Part 12
PREESTER. By Frey! Men bliest de kenings-rop. Hwet hear Kin ’t wêze dy’t for Fryslân’s kenings-stins, Om yngong freegje lit as gast en frjeon?
BERNLEF. Men bide in seinskip fen de Frank’ne foarst. Faeks bliest hjar haed de wenstge kenings-stjit, Ta wytging fen de wichtgens fen syn lêst— Mar sjuch, de kening neijert nei dit seal.
5. _Troanried._
Foarop fjouwer boaden dy’t stean geane lofts fen de keninklike sitten. Den Aldgillis, Jûle, Ydwine, Arthur, dy’t sitten geane as hjirnjunken oanjown is, sa’t in sit leech bliuwt. Bernlef giet rjuchts fen de kening, Wilfrid rjuchts fen Arthur stean. It midden wirdt ynnomd troch de ried fen âldsten ûnder de Frana.
[Illustration: ]
ALDGILLIS. In foarjiersmoarn fol rein en sinne en wyn, Mei drift’ge wolkens oan de loft, en ljocht De wytging fen de simmerglâns dêroer, Sa driuwt dizze dei yn hjelle wikselsteat. Net hjir is ’t foech det mei in egen leed, Mar amper fen in ljochter lok oerskynd, Ik noft en blidens fen dit feest fordriuw: Elts hert hat wis genôch oan egen soarch. Ik rôp jim hjir, det neffens ’t âlde rjucht Jim weard’ge rie de breid fen ’t keningshûs, Hjar dy’t myn leed ta treast, myn dei ta ljocht, Myn moeisum wirk ta mylde dielster wier, De hild’ging biedt for Fryslâns folk dat hjoed Syn goaden oanropt for hjar dûrjend lok, En ien is yn it winskjen fen hjar heil. Dû frana, neam de wytging fen de ried.
FRANA. Wiis is it hert dat net yn rou forslacht, Mar dêr’t it ljocht swiid oer de kimen riist, It oanbigjin wit fen in mylder dei, En him nei ’t strieljen fen syn moarntiid jowt. Ek ús wier ’t leed det Fryslân’s kenings-soan For skild it heitlân en syn hûs forliet, En fier fen ús, dy’t bûgden for syn ljocht, Hwaens bliidste hope en noft yn him bistie, It rêdde wiksljen fen it lot oertinkt; Lyk ek dat hja dy’t rom wier fen ús lân En yn hjar hert de goadne greatens droech, Foarstinne Thied, hjar lossei fen ús laech. Ien mei it oardiel dat de kening spriek, En nigend for de wizens fen syn dwaen, Bliuwt dochs ús bea de ballings by yn leed, En hâldt ús folk op Foste-lân it each. Dochs is dizz’ dei de drager fen great heil, En scil ús hert, salang’t it hjir bistiet, Oer syn bliid lok in tankber priizgjen dwaen. Fryslân forstiet de keningsbreid hjar lok En dielt dêryn. Ut eangst en skaed en striid Is hjar in ljocht tynd oer hjar tankber each, Great, swiid en kein, as foech jowt oan hjar steat, Dy’t Fryslâns folk, ûnfrijen, ealen, elts Dy’t went hat yn dit lân, ta blidens wier. Us wird flaeit net, mar wiist ús tankbrens út. As hja forkearde yn ’t folk, en klinte en stins Hjar treast en frjeonskip mei hjar sêftens sei, Den like it ús, de goad’ne ginst hie ’t lân Birike mei in ljeafde as earder nea. Hja hert keas as hjar hege geast ûnthiet. Ien yn it wird en yn syn bloed ús nei, Hat Inglâns prins, dy’t ús forskynde yn need En stipe ûnthiet yn ’t driigjen fen de kriich, Hwaens stille ljeafde oan syn forljochte tsjinst Yet mear forbynt as ’t moanjend preesterwird, De frjeonskip woun fen elts dy’t yn syn dwaen De stille tsjûg’nis fen syn nomm’lens seach. Us hert bidt lok for dit biginst’ge pear, En Fryslân, ien yn blidens oer hjar lok, Syn wizens seingjend dy’t hjar hert forboun, Leit oan hjar fiet syn ljeafde en hild’ging del, Mei dimm’ne winsk det hjar foldiedich lok Great ljochtsje mei in lang tal simmers oer, Yn elts ding seine en nea net mindre yn glâns, En bidt de breid, det hja nei d’ âlde wenst De breidwinsk docht, det Fryslân hild’gje mei Mei hwet hjar hert it bliidst en minlikst is.
YDWINE. Earweard’ge ried, al jowt it faeks gjin foech Det ik, hwaens hert him earm oan wizens wit, It wird fier yn jim rige, in greate tank Jowt oan myn skrút’ne stimme stipe en moed. Bliid harke ik nei de waermens fen jins winsk; Ik haw dit lân ljeaf yn it djipst fen ’t hert, Syn wide kym, it wiksljen fen syn loft, Syn wâldgerûs en ’t moarmljen fen syn sé, Mar meast it folk, dat mei syn súvrens ien Yn ears’me wei him nei it ljocht ûntjowt, En glâns hat yn it each en ljeafde yn ’t hert. Jim heilwinsk wier my as it hill’ge lûd Fen frjeonskipsljeafde yn in oerljochte joun, As alles stiet yn wijing fen klear ljocht, In wytging fen genede. Ik tankje jim, En ’t witten fen jim frjeonskip jowt my krêft Det ik jim klear myn ljeafste winskjen neam. Myn lok is net folslein. Ik tink oan him Dy’t nou in skip draecht nei it stoarmich Noard, Myn greate broer, dy’t, al wier ’t hert my frjemd Oan hwet him dreau, my ljeaf is as de moarn. Ik haw tsjin him misdien. Bitiisd yn ’t leed, Wei yn de smert dy’t my mei nacht oerdiek, En blyn for hwet him foltre hie, rôp ik Myn flok oer him en bea om bloed for bloed, En ’k wist net det myn hert him ljeavje mòàst Troch Gods bistel en fromme sister-plicht, Al hie syn hân myn lok for ivich daet. Nou is er gien... Ik wit, syn hert hat rêst, Net sûnder ljocht is hy fen ’t heitlân skaet, Al wirdt syn lok yn fiere stiltme fierd. For heit syn oardiel bûgde ik my. Ik wist, Al die ’t my sear det hy net nêst ús bleau, It wier for syn en ús en Fryslâns bêst, En ’k haw myn hert ta hearsme frede niigd. Mar hege ried, ik haw de wytging heard Det út earbiednis for ús eare en rom Jim wird it keningsrjucht him weeg’re hat, Salang’t syn hert net súvre wier fen skild. Dat is my drôf. Syn misslach wier faeks great, Mar ljeafde for it heitlân dreau syn dwaen, En hja hwaens heil it hast forneat’ge hie, Forjowt it him mei hiel hjar ljeavjend hert, En wol him great sjen, as syn siele ûnthiet. Us lân is earm as ús syn krêft ûntsinkt, Hy is de roppen kening. Nimmens each Sjucht net ho’t alles yn him greats ûnthjit, En ’t hert dat nou de rêst fynt yn himsels, Is great en nommel as de libb’ne dei. Myn breidswinsk is det Fryslâns rie myn lok, Dat heal is, dêr’t ik drôf bin om syn ûnk, Ta heechtiid wijt mei myn trochlofte broer Hjoed to bikrêft’gjen yn syn keningsrjucht.
(_stiltme, biried_).
FRANA. Prinsesse, ús ried hat earbied for jins winsk, Mar tinkend om it bêst for Fryslâns heil, Dat súvrens nedich hat as ’t libben sels, Scil it bistean tsjin ’t stoarmjen fen de tiid, Wier yn ús boarst, dat wol prins Radbod great En heech tocht, mar it meast oan Fryslân hâldt, In oare winsk oer it takomst’ge riisd. Us ried, dy’t Fryslâns kening suver wol Nei ’t greate foarbyld fen jins trêft’ge heit, Hie Fryslân’ troane, as dy gjin hear mear hat, Josels bitocht, det njunken jo de glâns Fen him dy’t oan jo boaske, ús liede scoe.
ARTHUR. Dy dream is idel. Fryslân is my nei, En wylst ik tahâld yn jim bloeijend gea, Dêr’t God my sein’ge hat mei hearlik lok Woun ik jim lân en foltsen ljeaf yn ’t hert; Mar fier hjirwei hat my de Hear in ryk Fen hege steat en greate dieden wiisd, Dêr’t ik my jaen moat oan God’s hillich wirk. Mar sels al wier ik komd as bidd’lersfeint, Dy’t nearne in rêst hie for syn wirge lea, En Fryslâns troane waerd my ljeavjend bean, Ik weegre hjar. Nea scil myn hert it rjucht Dat Radbod hat op de romrofte sit For egen baet misdwaen. Ik wit him great, En yn syn hert in saed fen ljeafde en krêft, Dat seinjend streamt dêr’t men hjar heil bigeart; Syn holle oerhúvrje wolkens fen klear ljocht, En dêr’t hy ’t folk laet lyk syn hert him driuwt, Scil yet syn namme, in stjer dy’t flûnkrjend riist En hjar genede hâldt yn ivichheit, Oer tiid en ieuwen ljochtsje en wêze in rom For ’t lân dat him ta hear en kening woun. Min foege it my, dy’t frjemd bin yn dit lân Jim ried to jaen. Jim greatste kar is frij. Mar mocht ien miene, det myn hert him grym En haetlik wier om hwet my drige hat, Wit den, det ik him lang dy die forjoech, En dat de jouns, det ik dêr mei him wier Myn herte in heil bilibbe dat my bliuwt Om’t ik yn him in frjeon for ivich woun. Hy is my ljeaf, ik wol syn greatens eare.
BERNLEF. Ien swige yet, al spriek it hert him lûd. Woloan, lit den syn sang, fen ljeafde ljocht In tsjûgnis wêze en romje fen hwet wier:
_Hillich it gea, dat in god ta syn heil Seine yn it libjende ljocht fen de sinne; Sillich de weagene wyn dy’t it seil Fiert nei de fierten fen heechtiid hinne! Heech oan de steatlike stjûne stiet hy, Dy’t it heitlân ta’n hope en in stipe forskynde; Tankber fen tinzen oertinke yet wy Ho’t syn ljeafde as in ljocht ús lannen oertynde.
De wijing fen heil oerwyndret syn hier, En langjen nei eare is ljocht yn syn eagen; De sé sjongt him sangen ta skientme en sier Mar de wyn fen wémoed oerwevet de weagen. Stil siket syn each oer it einleas sâlt, Eft nearne de seam fen syn strânnen him noege, Mar weagen en wyn fiere wiid biwâld, En groetsje de foarst dy’t hjar greatens foege.
It Friezene folk scil freegje om de frjeon Hwaens dieden hjar ljeafde as de dage oerljochten; In god hat in dream fen greatens dreaun Dêr’t ús sielen it lok fen syn loaitsen sochten. De roppene kening syn rjuchten werom! Wy bûge for ’t heil ús yn him iepenbiere; Radbod, Radbod, riis ús ta rom, Wêz ús in stipe, dû stridende, wiere!_
FRANA. Sa sprekt de ried, ienriedich yn bislút: De sister-ljeafde dy’t de prins forjoech, En ’t wird fen him, dy’t, do’t de dea him wiek, Dit great bitrou hie yn prins Radbod’s hert, Det hy syn frjeonskip siikje woe as lean, Tsjûgje sa great tor Fryslâns kenings-soan Det tsjin soks yn, ús ried hjar rjuchtleas wit Ta ’t oardiel oer de flok fen earleasheit. Wy hâlde him yn hwa’t ús hoopjen wier En dy’t ús nei wier as it heitlân sels, Fen skild wer frij en suver as eartiids, En stimme it godlik rjucht fen Radbod mei Op ’t keningskip oer Fryslâns earjend folk. De rie jowt lêst, det dizze selde stoun’ In skip de sé kiest nei syn iensum sté, En wytging bringt fen ’t ûnformindre rjucht, Him ynskikt neffens wettich riedsbislút, Allyk syn sister ’t yn hjar breidswinsk bea.
YDWINE. (tsjin Wilfrid) Forjow, earweard’ge, as troch myn winsk it krús, Dat Radbod tsjin is, yn syn strang biwâld In moeis’me wei gean scil... Ik koe net oars.
WILFRID. Dû diest lyk Kristus it dyn siele hiet. Dû hast forjown hwa’t tsjin dy wier, en haet Mei ljeafde oerljochte allyk syn wird it leart, En God hat tsjûge yn d’ ealens fen dyn dwaen. Mear as de macht fen ’t ierdske keningswird, Bringt sok in winsk it godsryk ús deun by.
ALDGILLIS. Myn bern, God scil dy seingje for dyn dwaen! Ein lok forjitst for oarljuwe ûnk en leed. Fen ’t skaed fen rou hastû ús hert bifrijd, En ’t ljocht dat hjoed dyn ljeavjend each biskynt, Ta glâns wijd oer it tsjuster dat ús diek. God wit det yn myn boarst it drôve hat, Det men myn soan syn heechste rjucht ûntstried, Al moast ik bûge for de rie hjar wird, Dy’t hanle hat lyk Fryslâns heil it hiet. Dû makkest ús dyn dei in frede-ryk; ’t Folk scil dyn namme priizgje yn mylde tank, En tûznen winsken bidde it heechste heil For ’t boask, dat sa yn ljeafde hill’ge waerd.
YDWINE. Dêr mocht gjin skaed wêze oer de dei fen lok. Ik tankje jim. It wier myn hert sa leed. Ik bin sa bliid hjirta... Untskild’gje my.
(_slacht hjar sluijer ta_.)
BOADE. Kening haw heil! Us bliuwt de frede by! As frjeon komt Frankryk’s kening sels ta dy!
ARTHUR. Genedich God! ho stjûrstû nei dyn doel! Myn heit haw lok! hwet ús bidrige, foel!
ALDGILLIS. De Frank’ne foarst dy’t kriich brocht oer ús groun?
ARTHUR. Him hat in oar en better foarst oerwoun.
ALDGILLIS. En hy komt hjir? Hwet soks ús wytgje mei? Lit yn hwa’t ús bifreget! Wûnd’re dei!
6. _Troanried, Dagobert mei seinboaden._
DAGOBERT. Oan Fryslân’s kening frede-groete en heil! Mei twisken him en ús de frjeonskip stean Dy’t dijt, dêr’t folken, bûgend for Gods wil Mankoar bigroetsje as dielend yn ien rjucht!
ALDGILLIS. Sillich de dei, det ús jins glâns forskynt! Wêz wolkom hear, dy’t for it machtich folk, Hwaens foarst sa faek ús skea en delfal socht, Nou ’t myld ûnthjit bringt fen in ginstger tiid! Hy, dy’t de wrâld mei syn genede oerskynt En ’t herte niigt ta syn mylddiedichheit, Mei seine jaen oer ’t skoft, dat for it earst Oer ús tsjinstriid’ge folken, frede riist! As ’t gind is dat wy ’t freegje, siz ús oan, Eft wy jo groetsje meije as hear en foarst, Wâld fierend oer it folk yn erflik rjucht, En ho’t de krêft fen hwa’t ús drige, briek?
DAGOBERT. In stins allyk, groundearre yn libjend sân. God diek him net mei rjucht. Syn tsjoed bistean Hat sels yn ’t grêf fen earleasheit him staet. Unminsklik hearske er, sûnt myn heit forstoar En ik, in boi, nei Ierlân weifierd wier, —Syn feinten struiden ’t wird út fen myn dea— Oer ’t eangjend folk, dat him forflokte yn ’t hert, Mar krêftleas wier, syn grime macht to stean. Yn ’t stil biskûl fen ’t kleaster waerd ik great, Unwittend fen myn berte en nomm’le stân, Oant hy, hwaens libjend wird ús kristlik heil Nou strieljen docht mank ’t siikjen fen dyn folk, Myn berte ûntdiek en yn syn noed my naem. Yn ’t hûs fen Inglâns kening foun ik honk, Lyk Arthur wit, hwaens frjeonskip my de moarn Fen iensumheit oerstriele mei syn treast; En do’t ek Mem, nei’t bange skiedings-skoft Det ek de Frank’ne boal hjar finzen hold, De frije loft wer seach troch Wilfrid’s soarch En my wer foun en mei ús libjen bleau, Wier my de jonkheit myld en winske ik neat As jimmer yn it frede-ljocht to gean Fen Gods genede. Ek wier de kriich my tsjin En hiel de steat, dy’t men by kenings fynt, En, rêstend yn de rûzing fen it wâld En mym’rjend oer God’s stille hearlikheit, Winske ik de wijing fen it preesterskip Mear as de steat, oan ierdsk biwâld forboun. Do hearde it folk, dat ik yet libjend wier, En, kjirmjend yn it twangjok fen hjar boal Dy’t hjar biplondre en yn ilinden treau, Forhopen hja hjar rêdding út myn krêft En stjûrden boaden nei myn ienlikheit. Lang weegre ik; wylder waerd hjar need. Yn ’t lêst Forstie ik djip, ik moast; gjin dream noch lok Yn wrâld-ûntstoarne skôging mocht myn hân Wearhâlde fen to dwaen dêr’t Gods wird rôp. De klibers fen forstaten streamden gear, Ik naem it liederskip, stiek oer de sé, En amper hie ik foet set op ’e groun, Troch frjemde macht my hiel dy tiid ûntkeard, Do, rounom, streamde it folk myn findels ta En sûnder slach woun ik myn keningskip. Theod’rik flechte, slein fen Goades grym, Oant, by it farren oer in wylde stream, Syn boat tobriek en hy yn ’t wieljen sonk. Men kroane my. Do wytge my de ried Fen âldsten út myn folk, in skandlik stik Hie skraechwirk ús yn striid mei Fryslân brocht. Ik frege mear, de ried die my biskie, En ’k wist, in smet fen skande klibbe ús oan Troch ’t godleas twingen fen de foarst dy’t foel. Ik woe hjar dylgje, en rôp in seinskip gear; Sels stelde ik my oan ’t haed—ik wist by dy Myn ljeafste frjeonen ús myn iens’me tiid— En, dy hjir moetsjende op in ljeafde-dei, Bring ik dy hiel de frjeonskip fen myn hert, De wytging fen myn winsk dy’t frede is, En bid ik dy, it wêze as frjeon my gind To dielen yn de blidens fen dit noft, As ien fen jim, oan jim yn ljeafde boun.
ALDGILLIS. Ien seine is ’t dy’t dizz’ mylde deitiid jowt. De frjeonskip, ús hjir foarslein, nim ik oan. Mocht dochs myn hert, lyk it jins wird forstie En ’t lokkich wier by ’t harkjen nei jins bea, Myn dieden stjûre nei syn frjeonskips-tank Det neat ús folken wer fordielt ta striid, En dêr’t lang driging wier fen kriich en need, In broerre-boun ús libjen docht yn ljocht!
ARTHUR. Kenings fen Fryslân en Frankryk, hear! Sa ropt it yn myn hert dat dage fielt: Lit ús forstean hwerta God’s macht’ge wil Us hjir yn frjeonskip gearbrocht! Lit ús sjen Forkleare en djip as ’t kenings foegje moat, De greate miening fen Syn wiis bistel! As dragers fen Syn kroanen stean wy hjir: De dimmenheit fen Fryslân’s djip bistean, Yn stille ynbann’gens libjend nei it ljocht, Frankryk, it lân fen ridderskip en rom, De wrâld oerstrieljend mei hjar kleare geast, En ’t hege ryk, wyt rizend út ’e sé, Inglân, myn heitelân, de frijheits-boarch! Is ’t net ien langstme dy’t ús sielen driuwt? Riist d’ ivichheit net yn ien great blank ljocht Foar d’ eagen op nou’t wy yn frjeonskip gean, Us foltsen liedend nei in fier great wyt Dat hiel ús herte triljen docht fen tank? Lit, djip en sterk, ús den God’s wil forstean, Lit net it ljocht, dat nou ús each oertynt Weihúvrje nei de blinens fen it neat, In amerij dat yn de tiid fordrinkt, Mar lit God’s ljeafde hearskje dêr’t Syn wil Hjar selme laette nei in troan’ fen ljocht! Ik swar jim, lit ús slute in boun fen trou, Dat stiet salang’t de sinne ús stridend sjucht, Dat fen ús trijen, nimmen swird noch hân Tsjin d’ oaren tilt, det frede aloan bistiet, Salang’t ús each fier oer ús foltsen giet! Yn ’t strieljen fen ús heechtiid, lit ús plicht, Us ropping ek forrize yn hillich ljocht, Det wy God’s greate ginsten djip forstean, Det keningskip ús mear is as in klaed, Gestriel fen kroanen en de haedstêf-swaei, Mar middlerskip bitwiske God en ierd’ En lieding nei it ljocht fen ’t himel-ryk! God wol it! Lit ús nei syn biedwird dwaen!
DAGOBERT. Dyn hillich wird hat wjerklank yn myn hert. Ik, dy’t de Hear socht, hiel myn jonkheit troch, En dêr’t it wâld rûze yn syn iiv’ge pronk, Syn oantrún as in rop yn my forstie, Bin ré to dwaen, lyk nou Syn kleare geast My yn de bea fen dyn bisieling wiist.
ALDGILLIS. Gjin Kristen neamt de wrâld my. Mar myn hert Dat heech oer minsken, troanjen wit it Rjucht En God’s bistean as ljeafde en wiisheit ken, Bistiet yn ien wil mei jim hill’ge winsk, En dêr’t it jim syn frede en trou ûnthjit, Forstiet it wijing fen ûneinichheit. Mei Hy dy’t ierde en loft yn wizens stjûrt En minsk’ne hert nei him yn ljeafde twingt, Wol noedzje it boun dat syn geneden draecht, Dat twisken ús in heechtiidsdei ûntstie, En dêr’t ik jim myn keningshân ta bied!
(_De kening docht twa trêdden foar syn troane út, Arthur en Dagobert geane rjuchts en lofts fen him stean. Hy jowt hjar elts in hân. Wilfrid komt nei foaren_).
WILFRID. Folken fen d’ ierde, dy’t yn twastriid tiisd Longrje nei frede, as wirgen nei hwet rêst, Fen bloed’ge ljeagens en fen sûnde omspoun, Forstean it heil dat oer jim slachtfjild riist! Dêr kliuwt de dage, ien wûnder fen klear ljocht En goud’ne strielen sige oer ierde en sé, En dêr’t it bloed roun en de eangstgljalp klonk Riist, troanjend oan in loft fen strieljend blau God’s greate ljeafde en iiv’ge suverheit! De wrâld forriist en súvret hjar yn ’t ljocht En Minskheit, lott’re yn ’t hert mei leed en striid, God’s ljeafdewil as d’ iene wet forsteand, Scil as God’s strieljend wjerbyld, gean oer d’ ierd En wytgje it wird fen breorskip en forjaen. Elts is syn neiste in broer, elts in stjerlik hert Yn God’s genede en hill’ge seine wijd, Wit him oan elts mei ljeafde’s trou forboun, Gjin haet mear hiem en twiivlichheit ûntstoarn. Nou is it laem de grime lieu in maet, Gjin oerginst hat mear wâld, gjin longrjen dijt, En mylde wyn oertrillet leaf en weach, As ’t amjen Gods, dy’t noft yn d’ ierde hat En kuij’ret mei de minske yn súvre joun As yn de moarntiid fen it wrâldbistean, Yn ’t hill’ge gea, sûnt lang ús fiet ûntsein, Mar den ús siel’ wer ta fornoeging steld, Wylst d’ ingel oan de poarte it lôgjend swird Wer wikslet mei it wyndrjen fen de palm, En weitsjend oer dyn rizend keninkryk It minster hate mei syn ljocht forslacht! Dit, Ierde, is dy ta einichst oardiel set: Foltsen, forstean, jim hearskers, hear it wird Dat oer jim strûzet as in wyn fen heil! Forslaen net yn it woedzjen fen jim need! Riis heech yn lottre krêft! Oerwin jimsels! Ris jim mei krêft fen greate wapens út For d’ iiv’ge stifting fen God’s frede-ryk! De tiid rûz’t oan en hwet nou bloeit forstjert, Grym byt de froast it ierste blomte wei, Mar ivich riist God’s dûrjend keninkryk Al klearder út ús ierdske foarms en waechst Tsjin dead en twang en haetlik driigjen yn! De wrâlden sjonge yn syn oerdied’ge glâns Syn hearlikheit! De sé ropt lûd syn rom! Riis den, o siel, en priizgje God’s bistel! Det nei de nacht fen striid, de dei fen ljocht, Dyn dimm’ne flecht Syn sill’ge wenten fynt, En rizend troch de rounten fen Syn glâns, Al strieljender yn súvrens fen hjar byld, Yn ’t lêst hjar ien wit mei Syn hill’ge wil En yngean mei nei ’t ivich lân fen heil!
JÛLE. Lân fen ús ljeafde, Fryslân, heitelân! Dû dreamend yn de lústring fen dyn wâld En mymrjend by de núndring oan dyn strân, Dêr’t wiid de sé hjar ljochte heechtiid hâldt, Ho driuwt Gods wyn dyn mylde romten oer, Ho sierst dy mei de strielen fen syn ljocht, In blom nei ’t skieden fen de nacht, dy’t njoer In eangst en driigjen oer dyn biidzjen brocht! Scilstû, myn lân, nou yn dyn maitiidsglâns, En dreamend yn de skientme fen dyn lok, Sa bloeije troch genede, d’ ieuwen lâns, Ef slacht ek dy de tiid’ne rjuchter-flok? Wé my! It wiet riist yn forwoed’ne grym En brûz’t it lân oer yn syn stoarm’ge rin, En reade skynsels húvrje oer dyn kym, En twaspjalt riist dy’t nimmen dwêste kin? Wé my! de nacht nimt dy yn feal biwâld? Dyn rom wykt fen dy wei, dyn steat forsinkt, Dû ropst en sikest, nearne fynst in hâld, Wylst yn dyn need de glâns fen frjemden blinkt? En d’ ieuwen gean, dyn frijdom wirdt in dream Dy’t inkeld mear de skalt dy wytgje mei— En dochs bistiest, dochs riizgest út de stream Fen ûnk en striid en jowst dy nei de dei? Hat God dyn stridend hert in wûnder dien? Dyn siel riist yn in dream fen suver ljocht For ivich frij, dyn langstme wirdt forstien, Fen nijs is heil dyn bloeijend gea bitocht. Ik sjuch dyn folk yn glâns en klearens gean, Wijd ta de steat fen greate minsklikheit, Fen nijs is wierheit dy ta rêdding bean, En tilt dy oer de dea nei d’ ivichheit. Myn folk wêz wach! jow dy de moarntiid oer! Forbrek hwet dy yn finznis twingt en bynt! Bûg for dyn ropping en stean sterk! Hâld djûr Hwet ta God’s hearlikheit dyn wiidte oerskynt! De Hear hat ek dyn siel ta iivgens wijd: Draech hjar yn ljeafde oan Syn geneden op, Forstean Syn wil ek dêr’t de wrâld hjar swijt, En hear God’s wird, de greate tiid’ne rop!