Part 3
BOADE. Hear kening, gûnt bifreegje jo: in feint En in âld man, yn frjemd en útlânsk klaed. De stoarm, sa seine hja, tobriek hjar skip, Mar troch in wûnder wiek de Dead hjar ôf, En dreauwen hja op stikken hout nei ’t strân, Wol wiet en kâld, mar sûnder liiflik skea.
ALDGILLIS. De goaden tank! Gjin toevjen, lit hjar yn!
THIED. Hjir yn myn seal, myn soan? Bitink hwetst dochst!
ALDGILLIS. Op Fryske strannen smiet de stoarm hjar del; Bitink, gastfrijheit, Mem, is d’ earste wet.
9. _Aldgillis, Radbod, Thied, Jûle, Wilfrid, in pylger._
In telmennich stiltme. Men wachtet op mankoar. Den de kening:
ALDGILLIS. Hwa seit hjir de heilwinsk? Jûle dû?
JÛLE. (yn ienen, as yn great bislút) De heechste seine wêz jim wei biskern!
THIED. (foartdalik dêrop) Flok oer jim haed, forlieders! Gean forlern!
WILFRID. Jins mylde winsk myn tank—jins flok forjow ’k: S’ is lichter as de loft. Hwent hjirop bou ’k.
(_hâldt it krús omhegen_).
RADBOD. (effen skriljend, den lûd en spotsk) In macht’ge God! Hy krôllet oan it krús!
DE PYLGER. (ienfâldich) Hy hie de sûnders ljeaf en stoar for ús.
ALDGILLIS. (him effen bûgend) Wy hearden gâns fen him en bin binijd; Mei ’t wêze, det fen striid hy d’ Ierd’ bifrijt!
(_It doek lûkt ta)_.
KOAREN.
Op it foartoaniel komme fen wearskanten seis feinten en seis fammen op; elkmis fiif riigje hja hjar efter de beide oanfierders fen it koar, healmoanne-foarmich.
KOAR FEN FEINTEN. ’k Seach Walhal, rizende yn de joun’ge glâns. De reade pracht Fen deadlik ljacht Roun tsjoenende de blanke mûrren lâns. Stil amjend laei De mêdde dei Dy’t stadich sonk yn great oandwaenlik swijen, En Midgard seach For treast omheach, Sêft suchtsjend yn hjar langst nei ljeafde, en mijen. Heech priele dêr de goade-stins; De wester-grins Wier ien gestriel fen ljocht en wûndre gloede, Mar ’t ljocht wier kâld En joech de wrâld Nin treast, dy’t hjar tsjin striid en dwylsin hoede— De stinzen stiene dêr yn ienlikheit. De nacht strûsde oan; De hill’ge troan’ Waerd wei yn ’t swart fen dûnkre treastleasheit.
TSJINKOAR FEN FAMMEN. Hok fyn geroft trochnúndret nou de loft? Oer ’t slomjend gea Giet sjongsme bea Fen klokjes, tinkljend yn it jounske skoft. Yn ’t rûzjend wâld Dêr’t griis en âld De preesters ôffren ûnder hill’ge wijing, Riist mank gerûs Fen beamte, it hûs Fen him dy’t stoar nei net to neamen lijing. Dêr ear’t men him dy ’t krúshout droech; Aldgillis joech Syn folgers frij dêr ’t hillich hûs to bouwen— Hjar sang rûz’t swiet Oer greide en wiet En noeget elts ta rêst en bliid bitrouwen. It twiivlich Fryslân heart, binijd, En freget stil Hwaens goad’ne wil Bistean scil tsjin de bleke god, dy’t lijt.
KOAR FEN FEINTEN. Riis Walhal, riis! moat den dyn dei forgean? Lit Baldur bliid Oer miede en wiid Mei syn wollûd’ge sangen bliidzjend gean. Frou Freya, jow Dyn bern bitrou— Wy langje nei de laits fen dyn swiet’ eagen. Dû Odin, riis! Ei noedzje ús! wiis De dûnkre dwylsin-lear ta earme ljeagen. Lit ús net ienlik yn de nacht; Wy ha dyn ljacht Sa faek al folge; ei, wol ’t ús net ûntkeare Nou’t oer de wrâld Dit deadlik skâd Fordjerlik driuwt, ûnhilligjend dyn leare. Dyn wente is ús ta’n ivich thús; Dyn troane ús trêft; Ei lit dyn krêft Den weidwaen fen ús each dit deadlik krús!
TSJINKOAR FEN FAMMEN. Mem Fryslân sei, scilst sinke yn djip forjit? O Keningsgroun Fen Walhal jown, Scilst swymje nou’t de krêft sels Thor forlit? Bist wijd oan dea? Mar dôch, dyn gea Is swiet fen krûd en ljocht fen nije blommen. Fornijde tier Giet sêft en blier Dyn antlit oer, wer bliid yn ’t Maitiids-kommen. ’k Hear ho’t dyn marren núndrjend gean; Hjar bliid bistean Wijt wer fen nijs de siel’ ta iivge dreamen— Scoest sinke yn ’t neat? Dyn striid is great, Hwet dy bidriget, swier en frjemd to neamen; Mar wy wol tsjûgje fen dyn rom, Det dei by dei Dyn hill’ge wei Dy laet yn ’t ljocht, wer rizende út dyn slom.
MIENSKIPLIK KOAR. Hwent dit is de minske as in godsrjucht jown To ljeavjen it lân fen syn âlden; Meije stinzen forgean, wier Walhal swoun, Dit bliuwt syn hert bihâlden. De goaden fen d’ ierde dy bidt men oan Nei de driuw fen it egen bistean; It lân fen yens ljeafde oerglânzget hjar troan: Nea scil it yn nacht forgean.
(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).
TWADDE UTKOMSTE.
1. _Ydwine en seis fen hjar fammen (oan ’e wiele)._
SANG. Frou Frigga spint hjar triedden Yn himel’s heechste toer; Dêr heart hja minsken bidden Oan Odin’s wiis bistjûr. Rôlje, rôlje, wiele, Fen hjar seine oerstriele.
Ho rize lûd de klachten Tsjin Walhal’s stinzen op! Hja harket al hjar nachten Nei minsk’ne bang gerop. Rôlje, rôlje wiele, Gloede- en trien-oerstriele.
Hja mei net elts bifrije, Hwaens each hja smeekjen sjucht— Odin dy _moat_ kastije Hwa tsjin syn wil misdocht. Rôlje, rôlje, wiele, Fen hjar seine oerstriele.
Sa binne yn ’t leed bifieme Mem Ierde’ bline bern, Det Frigga sels moat skrieme En kin net blier mear sjen. Rôlje, rôlje, wiele, Gloede- en trien-oerstriele.
Hjar triennen drippe allinken Op ’t fine spinsel del: Nou sjuch dy triedden blinken En glânzgjen, sêft en hjel. Rôlje, rôlje, wiele, Fen hjar seine oerstriele.
It spinsel fen hjar hannen Wevet de loften oer, Taspriedend oer ús strannen Ut himels heechste toer. Rôlje, rôlje, wiele, Gloede- en trien-oerstriele.
En d’ ierde dy’t omhegen Dy wolkens driuwen sjucht, Wit det oer al hjar wegen Frou Frigga ’t weitsjen docht. Rôlje, rôlje, wiele, Fen hjar seine oerstriele.
YDWINE. Genôch for hjoed, myn, fammen, ’t wirk is dien. By ’t winter do’t de wyn sa boldre en die Waerd hiel de dei sims mei ús spinwirk wei —’t Is den it smoutst yn hûs, by smûk petear En nochlik liet, dat hiel de stins troch klinkt— Mar nou is ’t hôf sa grien en sêft, de wyn Sjongt yn it rûzich beamte in simmer-liet, En ’t rûzjen fen de sé klinkt noegjend-fier. Nou is ’t my hjir binypt en ing, al sjongt Jim lûd, yn boun mei mines, bliid in liet— Ik moat de kimen sjen, de sé en ’t ljocht, Wiid doarmjend yn de miede en ’t steatlik wâld, Goud oer myn hier, en sinne sels yn ’t each: Den, fammen, is de dei geniet en feest. Liz del jim wirk, lit ús it hôf yn tsjen.
IN FAEM. Prinsesse Ydwine hat it sinljocht ljeaf— Mar ’k tink, hja siket mear yn ’t sjongsum hôf...
YDWINE. Yet mear? hwet mienstû, Hil?
DE FAEM. Fen middei, do’t Ik fen ús hûs it paed yn ’t hôf lâns roun, Laei Bernlef, dreamend yn it soeijend gers. ’k Sei him goendei—do rôp er tsjin my: „Siz Prinsesse Ydwine, ik teach it hôf wer yn— Den hâldt it wirk hjar grif net lang yn hûs!”
(_de fammen laitsje_).
YDWINE. Dû doochst as ljeafde’s mylde boade net: Hwet heimnis wêze moast, dû ropst it út En jeist it bloed my nei it wang.
DE FAEM. Mar dochs ’k Wier wol in ljeafde-boade?
YDWINE. ’k Wit it net— Bard Bernlef joech dy ’t boadskip, freegje it him; ’t Kin wêze det er ’t mient. Mar ik sei neat.
DE FAEM. Simstiden lústret ljeafde in swijs’me tael, En ’k leau, Ydwine each forstiet dy goed!
YDWINE. Hwet bistû dryst! Stiek Bernlef sims dy oan? Sok pleagjen, ’t jowt gjin foech. As beppe Thied Us sa ris hearde, it wier hjar min nei ’t sin! Ik krige in leksum oer myn weardichheit, En dû hiest grif hjar ginst forgoed forlern. Woloan den, lit ús gean. Ho rûz’t de wyn!
2. _Ydwine, de fammen, de Pylger._
DE PYLGER. Prinsesse, is ’t foechsum det ik fierder kom?
YDWINE. Jy binne wolkom, Hear. Wol wis, kom yn. In boadskip faeks oan my, fen moeike ef heit?
DE PYLGER. Foarstinne Jûle hat my stjûrd. It wier For jo allinne ornearre, waerd my sein.
YDWINE. Jim fammen, gean. Jow jim al wis nei ’t hôf, En pleagje ús dryste sjonger hwet: det ik Jim nei him stjûrde, omdet iksels net kom, En ’t my slim moeide, as hy dêr ienlik bleau.
(_de fammen gean_).
En nou, jins boadskip, Hear? ei siz ’t my gau, ’k Bin slim binijd, nei frouljue’s aerd.
DE PYLGER. ’t Is grif Jo wol bikend, det nei ús stoarm’ge komst Foarstinne Jûle ús Krist’ne leare, lyk Myn master dy forkindget, oernomd hat En iepentlik nei Krist’ne Godshûs giet.
YDWINE. (earnstich) Ik wit it Hear. Hja sei ’t mysels it earst.
DE PYLGER. Hja winske tige, ús leauwen scoe ek jo Forkindge en útlein wirde, det jins hert Frij kieze mocht, yn djip en suver sjen.
YDWINE. Hja wit det ik myn hert net slút for gûnt Dy’t ljeafde en frede preekje yn trêftich wird, Al is jim wûndre tael yet faek my frjemd.
DE PYLGER. Dos liet hja freegje, ef ’t foechsum wier, det hja Mei preester Wilfrid jo bisiikje mocht, En hjoed mei jo de Krist’ne lear bispriek.
YDWINE. Hear pylger, ’k wyt hjar frjeonlik útstel tank, Mar bûten sjongt de wyn en rûz’t de sé, En jerne woe ’k my hwet fornoegje, yn ’t hôf...
DE PYLGER. Prinsesse, kies gerêst. Nin ien dy’t twingt.
YDWINE. Mar jim den, Hear? Is jim de goud’ne dei Net ljeaver as binypte keamer-romt, Hat simmer’s middeiwyn gjin wytgjend liet For jim sterk hert? My tinkt, elts stjerlik each Moat glânzgje as himelsk ljocht syn rounte oergiet, Elts moed sjongt bliid by ’t núndrjen fen de wyn. Ef hat jim hert nea simmer’s tsjoen forstien?
DE PYLGER. Prinsesse, sei, haw jy my âld ef jong?
YDWINE. Hiel jong yet, Hear. Jins lûd is rou noch swier, ’t Hat yet de jonkheit yn. Grif bin jy jong, Mar sims ha ’k tocht, as ik jins oandacht seach By earnstich wird, en jins ynbannich dwaen As Fryske jonkheit djoeide yn dert’ne nocht, Jy wierne jong fen tiid, mar âld fen hert.
DE PYLGER. Haw jy den om my tocht, prinsesse?
YDWINE. Faek! Der wier hwet yn jins dwaen, dat loek myn each, Hwet sêfts en mylds—ús feinten bin sims rou, Jy bleauwen froed ek by hjar wyldste nocht. En dochs bin jy net stiif ... ’k wier faek binijd, Sa’n weardichheit der klonk yn al jins tael, By sa’n ynbann’gens yet sa’n hoflikheit...
DE PYLGER. Ek ik waerd great brocht oan in kenings-hof.
(_Effen stiltme. Den:_)
YDWINE. Hear pylger, siz ... ik woe sa jern ... mar faeks...
DE PYLGER. Hwet wier jins winsk? ’k Foldoch deroan, as ’t kin.
YDWINE. Ei neat ... mar sjuch, ik wit hast neat fen jo; Yn heimnis leit for my jins hiel bistean. Hwet oarde is jins heitlân? hwêr jins went? Ik wist sa jern hwet fen jins libjen ôf... Nijsgjirrichheit is ’t net, mar dochs, as jy Eat oer josels my seine, ’t wier my ljeaf...
DE PYLGER. Prinsesse Ydwine, ik hearde nea in winsk, Myn hert sa myld, sa wolkom oan myn moed, En jerne sei ’k jo alles fen mysels, Mar leau my, better is ’t, ik stel ’t yet út: It driuwt yet net en keart myn doel faeks tsjin... Mar inkle dingen siz ’k jo nou al graech, Det jy yn my gjin tsjinstfeint sjugge, ef ien Dy’t altyd as in mûnts oer d’ ierde gyng, En ’t bliuwe scil oan d’ ûre fen syn dea.
YDWINE. ’k Bin mei in bytsje bliid. Mar Hear, sit del; Ik harkje graech ... faeks freegje ik sims ek hwet...
DE PYLGER. Myn heitlân leit dêr ’t jounich deiljocht dûkt. ’t Wirdt fen de sé omspield: de weagen gean Sêft-rûzjende de skiere strannen roun, En slaen yn ’t Súd tsjin wite rotsen dea. Rjue streamen weagje it glinstrjend séwiet ta, Sêft sljurkjende mids steatlik wâld, hwaens groun Komselden mar fen sinljocht oerskynd wirdt. Ek rize klingen dêr, mei moas bigroeid, De skeanten bûnt fen blomte, en klear fen ’t wiet Dat út rjue saden nei de flakten wynt. ’t Lân is as hjir sa fruchtber, ryk oan nôt En feardich fé giet oer de greiden roun, Mar ’t liket my dochs greater, iiv’ger ta— ’k Mis hjir de berchtmen sims en ’t rinnend wiet, Al bin jim marren wûnder myld en ljocht, As mearkes, tear yn simmerjountiid sein— Mar ’t wûnder fen myn lân, dat is de sé, Mei tûzenderlei sang, mei skomjend gean, Dy’t eltse kant myn steatlik lân omjowt, Sims streakjend as in maitiidsbreid, sims woast It riljend lân fêst klampjend yn hjar earms, Sims glimkjend, den lûd roppend tsjin de loft...
YDWINE. De minsken?
DE PYLGER. Broerren fen it Friez’ne folk, Allyk fen tael, yn tins en aerd allyk— Mar hja bin mear de hege sé biwend, Hjar each is skerp fen ’t dykrjen oer syn wiet, Hjar siel yet sterker fen syn wyld gedroan— ’k Foun by de Friezen ienfâld; by myn folk Is grif mear heechheit en mear stâns-forskeel; By tiden leau ’k, hjar herte en siele swier Fen great takomstich wirk, hja fiele mear Det for hjar laech in swiid lot weilein is... Mar oars, myn folk is meast de Friezen lyk.
YDWINE. Jins âldershûs?
DE PYLGER. It leit yn sintsjend hôf Om fierren rûz’t de iiv’ge sé, lyk hjir— In stream wynt dêr foarby en njuentet swiet, En wylde roazen speeglje in súvre foarm Yn ’t effen, ynblau wiet. In heech-geand wâld Leit efter ’t hûs en núndret as de joun For ’t lêste d’ ierde oergiet, in wûndre sang, Dy’t hoopjen docht op ljeafde en sillichheit... En yn it wâld, dêr bloeit fioele en roas... Myn âldershûs ... o ’t is in hearlik hûs, Dêr giet myn heit, wiis soargjend for it folk, En Mem bistjûrt it hûs yn ljeafde en trêft... Myn sisters wirde al great, en laitsje bliid Hjar jonkheit troch ef hawwe in mymrjend each, Elts nei hjar aerd; myn broerren bin yet jong, Ien sei, do’t ik om utens gyng, en him For ’t lêst patte, for it earst fen „broer”, En stamm’re my de namme, laitsjend, bliid— ’k Ha lokkich west, prinsesse, yn ’t âldershûs...
YDWINE. Ien ding is my fen wûndrens frjemd. Hwet dreau Jo dochs fen miich en âlden wei? Dreau faeks In ûnoertochte die jins lân jo út? Ef ... faeks in ljeafde, net forstien?... Hwent ek Dizz’ dingen bin it stjerlik each biskern...
DE PYLGER. Soks net, prinsesse. Ik haw wol dagen hawn Det ’k tide op ien dy’t my alhiel forstie, Dy’t nêst my gean scoe troch de bann’ge tiid, Yn súvre ljeafde oan myn siel’ forboun— Mar nea noch hat sa’n each yn mines sjoen, Noch scil dat wêze, ear’t ik dit forstean Det dy’t ik ljeafhaw yn myn hert, for my Biskern is fen myn Himel-heit Himsels.
YDWINE. Mar den, hwet dreau jo, Hear ... myn frage is dryst...
DE PYLGER. (oereinrizend) Langstme nei God en nei syn hill’ge soan. Hwent moai is ’t glânzgjen fen de fiere sé, Moai ’t laitsjen fen de sinne, in maitiids-mar, Moai is de sêfte tsjoen fen ’t âldershûs, En moai de glâns, yn ljeavjende eagen sjoen; Mar ken ’k ’t wêzen, is alles skyn En neat as skyn, den wier ’k in boartsjend bern, Mei hwet getwinkel bliid, in dom, ryk man Dy’t yn hwet bûnt geblink it kostlikst sjucht— Den is myn ljeafde omdôch, myn siele dea. Him wol ik kenne yn ’t freegjend hert, dy’t my De glâns fen d’ ierde jowt, de sé syn sang, Det ik syn wet aloan bifolgje mei, Neat dwaende hwet him walch en evelsk is— En ’k fyn him net, sêft yn in keamer sjend Nei ’t greate gean fen wolkens, ’k fyn him net Yn ien, ien inkeld hûs: de wrâld is wiid, De wrâld de skoalle om him en hiel syn dwaen Yn ’t herte to forstean! Gods wente stiet Net yn in fiere en kâlde Walhal-stins, Mar stridend giet er yn de minsk’ne wrâld Lyk ek syn soan de minsk’ne sûnden droech... Prinsesse Ydwine, ei nim myn tael net kwea, Ik spriek to hird, ’k boun net genôch my yn, Mar dêrom is ’t det ik de wrâld ynteach, En skaette fen myn freedsum âldershûs.
YDWINE. (for hjarsels) Hwet wûndre tael! is ’t wierheit, is ’t in waen? O mei in God my sjen en klearens jaen! Is ’t waen, den moeit it my ... dit wier sa great... As dit ek falt, sinkt alles del yn ’t neat... As ’t wierheit is ... in nije dei ... in ljocht Sa great, sa sterk, as ’k nea to skôgjen tocht...
3. _Ydwine, de Pylger, Jûle, Wilfrid._
JÛLE. Ydwine, as dy ús kommen noflik is...
YDWINE. Myn moeike, ek jy, hear Preester, wolkom hjir! Haw heil! ik ken de Krist’ne heilwinsk net, Mar leau, myn hert bidt jim it bêste ta.
JÛLE. En brocht de fromme pylger ’t útstel oer?
YDWINE. Hy die ’t. En jerne wier ’k it hôf yntein Dêr’t simmersk ljocht oer blomte en leaven djoeit, Mar noegjender wier my jim mylde komst: Hja bringt hwet greats, faekwol hwet ivichs oan...
WILFRID. Fielt de prinsesse in frjeonskip for ús lear, Ef bliuwt hjar hert by Krist’ne boadskip kâld? Allinne langst nei heil forljochtet ús. Ef is ús wird hjar herte tsjin, sa ’s ’t ek Prins Radbod is?
YDWINE. Myn hert niigt nei jim lear. Ik ken se net folslein: sa nou en den, Yn jim petear mei moeike en heit, forstie Ik sims in inkelde útring, dy’t ik lang Oertocht yn ’t siikjend hert—mar ha ’k it goed, Den wytgje jim ’t biwâld fen ljeafde en fré En geane striid en tsjoed mei sterk hert tsjin— En soks is great. Us goaden ljeaven bloed, By eltse striid rôp men hjar oan—as den It striidfolk siichde as ’t nôtfjild for de sicht’, As ’t bloed streamde oer it platroun fjild, de bern Yn ’t ienlik hûs bang krieten om hjar heit En ’t wiif forkwânsle waerd fen him dy’t woun, Den wiern’ de goaden bliid... My wearzge dat.
WILFRID. Do’t ús God berne waerd, dreau ingle-sang Fen „Frede op ierde” it hillich heitlân roun, En yn ús wijde skriften stiet it skreaun: „Dû scilst gjin ien de dea dwaen.”
YDWINE. Preester, siz, Wier ’t foechsum, as ik jo hwet freegje doarst?
WILFRID. Prinsesse, it andrjen is my eare en plicht: ’k Bin túnker yn de hôven fen myn Hear.
YDWINE. Foarst dit: hwet is de minsk’ne greatste plicht Salang’t hjar fiet op ierde’ wegen stean?
WILFRID. De Hear to siikjen en syn hill’ge wet. Hwent sjuch, prinsesse, op hiel d’ ûnfiembrë ierd’, Yn hiel it wrâldrom, wiid as minsklik each Net dreame kin, op berchtme en yn de sé, Yn blauwe loft, op minsk’ne groun om ’t lyk Ef iiv’ge snie syn rike glinstring spraet Ef sinne’s gouden ljocht it rynsk oerstreamt— Nearne is in inkeld ding, ’t sij great en heech Ef ûnoansjenlik lyts, ef ’t hat syn doel Dêr’t it nei stribje moat mei bêste krêft. Us minsklik each is ing; op ierde is gâns Dat fen it stjerlik folk net ien forstiet— Mar elts ding krige in godlik boadskip mei, In skeakeltsje is ’t yn ’t einleas kjet, in lûd Yn d’ iivge skeppings-sang—it is himsels En ’t hat syn egen doel, fen d’ oaren frjemd. ’t Moat libje nei syn aerd, allyk de Hear It brûke wol yn ’t foarmjen fen syn ryk— En dêrta moat it earst Himsels forstean. Hwent libje wy, bliid laitsjend d’ iene stoun En skriemend d’ oar, nei ’t falt, ef, flinters lyk, De dei trochdounsjend yn in ljocht geniet, Den bin wy túfkes foar de wyn, hwet plús Dat stoarm’ge hjerst de grime dead yn bliest; Mar ha wy God forstien en Syn bistel En wier ’t ús striid to libjen nei Syn wil, To dwaen, dêr’t Syn heech hjitten ús ta rôp, Den tynt ús út it sie fen tins en died Yn himel’s mieden risping, ljocht en ryk, En himel’s boargerskip is Krist’ne doel. Dit dos, prinsesse, is minsk’ne foarste plicht: Forstean de Hear, erken Syn hill’ge wet, En doch dêr’t Hy dy ta op ierde rôp.
YDWINE. Sels ik haw dos myn egen doel—sels my Waerd it bitroud to libjen for in ryk Dêr’t elts ierdsk ding ta nije preal yn riist— Dat makket sterk en great. Mar preester, siz, Ho kenne wy Syn wêzen en Syn wet?
WILFRID. Hy is yn ’t boldrjen fen de stoarm; Hy is Yn ’t gean fen greate wolkens oan de loft, Yn ’t rimpljen fen in rêst’ge sé, yn ’t liet Dat sill’ge geal yn simmerjountiid sjongt: Syn macht en greatens prealet dêr’t Natûr Syn tsjûgnis jowt. Mar hwet Syn wêzen is Gjin stoarm noch sé noch jountiid seit it ús: Dit fine wy yn hill’ge skriften skreaun, Us jown ta lieders yn de tsjustre nacht, Fen himel-wiisheit fol en wûndre treast— Mar klearder seagen wy de Hear yn ho’t Syn Soan forriisde yn minsk’ne sûnde-wrâld En ús bifrijde út finznis fen it tsjoed: Hy iepenbiere ús, lijende as nin ien, Yn wûndre tael it wêzen fen de Heit En naem de sûnde ús ôf; mei Syn djûr bloed Koft Hy ús siel fen swiere skilden frij, Hy for ús sill’gens fêstspykre oan it krús.
YDWINE. Preester, ei siz, ho is God den? Ho hat De hill’ge skrift Syn hege krêft biskreaun? Ho iepenbiere er him oan minsklik each Yn him, dy’t neamd wirdt as Syn hill’ge Soan? In strange God? ien dy’t de wrâld kastijt?
WILFRID. Wol is ús God Rjuchtfeardichheit—eltsien Krijt lean nei wirk, elts rispet nei syn sie; Swier weacht Syn hân op hwa’t Syn hill’ge wil Forspijt ef dy misleedget yn syn dwaen, Lyk hy Syn tsjinners great-genedich is: Mar Ljeafde en Frede is ’t meast Syn wet—Hy wol In wrâld, from libjend yn Syn seingjend ljocht; Elts scil de neiste ljeavje allyk himsels, En weidwaen út syn hert de hate: ’t is In minster fen de foarst fen nacht en hel. God’s wil is Ljeafde en Frede, en hy, dy’t nei Dy wet oertinkt en docht, dy is Syn frjeon— Mar hwa dêrtsjin misdocht, dy is him frjemd En fen Syn seingjend each yn nacht forstaet.
YDWINE. Ien ding is my in riedling. God is Ljeafd’, Sa sizze jy—’t is my in hearlik wird, Mar as syn hert ien iiv’ge ljeafde is, Ho koe Syn Soan, sa einleas goed, de frjeon Fen bernkes, lyts en tear, fen earme en wees, Ho koe Syn Soan sa frij fen sûnde as nea In stjerlik minske wier noch wêze scil, Den lije yn wrede hún en stjerre oan ’t krús? Dit, preester is my frjemd: ’k forstean it net.
WILFRID. Oanskôgje hjir fen Ljeafde it hillichst blyk. De wrâld laei tiisd yn sûnde en waen, de dei Forkearde yn nacht, elts minsklik haed droech ’t mark Fen straffe en doem—ja, d’ierd’ forkaem yn smert Om egen sûnde en waerd de Dea ta bút: In hjitte koarts trochhúvre hjar, hjar each Biroun yn bloed—hja easke in offer, great As hjar ûnskeam’lens, strieljend as hjar nacht. Hie do Gods Soan in krêftich kening west, Dy’t nei in lang ryk libben freedsum stoar, De sûnd’ge wrâld wier bleaun op d’ egen wei, En wier, him priizgjend, bleaun by ’t egen kwea. Mar nou’t gjin hún him sparre waerd, nou’t Hy De kroan fen toarnen droech yn ’t bloedd’rich hier En stoar de wreedste dea oan ’t foltrjend krús, Nou bliuwt dit skrikbre byld fen sûnde en ljeafd’ Us ivich by, nea sinkt it wer yn nacht, ’t Scil stean sels as de wrâld forgiet, aloan De wrâld warskôgjend tsjin it kwea, det hja Dit skrikbre byld oansjend, net sûndgje _kin:_ Gods’ iivge ljeafde offre sels Syn Soan Det d’ Ierde skrilje scoe for ’t egen kwea, Bang rizende út it tsjoed, en neitiids nea Sa djip wer sinke scoe yn sûnde en dwyl— Gods’ iivge ljeafde joech Syn Soan oan d’ Ierd, God joech himsels, det wy net sûndgje scil.