Chapter 8 of 13 · 3980 words · ~20 min read

Part 8

TSJINSANG II. Great tinkt my wol de striid for Gods genede en wet, Wijd fen it alwrâlds-rjucht, Mar flokt de sûnd’ge toarst fen ’t ûnforwrigber hert Dat fynt yn bloed syn nocht. Wiis ’t herte dat syn lok yn gods wirk inkeld wit En júb’ljend fen syn heil yet for syn lottring bidt, Dat djip en klear en ljocht Ein langjend ûndersocht En yn syn djipste saed forstien Gods greate sprake; Hwerta de hill’ge siel Riisd yn in great gestriel, Hjar silv’ren wjukken spraet nei dêr’t Gods ljeafde lake. Hwaens ynboarst sa bistiet Riist frij fen moude en ierd’, Fen sfear ta heger sfear yn God’s oerstriele wrâlden; Syn eagen drinke it ljocht Him fen de Hear bitocht, Syn amme is as de rook fen griene maitiids-wâlden. Syn blanke minsklikheit Wint him it lok ta frjeon, Gods hill’ge ljeafde as breid, En draecht as simmerwyn In myld en great ûnthjit de minskne herten yn.

SLUTSANG. Hwent kening is hy hwaens siele forstiet De heimnis fen hillige fierten; Him rommet de skalt, him libbet it liet, Machtigen winskje syn witten. Lit ús seinje syn stim, lit ús earje syn each, Nigend for ’t wûnder ús twiivligen dien— Libjende greatens ús herten oerteach, Kening en Minske bin ien.

(_Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn_).

FJIRDE UTKOMSTE.

Klinte fen in slachteman yn it wâld, net fier fen it Kristlik Godshûs. Groun fen liem, mûrren fen hout. In griene seadde-bank tsjin de eftermûrre, sljuchte houten banken by de rjuchter kant lâns, tsjin de lofter in pear skragen mei planken for tafel. Dêrop in walmjend ljocht, weevjend mei de wynpûsten. Joun, needwaer.

1. _Slachteman, Wiif._

SLACHTEMAN. Hei, hwet de stoarm de beammen kreakjen docht! Hy ploft deryn, hy boldret, raemt en geit, En ’t beamte kroanet fen syn woede en grym, En wringt yn eangst for d’ ûre fen syn fal. De Dizen jachtsje it wâljend loftrom troch; Niis do’t ik ’t fé foerre en de baergen joech En effen bûten by de rûchskern stie, Seach ik in great swart hynsder stiigrjend gean Troch ’t strûzend swirk, en wyld dêrop in wiif Mei hier dat sling’re oer hiel de stoarmge loft, Wylst út hjar eagen fjûr fen wjerljocht skeat!

WIIF. Sa hoedzje ús Thor! Neat as syn hammer kin De stoarm bitwinge en ’t ûnksbrod flechtsjen dwaen! Hastû de jountiidsjefte al off’re en wijd?

SLACHTEMAN. Ik haw in hin slachte en it bloed him bean En oer de drompel fen de féstâl struid. Mear kin ’t net lije en ’t hoecht ek net. Thor wit It leeg’re folk giet for syn wil troch ’t fjûr, Hy rekk’net mear mei ’t herte as pronkrich gûd. Gol soarget er for ús, mei krêft’ge earms, En hâldt de stoarm tsjin yn syn grous’me feart, Det oer ús dak syn grym gjin beamte keilt!

WIIF. Hwet bin de goaden sterk! Ik fetsje it net. Hja ride op fjûr’ge weinen troch de loft, En brekke d’ iken eft it reiden wiern, En swypkje sims de sé oer greide en gea, Det sels de terpen ûnderdûke yn ’t wiet, En ’t séwiif baeit dêr’t oars it koubist roun. Ja, hwa’t hjir tsjin hat—Hwent de minske is túch, Sels bear en ûroks binne ús krêft to sterk, En fijnen ha wy ’t meast fen alle djier.

SLACHTEMAN. Ja selsum is ’t. Mar oars, wol noedzje hja Hwa’t wach en trou him oan hjar tsjinst forbynt. Grif wennet yn hjar boarst mear ljeafde as haet. Witst noch fen do’t ik, feint yet, om dy roun? Ast den my bidest yn jim iensme went, En neat wier nêst ús as de sil’vren nacht, Den fielde ik klear, al seach it each ’t ek net, Frou Frigga sloep de klinte teansjend troch En stoarte glâns yn ’t each en krêft yn ’t hert, En letter ast yn ’t glânzgjen fen de dei It lynwaed wevest op ús drompelstien, Den seach ik sims dy triedden mymrjend gean, En ’k wist, soks koe net ien mei minsk’ne hân, As Frigga sels net kind’gens joech en krêft.

WIIF. Dat hie ús mem ús leard. Mar grif is ’t wier, De goaden moatte seine en woltier jaen. Ho skoert it, hark! Hja bin wol swier yn grym, Mar ek, ho húnt men net hjar heech biwâld! Men seit, de kening niigt him faek for ’t krús, Ien dead stik hout, wylst Thor wol beam nei beam Yn byljend woedzjen tsjin de wrâldgroun stjit! ’t Is ’t hill’ge in hún. En den dat ûngodshûs Hjir yn it wâld, dêr’t joun dy tsjoendersman Wer oangean scil tsjin goad’ne wâld en trêft! Men moast it drinzgje yn bloed, dat skamtleas folk, Dat oer ús dak de goad’ne flokwird bringt!

SLACHTEMAN. Mar ’t hâldt gjin stân! Us kening seit it goed, Mar Radbod sjucht skerp ta. By Thor, in helt! Al ienris keilde er ’t fjûr yn ’t ûngodshûs, En ’t krús hat hún en dead fen him yn ’t foar. Dat is de hoop fen ’t folk. Is ’t hof ek siik Hy scil it bûgen dwaen yn hill’ge tsjinst For ’t heech biwâld fen ’t machtich goadendom. Bid Frey for him, as’t skielk de jounsbea dochst!

(_klopjen oan de doar_).

WIIF Hwet, is der folk? Yn sok in deadlik waer?

2. _Slachteman, Wiif, Radbod, Holder_ (beide formomme).

RADBOD. Slachte, bist Odin trou?

SLACHTEMAN. Mei hiel myn hert.

RADBOD. Ik moat dy fergje op tsjinst. De goad’ne striid Ropt ta de die. Siz goed, dat ik dyn went Diz nacht as mines brûk. Jow dy nou daelk Mei ’t wiif hjirwei, en siikje yn ’t doarp biskûl Oant moarn it ljocht wer riist. Haw goed bitrou.

SLACHTEMAN. Hwa is ’t dy soks yn d’ egen went my seit?

RADBOD. Sjuch hjir dizz’ ring. Dy runen kenstû wol.

SLACHTEMAN. (forheard) By Odin! dat...

RADBOD. Gjin nammen hjir. Unthjit My by dyn siel detst swije scilst hjiroer.

SLACHTEMAN. Skoer my de tonge út as ik dêrfen praet. Wiif mei my mei. Flok hwa’t it krús oanbidt.

(_Slachteman en wiif ôf_).

RADBOD. (ûntmommet him) Seachstû dy glâns opljochtsjen yn syn each? Ik siz dy, ’t folk is soun. Syn hert slacht sterk, ’t Bloed jaget fûl syn bounzjende ieren troch. Fen sok skaei dije helten. ’t Heger folk Forweaklike yn syn neatdwaen en gedream Is krêftleas by sa’n iizren libbensmoed. Hy fette it wol, der drige in ûnk for ’t krús; Hja haetsje d’ ûngod en syn siik gedweep, Hjar libben ropt om rouwe krêft en rom Lyk ús tsjinst inkeld hjar forkind’gje kin. Al scil it hof spjalte yn in grousme eangst, Al sjongt gjin skalt de die dy’t stiest to dwaen, ’t Folk júb’let yn syn doarpen, as it heart, Det d’ ûngodspreester for syn goaden foel.

(_Holder swijt_).

By Widar, Holder, siz hwet! ’t Wearzget my Dat skriklik deadlik swijen! Kinst den neat, Neat litte fen myn moeisum woune rêst? Moat ik wer húvrje as in eang lyts bern For hwet ik doch, wylst ik dochs wit, it moat? Dû witst det nou de stiltme as stjurre bloed My hearzget yn myn kiel, dat minsklik lûd My wytgje moat, det ik by libb’nen bin? Bist for dyn died den bang? Dû dy’t men nea Yn jacht noch bloedd’ger striid net riljen seach? Wylst ik dy sein haw, sward haw by myn siel, Det astû diest hwet ik gjin oar bitrou, Gjin oar for my mear wearde woun as frjeon?

HOLDER. Ik bid dy, neam dat net. Dat mei net mear.

RADBOD. Dû seist, it wier it hillichst datstû hiest!

HOLDER. Ik haw myn siel stjûrd út myn weardleas liif, Ik bin bleat wirktúch mear. Ik kin net oars. Scoe ’k sjen nei hwet ik dwaen moat, mei forstân My jaen yn hwetstû wolst, ik doarst it net, Ik wist myn siel forflokt by minske en God— En delstaet yn de hel. Ik wol net sjen Net fiele en tinke mear. Ik wol bleat dwaen Hwetstû my hjitst, gjin egen wil mear ha. Gjin praet fen frjeonskip mear ef oar bliid ljocht— It wier de bloei fen myn forstoarne siel, En ’k wol net det hja ea wer libjend riist. Frjemd dat ik joun ien byld net weidwaen kin...

RADBOD. Siz my alteast den dat.

HOLDER. Ik tink om Mem. Hja glimke troch hjar triennen do’t ik gyng En oant de stins-greft bleau hja nêst myn hoars, En sei: „Al is ’t my leed, dyn gean is goed. Dû scilst dyn tsjinst dwaen oan in trêftich hôf Dêr’t wierheit dijt en trou en súv’re rom, En oan dyn siel scilstû gjin skea der ha...” Joun sit hja yn de halseal, foar de heard, En sjucht ho’t stoarm de fûnken stouwen docht, Ef stiet foar ’t rút en sjucht de jountiid yn, En mymret oer lang lyn, do’t hja for my Yn winterjoun hjar moaiste sankjes song. Frjemd det ik joun dat byld net weidwaen kin, Wylst dochs myn siel net sels mear libje mei...

RADBOD. Jow my dyn bôge en gean. Den scil ik sels...

HOLDER. Gean dû hjirwei. Dyn selskip martlet my, Ik wol net detstû ’t dochst. Do’t ik for ’t earst Dyn antlit seach en knibble for dyn troan, Dreamde ik dyn holle omgoude fen klear ljocht, En yn dyn eagen mymring fen it heil Dat dy oan al it hege en hill’ge boun. Do tocht ik: „Spitich det de striid him ropt, Det skielk dy blankens readzje scil fen bloed, En d’ eagen sjugge yn ’t woedzjen fen ’e hel— Hy wier for neat as ljeafde berne en liet”. En dû scoest falle? Dû in moart bigean? Ik swar dy, gean werom. Forjit hwet wier. Moarn scil men dy wytgje Wilfrid’s dea En my sjuchst nea werom. Ja dochs, _ik_ scil De skild nimme op myn siel, de goad’ne grym Scil gean oer my, ik wol ’t ... myn egen wil. Gean dû nou foart. Dû kearst my dochs net mear. ’k Bisleat it yn myn hert mei klear forstân En egen doel. Gean nei de stins werom. Dû witst fen neat. Dû hast gjin skild oan dit. Bistribje fierder sels de goad’ne heil Lyk ’t foech jowt for dyn súvre foarstlikheit En flok den my, det ik dy súvrens briek. Ik swar dy, gean. Dû hjir! It is in dream.

RADBOD. Den kenst my net. Ik wol myn diel hjiroan. Ik wol togearre diele yn died en flok. Wy hawwe ús Odin wijd. De goaden sels Stean for de skild, as ’t skild is en gjin trêft Hjar ryk to warjen mei dizze iene died. By Odin, stil! Ik hear hwa... Hwet is dat?

3. _Radbod, Holder, Thied._

THIED. Radbod, bistû dêr ... siz by Thor, bistû ’t?

RADBOD. Ik bin ’t.

THIED. Forjow my bern... ’t Wier my sa near, Ik miste dy. Dû wierst net yn de stins. ’t Hert bounze my en sloech ... ik wist gjin ried, Ik fielde dy yn need, de dea ticht by. Oan’t Bernlef sei, dû wierst it wâld yngien Mei Holder, hy hie ’t sjoen. Dû tocht ik daelk Det joun dy tsjoender-preester tsjûgnis joech Hjir yn dit ûngodshûs. Ik socht dy hjir. Hwet wolstû, hwet oertinkst? O, Radbod siz ’t! Hwerom forswijst it my? Ik hie dochs rjucht...

RADBOD. Foarstinne, is dit jins wei? In joun fen stoarm, Det yn it wâld it beamte spjalt en knikt, Gean yet jins fiet, fen leed en jeld sa wirch, In paed dêr’t gjin jongfeint syn liif bitrout? Is soks jo weardich en de goaden nolk? En wytget dit bitrou? Myn stridend hert Is jo yn leauwe en heechste langst dochs hiem? Bin ik ien dy’t forhoalen paedtsjes giet, Ef mei leech folk forkeart, det eltse stoun Der tasjuch gean moat oer syn doel en dwaen?

THIED. Mar ast yn need wierst! Ast dysels forgeatst En yngyngst tsjin dyn heite strang bifel En dochs de frede mei dat túch tobriekst, Hjar tsjerke plonderst ef de preester faeks...

RADBOD. Moat den yens wird my eangst leare en gekrûp? As ’t hert my seit det men ús folk forstaet Yn earleaze ûndergong, en d’ ears’me foarst My ûnderwiist yn ’t boadskip fen it krús, En alles sinkt yn ûnmacht, skande, fal, Wylst men de goaden húnt as ûnwier spoek, En janket oer de minsk’ne sûndich hert Dat—Odin tank!—ek hate’s krêft forstiet, En walch hat yn dy goare gûchlerij, Moat ik den sjen en biidzje en dildzje út eangst, Omt oars de kening mei syn wiis bistel My mindrje kin yn macht ef boetsjen dwaen? Né, né, jim goaden! Lit syn flok my slaen! Al scoe ik finz’ne wêze yn ivichheit, Al waerd de skande-dea myn einichst lean, ’k Scil ienris dwaen nei ’t biedwird fen myn hert, ’k Scil ienris laitsje as oan it krêftleas krús De bleke God wer trien forjit nei trien, En ’t liif him yetris bliedt fendet myn hân De spear yet ienris delstaet yn syn fleis! Lit den Aldgillis my yn boalshân jaen, Ik laitsje om him en syn dwylsinnich rjucht Dat ljeafst syn egen bern út ’t libben staet! Bliid, bliid scil ’k falle, as ’t krús mar foar my foel!

(_Holder giet, ûnmirken_).

THIED. It krús komt wer! Mei ien slach falt it net! Hja scille in oar stjûre yn dit twiivlich lân Mei kinst’ger wird en kriichsfolk mei him jaen, Det nimmen mear syn wirk bihindrje kin! Dyn striid scil lang wêze en as lead sa swier En astû nou foelst, ear’t de stoarm’ge slacht Bigjint to woedzjen yn syn wyldste krêft, Bliuwt neat ús oer as wanhope en it ein! Ik bid dy, hjit in oar dat wirk to dwaen! Forlit dit plak fen ûnk! Gean nei de stins; Dû stelst dysels oan skande en delfal bleat, En slachst ús keinste hope yn dwylsin del!

RADBOD. En den? dêr biidzje op better kâns en tiid Om greater slach to slaen? En siikje yn ’t brein Ho’t ik, yn ’t from en froed each in freedsme glâns, ’t Best gûchlje kin det, wylst gjin ien it tinkt, Myn earms yn ien slach tommljen dogge it folk, Det sûnder erch yet knibb’let for it krús? En wylst hwet spinne oan ’t webbe fen forried, En frjeonen stjûre yn earleaze ûndergong, Det hja hjar siel en sill’gens jaen for my, Sa’t ik hjar hiet to dwaen, wylst ik fierwei En feilich, glimkjend tsjin ûnnoaz’len siz: „Ho dom fen hjar! Hja witte ik ha ’t forbean Ik ken hjar doel net en hjar wyld gedoch?” Moat ik in gûchler wirde, in falske smjeont? Is dat de goad’ne rom? By Walhal né! My offrje scil ’k. En jowt sels dat to min, Lit Thor den sels hjir stjûre in trêft’ger helt, Dy’t striidt en wint, hwer’t ik to slomjen liz. Lit den myn libben koart wêze as in dream Mar suver, sterk en ljocht. Thor, Thor, hwet woe ’k! In frjeon scoe ’k hjitte in moart to dwaen, wylst myn, Myn herte siedt fen grym en hjitte smert! Mysels scoe ’k sparje út leffe ûnweard’ge soarch? Wylst my de goaden stjûre! wylst hjar wil Net ien as my oanfytret ta sa’n die! Mei my in god slaen for sa’n skrikb’re fal, En martlje det ik sà mysels forgeat! Foarstinne, ik stjûr jo nei de stins werom, Holder giet mei. Iksels bliuw inkeld hjir. Nou gean, gjin tsjinpraet mear... By Thor, forflokt! Hwer is er bleaun? Jim goaden, is er gien, Is ’t al to let? En wylst myn hert krekt nou De folle ûnweard’gens fen myn misdie sjucht? O Walhal, wolst myn fal en skande den?

THIED. De himel sprekt. De goaden dildzje it net. Gean mei my nei de stins. Hwet moat bart dochs. De goaden ha dyn tsjinst en foarstriid brek. Hjirwei, hjirwei! Tink om dyn keningswirk!

RADBOD. Ik siz jo: swij. Ik wyk hjir net mear wei. Hy komt hjir wer. Ik haw in plicht tsjin him. Ik scil him súv’rje fen syn bloed’ge died, Det hy syn mem syn siele suver bringt En for de moart scil nimmen stean as ik.

THIED. (smeekjend) Myn soan...

RADBOD. Foarstinne, ik swar jo, swij! Al scoe Thor’s fûst al ’t beamte tomml’jen dwaen Oer ’t dak fen dy brekfall’ge klint, ik bliuw; Hels egen doem driuwt my net mear hjirwei!

THIED. ’t Is goed. Den sjucht de stins ek my net mear.

RADBOD. Gean, gean!

THIED. Ik wit myn plak. ’t Is njunken dy. De goaden hawwe ús yn hjar tsjinst forboun. Astû falst, fal ik mei. Myn tiid is komd. Myn each hat greatens sjoen en krêft en striid, En by it gûlen fen de stoarm is ’t goed Yen los to skoerren fen de gammle wrâld. De goaden tank det ik yn greatste need Nêst dy yet biidzje mei. Hja bin my myld.

(_It byljen fen de stoarm forstjert. In sêfte wyn giet oer it leaf. Oer de drompel fen de klinte siicht in silvrige gloede_).

RADBOD. Forflokt! de stoarm bynt yn. De rop fen krêft Sinkt yn in sêfter lústring stadich wei. Hwet bounzet nou it bloed... O det de stoarm Der dochs oerhinne gûlde yn striidgedroan! De jounwyn rint al húvrjende oer it beamt, En silvren drippen stouwe oer ’t slykrich paed. It swirk skoert iepen. ’t Grille moanljocht falt Oer bleke rânnen weevjend oer it wâld. Dwylljochten gean mei lytse lampkes roun. Dêr fier troch ’t hout it glânzgjen fen klear ljocht Dat streamt troch finsters fen dy ûngodswent! Ilindich hûs! Mei dy Thor’s wjerljocht slaen! Heal wirk Thor, docht dyn fûst, salang ’t er net De hammer nei dat earmt’lik bousel keilt! Hwet nou... Kin dat... Giet den dat lûd sa fier...

KOAR FEN NONNEN. (fierôf) _Hear dy’t ta it hill’ge wije Dy’t fen sûnde it hert bifrije, Lit ús dwaen ta goedens dije.

Lear ús libjen yn dyn minne Dy’t ek sûnd’gers, moard’ners, winne, Mear as minsken fetsje kinne_.

(_It lûd wirdt wei yn de stoarm dy’t wer riist_).

RADBOD. Fiks! war dy Thor! oertongrje mei dyn lûd Dat ropt ta dûnkre striid fen loft tsjin loft, De weake sankjes fen dat skynfrom skaei! Forskyn hjar yn de skrikb’rens fen dyn krêft, Boldrje hjar eangst yn ’t hert! Slaen fen hjar went It earmtlik dak en blies it boartsjend wei, Det hja yn ’t groljen fen d’ ûnlij’ge loft Dyn laitsjende eagen fûnkljen sjen fen fjûr! Ho nou? bist wirch dû Thor? swijst nou al wer? ’t Is eft dyn hammer delslacht oer myn hert...

IT KOAR. (fen nijs) _Hear dy’t nei dyn hill’ge troane Ropt de fall’nen en fordoarnen, Langje ek my dyn lijens-kroane!

Lied ús oer de goede wegen Nei dyn libb’ne glâns omhegen, Ljochtsje oer hwa’t dyn ljeafde fregen._

(_de stoarm riist fen nijs_).

THIED. Hja sjonge it liet fen d’ egen ûndergong. Hy boartet mei hjar as hwet túfkes plús, Syn boarst swolt op fen ’t amjen dat er docht, En hjar lûd is in wyl’ge krâns dy’t yn De macht’ge streamen fen syn floed fordrinkt. Meast wûndre wizens fen ús goadendom! Warskôgjend giet hjar lûd it loftrom troch, Dat yet it wantrou hert syn sûnd’gens sjucht En bett’rje kin, ear’t yn it ein hjar grym De domme dwylders yn hel’s djipten stjit. Ljocht fregen hja? Stoarm, heilslach scil hja ha! Hja nôt scil rotsje op ’t fjild, hjar fé scil Ran Drinzgje yn de stream fen hjar útlitt’ne noft, It tek stoart oer hjar holle kreakjend yn!

(_Stoarm bilunet, it koar wirdt hearber_).

RADBOD. Hark! hark! hwet is it klear! As wier ’t deun by

IT KOAR. (yn jubel) _Kening God, hwaens strieljende eagen Klinte en hoal mei ljocht oerteagen, Sûnde en bloed en ljeagen seagen,

Skriklik riist dyn grym en woede Tsjin hwa’t sûnd’get oan d’ algoede, Húnders fen dyn hill’ge gloede!

Mar de dea scil machtleas sinke, Sûnde it heil fen lottring drinke, Dêr’t Genede en Ljeafde blinke._

THIED. Noch bliuwt it stil. Nou rist de God him ré. In rjuchter lyk sa riist er yn syn wein En skôget siikjend oer it wâld-beamt del. Syn grym riist yn him as in hjerst’ge sé, Dy’t stiif stiet yn it biidzjen fen ’e stoarm! Sjuchst oan ’e loft ek fjûr? Is ’t swirk yet gear? To skrikliker scil skielk de wjerljocht slaen!

RADBOD. (yn forheftige kjeltme efterút-skriljend) By Odin, dêr, de loft! Hwet wol... O Thor...

THIED. Hwet is ’t? Hwet seachst?

RADBOD. De stoarm, de wyn is keard! Thor sels droech niis dat krúsliet nei ús oer!

THIED. Hwet! dwylstû, bern!

RADBOD. As ’t mûglik wier! as ’t koe! As twisken hjar en him de twastriid sonk! As hja by ’t neijrjen fen syn nije trêd, Him noegen as in frjeon yn Asgard’s stins, As Odin riisde en him it wolkom sei, En hy tonei nêst hjar de leegre wrâld Bistjûrde en dielde yn hjar geneed’ge glâns! Ek Niörd kaem sa ta hjar! Koe ’t wêze! O koe ’t! Syn antlit is sa stil, sa bleek fen leed As hie er sjoen yn Hel’s great ryk fen smert; As út de grizens fen de djipste wrâld _Hy_ werkomd wier yn ús wrâld... Baldur sels...

THIED. Warje Odin dy for twivel! Bist bitsjoend? Dû húnst ús goaden bern! In krús’ge slaef?

RADBOD. Forjow! ik fiel my swak. Dy frjemde sang... Né, né, ’t is gien. Ik slút myn hert wer ta. Gjin soen, gjin frede, striid en dea for ’t krús. ’t Untstelt ús... Goaden hwet... it stelt ús krêft, Us rom, ús heltesteat, ús skoander sels. It krús moat del. Dea hwa’t syn God oanbidt!

THIED. By Thor! der bin gûnt! op de bocht fen ’t paed! Dwêst út dat skynfet! triuw de doar tel ta! Faeks gean hja sa foarby... De herne yn, hjir!

(_bounzjen op de doar_).

4. _Radbod, Thied, Bernlef, Feinten fen de Keningswacht._

BERNLEF. Folk hjir? Gjin lûd. My tocht, ik hie hwet heard. Fier iepen den dy doar. Lit twa fen jim For wacht by d’ iep’ning stean. Kear tsjin as ’t wier Det immen flecht oertocht. Draech jim it lyk De klinte yn. Hwet is ’t? gjin ljocht? Hjir, tsjin De sydkant moat in bank fen seadden stean, By ’t moanljocht kinst it sjen. Liz dêr him del.

(_fjouwer feinten lizze mijen de prins for dea op ’e seaddebank del_).

Twa fen jim gean werom, en wytgje ’t ûnk De kening sels. Lit hiel de wacht it wâld Ofsiikje for de moardner. Dû slaen fjûr!

(_Wachtfeint slacht fjûr, sjucht by de fûnk in tel Radbod en Thied hjar foarms, lit de fjûrstiennen falle_).

FEINT. By ’t wird fen Tyr! Dat wier...

BERNLEF. Hwet is ’t?

FEINT. Ik miende ... ik seach...

BERNLEF. Dû sûle! Spoeken? Bang? Jow my de stien.

RADBOD. (him twingend) Dû Bernlef? doch gjin war. Ik sels scil wol.

BERNLEF. By Walhal, Radbod dû?

FEINTEN. Prins Radbod is ’t!

RADBOD. Foarstinne Thied en ik, ja. Wirdstû kjel? Wy woene joun de tsjinst fen ’t krús ris sjen Fen tichteby. Mar ’t waer hat ús hjir keard. Hjir is de stien. My tocht, ik seach hjir niis In skynfet stean. Bliuw stean hwerst bist. Mar ho Falstû hjiryn? Hast faeks oan ’t fjuchtsjen west?

BERNLEF. Ik hie de kenings-wacht. In slachteman Roun hymjend by ús yn en rôp ús wach; Hy hie in gjalp heard op ’e wei nei ’t krús. Ik fjouw’re mei de feinten ’t wâldpaed yn En foun him tsjin in beam. Rampsill’ge joun! Hwet hat syn wird ús koart ta seine west, Ho ring is ’t ljocht yn dy mylde eagen dwêst!

RADBOD. (slacht nou earst fen nijs fjûr; it skynfet ljochtet op. Den) Hwêr is de griisbird rekke? Is er dea?

BERNLEF. Hwet mienst ... dû tinkst ... hast den net sjoen hwa ’t is... Sjuch Radbod ... stil en glimkjend leit er dêr, As hie men yn in dream fen lok him daet...

RADBOD. De prins fen Inglân! Goaden, dat! is dat...

THIED. (kâld) Sa slacht de flok fen Thor de frjemden del, Dy’t hjir ús folk forliede en knibbljen dwaen For ’t skriemend wanbyld oan it skandlik krús.