Part 7
ALDGILLIS. Swij! de kening sprekt! Dû fregest my yet mear. Hwa stjûrde dy Dy’t soks my foarslaen doarst? In dom lyts bern Dat twisken goed en tsjoed gjin skied yet wit? Mar sels it lytste bern forstiet yn ’t hert De flok fen elts forried. In griis âld man Dy’t machtleas, misdied gaedlik hâldt for ’t doel? Mar sels d’ ûnmachtichste hat walch en griis Yn ’t skeinen fen it hill’ge. Frjeon wol hy Dy’t my soks foarsloech, my wêze en myn folk? Gjin mienskip twisken ús en hwa’t syn siel Bisûnd’gje doar mei sa’n dwylsinnich langst! Hie ik in fijân dy’t it wide oerteach, En stoarmwyn griep him oan mei earms fen krêft En smiet him for de drompel fen myn hûs, Ynein en mêd en séfochte yn syn klean, Myn waermste heard wier my to kâld in skûl, Myn bêste spiis to earm geriif for him, En wist ik ek, det ûntank letteroan My dijde as lean, ik joech myn soarch sa gol As oan hjar tearste bern in ljeavjend mem, Hwent God hie my oer him to soargjen steld. En dû, hwet fregest my? Myn egen gast Dy’t mei my iet en dronk en oan myn heard Him waerme, do’t de stoarm him harren sloech, Him scil ik jaen as finzne? Weibalje út It erflik gea dêr’t earst myn wil him rôp? Ik, dy’t by God stean for syn libben sels, Scil ik him de dea forkeapje tsjin hwet jild, Hwet blinkend goud, hwet weardeleas ierdsk túch? Unweard’ge Frank! Hat dy in kening stjûrd? Mar hwa kin kening wêze en soks bistean? Him scil de godheit sling’rje fen syn troan’ Yn djipten fen de swarste nacht, det dêr Syn sûmbre doem him hill’ger libjen leart, De stoarmwyn scil syn ryk yn woede oergean, Syn pylders knikke en keile yn stof syn stins, En ’t folk scil him forwinskje, dy’t hjar skaei For egen leffe sûnd’gens lijen docht! Jaen hjir syn brief en mei Gods hân oer elts Dy’t soks bistiet, gean mei ienselde straf As Fryslân’s kening nou dit skandstik docht, Dyn godleas kwânsljen ta in klear biskie! Forstien, dû Frank? Gean—bring dyn master dit!
(_forskoert it brief, smyt Ebroïm de stikken foar de foetten_).
FRANA. Heil, heil, dû kening! Wiis spriek Fryslân’s foarst! De wet fen ’t gastrjucht scil yn iivgens stean!
DE RIED. Yn dyn wird tsjûget Fryslân sels. Haw heil!
JÛLE. (forlit hjar sit en niigt foar de kening syn troan) Myn broer, haw tank. ’k Haw yn dyn adel leaud, It rout my net. It fierste skaei scil yet Fen dyn heech keningswird it praten dwaen. God leanje it dy! Wy minsken kinne it net.
(_riist, giet wer nei hjar sit_).
YDWINE. (docht deselde hilde) Myn hege heit, det God jo hoedzje mei! Nea scil ús each wer sok in kening sjen.
(_riist, giet wer nei hjar sit_).
THIED. Unnoazlen! sjucht net ien hwet hjir út riist? Fen frede geije jim en rêst en trou, Wylst d’ egen hân it frede-reach toskoert Yn flarden, flechtsjend for de wyn syn grym! Kriichs sinne lôget oer it warleas gea, Troch jimme breinleas dwaen! Rop hjir gjin heil, Mar stek it seinfjûr oan oer ’t hiele lân En rop de helten op ta iiz’ren kriich Eardet dit lân yn Frank’ne macht forsinkt!
RADBOD. Wy scille ús warre neffens striders-plicht En ’t swird scil read troch klibers fijnen gean, Mar ’t folk dat folgje moat, is kriich ûntwend En d’ oersten jong, net yn de slach bidreaun. For d’ útkomst stiet gjin ien. Allinne hy Dy’t soks bisleat stiet for dit weagjen boarch! Wy kinne bleat ús bloed en libben jaen.
ALDGILLIS. Hwet wol dat? Kriich? Hwa hat hjir praet fen kriich? Hwa doar hjir driigje mei gewelt en macht?
EBROÏM. Trochlofte hear, oprjuchtens leit my heech, En fier forkies ik iep’ne striid en skeel Foar lef geflaeik en falske gûchelsin. Wis, wis, it moeit ús tige. Mar myn hear, Dy’t wol det elts oan godlik rjucht him hâldt, Is twongen, elts dy’t him sa tsjinwar biedt By d’ útfier fen ’t forheven keningswirk, To mindrjen yn syn macht, det nimmen him Stelt twisken ’t hillich einwyt en myn hear. En dos, ho’t ek dit hert dêrûnder skriemt, ’k Bin twongen hjir to wytgjen, det sûnt hjoed Bitwisken Frank en Fries wer kriich bistiet.
ALDGILLIS. (tsjin syn ried) Jim bin myn tsjûgen det ik frede woe, En dêrfor skrept haw, tweintich jierren lang, Mar boppe skande kies ik dochs de striid. Ik nim se oan. It slachtfjild scil ús sjen, Dyn hear en my, faeks my mei minder macht, Faeks om him hinne in ûnoerwinb’re kloft Mei goud’ne rêstings, wûnder wapentúch En kening Dea heech strûzend oer it fjild— Hwa’t falt, hwa’t wint, de Godheit neamt it net— Mar syn haed barnt fen ’t flokber skande-mark, En syn hert is de tsjustre hel ta troan’, En njunken my, yn tocht, yn striid, yn dea Giet mânsk en machtich as in lôgjend fjûr De greate godheit fen Rjuchtfeardichheit. Myn folk, wach, wach! ik wij dy ta de striid, Net for in slompe jild, in fet stik lân, Net for de grym fen dit, myn egen hert, Mar for de skutte fen Gods ivich rjucht. Rin gear! ris út jim hoars! haw goed bitrou! By God! de wrâld scil sjen mei fûnkljend each Det Fryslân’s folk rjucht boppe skande keas!
THIED. Wy bin net ré. Sok fjuchtsjen foeget net. Wé as ús krêft yn sok wyld dwaen forblet!
JÛLE. It rjucht giet foar. Hwa scil syn krêft wearstean! Hwa tsjin God sels yn ’t dryste striidpark gean!
RADBOD. Us folk is fier. Gjin kliber stiet yet klear.
YDWINE. Hwa tinkt, as God ropt, oan syn krêften mear!
ALDGILLIS. Earweard’ge rie, ’k ûntslaen jim fen jim trou, Hwa’t wol, kin gean. Ik haw yn ’t rjucht bitrou.
DE FRANA. Wy jowe goed en bloed. Wêz oerste oer ús!
IN STIMME. Kening waechs heil! Hwent nêst dy striidt it krús!
10. _Troanried, Arthur fen Ingelân._
De prins komt yn sierlik útris, oer de blinkende rêsting in wytstrieljende mantel mei gouden rânnen slein, it swarte hier los hingjend oer de skouders.
RIEDSLJUE EN PREESTERS. By Thor! Dat wird! Hwêr komt er wei? Hwa is ’t? Hwa ken him hjir...Sjuch ho’t er blinkt!... In God? It ljocht skynt fen him út... Is ’t Foste sels?
THIED. Friezen! stean sterk yn ’t hert tsjin tsjoenderij!
JÛLE. Wé hwa’t ljocht as dat forriist, forhúnt!
YDWINE. By God, ’t is him—o, hert, wyld hert, wêz stil!
RADBOD. Mei gâns in sier draechstû dyn blinkend klaed. Hwet tinkt dy fen dyn swird? Ef scoe de rust Dat finzen hâlde en oan de skie forboun? Faeks dekt in goud’ne glâns forrotting ta!
ALDGILLIS. Unsill’ge, swij! skerp is dyn tong’ aloan! Yet hune scoest, al stiest foar Odin sels! —Jonge ealfeint, hwastû bist, wêz wolkom hjir! Dû sjuchst myn ried en sibben gâns binijd, It glânzgjen fen sa’n hege pronk net wend, Astû spraetst oer ús dimm’ne ienfâldichheit. Mar wolkom is hwa’t my de godheit stjûrt En oer de drompel fen myn hofstins giet, ’t Sij frjeon ef fijne, in prins ef biddlersman. Siz my hwet brocht dy hjir? Hwet mient dyn wird Dat my as hillichst heil yn d’ earen klonk?
ARTHUR. Kening, sûnt lang forkearde ik oan dyn hof En hiestû noed for my. In mûntse-kaep’ Diek do myn holle, in grize pij myn lea, En ’k wier yn ’t selskip fen dizz’ hill’ge man Dystû for learing nei dyn heitlân rôpst. Sûnt jierren swalke ik mei him troch de frjemdt, En seach forskaet fen lân en wente en folk, En ho’t elts minske, fêsttiisd yn de tsjoen Fen moeisum wirk en leed en lyts geriif, Syn antlit langjend nei Gods hill’gens hâldt. Ik woe de wrâld kenne yn syn djipst bistean, Det letter, as greatweardich wirk myn diel Yn ’t bûnte libben waerd myn hert forstie Hwet elts it meast bigeart, hwet minsklik moed It meast miskearret op de reis nei it grêf, En mear as dit, it aldergreatste en ’t heechst: Ho’t God yn wrâld en minske ús each forskynt, En linkenoan ús wrâld bûgt nei syn doel. Arthur en prins fen Inglân neamt men my. Ik bin in bern fen ’t lân dat machtich riist Twisken de tijen fen d’ ûnlij’ge sé, Omslantre fen wyt brûs en flokkrich skom. Mei ’t sjongen fen de séwyn waerd ik great, Yn ’t wraksljen mei de stoarmwyn woechs myn krêft, En ’k haw myn lân ljeaf as myn egen siel, Dy’t ien mei hjar, hjar swietste wêzen draecht. —Kening ik bring in boadskip for myn folk. Ik hearde ho’t de Frank dyn delgong wol En godleasheit as reden brûkt ta kriich. Wy stean dy by. As twigen fen ien stam Heart goed en tsjoed fen d’ ien ek d’ oaren ta. Us mânljue scille fjuchtsje mank dyn folk, Us oersten plachtsje en stride nei dyn winsk, En ien doel scil ús stjûre yn frede en striid. (_tsjin Ebroïm_) Dû jow dy ôf, wanskeep’ne! Siz dyn hear, Hy hat de kar fen frede en dûble kriich, Hwent Inglân seit him hjoed mei Fryslân ien, En longret nei de striid tsjin ’t earleas skaei. En ’k ried, gean rêd! Oars fynst gjin kening mear! Prins Dagobert, de rjuchtlike op jim troan, Stiek mei syn float it skiedend séwiet oer, En foel mei tûz’nen feinten yn syn lân, Dat rounom him bijúblet as syn hear!
EBROÏM. Forflokt! Prins Dagobert! O, skrikbre slach! Jim hill’gen stean ús by! Forflokt, forflokt... De prins werom! O skoander ryk, myn jild, De steatsskat dy’t ik liet... O hel, forflokt...
(_ôf_).
ALDGILLIS. Wy tankje dy for hwetst ús folk ûnthjitst. Lit my nei hill’ge wenst dy ’t gastbod jaen En dy as bounmaet hildgje for it folk.
ARTHUR. Hear kening, gin my yet in great forsiik. Myn each hat oan dyn hof de frommens sjoen, Net dy’t yn wird, mar dy’t yn dieden blinkt, De wiere trou en ienfâlds dimm’ne sier. Mar moast ik gean, mear naem ik mei yn ’t hert, In glâns dy’t eltse stoune oertrilje scil, In machtich langst dat oer myn dream en died In gloede tsjoent as fen in oar bistean, Sa great, sa sterk, dat ik mysels ûntsink, En libjend yn de rounten fen Gods ljocht, Neat tinke kin yn ’t herte as inkeld dit, Det Gods meast hillich wûnder ljeafde hjit En ’k hjir, by dy, dat greatste wûnder foun. Yn grize pij woun ik myn libbensljocht. Myn namme wier my frjemd, hja koe my net. Dochs is, de jounen dat God’s ingels sêft De fjûr’ge poarten sleaten for de nacht, En alles amme yn silv’ren dreamichheit, It teare wûnder opljochte yn ús hert, En ’t brocht ús eltse dei wer sillichheit, En eltse nacht in mylde dream fen nijs. Kening, ik bin hjar weardich, jong en sterk, Myn earm wol for hjar soargje. ’t Bûkjend hert Wol libje for hjar lok, hjar nocht en rom. Ik wit, ik freegje gâns. Myn fielen jowt My rjucht ta soks, ’t wier lyts en earleas scoe ’k Myn wirden mear twinge as myn hert my seit. Forweard’gje dy en nim my oan as soan, Gin my dyn dochter as myn libbens-breid.
(_Stiltme. Allegeare hawwe de eagen op de kening_).
ALDGILLIS. Hwet seit Ydwine sels ta dit forsiik?
YDWINE. Yn syn wird song myn herte mei, myn heit.
ALDGILLIS. Prins, iepen andert freget iepen fraech. Myn hert hat hjir gjin winsk. Myn hân is boun. ’k Unthiet mei hill’ge ied yn hill’ge stoun’ Ydwine in oar ta breid. Ik mei net oars.
BERNLEF. Holder, myn harp, de goud’ne dystû hast! Sjong goed, myn frjeon, dyn ljeaver hat dy brek. Kening, in sang dy’t ik fennacht bitocht:
_Hwa giet oer de goudene geaën fen ’t ljocht, Hwa sjongt yn de sealen fen simmer hjar sang? Laitsjende blidens is ljeafde bitocht, Gjin doem is hjar boas en gjin dea hjar bang. Freya de noegjende frijt hjar fen need, Baldur de blinkende hill’get hjar blidens; Scoe de smert fen de langjende sjonger syn leed Skaedzje de ljochtens fen ljeafde hjar swidens?
Hwent ljeafde is de sjonger in ljocht en in liet, Syn harpe is de hillichste heechtiid in frjeon; Swevet syn siele oer wâlden en wiet, Neat as hjar noegjende nocht is him bleaun. Beammen, bûg del for de blinkende dei, Slurkje nou sjongend de sé ta, jim streamen; Heech yn de himel giet Ljeafde hjar wei, Goudzjend ús dagen mei glâns fen hjar dreamen.
Mei in kening de ljeafde ûntkeare hjar kroan’? Mei in skalt twisken ljeafde en hjar langjen stean? Machtiger pronket de poapren moarn, Woe de minske yn syn dwyl ek hjar daegjen ûntgean. Hark hwet de sjonger den seit ta syn hear, Warje syn wird as in heimnis yn ’t herte: Lit de kening de kroane dochs ljochtsjend en klear Hillich fen seine op ’e holle hjar sette!_
ALDGILLIS. ’t Is eft dyn heit syn sang ús hert bitsjoent! Ho sêft dyn lûd de djûre bân ûntbynt Dêr’t ik dyn heil mei oan myn bern forboun, Lang lyn do’t hy dy’t dy dyn sjongkrêft joech, Yn myn earm mids de grime striid forstoar! Hwet scil ik nou myn sjonger jaen ta lean?
THIED. Myn soan, dû hâldst yn Fryslân weardich hof! Moarn ropt ús faeks de striid, moarn stiet de Frank Faeks mei syn iizren folk yn ’t hert fen ’t gea, En dû tinkst mymrjend âlde sankjes oer, Forliest dy sels yn tinken oan hwet stoar, Wylst dy de died ropt yn it twiivlich hjoed En fierst it wird oer ljeafde en sang en boask, Wylst hate en dea geije en de striidrop klinkt! Ik foardrje det men daelk de goaden heart, Hjar ginst bifreget mei de preesterbea En rynske sprieding fen ’t read offerbloed, En earst as net hjar dûnk’re grym ús blykt Dy’t wy fortsjinje mei ús bernlik dwaen, Det den, lyk foech jowt oer dizz’ weard’ge saek Dêr’t fen de hiele steat it heil yn rêst, De rie fen âldsten ús hjar miening neamt, En oer prinsesse Ydwine as breid bislút.
FRANA. Dit kin net wêze. It lok fen ’t minsklik hert Hat Fryslân’s heechste ried gjin rjuchtskrêft oer. Prinsesse Ydwine is frij yn ljeafde en kar Oan neat forboun as ’t tawird fen hjar heit, Dy’t lykwols sels nei keningsrjucht hjar hert Net oarwei twinge mei as Freya ’t stjûrt. Wol freegje ek wy det men de goaden heart, Ta heechste en trêft’ge wytging det ek hja De kening fen syn great ûnthjit ûntslaen, Allyk ús skalt ek yn syn sang soks die.
ALDGILLIS. Soks hâld ik rjucht. Woloan den, riedsljue, gean; Gâns weardichs skikte ús hjoed de himel ta, In krêftich bounsnoat, faeks in sibbe en soan, En delfal him, dy’t hjir ús driigje doarst. Yn great bitrou sjuch ik de tiid dy’t riist. Gean nei jim wenten, bring de goaden tank Elts nei’t de oantrún fen syn herte it hjit; Wy rekknje op jim wizens, ried en died, Rounom dêr’t Fryslâns heil yn twivel stiet. Prins, folgje ús gean, det ik it gastbod jow Lyk foechsum is by boun en frjeonskipstrou; Earweard’ge preester, bliuw ús selskip by, Hwent al hwet great is dijt en tynt by dy.—
THIED. De prins en ik, wy toevje yet in toarn;
To swiere rook fen hill’gens waeit ús oan.
(_De kening giet ôf mei Arthur en Wilfrid, folge fen Jûle en Ydwine, Bernlef, de Frana en de ried_).
9. _Thied, Radbod, Holder._
RADBOD. Stiet den in God nêst dat dwylsinnich skaei, Dat breinleas, yet it ljocht yn streamen drinkt, En aloan ljeafde en lok de wrâld ûntstelt Sa’t for ús mûle allinne it bitt’re bliuwt? Sliept Walhal den, wylst krânsen fen read fjûr, Driuwe om de trânsen fen syn hill’ge stins En yn in klaed fen blinkend ljocht de tsjoen Fen geasten riist út Hel hjar djipste saed? Sei Beppe, scoe... By Odin hwet wol dit? Foarstinne, triennen? ’t Leedwiet yn dat each, Dat slachten bloeijen seach en feal forgean? Forflokt, forflokt hwa’t dêr de skild fen draecht!
THIED. (moeisum) ’t Is my sa hird, myn bern ... myn âld drôf hert Tobrekt fen leed ... ik tocht myn jonkheit oer... Do bûgde men for my, ik troane great... Nou sielesmert en iens’mens... Joech in God Dat ring ús erflik grêf ek myn liif naem!
RADBOD. Né né, stil, Beppe, né. Dat mei yet net. Ik haw jo yet sa brek... To, skriem nou net— Jou triennen skroeije my as wyld fenyn, Der brekt hwet yn myn hert... By Thor! ’t scil oars, Nou is ’t genôch. ’k Bin for de died nou ryp, In died dy’t brekke scil dy waen en tsjoen En ’t lân weromjaen oan syn godlik sels. Kom, Beppe, nou gjin skriemen mear. De dei Leit yn it nachtlik hoal yn kjetlings del, Mar ’k wit it swird dat sels dy kjetlings brekt. Ien inkeld wird, foarstinne. Hwa is ’t meast Dy’t Friez’ne lân oan d’ ûnheils-waen forbynt?
THIED. Wilfrid, de Kristen-preker.
RADBOD. Him? ’t is wier. Foarstinne gean. In great wirk hat my brek. Ik scil it kwea reitsje yn ’e woartel sels, Det troch ien stjit it krús yn Fryslân falt.
THIED. By Thor, hwet wost? hwet tinkst?
RADBOD. Dat neam ik net. Ek myn hert hâldt syn heimnis djip en frjemd, Mar gean, foarstinnne; ’k ha nei iens’mens langst.
THIED. (him patsjende op ’e foarholle) Mei Frey dy noedzje en nei wêze yn dyn striid!
RADBOD. Dat hat nou west. Ik noedzje Frey, tonei.
10. _Radbod, Holder._
RADBOD. (foar de keningstroane, heech) Holder kom hjir. Niis hie ik in great leed, Dû riedst it wol. Nou bin dy minsken foart En spraet de stiltme oer ús hjar himel-wjuk, En hat ús hert yn frjeonskip’s wijing rêst. ’t Is goed by dy, as ’t striidgewoel forswijt, Sa goed en myld as do’t dy maitiids-joun Myn Rixt my ’t rykste fen hjar ljeafde sei.
HOLDER. Hwet makkest nou myn iensum herte ryk!
RADBOD. Sims lykje ik rou, mar ik forstean dy wol. ’k Ha neat dat heger as dyn frjeonskip komt. En dochs ... sims twiivlje ik sa. Ik wier faek hird— Dat knoeit in trou as twisken ús bistiet, En Maitiidsfroast byt ek wol frjeonskip dea... Den tink ik sims: hy hâldt net mear fen my, Ik haw to hird west for syn dreamend hert En hy hat hate yn hwet him ’t ljeafste wier.
HOLDER. Al pyngest my ta dea, ik bleau dy trou. Myn ljocht bistiet yn dy. Dû bist myn wrâld, Myn ljeafde en god—en scoestû my bijaen Dyselde stoun bijoech it libben my.
RADBOD. ’k Bin ryk mei dy. Soks seit my oars net ien. Yn ’t razen fen it needwaer bliuwst my trou. Ik leau yn dy. De died dy’t ik net ien Bitrouwe doarst as ’t egen siedend hert, Ek dû hast krêft dêrta. Forstean my goed: De preester dy’t ús folk yn ’t ûnleech stjûrt, Scil ringen falle, yn stiltme, troch dyn hân.
HOLDER. (opspringende) By Walhal, Radbod! Dat seistû! In moart! Bist razend datste soks my fergje kinst!
RADBOD. ’t Striidt heftich tsjin myn egen hert. Mar ’t moat. Us driget ûndergong. Yn wylde feart Tobrekt it krús hwet kamp ef tsjinwar biedt, Troch ’t kinstryk tsjoenen fen dy preester-tong. ’t Rêst allegearre yn him. Falt hy, ’t is dien. Salang’t hy stiet, skriemt beppe Thied hjar hert En niigt myn rom de djipten ta fen ’t grêf.
HOLDER. Mar driuw him it lân út! Fier hjirwei!
RADBOD. Ik kin it net. Ik haw gjin macht dêrta. En ek, hwet bate it yet? Sok ûnramt dijt Salang’t it net fen d’ ierde weiskoerd is. Inkeld forneatiging jowt feilichheit.
HOLDER. Hwerta den ik ... as dochs dyn egen hert...
RADBOD. Myn goede, ik tocht, dû woest it dwaen, for my. Ik bin de goad’ne ienichst hoopjen hjir. Bringt my sa’n died yn d’ ûndergong, den hat It krús hjir frij en nimmen keart it mear. Woloan, ’t is goed. Dizze egen hân scil ’t dwaen. Gean dû hjirwei. My tocht, ik hie in frjeon... Farwol. Ik ris my út for kening Dea. Du, siikje in oare frjeon, en tink astû Syn keinens sjuchst: sa hat ek Radbod west Dy’t him de goaden wijde en stoar, forflokt... Gean dû hjirwei. Ik haw in walch yn dy.
HOLDER. Nea, nea wyk ik dy wei. Dû trapest my.
RADBOD. ’k Hie dy to ljeaf. Ik hie neat bûten dy. De rykdom fen myn hert, myn kenings-bloed, De sterke krêften fen myn striidber sels— Net ien as dû hie oer myn dreamen wâld. Ek dat forstjert. Nou komt de nacht. Farwol.
HOLDER. By Odin, Radbod, mienstû hwetstû seist?
RADBOD. Myn siel wit neat fen lyts healslachtich jaen, Myn hert stiet for gjin grins.
HOLDER. (tobritsen) _Ik_ scil it dwaen.
RADBOD. (yn oanrop) Jim goaden, moat it krús lâns dy wei del? Hwer troanje jim? Yn Walhal—ef yn hel?
(_It doek lûkt ta_.)
KOAREN.
Op it foartoaniel, fen wearskanten, seis riedsljue, âldsten fen Fryslân, elts seistal oanfierd fen in koarlieder, dêr’t hja hjar om hinne riigje nei de wize fen de foarste útkomste.
SANG I. God Foste dy’t oer ’t wiid driuwt yn in silvren boat, Nei ’t amjen fen de wyn Dy’t sjongend oer dy giet en út it himeloard Driuwt yn in goud’ne skyn, Dû, prins fen ljeafde en dream, hwaens mûle wizens seit En ’t strânfolk tsjoent yn ’t liet fen dyn genedichheit, Hwaens each de tsjustre nacht Set yn in silvren ljacht, En minsklik hert ûntkeart de sûnde fen bigearte, O súvrje herte en moed Fen oanstriid ta it tsjoed En doch út siele en tins de sûnd’ge wil to neate; Det ljocht fen wiisheit laet Oer ’t dizich ierde-paed, En d’ ierde dreamt yn glâns fen dyn fornoege dreamen, Hwaens siele yn noft bistiet, Om’t ivich bliuwt hjar ’t swiet Fen d’ oantins oan hjar berte yn Asgard’s silvren streamen; Forklearje, o God, ús each, Det it yn heger wit dyn hill’gens ljochtsjen seach, Tomear nei’t minskne smert’ Yn streamen fen de rou forstaet it stribjend hert.
TSJINSANG I. My tinkt in âld forhael ho’t Loki skamteleas Yn goadne rige en ried, Foar hill’ging fen it hert de kiem fen ’t kweade keas, En plante yn sûndge died; Sûnt mind’re it alwrâlds-each yn macht en ljeafdeglâns, En húvre in spoekrich skaed de moarmren mûrren lâns, En siet Idoena del Fen d’ egen tinzen kjel, As d’ apels skromflen yn de heimnis fen hjar doaze; Wylst yn hjar hill’ge stins Frou Frigga trien en tins Weve yn it hill’ge reach dat pearle lyk in roaze; Oant yn in freedsme joun Meidet de dei fordwoun, Us blom, ús Baldur foel, fen ’t flokber ûnkrûd rekke, En ljeafde en swietste dream Forsonken yn de stream Fen krêftleaze einichheit dêr’t hjar gjin God mear wekke. Noch pynget my ’t ûnthâld By d’ oantins oan ús nocht, ús keine ljeafde, ús hâld, Fen Loki’s skande staet Yn ’t ryk fen dize en skym dêr’t ús gjin ljocht mear laet.
SANG II. Oer weag’ne skomjend ryk rint nou in lead’ge gloed, De gleije loft set gear. In wilft fen goar tsjok swirk fol geijend stoarme-broed Driuwt oan en driget near. Ut djippe weag’ne skûl forriist it donker slyk En driuwt mank kronkels wier yn ’t glânsleas wetterryk; Tel skoert en spjalt syn foarm By ’t bold’rjen fen de stoarm Dy’t slacht en ploft en ropt mei gjalp en geijend bearen, En driuwt de wolkens great Foaroer yn woaste feart, En gûlt de stjerren bleat dy’t stil hjar elfen earen; Oant moanne’s eangjend each Bleek mids it driftich reach, De weagen krôljen sjucht en long’rjen stiigrjen sinken, En ’t skip dat stjûrleas driuwt Oer skomm’ge weagen kliuwt, Forwoune oer hiel syn flank de grime dea sjucht drinken; Ien lange gjalp skoert wyld De stoarmge romten troch, den sinkt it britsen byld— Forstive en bleek fen need Oersjucht de silvren breid de weag’ne deadlik leed.