Chapter 1 of 13 · 3981 words · ~20 min read

Part 1

KENING ALDGILLIS

EPYSKE FORBYLDING FOR GREAT TOANIEL YN FIIF UTKOMSTEN

FEN D. KALMA

[Illustration: ]

A. J. OSINGA, BOALSERT, 1920

YNHÂLD

Opdracht PERSOANEN FOARSTE UTKOMST KOAREN TWADDE UTKOMSTE KOAREN TREDDE UTKOMSTE KOAREN FJIRDE UTKOMSTE KOAREN FIIFTE UTKOMSTE KOAREN

Opdracht

Lyts freedsum lân, fen blauwe sé omspield, Mei stil gerûs fen wâld en weach en miede, Mei weagjend nôt dat yn it ljocht sêft giel’t, En jountiidsklokjes mei hjar dreamich lieden, Ho jowt dyn Maeije bliid Wyt blomte en nije piid— Ho tilst dy hoeden út de dream omhegen Oant oer dyn eagen sêft it deiljocht tynt, En laitsjend yn syn ljochtens, myld oerskynt Hwa’t bang en stil mar ien dei tiid mear fregen! De Hear hat nomd en jown, Great giet Syn dei yn ’t roun, Dos priizgje ik nou dyn moais, dyn libben ryk en lang, Dyn siele yn hill’ge sang. Grien wâld en blide mar, ei jaen my gol It sjongs’me lûd dat weiriist út jim herte— Ek jim is ’t moed fen jonge maitiid fol; Jim dylje yn liet hwet lang de tier fortrette. Sa stean my ljeavjend by Det ik jim keinens wij Mei glâns fen liet, mei ljeafde’s teare lûden, En laet my, elfen fen it rûzjend wâld, Yn ’t skaed fen beamte as grize tiid sa âld, En bied my ring fen jim bitsjoende krûden, Sa’t glânzget foar myn each Hwet lang yn dead forteach, En ik yn witnis sjong hwet oer it heitlân riist, Nei’t my de Norne wiist.

Mar dû it measte, Frjeon, hwaens siele in dream Fen ljeafde’s keningskip my lústre yn ’t herte, By ’t ivich rûzjen fen it great gestream Dêr ’t Aemlân leit, yn ljocht en laits bisletten, Dyn noegjen joech my moed Det ik mei ljeafde en noed Us dreamen glânzgjen die yn blide rigen Fen sjongsum lûd, yn rhythmen myld en kein, Swiet driuwkljend lyk de middeiwyn, in Snein, De goud’ne nôten rizen docht en nigen; Dû hast myn dreame-roun Yn goud’ne reagen spoun, Dyn lûd wier as de sé fol leed en great geniet— Sa wij ik dy dit liet.

PERSOANEN

ALDGILLIS, Kening oer Fryslân. WILFRID, Kristen-preker. ARTHUR, prins fen Brittanje. THIED, mem ta Aldgillis JÛLE, sister ta Aldgillis RADBOD, bern ta Aldgillis YDWINE, bern ta Aldgillis BERNLEF, de kenings-sjonger. HOLDER HARMANA, frjeon ta Radbod. RIXT MARTENA, Radbod syn faem. EBROÏM, seinbode fen Francië. DAGOBERT, prins fen Francië. IN PREESTER TA ODIN. IN PREESTER TA FREY. DE KENINGS-FRANA. DE RIED FEN FRYSLÂN.

Spylfammen ta Ydwine, boaden fen de kenings-stins, wachtfeinten.

Koaren út it Fryske folk, fen riedsljue, fen elfen en famkes, fen nonnen.

De foarste útkomste spilet yn de hal fen Thied, de twadde yn Ydwine hjar keamer, de tredde yn de troanseale fen de kenings-stins, de fjirde yn in klinte yn it wâld, de fyfde yn de troanseale fen de kenings-stins.

Tiid fen spyljen: yn de foarste útkomste iere maitiid; yn de twadde en tredde midsimmer; yn de fjirde lette hjerst; yn de fyfde effen foar it Jûl-feest. Jier: 677.

FOARSTE UTKOMST.

1. _Thied, Jûle._

THIED. Sa kin ’t wol, Jûle. Né, dy skeakels net, Noch ek dy spjelden, flûnkerjend fen goud— Gjin pronkske steat mear op myn âlde dei. To lang is ’t lyn, det Fryslân’s feinten my Forbliden mei hjar ljeafde en flûnkrjend each— Gjin goud noch glânzgjen mear. My foeget bêst Dit lynwaed, deistich yn syn skyn, mar djûr As nea in fammehân noch weve hat Fen Eider oant it Sinkfal. Jûle, tank.

JÛLE. Wier ’t foechsum, det ik Mem in frage die?

THIED. Hwet wier ’t, myn dochter?

JÛLE. Wachtet Mem hwet greats, Det Mem hjar djûrste liifsklaed oantein hat?

THIED. Hwet greats en bliids. Mar ho’t it krekt bistiet, Hwet it bitsjut en hwet it wytgje mei, Ik wit it net...

JÛLE. Dochs mient Mem al, det eat...

THIED. Nin mienen, mar in witnis is ’t, dy’t myn Forjeldzjend hert mei nije gloed’ trochstriel’t— Hark Jûle, en siz, eft ik falsk hoopje scoe. Hwent jisterjoun, ear’t noch de swiere moanne In bleke strieling spraette oer froastich gea —’k Siet mymrjend del, en stoarre it lânfjild oer Fornúvre ho’t myn hert sa freedsum wier Mids d’ ûnrêst fen ús tiid—do teante sêft Prins Radbod nei myn iens’me troansit ta En bûgde del en sei in wûnder wird.

JÛLE. Hwet wier ’t dat him nei Mem ta dreau, sa let?

THIED. „Forjow my, Beppe”—sei syn ljeave stim, Sa myld, sa sterk as iere maitiidswyn Dy’t oer de weagen fen it marwiid glydt— „Forjow my Beppe, det ik ûnbean kom En sprek yn riedsel-tael. Mar tsjuch moarndei Jins djûrst klaed oan, ris jo op ’t kostlikst út, En biidzje my den hjir mei hoopjend hert, As ’t sinljocht riist oer himels easter-seam— Hwent moais en greats is jo en my biskern.” ’k Unthiet it him, en hy wier ring wer gien, Myn winter’s treast, it deiljocht yn myn siel’, En ’k mymre nei oer hwet er miene mocht.

JÛLE. Prins Radbod, Mem, is as de Maitiid myld, As Maitiid sterk yn syn greatmoed’ge siel’, Mar ek as Maitiid yn syn jonkheit wif. Faeks wier ’t in plan, dat him fornoege, in stoun, En wer forstoar mei ’t rizen fen de moarn, Faeks ek...

THIED. Stil Jûle, neat forkeards fen him. Dû kenst him net as ik—dû fielst net ho’t De krêft is dy’t syn keningsboarst bisiel’t: Sims bin ’k binijd oer jim bihyplik sjen. Dû wist, Prins Radbod goait de lânse fier As nimmen yn ús gea—dû wist, syn earm Slacht mei ien bile-swaei de ûroks del— Dû wist de sterke krêften fen syn liif, Sjuchst eltse dei syn kenings-each, dû hearst It wûnder lûd dat yn syn tale sjongt— In lûd dat my yn wûndre dreamen tsjoent Fen ljeafde en macht, fen lok en kenings-steat— Dû wist ho’t sels Aldgillis by syn soan Is lyk in lânsman nêst in prinslik helt—

JÛLE. Mem sprekt eft Radbod wier in goadesoan!

THIED. In goadesoan, seistû? Woloan, hy is ’t! Frou Freya joech him moaijens, Thor de krêft, En Odin, hoopje ik, scil de macht him jaen— De macht dit lân, great-Fryslân’s keninkryk, To meitsjen ta de master oer al ’t folts Dat om en nêst ús wennet, oer de sé Safier dy giet fen Pikt’ne heitlân oan It skom-wiet bercht oan roppende ich yn ’t Noard. Hwent hy scil Fryslân meitsje in ivich lân, Us frjeonen boarch en rom, ús fij’nen skrik, En hy scil hearskje yn Fryslân’s goud’ne tiid.

JÛLE. Mei alderearst hy frede’s stim forstean!

THIED. Wêz boppe alle ierdske rêst de striid him djûr! Striid tsjin ’t fenyn dat mennich eal-Frysk boarst Tokankret mei syn dûnkre, flokbre krêft En dat Aldgillis krêftleas kankrje lit —Ik mien de dwylsin fen dy slaef oan ’t krús— En striid tsjin elts dy’t Fryslân tsjinstean doar: Striid for ’t bihâld fen ’t erflik âlderlân, En striid! for nije greatens fen ús gea.

JÛLE. Mar as de striid syn ienichst erfdiel wirdt, —En dochs, bitink ho tear er wêze kin, In dreamend famke lyk—hwêr fynt er den yn lok, syn ljeafde, en hwêr syn libbenslean?

THIED. Dit scil de striid for ’t egen lân him jaen, En oars scil neat it jaen.

JÛLE. O tsjuster wird My tinkt, ik sjuch de hôven al yn brân En leedzje oer ’t folk en hiel syn wirk omdôch!

THIED. Sa sprekt myn bern? Yn dizen doarmest roun En tsjoede twivel hat dyn siele omspoun, Mar ik, ik sjuch in kroane op Radbod’s haed, Sa great, sa swiid as nimmen taskikt waerd.

JÛLE. (for hjarsels) Sa woun, sa roun. Hy stjert de dea, dy’t daet.

2. _Thied, Jûle, Bernlef, in preester ta Odin._

PREESTER. Foarstinnen, Walhals ginste noedzje jim!

BERNLEF. Foarstinnen, wêz dizz’ dei jim bliid en ljocht.

THIED. Tank, bard en preester. Goed set sa’n dei yn Hwaens dage fen jim mûle heilwinsk bringt— Hwet wier jim boadskip yn ús iens’me hal?

PREESTER. Prins Radbod hiet my him to biidzjen yn Syn Beppe’ seal, mar sei syn boadskip net.

THIED. Bard Bernlef, teachst ek dû dyn steatsklaed oan? Ho flûnkret sa dyn earm fen goud? ho wynt De wylde roas sa haechlik om dyn harp?

BERNLEF. Prins Radbod woe it sa, foarstinne Thied, En bringt dizz’ dei de wierheit fen syn winsk. Den is it goud to feal, to drôf de roas For sok in ljochte simmerheechtiids-dei, En ’t djûrste liifsklaed is to dof, hwennear’t Syn siele-langst dizz’ dei bikroane wirdt.

THIED. Ho, Bernlef, wist hwet Radbod hjirmei mient? Ek ik haw ’t ljeafste klaed my nomd, mar wier, Ik wit de reden noch syn doel dêrmei.

BERNLEF. Prins Radbod is myn sielefrjeon, frou Thied, Syn boarst hâldt for myn each gjin heimnis yn.

THIED. Wier ’t foechsum det syn beppe it plan fornaem? Ek hjar is hy boppe eltsë ierdling djûr.

BERNLEF. Foarstinne Thied, mei ljeafde sei ’k it jo, Mar hjir is ien oer hwa’t ik twiivlich bin...

JÛLE. (yn ’t ôfgean) ’k Jow my al ôf. ’k Wit ho’t Prins Radbod faek Syn moeike bliken joech fen wanbitrou Om’t hja it tsjustrë yn syn ynboarst sjucht, Net fen syn skyn bitsjoend. Ik jow my ôf, Siz dû syn plan en neam it hjar: mar wit, Hwet groeit yn heimnis, stjert yn heimnis wei, En hy docht tsjoed, dy’t sibbe en miich mistrout.

(_giet_).

THIED. ’t Is min, sok praet. Bard Bernlef, jow jo del, En meitsje ús bliid mei jins oerljochte tael— Hwent, tink ik, ek de preester mei it hearre.

BERNLEF. (giet sitten) Wis, wis—hy wol it meast: syn wird scil skielk Ta krêft’ge wierheit wije Radbod’s winsk— Foarstinne Thied, en dû, myn frjeon, den hear. —’k Siet jistermiddei iensum oan it strân Dêr’t sêft de skomweach rûz’t en rûzjend stjert; En ’k harke nei it liet dat súntsjes út De goud’ne weagen nei de himel sjongt— De tinzen fen de sé, by ’t maitiid wijd Ta rêst en frede en langst nei stoarmleasheit. En ’k seach it ljocht, hodet it fûnkljend glied Bitwisken tearen fen it amjend wiid, In weldge frou, mei ’t amjen fen hwaens boarst De flûnkerjende goud-sier riist en sinkt. Ik wist, God Baldur spriek myn siele ta, En ’k die myn eagen ticht, det ’k harkje koe, Hwent Goad’ne boadskip heart men bêst, as d’ Ierd Yen fier is mei hjar pronk en wûndre tsjoen— En ’k laei yn dream, in swiet en sillich skoft, Wylst sêft de strânwyn wyndrë oer myn hier En Frey my gouden glâns oer ’t antlit lei. Do hearde ik sêft in dimm’ne trêd oer ’t strân, Sa scoe, tocht my, God Baldur seingjend gean,— Hy knibble nêst my del—mar ’k doarst net sjen, En striek myn hier sêft fen it foarhaed wei, En sunich lústre er my: „Siz Bernlef, sliepst?” Do doarst ik sjen en ’k seach yn Radbod’s each.

THIED. En, sjonger, like er Baldur sels fen liif?

BERNLEF. Syn each wier as de jounloft yn dit lân, Sa wûnder myld, en dochs in brân dêr’t rêst En ljeafde en myldens dwêstende yn fortart; It wier in saed fen skrikbre djipte, dêr’t Ien wiffe stjer hiel sêft en tear yn blinkt— Mar ’k seach djip yn syn each en ’k hie him ljeaf. En wylst ik laei en him yn d’ eagen seach, Myn holle rêstende op syn frjeone-hân, Forhelle er my, sêft lústrjend, in forhael As âlde barden sjonge yn winterjoun, En as de séwyn wier syn lûd, sa tear, Sa fyn en jong, sa fol fen frjemd ûnthjit.

PREESTER. Sa giet by ’t Maitiid sims ek Widar roun, De god fen ’t wâld, hwaens dûnkre en súvre krêft Fornijd wer riist mids sinne’s glinster-steat.

THIED. Biskriuw ús hwet er sei en neam ús dat.

BERNLEF. Dit wier syn wird: „Myn Bernlef,” sei er sêft, „Dizz’ dei is goed for d’ Ierde, dy’t fen nijs De fruchten groeijen fielt yn ’t slomjend liif, En goed for dreamers, mymrjende oan it strân En skôgjend ho’t it ljocht de sé oerweev’t— Mar ’t bêst for him dy’t ljeafhat yn syn hert, En yn dizz’ tiid in wûndre miening fielt. Sa Bernlef, (sei er) giet it my; ’k ha ljeaf, En moarn forbynt it boask myn faem mei my.”

THIED. Ho Bernlef, ho? En wy, wy wisten neat! Hwa naem er ta syn kar? In Fryske faem, In faem fen stân? Ien dy’t him weardich is?

BERNLEF. Foarstinne Thied, hy mient Rixt Martena.

THIED. ’k Bring Odin tank! de trêftichste fen ’t lân! Dochs is der great biswier ... gean fierder, bard!

BERNLEF. Hy den, hy sei: „Dit is my ’t swierst en ’t slimst, Det ik yn heimnis dwaen moat hwet ik ljeafst Fen hiel dit gea de maitiids-blidens seach, Mar ’k wit, hjar heit jowt nea it tawird; ’k wit Hy is in tsjinner fen dy krúsge slaef Dy’t men de Kristus neamt—hy hatet my Om’t ik syn ôfgods-tsjerke dylge yn fjûr, Nêst mennich jier, in wylde winternacht. En Heit jowt him, dit wit ik, ’t weegrjen frij, En twingt gjin Kristen ea syn dochter ôf— Dos moat iksels geheimge wegen gean. Rixt mient it my, en hat my ynlik ljeaf —Yet ljeaver as de slaef fen ’t krús!—en moarn, By d’ iere dei, as ’t East yn lôge barnt, Den flechtet hja út d’ âlderwente wei, Myn breid nei ’t rjucht fen ljeafde’s egen kar. In preester scil ús boaskje as man en wiif— Dû, doch dyn djûrst klaed oan, en biidzje my Yn beppe Thied hjar seal, en siz hjar oan Hwet mylde hope ljocht bringt yn myn hert.” En hy spriek troch, en die my ’t âld forhael Fen blide ljeafde, in bard sa goed bikend, En priizge Rixt, det ik hjar glimkjen seach Mids feale drôvens fen hjar âldershûs, En hiel de middei spriek er wûndre tael Fen ljeafde, as ienris mar de minske sprekt— Foarstinne Thied, dêrom trochwynt de roas De stringen fen myn harp, dêrom is ’t each My bliid en ljocht, en dêrom biidzje ik hjir.

THIED. O súvre Maitiidsmoarn, hwet bist my myld, Ho hoeden draechst my Frigga’s jeften ta! By Odin, keninklik is Radbod’s kar En wiis syn wird dat sa fen oerliz sprekt; Hwent wis, myn soan, dy’t men de kening neamt— Mar kening is er net yn died en krêft— Hy hie oan Radbod’s langstme nea foldien. Dêrom, ’t is goed; en ’k fiel mysels in breid Fen blidens, det ik dit oanskôgje mei, Myn Radbod boaske en ’t flokte krús forslein. Myn hert rint oer fen wille en tankberheit.

PREESTER. Great is it wirk dat my de prins bitrout, En ’t is my bliid, det hja, syn keaz’ne faem, For him it skaed fen ’t môgich krús forlit.

THIED. Dos preester, hâld dy ré; wêz greatsk fen hert; Dû, Bernlef, sjong in sang dy’t Walhal heart! Ho is dizz’ moarn ús myld! ho hat de wyn In tsjoenend lûd fen blide ûnthjitting yn! Haw, Frigga, tank; bin twiivlich ek dyn bern, Dyn ljeavjend each hat nea hjar glâns forlern!

3. _Thied, Bernlef, de Preester, Radbod._

RADBOD. Det Walhal’s ginste rêste op beppe Thied!

THIED. Dizz’ moarn, myn Radbod, ha’k syn seine field By ’t blide harkjen nei dyn keningswinsk.

RADBOD. ’k Bitroude it sa, jy scoene my forstean. Wol is ’t my drôf det ik mei slimmichheit My winne moat hwet Walhal sels my jowt, —’t Is my in skaed om ’t jonge, sillige lok— Mar ’t moat sa Beppe, it mòàt. Hwent sûnder hjar Is my de dei in nacht, myn libben dea: Ho scoe hja oars my tastien wirde as breid?

THIED. ’k Seach hjar yn tiden net. Mar ’t is in faem Dy weardich, Radbod; en it bliidste is dit: Det hja om dy fen ’t krús hjar ôfjaen doar.

RADBOD. O hiene jy hjar sjoen as ik, jins jeld, Myn beppe, bloeide as Maitiids-jonkheit op, Jins each waerd ljocht fen swietste fam’nenocht; Hwent wier, hja is in wûnder as dit lân Nin twadden wiist. Hjar lûd is as de sang Dy’t út in krûd-oerdits’ne wjittring riist, Hjar gean is as it nigen fen it reid, Hjar laitsjen—o hjar laits! Mar, beppe Thied, Sims haw ik soarch, hja laket fiersto min: Hja hat sa lang yn skaed en leed forkeard, En ik... hja hat my ljeaf, hja wit ho’t ik Hjar noedzje scil mei al myn ljeafde en krêft... Mar altyd bin hjar eagen wûnder-great, As wier hja wend to eangjen for in ûnk, Se is sa stil, sa skruten ... Beppe ’t is In ljurkje lyk dat yn de moarntiid sjongt, By wjerljocht bang, en swijsum yn de joun, Mar ’k haw se ljeaf en noedzje scil ik hjar Tsjin ûnk en striid, salang de krêft my bliuwt, Dy krêft dy’t by hjar sjen tsienfâldich riist, En dochs ... o beppe, ’t is sa nij, sa great...

THIED. (stil) Dyn herte sprekt—ho’t ik syn tael forstean!

RADBOD. ’k Wier faek in rouwe jonge, beppe Thied; My wier de jacht, de striid, de macht it djûrst, Al laei ’k simstiden mymrjend yn it wâld By ’t wûnder rûzjen fen God Widar’s beamt— ’k Wier sterk, oermoedich en yn ’t hert in prins. Regearje woe ’k en hearskje, strang fen moed, En hwa’t my tsjinstean doarst, syn straf wier swier, En sims wier ’k wreed en kâld en hird fen hert. Hwent ’k wit, dêr wennet greate krêft yn my— By sinneskyn, den is de risping great, Mar moast s’ yn tsjuster waechse—Beppe, as nea In great lok seingjend oer dy fjilden gyng, ’k Scoe wêze as stien: hird, ûnforsetlik, kâld. En faek loek my it hert fen njoerens gear, Koartkearich wier ’k, opleappen—mennichien Hat hate yn my, om’t ik him fiele liet Det Radbod’s wird èn wet èn wierheit is, En om’t ik faek ’t lefhertich kristen-reau Hjitfolge mei myn grym; in winterjoun Do barnde ik mei myn maten—wûndre nacht!— It ôfgodshûs fen Keimpe Martna del: Ho sloech it fjûr om ’t Kristusbyld, ho kreake It knappend hout ... nou is dat lang forlyn...

THIED. En dochs, myn soan, ’t is goed, de kanker dy’t Us lân tofret, mei stegens tsjin to gean En—by dat lôgjend fjûr wier Walhal bliid!

RADBOD. ’t Mei wêze, beppe Thied, mar ’t is foarby. Sûnt ik hjar seach, myn keine, freeds’me faem, Is al hwet wreed is, sûnder macht yn my, En ’t ienichst wyt fen hiel myn libben, ’t is To libjen sà det ik hjar weardich bin. Ja, wier myn hân ea smoarch en read fen bloed, Nea doarst ik hjar wer yn hjar eagen sjen.

THIED. Myn soan, myn soan, forjit dyn lân dochs net, Bliuw prins yn krêft, bliuw prins yn wil en dwaen!

RADBOD. ’k Haw ljeaf, myn beppe ... nim ’t my net kwea-ôf As ’k sims oerdriuw, mar ’t is sa great, sa nij, En nou dizz’ dei ... de kroaning fen myn winsk... Ho skruten scil hja wêze, skielk, as hja Myn beppe en Bernlef yn myn selskip fynt... By hjar oan hûs is alles kâld en keal...

THIED. ’t Is Kristenfolk. Mar dochs, hjar stân is goed, En goed is ’t det hja ’t flokte krús forlit.

BERNLEF. Mar Radbod, siz, ho komt se hjir? hwa bringt...

RADBOD. ’t Is wier: ’k forgeat it noch. ’t Wier slim en swier Hjar oer to heljen ta myn plan: hja kin Sa min hwet skûl hâlde yn hjar bernlik hert— Ut ljeafde naem s’ yn ’t lêst myn útstel oan. Ear’t yet hjar folk dizz’ moarn forriisde út sliep, Scoe hja, forklaeid as non, hjar hoeden jaen Nei ’t ôfgodshûs fen Martena yn ’t wâld; Dêr bidet hjar—ljeafst wier iksels mar gien, Mar maklik hie in Kristen niget sjoen— Myn liifsfrjeon Holder mei in treftich hoars... Ring is hja hjir, myn beppe, ’k tel de tiid...

BERNLEF. Ik hear de hoefslach fen in hoars—ja hark, Dêr komme gûnt de treppen op...

RADBOD. Rixt! Rixt!

THIED. Byn yn, myn prins. Oertink dyn weardichheit. Bliuw nêst my stean en biidzje sa hjar komst.

4. _Thied, Bernlef, de preester, Radbod, Holder._

HOLDER. (hymjend op) Foarstinne Thied ... myn frjeonen...

RADBOD. Lit hjar yn! Myn beppe wit it, Holder—lit hjar net Omheukerje yn dy kâlde hal—s’ is faeks Wirch fen de reis, en ’k ha sa’n langst nei hjar!

HOLDER. (yn himsels) Wé my ... myn boadskip ... Goaden, hoedzje my...

BERNLEF. (nei him ta) Ho komst sa mêd en hymjend, Holder? Hast Sà jage en dreaun? Ho trillest sa? Hwet is ’t? Ik seach dy nea sa wyld en frjemd oerstjûr!

HOLDER. O Radbod, Radbod, hear my...

RADBOD. ’k Hear. Sprek op!

HOLDER. Ik kom allinnich, Radbod...

RADBOD. Hwêr is Rixt?

THIED. De wierheit, feint; prins Radbod ferget dy.

HOLDER. Hja is fier wei ... en s’ is for ús ... forlern...

RADBOD. Del op de groun, dû slaef! dêr! foar myn fiet! Eangest gjin straf for sok ûnskeamel praet? Sjuchst net de dolk hjir glinstrjen yn myn hân?

HOLDER. Ut dyn hân, Radbod, is de dea myn frjeon, En wolst myn dea, ’k bin ré. Mar skildleas stjer ’k.

BERNLEF. Radbod, wêz wiis! hy is dyn bêste frjeon!

THIED. Myn prins, bidimje en harkje nei syn wird: Wêz weardich ek yn smert. Kom Radbod, gean Hjir nêst my stean—dû wist, dû bist my ljeaf— Myn ljeafde striel’t ek as in drôvich flues It skaed fen minder stjerren diek yn nacht— Dû feint, riis op, en doch dyn hird forhael En sparje ús neat, hwetst ek to neamen hast... Radbod, myn bern, dizz’ moarntiid is ús wreed, Mar dield leed is mar heal leed, seit it wird, En beppe Thied lit mei hjar bernsbern mei...

RADBOD. O Beppe, Beppe... In fjûrkolk is myn hert...

BERNLEF. Kom, Holder, siz ’t! Sa’n twivel skoert ús hert Dat lije wol yn Radbod’s machtich leed!

HOLDER. Myn ûnksforhael is koart... ’k Wier ier yn ’t wâld En bide op ’t oansein plak—it wâld wier stil, In inkle drip foel pearljend út it leaf, En d’ Easter dage-brân sloech lôgjend út; Yn ’t beamte wier ’t ier libben fen de dei— En ’k bleau allinne en nimmen kaem. De klûs Fen ’t ôfgodsbyld oan ’t krús bleau ienlik stean, Gjin non, gjin faem ... o ho’t ik wachte haw, Fordildich hoopjend en sa bang fen hert, En nimmen kaem en ’k doarst net gean. Yn ’t lêst Do ried ik stadich ’t paed del nei de went Fen Martena: miskien noch moete ik hjar— En jimmer blider riisde it Maitiidsljocht Dat op myn rêsting foel as bloed’ge damp, En nimmen kaem... Ik twiivle en doarst hast net, Mar ’k wist, it moast. Ik ried nei Martena Syn hôf, dat blomke yn ’t iere Maitiidsljocht Mei blossums read en wyt en poapren blomt’— Ticht wier de poarte en d’ ophelbrêge omheech. Ik rôp en rôp... En einlings kaem er sels Nei foaren, Martena, en rôp my dit Mei lûd, dêr’t frjemde jubel klear yn klonk: „Myn dochter is Kristinne en hat it krús Mear ljeaf as him dy’t Kristne godshûs barnt. Siz Radbod dit: hja hat yn fromme bycht D’ earweard’ge preester ’t godleas plan bitroud, En hjoed oertinkt s’ as Kristus iiv’ge breid Dit tsjoed bistean yn ’t feilich kleaster-hûs.”

PREESTER. Wé, Odin, wé! De Nazarener woun! Hast den dyn bern bijown? Hwêr toevestû?

RADBOD. Yn ’t kleaster ... hja, myn dimm’ne Maitiidsblom Hwaens kopke niigde, as sinne efkes wiek... O Beppe, ’t kin net, ’t mei net—hja giet dea Yn ’t flokte skaed en ik ... myn hert tobriek... Mar frjeonen, nim jim hoars; wy fjouw’rje wei, Birinne it kleaster, rôvje hjar—hjar plak Is hjir nêst my, net yn dat ôfgodshûs...

BERNLEF. Wy witte it plak net fen hjar dûnkre doem— Hwa wytget ús it sté, hwet kleaster ’t is?

RADBOD. Den barne wy de stins fen Mart’na del, En twinge it folk to sizzen hwer’t hja is!

THIED. Bitink, myn soan, ’t is opstân tsjin de wil Fen him dy’t nou dit lân bistjûrt, dyn heit, Dy’t frede wol yn Fryslân’s gea, en mei De swierste straffen spjalt en skeel bitwong!