Chapter 9 of 13 · 3994 words · ~20 min read

Part 9

BERNLEF. Thor’s flok... Né, né, sa bin de goaden net, Gjin iens’me moardzje hja yn ’t ljochtleas wâld, Dy’t wirge doarmers bringe op ’t goede paed En reiz’gers hoedzje tsjin it longrjend wyld! Neat as in minske is ta sa’n died by steat, Hwaens herte siedt fen ’t wyld fenyn fen haet!

RADBOD. Ydwine wirdt syn breid dos wis net mear.

BERNLEF. Goaden! Ydwine! As hja dit skrikliks heart! As hja de boaden moete foar de stins! Hja wachte joun op him! Forflokt det ik Oan hjar great leed net tocht! Jim, feinten, gean, Fjouwrje yet d’ oaren nei en wytgje hjar Prinsesse Ydwine heart gjin wird hjiroer, Ear’t net hjar heit it gint. O goaden, koe ’k...

RADBOD. Lit my gean. Better det iksels soks bring. It jowt gjin foech, det hja ’t fen frjemden heart Wylst hjir hjar egen broer it wachtsjen docht.

BERNLEF. By Walhal né, net dû! Better in slaef Dy’t for hjar grousum leed earbied’nis hat As dû, hwaens wird fen jubel trilje scil, Hwaens eagen flûnkerje fen hún en nocht! ’t Is for dyn hate in reade kroan fen Hel Eft dy it bloed oer hier en antlit dript!

THIED. Unsill’ge, húnst dyn master? Lit him gean!

BERNLEF. Hy bliuwt. Hy sieddet ûnk hwerdet er komt. Arthur is dea. Hy hat myn noed net brek. Mar hwa’t Ydwine wounje scil yn ’t hert, Moat myn hert earst trochdolgje mei syn swird. Wachtfeinten, yn de doar. By ’t Keningswird Liz ik jim op to soargjen det er bliuwt. Hwa’t lef is, boetet moarn de skande-dea.

RADBOD. Forwoed’ne! is dat dyn frjeonskip? dat dyn trou? Dochst my hjir hún oan mei myn egen folk, My, Fryslân’s prins en nei myn heit it heechst? Hwet sleepst my troch it slyk? Hwêr is dyn rjucht Mei mei dyn wacht dit sot gewelt to dwaen? Jim feinten, jow my romte, ef oars, by Thor...!

BERNLEF. Prins Radbod scil net gean. Jim stean for him. Hy is myn finzne oantdet de kening komt. Hy briek de kenings-frede en die in moart.

5. _Radbod, Thied, Bernlef, Holder, Wachtfeinten._

HOLDER. Bernlef dû lasterst. Nim ’t werom, dat wird. Hy wit fen neat. De dieder stiet foar dy. Hjir is it reau dat dea brocht oer syn wei.

(_smyt syn bôge Bernlef foar_).

BERNLEF. Holder, ûnsill’ge dû? Dû raest! ho koest?

HOLDER. Ik ha ’t út frjeonskip dien. Myn hert hat skriemd To sjen ho’t Radbod lijde en eltse dei Wer nije delslach dildzje moast fen ’t krús. Hiel ’t herte dreau him oan ta striid for ’t heil Dat Thor bitroud hie oan syn kenings-krêft, Neat bide er as de dei det iens syn hân Syn goaden warje koe tsjin ûnk en fal, En pynge hat men him mei twongen rêst, En as in finz’ne foltre en longrjen dien Nei frijdom, wylst syn jonge hill’ge krêft Forneat’ge waerd en yn it skaed fortreaun. Syn hân wier boun. Mar ’k ha syn hert forstien. Ik wist, al bleau syn mûle stom, syn boarst Scoe slaen fen nocht, as men him wytge en sei, De greate preester wier for ivich stom. Syn slimste fijan wier ’t. Do haw iksels De die bitocht en dien. Dû, lit him gean.

BERNLEF. Dyn wirdt sels kleit him oan. Tinkst Wilfrid dea? Ilind’ge, sjuch hwa’t hjir de dea-sliep sliept!

HOLDER. By Thor, ’t is him! De greate prins fen ’t krús! Brek, moardners-hert! Jim goaden, slaen my del, Forstjit my yn de iivgens fen jim grym, My flokbre, dy’t de Divel tsjinje doarst!

(_falt del foar Arthur_).

THIED. Oerhears’me skalt! Wiist dit net groulik út, Hwa’t hjir de moardner wier? Hwet, twiivlest yet? Biswar him by de hill’gens fen dyn siel Det Radbod dy dyn flokbre hún forjowt En net dyn libben brekt as earmtlik reid!

RADBOD. Foarstinne, swij! Ljeagen en bloed genôch! Hy die, hwet ik him hiet, hwerta myn hert Him brocht hat mei it lokjen fen myn ginst! ’t Ark is fen him, mar mines is de tins! Mines de wil en ’t hiele flokbre doel! Syn hert hat wraksle tsjin myn wylde driuw, Mar ik haw longre en stookle en jage en dreaun As Loki, do’t er Baldur deadlik sloech Troch ’t glûpske stjûren fen god Hodur’s hân!

BERNLEF. Radbod, ho koest! Is dit de wei nei rom? Hwer fjuchtest for? Hwet wennet yn dyn hert? Hat men ús soks leard oer ús goad’ne krêft? Springt Thor’s sterk hert by ’t skôgjen fen in moard? Sûnt holang drinkt forrie de romer út Dy’t de Walkire yn ’t blinkend Walhal biedt? Hwa hat sa djip dy staet? Hat den dyn each Nea Asgard’s greate wûnders libjen sjoen, Det it yn hel de kroane sjucht fen ’t ljocht?

RADBOD. Ik siz dy, nea! Nea hat myn each soks sjoen! Dyn goaden bin my frjemd. Ik ken se net! Jim sjonge nommle sankjes yn de hal Fen ljeafde en hillich ljocht, en goad’ne lean. Mar sankjes bin ’t, hwet sêgen, âld en strûst! Mar sankjes bin ’t, hwet sêgen, âld en deadsk Nea joech in god my ljocht yn ’t twiivlich hert, Nea sei my Frey in frjeonlik, lústrjend wird, Nea is for my de libb’ne Baldur riisd— Dea, dea haw ik him sjoen as stien sa dea!

BERNLEF. Mar den, ik bid dy, hwet driuwt den dyn hert...

RADBOD. Wist ik it sels! Ik tink, in wyld njoer lot, Dat as in spoekbyld wacht hâldt oer myn gean! Myn egen wrok, myn wrange haet, it tsjoed Dat skandlik troanet yn myn sûndich hert! De goaden ha my flokt! Jim feinten, sjuch! Hjir stiet de prins fen Fryslân! Hjir de helt Dy’t yn de slacht jim haed en foarbyld wier! Mar sjuch syn klaed net, noch syn flûnkrjend each, De skyn dy’t dea bislút! Mar sjuch syn hert! En wit, de leechste út jim hat nomm’ler siel As dit flokt kenings-bern, hwaens hân nei bloed, Hwaens hier nei ’t walmjen fen de swevel stonkt!

FEINTEN. Hy ropt de hel oer ús! De ûngod riist!

THIED. Hear net nei him! Hy wit net hwet er seit! It leed stjûrt dwylsin oer him! ’t Wird raest út, Mar ’t hert is soun! It driuwt wol oer! By Thor, Haw earbied for syn liif, al is er gek!

RADBOD. Né, wrychtich net. Ik bin net gek. Ik sjuch, Ik bin mysels. Ik flok myn tsjuster hert Det faeks myn siel hjar súvrje kin, det dochs Myn sonken hert syn sûnd’ge driuw oerwint. Holder, oerein. Dû hast myn flok my wiisd; Myn libben súvre yn ’t ljochtsjen fen dyn trou. Dû hast my dead ûntskoerd. Troch dy ha ’k bleek Myn grous’me skande yn ’t bliedend antlit sjoen; Ik wol wer wirde as dost it earst my seachst. Ik fergje dy op tsjinst. Gean nei de stins, En siz myn heit it hiele flokbre doel, Ik skild’ge, dû de feint. Siz him, syn doem Mei droanje oer myn holle as mokerslach. Ik bid om boete en oardiel. Frjeon, gean gau. Bernlef, ik bin dyn finz’ne. Byn my mar.

HOLDER. Tink om dyn wird. Dû scilst wer wirde as do. Bliid, det ik dêr myn heil for offrje mocht, Dû sjuchst my hjir net wer. Radbod, farwol.

6. _Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Wachtfeinten._

YDWINE. (bûten de doar tsjin de feinten) Gean, twa fen jim, ’t paed nei de hofstins del, Myn hynsder stroffle yn ’t fjouwrjen oer in beam, Dêr delkeild fen de stoarm. It earme bist Leit wrinzgjend yn syn need. Gean, help it gau.

BERNLEF. Odin, stean by! As net Dyn noed hjar laet...

(_yn de doar_)

Ydwine, dû! Hwet driuwt dy hjir? Hwet woest...

YDWINE. Ik bin sa bang. Ik tink noch fiel net mear. Ik wachte omdôch op Arthur. ’t Wier syn tiid, Mar iensum bleau ik yn de diizge hal. De stoarm skoerde as in dier de loften troch, ’k Roun nei de greft. Twa feinten fjouwren oan, Twa oaren hellen s’ yn, krekt foar de stins. Ik hearde in rop: „Siz de prinsesse neat Fen hwet der bard is ear’t hjar heit it gint!” Ik frege en bea... De mûle bleau hjar stom. ’t Hert bounze my. Ik naem myn goed trou hoars En stoarme it wâld yn. Amper wier iksels Yn ’t ûnlok bleaun. De Hear hie noed for my.

BERNLEF. Is ’t wier goed gien? Is neat dy pyngjen bleaun?

YDWINE. Né, né, mar ’k bin sa wirch. Mei ’k efkes yn? In skoftke lins. Hastu dyn tsjinders hjir? Den siikje wy it wâld om Arthur ôf. ’t Is lyts en lef, mar ’t herte slacht my sa...

BERNLEF. Ydwine, ’t siikjen hoecht net mear...

YDWINE. Godtank! Hwet? skriemst? hwet bistû bleek! God, Bernlef siz... Hwet is der bard? hwet kearst my hjir? O Hear!

BERNLEF. Hy dystû ljeafhast wennet fier hjirwei, Moanje dyn hert ta krêft. Syn hill’ge’ Hear Hie mear rjucht op him as in stjerlik minsk’.

(_lit hjar yn_).

YDWINE. (komt yn) Hwet, Beppe en Radbod hjir? Nou sjuch ik ûnk En hate en bloed... Hwet moat... God, Arthur!... dea?

(_falt by it lyk. Holder ôf)_.

BERNLEF. (tsjin de feinten) Gean jim hjirwei. Stil, praet noch lústrje net, Dit is to hillich leed for minsk’ne lûd. En jim dy’t dit great ûnk mei eagen sjen, Dy’t jubel strielje yn skynglâns fen fortriet, My tocht, elts oar honk wier jim weard’ger skûl, As dêr’t de rou hjar sloech. Myn wacht bliuwt hjir.

RADBOD. Myn heit komt hjir. Ik biidzje hjir myn doem. Gjin plak scil hy my mear sjen sa’t ik bin, As by hwet dijde út myn ûnsillich dwaen. Hjir bliuw ik oant er komt. Hjar rou en leed Scil útdrippe op myn siel as wyld fenyn Dat súvring jowt ef dea. Myn plak is hjir.

THIED. Mar ien winsk bleau my mear, en dy forstjert. Lit komme nou hwet wol. Ik bliuw by him, De lêste ljeafde út myn to lang bistean.

YDWINE. (by it lyk knibbeljend) Hwet leist dêr bleek en stil! dû gien, dû dea? En d’ earste gloede út dyn forklearjend each Dat my it libben learde yn ljeafde en ljocht Hie amper ’t langjen fen myn eagen met! Dû gean? myn hear, myn hill’ge? Bliuwstû stom? En amper song dyn wird myn earen yn, En wekke it wûnders yn myn siikjend hert, Dat jierren tide op ’t rizen fen syn dei? Né, wier, ik dream. In grousme god dy’t nocht Yn tsjoeddwaen hat, stiel út myn each it ljocht En tsjoent my yn it ûnkshoal fen syn nacht En stjûrt my djip de Dea syn gongen troch... Mar as it, às ’t ris wier wier...! Myn each hat Dei ’s libjend ljocht yet yn, dyn wang is kâld, En út dyn hier dript bleek de hjerst’ge rein, En oer dyn mantel leit yet deadlik leaf... Hear, Hear, hast my forlitten? is myn siel, De lytse, ûnweard’ge, wer binomd fen ’t ljocht, Moat ik wer gean yn skaed en twivel-tins, As ear’t Dyn tsjinder my Dyn wytging brocht? Hast him nou wernomd yn Dyn heech biwâld? Oerginst’ge, ik, ik hie syn ljocht meast brek! Forstjitst my út Dyn hûs, noudetst myn heil Myn libbensljocht wer oan myn langst ûntseist? Hwa bistû den, sels-suchtge? Is dit Dyn rjucht? Slachst elts den fêst oan ’t foltrjen fen it krús, Hast nocht as ’t bloed Dyn bern hjar hert ûntstreamt? Sa hate yn Walral nimmen, astû slachst Yn ’t gysljen fen dyn ljeafde. Is dit dyn rjucht? My hearde er ta, my wier syn hillichst wijd, Yn my oanskôge er Dy, en Dû bist grym En deist Dyn frjeon en brekst it byld midstwa? O hert, lyts hert, hwet slachst! Hwet is ’t dy bang! Wêz great, hâld út! bliuw yn dyn ûnksdei sterk! Myn frjeon, ik hie dy ljeaf ... ik kin net mear... Ik fiel dy nou sa fier... Mids rein en stoarm En ’t kâlde laitsjen fen ’t wyt moanne-spoek, Bliuwt neat as d’ oantins oan dyn ljocht by my, En divels gâlje my yn ’t ear ta hún For hwet ik mines tocht yn heechste trou— En iensum bin ’k, dû bist as God sa fier En neat bringt my dyn libb’ne foarm mear by, Dy’t lake en song en God’s genede droech... Neat? en dat bloed? dat bloedplak oan dyn sliep? Né, dat swijt net, dat sprekt. Dat klaget oan. Dat ropt in rop, sa strang, sa fûl, sa wyld As dyn hert nea net koe, fen boete en rou Tsjin hwa’t dy dreaun hat út ús ljeafde-ryk, De moard’ner, dy’t dy sloech. Dat bloed forflokt.

(_stiltme; den hjar stadich nei Radbod kearend, fierôf en heech_).

Radbod kom hjir. Dû bist my ’t neist, as broer.

RADBOD. Ik haw as broer nea yn dyn ljeafde dield; ’t Wier ljeagen, knibb’le ik nou dêr nêst dy del En lústre ik dy in dimmen wird fen leed.

YDWINE. Fynfielend is dyn hert, dat wist ik lang. Net dêrfor rôp ik dy. Kom hjir, detstû De skande sjuchst fen dyn forflokte striid Tsjin ’t ljocht dat riist, en yn dizz’ moard’ners-die De grousme wytging fen syn sûnd’gens sjuchst.

RADBOD. Ik kin it net. Myn kommen brekt syn rêst. Lit him yn frede slomje en twing him net To tsjûgjen tsjin d’ ûnsill’ge dy’t him sloech.

YDWINE. Ilind’ge! ik wist it! woedzjend scoe it bloed De woune útwâlje en oer dyn foetten gean, Astû dû moard’ner, knibb’lest nêst syn sté En mei in skyn-from antlit súvring sochst! O, fierde ik nou it swird, joech krigers-krêft My lôge yn ’t hert, myn hân naem bloed for bloed, En bliedend ûnder ’t byljen fen myn flok, Scoest suchtsjend gean it paed nei Hel hjar ryk! Forflokte! Mei in God dy slaen ta dea, En pyngje oan ’t ein, en foltrje it tsjuster hert, Oant it fen rou en skamte en eangstme brekt!

THIED. My tinkt, ik hear it frede-wird fen ’t krús, En ’t minlik lûd is wis myn hert wol hiem. As ’t krús forjowt en Walhal’s rjuchter flokt, Droanet ienselde grym ús earen yn.

YDWINE. Swij oer it krús! Ik sjuch it nou net mear. Hwet oars hat macht oer my, myn bea is wrek. Ik easkje for de moard’ner, moard’ners rjucht.

BERNLEF. Hâld yn! ’k Hear hynders drafkjen oer de wei, Faeks is it him, hwaens wird...

FEINTEN. (bûten) De kening heil!

BERNLEF. Drôf sté for ’t ljochtsjen fen syn fredeglâns, Tiisd yn de nacht fen d’ egen bern hjar rou!

7. _Radbod, Thied, Bernlef, Ydwine, Aldgillis, Jûle._

ALDGILLIS. Hwet? jim hjir? elts dy’t my yn ’t bloed bistiet? Wansill’ge joun, dy’t yn syn stoarmge grym Us driuwt nei ’t tsjuster yn dit hûs fen ûnk, En bliidste hope yn wé en triennen dwêst!

JÛLE. To drôver ús de nacht yn ’t nearzge wynt, To blider skielk it ljocht fen nij lok riist, As ús each ealgje stil de hearlikheit Dy’t hy nou sjucht, dy’t ús sa ier forliet!

YDWINE. Hwet! kin in moart den wêze in wei nei ’t ljocht, Koe for syn siel gjin hill’ger paed bistean?

JÛLE. De kening fen it skeep’ne stoar oan ’t krús, En syn dea wier ús wrâld genede en ljocht.

YDWINE. Mar moat den elts dat grousum krúspaed gean, Moast _syn_ holle ek oan dat forflokte hout De skande-kroane tôgje... O God, myn God, Hy dy’t myn ljocht, myn heil, myn alles wier...

ALDGILLIS. Myn bern, wêz sterk. Stean fêst yn dyn bitrou, Al sjucht ús each it greate doelwyt net.

YDWINE. Myn hege heit, as ea in godleas dwaen Jins herte yn grym brocht en jins oardiel strang Fen boete skoep en rou, as ea forried Jo haetlik wier en wearzich as de hel, As ea jins hert forspijing hie for ’t dwaen Fen glûpske skande, en ea jins wird de sot Dy’t jo to keapjen socht for earleas wyt, Fol grym fordreau, as ea jins gastfrjeon djûr En nei wier oan jins hert, in griis âld man Deun oan de dea, mar ek de maitiidsfrjeon Dy’t kein en suver wier as knopjend blomt, O nim den wrek, lit den jins keningsmacht In wjerbyld wêze fen it heechst strang rjucht Dat libben nimt for libben, bloed for bloed, Forflok den mei jins doem en died de hân Dy’t Goades súvre frjeon de deaslach die, En myn each sleat yn ’t reinklaed fen de nacht. Dyn bern skriemt oan dyn fiet; it hoopjend hert Dat bloeije wol yn ’t laitsjen fen syn ljocht, Skriemt nou syn wanhope út; myn lok is dea, En laits en blidens bin dyn dochter hún, Dy’t dy sa faek in glâns brocht oer dyn dei; Mar ien ding is hjar bleaun, ien libbensplicht Hjar tsjûge fen it bloed op ljeafste’s lyk: To meitsjen det sa’n died net strafleas stiet, En boetsje mei de swierste doem for tsjoed; Yn namme fen de deade, út egen leed, Ut kreft fen ’t heechste rjucht oer minske en god Biswar ik dy by ’t bloed dat oer him is: Slaen mei dyn flok de swarte moard’ner del Yn Hel’s djipst ryk, forstjit him yn de nacht, Dêr’t nea in libbens-foarm út rize mocht, Jow him, dyn skande-bern, yn Dea syn hân!

ALDGILLIS. Leed makket dy dyn tonge as flymjend stiel. Ydwine, riis; jow oan dyn frjeon dyn rou, Mar rop gjin rjucht noch boete en doem oer him Dy’t yn syn twivel foel ta sûnde en skild. Draech great dyn leed en lit it oardiel my. It rjucht scil oer him komme, strang en swier, As strykt mei dit flokt dwaen, mar ek det him Genede bliuwt ta súvring fen syn siel.

THIED. Dyn wird is twiivlich as dyn wêzen ’t is. Dû witst, dû hast gjin rjucht ta doem. De skild Fen dizze ûnsill’ge die birêst by dy. Unnoazle! dû, dy’t wetter en wyld fjûr, De goad’ne wierheit en de ljeagen-dream, De dead en ’t libben, pearje woest ta ien, En hate en grym, dy’t as de goaden sterk, ’t Hert bûkjen dwaen en útslagge as in fjûr, Yn yeske fen dyn freeds’mens dwêste woest En twinge yn dimm’nens hjar oerhears’me gloed! Nou briek it út. De tsjinstriid wier to fûl, To grym de haet, dy’t út ús hill’ge wrâld It flokhout keilt yn ’t brûzjen fen de nacht. Ik wytgje dy, haw noed, sjuch ta hwetst dochst! Net hy hat skild, dy’t machtleas, riedleas, boun, Ienris it ûnrjucht fen dyn frede briek, Mar dû hast skild, dy’t hjar oerdied’ge krêft Knoeist en yn kjetlings fen dyn freeds’mens twingst, Dy’t yn ús herte ljeafde en ealens daetst, Hwaens hân net ien moart yn syn grym bidreau, Mar hwaens bistean ien greate ûntkrêft’ging is, Hwaens frede ien staed’ge moart fen hill’ge trêft! Dû dy’t dit folk slachst yn in skande-jok, Det eltse nomm’lens stjert en ’t leechste dwaen Hjar útkomst liket út hjar dildleas leed, Dû dy’t dyn folk, dyn hof, dyn egen soan Slachst oan it krús, en praetst fen rjucht en doem As hjar hân yn hjar need de krús’ger slacht!

ALDGILLIS. Frede is de wijing fen ús ierdsk bistean, Mar striid ûnweardichheit, en great biwiis Det men oer egen wierheit twiivlich bliuwt En oarljue goede en wize kar mistrout. Eltsien hat rjucht to libjen sa’t er is, Dy’t soks ek oan oaren gint, en eltsien scil Hjir yn myn ryk frij wêze yn ’t hill’ge en God, En net oar d’ oar misdwaen. Hwaens hert to swier Tilt ûnder ’t tôgjen fen syn hate en niid, En nytgje moat en hjitfolgje as in oar It hill’ge yn oarwei sjucht, dy is my fier En net eardet syn hert de noft forstiet Fen frede en bloei en ljeafde yn alle ding, Ear’t net de ljochte wei út ierde’s tiis Him linkenoan laet nei in blanker oard, Sjucht er de frjeonskip fen myn eagen wer. Myn leed telt hjir net mei. Hy wier my ljeaf Yn al syn stoarm’ge grym en tsjustre wrok, Ljeaf as syn each, oermoedich flûnkrjend, gyng Oer ’t deistich soargjen fen myn moeisum wirk, Ljeaf as er stune yn twiljocht fen de hal En nei de grize wolkens seach, dêr’t bleek In glâns fen hjerstich ljocht trochhinne foel, Mar syn aerd flokt mei ’t stribjen fen myn hert En twingt him mei nei misdied en gewelt, Dêr’t ik syn langste ûntsiz. Woloan, ’t is goed. Oandet myn each brekt yn de iiv’ge nacht En men him ropt to hearskjen op myn troan’ Is Fryslân frjemd for him. ’t Ald Hilge-lân, Ombrûze fen forwoedend wiet en skom, Is oant dy dei syn wensté. Ear’t it ljocht Syn mindring wer oernimt, leit dêr syn ryk.

THIED. Unsill’ge! driuwst dyn soan syn heitlân út? Jowst him it wiet, de grime stoarm ta rôf, En ’t iensum longrjen op in keal stik stien? De dei det hy giet, giet dyn mem him nei En út hjar eagen, blyn fen wea en leed, En feal as ’t ljocht fen jinsen hjerst’ge loft, Scil ienris yet in fjûr opglânzgje en oer Dyn holle slaen de wearljocht fen hjar flok!

RADBOD. Stil, beppe, en wêz him tankber. Heit hie rjucht Ta swierder doem, al weacht ek dit my swier. Hie bloed for bloed syn doem wêst, swier fen skild Wier ik forflokt, it paed gien nei de Hel, En for myn siele wier nin heil wer riisd. Dêr is it plak fen iens’mens, wraksljen, langst. Mei ’t skomjen fen ’e sé, de sâlte wyn My lottrje fen myn dwylsin—mei it lûd D’ ûnweard’ge fytrje ta in greater striid, As nou myn dream oer ús forbjustring brocht...

YDWINE. Hy bliuwt dos en hy foel. De himel swijt. De keningsmûle is stom. Der is gjin rjucht. Ien is it lean for goed en flokber dwaen. Hy dy’t de macht hat, stiet; mar dy’t bitrout Op God en himelsk rjucht, siicht del yn dead. O greatste, hiest it krús net nomd, en djip Yn ’t suver hert yn minsken wantrou hawn, Hiestû it swird fierd as dyn moard’ner ’t docht, Dû leist nou net yn swijsumheit fen dead— In ljeagen wier ’t, it krús foel mei my del.

JÛLE. Ydwine, hâld oan ’t hill’ge!

YDWINE. In dreambyld is ’t. De krúsgod swijt en lit ús traepje yn ’t stôf. It swird is goed for ’t rjucht. For sa’n wylde ierd’ Foegje de goaden fen ús Walhal bêst.

JÛLE. (knibbeljend by it lyk) Geneed’ge, hill’ge, almacht’ge Hear en God, Dy’t by Dyn bern bist en it weitsjen docht, Dêr’t drôf in stjerlik hert om útkomst skriemt, Dû greate, dy’t de wrâld yn oarwei stjûrt Mei ien stil wird, dy’t do’t Dyn tsjinner bea, Deis strieljend ljocht weromdreau yn syn rin, For hwa’t it beamte as deade twigen brekt, Aliiv’ge, stean ús by yn eangstme en need! Dû dy’t it krús brochst yn de tsjustre wrâld Sjuch ho’t it sinkt, dêr’t earst Dyn feint it djip En sterk plante yn it hert, Dyn ljocht ta ear, En hear it wird, dat it syn heil ûntstriidt! Mar hwa’t dy ken, forstiet Dyn almacht ek, En swijt, hwent yn Dyn tinzen dijt de dei Dy’t hún en twivel delslacht as in ljocht, En sels ûnwittenden Dyn iivgens wiist. Forskyn ús Hear yn ’t wûnder fen Dyn wirk, Lyk faek Dyn hill’ge geast de deaden rôp To libjen yn hjar ierdske foarms fennijs! Jaen ljocht hwa’t oan Dy twiivlen, wiis de wei Hwa’t blyn binne yn hjar gean, lit heech dyn glâns Ljochtsje oer de dimm’nens fen dizz’ earme klint, En stiftsje yn dit fier lân Dyn ryk, sa sterk Det elts it hild’gje moat en Dyn macht wit Boppe de goaden út ús tsjustre tiid! Hear Hear, wêz ús neiby! Ik rop dy oan! Kom del yn krêft! Slaen mei in wûnder troch! Lit ús om Kristus wil net krêftleas stean! De nacht komt oer ús del! Wêz Dû ús ljocht! Forlit ús net! Dyn greate macht hat wâld, Fier oer de bleke dea! O God, myn God Harkje de bea fen hwa’t Dy knibb’ljend ropt! En biidzjend leaut... Hear, Hill’ge Hear, dû scilst Dochs net dyn bern stjitte yn de twivelnacht! O as it stil bleau, en Dyn dwaen bleau fier...