mol brommend mei staesje foart.
It spitsmûske trille op al syn poatsjes. „Hwet seistû der wol fen, sok opswetsen, sok tramtearjen?”
„Hast dy ek biseard?” gnyske de krobbe gekoanstekkerich.
„’t Is hjir sa neare nacht... ik kin neat sjen...”
„Mar fiele kinst dochs wol, ef bist der sims ek al to dom ta?” sei de krobbe finnich.
„Siz neat werom, ju,” flústere de gerskrûper, „gean mar mei nei uzes, wy krije fenmiddei bisite, de jiffers Gêrshipperts komme en dy scill’ spylje. Min moat hwet tiidkoartinge ha yn dizze lange winterjounen. ’t Is nou de trije en njuggentichste al, ’t scil net sa lang mear dûrje, as de sinnelampe kin ús wer waermje.”
„As min der mar om tinkt, den giet der yen al in waerme ridel fen langstme troch de lea,” sei it spitsmûske wiis.
En de middeis wie der mesyk by de jiffers Gêrshipperts. Hja hiene in gnap waerm hûs fen gersraeijen en striekes, mei in greate útdoar nei de strjitwei ta, hwer’t wol net folle fortier wie as hwet mollegewrot en spitsmûskegedraef, mar dochs altyd better as neat, en de jiffers Hipperts songene, det it hwet die, de iene in serenade Sinte Jan en de oaren twastimmich de Hymne oan ’e Bakkersoun. Dêr leine se noch de aldermeaste eare mei yn.
Alles, hwet fetsoenlik op foetten stie en net fen wintersliep bifongen wie, kaem der op ta, selst de polysjepod koe ’t net litte en harkje der nei, sa moai gyng ’t. It klonk troch alle ûnderierdske kuijerstrjitten fen it hiele stik lân... Dêr stiene de nije sprútsjes al op to klûmmerjen, de nije rispinge, dy’t noch tine moast ta raeijen en kerreltsjes, al de freugden en ’t lijen fen it libben noch ûndergean scoe en der stie ek Pipenútsje syn lyts sprútsje. Hy hie ek al kerreltsje west, nou wie er krekt boppe it hûs fen de jiffers Gêrshipperts útdijd ta in sprútsje. En hy hearde it mesyk en it gesjong fen ’e jiffers en hy soeide op ’e maet hinne en wer en krekt as seach er op in sulveren triedtsje in lyts elfke op him tarinnen oer de griene bou, dy’t sa krûderich en maitiidseftich roek yn ’t sinneskyn waer en it waerde him sa wol to moed, det hy dânse op en del mei de wyn. En de wyn wie dy earste deis Súd...