Chapter 11 of 13 · 3996 words · ~20 min read

Part 11

RIXT. Nou plachtet men oer Radbod’s keningsrjucht. Hja sitte hifkjend del, en hy stiet heech En sjucht hjar dimm’ne rigen swijsum oer, En wit, det minsk’ne wird noch earm bislút It great bistel fen hege goaden brekt. Forbjustre wrâld, dêr’t minsken leech en lyts As weard’leas en feal blomte yn earmtlik lân, Bislute oer ’t rjucht fen hwa’t troch heger wil As kening berne en wijd en hill’ge waerd, Det minsk’ne wird bikrêftgje moat de wet Dy’t Goad’ne hân sels wiisd en fêstlein hat!

BERNLEF. Us folk keas jimmer sels syn haed en hear, Nei d’ âlde wet det elts yn ’t selde rjucht Foar Walhal siet, en nimmen hearskje scil As troch syn krêft, syn kind’gens en syn rom.

RIXT. Mar der is oar rjucht as fen berte en stân, Der libje roppen kenings. Hiel de wrâld Heart yn hjar wird de wytging fen hjar heil En sjucht yn hjar ljochte eagen himel-ginst. Hja hearskje oer ús, fen minsk’ne wet net kend, To great det ien hjar hegens hild’gje mei Troch oar wird as in God him leit yn ’t hert, Kenings oer ’t hill’ge libben, net oer lân, Al is ek dat sims oan hjar macht bitroud— En fen dy kenings is myn Radbod ien.

BERNLEF. Ik leau ’t. Mar ierdske skea noch fal noch winst Set sokken swider ljocht en wijing by. Hja winskje rom, mar net for wrâldske die, En rize tsjin it ûnk en delslach yn, Sterk yn hjar hert dat bûten minsken kin En bûten minsk’ne flecht’ge ginst en macht. Gjin mind’ring nimt dat keningskip syn glâns, En ierdske kroanen wije en siere it net.

RIXT. Dû sprekst as kening fen de harpe en ’t liet. Mar hy is great yn oarwei; great yn ’t dwaen, Dat minsk’ne libben foarmet as weak waeks, De tiid brekt yn syn rin en glânzgjen docht Hwet minsk’ne tins yn nacht forsonken tocht, Great yn it biedwird fen syn iivge wil, As hearsker great oer dit forearjend folk, Lyk hy myn hert ek nei syn winskjen bûgt. Hy hat in greater breid: ’t Is Fryslân sels. Hwa’t him dy ljeafde ûntstelt, misdocht yet mear As do’t men my fier weitwong fen syn ljocht En tsjuster brocht oer syn forwoedend hert. Hwa is hjir prins as hy? hwaens each giet sa Fol keningsglâns oer ’t erflik lân? hwaens wird Bringt mear de hearsker iepenbier? By him Bin d’ oaren moas, dat bleek en lijend waekst Under it rûzjen fen in keningsiik. Hy mòàt de macht hawwe yn dit slomjend lân En hwa’t tsjin him stiet, sprekt tsjin Odin sels!

BERNLEF. Mar scil syn siel der heil by hawwe, as him De macht jown wirdt to rjuchtsjen sa’t er wol?

RIXT. Hwet twivelstû? Dû sjuchst him net yn ’t hert. Syn krêft forkwynt as net in great swier wirk Syn hân bitroud wirdt ta syn libbensplicht. In kind’ge houwer dy’t út deadske stien De foarmen ropt, dy’t dreamden yn syn siel, Sa wachtet hy syn hill’ge plicht, dy’t him It libben hill’gje scil ta helte-striid, En strielje scil ’t yn him, as ienris ’t folk Him út syn finz’nis op it rotslân ropt.

BERNLEF. ’t Is frjemd, dy skieding, dizze wûndre dei, Dy’t for Ydwine in strieljend lân ûntslút En jim driuwt nei it hill’ge lân yn ’t Noard, Dy’t sibbe skaet fen sibbe en ’t keningshûs Spjalt yn in brek, dy’t nea wer hielje scil.

RIXT. Net ús de rou. Wy nimme it komst’ge mei. Foarstinne Thied hat long’re dêr’t hjar each Gjin krús mear sjucht, noch ’t ear it dwylwird heart, Dêr’t hwet forstoar yn iiv’ge greatens riist— En ús is iens’mens licht, om’t ús it ljocht Dat oer ús hollen bidet, stypje scil, En sé en rots en wyn ús wije yn krêft For ’t greate wirk, dêr’t ienris ’t folk ta ropt.

BERNLEF. Gâns eagen sjen jim trienjend nei. En ’t meast Scil dit de kening leed dwaen yn syn hert.

RIXT. Hy winske it sa. De kar wier inkeld him. It krús en Radbod binne yn iiv’ge haet, En ’t wird fen frjemden wier syn hert mear hiem As ’t sterke moanjen fen syn egen bern. ’t Wier needsaek det dit kaem. De kening hat De straffe steld mei wizens; fen hwa’t gean Is der net ien dy’t dêr him grym om is; Sa’t wy gean, bûgend for in machtich lot, Mar wittend, det it komst’ge yn ús birêst En mear bitrou yn ’t hert as machtleas leed, Lit sa ek him, great as ’t him foegje moat, Birêste yn dit en him nei wiisheit jaen. It skip leit ré. Mien net det ik myn lân Sa mak’lik dwyndljen sjen scil yn de kym, Al haw ik neat mear dat my dêr yet bynt— Mar tsjienris ljeaver dit, as dei nei dei Wer nij leed om hwet wearzget as de nacht, Stymsk wrokjen dêr’t krús al greater riist, Oandet de siel driuwt oan in wyld forset En wer in ûnk ús yn forbjustring slacht. Radbod hat frijdom brek as sinne en loft, En better dêr himsels, as hjir in feint Dy’t swijsum krûpt en knibb’let yn it skaed Fen ’t krús, neidet de wize kening ’t wol.

BERNLEF. Dû sprekst as Radbod’s breid. Sjuch ta detst him It hert net fytrest ta yet wylder grym, Dy’t rom en adel driget mei de dea, Mar jow de sêftens dy’t dyn wêzen wier Ear’t dy it ûnk sa sloech, en wêz him ljocht, Dat treast en myldens oer syn antlit skynt.

RIXT. Myn herte is ien mei sines. Ljocht en striid Oerwaeije it wikseljend en sterkje it swiid, Mar simmer scil ik jaen safolle ik kin, Det ik for him de goad’ne ljeafde win.

2. _Bernlef, Rixt, Radbod, Thied._

RIXT. Radbod! de riedslach oer dyn rjucht?

RADBOD. Forlern. De rie tocht my yn eare en súv’rens skeind, En weeg’re it útsjuch op de kenings-stoel, Oan’t hjar bitrou yn my werom komd wier.

THIED. Flok mei dat folk en syn forlieders slaen! Hjar skande skreaut de fierste loften yn, En riist foar Odin’s troane, in goare walm As krûpt de hel troch d’ ierde-spjalt omheech! Unweard’ge skierkerts mei hjar útdwêst hert, Wrâld’s libben lang ûntstoarn, en riljend dêr’t In jong sterk lûd hjar leffe dreamen brekt, En yn hjar sêdde sliep de moarntiid ropt! Sels wier hjar jonkheit stoarmich, skomjend, wyld, Hja swaeiden bilen, fochten, namen wrek, En daetten det it gea fen rouleed kromp, Mar griis en troanjend op hjar rjuchter-stoel, Untskild’gje hja hjar grym om ’t egen tsjoed Oan oaren, hwaens oerdied’ge glâns hjar trúnt! Wansill’ge flaeikerts, krûpend for it wird Dêr’t hjarren kening ’t krêftleas hert mei bynt, Forrieders fen hjar folk! Ik wit hjar winsk, Stil gloerkjend yn hjar dizich each, al neamt Hjar mûle út machtleaze eangst it net planút! Hja winskje in frjemd op Fryslân’s keningstroan’, Dy’t hjoed him oan ús hûs by boask forbynt, Hwaens eagen sêft binne as in simmernacht En hjar net steure yn hjar ûnweard’ge slom! Lit Odin’s flok dy gamm’le hofklyk slaen, Lit hjar forkomme yn ’t woedzjen fen it folk, Dat brûz’je scil as in útlitt’ne stream, As it dit godleas flokber oardiel heart!

RADBOD. De riedslach nimt myn djip bitrou net wei. It wit my wis fen hwet my stjûrt en ropt, En hûndert weeg’rings tsjin myn rjucht en rang, Bin for myn libbensplicht as stouwend tsjêf. Ik gean gerêst. De tiid rjuchtfeard’get my. It krús, fen ien wil yn ús heitlân set, Hâldt tsjin de wierheit fen myn folk gjin stân, En Heit forfrjemdet troch syn twiivlich dwaen De trouste skoarren fen syn macht, it folk.

THIED. Birop dy dêr den op! Jow gjin bilies! Dy ha de Friezen ljeaf, de kening net, Hwaens hiel biwâld hjar nea net greatens brocht, En dy’t hjar hert yn bân fen frede twingt! Forskyn foar ’t folk en rop dyn frjeonen gear, It hof kin neat, is machtleas tsjin hjar wil! Ast giest dêr’t dy de kening wiist, scil elts Dyn bangens lekje en twivel slacht oer ’t folk, As it syn helt, syn hope flechtsjen sjucht Nei ’t grime Noard for ’t rizen fen it krús!

RADBOD. Foarstinne Thied ret my de striid dos oan, Mids Fryslân’s folk, as ’t moat, tsjin egen heit?

THIED. Ik doch ’t. Dyn kâns hat nea sa ginstich stien. Nou’t men dyn rjucht as idel lûd forhúnt Hastû in groun ta striid, sa great en sterk Det elts hjar rjuchtlikheit wol hild’gje moat, En ’t hiele folk dat yn dy priizgje scil.

RADBOD. (tsjin Rixt) Mar dû, hwet riedstû my?

RIXT. Sjuch ta, det net In iid’le driuw dy trúnt in die to dwaen, Dy’t djip yn dy, dyn hert dat suver is, Wer ûnrjucht docht en mei dyn nommlens striidt. Bliuw stean yn dyn bitrou. Dyn tiid komt dochs. As Fryslân’s troane leech fen kening is, Scil wis it folk gjin ien dêr biede as dy, En nou is nêst dy net in skyn fen rjucht Det tsjin dyn heit dyn stribjen stypje kin.

RADBOD. Dû retst my goed. De keningskar is frij. Mei twang nim ik myn rjuchtlik hearskip net. Ik bin net ré for kenings-wâld. Myn hert Jeit hamm’rjend nei’t de dei syn wytging bringt, En twingt myn dieden ta tsjinstridichheit. As hwet nou skommet, komt ta fêster rêst As ien great wollen al myn stounen stjûrt, En riget ta in ienheit fen sterk dwaen, Den bin ik ryp for ’t keningskip. Myn striid Scil nea bikroane wirde yn sege’s ljocht, As net myn selsstriid yn it stjûrleas hert In stille oerwinning brocht dy’t dûrjend stiet. Wy gean nei Foste-lân. Ik winskje rêst, Rêst om to mymrjen oer dit frjemd bistean, De grize fûgels yn de kym to sjen, Dy’t goad’ne wytging útroppe oer myn haed, En ’t ljocht to finen dat myn twiivlich each Sims weevjen sjucht yn weagen fen klear goud, Det hiel myn siele yn dûrjend witten wint, En skielk, as ienris ’t folk my hjir wer ropt, Ik kom as ien dy’t fen gjin twiivlichheit Mear steurd wirdt, noch út eangst syn dwaen forbrekt, Mar wit hwet foar him leit en hwet him rôp, En, as in kening heechsteand yn syn krêft, As kening ek de minsk’ne sielen laet.

BERNLEF. Hwa’t sa sprekt is de roppen kening wis. Gean en wird great. In ûnwearsteanber aen Fen greate dieden, sterk en wiis biwâld Fen swiere striid mar ljochter útkomst ek, Riist yn myn siel as ik dy tsjûgjen hear, En ’k leau det ienris yet myn sibbe sang De hege skiednis fen dyn lieding sjongt.

RADBOD. Ik wachtsje en ha bitrou. Mar ljeafsten, jim Dy’t mei my swalkje wolle oer weach en wiid En nêst my bliuwe yn d’ ûre fen myn fal, Jim trouwe ljeafde is my as lead sa swier. Beppe, bitink, jy binne yn hege jeld, En slacht jins herte ek foars yet as de weach Dy’t tilt en deldûkt nei de wyn syn wil, Faeks wirde in pear jier mar jo hjir mear gind En sjucht jins each, de steat fen ’t heitlân wend, De dei net mear det Fryslân’s folk myn went Wer fêst’get yn it hert fen ’t erflik gea. Scil den jins moed net drôf wirde en forslein, By ’t ienlik tinken oan it lân, dat fier Oer sé yn ’t súd him yn syn stiltme ûntjowt, De hill’ge wâlden, fol fen djip gerûs, De hichten dêr’t ús diger folk forkeart, En ’t hege hûs fen troane en foarstlikheit Dêr’t ienris ek jins mûle it biedwird spriek? Is ’t net jins hert dat by de skieding skriemt Al hâldt bitwang jins eagen koel en droech?

THIED. Hwet fregest my? Hwet is my lân en loft Dêr’t oan it folk de goad’ne seine ûntstoar, Dat sinkt yn selsforjit en eare en rom Oerwoek’rje lit troch ’t ûnramt fen it krús? Hwet is my ’t folk dat yn forbjustring tiisd Him húvrjend keart fen Walhals’ goud’ne wei, En delrint nei de grize ûnlij’ge hel? Hwet is my ’t wâld dat ienris weage yn ’t grien En hill’ge sangen song fen sinne en god, Mar dêr’t fen skurve syktmen deadsk oerroun, Nou beam for beam falt yn de iivge nacht, Ien sinken, ien gekreak en nearne bloei? Forflokt it hûs, dat eren foarstlik blonk En dijde yn ’t hoedzjen fen de goad’ne ginst, En nou fortard fen tiid en sêd fen ’t stean, Lef rillet for de glûpske macht, dy’t neat As delfal bringt for hwet in pronkbou wier! Myn hert is kâld for ’t bern dat sêft fen wird Syn âlden húnt mei ûntrou fen syn dwaen, Kâld for de breid, dy’t yn hjar hill’ge tiid Bûgt for de tsjoen fen ’t goare skande-hout, En ’t húvret oer de sûnd’gens fen dit laech. Noch fiel ik yn my krêft! Jow my de sé Dy’t boldret yn útlitt’ne nocht fen striid, De hill’ge wyn, út Odins noasters waeid, Jow my de iens’mens, dêr’t dit âld wirch hert De goad’ne iivge almacht skôgje mei, Dêr’t Foste heart nei d’ oanrop fen ús bea En preesters, strang fen mûle, it wijde djier From offrje for syn ljeafde en hearlikheit! En Fryslân folget my. Hwet efterbliuwt Is mar in deade foarm, in machtleas lyk Dat net de siel mear yn syn omskot bynt, Dy’t, Radbod, bidet yn dyn keningsboarst, In fjûr dat slommet yn in moarm’ren stelt Oan’t skielk syn lôge oer loft en lânnen riist! Hwet seistû bern, in leed? By Thor, de wei Nei Walhal liket earm by dit ljocht paed, Dat ús bistean deun oan de goaden bringt!

RADBOD. Foarstinne Thied wier twivel jimmer frjemd. En dû, myn bern? Moat den de sâlte wyn Syn iiz’ge print lûke yn dy mût’le wang, En ’t goud’ne hier forwyldrje yn syn jacht, Dû dimm’ne blom dy’t for gjin rotsgroun doocht?

RIXT. Dû witst, myn himel is dyn hearskjend each, Myn heitelân de djipten fen dyn hert, Myn god de geast dy’t tsjûget yn dyn krêft. Myn ropping is yn dy. Hwet fregest my? Ik bloei net oars as yn dyn strieljend ljocht.

RADBOD. De goaden bin my goed. Ik wier ’t net wirch. To greater oantrún det ik my hjar ginst Fortsjinje scil yn great en weardich dwaen. Mei jim is nacht my ljocht en iens’mens noft En wit ik det, al foel myn namme en rjucht, Wrâld’s oerginst machtleas wier tsjin ’t greatste lok.

BERNLEF. Tink myld oer my det ik net meigean scil. Dû witst hwet my hjir hâldt. It ljocht dat dy Dêr jinsen strielet, skynt hjir great for my, Al mei ’k net mear as sjonge fen syn glâns.

RADBOD. Wêz dêr’t it hert dy ropt. Ik freegje neat, As det dyn dream sims nei myn fierens keart.

3. _Bernlef, Rixt, Radbod, Thied, in Preester fen Frey._

PREESTER. Heil hwa’t as dei de greate ljochten dwêst, De goaden trou bliuwe yn hjar ljeavjend hert! Hjar riist de moarn great-steatlik út de nacht, Rjuchfeard’gjend hwa’t yn d’ iivge glâns bitrout!

THIED. As treast yet nedich wier, seistû hjar wird. Hwet wytging hiest? is it dyn ear al hiem Dat Radbod’s keningsrjucht net meistimd wirdt, Eardet de ried him súv’re tinkt fen skild?

PREESTER. Foarstinne, minsk’ne ried dûkt machtleas del For ’t great bistel fen d’ iivge goad’ne brein. It preesterboun fen Frey hat my hjir stjûrd For wytging, detstû treast’ge bist yn ’t leed, Fordet de goaden spritsen hawwe, en him Dy’t nêst dy is, ta Fryslân’s kening wiisd.

THIED. Hear Radbod, hear! hwet seistû, hill’ge frjeon? De goaden mei dy seingje! Sprieken hja? Ho wytgen hja? Unthieten hja it klear? Ho hat jim fromme tsjinst hjar wil forstien?

PREESTER. Dizz’ moarntiid by de sé, dy’t rizend song En dêr’t it wâld syn fier en djip gerûs Mingt mei it lûd dat út dy widens riist, Kaem ’t boun fen Frey gear by de hill’ge iik. Wy rôpen him mei driuw en ynmoed oan, Yn ’t herte it leed, dat Fryslân hjoed syn ljocht Gean sjen scoe nei de grime herne yn ’t Noard, En ’t ealgjen det de keningsried syn rjucht Untstride scoe en him gjin hilde ûnthiet. Do offren wy. Blank oer de hill’ge stien Weve it ljocht fen Frey in goud’ne kroan’, En d’ offerkou joech út hjarsels hjar del As wier ’t hjar goed to stjerren yn syn glâns. Wy skôgen ’t yngewant. De godheit spriek Yn ’t winen fen de terms, sa klear en goed, Det troch ús rige in stille lústring roun En elts forheard de neiste yn d’ eagen seach. ’t Bloed dripte read it offerstiente del, En streamde yn lytse wjittrings stadich wei Nei beide kant, oan’t it yn ’t sân forsonk, En teik’ne yn ’t reade rinnen rune-foarms, Klear as komselden sjoen waerd yn ús tsjinst. De jong’ren retten nei hjar heim’ge sin, Mar d’ âldsten liezen ’t maklik, ljocht fen each, En rôpen ’t heil de stille wâldseam troch— Hwent oan de sékant wier der „Radbod” skreaun En oan de wâldseam seach men „kening” stean.

THIED. Hillich de stoun, det ús dit wytge waerd! Lit tsjin de goad’ne ginst it stjerlik reau Yn ’t rjucht gean, as hja doare: minsk’ne wil Sinkt for hjar biedwird as in britsen reid!

PREESTER. Op ’t gersfjild, fen it hillich beamt biheind, Bigroete ús boun de wize frou, dy’t Frey Djip yn it wâld forearet mei hjar sang, En ’t ivich ljocht barnt yn hjar iensme went. Stil spraetten wy it klaed. Hjar wijde hân Smiet ien for ien de stêven oer syn fjild, Wylst ûnder harpe-klang de hill’ge bea Riisde oer de krunen fen it wiuwend beamt, En wylst hja, skôgjend yn de komst’ge tiid, Hjar runen smiet, forskynde op ’t blinkend klaed It flokber teiken fen in dúdlik krús; Geroft fen spyt gyng oer ús rigen roun. Mar hjir ek waerd de God ús iepenbier, Hwent wylst hja núndrjend fierder stêven smiet, Waerd for ús eagen ’t krús allinken wei En seagen wy grien tsjin it blinkend klaed De namme „Radbod” klear yn runen stean.

THIED. O heechtiid fen myn hert! Ik leaude yn hjar, Ik wist hjar troanjen heech oer ûnk en dea, En glânzgjend skynt hjar ljocht ús antlit oer, Noudet de nacht ús hert bidriigje doarst! Bring tank oan him, de keine god fen ’t ljocht, Dy’t yn syn gouden klaed syn ginstling socht, For hwa’t it beamte bûgt en ’t núndrjend wiet Yn stille noft de klearste spegel biedt, Him hwaens great each de wirge ierdling myld Wer treastlik twingt nei syn forkleare byld! Nei Fostelân! My tinkt, syn laits leit klear De rûz’ge weagen oer, en seinet mear As do’t yn ’t hûs, dat ús in finznis waerd Us siele doek yn twiivlichheit en skaed! It sé-wiet sjongt, de simmer-himel blinkt, In strieljend byld ús nei de Noardkym winkt, Dêr’t frijdom bloeit en einleasheit it each Mei greater glâns en fêster skerpte oerteach! Goaden, gean foar! Griis heitelân, farwol! Thied skaet fen dy, it hert fen oantins fol, Mar hwa’t bistie as hja, wit hill’ger lân As moeisum riist oan Fryslân’s dimmen strân; De greate stins dy’t yn de joun forriist En poarprich flamjend lean en heil ús wiist. Dêrhinne, dêr! Hwent Fostelân is neat As ’t rots-perteal dat my dyn gloarje ûntsleat!

RADBOD. (tsjin de preester) Haw tank for hwetstû seist. Myn hert hat rêst. Ik wit myn libbensplicht en ropping fêst. My ropt in tiid fen ynkear en forstean, En longrjend scil myn each oer ’t wide gean, Mar ienris sjucht myn hearlik lân my wer, In kening, machtich as de moarntiids-stjer; Nei Fostelân! en hope en ljeafde yn ’t hert: Us riist de dei dy’t nea yn nacht forstjert!

RIXT. Nei Fostelân! By ’t sâlte wyngerûs, Is ’t goed to gean nei goadne ljeafde-hûs, En ’t hert slacht stil dêr’t it gjin leed mear lit En strieljende ien lange heechtiid wit!

BERNLEF. Farwol, farwol! En mei in God it jaen, Dat nea jim each forbjustre wirdt fen waen, En dreamend yn it ljocht fen iivge dei, De heechste hope as wierheit skôgje mei!

4. _Bernlef, de Preester fen Frey._

PREESTER. Hjar greatens riist, ho fûlder ’t ûnk hjar slacht. Sa hifket Odin hwa’t de ljochte kroan’, Ut syn hân oan de folts’ne kenings jown, Fortsjinnet troch syn trou en weardich draecht. Great scil de dei rize oer ús tankber folk, As hy, fen Foste sels ta wiisheit wijd, En sterk yn ’t swaeijen fen it rjuchtsjend swird, Weireaget hwet ús mienskip dijt ta hún, En súvrjend dêr’t er giet, de goad’ne tsjinst Stelt ta in deiljocht oer ús sein’ge gea!

BERNLEF. Mar nou hat yet in oar wâld, dy’t it krús En Walhal beide ienselde frijdom skikt, En scil, as Radbod ienris Fryslân laet, Al joech de Rie him nou gjin fêst ûnthjit, It nije net biwoartle wêze yn ’t folk? Scil net it krús sa oanwoun hawwe yn krêft, Det swird en kenings-biedwird brekke as glês Tsjin ’t machtich driigjen fen syn grize stien? Hwent minsk’ne greatens dy’t de tiid bistriidt Hat tsjin it woedzjen fen syn grym gjin stân, En is net mear as in tobritsen dyk Dêr’t skolperjend del stoarm’ge sé troch slacht.

PREESTER. Kenstû dit folk en twiivlest oan syn kar? In frjemde rite is oer de kening komd, En fen de greaten, sêd fen striid en slij Nei nijs, dat hjar ienkennich hert wer twingt Ta rêdder slaen, bûgt wol in kloft foar ’t krús; Mar ’t folk, dat sterk, ûnsteurber yn syn geast, Syn wirk docht yn de libb’ne gloed fen ’t ljocht, Dat, ien mei d’ ierde dy’t hjar klinten draecht Deselde krêften libjen fielt yn ’t hert Dy’t streamen stjûrt en wolkens yn hjar flecht, Laket meilydsum om it skynwiis wird Dat al hjar wirk en stribjen telt as neat. Yn Friez’ne boarst stiet as in iiv’ge krêft De driuw nei ’t eig’ne, en is de wjersin sterk Yn ’t frjemde dat hjar twingt út hjar bistean. Hjar wegen binne oan ôffaers winsken boun, En stadich, slacht for slachte, weevje wy Al fierder ’t webbe fen ús skiednis ôf, En jonge hannen fetsje it moeisum wirk Wer op, dêr’t âlder krêft forwylge en sonk, Mar ien plicht ropt ús gear, ienselde langst Makket ús ieuwen fen hjar ljeafde ljocht: Dat is ús wirk, ús ropping, Fryslân sels, Dat troch de tiid hjarsels bliuwt en gjin brek Yn ’t greate riigjen fen syn ieuwen feelt. De tiid mei stoarmjend oangounzje oer ús haed, It gea kin sinke yn ’t skomjen fen de sé, En ’t folk, yn broerrestriid en twaspjalt tiisd, It lân bignibbljen sjen fen frjemde macht, Mar d’ ieuwen det de siel fen Fryslân bliuwt, Bliuwt hja hjarsels, en bûgt for frjemden net; En ’t folk, dat djip en klear hjar biedwird heart, Scil earder ûndergean yn d’ iiv’ge nacht As det it brekt hwet it ta skoarkrêft wier, En, tiisd yn flokber selsforjit, de dei Dy’t glânz’get yn de goadne goud’ne ginst, Bismodsket mei it skaed fen twiivlichheit. Kenstû dit folk? Hwet seit it ljochtsjend each Sels fen d’ ûnfrije yn syn brekfall’ge klint? Ik bin mysels! Hwet tsjûget, djip, it boarst Fen hwa’t syn fé driuwt en it lân bibout? Dit Fryslân stiet! Hwet strielet út it swird, Dat d’ eale kriichsfeint mei syn fûsten swaeit? Ik warje it goad’ne rjucht yn ivichheit! De siel fen ’t folk is suver as klear goud, En tiid, ho wyld ek yn syn iizren rin, Bûgt machtleas for hjar súv’rens yn it stof, En wit him dêr oerwoun fen goad’ne krêft.

BERNLEF. Dû praetst as wier de siele in kâld stik goud, Dat net foroaret nei’t de libbne dei Syn wearde oerskynt ef kâlde nacht ’t oerklaeit— Gjin blom dy’t húvret yn de eastewyn En langjend iepenbloeit yn ’t simmerljocht, En hjar ûntjowt yn stiltme fen hjar lok Oandet de frucht fen wierheit yn hjar set. Net mear hjiroer. Ik hear in lûd bliid Heil! Yn jins’ne seal dêr’t nei de Krist’ne wenst Ydwine hjar oan Inglâns prins forbynt, En ring scil grif de kening mei syn rie Forskine for de hild’ging fen syn bern.

(_Bûten fjouwer stjitten op in hoarn_).